De reade bwarre
(1993)–Trinus Riemersma– Auteursrechtelijk beschermdBij de bóppegrûûnskeDe oarlog vie óp ut plottelôn de easte jirren net mear os un geróft yn 'e fjitte, un stik óngeriif út en tróch en un raar aksedint no en don. Ut libben koe fierhinne óp 'e ôde foet tróchgean, ol lainen ollerhonde maatregels dot libben vól staregoan mear oan bonnen. Dur vie súver gjin ding dêrt de Dútsers har net mai bemwóiden. De poletyke partijen vienen ópdûkt en ollinnich de NSB vie sónt desimber '41 noch tastien. De gemeenterieden hienen gjin macht mear, de bwargemaster vie ollinnech baas. Mun mwast sónt septimber '41 un persoanbeviis havve en oltyten bij jun drage. Mun vaar ferplichte óm koper, tin en nikkel yn te leverjen. De skwalbûkken varen naisjoen en mwasten oanpost vurre. Vurkleazen varen nai Dútsklôn stjoerd óm dêr yn 'e febryken te vurkjen. Hitler hie syn aigen mônlje noareg os sóldaten, noot ur ek tsjin 'e Russen fócht. Yn maaie '42 gyngen dur trijehûndet arbaiders út Fryslôn nai Frankryk ta óm dêr fwar de Organisation Todt te arbaidzjen oan 'e Atlantikwall. Dur vienen gwódden dy spuiden dêr raar gwód fon, mar dot vie net helendol earlek: dût dur yn 'e simmer fon '40 goed fertsjinne vurre koe oan 'e útbou fon ut Ljauter fleanfjild, hienen arbaiders en ûndernimmers yn 'e rige stien óm har oan te melden. De hele tryteger jirren tróch hie mun mai vurkleasheid oanklaud sitten, dot mun mwast bliid vêze dot dur no ver vurk vie! Fwar Harrem vie dur gjin gefaar dot ur ópróppen vaar, hij hie un Ausweis frege en krygen. Syn hait koe ut vurk net mear dwaan, dot vie rûnóm bekend, dot Harrem vie noareg óp ut bedrjo. De minsken | |
[pagina 337]
| |
mwasten yten ha, sa snoad vjinnen de Dútsers ek vól, dot se lainen de boeren gjin ómkrûmte bij. Teminsten, net mear os needsaaklek. Se hienen fonsels vól hynders fwaddere en hea, mar dêr koe mun ut measte ek ol net fon seze. Bij har vie net fólle te heljen, de ôd happe koenen de Dútsers neat mai en hea hienen se amper. Dot dy grutte boeren rus un tebeksetter krygen, vie Harrem bêst mai óp 't skik. Liet dy de beoleg marrus brûkke en harsels fwar de plûge slaan ynstee fon ut fwaddere hynder, don koe ut luie swit dur rus út. Mai hait gyng ut oas ol ver stikken better. Hij mwast him mije mai ut swirste vurk, mar os ur dur óm tocht dot ur himsels net knûide, don koe ur navenont noch heel vot út 'e vai sette. Dot hûgden se un oar net oan 'e noas te hingjen. Fwar de bwóttenvacht vie Têke gammel, en dot hoden se sa. Os un arbaider of genier yn ut Klaailôn Têke moete en sûnfrege, don sette dy un klaaisang óp: ‘Mun vól net óp 'e stoel ómtwarkje, en mun mat yn beveging bljowe, mar ut is neat gedaan, Vybren, neat. Os ik mij even ferskrip, bin ik ver trije vyke skjinferlegen fon pyne!’ Sóksoate ferhalen hóng Harrem ek óp yn 'e skearvinkel. Vis, os mun hait sa sêg, os ur oan 't vjoeren vie of achter de aide rón, don lyke ut un hele kearel. Mar jûûg him gjin grype yn 'e honnen en sette him net fwar ut fólle vurk, vont dot hood ur gjin dai út. Se hienen ut knap yn streken, Harrem en Têke, mar dot hûgde un oar net te vitten. Ferlyne ier jinnen se ut smoardrók hôn, dot ut kaam har vól ta dot se no rus un middy frij nimme koenen en óp ut hiem ómpiele of rus even jir of dêr hinne. Hij hie ut lôn olmeast beret, de poaters duryn en ut siedgwód, noat en byten lykos olle jirren. Jûûns nai yten hie ur hait hólpen mai ut delheljen fon ut bwóthús, dot dy de oare dais ver fwótfare koe mai spykerfrijmaitsjen, skiftsjen en steapeljen. De ôdkearel mwast oanslag hôre, oas siet ur mar mai de manke poat óp 'e stoel te gnwarjen. Ut die him vól goed, sa oan 't vurk te vêzen, hij begón vezenlek óp te fleorjen en hij úttere him ek olrus goedkarrend oer ut kervai dot se oanfette hienen. Mai un monnech vyken koenen se ut hautvurk sloopt havve, en os Harrem don de ôde fûnneminten durút grûûf, vont dêr sêg ur tsjinoan, don koe hij rjappelvjoere. Harrem knikte, vis, sa mwast ut, hait hûgde ut swirste vurk net te dwaan, mar hij mwast vól yn beveging bljowe. Rjappelvjoeren vie gjin swier vurk, och, ut vie mear un soat fon köörjen. Hait hie yn him ómgean litten, Heabel har jónges hienen un moai knwarre stien stean, ol jirren en dêr digen se niks mai, soenen se dy net óm 't skik krije kinne? Harrem skódhólle naitinkend, os mun gading makke, stiigde de priis, ut soe mwaier | |
[pagina 338]
| |
vêze os Heabel har jónges dur sels oer begónnen. Sa vie de maityd fwarbij gien. Harrem makke ut bytienjen dien, dot krûppen vie neat fwar hait, en hij die de easte slag tróch de rjappels. Dêrnai gyngen se óm bar nai ut lôn, Harrem mwaans en hait middys. Harrem grûûf un sleuf bij ut fûnnemint lôns en mokere de stjinnen los, jûûns sieten se tegjerre te stjinbikjen, oant Eelkje rôp dot de tee brún vie en ut hie joet ek ver moai genôch vest, net? Olle jûnnen utselde bwadskip. Un stik fon 'e simmer gyng dur mai hinne, mar dû vie ut ek oan 'e timmermon ta. Se koenen baue. Harrem bestelde dot hij soe mar óppermonje, dot kroadzjen mai stien en speesje vie swier vurk. Hait mwast him mar rêde mai ut lôn. Bijneed ollinnech mwaans, middys yn 'e stoel of óp bêd, en óp 'e naimiddy ut melken. Eelkje hood de skónk fon Têke sekuer yn 'e kyker. Os ur vot ol te bót mai de poat lómpte, of de tearen óm 'e mwólle noch skerper vjinnen os gevoanvai, don bónsjoerde se him yn 'e luie stoel. ‘Do soest nai 't lôn? Do gjist dêr sitten. Vacht even, vot sille vij no ha? Matsto dyn hait achternai?’ Ek Harrem vekke se oer, twinteg vie ur, fielde him sterk en ónferslytber, miende dot ur stikken noch dea koe, mar hij mwast ek rus lins nimme. Ja, se hie mai Têke utselde belibbe yn 't east fon har trauen, os un healvizeling durópyn vrame en beolegje fon ier oant let, en sêg norus! Dêr kaam ut net fon, lai Têke don noch marrus út, ut vie kjeld, ôde kjeld, oas neat. Mar Harrem kryge syn lins vól, vaansdytejûûns gyng ur oltyt nai Fervet óm un praatsje mai syn maten. De jóngfainteferiening kaam yn ut simmerskóft net gear, mar dy frije jûn voe Harrem hôre. En sneonoerdais hoden se ek yntiids óp. Voskje en ferskjinje en don nai de bwórren, even bij beppe Richt sjen, un pakje tebak helje en gaurus gyng ur don nai de bakkerij en vachte dêr óp Richtsje. Tegjerre fytsen se don nai ut Klaailôn. Richt hie ut skoan nai 't sin yn 'e bakkerij, oltyten un soad minsken en mun hearde ek ollerhonde nijs. Velja, ut libben rôle nóflek fjidder. Harrem hie ut skoan nai 't sin. Hij en hait koenen ut vurk maklek oan en se bwórken doch goed? Se hienen no un kreas bwóthúske baue litten mai rûmte fwar acht kij. Hût ur de skuld fon fiifhûndet gûnne ôbetelje mwast, hie Harrem sasear gjin doel oer. En don mwasten se vinlek ek sa gau mooglik oer de skwórre gear, vont dy stie óp ynstwatten. En bóppedot, noot ut bwóthúske ópknapt vie, stiek de ôd skwórre dur noch môlder bij ô. Mar hie ut doel óm safier fwarút te prakkesjerjen en jun swargen te maitsjen? Ut vie óp 't lêst oarlog, de vrôd vie yn ónstjoer en de minsken klagen ollegjer, dot skulden en un vrakke | |
[pagina 339]
| |
skwórre, dêr koe mun net te bót oer stinne. Se mwasten besykje sónder kleanskwórren dy oarlog tróch te kómmen, don sêgen se skielek vól ver. Vot vist mun hût de vrôd dur oer twa-trije ier útsêg? Nee, oant no ta hie mun fon 'e oarlog óp himsels net ut measte fernómmen. Yn 'e maaiedagen fon fjitteg vie ut frónt oer har hinne rôle en dot hie ynjesten un hele olteraasje jûn, mar ol rillegau gyng olles syn ôde góng ver. Ut frónt vie fier fwót, yn Noad-Afryka fóchten de Ytaljanen en de Dútsers tsjin Ingelsen en Amearykanen en yn ut easten fóchten Hitler syn legers tsjin 'e Russen. Oan 'e oare kônt de vrôd fóchten de Jappen tsjin elkenien. Ut lyke dot de Allyeaden oan 'e vinnende hôn vjinnen, ol vaar dot yn 'e kronte net sa rjóchtút sain. Ut koe de measte minsken ek net safólle skele hût ut dur oan ut frónt óm en ta gyng, os dot frónt mar fier fwót bljode en ut gevoane libben jirre tróchgóng fyne koe. Mar dot gevoane libben kaam njónkenlytsen mear yn 'e knipe. De oarlog vie syn tredde ier yngien en de besetting, dêr't mun ynjesten óp ut lôn net safólle lêst fon hôn hie, vaar staregoan fielberder. Dur kaam gebrek oan ollerhonde dingen en vot noch vól te besetten vie, vaar djoer. Fytsbonnen vienen roversgwód, swatte brônje vie noch amper te krijen. Tee, kófje en tebak vienen rottekrûûd djoer. De Dútsers begónnen nammes ek fûûlder óp te treden. East lieten se har fon 'e nóflekste kônt sjen, se hopen dur meskjin óp dot se mai vot ferdrach ut Nederlônske fólk vól oan har kônt krije soenen. Mar ynstee dêrfon varen se kónfróntjerre mai sabotaazje en oerfollen óp disterbúsjekentoaren, mai protesten fon tsjerken en ut masaal óntdûkken fon maatregels. Ut geduld fon 'e Dútsers rekke óp en de óngunstege kear dyt de striid oan 'e frónten nómmen hie, makke har grif ek gremyteger. Ut vie langer gjin moaivaaroarlog mear, ut vaar mienens. Ut ferset tsjin 'e Dútsers stelde óp ut lôn sa goed os neat fwar oant no ta, ut vie un saak dyt him yn 'e grutte stêden ôspyle, en dot lai ek vól fwar de hôn, vont yn 'e stêden, benammen dy yn Hollôn, vienen de lju vot bluistereg. Mar sa njónkenlytsen slûg ut ferset oer nai ut plottelôn. Dur kamen no ek hyltyt mear berjóchten oer ut ópjaaien fon 'e Joaden. Ferlyne ier hienen dy minsken ol un ‘J’ yn har persoansbeviis krygen en sónt april fon dut ier vienen se ferplichte óm un stjer óp ut bwast te dragen, dot se fwar elkenien verkenber vienen. Yn un heel soad gelegenheden móchten se net kómme, en se vienen ek ollang út ollerhonde beróppen en funksjes keard. No lyke ut duróp dot se ollegjer fwótfierd vurre soenen. Yn 'e grutte stêden yn ut vesten vie dot bedrjo ol un skóft geande, mar ek yn Ljauet varen se | |
[pagina 340]
| |
óppakt en don nai Vesterbork yn Drinte fierd en dêrvai nai Dútsklôn. Vot dur mai dy lju barde, vist nimmen, mar se kamen grif net veróm. De Dutsers jûgen de Joaden de skuld fon olles vot mis vie yn 'e vrôd, mar mun vist net goed vot mun dur fon tinke mwast. Op ut plottelôn vennen gjin Joaden, dot fólle ûnderfyning hie mun dur net fon. Ut vienen olmeast keaplju en sakelju en os sadaneg net sa betrauber, vaar dur sain. Os se ut rêde koenen, draaiden se jun un poat út. Ut vie vól dúdlek dot dy lju jir net túsjerden, ut vienen gjin echte Nederlonners. Mar vêr mwast mun dur don mai hinne? Harrem syn lyts partijke dêrt ur fwar de oarlog lid fon vest hie, vie ópdûkt. Hij vie gjin lid vurren fon 'e NSB, sat him oanret vie. De NSB vie un hollônske partij en bóppedot, dy lju lainen óp un ferkeade namme. Se foelen ek fjistebót óp mai har únnyfwarrems en krônten. Harrem fielde dur net un sprút fwar óm mai kronten te sútteljen. Yn Fervet vienen se oer 't generaal net Dútskgesind, dot ut vie net ferstondeg óm dur sa iepenlek fwar út te kómmen dot mun dy kônt vól oer voe. Os ur yn únnyfwarrem yn Fervet ferskynd vie, don hienen se him de bwórren útskópt. Hij hie him tsjinoer de Dútsers vól óntfôle litten dot ur óp har hôn vie, en dot ur achter har stie. Hij tocht dot se ut vól begrepen hienen, hij hie ut yn syn bêste hollônsk en Dútsk útlain. En hij hie syn fyts hôre maien. Yn júlly hie dot vest. Hij hie fwar mem nai Saepke west om in pear reaven jern op te heljen dy't Saepke foar mem opskarrele hie. En dêr vienen ut ynienen ollegjer Dútsers dyt de lju oanhoden en har fytsen naderen. Harrem koe dur vól gwódden fon, se sieten yn 'e griffemeade pastory. Harrem hie sa fûûl os ur koe tsjinaksele, hij koe dy fyts net misse, hij vie kostvinner, hij koe ut ollegjer ferkljerje. Os se syn fyts mainómmen, don gyng ur sels ek mai! No, dot mócht vól. Un sóldaat brocht him en de fyts nai de pastory. Tsjinoer de Feldwebel hie Harrem nochrus ómstondeg útlain dot hij koe dy fyts net misse, hij vie ‘Bauer’ en syn hait vie ‘krank’. Dot makke net fólle yndruk. Dû hie Harrem ferkljerre, dot hij vie ‘ein Freund’, hij vie ek ‘gut Deutsch’. De Feldwebel liet him ferdútse vêrt ur venne, en dû mócht Harrem gean. Mai de fyts. Tsjin lju dyt him dur letter fregen hût ur dot óprêden hie mai dy fyts, fertelde Harrem net mear os ur kwyt voe. Ut plûchje Dútsers te Marem stie min bekend, benammen de baas fon 't spultsje vie un hónt. Olle nachten vie ur óp stap en dur óntkaam him un bytsje. Ut fólk dot ur ûnder him hie, vie net ollegjer lyke beroed, mar se varen fonsels vól fytere tróch de ‘Inspektor’. Olle dagen gyngen se yn plûchjes óp patrûie. Harrem vist dot vól, en ut vie him ek net | |
[pagina 341]
| |
óntgien hût de Maremers en Ferveters oer de sóldaten fon 'e post tochten. No, hij hie beard fon syn sike hait, en dot ur kostvinner vie, en dû mócht ur de fyts hôre, sa vie dot gien. Harrem vist vinlek ek net goed hût ur mai syn pro-Dútskens oan mwast. Hij miste Vypke, dyt ut ollegjerre sa klear en dúdlek útleze koe. Syn aigen hait hie ur dotoangeande neat oan. Syn maten lykemin, dy skólden vakker óp 'e pûpen óm en praten fon spoarbylzen oer de raljes leze óm de train nai Dokkem óntspoare te litten, mar dot bljode bij praten. Op dut stuit vie ut yn olle gefollen de baas en toan syn pro-Dútskens net iepenlek. Hij hie sónt kwat syn kómmen bij Elske Bauma út 'e Ryp. Un graue boeredochter, mar don yn 't echt, ut vie hast un tóntsje, en dêrbij vie se lyts fon stik, ut seal fon 'e fyts hie se óp 't olderleegst. Kreas vie se net, mar vól freonlek en dy graue bwasten en heupen, dêr mócht Harrem graag syn êgen oer vaidzje litte. En un lyts vyfke vie ek vól gaadlek: olles moai ticht bijenwar. Mar hij hie noch neat bij har besocht, hij voe ut net ferbruie. Hij hie ol un ferkearing achter de rêg en hij vist hû typelsinneg os frôlje vienen. Jûûns os se tegjerre sieten, don streake ur har hier en nekke en tútte óp har bolle bekje óm en neamde har namme, se hie un moaie namme dyt ur vól tsienrus achterenwar seze koe. En hij fertelde fon syn suster Richt en fon syn hait en mem en fon ut graidboerke dêrt ur un pear ier bij arbaide hie ‘óm un allround fakmon te vurren’. Mai har hait prate ur oer lôn en prizen, fruchten en fee. Bauma vie tige belangstellend nai Harrem-en-dys bwórkjen en Harrem lai út en fertelde sat fon him begeard vaar. Hij soe de mon net fwar de hólle stjitte, lykemin os syn dochter. Dot hij jeuzele braaf fon ‘Bauma mwast vitte en Bauma koe fon tinken vól ha’. Bauma hie krekt dyselde grutboereghyd oer him os ómme lede. Olle sezen vie freonlek miend, gjin ferkead vud durbij, mar sat ur bij de tafel siet, breedút, de jerrems oer ut fesje teard, liet ur dúdlek merkbyte: ik bebwórkje seksteg permjit en ik haf fiventwinteg melke kij. Dy frekte selsfóldienens fon 'e geseten boer, dêr soe mun dûm fon vurre. Sókken soenen de Dútsers rus naisjen matte, har de hynders óntnaderje en ut hea út 'e gólle helje, don soenen se vól lytsmon vurre. Mar Harrem hood de pipen yn 'e sek, jir siet módder oan 'e kloet en dêr voe ur mai leafde yn ómklaue. En oer de oarlog praten se en hût mun dêr fwaroer stean mwast. Harrem vie fwarsichteg yn syn útteringen, hij lai him neane óp fêst. Bauma vie gjin ‘pûpefreon’, sat ur sai, dot Harrem hode mar vyslek fwar him dot ur partijlid vie, of olteast vest hie. Nee, mar mun | |
[pagina 342]
| |
hûgde ek gjin pûpefreon te vêzen óm doch yn te sjen dot ut fwar de boeren un minne tiid vest hie, en dot sóks vól fwar de helte oan ut regear te vyten vie. Vie ut no don better? gnyske Bauma. Dot voe Harrem fonsels net úthôre, nee dy hynstefwaddering dêr hienen de Dútsers har raar mai fergallopeard, dot skwórde net út. Mar de Dútsers hienen fólle mear mai de boerestôn óp, dot vie vis. Ut ôde Nederlônske regear nie olles bij de yndestry ópset, en de boer hie eane ûnderoan bóngele. Dot soe no grif oas vurre, os dy oarlog aanst fwarbij vie en dur ver frede kaam, dan soe de boer un fwaroansteand plak ynnimme. Mar ut voe Bauma net oan dot de Dútsers mai goede bedoelingen kómmen vienen. Sónder vaskôging vienen se twa jier lyn Nederlôn ynfôlen, hûvólt ús lôn neutraal vie. Rotterdam plotsmyten. Lyke sóks óp freonskip? Nee, dêr hie Bauma fonsels gelyk oan, ut vie syn doel ek net óm 'e Dútsers skjin te praten, mar mun mwast oltyten besykje óm un saak fon twa kônten te besjen, net? Fwar him vie dur mar ien kônt, sai Bauma, en dot vie de goede kônt. Se praten oer de kryzesjirren dyt fwar de boeren safólle ellinde maibrocht hienen. Harrem hie noch mar un jónkje vest dût de beos yn New York ynenwar sakke, mar de jirren dêrnai dot hie ur ollegjerre bevust mai belibbe. Ut soberjerjen, ut óp ut útterste útsúnnegjen dot se oltyt matten hienen óm boer te bljowen. Hij flapte ut dur no mear earlek út, hij vie net út veelde nai de graidhûkke gien. Pake hie him ferbeolege, syn hait vie un healen langer en vot vie syn takómst dêr yn dot Klaailôn? Ja, se hienen un nij bwóthúske sette litten mai plak fwar acht kij. Mun mwast vot oandoare, stilstôn vie achterútgóng, mar os ur nai syn hait en pake sêg, don hie ur syn moed mar min. Ut hienen tsien, fyftjen minne jirren fwar de boeren vest, en vie ut un vónder dot dy gjin betrauen mear hôn hienen yn ut Nederlônske regear? Dû swijde ur en die un haal oan 'e piip, hij stie ol ver óp ut punt óm fwar de Dútsers yn 'e plait te gean. Bauma sêg dot sa, sai ur, ut vienen de óntefredenen dyt de Dútske kônt keazen hienen. Hij mwast nammes net miene dot ut ollinnich de genieren vienen dyt de klappen fon 'e kryzes óphaine matten hienen. De grutte boeren hienen dur ek djip yn lôns matten, en sêg rus nai de arbaiders, ol dy vurkleazen, dy hienen ut vól ut olderslimst non. Hij hie yn dy minne tiid ek un arbaider dien jaan matten, hût ut him ek begrutte, mar ut koe net oas. Ollegjer yn Nederlôn hienen se har pwasje krygen en maienwar mwasten se ut lôn ver sûn maitsje. Mar dyt dot mai help fon 'e Dútsers dwaan voenen, dêr hie ur gjin goed vud fwar oer. Dyen sochten ollinnich har aigen belang. Ontefrede- | |
[pagina 343]
| |
nen, sat ur ol sain hie, dyt tochten mai help fon 'e Dútsers jirre de mon te vurren. Hij koe de typen vól ópneame, jir yn 'e Ryp, te Blije en Fervet, lju fon neat, swetsers, ópsnijers, mar te beroed óm de nonnen út 'e mauen te stekken. Nee, don hie ur mear respekt fwar dy jonge monnen dyt besuchten de Dútsers stiltsjesvai de foet dwas te setten en har safólle os 't koe tsjin te vurkjen. Gefaarlek vurk, mar don liet mun skyne dot mun un kearel vie. Harrem vist ut no mar, os ur de lyne óm 'e rêk slaan voe, don mwast ur syn Dútskgesindens mar un skóft yn 'e pykelpoat trjowe. Dot fanke vie meskjin gjin gaud vurch, hij soe dur gau un tûzen of tsien mai betraue kinne. Dur vie noch un jónge yn 'e hûûs, vot jónger, en dy kaam grif óp 'e pleats os Bauma rintenierje voe. Dot koe noch vól twinteg, fiventwinteg ier dwórje, mar hij koe fonsels betingje dot Elske mai ut trauen ol fêst un pat fon ut erfskip kryge. Mai un tûzen of trije koe ur un hele haal dwaan. De skwórre en de fwarain bijgelyks. Bauma soe syn dochter sa ek net yn ut rottekleaster ha vólle. No ja, os hait en mem óm him ut stee rûmje voenen fonsels. Op un sneonoerdai dût ur him skeare litten hie en un jelpûn pyptebak kocht hie, slûg ur de Lytse Bwórren fwar un kear oer en fytste nai Blije. Dêr lûûk ur bij de ûndermaster fon 'e griffemeade skwalle oan 'e Swatte Vai oan 'e skille. Master Rinsuma kaam sels foar, yn un ôd brûk en sónder strik, súver un gevoan minske, neat net heareg. Vaat ur vie en vot ur voe? Ja, dot koe mun oan 'e doar hast net beprate, sai Harrem. Yn 'e hûûs fertelde ur hij vie Harrem Bosma, genier oan 'e Mûndersloane ûnder Fervet. Master koe har net, nee, och nee, master venne jir ek noch net salang. Mar hij hie heard dot master hôde him mai ut ferset tsjin 'e Dútsers dwaande, en hij, Harrem, fielde dur ek vól fwar. Vêrt ur dot no vai hie? frege master fervóndere. No ja, de skearvinkel yn Fervet. Mar de skearvinkel, dêr vaar doch kómselden un vier vud sain, dot vist Bosma doch sels ek vól? No ja, mar vist master don oaren dyt dur better yn sieten? Nee, dot vist master samar net. Hij koe dur noch net oer út dot syn namme yn dut ferbôn neamd vie, sa sêg mun mar ver, de meansken móchten graach prate. Hij voe fonsels net seze dot ur viis vie mai de pûpen, dot vie ver vot oas. En hû stie Bosma dêrûnder? Vot hie Bosma yn syn libben ol sa bij de ain hôn en ver hie ur ferkeard? Hij sai bij ainslútten, hij soe besykje óm Bosma mai de krekte persoanen yn kóntakt te bringen, mar taseze koe ur neat. Dyselde jûûns fertelde Harrem yn 'e Ryp dot ur him bij ut ferset oansletten hie. Dot vie bêst, knikte Bauma, mar soe ur dot net | |
[pagina 344]
| |
ljevver fwar himsels hôre? Vis, vis, elkenien hûgde ut net te vitten, mar mun mwast fonenwar vól vitte vêrt mun stie, n'tvier? Mar hij hie ut ek ol oan Richtsje ferteld, en dy soe har yn 'e bakkersvinkel grif net stilhôre. Dot vie Harrem syn doel ek helendol net. |
|