De reade bwarre
(1993)–Trinus Riemersma– Auteursrechtelijk beschermdVeróm yn 't rottekleasterYn maat '41 kaam Harrem veróm nai ut Klaailôn. Hait hie yn 'e jest fon '40 san lêst fon 'e skónk, dot ur ut vurk amper mear dwaan koe. Fwar ut ópleverjen fon 'e byten mwast ur help út 'e bwórren havve. Ut heapbeslaan koe ur ollinnech lykemin ô. Ut plûien gyng noch san bytsje, ut ôdhynder vie goedernôch óm net ollinnech de plûge mar ek de mon durachter mai te slepen. Eelkje ferkljerre him fwar gek en voe havve dot ur ut plûien útbesteegje soe, mar se sêg hût de mon litte ûnder syn kwaal - arbaidzjen vie ómmers ut jinnege vot ur hie yn ut libben, dot se sette ut net tróch. Mar Harrem soe túskómme en ut vurk oernimme, dot besocht se him yn goedens oan ut ferstôn te bringen. Têke miende east fon un vinterskóft kollemoan, don soe ut vól saksjerje, mar dût ut mai de krystdagen noch neat net bettere, kryge Eelkje fyat óm Olivier te skrjowen. Ut vie ol sais vyke nai olderheljen oas, mar dut vie oermacht. Vypke vie ien en ol begryp. Vis, os ut dur sa mai Harmen syn hait fwarstie, mun mwast jun oas oan 'e regels hôre, mar need briek vet: Harmen vie tús nedeger os jirre, sa vie dot. Os syn hait net mear arbaidzje koe, soe ut hele bedrjo nai gychem gean, en don hie Harmen aansent neat. Vypke soe vól óm un faintsje sykje, en faaks ferkocht ur fon 't simmer ek vól un monnech kij. Hij vie óp ut lêst achtenfyfteg, en bên hienen se net, dot vêr diig mun ut fwar? Nee, Harmen mwast net oer Vypke yn noed sitte, dot rette him vól. Hû ôd vie Harmen syn hait no? Trijenfjitteg? Begrutlek, begrutlek, sa jóng noch. Mids maat ol liet Vypke Harrem gean. Vot soe mun yn disse ómstondegheden vetteg vêze en oan 'e datem fon 12 maaie fêsthôde? Op 'e graide vie óm distiid noch net fólle te ferstryken, mar yn 'e bau kaam de drókte oan. Ut lôn mwast taret vurre fwar de frucht. Ut hie un barre vinter vest, 6 febrevaarje vie de olvestêdetocht riden, mar no vie de froast út 'e grûn en óp 'e goed drainearde stikken lôn koe mun ol vól mai kultyvater en aide te set. Mai un soad tank- | |
[pagina 322]
| |
betsjûgingen oer en ver, en un oant sjen en olrus vot jerre litte en fwar Harmen ut olderbêste óp syn libbensrais en hûkhôre yn disse tiid fon lottering, rekke Harrem óp 'e fyts nai Fervet. Ut vie sútreg vaar mai no en don rainders, mar hij hie olles fwar 't lapke gelókkeg. Ut vie deselde fyts noch, dy hie ut bóppe fervachting úthôden, mar ut kófferke vie nij, en de klómpen dyt naist ut achtertsjel bóngelen ek. Ut deegleke ûndergwód vie noch lang n't ferslyten, mar de bûsgroenen begónnen minder te vurren. De ferklaaiersklean dyt ur drûûg koenen noch jirren mai, en dotselde jilde fon syn moai swat pak. Hij hie gjin pet mear óp 'e hólle, mar un hoed. Dy hie ur un ier lyn kocht dût ur belidenis die. Fon dûmny hie ur ôskied nómmen en him fersocht óm syn attestaasje oer te skrjowen nai Fervet. Sa hie Vypke him ynstrúerre en sa hie ur ut oan dûmny oerbrocht. Fon Tetsje hie ur gjin ôskied nómmen, of olteast net fwargoed. Hij hie net de moed non óm duroer te begjinnen, en ut hie har grif ek vól sljócht lain. Hij vist vól dot ur net fon doel vie óm skielek fon Fervet nai Tsjóm te fytsen, safólle sai ut fanke him net. Ut hie un neazege fertoaning vest, dy hele ferkearing, mar baide hienen se dur gjin ain oan maitsje kinnen of vóllen. No vienen se mai eare frij, of teminsten se vienen fonenwar ô sónder dot ut útmakke vurre mwast, sónder ferkljerringen en sênes. San vinkelmonsdochter út 'e graidhukke, ut hie ek neat vurch vest óp un baubedrjo. Hij mwast skielek ien fon aigen grûn sykje. Ut diig jun ol vot, san ôskied. Vypke en Japke hienen un twadde hait en mem fwar him vest. Ut aigentleke doel dêrt hait him óm fwótskikt hie, dot vie net berikt, hij hie gjin pôlen jild oergarre. Vól vie ur kundeg vurren yn ollerhonde soaten vurk, mar yn 'e bau soe ur dêr net fólle oan havve. Nee, mar hij hie leard óm nai te tinken en tróch te tinken oer de vai dyt Fryslôns boeren óp mwasten, voenen se ut yn dusse tiid óprêde. Dot vie de grutte vinst fon syn tahôren bij Vypke-en-dy, dot syn êg ferkljerre vie en syn blik ópskerpe, en dot ur leard hie óm de dingen yn un greot ferbôn te sjen. Justerjûn hie ur syn besittingen bijenwar socht en de kóffer ynpakt. Dur vienen gefoelens fon veemoedegens tróch him hinne gien. Dut hienen vichtege jirren vest fwar him, os faintsje vie ur kómmen, os mon gyng ur fwót. Bij ut óprêden fon 'e kost vie ut pakje fon pake Jurjen dot ur erfd hie ver fwar ut ljocht kómmen. Oare mwanne vie de ôd mon ol ver twa ier vai. Hij hie ut útenwarteard en ut nochrus goed besjoen. Ut vie vis utselde ding dot pake yndertiid óm 'e hols drûûg en dot him frijvarre tsjin sykte en óngemak, sat ur sain hie. Hûlang soe ut lyn vêze dot ur dot ding bij pake | |
[pagina 323]
| |
sjoen hie, hij vie noch un skwaljónge, un ier os njóggen-tsien ôd tink. Vot hie ur bij pake óp sjoen, dût ur un jónkje vie, vot hie ur him belykje vóllen. Letter hie ur him mear óp hait rjóchte en de ôdmon fersljoke. Dot mwóide him no, liet pake un ôd gek vest havve, hij hie libbe os un fwast, net vot rykdóm oanbelanget, mar ut hie un mon vest dyt ut libben oan koe. Steande óp 'e jidkarre nai ut lôn ridend, sa soe ur pake fwar him hôre. Beret hie ur ut koadsje mai ut pwódsje duroan oer de hólle strûpt en ûnder de klean bestoppe. Ut soe him faaks ek hoedzje fwar óngemakken, krektlyk os pake. Hij hie amper un drûgge tried oan ut liif dût ur fon 'e Mûndersloane ut hiem ópried en de fyts tsjin 'e hússyde sette. Mem klapte de doar fon ut achterhûûs iepen en bearde fon ut vaar. Se soe daleks teesette en him un stik yten smare. Harrem sai, hij soe him east ferskjinje en ferstrûppe, hij vie os un sómpe. Hij helle de pakkelaasje fon 'e fyts en brocht ut yn ut achterhûûs. De klean yn 'e kóffer vienen lókkeg amper viet vurren. Ut swatte pak mankjerre neat oan. Hij hóng ut daleks oan un style en begón him te ferskjinjen. Yn sljócht bûsgroen en blaue brûk en kyle kaam ur ut kjemmerke yn, dêrt hait bij ut finster siet mai de seare skónk óp un stoel. Harrem kôge sónder un sprek te sezen syn brogge óp. Mar dêrnai begón ur syn dingen te bestellen. De groetnis fon Olivier en betterskip fwar hait. Voe mem mai de viete klean rêde? De oerjos en de ferklaaiersklean mwasten mar vot útdruppe en moan bwóttendoar os ut vaar ópkljerre, de oare viete bród koe yn 'e vosk. Ut pak nóm ur jûn vól mai nai bóppen. Hij koe óp syn ôde kjemmerke, of op Saepke harres, dy wie der no doch foargoed út, net? Ut makke him ek neat út, Richtsje mócht vól kieze. No mwast hait him un stik pepier en un pwatlead vize, don voe Harrem krekt vitte vot fwar plonnen hait hie en ut ópskrjowe en un berekkening maitsje. Têke hie de moed net óm lêbeg te vurren lykos bij pake Jurjen syn begraffenis, dût ur syn soan nai un ier verómsjoen hie. Dû siet de jónge yn 'e ferklaaiersklean bij de tafel en hij kaam smwarg en óngedien fon ut lôn. No heukere ur óp twa stwóllen óm en fielde him ôdien, en syn soan siet dêr os un jónge, feadege boer. De rollen vienen ómdraaid. Sober neamde ur syn plonnen, dêr de rjappels, jir de byten. Harrem knikte en skrjode en frege sóms vot. Hie hait ol poaters en bytesied besteld? Têke stinde, ja, ol vól besteld, mar hij soe bij ut leverjen daleks betelje matte, en hij hie gjin sint ómhonnen. Fwarhinne vie dot oltyt yn goed betrauen gien, jestmes betelle ur ut pakhús ut sied en de kunstdóng dyt ur maityds helle hie. Mar | |
[pagina 324]
| |
ut vie oarlog, en de iene betraude de oare net mear, mun mwast tsjintvurch jild óp fingersainen havve. Skulden? voe Harrem vitte. Nee, vot tocht ur no, skulden vienen dur net. Têke fielde him óp ut sear kómmen, sa min hie ur no ek ver net bwórke, ôdiersdai hie ur oltyten mai elkenien lyk vest. Harrem fernóm net iens dot ur syn hait yn syn eare taaste. Hij sai hij soe him vól mai ut pakhús ferstean, hij hie un monnech sinten oergarre. Vêr hie hait de poaters vai ha sillen? Vie ut oas ek vot óm nai ómke lede te gean, dy soe har grif ut fel net oer de earen helje. Têke stinde en suchte, hij hie ljevver ferhóngere os nai lede te gean, mar hij vie tenjesten baas-ô. Ut stie dur bij lede ek net te bêst fwar, fertelde ur, dy frekte pûpen hienen him krekt fwar sinteklaas un hynder óntnadere, ja fonsels, fólle mear boeren. Un lytse oarelhûndet hie de gemeente leverje matten. Hij hie sa lókkeg vest dot ur synes hôre mócht. Hij hie dur mai nai Fervet vest en osa beard tsjin 'e pûpen dot ut syn jinnegst bist vie, en dot ur net sónder koe, en dû hienen se ut him hôre litten. Hij hie de loop nai Dútsklôn ek net oerlibbe, grapjage Harrem - kóm se mwasten ut no ek net ollegjer te sómber ynsjen. En hait mwast net óp 'e Dútsers ómskelle, dy lju mwasten un oarlog vinne, ek fwar hàr, en dêr mwast mun juns ta bijdrage. Skielek soe ut ollegjer better vurre fwar de boeren. Mar Têke neamde ek noch de heafwaddering, no ôrónne mwanne. Dy frekte pûpen stielen ut lôn leeg! Ja, vis, de boeren vienen betelle, mar mun koe de kij gjin gûnnen fwórje. Dur vienen un soad boeren dyt net genôch fretten hienen fwar ut fee. Mun mwast mar hoopje dot ut un betiid gêsier vurre soe, oas kamen gwódden oan te sitten. Harrem vist ut, bij Vypke hienen se ómmes ek vest, en bij olle boeren óm har hinne. Vie dot ek net un reden dot Vypke ut bedrjo ynkrimpe voe, of sels rintenierje? Ut vie net neamd, mar siet dot dur net mai achter? Vie ut Vypke ek net skoan útkómmen dot Harrem ósette? Baide hienen se duróp betraud dot de boeren ut better krije soenen os de Dûtsers jir de baas vienen, mar oant no ta hienen dy net sjen litten dot se ut de boeren goed mienden. En hû vie ut mai ut fee, frege ur fjidder. Ain augustes ferlyne ier vienen se trije skiep kwytrekke. Ut hele Nwadderleeg vie durûnder strûpt mai de stwarrem, dur vienen un lytse hûndet skiep fersûpt maienwar. Dêr hie mem doch oer skreon? Harrem knikte, ot mem dêr oer skreon hie, heugde him net, mar hij hie ut yn 'e kronte lêzen. En de kij? Noch oltyten fjauer beesten hienen se, trije hienen kjelle. Twa kokjellen en ien bóllekeal, dot vie ol fwót. De kjeltsjes dienen ut skoan. Ja, ut vaar hast tiid óm de kij te melken. Ut vienen mar lytse mielen, mar ut frege syn hontrekken. Têke tilde de seare skónk mai baide honnen | |
[pagina 325]
| |
fon 'e stoel en sette him óp 'e grûn. Vot soe hait? Melke? Dêr kaam neat fon yn, dot soe Harrem vól dwaan. Bij ode hait mar moai sitten. Ut gwód stie ollegjer óp ut ôde plak? Têke knikte, hij vie oan ien kônt bliid dot ur frij koe. Ut teplak skikken ûnder un ko vie un heel ûheden, hij mwast him oan ut skud fêsthôre en sakje litte, en sa ek ver oerain. Trije ketier letter vie Harrem ol veróm. Olles klear, neat óm 'e hakken. Bij Vypke mólk ur olle dagen sôn kij. De oare mwaans makke Harrem east un loop nai ómme Iede óm poaters. Dy hie sels net fólle te missen, mar un bwórmon fon lede siet dur ryklek yn en soe dur grif fwar net tefólle ô vólle. Dêr slagge Harrem ómskik. De middys gyng ur mai de jidkarre nai ut pakhús te Fervet óm kunstdóng en bytesied. Op 'e Mûndersloane koe ur de oanstriid net vjerstean óm óp 'e karre stean te gean sat pake dien hie. Vis, de skónken viidút, dot koe bêst. No mwast ut ôdhynder drave vólle, mar dot koe ut bist net mear. Bij de Mûnne gyng ur ver óp ut fwarkret sitten, hij voe gjin praatsjes ha fon ut fólk dêre. De twadde dai fon syn túsvêzen sêg Harrem ut replek en ónreplek besit nai. Hij sjaude botsen, leppen, grypen en fwarken, sainen, raidsnijers en sómpsnijers óp un bult en begón te skiftsjen. Vot ta fwótten út vie óp ien heap, en vot noch un skóftke mai koe of ópknapt vurre koe, óp un oaren. Hij helle haite skrift út 'e hûûs óm óp te skrjowen vot oan ferfanging ta vie. Dur mwasten yn olle gefollen twa nije botsen kómme, en un fiem fwar de lep. De fyoele, dyt se vól brûkten óm raapsied te sjidzjen bij 't jest, vie fermôge. Ek mar ópskrjowe. Mar meskjin koe mun san ding ek vólrus liene, mun brûkte him ómmes mar un pear dagen yn 't jier. Vot dur hóng en stie oan rainklean en leazens, vie neat mai neat. Dy ôde kearels lieten har bij 't maityd en jest dai út dai yn oan ut fel ta tróchviet raine, en don fûnnen se ut ek noch núver dot se mai fyfteg ier de hûûd fól rimmetyk hienen. Un goed oaljepak mwast dur kómme en un pear leazens. De plûgskwón vienen noch reedlek, mar sa stiif os un planke. Dêr mwast ur jûn mar mai te set, oalje duróp en sûppel maitsje. Vot timmerark oangie vie ut noch oltyt un soadsje, de knyptange slop, de sêge ferrwóste en stómp, de boarómslag bryk en de boarkes os un boed. De spykerbak vie un gaos fon rwóstege en krûmme spykers dyt meskjin ol twares jedder tsjinst dien hienen. Un pear pwódden spykers mwast ur ópskrjowe, fwar os ur jir oan ut fertimmerjen voe. Ja, mar vêr mwast ur begjinne en vêr óphôre? De ôde dream fon un knappe stjelp spyle him un momint tróch de hólle. Os mun de sinten hôn hie, hie dot de kwatste klap vest. Ut bwóthúske dot óp un stjinnen fûnnemint fjidder fon haut ópset vie, | |
[pagina 326]
| |
vie un sigereg hok. Os ut goed vaaide, kamen de beesten dêr óm. De skwórre hie net iens un fûnnemint. Op 'e hûkken hie hait dêr skoarbolken tsjinoan set, oas vie ur ollang tsjin 'e grûn siigd. Ut hok dêrachter vie ol ynenwar sakke, ut dak hóng óp 'e haaivain. Fon syn sparsinten koe ur vól vot nij ark keapje, en ek noch vól un fracht stien en potion en sôn. Mar don vie ur ek oan reapsain, en ut vie grif ferstondeger óm un monnech sinten achterút te hôren. Hij mymere noch un skóftsje tróch oer ut óplaapjen fon 'e hokkeboel. Os se fon 't simmer fwar de drókte ut bwóthús ôbrieken, hait soe vól stjinbikje kinne, dot vie sittend vurk, en don de mwórren fon stien ópsette, un nije solder en ut dak dur ver óp. De juffers soenen fwar un pat ver brûkt vurre kinne, de ponnen ek. En don takkem ier de skwórre. Vot soe ut kosje matte? Of vie ut don doch ferdeleger óm yn ien kear de boel del te heljen en skwórre en bwóthús ûnder ien tek te bringen? Mun mwast ut nai olle gedachten goed oanpakke, of dur neat oan dwaan, vont olle oplaapvurk vie jildfergriemen. Lykvóls, ut koe sa ek net bljowe, vont hûlang koenen skwórre en bwóthûs ut noch úthôre? De ôd haaivain vie trije ier lyn ol sa slop os un kring, en dêr hie hait fonsels neat oan dwaan litten. Hij hie net óm 'e nócht de jidkarre fon pake nadere. Mar mun koe net olles mai de jidkarre berêde, dot koste fjistefólle oeren. Hij mwast de haaivain mar nai de Hôlemerhûkke bringe en sjen ot de vainmakker him ópknappe koe. Ut soe vól un djoere grap vurre. No, dot koe ur daleks ek vól dwaan, de fyts óp 'e vain, don vie ur ek samar veróm. Hij sponde ut hynder fwar de haaivain en sette ut beest mai un soad gebolt oan. Mar ut ôdstakker koe de vain net út ut stee krije. Dut gyng óm dea, tocht Harrem, en slug ut hynder mar ver út. Don soe ur east ut dak ôbrekke matte en de vain frijmaitsje. Hij gyng de hûûs yn en frege hait ot dy ek eane un pear fûstmóffen of kotsjes lezen hie. Vot ur don voe? Ut hok ôbrekke en de haaivain frijmaitsje. Mwasten dêr de móffen don bij oan? Vie ut sa kôd? gnyske de ôd bear. Juns nonnen vienen juns djoerste stik ark, sai Harrem. Dot hie ur fon Vypke leard. En fwar un melker vie ut grif saak de honnen lyneg en ynwadder te hôren. Mai un pear kotsjes oan helle Harrem de ponnen fon ut delsakke dak ôf en steapele se óp. Dur sieten un soad tusken dyt skonsjerre vjinnen. Meskjin hienen se ol twadde- of treddehôns vest dût se jir óp ut hok lain varen. Mun koe se oltyten noch brûke óm un daam mai óp te setten. De ponlotten vjinnen fertard, dy hûgde ur net te skiften. Ut steande hautvurk vie ek ol net fólle mear, dur soe noch vólrus un geef plankain tusken | |
[pagina 327]
| |
sitte, mar tûzen óm tretjen ot ut ea ver brûkber vie. Havar, ut meanst ferrotte east doch mar oan 'e bult sette. Yn ut oerdaiskóft kryge ur de haai vain frij en dû slûg ur ut hynder nochrus yn. Nai tsienrus achterút sadreet ur de stringen fielde, vie ut ôdhynder óp ut lêst doch sa skiklek en lûk de vain fon ut stee. Harrem ried de vain njónken ut venhûûs. Ut lyke môl, de tsjellen swolken os drónkemonnen vjeskônten de vain. Ut vie ains mar heal fertraud en gón duróp sitten. Hij tilde de fyts oer de sydberje en rôp yn 'e hûûs óp dot ur un loop nai de Hôlemerhûkke maitsje voe. Ut gebolt fon 'e ôdkearel vot ur don vól útheve soe, jûûg ur gjin asem óp. Neat útfrette en olles vól bedisselje vólle, mar sa soenen se net. Melkerstiid vie ur ver tús. Ut soe gau un graue tachteg gûnne kosje matte, sai de vainmakker. Jo krije tachteg gûnne, hie Harrem sain, net un sint mear, en jo matte mar sjen vot jo dêr fwar dwaan kinne. Ut vie de vainmakker syn ear tenai óm heal vurk te leverjen, dêr stie ur óm bekend. Op un sneonemiddy sette Harrem nai un timmerbaaske yn Marem en frege priisópjefte fon ut ôbrekken en óp 'e nij setten fon ut bwóthúske. Hij tekene savot út hût ut dur no hinne lai en hût ur ut havve voe. En un óppermon hûgde de timmermon net fwar te swargjen, dot koe syn hait dwaan en oas hijsels. Ut ôbrekken, stjinbikjen, spykerfrijmaitsjen, dot koenen se ollegjer sels vól dwaan. Ja, dur soe un vainfól stien kómme matte, dot grif, planken ek, en bolken. Ponnen hienen se genôch, de ponlotten fertraude ur net. De timmermon syfere en stinde, ut soe gau nai de tûzen gûnne rinne, mar dêr voe ur him net óp fêstleze, ut koe raar ôfôle mai soks. Nijbau vie fólle better te oersjen. Harrem sai, hij soe vól fon him heare litte. De sneontejûûns gyng ur nai un timmermon yn Fervet en lai dy deselde kwesje fwar: vot soe ut kosje matte? Van der Werff sette ut breed óp, vie grif vend óm fwar graue boeren te bauen: fwar twatûzen gûnne hie Harrem un knap bwóthúske mai acht stôlen, drinkbakken, skudden, kowerútsjes, bwóthússolder mai follen óm ut hea troch te skowen, olles en olles. Harrem tsjutte út se koenen de ôde stien ver brûkke en de ponnen en un pat fon ut haut, en hij of hait soe óppermonje. Van der Werff glimke begrypend. Javis, javis, hij begriep ut skoan, goed bedoeld ollegjerre, mar os ut soe don mwast ut goed. Mai ôde rómmel arbaidzje vie neat vurch, vurk fon 't vurk en 't poste doch nóit. De stien, hm, miskien noch te brûkken, mits goed ôbikke, mar de rest fwótbruie mon, harke nai syn ried. Harrem sai ek jirre, hij soe fon him heare litte. Mar hij vist ut no ol: ut soe dot montsje ut Marem vurre matte. De snains vaar Harrem ôlêzen yn 'e herfwarme tsjerke fon | |
[pagina 328]
| |
Fervet. Bosma vie ‘op de ouderlijke woonstede teruggekeerd,’ sai dûmny, en dat ek noch vól os ‘belijdend lidmaat.’ De ôde maten óp ut tsjerkepaad tsjutten ut vot oas oan: ‘Ver veróm yn 't rottekleaster, Harrem?’ Harrem glimke vot soerswiet. Se mienden ut net perfwast ferkead, mar ut vie vênst óm enwars lek en brek mear acht te slaan os de deugden en trêften. Lekskoaie vie súver un úttering fon tagedienens. ‘Hû vienen de frôlje dêr yn 'e graidhûkke, Harrem? Ik ha vólrus heard dot se nochol sljo binne.’ ‘Os pwastro!’ sai Harrem. Dû gniisden se en jûgen him un dúst tsjin 't skauder. Moai dot ur ver tús vie, vis, en hû soe ur no mai 't spul oan? Koe syn hait noch vól vot út 'e vai sette, of kaam ut no ollegjer fwar him óp? Hij kaam vaansdy vól óp 'e jóngelingsferiening, net? Têkele vie ol traud, vist ur dot vól? Ja, mon, ómke Matten! Mar oas vie de hele ôde plûg dur noch. Dus gjin ferkearing yn 'e graidhûkke? Jir un viif sykje vie ek fólle better. Hait fertelde ur dot ur bestek ópmaitsje litten hie fon un bwóthúske bij timmermon Bakker te Marem. Hait en hij soenen tegjerre de ôde boel ôbrekke en stjinbikje en ut ôde haut spykerfrij maitsje en fjidder safólle mooglek hontlangje. Têke vaar rare kjel: va soe dot betelje? De helte stie ur fwar, sai Harrem, en de rest soe betelle vurre matte os de fruchten fon 't jest ôlevere varen. Têke stinde vakker, vêr soenen se don takkem vinter fon libje matte, hie ur dêr un ontvud óp? Mar kaam dai, kaam ried, neffens Harrem. Ut vie oarlog en olles vaar krap, faaks koenen se vól goede prizen maitsje fwar de rjappels. Mai hynstefwaddering en heafwaddering kamen olle boeren dur beroed fwar te sitten en dêr koenen sij fwardeel fon havve, os se ut goed oanpakten. Hie hait dur vólrus oer prakkesjerre óm un baarg te mesten? Stjónkerij! gnwarre Têke. Mar don hie mun fiais, en mun koe meskjin nochrus un hondeltsje dwaan. Olle grutte boeren hienen dochs un baarg yn 'e skwastjen? Sij hienen vól gjin spekhokje, mar dêr vie vot óp te fynen. En un baarg hûgde net fólle te kosjen. Mar hait mwast no east seze ot ut oangean mwast mai de nijbau. Têke knikte en sai fon ja, os Harrem ut oandwast, no ja, don mwast ut mar vêze. De jónge hie ut heeg yn 'e kop, mar fonsels, hij vie twinteg, os mun de moedfjerren no ol hingje liet... Dot hij sai, ut mwast mar oan gean. Harrem liet him ver ynskrjowe bij de jóngelingsferiening en gyng sneontejûûns mai de ôde maten óp en út. Achter de frôlje oan, os ut slagje voe. Hij vaar ver olhelendol Ferveter. Ut vie goed óm ver tús te vêzen, dot sljowe fólk fon 'e graidhûkke kaam jun óp 't lêst de strôte út. |
|