De reade bwarre
(1993)–Trinus Riemersma– Auteursrechtelijk beschermdGrieten binne dogenjittenTilly syn mem tocht os jóngfamke: ik vól nóit nai Napels, vont don gón 'k dea. Se hie ut sechje heard fon ‘Eerst Napels zien en dan sterven,’ en dot hie se letterlek ópfette. Dy nayvytijt, os mun ut sa neame mat, hat har nea ver ferlitten. Se gyng un tige dyrekte relaasje mai de dingen oan, en mun vist sómtiden net ot mun dot benneg of viis neame mwast. Hûvólt se de regels fon ut maatskiplek ferkear tige goed koe en dy har bên fwarhôde, koe se dur sels ynienen óp un ónfervachte menier tróchhinne bruie, mai un hôding fon ‘ik dóg sat ik vól en ik lûk mij fon nimmen vot oan’. Se vie oer de tachteg, dû krûpte se bij Tilly-en-dy oer ut hûûs óm mai un blaue ponnelape óp 'e hólle óm de lytse bên te fermaitsjen. En dût se fyfteg ier traud vie hienen un pear beppesezer un strinkje fon finneblómkes fwar har reon en dot hat se fjidder de hele dai óp ut hier drûgen. Vot un oar dur fon tinke mócht, liet har meskjin net kôd, mar se feroare har dur net óm. Op ut stik fon 'e taal hie se dot ek. Se ferpófte ut óm hollônsk te praten. Os dûmny óp besyte kaam, prate Tilly syn hait syn bêste hollônsk - jawèl, dominee -, mar Tilly syn mem perfwast net. Tilly syn hait koe ut fertale en oas gyng ut dûmny mar fwarbij. Ut hie nai olle gedachten neat út te stean mai prinsypes, se die ut deagevoan net. Har suster, os se tegjerre nai Ljauet vienen, vaskôge steefêst: ‘Do praatst aansent ol hollônsk, jer!’ Mar dot vie fonsels óm 'e nócht. Yn un vinkel sêg Tilly syn mem slagrjemme stean en se frege óm un fleske. ‘Wat zegt u?’ ‘Slagrjemme.’ ‘Dat hebben we niet.’ En don soe se ut ek net oanvize, dot dêre bedoel ik, nee, don gie se de vinkel út. Os se har gjin slagrjemme ferkeapje voenen, don net. Mar vêróm yn Ljauet slagrjemme keapje os mun tús genôch krije koe, ja, ut hie gjin sin óm dot te freegjen. Se die ut net óm ut vinkelpersoneel óp har talekennes te testen, lykos Tony Feitsma dyt yn olle slachtersvinkels yn Haans óm un oans skinke frege, nee, se | |
[pagina 345]
| |
voe gevoan óp dot stuit slagrjemme ha. Yn Utert ferbriek se har nammes ek net, dût se dêr mai ut útstapke fon 'e frôljesferiening hinne vie, se prate net un vud oer de grins, en dus krige se net ut bûkje dot se keapje vóllen hie. No, don net. Tilly hie oltyten tocht dot se gjin hollônsk koe, mar se koe ut bêst die blyken dût se har mai Tilly syn skwanôden út Greanslôn ferstean voe. Os se ut yn 'e kop hie, koe se ut vól. Mar se voe ut net, of olteast se die ut net. Yn har fêsthôren oan ut Friesk lyke se skriklek aigenviis en grutsk. Se hie yn olle gefollen har grutskens, se koe dur ferhipte min oer os oaren har de gek oanstieken of har vudden net achtslainen. De frôljesferiening lai him, sat dûdestiids vênst vie, benammen út óp ut braidzjen fon sokken, bwastrokken en truien. Dy varen ferkocht en ut jild gyng nai un nutteg doel. Sa hienen se un kear tólvehûndet gûnne bijenwar, un skoan bedrag yn dy tiid. Vot mwasten se dur mai? Se koenen dur vól un loper fon keapje fwar de góng fon 'e pastory, vaar ónjerre. Dot fûn Tilly syn mem spek yn 't hûnnenêst toaien, dûmny koe sa vól tróch de góng en oas kocht ur sels mar un loper, hij hie ómmes un goed traktemint. Lit ús dot jild nai de minsken yn 'e earme lonnen stjoere, sai se. Dû gniisden de oare frôlje har út. Tilly syn mem vie dúvels, mar se liet ut net skyne. Tús besleat se ut ferhaal mai: ‘De lit mij net útgnize.’ Se hat nóit ver nai de frôljesferiening vest. Mar ek grutsk doch. Bij ut tsjerkebankferhieren hie se har mon sain vêrt se sitte voe, net óp 'e losse stwóllen dêrt oas suver olle frôlje sieten. Se hie ut êg fôle litten óp un hokje rjócht fwar de stoel oer, un moai fersierde bank mai un dwarke durfwar, flakbij de dûmnysbank en ut hokje fon 'e tsjerkfôden. En dot slagge, Tilly syn hait hie oltyt vot jild achter de hôn fwar bwóttenvênstege útjeften, dot hij koe tsjin 'e oaren ópbiere. En de oare snains siet se dêr, ut lytse vyfke, mai ut moaie wódsje óp. Ut siet dur ek fwastlek, Tilly hat vól gaurus bij har sitten. Gwódden sprieken dur skonde fon, oaren fûnnen ut prachteg dot un arbaidersviif dêr sitten gyng, mar fon baide partijen lûûk se har neat oan. Ut sait himsels hast, san frau dyt ut iene momint óntroerend nayf en óp un oar stuit sa grutsk os un pau vêze kin, dy is net maklek te pailen en ut hondegste is óm har fwar un bytsje gek te ferslyten. Dot ha se yn Tilly-en-dys húshôring don ek dien. En dêr vie ek oanlieding genôch ta, vont Tilly syn mem hie un soad núvere setten, dêrt se faak en lang mai pest vurre koe. Jûûns os se ut easte kópke tee yngetten hie en se dur sels ek bij sitten gyng, en os elkenien óm 'e tafel siet mai un bûk of un kronte, don sakke se steefêst yn 'e sliep. | |
[pagina 346]
| |
Mun vie lyts behúzze, ol hie mun dot sasear net yn 'e rekken, vont dot vienen olle minsken. Dur vie mar ien tafel mai un lampe durbóppe, en oan dy tafel mwast fongefólgen elk syn vurk dwaan, leare of lêze of nyfelje. En stil vêze fonsels. Mar yn dy stilte gyng Tilly syn mem grif ûnder sail, en ol rillegau siet se te snwarkjen. Nimmen sai dur vot fon, vont ut vie net bótte steorend. Os ut te lang dwórre, vaar se vaskôge dot har tee kôd vaar. En don, ópskriljend út 'e sliep, koe se de núverste útspraken dwaan, lykos: ‘Vêr is jim hait, bên?’ Vylst de mon rjócht fwar har oer bij de tafel siet. Of se riisde ynienen oerain en sai, krekt os vie dur vot slims bard: ‘No vit jim nóit vot ìk mat!’ Don vie dur oltyt vól ien dyt drûgvai sai fon ‘Pisje,’ en don fóttele se nai 't húske. Ut vie un hele frjemde húshôrster. De hele dai tróch, lyke ut vól, stie dur yn ut kokentsje un tóbke lij ôvoskvetter mai un pear kópkes duryn. Dy varen fonsels vólrus ôfvósken, mar fwótdurnai stie dur don ver un tóbke mai nij vetter en oare kópkes. Se die olles stikje bij bytsje. Dur stie ek oltyt vetter óp ut petroaljestel, dot jest syn bestimming kryge os har vot yn 'e hólle kaam, en dot koe fonolles vêze. Har helpe mai ut ien of oar vie hast ónmooglek, vont mun vist net vot mun east en lêst oanpakke mwast ómt mun net óp har systeem ynsketten vie. Dût Tilly kwekeling vie, begón se mwaans mai braidzjen, dot fûn se ut nóflekst, ut vurk kaam don letter vól. Bij de begraffenis fertelde un kammeraatske fon Tilly syn suster dot se Tilly syn mem óp un mwantiid mai Tilly oan 't bwast en de kot óp 'e earem oantróffen hie. Twa oeren letter siet se dur noch krektsa, ut vie sa geselieg, sai se. Dot ferhaal sil vól vier vêze, vont sa vie se. Mar lykegoed vie ut yten ek óp 'e tiid klear en ut hûûs fage en de vosk dien en ut stikken gwód ferset en stoppe. Ut vie har eare tenai dot ien dur mai smwarge of stikkene klean hinne rinne soe en se voe net lije dot har mon vot oan 'e húshôring die. Jest dût har reuma ol te slim vaar en Tilly syn hait dreesmontsje vie, dû mócht ur helpe ta ut yten en de vosk. Salangt de bên noch yn 'e hûûs vienen, móchten se de bôle net iens snije of ut yten ópskeppe. Dot vie har taak. ‘Ik bin dur no noch,’ sai se don. Os se dea vie, mócht un oar ut grif oernimme. Fon mwaans un oere of sais ô, os Tilly syn hait nai de boer gyng, oant jûûns jelve njóggenen os se de tee óp 'e tafel sette, vie se besteld mai fonolles en noch vot. En tagelyk hie se olle tiid fon 'e vrôd. Ut vie ut maklekst en nim har mai un kel sôt en gniis óm har bryke óngemakken. Har fytsen bijgelyks, dot vie un tankber ûnderverp. Se hie de fyts net ûnder kóntrôle en se fertraude har net | |
[pagina 347]
| |
yn ut ferkear. Os se yn 'e fjitte un auto oankómmen sêg, stapte se steefêst ô. East mwast dy auto fwarbij. Op un kear sêg se un lonteanepeal dyt krekt ferve vie en se tochte, dêr mat 'k net tsjinoan fytse. En dus dur rjócht bij óp. Ut mwaiste eksploat barde te Dokkem. Tilly en syn twadôdste broer vienen dêr mai mem óp 'e fyts hinne. Mem voe ut monúmint fwar de fôlenen yn 'e oarlog sjen. Se libbe dêr osa yn mai en kocht letter ek bûkken oer de Joaden en ut ferset. Havar, dot monúmint te Dokkem lai fwót njónken de dyk, un bytsje leger en dur stie un vyt klapstekje fwar. Tilly syn mem fytste rjócht óp dot stekje oan, mar remje koe se net goed, en útgliere voe net ómt ut paad deldrachteg vie. Se bótste tsjin ut stekje oan en de baide helten swaaiden iepen en jest tsjin ut monúmint oan kryge se kear en knóffele fon 'e fyts. En ut dûbbele stekje swaaide ver achter har ticht. Tilly en syn broer smoarden fon ut gnizen. Tilly syn mem vie dúvels. ‘Kóm mai!’ sai se. ‘Ut is jir gjin plak te gnizen!’ Dot mat ek ien fon har lêste lopen vest ha, se vie dû noch gjin fyfteg. Ut hie un kreaze frau vest, dût se jóng vie. Dur is un foto fon har os se san fiventwinteg is. Oan 'e apatte stoel te sjen, is dy bij de fotograaf makke. Se hat un vyt blûske oan en un lange, swatte rôk. Dur is ek noch un foto fon har achter de bennevain, dêr sil Tilly vól yn lain ha. Se hat un pwathoed óp. Sônentryteg sil se vêze, en se is noch oltyt kreas. Mar óp jóngere fotoos is se dot net mear. En dût Tilly un fûûg jónge vie, vie olle kreazens ferdwûn. De dôvens hie har gesicht fervoastege. Dy dôvens vie óp skwalle ol begón, sai se, mar se hie ut ûnderviis dur vól óm fólgje kinnen. Mar ut boaze staregoan oan. Dût se un ier of seksteg vie, mwast se un apperaatsje yn 't ear ha. Dot hólp lykvóls ollinnech os mun tegjerre vie en se har óp ien kónsintrjerje koe. Yn un selskip hearde se neat, of ja, un heel soad lûden tróchenwar. Se hie sa graach sjónge mócht dût se jóng vie, ien fon 'e easte feskes dyt Tilly fon har learde, vie ‘Ik haf un seemon kennen.’ Mar letter sóng se nóit mear. Tilly syn suster makke him dur óp attint: vitst vól dot mem nóit mear sjóngt? Se hearde harsels grif net mear. Os se óp besyte vienen, don siet se blierglimkjend óm har hinne te sjen, mar se sai súver neat. Of, os se prate voe, don troaide se jun mai nai de keuken, dot mun tegjerre vie. Tús vie dot ek sa, skean fwarenwaroer óp 'e hûkke fon 'e tafel koe mun un petear fiere, mar os dur mear vienen, gyng ut net. Tilly syn hait fertelde har ónares naityd vot dur ollegjerre sain en fwarfôlen vie. Nai un útfonhûzerij mwast hij har helendol bijprate. Hij hie lókkeg un súver vudlek ónthôd, en hij koe tige byldzjend fertelle. Dût Tilly syn hait stoar, miste syn mem olle kóntakt mai de vrôd. | |
[pagina 348]
| |
Dy dôfhyd vie fonsels un slimme handicap, mar koe doch ek besjoen vurre os un aspekt fon har núverens. De lytsjónge fon har dochter frege har rus vot en dot ferstie se helendol mis. ‘Vot sait dy jónge? Beppe flapke?’ Sónt hie se fonsels dy bijnamme. Bij Tilly-en-dy riisde se óp un jûn óm un oere of jelve olven ynienen oerain, pakte bril en toske en raizge nai de doar. ‘Vot silsto?’ ‘No, do saist doch dotst óp bêd voest?’ Mar Tilly syn hait hie yn 'e fjiste fjitte sóks net sain, net iens vot dot dur óp lyke. En don gie se sitten en glimke. Mar se nóm ut net oltyten lyke maklek. Se koe ek lilk vurre. ‘Dy frekte dôvens, ik hear de fûggeltsjes net iens mear.’ Dy dôfhyd hie meskjin makke dot har taalgebrûk dot fon har famkesjirren bleon vie. Olteast se hie beskate útspraakferskiinsels dyt Tilly nea bij oare lju vaarnómmen hat, lykos ut heal en sómtiden helendol brekken fon 'e ‘ie’ yn ‘hjinnen’ en ‘vjinnen’ en de ‘oe’ yn ‘kwónnen’ en ‘vwónnen’. Aigenareg vie ek dot de ‘h’ bij un brekking net vai vaar, Tilly hat har fwar un skripsje rus un heel soad vudden ôfrege en ut die blyken se sai fon ‘hwódsje’, ‘hwanleger’ en ‘hwasfwótling’. En fjidder prate se fonsels de ôde Ferveter taal mai syn brekkingen yn ‘bwóthus’ en ‘mwódhun’, syn ‘heare’ en ‘eate’ en ‘sepe’ en ‘jilstrôt’. Se hóng tige oan Fervet. Fervet vie olles en olles, gefaar fon nai Napels gean vie dur vinlek net. Se hie twa ier út Fervet vai vest, dût se dûmnysfaam vie óp 'e Geast. Se vaar dur net sa bêst behondele bij dumny Jûkema, ut gebet fwar ut varem yten mócht se bijvainje, mar ut yten koe se yn 'e keuken behimmelje. En ut vie beolegjen fon mwaansier oant jûûns let. Mar ek los dêrfon vie se skriklek ónvenneg. Os se un momint frij hie, rón se ut dwarp út óm nai de Ferveter toer te stwarêgjen. Mon en bên gniisden óm har en pesten har ollegedueregen, en dêr hie se olle frede mai. Se koe sóms sa laitsje dot har de trjinnen út 'e êgen rôlen. Mar dyt har óp ut sear kaam, dy fûn syn master, don vie se hudder os hud en jûûg net un streep ta. Ot dot un frjemd vie of har aigen mon of ien fon 'e bên, dot makke har neat út. Se liet har apslút net vôdzje. Se vie poergek mai har mon, dot vie ôgenklear en dût ur oer de iede stie, sai se ut mai safólle vudden: ‘Hij vie ut leafste vot ik hie.’ Mar os ur dwas en ferkead voe, sij koe noch fólle dwasser en se hie un langere asem. Dêrt se mai ôdien hie, dêr hie se fergoed mai ôdien. Se vie goed, mar net gwódlek. Ut vie un idele frau, se mócht dur graach kreas útsjen. Fwar un arbaidersviif foel dot fonsels net ta. Blaunassauze sokken oer de wazen, un blómkeskelk oer de blómkejurk en dêr un fest oerhinne, | |
[pagina 349]
| |
fólle kreazens vie dur net oan. Jest letter kamen dur safólle sinten dot se út en tróch vot nijs keapje koe. Dot mwast don útsoate east tepos makke vurre, vont ut vie un kwat bestek. Dût de reade kleor fon har hier ferblikte, hólp har twadôdste soan óm ut te fervjen en don kamen de krulspjelden duryn. En se hie noch vot ôd gaudgwód út ut erf skip dêrt se graach mai prónke. Un soad moaie dingen hie un mins yndertiid net, de mônlje hienen un heloazje erfd, de frôlje un spjeldsje of un silveren dwaske. De grutste skot fon Tilly syn mem vie har traubwósdûkje, mear óm ut oantinken grif os óm de verkleke veade. Ienrus hat ut ding vai vest, en dû snúúfde se ut hele hûûs bijenwar. Os se sénûwachteg vie, die se oas net os snúve. Se hie him vósken, en dû koe ur mai 't spielvetter fwótrekke vêze, tocht se. Tilly hat de sinkput iepen hún en dêr mai un stôk yn óm rierd. Hij is ek ver bóppe vetter kómmen, mar net út 'e sinkput. Núver vie, bij har idelens, dot se gjin of amper erch hie yn ut hier óm ut kin dot har gesicht óntsierde. Jim mem hat un bud, sainen de jónges tsjin Tilly. Tilly fûn dot heel aaklek, hij vie dû un ier of tólve, mar ut vie vier, syn mem hie dêr net un pear jirren, mar un heel soad. Hie Tilly syn mem ut net yn 'e rekken? Of tocht se: ut steort mij net en don mat ut jim ek mar net steore? Vie ut har ónnoazelens of har aigenvizens dot se dur neat oan die? Letter nammes vól, dû skearde se dy lange jirren geregeld ô. Mar dû hie Tilly him dur ollang mai fermoedsoene. Hij vie net fon doel óm him te skamjen fwar syn mem. Snaintemiddys rón ur earem yn earem mai har nai tsjerke ta. Gjin jónge fon syn jirren die dot, en Tilly dus krekt ol. Hij siet ek graach bij har, mar dot hie un oare reden. Syn hait koe net vizehôre en sêge olle psollems en gesangen oan strónt. Ut vie skriklek óm dot oan te hearen. Tilly hie oltyten hope dot syn hait east deagean soe, vont os dy ollinnech oerbljode, don vie ur ferlen, en syn mem vie fólle sterker. Se liet har net lytsmon maitsje, ek net tróch de dea. Dût har ôdste soan stoar, vie se ópsternaat. Tilly vie yn 'e lette jûntyd vaskôge en nai Fervet riden en dût de needsaaklekste dingen dien vienen, hie ur de Bokma nadere. Tilly syn hait siet ferbûkke bij de tafel, mar Tilly syn mem vie vronteleg. ‘Hn,’ sai se, ‘no kin vij him mar fwótbringe!’ Se hie ut dur vól s wier mai, mar se koe dur teminsten oer prate. Ut lêste vot se fwar him dien hie, fertelde se, vie him de pet fon 'e hólle krije, dot koe ur mai dy reumahonnen net mear dwaan dût ur fwar un vyke noch bij har vest hie. En os de klokken letten, don stienen de trjinnen har yn 'e êgen, lykefólle fon nydegens os fon fertriet. ‘Dy frekte klokken!’ sai se don. Meskjin vie dot ut jinnege | |
[pagina 350]
| |
vot se fon 'e hele begraffenis heard hie. Se koe doch ol sa min oer dy roomske klok te Frjentsjer, se skwórde oltyten daleks ut gehoarapperaat durút os dot kring begón. Tilly syn hait úttere syn fertriet sa maklek net, mar amper tsjinoer syn frau. Mar mun hearde syn kjizzen vól oerenwar gean. Hij ferf riet syn fertriet letterlek. De stôlen fon syn pipen vienen oltyten heal tróch byten en dêrt ur de piip yn 'e mwólle hie vienen de tósken fon ut nij gebit ôslyten. Tilly hat ienkear mai har nai ut sykenhús vest dût syn hait dêr fwar 't lêste anker lai. Se soenen tegjerre mai un maatskiplek vurkster prate oer de mooglekhyd óm him tús te ferplegen. Folske hoop, vont hij hie net lang mear te libjen. Tilly hie him ol faker maimakke, ut vie ‘Ja’ en ut vie ‘Neu’ en don liet ur de êglidden sakje en sai net un sprek mear. Mar fwar Tilly syn mem vie dut nij en ut kaam os un amer kôd vetter oer har. Hij toande gjin inkele belangstelling, ondere nai syn vênsteg ‘ja’ en ‘neu’ net mear en kearde him ô. Tilly syn mem vie ópsternaat, naityd. ‘Vitst vól dot 'k sitten ha te flókken!’ sai se. ‘Is ur oltyt sa?’ Ja, sa vie ur oltyt, yn 't lêstoan teminsten. Mun kaam dur út fetsoen, ómt ut juns hait vie, en ek út un soate fon skuldgefoel, ómt mun sûn vie en hij siik. Mar ut vie un tramtaasje. Hait hie gjin kriig mear, sónt syn soan en skwansoan dea vjinnen, hij hie ol syn libben mai ut mes dwas yn bek stean matten, oltyten stride en fjuchtsje fwar syn húshôring, hij koe net mear. Mun sêg dot ur ut oerjûn hie en de kanker jûûg him de genedeklap. Mar mem vie sterk, se mócht don twinteg ferskillende soaten pillen yte, ut mócht don un himpen vyfke vêze, har geastkrêft soe har óp fwótten hôre, tocht mun. Of net echt fonsels, mar ut vie san únyk minske, dy mócht net deagean. Hait hie mun gean litte matten, dy koe net mear en ut soe ónminsklek vest ha óm him de rêst fon 'e dea net te gunnen. Mar mem vie ómmes sa sterk, dy koe noch bêst un setsje tróch libje. Dot vie se sels ynjesten ek fon doel. Dût Tilly syn hait goed en vól begrûven vie, sai se: ‘Ik voe jir oas noch vól even bljowe.’ No, dêr hie nimmen beswier tsjin, krekt oasóm, dur vaar óp rekkene dot se ut ôdershûûs noch un setsje yn vêzen hôde. Se vie fonsels knap oer de tachteg en ut mwast un kear óphôre, mar se vie sûn, en un monnech ier hôde se ut grif noch vól ût. Ynjesten skarrele ut ek noch vól vot tróch. Har skwandochter venne deunbij, har twadde soan dyt ynfalyde vie kaam óm un bakje kófje. Dur vipte oas rus ien oan en de iene snain kaam Tilly mai syn húshôring en de oare snain syn suster. Se ferienseme net. Se hie belangstelling fwar de dingen, lies de kronte, sêg tillefyzje en vie | |
[pagina 351]
| |
simmerdais un soad yn ut túntsje achterhûûs dwaande óm de túchjes durút te sykjen. Ut vie un ferskrikleke gaos, dot túntsje, olles vûûks en blûide tróchenwar en oerol tuskentróch hienen de wannepoaten vwattel sketten. Mar Tilly syn mem fûn olle blómkes lyke moai en dur mócht neat útgrûven vurre óm ut oare vot mear rûmte te jaan. Ut koe ek neat skele, ut vie har areghyd. Dut plontsje hie se fon har beppesezer út Hontem, en dot streekje jidbaien hie hait dêr noch delset. Liet de boel mar stean, liet ut bij 't ôde bljowe, ut vie har nócht en ville. Sa njónkenlytsen begón se óp 'e heegtijdagen te libjen. De snainemiddys os de bên dur vienen, de jirdagen, un dai nai Frjentsjer. Sa staregoan ferlear se doch de libbensmoed. Benammen ek nait har twadde soan de safólste oerhaal kryge en nai 't ferpleeghûûs rekke. Aigenareg dot sels bij sókke sterke minsken de ain net yn fólslaine kljerreghyd kómme kin. Se vaar vronteleg, se sai har suster ut monnevaar óp en klage oer Tilly, dyt mar twinteg menútten bij har bljode. Dû vaar se gammeleg, lai un soad óp bêd en bljode óp un stuit lezen. Ut vie dúdlek, ut gyng óp 'e dea ta. En dû vaar se doch ver de sterke frau dyt se oltyt vest hie. Se voe ôskied nimme, noot har ferstôn noch klear vie. Ut hie doch goed vest, net? Se hienen doch goed maienwar kinnen? Se voe har twadde soan noch graach rus sjen. Se vist hû skriklek benammen fwar him dy lêste moeting vêze soe, mar se voe ut sa graach, en se koe ut oan. Yn 'e kost lai un braiden póp mai un brjifke dur bij, dy vie fwar Tilly syn lytsfanke, oas hie se ut measte ol vaijûn. En vot se grif yn 'e hólle hie, se voe tús stjerre, net nai ut ôderainhûûs, perfwast net. Har dochter en skwandochter posten óm bar óp har, mar dot vie hast net óp te bringen benammen net dût se ut nacht- en dairitme ómviksele en de frôlje naks út 'e sliep hôde. Se hie beseft dot se stjerre mwast, mar se lyke har lykvóls te fersetten mai olle krêft dyt se hie. Se fócht os un ljo, neffens har stjerrebyld, en bijtiden ôle se ek os un ljo. Se mwast nai Napels, mar se ferdómde ut. Ut vaitsjen vie net mear óp te bringen, se mwast doch mar nai Fosvet. Dêr koe se sais vyke bljowe, mar de húsdokter fervachte net dot ut salang noch mai har oanhôre soe. Kóntakt vie dû amper noch mooglek, mar sóms viisde se ut ek ô. Tilly hat rus fergees bij har vest mai viif en bên, se voe neat fon har vitte, en sai óp olles ollinnech mar heel dúdlek ‘Nee!’ En dût se har fregen, ot se don fwótgean mwasten, mem, dû sai se lyke dúdlek ‘Ja!’ Mun mwast dur ek vól óm gnize, dy smwarge ôde dwaskop. Nai sais vyke vie se noch yn libben, en se mócht óp aigen kosten noch trije vyke yn Fosvet bljowe, Tilly-en- | |
[pagina 352]
| |
dy koenen don east óp fekônsje, en dêrnai, os se noch libbe, soenen se har nai Frjentsjer helje. Om 'e dai bellen se út Frankryk vai, mar mem vie dur hieltyt noch. Se kryge gjin yten mear, ollinnech vetter, dur vie neat mear fon har oer, mar se libbe en se ôle. Se is stoan bij Tilly-en-dy tús. Ut hat mar flif dagen mear dwórre. De bên fûnnen ut un bytsje yslek, san beppe dyt dêr lai te ôljen sónder gebit yn 'e mwólle, mar bang vienen se net. Dur vienen noch inkele heldere mominten, don glimke se. En tsjin Tilly syn frau sai se noch un kear: ‘Krûp mij noch even oan.’ Ut hie oltyten un oankrûpper vest. Har mon mwast se óp ónfervachte stuiten ek oltyt un tút jaan, en dy varde har don ô, mar hij fûn 't vól moai. De bên mócht se ek graach oankrûppe. Fwarhinne, fertelde se rus, sainen de minsken dot mun mócht lytse bên net tútsje, dêr varen se siik fon. Un núver ferhaal, mar Tilly hat sóks letter ek rus yn 'e Ljauter Kronte lêzen fon un frau dyt utselde ferhelle, dot ut skynde vól vier te vêzen. Mar Tilly syn mem sai, se hie ut net litte kinnen, se hie de bên doch tútte, mar fwar 't óp bêd bringen hie se har de gesichtsjes oltyt behimmele mai un viet lapke, don soe ut gjin kwea kinne. Tilly syn frau hat har ôlain. Dur vie net fólle mear fon oer. Se hie noch os ôd viif moaie skónken hôn, mar no vienen ut stokjes. Dût se beklaaid vie en de femylje vaskôge, dû havve Tilly en syn frau de flesse óp tafel set en ol har healvize streken nochrus memorjerre. |
|