De reade bwarre
(1993)–Trinus Riemersma– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 303]
| |
Boek 3
| |
[pagina 305]
| |
De kunst is kwat, ut libben langNo kómt ut ónplesieregste pat fon ut skrjowen, ut ômaitsjen fon vêrt mun oan begón is. Ut ópsetten fon un ferhaal is nijskjirreg, en ut útvurkjen fon dy ópset ta un hichte ek, mar óp un stuit leze de dingen fierhinne fêst en kin mun súver gjin kônt mear út. Vot langert mun oan un bûk vurket, vot meart de vet fon 'e tryvyalytijt syn ynfloed jilde lit: yn ut begjin kin mun vot frjemde grappen yntrodúsjerje, mar ol sa linkelytsen vurt ut ferhaal gevoaner en kónvinsjoneler. Dêr kin mun neat oan dwaan - of mun mat ol un ferhaal skrjowe dêrt kop noch stut oan te fynen is. Mar un ferhaal mai kop en stut, en needsaaklekervize don ek un beolegaintsje, un ferhaal dot binnen de behainingen fon ut vênstege bljoot, dot begjint him ol mear en mear te skikken nai de fervachtingen dyt ut lyterêre públyk fon ut tróchsneed ferhaal hat. Tsjin dy fersmelling fon mooglikheden óm nije ûnderverpen oan te snijen en nije óntjauingen pleats havve te litten, is óp himsels neat te dwaan. De jinnege remeedzje is: ut ferhaal ekstra breed ópsette, dot dur navenont oan 'e ain noch ridlek vot rûmte fwar jun os skrjower oer bljoot óm aregheden út te heven. Mar ek don litte de begrinzingen har fiele; kin men ynjesten ‘mar raak’ skrjowe, sa njónkenlytsen óntstjit dur un kader dêrt mun binnen bljowe mat. De pótsen dyt mun noch bakke vól, de healvize ynfollen dyt mun honorjerje vól, matte teplak brocht vurre yn ut ramt dot tróch jeddere grappen fwarme is. Mun begjint dyvergint te skrjowen, mar sadreet juns kreaasje ienrus yn ferhaalepysoaden delslain is, vurt mun twóngen kónvergint te skrjowen. East kin olles, en olles is frijbljowend, mar letter mat olles posse en slútte. Kiest mun fwar un frij smelle ópset, un ferhaal dot oer ien bysónder barren gjit, mai ien haadfyguer ta vaans belibjen en tinken mun jun behaint, don sit mun ol rillegau sa fêst os un hûûs. Os un train óp un spoar sónder viksels rint ut ferhaal nai de ain ta. Mun hat neat te sezen oer de fwótsetting, vont olles mat logysk óp ut fwargeande oanslútte en psychologysk binnen de grinzen fon ut vjirskynleke bljowe. Ut bysóndere barren dot mun beskrjowe voe, hat don | |
[pagina 306]
| |
ollang juns niget net mear en de haadpersoan is un ferfelende kloat vurren. Gwódden fon 'e bijfygueren hienen fólle nijskjirreger vest óm te beskrjowen, tinkt mun don, mar dot sil net vier vêze: elke persoan dêrt mun jun vot mear yn ferdjippet dógt blyken un ferfelend stik fretten te vêzen. Vêróm skrjoot mun ains net oer hûnnen of kotten? Havar, ut bûk mat ô, de dingen dyt mun oanfettet, mat mun ta un ain bringe, dot is jun leard en dot dógt mun. Mun mwast tús ut bwad leeg yte, en óp skwalle mwast mun de taak ômaitsje. De vênstege ferhaalfwarrem kómt mear temjitte oan 'e easken fon 'e lêzer os fon 'e skrjower. De lêzer vól un ferhaal dot lyket óp ferhalen dyt ur jedder lêzen hat, dot ur óp un makleke menier oan syn gerak kómme kin. Tróch un mynymale prestaasje vól ur ut maksymem oan lêsplesier berikke. Fonsels, dot is un heel sûn ekonomysk prinsype, en ut hat don ek gjin reden de lêzer te kepitteljen. Mar de skrjower kómt óp dy menier oan 'e krapperain, dot kin net oas: tróch him ûnderjerreg te maitsjen oan 'e vil fon 'e lêzer, vurt syn skrjoplesier ta nul redúsjerre - òf ut mat ol vêze dot ur him skynber ûnderjerreg makket oan 'e vil fon 'e lêzer, en út vraak óp 'e lyteratuer, himsels en de lêzer krektsa skrjoot os de lêzer ut sat ut lyket graach vól. Syn skrjoplesier fólget don út ut befredegjen fon dy vraakgefoelens. Op himsels is dêr neat óp tsjin, de lyteratuer vurt mear tsjinne tróch vraakgefoelens os tróch goede bedoelingen. Mar de skrjower dyt him liede lit tróch goede bedoelingen - en dot hûgt mun net perfwast yn ut foar te begekjen -, fwar dy is ut skrjowen fon un langer proazavurk olmeast gjin freugdeskeppende beuzeghyd, mar un tryst gebeoleg. De beljenning fwar syn krevjerjen fynt ur net yn ut skrjowen fon syn ferhaal, mar yn 'e tank dyt syn lêzers him bringe. Hege ferkeapsyfers, gunstege resinsjes, lyterêre prizen en ut sit krijen yn redaksjes en sjuerys fwarremje ut lean fon 'e skrjower. Mun kin de lêzer fonsels heel min fwóttinke, sónder lêzer soe dur gjin lyteratuer vêze. Mar ut is fwar de skrjower ol heel nwódlek os ur him vot syn vurkville oanbelanget sa ôhinklek fon 'e lêzer makket. Stel dot syn vurk net útjûn vurt, ómt ut nai ut oardeel fon 'e útjauer temin kwalytijt hat, of ómt de útjauer dur gjin merk fwar sjugt, of stel dot ut vurk vól útjûn vurt, mar de krytyk viist ut os minderveadeg ô, of dur vurt gjin ómtinken oan jûn, of de lêzers vólle dur gjin bek óp sette, vêr is don ut lean fon 'e skrjower? De skrjower dyt syn lean net misrinne vól, stonne twa vegen iepen: hij mat de lêzers nai de bek skrjowe, dot ur vis vêze kin fon har hûra - dot mai un pear ier vól ferklónken is, vont don fôle se ver óp vot oas -, of hij mat sa skrjowe dot ur dur sels plesier oan hat, en | |
[pagina 307]
| |
syn beljenning à la minute ópstryke kin. Os ur dy lêste vai kiest, mat ur him vól ôfreegje ot syn vurk de lêzers noch genôch lêsplesier biere kin. Os dot net ut gefol is, kin ur beslúite óm syn vurk net út te jaan, of yn un behainde óplage óp un gwódkeape vize. De fêste keppeling dyt olmeast makke vurt tusken skrjowen en públysjerjen, berêst óp un misferstôn: ut binne twa ferskillende saken. Mun kin skrjowe óm te públysjerjen, en yn dot gefol mat mun temjitte kómme oan 'e easken dyt ut públyk stelt. Mar mun kin ek skrjowe ómt mun areghyd hat oan ut skrjowen, of ómt mun juns gefoelens of mieningen óp pepier sette vól, en yn dot gefol is públysjerjen net un needsaakleke kónsekwinsje dêrfon. Ommes, juns areghyd oan ut skrjowen hûgt net te korrespóndjerjen mai de lêzers har areghyd oan ut lêzen, en juns ferlet óm juns gefoelens en mieningen te útterjen hûgt net oerien te kómmen mai un ferlet bij de lêzers óm fon juns gefoelens en mieningen kennes te nimmen. De skrjower hûgt him net ûnderskikt te maitsjen oan 'e lêzer; os de skrjower him net skikke vól, don dógt ur ut mar net, hij mai skrjowe sat ur sels vól. Mar oasóm mat mun de lêzer ek net twinge óm olle kapryoalen fon 'e skrjower te fólgjen. De skrjower mai bêst mai ollerhonde problemen tangele sitte of de lyteratuer fernije vólle of un bwadskip bringe, mar vêróm sil mun de lêzer dêr mai ópsadelje? De lêzers havve dêr gjin belang bij, dy vólle moaie ferhalen lêze. Skrjowers kinne har sa nydeg maitsje óp lêzers dyt gjin bek óp har wurk sette vólle en óp resinsinten dyt gjin êg ha fwar de psychologyske ferdjippingen en de simboalyske betsjuttingen dyt yn har vurk ferburgen sitte. Mar ut is har aigen skuld: os se lêzen vurre vólle, matte se har oanposse. Mun kin doch min begeare dot ut lêzerspúblyk him don ver oan dusse skrjower syn fratsen oanpost en don ver vekker lait fon jinge syn problemen? De lêzers matte dur ta brocht vurre vot oas, ‘vot betters’ te lêzen, hyt ut don, en har smaak mat óntvikkele vurre. Mar vêrom? Lit de minsken doch yn har vêzen, don fiele se har ut bêste. Ut ferbetterjen fon 'e vrôd kómme ollinnech mar óngemakken fon. Frijhyd fwar de lêzer óm te lêzen vêrt ur areghyd oan hat, sónder him te bekroadzjen oer ut ‘nyvo’ fon syn lektuer, en frijhyd fwar de skrjower óm durhinne te kwatteljen vot ur vól, sónder him drók te maitsjen oer de kóntoeren fon 'e Frieske lyteratuer. Lyteratuer is mar un areghydsje, en dot mat ut bljowe. Net yderkear de lêzer ut ferkeade bûk út 'e honnen skwórre en ut goede duryn trjowe - benammen jóngerainbûkkelju havve dêr un hontsje fon -, net kónstont de skrjower fergje óp vurk dot de swetten fon 'e Frieske | |
[pagina 308]
| |
lyteratuer útlait, munsterje kin tsjin oastaleg vurk en de lêzer emonsypjerret. Ut mat un areghydsje bljowe. Ol gjit ut no óp 'e ain ta mai dusse romon, vij havve doch noch un heel bûk fwar ús en dur is sadwaande vól rûmte óm noch vot arege dingen te dwaan. Oer Harrem kinne vij kwat vêze: Harrem sil yn 'e oarlogsjirren fon twa vôlen frette en bij ainslútten sketten vurre ómt ur fertocht vurt fon ferried. Ut soe ut mwaiste vêze os vij ut bij dusse kwatte gearfetting bljowe litte koenen, mar dot gjit net oan: hij is no ienkear de haadpersoan en dur sil dêróm viidvaideg út 'e dûkken dien vurre matte hût Harrem tróch de oarlog bûkkelt. Dot is fertrjitlek vurk, vont skrjower en lêzer vitte baide vól hût sóks sa lykernôch yn syn vurken gean sil, sjoen de persoan dyt Harrem is. Hij mient dot ur stikken yntellyginter is os syn hait, en dot ur yn 'e rekken hat vot dur yn 'e vrôd ómgjit. Mar dot fôlt osa ô, hij praat oare minsken nai en lit him stjoere en os un pyon óp ut boed skowe. Yn ut kiezen fon syn freonen en fijonnen is ur lyke dóm os syn hait. Syn relatyve ‘gruttens’ hat ur te tankjen oan 'e bwóttenvênstege ómstonnegheden. Havar, dot vit de lêzer krekt lykegoed os de skrjower, mar dot nimt net vai dot ut ollegjerre ómstondeg beskreon vurre mat. Dot freget un romon no ienkear. Mear niget haf ik oan 'e fjauer frôljesfygueren, Eelkje en har baide dochters, en Hinke, de skwansuster. Dy baide fammen matte oan 'e mon - nimmen keas dur dûdestiids frijvilleg fwar óm ôdfaam te bljowen -, en benammen hût dy staile Saapke - nim mij net kwea: dy steile Saepke dat oprêde sil, bin ik vól nijskjirreg nai. Mai Richtsje sil dot ollegjer vól losrinne, dot is un gól en blier fanke. Hû gjit ut fjidder mai Eelkje? Os se earlek is mat se bekenne dot se dur bij Têke nóit un bliksem oan hôn hat, en dot sóks nea feroarje sil. Se is no goed fjitteg ier, noch net echt ôd, mat se de hólle yn 'e skutte leze en berêste? Ik tink net dot vij har vot oas te bieren ha. Fwótrinne, lykos Danjel fen Kuken syn viif die, dêr lyket Eelkje mij ut type net nai en sà need is de tastôn fonsels ek ver net. Vij soenen Têke deagean litte kinne, mar dot vól ik net. Fwast, dot is un fjiste makleke óplossing fwar Eelkje, ik vól har stride litte. Twad, ik vól Têke net kwyt, yn 'e epyloog vól ik dy nwatske ôdkearel mai syn lómppoat nochrus skilderje os ur yn ut Klaailôn ómspaant. En don ha vij Hinke noch, dyt os traude frau en os styfmoer en mem helendol ópblûit. Hinke, nóit óp veade skot, ek net tróch har mem, oltyten beskôge os un dómme vurkezel, óntjaut har dêr yn 'e Hôlemerhûkke ta un frau fon kwyzekwônsje. Dy Hinke, dêr is areghyd oan. Faaks kin ik dy fjauer frôljeslibbens ferbyne oan | |
[pagina 309]
| |
Harrem synen, don vurt de beskrjowing fon syn libben vot smaakleker. Dut vurt un frij grutte romon en lykvóls kin dur mar un skaintsje fon 'e libbens fon 'e personaazjes beskreon vurre. Fon 'e haadpersoan binne de benne- en jeugdjirren heel semier behondele. Harrem syn bette, en dot gjit amper oer himsels, syn easte loop nai ut lôn, dêrnai de easte skwaldai en de rest fon syn skwaljirren yn fûgelflecht. Fon syn arbaidzjen by hait yn ut Klaailôn is sa goed os neat ferteld, ollinnech ut ferhúzjen dêrhinne en Harrem syn gedoente mai Sybrich hat ómtinken krygen. Ut is don ol un faintsje, en vij vitte noch súver neat fon him. Os ur nai Tritsem gjit os boerefaint, vurt de beskrjowing yntinsiver, en don-kómt ur os minske vot dúdleker fwar jun te stean. Yn ut tredde bûk sil besocht vurre matte óm Harrem noch vot krekter te defynyerjen. Fon 'e bijpersonaazjes is net mear os un hap en un snap maideelt. Têke en Eelkje binne navenont de measte syden oan bestege, de famkes binne dur keal fwarvai kómmen, en dot jild ek fon pake-Bósk, dot oas doch vól un nijskjirreg mon vie. Jurjen is dea, dot dêr kinne vij ol neat mear oan dwaan. De famkes kinne vij, lykos ik jirbóppe ol sai, faaks noch vól vot oer fertelle yn relaasje ta Harrem syn avventoeren. Ik tink dot ik de baide beppen mar stilvai ûnder de iede skik, dy ôde viven kin mun doch neat bestekleks mear oer skrjowe. Se vurre ollebaide vot simpel, os vij Harrem ljowe maie. Ol hat mun de rûmte, ut is doch mar un behaind pat dot mun fon 'e minsken fertelle kin. Ut libben is sa breed en fóllesydeg dot ut ónmooglek is dot yn syn fólslainens te beskrjowen. Mun fólget de haadlynen fon ut libben, en dy set mun noch tsjûkker oan. Olles vot minder vichteg lyket en olle núônsjerringen lit mun vai. Dot is ut maklekst, ek fwar de lêzer, meskjin is ut ek vól de jinnege menier dêrt mun un libben óp beskrjowe kin, mar helendol befredegjend is ut lykvóls net. De beskrjowing vurt meskjin net fwótdaleks karykatúraal, mar vól vurt ur te smel, te útsprutsen, te oerdreon. Lit ús os fwarbyld ut haulek fon Têke en Eelkje nimme. Dot haulek is beskreon os fwar Eelkje nochol ónbefredegjend. Oan Têke hat se neat, hij behondelt har os syn hoer en húshôrster. Har noeden óm Harrem gniist ur vot óm, har vinsken en begeaten telle bij him net. No goed, sa sil ut don oer ut generaal vól vêze. Mar Eelkje hat har grif ek vólrus lókkeg field, bijgelyks os Têke en sij snaintemiddys mai de trije bên kören óp 'e Lege Jerrevai, dût se noch te Nijtsjerk vennen, of vonneart Têke en sij jûûns nai ut varem yten noch even bwótten sieten yn 'e sinne óp 'e bank naist ut hûûs, hij mai de | |
[pagina 310]
| |
bókkekronte en sij mai ut braidzjen, ut vide Klaailôn mai syn fruchten fwar har. Dot is net beskreon - vêr hie ut matten, en vêr hie ut post? - mar ut kin net oas of sókke mominten matte dur vest havve. Un haulek is nea sa beroed of dur binne ópfleanders fon lóksilleghyd. Vis, de rûmte dyt no yn beslag nómmen vurt tróch de ferhalen oer Tilly en syn ôden en dy oer de oanhingers fon 'e Bwarre hie brûkt vurre kinnen óm Harrem en syn sibben ekstra ómtinken te jaan. Mar don hie ut ferhaal oer de Módderklauers him gedrûgen os un kûkútsjóng, dot de jóngen fon syn gostmem út ut nêst kypert. Tilly, de Bwarre en de Módderklauers ha rjócht óp un lykens pat fon 'e beskikbere rûmte, sa is de romon no ienrus ópset. Ut is dúdlek dot de Módderklauers olles vól ynpikke vólle soenen, mar dot kin de skrjower har net tastean, don kómme de oaren oan 'e krapperain. De skrjower voe yn syn romon rûmte reservjerje fwar ferskillende stoffen, dêrt gjinien fon domynont vêze soe. Hij voe net oerlevere vêze oan 'e twang fon ien stof, hij voe net libje binnen de behainingen fon ien ferhaal en bûn vêze oan ut selskip fon ien haadfyguer. Hij voe rûmte yn syn romon óm út te vyken nai un oar aspekt os ut iene him de strôt úthingje soe. Hij voe út ut iene ferhaal vai sjen kinne nai ut oare en baide relatyvjerje kinne. De skrjower hat no ienrus de handicap dot ur binnen de kwatste kearen un hekel kryt oan 'e swiervichtegens fon 'e maideelde faitlekheden en de jênst fon 'e personaazjes. Hij vól ut ollegjerre vól beskrjowe, mar hij vól ekrus frij ha en distônsje nimme en vot oas dwaan, dot ur óp dot stuit nijskjirreger fynt. De skrjower rjóchtet syn romon sa yn, dot ur dur sels mai plesier yn ferkeare kin. Dot is syn goed rjócht, ut is syn romon. Ut is gjin bijdrage ta de Frieske lyteratuer, gjin lêsstof fwar middelskwallebentsjes - nimmen hûgt him duróm te bekroadzjen. Ut bestjit ollinnech fwar vaat dur perfwast kennes fon nimme vólle, en dy matte net seore, dy havve ut oan harsels te vyten dot se ut lêze. Os mun olle beskikbere rûmte oan 'e beskrjowing fon un haadfyguer en syn sibben en kunden tapattet, kin mun olteast de haadfyguer yngeander en mai mear núônsjerringen beskrjowe. Mar don dûkt dur un oar probleem óp: vêróm hat mun krekt dy persoan sintraal set yn juns ferhaal en net un oarenien, vêróm dy honlingen en fwarfollen keazen, en net oaren? Yn ús gefol: de jónges fon Heabel út ut Hauten Hemeltsje hienen fwar utselde sintraal stean kinnen, of un húshôring fon Farebwórren of de Ryp. Fon Blije oant Hôlem hôden destiids grif vól un lytse hûndet genieren ta, vêróm don krekt de Módderklauers? Oare húshôringen havve fonsels oare | |
[pagina 311]
| |
dingen maimakke, mar dy binne net perfwast minder vichteg of eksemplarysk. Ut gwón húshôringen is un soan ferdwûn, óppakt bij un razzia en yn Dútsklôn ómkómmen of sketten. Gwódden havve ûnderdûkkers hôn of de ylegalytijt skevield. Oaren havve de fijôn hólpen en ferried pleegd. Bij ainslútten: fwar ollegjerre vie ut un bwóttenvênstege tiid dêrt dúdlek yn vaar dot de ôde vrôd fwargoed ta ut ferlyne bejerde. Ol vaar dur nai de oarlog vól besocht óm ut ferlyne te restorjerjen, ut hie dúdlekervize ôdien. Dot havve dûdestiids olle minsken dyt ut oangyng ópstervjerje kinnen, dot dêróm, mun hie fwar utselde oare personaazjes mai har belibbingen kieze kinnen. Fwar ut meastepat fon 'e lêzers is de stofkar nait ut mij talyket ónares gjin probleem. De lêzer akseptjerret ut ferhaal sat ut durhinne lait, en hij vedjerret dot os moai of os neat oan of eat dêrtuskenyn. Mar hij hat dur gjin ferlet fon óm de stofkar fon 'e skrjower te korrysjerjen, yn dy sin, dot ur bevust eleminten fon ut ferhaal yn un oare relaasje ta enwar set of dotjinge vot yn ut ferhaal óp 'e eftergrûn stjit tige sintraal set. Onbevust dógt ur sóks vól, de lêzer hellet ut ferhaal nai him ta, aksintúerret dotjinge vot him oanstjit en negjerret vot him frjemd is of vot ur net begrypt. Hij fóllet de lege plakken oan mai aigen vjerfaringen en emoasjes. Mar dy maiskeppende aktyvytijt bljoot tróchstrings ûnder ut nyvo fon ut bevustvêzen, de lêzer beskôget himsels inkeld os kónsúmint fon ut ferhaal. Un lyts tol lêzers - vêrûnder de krytysy - gjit vól krytysk mai- en naiskeppend mai ut ferhaal teset. Se hifkje de relevônsje fon 'e greep dyt de skrjower út 'e verklekhyd dien hat: is dut un nijskjirrege stof? is dy epysoade vichteg? bljoot dot aspekt net tefólle yn ut tsjuster? vêróm vurt dy relaasje net lain? hie dy fyguer net better sintraal stean kinnen? De krytyske lêzer en de goede resinsint stelle sóksoate fragen. Mar mai ut krytysjerjen fon beskate eleminten en fon de waddering dêrfon, bljowe se doch binnen de ómhaining fon 'e stofkar yn syn viidste ómfieming dyt de skrjower dien hat. De skrjower hat ut ópbrekken fon un haulek beskrjowe vóllen, of un boereromon, of un misdiedferhaal, kónstatjerret de krytyske lêzer - en dot akseptjerret ur. Mar, gjit ur fjidder, òs mun un deabliedend haulek beskrjowe vól, of un boereromon, don soe mun..., of don hie mun ljevver hôn... - en don kómt syn krytyk óp 'e kónstruksje en de útvurking. Sels os ur súver olle eleminten fon ut ferhaal ôviist, sil ur de stofkar os geheel noch akseptjerje. Hij sil bijgelyks seze: os mun un boereromon skrjowe vól, don soe mun norus ien skrjowe matte oer un | |
[pagina 312]
| |
aigentiidske boer mai syn problemen. Hij sil - olteast ónares - net seze: de skrjower hat syn stof socht yn 'e problematyk fon 'e vurkleaze jóngerain, mar ik hie ljevver hôn dot ur skreon hie oer de oanvinnende óntsjerklekhyd en de swirregheden fon lytse gemeenten óm noch un dûmny te bekostegjen. Sóks vurt gjin bûkbesprek, gjin krytyk óp ut bûk os sadaneg neamd, ut is krytyk óp 'e lyteratuer os geheel. Dur binne skrjowers dyt lykos de tróchsneed lêzer ut ferhaal sónder euvelmoed akseptjerje. Vot se skrjowe, hat grif sa vêze matten. Se twivelje net oan 'e ópset fon har ferhaal, oan 'e relatyve vichtegens fon 'e beskreone epysoaden. Ut kómt yn har ómheeg en se pinne ut del, fólslain betrauend grif óp har ‘ynspyraasje’. Se misse de krytykes yn har dyt ol ut te skrjowene yn 't foar en ut skreone nai ôrin evalúerret. Ut tróchtinken en hifkjen fon ut hele bauvurk litte se oer oan 'e krytyske lêzers en de resinsinten. Dur binne oan 'e oare kônt skrjowers dyt har vurk slimmer krytysjerje os de krytysy dot naityd dwaan sille. Se gónne noch un stap fjidder os de krytysy en freegje har yndied ô ot dotjinge vot se skrjowe vier vól vichteger is os de ferhalen dyt se net skrjowe. De krytykes kin bij syn hifkjen fon un beskaat vurk net bwótten de kar fon 'e totale stof stappe, hij akseptjerret de stofkar en de temakar fon 'e skrjower os net diskútabele faiten. Mar de skrjower vít net ollinnech dot ur un oare kar dwaan kinnen hie, de totale verklekhyd twingt him noch olmaroan oan him óp en freget mai lykefólle klam óm beskreon te vurren os ut ferhaal dêrt ur óp ut stuit mai dwaande is. Vot de skrjower keazen hat, is mar un splinterke fon 'e verklekhyd, en faaks net ut meast relefonte. Hij kin ut belangryk maitsje, hij kin ut bóppe syn veade úttille - mar dot is bedroch. Va sait de skrjower dot ur no vot essinsjeels te pakken hat, vot sintraals, eat dot telt en dur vier ta dógt? De verklekhyd is sa fóllesydeg, sa bûnt en sa min te struktúrjerjen, dot dur mar un bytsje avventoer is dot mun dur vot út óppikt dot vêzentlek neamd vurre kin. De kôns dot de skrjower mear fertsjustert os ferheldert is greot. Dêroerhinne kómt noch de fraag ot mun skrjowe sil - vot don ek - of ljevver ut tún ópknappe, ut holtsje fervje, un artykel skrjowe, un hûnnehok timmerje of vot oare nuttege dingen ek. Skrjowe betsjut de verkleke vrôd ferlitte en juns húshôring baste litte. Hat mun dot durfwaroer en is ut vier de mwóite vurch? Kiest mun ferkead? Mun kin yn ut libben safólle kônten út, mat mun no vier junsels ópslútte óp dy pear konte kylometers fon ut lyterêre vurk? Ol dotsoate tinzen en oertinkingen maitsje de kônsen óp un | |
[pagina 313]
| |
evenredege romon net grutter. Havar, mai healvize frôlje kin mun un soad ville ha, mai healvize romons faaks ek vól. |
|