De reade bwarre
(1993)–Trinus Riemersma– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 329]
| |
Op smelle iisdersTilly vie sais ier dût ur ut riden learde. Yn ut Klaailôn, un aintsje vestlek fon 'e Raindersloane, vie un krekt útslotten sleat helendol óm un stik graidlôn hinne. Dêr setten Tilly en syn hait óp un middy nai ut yten hinne. Ut vie jonnevares of febrevares '45, Hitler smiet snotjónges en ôde strampels yn 'e striid en miende noch dot ur ut hôre koe. Yn 'e Ardinnen vie ur syn lêste offensyf begón, ut lêste blinkje fwar de dea. Mar ut kearde de legers fon Patton óp en de befrijing liet óp him vachtsje. Yn 't vesten fon Nederlôn stoaren de lju fon 'e hónger. Mar os ut sierlek vaar en vinter is, kin mun dêr net mai stean. Tilly syn hait hie de slyde mai en un ain tau. Tilly sil sels de redens vól drûgen ha, vont sa vie Tilly syn hait: sels óp ut gwód posse, sels de ferontvudding drage fon 'e dingen dyt mun ûndernimme sil. Tilly mwast óp 'e slyde sine en vaar ópbûn. Dêr stie ur ol te vybeljen. Mar gau ut hônsel fon 'e slyde grype. Tilly syn hait lai un pear graue bolstjinnen yn 'e slyde, vont oas kypte ur ómheeg, sa bót hóng Tilly. Vêr kamen dy bolstjinnen vai, dy lainen doch net samar bij un daam? En ut vienen gjin bakstjinnen, dot hie oas kinnen, pún óm un daam te ferstevegjen. Nee, bolstjinnen vienen ut, dot vit Tilly sekuer, vont Tilly syn hait sai letter tus: ik die dur elke loop un bolstien út. En vêróm soe ur dot lygd ha? Meskjin vienen dy bolstjinnen vól mainómmen fon hûûs. Havar, ut tau vaar oan 'e slyde bûn en Tilly syn hait begón te lûkken. Tilly mwast mai, Tilly hóng óp ut hônsel en liet him maislepe. ‘Rjócht óp 'e redens stean!’ sai Tilly syn hait, ‘en net te bót hingje.’ Se gienen ut fjauerkônt óm en dû ver veróm. Dû varen de redens ynspekteard. Ut vie ol sa, de kwaal fon Tilly syn hele fwarteam: óp 'e tjenlearen ride. Tilly vaar óp 'e nij ópbûn. Vie ur ek kôd? Sóks mwast mun Tilly net freegje, vont Tilly vie ómmes oltyt kôd, of koe ut net, of mócht ut net, of fûn dur neat oan. Un mon soe vinlek mai syn bên dwaan matte os mai un nêst jónge hûnnen, de besten hôre en de rest fersûppe. Dot hie Tilly nammes un hele bulte ellinde besparre. Havar, dot vie net bard en hij mwast riden leare. Dur kaam no un bolstien út en dot betsjutte dot de slyde makleker ópkype voe, en dus mwast Tilly | |
[pagina 330]
| |
minder hingje. Dot vaar him ómstondeg útlain, dot vie Tilly syn hait vól tabetraud. En dêr gyngen se ver hinne, ut fjauerkônt óm. Tilly mwast no besykje de fwótten óp te tillen en rus un streekje te maitsjen. Dot diig Tilly dus. Hait hie vól sa óp him ynpraat dot ur vist dot ut mienens vie, hij koe jir net fwarvai. Hait hie ut middyskóft fry, hij mwast strak nai de boer te melken, mar dot betsjutte net dot hait oas neat te dwaan hie. Dot Tilly syn hait tiid frijmakke, dot vie óm Tilly, dy mwast ut riden leare. En dus sette Tilly syn streekjes. No, meskjin hie hait net iens sa bót óp him ynpraat, mar os un hait him mai un saak bemwóide, don vist mun dot ut fon greot belang vie. Mem die de skytvissevasjes, mar os un hait fonvegen kaam, don gyng ut óm vichtege dingen. Nai un kear of sais ut fjauerkônt óp en del hie Tilly syn hait ut net mear oan tiid, hij mwast nai ut Kleaster. Se gyngen ver óp hûûs yn en Tilly syn hait die tús un sekuer ferslag fon Tilly syn fwadderingen. Hij soe ut vól leare, ónjerre Tilly syn hait. Koe Tilly oas os ut riden leare? Un hait dyt gemiensemhyd socht, dyt mai syn lytse jónge ómpielde, dyt fól geduld en begryp vie, koe mun dy fwar de hólle stjitte? Koe mun dy te skonde maitsje fwar oare mônlje oer vaans jónges rieden os vienen se óp redens te vrôd kómmen? Ol hie Tilly stjerre matten, hij hie ut riden leard. Tilly kin net seze dot ur fon syn hait hôde - ja, dot kin ur nammes helendol fon gjinien seze, Tilly hôrt net sa fon minsken, mar se kómme óp syn vai en hij mat dur noed fon stean. Mar hû vie de relaasje don? Meskjin kin Tilly seze dot syn hait os un lêst óp him vûûg. Dot heart net areg, mar dêr kin Tilly no even net mai stean. Mun kin ek net oltyten fwar ut goede fetsoen moaie ferhalen óphingje. Tilly vist fon heel lyts ô, lit ús seze fon un ier of trije fjauer ô, dot syn hait olles fwar syn bên oer hie. Hie Tilly syn hait net un fyts fwar him makke, un seal en un stjoer óp ut sket, dêrt Tilly olle dagen óp siet óm de oarlogstonelen te fólgjen? Hie Tilly syn hait net un boatsje fwar him makke? Dy sinteklaasjûn dût Tilly ol yn ut nachtjak stie en him yn 't sin kaam dot dur bij ut hônfól gaitehea dot ol yn 'e klómp siet ek noch un vwattel mwast. Tilly moatsje fonsels, helendol oerstjoer, Tilly syn vrôd fergyng bij ut meanste en geringste. Tilly syn hait vie sa goed vól dot ur bij neare nacht un vwattel út ut hok helle. Dy lopen nai ut Kleaster, dot hait him oltyten mainóm en óp him poste. Hait vie oltyt tear oer him, hait syn noed gyng oltyt oer him. Bij hait koe mun oltyt oankómme mai olles, hait vaar nóit lilk, mar harke ferduldeg en jûûg treast. Hait fertriet te dwaan, dot vie ónbesteanber. Dus learde Tilly ut riden. Ut stôl fon syn hait, un grize ôd jos oan, | |
[pagina 331]
| |
pet óp, óp syn klómpen fwar him útbatsend oer ut sljetsje, dot sjugt Tilly noch fwar him. Ja, ut is fivenfjitteg ier lyn, mar vot goed yn 'e hassens sit, gjit dur nóit ver út. Don vit Tilly fon un pear ier letter dot dur óp un vaansdytemiddy hudriden fwar bên óp 'e iisbaan vie. Tilly hie de kónsynjes maikrygen óm him óp te jaan yn ut kefee óp 'e hûkke, daleks út skwalle vai. Tilly gyng de bwórren tróch nai de gemeentehûûshûkke, mar hij dwast ut kefee net yn. Mun kaam dêr nea, hait ek net, ollinnech mar sûplappen kamen dêr. Tilly dwast net bij ol dy drónkene lju te kómmen, en vot soenen se tsjin him seze? Dot Tilly gyng nai hûs, de Baintemerdyk út en don de Albadaloane. ‘Hasty ópjûn?’ frege hait. Dot hie Tilly net, hij hie net dwast. Mar Tilly vie sa goed net os hij koe verómgean nai ut dwarp, twinteg menútten hinne en twinteg veróm. Dû yte, en dû nai de iisbaan. Tilly vón nea vot, dot hindere neat, dot hûgde ek net fon hait. Mar mun mwast maidwaan en juns bêst dwaan, dêr gyng ut óm. Tilly vie dur ónares mai de easte loop ô, dot vie ek ut nóflekst, don koe mun daleks juns kóp pûiermolke en stik kûke óphelje en don vie mun fjidders frij. Os mun ut óngelók hie óm te vinnen, don mwast mun un heel skóft bij de tint bij owe fwar de fólgjende rit. Fwart mun net ferlen hie, kryge mun neat. Mar Tilly die oltyt vól syn bêst óm te vinnen, oas os syn twadôdste broer, dyt de lange jos dur net fwar útdie en óp syn deade gemak nai de oare ain streke. Tilly sil un ier of olve, tólve vest havve dût ur fwar ut east un lange tocht oer iis makke. Mai syn hait en twadôdste broer oan 'e stôk. Dot vie dû ol tige ôdervetsk, dot sêg mun nea mear, mar ut ried vól goed. Tilly syn hait hie de hege plûgskwón oan, hij hie sloppe ankels, krekt os syn bên. Dêrom sette Tilly syn hait daleks mar stikjes blik óm 'e tjenlearen fon 'e redens fon 'e bên, oas snijde ut lear samar stikken. Os ut Tilly net mist hienen se har yn Biermas lôn ópbûn, dot grinzge oan 'e feat. Mun koe don de Odfeat del, bij de Bóllehólle en de Kjellestut lôns nai Bedaad, mar ek bij de Mûnne un ain dwasfeat lôns dot de Traan hiet en bij de Od Piip útkaam. Dêr kamen de Burmonjefeat en de Maremerfeat bijenwar en dêrvai koe mun bij Tegreft óp 'e le kómme. Dot sille se vól óm gien vêze, vont os mun nai Ljauet voe, vie dot ut kwatste paad. Dy grutte le hie Tilly ienrus jedder óp vest, óp un simmerdai yn un skauke. Tilly syn hait hie dû un útstapke betocht fwar syn jóngste jónges. Syn dochter en ôdste soan hienen mai de ‘kleine meisjes’ en de ‘knapen’ un raiske hôn, syn jóngsten soenen ek vot ha. Hij liende fwar un dai ut skauke fon Auke Pûppetsje dyt óp 'e Bóllehólle venne. Tilly gyng | |
[pagina 332]
| |
mwaans fwar dai en fwar dage mai syn hait óp 'e fyts de Kwaaiensreed del nai de Odfeat, en dêrvai rûike Tilly syn hait nai Fervet. Hûfólle oeren ot dêr mai hinnegyngen, vit Tilly net. Tús hie Tilly syn hait un sail klearlezen, dot hie ur makke fon lotten en útenwartwande ôde sekken. Dur kamen tossen mai yten en drinken yn ut skauke en dû gyng ut hinne. Hût ut godsmooglek vie, vit Tilly net, mar se kamen óp 'e Ie. Syle voe net mai san sail, soe mun vól seze, en dot hele ain rûie? Of hat Tilly syn mem ut grutste ain yn 'e bêge rón? Dot die se vól oan 'e Ie bij Tegreft dût de vyn ut sail griep en ut skauke ut vide vetter óp jage. Dû voe ut ynienen syle, mar net sat ut mwast. Tilly syn hait bearde lûûd fon ‘Do matst lûkke!’ Mar Tilly syn mem vie mar un behindeg vyfke. Tilly vie skytende bang, dot vit ur noch vól. En hij vit ek dot se jest bij skymerjûn ver tús vienen. ‘Hait óp 't fytske’ vie dur neat bij, ut hie har ut libben vól kosje kinne. No vie Tilly ver óp dy vide Ie dêrt un navenont smelle baan tróch makke vie. Dot dienen se destiids mai un grutte swiere trijehûk mai un hynder durfwar. Dêróm dwórre ut ek oltyten sa ydyoate lang fwart de baan dur tróch vie, ut iis mwast honbreeën tsjûk vêze os ut dot gevicht drage soe. Os mun de feat út voe, mwast mun lid vêze fon 'e ‘IJswegencentrale’. Utsoate vie Tilly syn hait dot, hij voe net heal klondestyn óp 'e baan kómme. Mun kryge vinters twa kaatsjes dyt mun óp 'e jos knope koe. Duskear drûgen Tilly syn hait en broer dot kaatsje, Tilly gyng fwar spek en brea mai. Mar jónges fon syn jirren vienen nammes noch frij. Oan Ljauet ta streke Tilly moai mai. Se hienen óp 'e Ie fwar de vyn. Fon Ljauet heugt him neat mear, vónder, vont hij hie dur meskjin noch mar ienkear jedder vest, óp tróchrais nai Redúzzem dêrt Jonóm venne. Se sille vól pûiermolke en kûke kocht ha. En dû veróm yn 'e vyn óp. No mwast syn hait lûkke, vont Tilly vie ynain, dy kaam óp twa streken tús, en syn broer vie un rider fon neat. De fólgjende loop dyt Tilly heugt is ver un pear ier letter, hij mat un ier of tretjen of fjitjen vêze, en hij kin ol knap ride. Mai syn neef Riemer dyt trije ier jónger is, is ur de Burmonjefeat útriden. Fon 'e Od Piip ô ha se de vyn skean yn 'e rêg, dot vól vól ride. Maklek kómme se bij Tegreft óp 'e Ie en dêrvai litte se har nai Batlehiem blaze. Veróm? Nee, dêr is neat oan, lit har mar un blokje óm ride. Se gónne nai Odtsjerk, en dêrvai sille se nai de Geast. Mar o, dot Geastmer Fjild! Dêr vaait de iiskôde eastevyn har lyk tsjin 'e hûûd oan. Tilly mat foar ride, vont hij is de ôdste. Mar yn 'e vyn óp is hij ek noch mar un klauer. Syn neefke skarrelt achter him oan. No en | |
[pagina 333]
| |
don matte se even stean en útpûste, en don gau ver fjidder, oas vurre se kôd. Langómlet kómme se yn 'e Geast oan en nimme de ôslag nai de Ie. Dêr yn 'e bócht stjit un pûiermolketintsje en lókkeg, Tilly hat un pear dûbbeltsjes fon mem krygen en hij kin fwar syn neef en him un kóp pûier keapje. Dêr knappe se fon óp. Lang dógge se ut har net oan tiid, vont se matte noch un heel ain. Un aintsje fjidder riid Tilly yn 'e raiden óp, hij vól east pisje. En don, ut sil him nea ver ferjitte, dy vaarme pis tróch syn ynkôd kultsje, ut fielt os gjit dur un mes tróch hinne, sa sear. Ut sekje is ynenwarskrónfele, de bollen binne fwót. Dot frekte Geastmer Fjild! Staregoan saksjerret de pyne en don klaue se ver fjidder. No skean bij de vyn óp. Ynjesten ha se noch vot smaute, mar ienrus bóppe de Ie sitte se ver yn ut keale graidlôn, en dot gjit oan Baintem ta sa tróch. Fon Baintem ô ha se de vyn fon achteren, en dêr is ut ek smauter. Bij skymerjûn binne se tús, deaynain. Os Tilly un ier of sekstjen is, is ur mai syn ôdste broer nai de Ie riden. Ut is olvestêdetocht, en dêr vólle se nai sjen. Os se bij Tegreft stonne, sjugge se ynienen ómke Jon, hait syn jinnege broer, fwarbijriden. Se róppe, en hij swaait, mar riid tróch. Tilly en syn broer sette góng, achter ómke oan. Omke riid stikken better os hait, hij hat dur amperoan twahûndet kylometer óp sitten, mar hij riid noch os de bêste, moaie lange streken. Tilly en syn broer klaue oan Batlehiem ta achter him oan, mar don jaue se belies. Hij is net bij te hôren. Don is Tilly un ier of sontjen achtjen. Hij is mai syn maten dêrt ur sneons en snains ek mai óp en út is nai Batlehiem riden. Mar de kwaal dêrt Tilly bij ut fytsen nai Dokkem ta lêst fon hat, plêget him no ek: hij hat gjin lucht genôch. De dokter fon Marem dyt him keord hat fwar de Kweek, hat him ol vaskôge dot ut fytsen un probleem fwar Tilly vurre kin, benammen os ur mai de grûp óp vól. ‘Se jakkeren als krengen,’ sai dokter Lambers. En dy vaskôging hat net óm 'e nócht vest. Tilly is olrus fólslain út 'e lyken yn Dokkem oankómmen en hat dû olles durút jage. Hij mat syn lóngtoppen better brûkke, sait Lambers, mar ja, sykheljen dêr tinkt mun net bij nai. Noot ur mai syn maten óp ut iis is, fernimt ur ut ver, hij begjin te hymjen en te pûsten en mat belies jaan. Hij hekket ô en gjit yn 'e vôl sitten. Un skóftsje letter kómme syn maten veróm. ‘Vêr bljoosto no? En vêróm saist don niks?’ Mar Tilly is nydeg dot ur oltyt achteroansukkelt, en hij vól net dot se yderkear óp him vachtsje, hij kómt ollinnech vól tús. Mar Grutte Sip vurt ek nydeg: ‘Tinkst dot vij dur gjin vurk fon ha?’ No, ut sil bij har ek vól net fonsels gean, mar se ha dur grif minder mwóite mai. | |
[pagina 334]
| |
Dyselde vinters fytse se mai un hele grutte plûg nai de Geast, dêrt un ferljochte baan is. Yn Fervet is de baan nóit ferljochte, en ut is nammes doch un baan fon neat. Yn 'e Geast is un smûkke baan, dêr ride se vot óm, en róppe nai de frôlje. Mar gjin gedónder, se sille aanst maienwar ver nai hûûs ta. Om un oere os njóggen gónne se veróm, ut is vól un trijeketier fytsen. Ut is mear fytsen os riden, san jûn, mar dot kin neat skele, ut gjit óm de ville. Bij Bedaad begjint ut te rainen, net lang, aigentlek mar un monnech spotten, mar de dyk vurt os sepe sa glêd. Op 'e betóndyk fon Stjinnendaam nai Bedaad ha se gjin lêst, mar don kómt dy ferhipte Vônsveterdyk, dyt fon Vônsvet oan Fervet ta ol trijentryteg bóchten hat. En bóppedot lait de midden fólle heger os de kônten, dot sil fon 'e vainen kómme. No vurt ut óppossen, se matte of krekt midden óp 'e dyk ride, of helendol tsjin 'e kônt oan. De dynamos kinne dur vól ô, dy slippe doch tróch. Se matte distônsje hôre, oas tûmmelt de iene oer de oare hinne os de fwaste fôlt. No en don skuilt dur ien tsjin ut jidryk oan. ‘Ik bin un gûie pykeor,’ rópt Grutte Sip, hij hat noch net ienkear óp 'e beoleg lain. Mar dot kómt him fwótdurnai oer. Gnize fonsels, ville genôch. Vont dut is noch mwaier os ut hele reedriden. Os Tilly twinteg is, riid ur twa tochten fon fyfteg kylometer, de Oastergoatocht en de Bilttocht. Fon 'e Oastergoatocht heugt him ollinnech noch dot dur te Kollem yn ut kefee snert te keap is fwar ien gûnne ut bwad. Lekkerder snert hat Tilly nea yten. Tilly riid dy tocht ollinnech, dur binne gjin maten fon 'e Kweek bij him. Os ur ollinnech is, kin ur sels ut tempo beskiede. Mar gjit ut dêr vól benammen óm? Hij sit don ol yn syn ienselvege ryte. Bij de Bilttocht hat ur pech, hij hat krekt de redens slypje litten en mat triedride. Dot is oas neat, mar ut iis is sacht en Tilly snijt dur djip tróch. Benammen óp 'e Blikfeat is ut bónkebrekken. Dêr moetet ur syn ôdste broer mai de faam, dyt even stonne te bekómmen. Tilly dógt ut him net lang oan tiid, hij vól fwar skymerjûn de finish helje. Don is ut riden vól fwar fyftjen ier sa goed os dien. Yn 'e vinter fon '61 makket ur un loopke fon Gau nai Tersoal nai de iisbaan Adam en Atse, mar ut riden vól net mear, hij kin de slag net te pakken krije. Yn 'e stringe vinter fon '63 bynt ur de redens net ûnder. Ut 'e hûûs vai kin ur de kopkes fon 'e olvestêderiders dyt de Snitser Odfeat delride sjen. Yn 'e vinter fon '68 is ur óp klómpen óp ut iis. Hij hat twa bên fon fiif en seis ier dyt ut riden leare matte. Achter de stoel lyket him net gaadlek ta, don klûmmerje se mar óm en sitte mear óp 'e stoel os dot se ride. Dur mat tafersjug vêze. Hij hat se elk bij un hôn en fertelt vot se dwaan matte. ‘Rjócht óp 'e | |
[pagina 335]
| |
redens stean, net nai de fwótten sjen, dy kómme vól, fwar jim út sjen, besykje streekjes te maitsjen.’ Se leare ut samar, yn un pear middys kinne se ut. Ut oare iers ride se mai Tilly nai de Pómp. Mear riid Tilly dy vinters ek net. Un ier of fjouwer-fiif letter stjit ur fwar ut east ver óp redens. Hij sil mai un pear maten oer Tsjummearem de Bjirmen yn. Tilly noch oltyt óp syn oerurven tropeskwón en syn hautsjes. Hij bakt dur net fólle fon, noch fólle slopankeleger os tenjesten. De redens dwas ûnder de fwótten. Ut vól net. Ien fon 'e maten trúnnet him oan hij sil noaren keapje, lege noaren, dy binne dur vól. Tilly ljoot dur net yn, ut is no ol neat, en don óp noaren... Se helje de Bjirmen net, vont de feat hôrt krekt fwarbij un ôd bwótterfebryk óp, se kómme óp un fûûg sljetsje, en don is ut ho. No hat Tilly doch ville fon syn hautsjes, hij bynt se ûndervai en köret fleoreg ut lôn tróch. De maten seefûgelje achter him oan. Se kómme vestlek fon Getsvetersyl óp 'e Ried en ride nai Vynaam en ver veróm. Mar de maat dógt gjin lichten: keapje no noaren, dy sitte dy nóit bryk ûnder, en don stjist net heger óp ut iis os no. Dy skwón dyst no oan hast sitte ek graue hakken ûnder, en don ut haut noch. Tilly jaut belies, hij keapet un pear gwódkeape plotte noaren, ut sil doch vól fergriemd jild vêze. Mar o vónder, Tilly riid fólle better. Noch oltyt slopankeleg, mar dot is un kwesje fon trenen. Dy vinters ride se olle middys mai un plûchje nai Beltsem. Twa ier letter begjinne se mai un mon of fyftjen te trenen óp ut Jerrenfean, ollegjer minsken fon tryteg-fjitteg dyt ut nea goed fwar de slag krygen havve. No sil ut noch vurre. Mar se ha un gûie trener. ‘Doorsakke, dy rug mut króm! Langere slagen make!’ rópt ur. ‘Dau sest tefeul met 'e foarfût af. Dau must met 'e hele fût afsette, dan kinst gang make.’ Tilly ûffent en ûffent, ol syn libben hat ur un klúnhakke vest, dyt net maikómme koe, en hij vól ut leare. ‘Dau must gang haue! Dau laasty útgliere en dan must feulste feul kracht brúkke óm vear óp gang te kómmen. Brúk dyn kracht effysjint. Krómmer dy rug! Dau must dyn gevicht na foaren smyte!’ En sa leart Tilly noch riden. Oerstappen leart ur net mear. Syn remtechnyk hôrt ek net oer. Mar hij kin no sónder hymjen en pûsten nai Beltsem ride. En hij kin maikómme yn 'e plûg fon frôlje en mônlje fon goed fjitteg. Ut is gjin klauen mear, ut is no riden. Ut is un keonst en un geniet. Honnen óp 'e rêg, streek ynsette en ômaitsje, gjin krêft fermwózje, plot durfwar, tink óm ut sykheljen, faasje hôre. Net te heeg tempo, en don egaal tróch. Mai un mon of twa trije of un hele plûg sóms nai Beltsem. Dêr un kóp pûier en un sjekje, en | |
[pagina 336]
| |
don ver veróm. Yn Ried noch even bekómme en don óp hûûs yn. Ver un pear ier letter riid ur mai syn ôdste dochter óp en del nai Dwanjem, ut is vól fyftjen ier lyn dot se tegjerre riden ha. Ut is gjin bêste rider vurren, se hat fjiste min ûffening hôn. Mar de vil is dur. En dêrnai leart ur syn jóngste dochter ut riden. Dy klaut de twadde vinters ol fleoreg mai oan Boer ta. No mat ur ut syn jóngste soan noch leare, dy hat noch mar ienkear óp fon dy blikken gliderkes stien. Mar de iepen vinters sitte Tilly dwas. Bijneed matte se marrus un vinterskóft nai ut Jerrenfean. Tilly sil syn hait net te skonde maitsje. |
|