De reade bwarre
(1993)–Trinus Riemersma– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 353]
| |
Vom Abort zum TatortUt vienen fwar nasjonaal-soasjallsten gjin freugdefólle dagen. De oarlog vie trije ier ôd - en ferlen. Dot koe mun net lûûdóp seze, dot mócht mun vinlek net iens tinke. Mar mun koe ut ek gjin ligen hyte. Doede Haaies de Vries siet dy mandytemiddys efter ut haadredaksjonele búro óp 'e haadredaksjonele keamer ol un heel set nai de kalinder te stwarêgjen. Moan vie ut twinteg april, Hitler syn jiddy, en hij soe un knap stikje skrjowe matte. Net ut vênstege en goedkeape peptalk dot him ónares os vetter út 'e pinne streamde. Hij glimke óm himsels, peptalk, ja, lykos syn freon, de dichter en fotograaf Faike de Haan brûkte ur graag Ingelske vudden. Vêróm vinlek? Ut vie un simplistyske taal, os vie ur tróch lytse bên útfûn. Heel oas os ut Dútsk, dot ut risseltaat lyke fon ut stinnen fon generaasjes taalkundege profesoaren. Lûûk ut Ingelsk him yn faite mear oan, ómt ut tichter bij ut Friesk stie, dot ek un ónkultyvjerre taal vie? Fielde ur yn himsels don doch reserves tsjin 'e Dútske geast? Mar kóm. Hij die un lêste fûle haal oan 'e skerpe Virginiasygaret en makke him yn 'e fólle jiskebak út. Hitler vaar 54 en un jiddy vie oltyten un momint óm efteróm en fwarút te sjen. Ek ol soe mun dot sels ónsin fyne, de lêzers soenen ut fervachtsje, syn freonen en maistriders soenen ut fon him fervachtsje. En net vot flutteregs, mar vot deegleks. Un fûûg oersjug, un soate fon tuskenbelôns. En dot vie net sa maklek, olteast os mun de skyn fon defaitisme mije voe. Yn ut easten gyng ut lang n't goed. Os mun earlek vêze voe, mwast mun seze dot ut dêre óp un fyasko útrûn vie. Yn novimber '41 vienen de Dútske tanks yn 'e módder fwar Móskau hingjen bleon. En fjidder vienen se óp dot plak net kómmen en don soenen se ek net. De módder hie de ópmars smoard. De vinter soe útkómst bringe, hopen de sóldaten, de froast soe de módderpaden ver begeanber en beriidber maitsje. Mar de kjeld dêrt se nai útsjoen hienen, kaam mai san ôfgrysleke vredens oer har, dot se ut net hudde koenen. Yn har lichte simmerúnnyfwarrems stoaren se fon 'e kjeld. Fwótten befrearen en mwasten ampútjerre vurre. De bôle slûggen se mai de bajonet stikken ô en de bwótter vie os glês sa | |
[pagina 354]
| |
hud. Ut vie un tramtjerring os se út 'e brûk mwasten, de pis vie iis os ur de grûn rekke. Gevearen voenen net mear sjitte en tanks net mear ride, tróchdot de oalje befrear en krûmmeleg vaar. En dû kamen de Russen, dyt better klaaid vienen, dyt ut yn 'e izege kjeld fon 30 oant 40 graden froast bêst úthôre koenen, en va har sjit- en riidark óp 'e kjeld berekkene vie. Se dijoden de Dútsers oer hûndeten kylometers veróm. Yn júnny '42 vie Hitler ut simmeroffensyf tsjin 'e Russen begón. De blitz libbe ver óp yn 'e súdleke sektor. De oaljefjilden fon 'e Kaukases lokken, sónder oalje vie Hitler ferlen en dot vist ur. De Dútsers beseiten de oaljebwannen fon Majkop, mar se hienen dur neat oan, vont de Russen hienen olle ynstallaasjes fernield. Ut soe mwannen dwórje fwart dur ver oalje prodúsjerre vurre koe. Bij Stalingrad rón de blitz fêst. Trije dagen lang vaar de stêd bómbardjerre tróch de Luftwaffe, mar de oerbleone ynvenners fon Stalingrad jûgen ut net oer. Mwannenlang vaar dur fóchten óm elke strjitte, óm elk fabryk. Dû digen de Russen yn 'e twadde helte fon novimber nwadlek en súdlek fon Stalingrad un útfôl en nómmen ut hele Dútske sekste leger yn 'e tange. Twa mwanne letter mwast Von Paulus him oerjaan. Hij hie stônhôre matten, sa vie him hyten, hij mócht him net verómlûkke en besykje óm út te te brekken. De Luftwaffe soe him vól befwarriedzje. Mar fólle mear os iisderen krússen en kóndooms kryg ur net, dy hienen klear stien óm de oervinning fon Stalingrad te fieren. En no, maityd '43, vie de hele vinst fon ut simmeroffensyf ol ver fûtsy. En mear os dot, oan minsken en matriaal hienen de Dútsers ôgryslek ferlen. Se hienen tiid noareg óm de legers ver óp fólle sterkte te bringen. En dot no, vylst de Russen oloan fûûlder fóchten en mai har ópjage produksje oan tanks en fleanmesynen de Dútsers oan ut frónt gjin momint lins jûgen. Se hienen nammes ek un goed strategysk ynsjug, ut móchten don ûnderminsken vêze. Yn Noad-Afryka vie ut net un hier better. Kesselring en Rommel vienen hast ferslain, dot vie un kwesje fon vyken. En don Ytaalje, tink? Ut faksisme dêre brokkele ô, de ‘glamour’ fon 'e oarlog vie fwarbij en de Ytaljanen krygen har nócht. Ja, ut vienen en bljoden Romanen, un grutte bek mar neat yn 'e sek. Ut slagfjild kaam staregoan tichter bij de Heimat te lezen - of vinleken, dêr lai ut ol. Nacht ót nacht yn brómden de swiere Ingelske en Amearykaanske bómmesmyters oer Nederlôn hinne óp vai nai Dútsklôn. Ut Roergebiet, Hamboarg, Bremen en gyng mar tróch varen efter mekwar yn pún smyten. Ut vie de ‘totale Krieg’ dêrt Göbbels un pear mwanne lyn | |
[pagina 355]
| |
fon praat hie. Mar oer dy fólslaine oarlog vie net fólle aregs te fertellen. Ut ut laad fondele ur un pynehólletebletsje en dêr sóbbe ur un skóft óp óm fwart ur ut reslút tróchbiet en mei un glês vetter út ut fóntaintsje tróchspielde. Ut soe doch ver óp ‘peptalk’ útdraaie matte, vie ur bang. Mar kóm, hij vie un feadeg stylist, en koe ur syn maistonders gjin het ûnder de riem stekke, un flamjend stik proaza soe ur har net ónthôre. Hij soe ut mar net oer de oarlog ha, dot vie sa deprymjerjend, hij soe oer Hitler skrjowe - dy syn jiddy vie ut óp 't lêst. Hij soe vot punten óp pepier sette, de haadlynen lûkke, don koe ur ut artykel moantemwanne útskrjowe. Adolf Hitler, te vrôd kómmen yn ut efterôgot Braunau en no yn ut sintrem fon 'e macht. Hitler, east vot un dreamer, un artyst, no un mon fon 'e died, un mon dyt oer de heale vrôd besliste. Dot mwast de haadlyne fon ut artykel vurre. En un tytel mwast ur oer stinne, dot koe mun net oan ut lêste momint oerlitte, un tytel foel en stie ut stik mai. En hij tyspele óm mai de tsjinstellingen dreamer - dieder, kunstner - sóldaat, skilder - steatsman, Braunau - Berlyn. Hea, vie dot vot: ‘Fon Braunau nai Berlyn’? Mar hij fersmiet ut daleks, dot vie te ôkôge. Mar óphimsels, dy plaknammen... ut vie ek net sa gaadlek óm oer Hitler syn jónge jirren te begjinnen. Op 'e middelskwalle misljerre, syn haite erfskip ferslampampe, de artyst úthóngen. Un swetser en un fontast. Nee, dêr mar net oer, don vie ut better óm klam te lezen óp Braunau en Berlyn. Dot mun yn un efterôgot benne vie, koe mun óp 't lêst net helpe. Koe ur óp ‘Fon Braunau nai Berlyn’ net un knappe faryaasje betinke? Un efterôgot, un ôgelegen oade, un ‘Abort’ sa te sezen. Hea ja, ‘Vom Abort zum...’? Fon ut Abort nai..., hij mwast un oar vud ha mai ‘Ort’ duryn. ‘Machtsort’? Nee, dot vie gjin Dútsk. ‘Zentralort’? Dot vie goed Dútsk, mar net fraai. Ynienen vist ur ut: ‘Tatort’, ut plak fon 'e died. ‘Vom Abort zum Tatort’! De tsjinstelling vie net olheel súver, mar dot vie krekt goed. Ut fait dot Hitler yn syn jónge jirren gjin mon fon 'e died vest hie, koe - olteast dot vie de segesjeferkljerre vurre út ut fait dot ur óp ut fwóttenain fon 'e vrôd benne vie. No hûgde ur him net langer te berieden oer syn stof, fon ut útsetten fon haadlynen hie ur gjin ferlet mear. Hij helle pepier en pinne nai him ta en skrjode yn un fûûg ketier un briljont artykel. Bliid skrûûfde ur de dop óp 'e fólpinne en stiek un sygret óp. Hij vie olheel ver fermoedsoene mai syn sytevaasje os haadredakteor fon 'e Friesche Courant yn dusse beroede tiden, en ek mai ut Dútsk fielde ur him ver óp 't skik. ‘Abort’ en ‘Tatort’, ut Dútsk koe doch ek | |
[pagina 356]
| |
kwat en klear vêze, simpel en pregnont tagelyk. Hij lies ut artykel net mear oer, dot soe ur moan fwar olle visseghyd dwaan. Mar dur hûgde gjin vud yn feroare te vurren, dot vist ur no ol. De oare middys siet ur óp syn keamer ut faske nûmmer fon 20 april te besjen dot ien fon 'e printerij him krekt brocht hie. Dot vie oltyten un feestlek momint, de faske kronte, ut risseltaat fon un dai bódzjen fon un klóftke minsken, sjoernalisten, setters, korrektors, printers. Ut vie mar un fladsje mear, ien dûbbelteard fel pepier, amper un kronte te neamen. Syn haadartykel net iens un heale kolóm lang, en fjidder óp 'e fwarpagyna un griemmank fon binnenlônsk en bwóttenlônsk nijs, nijs ut 'e stêd en sport en spul. En duskear un foto fon 'e Führer en un ferslag fon 'e feestlekheden juster yn Berlyn. Un oankundeging fon 'e sprekkerij jûn yn 'e Harmonie ta eare fon Hitler syn jiddy. Jildau en hij soenen durhinne. Ferslaggen fon ut eastleke en súdleke frónt. Dur vienen yn 'e ôrónne fjauer dagen 178 Russyske fleanmasynen delsketten en yn Noad-Afryka vienen de allyeaden yn 'e easte helte fon april twahûndet tanks kwytrekke. Putman hie dy ferslaggen ópmakke oan 'e hôn fon taskikte fróntberjóchten. Meskjin vie ut vól vier fon dy ferliezen, mar grif hienen de Dútsers lykefólle of mear ferlen. Yn olle gefollen, óp baide frónten varen se efterút dreon. Dot hûgden de krontlêzers net te vitten, ut vie ómmes saak óm de moed duryn te hôren, en ut tij koe noch keare, os Hitler mai syn gehaim vapen óp 'e lappen kaam. Hij tearde de kronte óm, un skytereg stikje feuilleton oer ‘Kapitein Scherpdegen’, en fierders advertinsjes. ‘ernstig gemeend. 2 nette heeren zoeken langs dezen weg in kennis te komen met dito dames, 22-26 jaar.’ Hij vie bliid dot ur traud vie, Jildau hainde him yn olles óp. De tillefoan gyng en hij melde him. Ut dwórre un momint fwart ur oan ut lûûd hearde dot ut Faike vie, helendol oeremes vie ur Doede, vie ut him yn 'e kop slain? Voe ur syn aigen grêf dólle? Voe ur óntslag óp steande foet ha? Doede stammere ferbjustere vot dur don vie, vot bedoelde Faike? Hie ur don noch neat fon 'e Dútsers heard? Hie Weidlich noch net skille? No, dot soe ur don vól dwaan! Voe Faike no ainlings utleze vêrómt ur sa ópsternaat vie? frege Doede koel. Ol dy retoaryske fragen makken him vurg en nwatleg. Javis, dot soe Faike. Vist hij, Doede, don net vot un ‘Abort’ vie, en vist ur lykemin vot un ‘Tatort’ vie? Hie ur dot óp skwalle net leard? En hienen se óp 'e kronte ek gjin vudbûkken? No, don mwast Doede marrus goed harkje, un ‘Abort’, dot vie un skythús, un skythús ja! En ut ‘Tatort’, dot vie ut plak fon 'e misdied. Ja, begón ut no ta him tróch te kringen votfwar stómme ónnoazele streek os ur úthelle hie? | |
[pagina 357]
| |
En soe ur him mar net rus beriere oer un ekskús oan 'e Dútsers? Dût Faike de hoan duróplain hie, vrótte Doede mwóisem út 'e stoel en slófte nai de redaksjekeamer naist synes. Dêr stie un hele rige vudbûkken dêrt ur jedder vól faak gebrûk fon makke hie. Hij koe ut dur no ollang sónder rêde. Olteast dot tocht ur, mar hie Faike gelyk? Dur vie gjinien fon 'e redakteoren, oas hie ur dur grif ver útrón. Hij hûgde net lang te sykjen, dû sêg ur ut ol, Faike hie gelyk. Abort vie ut húske. Hû hie ur sa stóm kinnen? Ut vudbûk soe vól doge. Mar don lai ut him oan ut Dútsk. Abort betsjutte doch yn 'e grûn fon 'e saak un ôfgelegen plak, en dot dy Dútsers dêr de spesjale betsjutting fon ‘húske’ oan jûn hienen, va koe dêr óp sinne? Mun koe fon Dútsers ek net easkje dot dy visten vot vij mai de ‘bêste keamer’ bedoelden. Sa mwast ur ut mar bringe, os dur ol mot fon kaam. Dû gyng de tillefoan óp syn keamer ol ver en hij rón hasteg veróm. Ut vie Weidlich, poerlilk en kwatô. ‘Sofort im Kommandantur. Aber sofort!’ Hij helle de oerjos út 'e kost en sette de hoed óp. Dû melde ur him ô bij syn kollega Van Hielken, hij mwast de stêd even yn. Dût ur de Fwarstreek delrón kaam Faike dur óp 'e fyts oangyseljen. ‘Huila, Doede, matst óp 't motsje kómme?’ ‘Ja,’ sai Doede kwatô. ‘Ik gean mai,’ sai Faike, ‘ik sil un goed vudsje fwar dij dwaan. Ik kin goed mai Weidlich.’ ‘Dot kin ik ek,’ sai Doede, ‘olteast oant no ta. Mar hij vie no frijvot kwat fwar de kop.’ ‘Hû koest no sa stóm, Doede?’ ‘Ik vist ut vier net, ik ha 't vudbûk dur net bij hôn.’ Swijend rónnen se fjidder nai de Kommandantur. Se varen ol fervachte en se koenen daleks tróch nai Ross syn keamer. Ross hie grif krekt un skjinne strûpper oandien en stie mai de strik te prutsen. ‘Die Herren De Vries und De Haan,’ sai Weidlich. Se hienen ut ljevver mai Karl Weidlich ollinnech oan 'e stôk hôn, dot vie net san minnenien, en mai un pear ‘donnerwetters’ hie ut ôrón vest. Mar Ross vie un hónt, un óngemakleke fint. Ross sêg east Doede oan, se hienen vittefaak kóntakt hôn, mar yn Ross syn êgen vie neat fon verkenning. Dû sêg ur nai Faike, dyt ur vier net koe. ‘Was wol er?’ frege ur út 'e hichte. ‘Ich bin ein Freund von Doe... von Herrn... von De Vries,’ stammere Faike. Ross kearde har de rêg ta, pielde fjidder mai de strik, die ut joske fon syn galaúnnyfwarrem oan fwar de resepsje fon strak. Weidlich stie dur vot ferlen bij. Hij liet ut grif oan Ross oer óm dusse baarg te skearen. Ut kaam him ek ferhipte óngelegen, beprakkesjerre Doede, olle Dûtske mylytêre en syvyle kopstikken soenen aanst bij Ross oan ut banket skikke en Weidlich os dyrekt ferontvudleke mon fwar de passe sitte te húnjen en te narjen. Ut mwóide him hast mear óm | |
[pagina 358]
| |
Weidlich os óm himsels. Ross kearde him ynienen óm mai un kronte yn 'e hôn dyt ur os un pystoal óp Doede rjóchte. ‘Das ist Scheisse! Scheisse mit Reisse! Vom-Ab-ort-zum-Tat-ort. Verdammt noch mal! Scheisse ist es.’ De lea bestjurre Doede, hij vist net vot ur seze mwast, hij koe neat útbringe. Weidlich sêg him oan en kielskrabbe, mar Doede koe net prate. Sat Ross syn moaie tytel tusken de tósken fermjelde, dot makke him stóm en sprakeleas. Dû sai Faike ivereg: ‘Ja, ja, ein Abort ist ein Scheisse. Das haben wir jetzt auch entdeckt.’ Ross sêg him un momint kôd oan, dû blafte ur: ‘Nein, kein Scheisse! Aber Scheisse!’ ‘Eben!’ sai Faike, ‘Scheisse ist Scheisse, das ist klip und klar.’ Ross lyke fon ut stik brocht te vêzen, hij swijde en smiet de kronte óp ut buro. Weidlich besocht de taalbetiezing ta un óplossing te bringen: ‘Herr De Haan, man hat Scheisse und ein Scheisse. Scheisse ist Scheisse, und ein Scheisse ist ein Abort, verstehen sie? Und Herr Ross ist der Meinung das was ihr Freund De Vries geschrieben hat Scheisse ist.’ ‘Selbstverständlich,’ sai Faike. Ross baste óp 'e nij los tsjin Doede. ‘Ist der Führer vielleicht ein Scheisser? Ist er ein Verbrecher? Was meinen Sie? Gott im Himmel!’ ‘Ich dachte,’ sei Doede, ‘ein Abort ist ein entferntes Ort, und ein Tatort...’ ‘Ja?’ sei Weidlich. ‘Ein Tatort is ein Ort an dem man Taten macht, grosse Taten.’ ‘Scheisse,’ sai Ross, ‘alles quatsch. Sind sie verrückt geworden Herr De Vries?’ Hij neamde syn namme, en dot vie grif un goed teken, hij behondele him net mear os un frjemd. ‘Es ist lange her das ich Deutsch gelernt habe,’ sei Doede, ‘es ist mir vieles entschossen.’ ‘Scheisse!’ sei Ross. Weidlich hie him de ynhôd fon ut artykel ferdútst, en dy vie sa geef os kryt, pro-Dútsk en pro-Hitler. Mar dy stómme tytel, dy stómme kearel! ‘Weidlich, bitte gehen sie mit den Herrn.’ Se makken redsem dot se óp 'e góng kamen, ut vie bêst ôrón. Weidlich skódhólle nochrus begrutlek. ‘Herr De Vries, wissen sie denn die einfachste Wörter nicht?’ Doede swijde beskamme, mar Faike ontvudde fwar him: ‘Wir haben es nie gewusst.’ Weidlich sêg him erchtinkend oan. Hij koe dy De Haan net sa goed, mar professer Gouverneur sai dot ur net te betrauen vie, un opportúnist, ien dyt him fon olle vynen vaaie liet. Mar dy De Vries begrutte ut him óm, dy mon siet gjin grevel óndogenskhyd bij, apslut betrauber en fon goede vil. Hû koe ur no sa dúlvelse stóm. Ut ûnderrjócht yn ut Dútsk hie jir fonsels ek nóit vot fwarsteld, dot mwasten se skielek better óp poaten sette. ‘Na,’ sai ur. Hij loatste har mai yn un sydkjemmerke en trjode Doede un flesse Schnaps en un flesse Rotwein ta. ‘Für ihnen und ihre gute Frau. Der Führer hat ja | |
[pagina 359]
| |
Geburtstag.’ ‘Eben,’ sai Faike, ‘es ist ja Fest.’ Weidlich sêg os un ôd kwatsje. Hij brocht har nai de útdoar en bestelde de groetnis: ‘Grüssen sie die schöne Jildau.’ Se lainen de drank yn Faike syn fytstossen. Dy soe mar even mai, koenen se even naiprate. Sa faak sêgen se enwar ek net mear. Doede hie bastende pynehólle, mar voe perfwast noch bij de kronte oan. Dur mwasten noch dingen mai Van Hielken tróchpraat vurre. En jûn soe ur mai Jildau nai de Harmonie, dot vie steld. Faike kearde ut, ut hie joet moai genôch vest. Dalek nai hûûs en de sinnen fersette. Dy Doede vie bijtiden ek san sûûg, hie ur vier net tróch dot se him óp 'e redaksje útgniisden óm syn blunder? En hû soe ur jûn yn 'e Harmonie bejegene vurre? Hij koe him better un pear dagen siik melde, oant de stwarrem lúnne vie. Swijend rónnen se de stêd út, rjóchting Lekkem, dêrt Doede fwar un pear ier un hûûs sette litten hie. Ut vie aprils vaar, un skrale, hege vyn en no en don un snjitter. Jildau siet mai de ytenstafel ree dût se ynkamen. Vot vie Doede let, en hea, vie Faike dur ek? Vie dur vot te rêden? Strak, sai Faike. Mar vij soenen de stêd noch yn, sai Jildau. Nee, sai Faike, hij kin net en hij mat net. Jildau sette swijend un bwad bij en Faike skikte mai oan. De ôdste baide jónges sieten ol oan har stikje bôle te plúzjen. Hie ómke Faike ek un printsjekronte mainómmen? frege Eeltsje. Nee, ómke Faike vie jir samar even oanrón, oare kear soe ur dur óm tinke. Ot ómke Faike vólrus un Joad deasketten hie, voe Haaie vitte, mar dot vie neffens Jildau gjin praat ûnder yten. Nai yten brocht Jildau de bên óp bêd en Faike dyng de ôvosk. Doede hie un piltsje nómmen en him even deljûn yn un luie stoel. Dû teedrónken se en dêrnai brieken se de snaps en de vyn oan. Ut vie mar un mêgere ôglôns fon 'e gesellege jûnnen dyt se jir yn 't foarege vól hôn hienen. Mai hele ómsittende lagen hienen se don sitten te debatjerjen oer Hitler, de oarlog, ut nasjonaal-soasjalisme en benammen oer de Frieske striid. Dur vienen net safólle oerbleon fon 'e freonenrûnte. Vibe Tinga siet yn Gasterlôn en kaam kómselden yn Ljauet. Professer Gouverneur hie de mage fól fon 'e Friezen, dy separatisten. De helte fon 'e kopstikken fon 'e Frieske beveging siet yn ut ferset of vie yn olle gefollen anty-Dútsk. En dur vienen fonsels ek gwódden, dy hienen east Hitler vakker bejûghaid, mar dy hôden har stil noot de oarlog un kear nómmen hie. Hijsels soe hûk hôre, dêr vie Doede vis fon. Hij soe dur net fwar ómlezen gean, net mai de stut tusken de poaten fwótslûppe. Tinga ek net, en Kiestra, en Faike, Faike ek net. Se soenen stean fwar har kar. Mar hij hie syn moed min sónt Stalingrad. | |
[pagina 360]
| |
Faike twivele net oan 'e útslag fon 'e oarlog. Dy vie ferlen, dêr vie gjin mis óp. Japon hie de boel ferbruid, dot hie sa stóm vest óm Amearyka yn 'e oarlog te beheljen. De Amearykanen voenen ómmes helendol net yngrype, dy fûnnen ut poerbêst dot Hitler wadder óp saken stelde. De Amearykanen mwasten ómmes neat fon 'e Russen ha. Mar no vie ut mis, Hitler hie dur un fijôn bij, en hûnnenien? Vis, Doede mócht de Amearykanen net lije, ut vienen barbaren. Goed, mar Amearyka vie un ónútputlek ryk lôn, ut hie oalje en ertsen, ut vie net te ferslaan. Dútsklôn hie gjin oalje, gjin erts, mwast olles ymporteare, en dot vylst syn float oan diggels lai en de yndestrysintra nacht út nacht yn bómbardjerre varen. No ja, ut makke ek neat út vaat vón, dusse oarlog soe ienrus orón vêze, mócht mun hoopje. Hin, votte? skrille Doede óp. ‘Vot hat Fryslôn oan 'e Dútsers?’ frege Faike. ‘Se ha ús east vakker yn 'e ruften lain, se bin ús óp 'e lije syde oankómmen, mar vot is dur fon 'e moaie praatsjes telône kómmen? Hûkst de Dútsers net mear oan te kómmen mai Frieske taal en kultuer, dot ynteresjerret har niks. Ut gjit har ollinnech óm bloed. Dur kómt jir jedder Dútsk óp skwalle os Friesk, tink óm myn sezen. Ik hear vólrus vot fon Kiestra, se vólle neat vitte fon ús stribjen nai selsstonneghyd. Se ha ús brûkke kinnen, Doede, vij vienen goedgenôch óm de Friezen achter Hitler te krijen, en no maie vij de Friezen ek noch nai de Waffen-SS prate. Mar vij krije dur neat fwar veróm, neat Doede, net un oerke Friesk óp skwalle.’ ‘Stjisto don net mear achter dyn ydeälen?’ frege Doede ferbjustere. ‘Vis ol, javisvól,’ ondere Faike, ‘mar myn ydeälen hienen oltyt yn ut fwaste plak te maitsjen mai Fryslôn en ut Friesk. Ik voe un sûnne, Frieske mienskip, gjin stedske dekadinsje en ónhuereghyd. Mar dot is vot oas os de barbarij dyt de Dútsers yn Poalen en Ruslôn bedrjowe.’ ‘Ut gjit óm de striid tsjin 'e kómmúnistyske geast,’ lai Doede dur tsjinyn. ‘Ja, kómmúnisme, goed, bêst. Mar Hitler hat de bek fól oer Untermenschen, en dot stjit mij tsjin. Ik bin ut mai Kiestra iens, un Russyske boer is neat minder os un Frieske boer. Nee, Doede, dy hele oarlog, Scheisse.’ Hij baste yn gnizen út. Ek Doede glimke sa vier mai syn pynehóllegesicht. Se mwasten Jildau no vól útleze vot dur bard vie. Jildau siet dalek yn 'e lytse lûge. Kryge Doede óntslag? Kryge ur straf? Dot soe vól losrinne, ut vie ol ferpraat, faaks kaam dur noch un brief oer, mar dot soe ut slimste vêze. Faike bekende no, en Doede mwast dur net lilk óm vurre, dot ur ek ferskriklek gnize matten hie óm dot pracht fon un krontekop. Vis, fonmiddy east vie ur lilk, ut vie ek un stómme streek, vie no earlek Doede, mar bij Ross hie ur him vier | |
[pagina 361]
| |
ynhôre matten. Doede mwast dur ek mar óm gnize, mun mwast ut net te swier ópnimme, ut libben vie un klucht. Tocht Doede dot ien os Dr. Göbbels bijgelyks efter syn vudden stie? Velnee, dy mon hie areghyd oan syn aigen ferbaal geveld en ot ut vier of ónvier vie, koe him net un sprút skele, ut vie un artyst, un ‘performer’, en sa mwast mun. Mar sa koe Doede net, sa voe ur net kinne. Hij fette ut libben óp os un jênstege saak. Mar dot nóm net vai, Faike vie un bêste freon, hij hie him net stikke litten. Ross, dot die blyken, hie goed fwar ut ferstôn hôn vot de tsjinstonners fon Doede syn artykel maitsje soenen. Ut ferset hapte dur dalek óp. De oare dais vienen ut yn 'e stêd ollegjer plakbrjifkes dêrt óp stie: ‘Adolf Hitler, eerst een schijterd, thans een crimineel’ D.H. de Vries in de Friesche Courant. Doede rón de easte vyken mai bûûgde hólle de stêd tróch. Ut vud vie un machteg vapen, hij hie ut os gjinien oas hontjerre, mar ut hie him no tsjin him keard. |
|