De reade bwarre
(1993)–Trinus Riemersma– Auteursrechtelijk beschermdFrisia Magna - Fata MorganaDe freeds fwar Pinkster fon ut ier 1940 bruiden de Dútske legers de grins oer en foelen Nederlôn yn. De mwaans ier varen de minsken vekker fon lûden dyt se east net goed túsbringe koenen, un frjemd gedroan en geróp bwóttendwarren. Se kamen durô, se digen dwarren of rútten óp: vot vie dur te rêden? Ut vji oarlog, vaar dur róppen. De Dútsers vjinnen de grins oer, se kamen dut út. Ja, dur kamen flechten fleanmesynes oer, Stukas. Dêr soenen harres net fólle tsjin begjinne kinne. Vaat un radyo hie, vist mear nijs: ut Nederlônske leger fócht os un ljo, mar de pûpen brieken oerol tróch. Se gyngen de hûûs ver yn en makken har klear óm nai ut vurk te gean. Ut vie oarlog, mar olles lyke sa gevoan. Olles gyng syn gevoane góng yn dwarp en stêd. Dur kaam rus un plûchje aigen sóldaten fwarbij óp hynders of fytsen, mar dot barde faker sónt de mobylysaasje ôkundege vie. Ollinnech de radyo prate fon oarlog, mar dot vie un stim út un kostke - ek ol vie dy stim don bijtiden noch sa oandien en oerol. Se voenen vól ljowe dot ut oarlog vie, mar ut vie noch gjin verklekhyd. De prinsesse en har húshôring vienen flechte nai Ingelôn, fertelde de ómrópper. En ver vaar ut Wilhelmus spyle. Se voenen argevaasje en lilkens fiele, of eangst en óntsetting bijneed, mar ut vie ollinnech mar ónverklek. Dû kamen de ónvennegste Pinksterdagen dyt de lju ea belibbe hienen. Un núvere tsjerkgóng, un núvere jeldai. Trûppen frjemd sóldatefólk óp hynders, autoos en te foet trieken tróch de dwarpen en stêden. Goed klaaid fólk en goed bevapene, en olles gyng tige wadderlek óm en ta. Un perfekt treend en útrist leger, ónfersetlek, net te ferslaan. Nederlôn vie inkeld óm un oanrin te nimmen, Ingelôn vie ut doel. De Nederlônske sóldaten mai har pûttys en karabynen trapen se oerhinne. Jir en dêr hienen se vot ópónthôd, lykos bij Vûûns. Ferfelend gedóch fon dy Nederlonners. Se smieten Rotterdam plot en dû vie ut dien mai ut oarlochjebwatsjen. Kappytúlaasje. De Nederlônske sóldaten óntvapene, de NSB-ers loslitten út 'e kampen. En ut regear ut lôn út. De Dútsers de baas. | |
[pagina 314]
| |
Votfwar bazen vjinnen ut? Ynjesten liet him dot nochol ridlek oansjen. Un inkele swetshols durtusken dyt ha voe dot bei uns in der Heimat alles besser war, mar oer ut generaal goed en fetsoenlek fólk. Se beskôgen de Nederlonners net os fijonnen, ut vjinnen ómmes ek Germanen. Mar de saak mwast even waddere en óp poaten set vurre, ut vie jir un duswadderleke boel mai ol dy klupkes en klóftsjes. En de minne en ferkeade eleminten mwasten durút, dot spriek. Tsjinoer de Friezen vjinnen de Dútsers besónder areg. Dot lytse fólk dêr oan 'e Nwadsee dot syn ôde Germaanske sede súver bevarre hie en oan syn ôde sprake fêsthood, hienen se un grutten simpaty fwar. Ol rillegau, sels ol fwart de kappytúlaasje un fait vie, krygen un stikmonnech kopstikken út 'e beveging besyte fon ôde kunde út 'e Dútsktalege Fryslonnen. Se hienen enwar óp 'e Grutfrieske kóngressen kennen leard en ûnderhoden vittenskipleke en freonskipleke kóntakten. De Dútsers vjinnen yn har aigen East- en Nwadfrieske gebieten aktyf en hienen ol lang belangstelling toand fwar har Vesterlauerske stambrwórren. Vie ut net mear os fonsels dot se even oanvipten? Lykvóls, se voenen de bevegers ek hifkje oer har plonnen. De sytevaasje hie him yn Nederlôn gôns vizege, ut regear fon De Haag hie de Friezen oltyten tsjinvurke en kwathoden, mar no vankten dur kônsen doch? Vot voenen de Friezen vinlek, vot vienen har easken? Dy mwasten se doch rus viidvaideg en krekt óp pepier sette. Vie ut don ek net saak dot de beveging un sintrale lieding keas dyt mai de Dútsers ûnderhondelje koe? Ol dy selskipkes en mienskipkes, dêr vie fonsels gjin begjinnensain oan. Ut hearde ollegjerre goed, ut vie ek noch vól óprjócht miend, de stambrwórren út ut Easten hienen ut goed mai Fryslôn foar. Fonsels koe de ópblûi fon Fryslôn ollinnich reälysjerre vurre óp bazes fon en yn oerienstimming mai de grutgermaanske en nasjonaalsoasjalistyske ideeën, dot sai himsels. Lang, Carsten, Krogmann, Ross, se hienen un grutte niget oan Fryslôn, mar ut vjinnen tagelyk oertsjûge nazis. Gwón Frieske bevegers hoden dêróm de boat vot ô, se stienen har ôde maten net mear dyt no yn ofsiersúnnyfwarrem of yn olle gefollen os fertsjintvuddegers fon 'e besettende macht bij har kamen óm oer taal, kultuer en beveging te praten. Oaren sêgen mooglekheden óm fwar Fryslôn ainleken te berikken vot se ol jirren bestribbe hienen. Mun mócht gjin oarlogsvinst maitsje, vaar sain, mar ut regear vie sels útnaaid mai de koanegin fwaróp, Ingelôn hie gjin poat útstutsen óm Nederlôn te helpen. Oarlogsvinst? De oarlog vie oer. Yn krekt fiif dagen hie ut beslikke vest, en va soe dusse oermachtege Dútsers ea ver ferdrjowe? Mun koe dur mar steat óp maitsje dot ús lôn | |
[pagina 315]
| |
fwargoed un pat fon ut Greotdútske ryk bljowe soe, en mun mwast besykje óm don fwar Fryslôn un sa goed mooglek plakje te besetten. Gwódden begónnen dreamen te dreamen: Fryslôn os un apat steatsje fon ut Greotdútske ryk. Friesk óp skwalle en yn tsjerke, yn ut bevôd en yn 'e passe. Fonsels soe dur ek un bekfól Nederlônsk leard vurre matte en un bekfól Dútsk. Mar Friesk soe de easte taal vêze dêrt ut Frieske libben syn delslag yn fûn. Frjentsjer soe syn ôde únnyfersytijt veróm ha matte. De Nwadeastpólder - ut Súdderleeg - soe oan Fryslôn tahekke vurre matte, en lyksa ut ailôn Skylge. Dot vie fonôds un Friesk ailôn en dêr vaar noch un soate fon Friesk praat. Dur koe ek oer tocht vurre óm Grinslôn of olteast ut vestleke pat dêrfon te anneksjerjen. En aigentlek jerden East- en Nwadfryslôn dur ek bij. Mar hû mwast ut mai ut bevôd? Gemeenterieden koenen bestean bljowe, mar mai de ôde partijen mwast ut fonsels dien vêze, dur soe mar ien partij oerbljowe, de Friesk-nasjonale, of de Friesknatúralistyske - un namme vie net sa vichteg. Ut provinsjaal bestjoer vaar fonsels un nasjonaal bestjoer, mar hû en vot krekt? Oan ut haad dêrfon koe útsoate net un ‘Beauftragte’ stean, sels ol vie dy fon Friesk kómô, don soe mun deselde sytevaasje hôre os no mai un tróch ut sintraal regear taskikte kómmesares. Nee, ut soe un persoan vêze matte dyt tróch ut Frieske fólk nai foaren skood vie en dyt ut betrauen fon elkenien hie. Dyt ek yn ut fwaste plak rekkenskip skuldeg vie oan ut Frieske fólk en jest yn twadde of tredde ynstônsje oan 'e Dútsers. Gjin greve, gjin steedhôder, dot vienen setbazen. Un presydint dus. Of... un kening? Daue Kalma spriek him lykos te fervachtsjen vie út fwar un kening. Hij hie fon syn keningsdramas un tik oerhoden dyt ur nea ver kwytrekke vie. Hij begón no ek ver breed óp te heljen fon Redbad en Aldgillis, vêrbijt ur de skiednis en syn aigen dramas rojaal tróchenwar griemde. Se sieten maienwar, un mon of twinteg pómmeronten, yn 'e tún fon dûmny Wumkes, óp un sneonemiddy yn júlly. Se smookten noch graue segaren en drónken goede tee. En se harken Kalma oan, dyt no fon 'e stoel kaam en ainen út Redbad begón fwar te dragen. Mun mwast vól nai him harkje, syn lûûd vie os un tóskedoktersboar dot jun tróch de hele kop sangeret. Se sjenearden har un bytsje óm Kalma dyt him sa gean liet yn syn útbylding fon frau Thied - syn lûûd skeat un oktaaf ómheeg en syn hontsjes begónnen te fladderjen. ‘Ecce homo,’ tocht Rintsje Sybesma gnizereg. Soe dy ydyoat aansen de brûk ek noch útstrûppe en ut tafellekken óm 'e mûttele heupen slaan? Sjoed Wendelaar Bonga fon ut Kristlek Friesk Selskip siet mai un reade hólle stiif | |
[pagina 316]
| |
fwar him út te sjen. Syn maat Villem Kok lyke niget te havven oan 'e fûggeltsjes dyt tróch strûkken hipten en de hele vrôd óm him hinne fergetten te vêzen. Om de mwólle fon Jelle Hindriks Brouwer, ôfuddege fon ut Od Selskip, spyle un heel fyn glimke, mun mwast dur óm sykje súver. Heel oas vie ut mai Folkertsma, út syn hele lichem spriek argevaasje. Os siet ur óp 'e elektryske stoel sa sponde syn lea en de honnen knypten óm 'e jerremlenings. Aanst slûggen de flammen durút. Mar dû gyng Wumkes oerain en klapte yn 'e honnen. Ut vie vól dúdlek vot Kalma voe, mar hû tochten de oaren duroer? Kalma syn bevegingen bestjurren yn ien kear, hij bûûgde, pwólmwólke fon ‘Tankje’ en gyng sitten. Hût de oaren duroer tochten, dot vie oas vól dúdlek. Un kening, havar, dêr foel oer te praten, mar nóit un kear un kening Daue fonsels. Dêr slûg de dúvel tróch, dot soe net havve! Mar va soe ut seze? En hû mwast ut sain vurre? Jon Melles van der Goat nóm ut vud. Hij vie net fwar un kening, sai ur, hij tocht ek net dot de Dútsers ut tastean soenen. Ommes, ek ol soe dy Frieske kening formeel ûnderskikt vêze oan Hitler, ‘kening’ vie un fólle hegere tytel os ‘Führer’. Mar os se dur ol ta besleaten óm un kening te kroanjen, don mwast ut un mon mai bên vêze, dot se vis vêze koenen fon 'e ópfólging. Un snoade set fon Van der Goat, vont ut vie dúdlek dot ur dot net út aigenbelang seze koe, hij hie sels ek gjin bên. Vól vaar óp san menier Folkertsma ek bwóttensletten, mar dy soe vis doch gjin gading maitsje. Se foelen him don ek ollegjer bij: vis, os ut un kening vaar, don un traud mon mai bên, oas mwast mun oer twinteg ier ver oan 't hakketakjen, en dot soe don fwar de Dútsers oanlieding vêze kinne óm ut hele ynstytút ver ô te skaffen. Mar va don? Ut mwast ien vêze dyt bóppe ut fólk stie, vaar dur ónjerre, ien dêrt elk bij ópsjen koe. ‘Jaap Kalma,’ sai Jelle Brouwer mai un stielen gesicht. Jaap vie jir net iens, hij hie preekmaitsje matten, sa hie ur him óntskuldege, mar Brouwer vist vól dot ur neat fon dusse klucht havve mwast. Folkertsma foel him bij, dûmny Kalma kaam vis yn nomynaasje. Hij vie vól frijsinneg, mar oan 'e oare kônt ‘fan de skauderen opwaats groter dan ut folk,’ sat Folkertsma plechteg deklamjerre. Yndied un mon dyt bóppe ut fólk út stiek. ‘Hij vit ut ien en oar fon poletyk en steatkunde,’ brocht Jon Piebenga bij, ‘en hij is vot ut soasjaal-ekonomyske mêd oanbelanget ek tróch ut dóm feansier hinne.’ Dotlêste bestried Doede Haaies de Vries, hij fûn Kalma un amateor. Dû begónnen se ynenwaróm te krjowen, de iene brocht dut bij en de oare dot. En bij ainslútten vienen se apslút net út 'e ried ot se de grutte kearel fon 'e Vaaksenzer terp helje mwasten | |
[pagina 317]
| |
óm him ta kening te kroanjen. ‘Begammen!’ rôp Daue Kalma. ‘Vêróm vólle jimme dochs un kening, miery? Fûget un presydint ut frije Fryske fólts net ol sa leafleken?’ ‘En dot mat don ien sónder bên vêze?’ flapte Matten Skolten durút. Vauter Swart skódhólle, Vibe Tinga baste yn gnizen út. Ek Fêde Skurer koe him net goed hôre. ‘Ik stel Van der Goat kandydaat,’ sai Sybesma, ‘hij hat toand fon ús ollegjerre ut measte doel te havven oer de problematyk fon ut Fryske fólk.’ Van der Goat skódhólle. ‘Ik bin gjin kandydaat,’ sai ur kwatô. ‘Do matsty bij de verklekhyd dellizze,’ besocht Sybesma noch, mar Van der Goat skódhólle beret. ‘Doede Haaies is ús mon!’ sai Vibe Tinga. ‘Maitsje óm myn pat Van der Goat partijydeöloog, mar lit de Vries presydint vurre. Hij hat syn namme mai.’ Doede Haaies sai neat. Gjinien sai vot, mar gwódden tochten: mwast de grutte, bryke hólle fon Doede Haaies skielek óp har postsegels en gûnnen stean? Don ljevver Fêde Skurer, dot vie un kreaze kearel. ‘Fêde Skurer vurt ús Führer,’ kraaide de krekt promovjerre Ype Poartinga. ‘Frek do!’ foel Skurer út, hij koe óp dut stik gjin grappen ferneare. ‘Do soest ut yn dij ómgean litte, Fêde,’ sai Folkertsma. ‘Setbaas fon 'e pûpen? Nóit!’ sai Skurer. Du rekken se maienwar dailes. Geart Wumkes friet óp 'e punten fon 'e útblikte snor óm. Os ut him net slagge ut petear reslút yn oarevai te stjoeren, soe de gearkómst yn duswadder ainegje. Hij hie de ferhoping hôn dot dur joet histoarje skreon vurre soe: yn syn aigenste tún soe oer de takómst fon Fryslôn beslist vurre. En ol sa skielek soe yn 'e skiednisbûkken vot jir joet fêstlain vie os de ‘Wumkestúndekreten’ beneamd vurre. Syn namme fwar iveg keppele oan 'e blierljochtsjende stjer fon Fryslôn. Ut ôde Frisia Magna óp 'e nij ópriisd út syn achtertún. Mar dur vie lang gjin ienzens ûnder de ôfuddegen fon 'e ferskillende selskippen. Faksisten en soasjaal-demokraten lyken ut mar oer ien ding iens te vêzen: Daue Kalma mwast oerol bwótten keard vurre. Ut mwóide him persoanlek tige, Kalma vie un mon fon 'e grutte dream, lykos Harmen Sytstra, lykos hijsels ek. Mar hij vie oer de sonteg, fwar him koe gjin rol yn ut iepenbiere libben mear vailain vêze. Dêróm hie ur hope dot se har ferienegje kinne soenen únder Daue Kalma. Vie dur ien te neamen dyt fûûlder fwar Fryslôn krevjerre hie os krekt hij? En Kalma vie fjauerenfjitteg, un mon yn 'e krêft fon ut libben, hij koe noch heel vot út 'e vai sette. Mar sat de stimming no vie, makke Kalma gjin inkele kôns. Ut soe noch jedder syn namgenoat, de reade dûmny fon Vaaksens vurre. Hij mwast besykje de kwesje iepen te hôden, faaks vie dur út oare rûnten | |
[pagina 318]
| |
stype fwar Daue Kalma te krijen. Hij klapte jitrus yn 'e honnen en stelde út, se soenen de kwesje fon ut keningskip of presydintskip rêste litte. Dêr kamen se joet doch net út. Net vot ut vurre mwast, noch vaat ut vurre mwast. Se soenen no ljevver rus tige yn ut olgemeen prate matte oer gaadleke kandydaten fwar mynistersposten. Mynisters, ja, mar east mwasten se beslútte hókker mynystearjes se ynstelle soenen. Ien fwar taal en kultuer, dot vie dúdlek. En ien fwar vettersteat. De útlônske kultuer en de see hienen oltyten de grutste fijonnen fon Fryslôn vest, dot dêr mwast mun sterke mynystearjes fwar havve. Mar un easten bedriging fon Fryslôn hie ek oltyten de fûûlfrettende gwarre fon 'e ónseedlekhyd vest, ónjerre Folkertsma, dot ut vie libbensneedsaak dêr un daam tsjin óp te smyten. De ónseedlekhyd mwast útrûge vurre. Gjin pornografyske skriftueren, gjin hoedmiddels - of ollinnech óp doktersatfys -, echtskieding ferbean, prostytúsje útrûge, gjin gepraat mear oer de befrijing fon 'e frau dyt ómmes inkeld betsjutte dot se de slavin fon har lusten vaar, yn earberhyd soenen mon en frau de seksúalytijt belibje, net harsels siikjend en aigenville bedrjowend, mar ta eare fon 'e skepper. ‘Kóm, kóm, Ele!’ sa stuite Fêde Skurer de monoloog fon Folkertsma. ‘Ut Frieske fólk soe útstjerre osto dyn sin krygeste. Va soe dur óp dy menier noch nócht oan ha?’ Dot kaam him te stean óp un fûle reprymonde fan Van der Goat en Van der Molen. Dut koe mun net mai de gek beslaan! Folkertsma hie fólslain gelyk: sónder Frieske sede gjin Frieske taal en Frieske frijhyd mear, dot ollegjerre hóng óp 'un nausten maienwar gear. Folkertsma mwast mar mynister fon fólkssûnnens vurre, don vie dot mynystearje yn betraude honnen. ‘En dêr bin ik fûûl tsjin!’ sai Jelle Brouwer. ‘Mai olle respekt fwar Folkertsma, hij is gjin medykes en hat ûnder dokters dus gjin inkeld gesach. Ik stel Freark Bergstra út.’ Mar dot jónge fintsje hienen de ôderen gjin betrauen yn, se koenen him fon vot vylde stikjes yn It Heitelân. Ut koe bêst un goede húsdokter vêze, dêr voenen se ôbljowe, mar vêr stie ur geastlek? Hû tinke jo os dokter bijgelyks oer bwóttenhauleks geslachtsferkear? tonten se him. ‘Medysk sjoen is dur gjin ferskil tusken de coïtus yn, bwótten, fwar of nai ut haulek,’ sai Bergstra. Dot sai dus genôch, dy fint vie fólslain amoreel. Goed, dur hûgde ek noch net daleks besletten te vurren vaat dy post besette mwast, mar ut vie vis dot ut net sónder un mynistearje fon fólkssûnnens koe. Vot mear? ‘Ferkear!’ sai Wendelaar Bonga. Hij vie óp ut Dokkemer bolvurk ómtrint fon 'e sokken jage tróch un gystene fytser, fertelde ur, en óp 'e oeren dot de NOF-bussen Dokkem oandienen, dwast ur de strjitte net mear óp. Un mynistearje fon | |
[pagina 319]
| |
Ferkear, vis dot mwast dur kómme. ‘Definsje!’ sai Vibe Tinga, ‘vij matte dy frekte hollonners de Súdderseesdyk oer skóppe en swargje dot se jir nóit ver kómme.’ Mar soenen de Dútsers tastean dot de Friezen un aigen legermacht ópbauden? Dot lai net fwar de hôn, nee, dêr hûgden se grif net óp te rekkenjen. ‘Lit ut don un soate fon garde vêze,’ betocht Tinga. ‘Vij matte doch un earevacht ha bij offysjele gelegenheden. Os Hitler óp besyte kómt, don kinne vij net un stel boeren mai heafwarken oan 'e kônt fon 'e dyk sette.’ ‘Vêróm net?’ frege Daue Hermans Kiestra. ‘Vij binne óp 't lêst un boerefólk.’ Tochten se vól óm un mynistearje fon ekonomyske saken? frege Doede de Vries. ‘En dot voenen jo don sels tink vól dwaan?’ sai Jon Piebenga haatlek. ‘Net perfwast,’ ondere de Vries, ‘ik soe mij ljevver dwaande hôre mai fwarljochting of propagonde.’ Propagonde vêrfwar? voe Skurer vitte. No, dot vie doch vól dúdlek? Ja, no vól, sai Skurer en dêróm vie ur tsjin. Wumkes begón te drjowen, se soenen no ut ynfintarysjerjen fon mynistearjes ôslútte en kandydaten fwar de ferskillende posten neame. Ut vaar letter óp 'e middy en de Amsterdammers hienen ol te kennen jûn dot se yntiids nai de train voenen. De beslútten dyt joet nómmen varen, mwasten os 't koe de ynstimming fon olle bijvêzegen havve. Dû frege Villem Kok ut vud. Dot óp himsels vie ol aigenareg, vont oant no ta hie elkenien mar gevoan de bek duryn slain. Wumkes jûûg him ut vud don mar, va oas mwast ut dwaan? Hij spriek, sai ur, os KFS-mon, ol vie ut grif net út namme fon olle leden, faaks ek net fon olle jir bijvêzegen. Him tocht dot dur fwar ut kristlek fólksdeel fon Fryslôn gjin sprake vêze koe fon ut krevjerjen fwar ien of oare fwarrem fon selsbestjoer, oas os yn oerlees mai ut vettege regear yn Londen. Ja, kaam ur dêr no noch mai oanskyten? frege ien húnnend. En un oarenien begón oer dot stómme God-Nearlôn-en-Oranjegedóg. En ver ien frege ot de fynen faaks de ollinnech-ferkeap fon 'e etyk hienen. Mar Kok bljode ónfersteorber, hij hie sain vot ur seze mwast, se visten no mar vêrt ur stie en vêrt ut KFS neffens him stean mwast. De oare selskippen mwasten fwar harsels sprekke, mar hij hope dot se de goede kar dwaan soenen. Dêrmai nóm ur hómmels ôskied. Oare KFS-ers skeaten him hasteg achternai, Tamminga, Fokkema, Wendelaar Bonga, Bakker. Inne de Jong en Fêde Skurer stapten ek óp, se mwasten de train nai ut súdden helje. Folkertsma en Jon Piebenga bljoden os jinnegste KFS-ers oer. Dû hood Rintsje Sybesma un fûle tyrade oer lju dyt de geast fon 'e tiid net ferstienen en óp un bêken foeren dot ollang blyken dien | |
[pagina 320]
| |
hie un dwylljocht te vêzen. Os de Friezen no net ienriedeg keazen fwar de kônsen dyt har bean varen, don soenen se út 'e grutte Germaanske rûmte vaidien vurre, en ta spot en sprekvud fon 'e hele vrôd vurre. Daue Kiestra lai dêr noch ut ien en oar oerhinne oer de oerdreon húmane, saneamd kristleke beskaving dyt ut sloppe en lakse bóppe ut sterke en libbenskrêftege stelde en olsa yn striid kaam mai de elmintêre libbensvetten sat mun dy rûnóm yn 'e natuer ópstervjerje koe. Dêrmai ferbruiden se ut ek noch bij de lêste baide KFS-ers. Jon Piebenga spróng oerain en ôle oerstjoer fon ‘Karl Barth!’ Folkertsma sai dot ur mai Oranje net fólle óp hie, hij hóng ek net sa tige oan 'e Nederlônske steat, mar un Fryslôn sónder Kristus vie fwar him óntinkber. Neffens him vienen germanendóm en kristendóm gjin tsjinstelden, dy koenen tige goed maienwaróp gean. ‘Ut iene lykvóls net bwótten ut oare óm, noch dut sónder jinge duryn te beheljen.’ En mai dot stealtsje fon dyalektyk koenen se ut dwaan. Tagelyk mai Folkertsma en Piebenga stapten de lêste baide soasjaal-demokraten fon ut selskip, Brouwer en Skolten, óp. Ut vie noch un hele traap nai Huddegaryp, sainen se. En dû achten un pear ôd-leden fon 'e stúdintefederaasje en inkele Od-Selskippers har tiid ek kómmen. Ut ynfintarysjerjen fon 'e mynistearjes en ut neamen fon gaadleke kandydaten kaam ut oerbljowende plûchje net mear oan ta. Wumkes stie dur ek net mear óp oan, hij fielde him deaóngelókkeg noot dur yn syn tún inkeld heale en hele faksisten oerbljoden. Yn sekere sin vie ut doch un histoaryske middy vurren, mar net lykos ur hope hie. Tusken de útienrinnende klupkes vienen gjin brêgen slain, de mieningen stienen fûûlder en dúdleker fwarenwaroer os fwarhinne. De bevegers hienen enwar munstere en hifke en visten no krekter os jedder vêrt se fwar stean mwasten. Tenai soenen se better vitte vaat freon of fijôn vie. Hij sêg mai óntsetting hût de oerbljowers no tichter nai enwar taskikten en begónnen te redendelen. Votfwar sytevaasje hie ur himsels yn manûvrjerre? Soe syn tún noch ferneamd vurre os betteplak fon un breed Friesk Nasjonaal-Natúralistysk Ferbôn? De grize rón de ôd mon oer de graue. Un lyts fjitjen dagen letter vienen gwódden fon ut plûchje út 'e Wumkestún ver ferienege, no óm ut grêf fon Van der Goat. Hij vie tige ónfervaks stoan. Se earen yn him de fûle strider, de earleke kearel, de óprjóchte Fries. Ek trije Dútske ofsieren dienen de ferstoane de lêste eare oan, en se brachten un salút oan ut Frieske fólk. Mar ut vaar ol dúdleker, mear os moaie praatsjes hienen de stambrwórren út ut Easten net te keap, ol mienden se faaks vól vot se sainen. De Dútsers vienen helendol net fon doel óm ut Frieske | |
[pagina 321]
| |
fólk un útsónderingsposysje te jaan en ut Friesk fwót te sterkjen. Se voenen de beveging brûkke óm Fryslôn te nazifysjerjen. Oas net, mear net. |
|