De reade bwarre
(1993)–Trinus Riemersma– Auteursrechtelijk beschermdAchterdykTilly syn hait-en-dy kamen de maaies fon '28 oan 'e seedyk te vainjen. Ut trauen hie east noch fersteld vurre sillen, vont Tilly syn hait kaam ta de skrikleke óntdekking dot ur gjin sint óp syn meles hie. Dot siet sa, hij hie, sat dûdestiids vênst vie mai ynvainjende bên, olle jild dot ur fertsjinne oltyten ôdrûgen, yn 'e fervachting dot syn ôden fwar him sparren. Syn styfmem hie ek oltyten sain dot se jild fwar him fêstsette óp un bûkje. Mar dût Tilly syn hait yn 'e maityd fon '28 nai Hôlem raizge óm ut jild óp te nimmen, die blyken dot dur neat mear vie: styfmoer hie ut jild un pear ier lyn ol óphelle. Hij kryge noch ol un knappe segaar fon 'e notares, mar fjidder koe dy neat fwar him dwaan. Tilly syn hait voe him dû noch mar un pear ier ferhiere os boerefaint, mar syn skwanmem sai dot sij noch vól vot jild hienen: dur mwast no mar traud vurre. Nai de dea fon Tilly syn mem binne un monnech rekkens fon destiids fwar ut ljocht kómmen - Tilly syn hait bevarre fonolles. De meubels vienen net djoer, un dimter stoel hie mun fwar fjauer gûnne. Ut djoerst vie de klok, dy prachtege regúlateor dyt no yn Tilly syn vurkkeamer hinget, achtentwinteg gûnne. Dot de ôden fon Tilly syn mem vól un monnech sinten hienen, mai un vónder hyte, vont de hait fan Tilly syn mem hie sûpt os un jilstrôt. Hij vie jiskemon, hij hie un skokarre mai un blikken kap duróp dyt oan vjeskônten iepenflapt vurre koe. Flap ómheeg, jiskefet leegje, flap ticht, stowe os de neten fonsels. Tilly hat dot nóit sjoen, hij hat ollinnech mar un foto sjoen fon syn pake Sytse achter dy skokarre. Syn fertsjinst kin nóit môl vest havve, en lykvóls, hij sparre un hûûs oer, en hij fersoop ek noch un hûûs neffens de ferhalen. Op syn fjittegste is er óphôden mai sûppen, en fon dot stuit ô is ur ek nai tsjerke gien - ja, un mins mat syn drugs ol ha. Pake syn broer hie safólle sopen dot ur dur oan kepot gien vie, en de | |
[pagina 295]
| |
dokter vaskôge pake: vóst dyn broer achternai? Pake mat dû haisleke kjel vurren vêze, hij hat staf oer naf de drank steanlitten, en yn dyselde snwórje sai ur óp un snaintemoan tsjin 'e bên: ‘Freegje jim mem óm un skjinne bwósdûk, vij gónne nai tsjerke.’ Tilly syn mem vaar dur kjel fon, ut mat un fólslaine bekearing vest ha. Dy dranksucht hie oas goed slim vest. Pake hie rus un ryksdaalder oerfertsjinne en ut doel vie óm dêr drank fon te keapjen. Hij trjode dy ryksdaalder ûnder un losse tegel yn ut achterhûûs, vont beppe mócht ut fonsels net vitte. Mar o vónder, beppe fûn ut jild stómtafolleg dût se dêr oan ut spielen en ploskjen vie. Se vie beskamme, mar ek gelókkeg, vont se koe ut jild sa skoan brûkke. Beppe prate neane oer en pake dwast dur net oer te begjinnen, mar hij helle olle tegels oer de kop óm dy ryksdaalder te fynen. Hij hie oan 'e oare kônt syn goede punten ek ver. Ut fwarbên fon syn frau behondele ur os aigen en dot hôde ur syn bên ek foar: ‘Lyske is jim suske.’ Ut vie yn dy tiid heel gevoan óm de bên fon jo frau dyt jo net sels oanset hienen, achter te stellen of sels te ferhûûddûkjen. Havar, mai jild fon skwanfólk koe Tilly syn hait un húshôring ópsette oan 'e seedyk. Fwótendaleks krygen se dû dy slimme vinter. Yn maaie '29 siet de froast noch yn 'e rúskjinnen. Tilly syn hait hie de gevoante óm jert ur mwaans gyng te melken un swólchje kôde tee út 'e treppot te nimmen, fon 'e foarege jûûns oerbleon. Ut is vól bard, fertelde Tilly syn hait, dot de tee mwaans befêzen óp 'e keamerstafel stie. Stoaren jim don naks net fon 'e kjeld? frege Tilly. Och nee, sai Tilly syn hait, mun vie jóng en krekt traud. Mar hij kryge dien bij de boer en ol nai twa ier mwasten se ferkasse. Se krygen un ventsje yn 'e bwórren oan 'e Achterdyk, no ja, Hoofdstraat hiet it dêre offysjeel. Pake Sytse vie de hierder fon dot hûûs, sa goed os Tilly vit. Hût dy dêr oan kaam, vit ur net. Achter ut hûûs vienen un skwórre en un bwóthúske, mar dy jerden fwar de helte oan un hûûs dot dêr ver achter baud vie en dot de útgóng óp 'e Nijbwórren hie. Hût dy bauerij sa kómmen vie, dot is net bekend, mar Tilly tinkt dot ut hûûs oan 'e Nijbwórren ut ôdste vie en dot syn bettehûûs oan 'e Achterdyk dur letter tsjinoan baud is. De Nijbwórren mat doch fon ôds un fólle vichteger strjitte vest ha os de Achterdyk. Yn olle gefollen, tróch bwóthús en skwórre rón un tinkbyldege skiedslyne. Tilly syn êgen gyngen dêr vól oerhinne, mar hij sels nea. Ut bwóthús hat ur nea fjidder yn óp vest os de easte stôl, dêr vie ut húske. Op 'e oare ain fon ut bwóthús vie ek un húske, dot vie fon 'e oare bevenners, Van der Galjen hieten se. Vot de húskemenieren oanbelanget vie dot | |
[pagina 296]
| |
net san eptege húshôring os Tilly-en-dys: dur vie nóit pepier. Mun hearde bij no en bij don ien fon 'e fammen ôljen: ‘Mem, mai 'k un fódde of un stik pepier!’ Of ollinnech mar: ‘Pepiiieeer!’ Ien fon dy fammen hiet fon Sijke, en tróch Sijke kaam Tilly fwar ut east yn kóntakt mai ut Vôdfriesk. Van der Galjen sai oltyten: ‘Seke is hete póp.’ Yn 'e skwórre stienen de gaiten, dy fon Tilly-en-dy en dy fon Van der Galjen. Ut vie oltyten un hele areghyd óm un gait yn un oer te knipen en don de hele skwórre oer te spuitsjen. Vot se mai dy gaiten dienen, vit Tilly net mear. Searen se brij fon gaitemolke? Ieten se dy gaiten óp? Fonneed mwast dot meskjin, mar ut sil gjinien smakke ha. Ienrus hie Tilly syn hait un knyn slachtsje litten, mar dy koe ur ollinnech ópkôgje. De bên sieten te grynen bij de tafel en koenen ut leave beest net tróch de strôt krije. Ut stjit Tilly noch vól foar dot se sóms un gait fwar de karre sponden en út te riden gyngen, mar fwar dot doel ollinnech sil Tilly syn hait gjin gait hôden ha. Bóppe ut bwóthús vie un solder dyt ek fwar de helte oan 'e ferskillende húshôringen jerde. Fólle hie mun dêr oas net oan, de solder vie fólslain fermôge en ut vie net fertraud óm dur óp te stean. Tilly syn hait hie dur gaitehea óp lezen, dot koe don noch ol. Bij de ljedder óp kaam mun óp 'e solder fon ut achterhûûs, dot vie fertraud, en dêrvai skode Tilly syn hait ut hea mai de fwarke nai de bwóthússolder. Ienrus hat dur un stómme pûûp óp 'e heasolder vest, óp 'e strún nai ûnderdûkkers. Ut sil yn ut lêst fon 'e oarlog vest havve, dût dy kloaten ut mai aigen fólk net mear rêde koenen. Tilly syn mem stie deadseangsten út, se tocht os ur durtróch fôlt, don sjit ur mij. De healvizeling stie mai de bajonet yn ut prótsje gaitehea óm te stekken, en Tilly syn mem rûûp: ‘Jo dónderje durtró!’ Lûûd en dúdlek, don soe ur ut vól begrype, tocht har. Dot is grif ut meast grappege oantinken oan Tilly syn bettehûûs. Ut hûûs is dur net mear, en dot is goed. Lit ut ferlyne ferdwyne en fersinke, dot dur gjin oantins fon bljoot. Ut measte vie net grappeg. Tilly hat rus un kear oan ut kerbydsjitten vest yn 'e góng. Hij hie dot fon syn grutte brwórren ôsjoen, mar ut grif doch net goed begrepen. Hij die ut mai un brasso-buske. Dop durô skrûve, kerbyd duryn, duryn spuie, dop duróp draaie en un lúsjefes bij ut gotsje hôre. Ut hele buske baste útenwar. Tilly mankearde neat, mar de smurry siet bij de fwardoar óp. Is dot grappeg? Goed, don is dot grappeg. Ut makke ek neat út, de fwardoar vaar doch nea brûkt, ut mai Tilly olteast net heuge dot dy iepen vest hat. Of bijgelyks: Tilly vie oan | |
[pagina 297]
| |
ut bóssjitten. Mun jerde de bós bij de ain beet te hôren, de hôn oer ut got hinne óm de jidden prop óp te hainen, en mai de oare hôn mwast mun de stimpel oantrjowe. Mar Tilly vie net sterk genôch, hij hie de bós mai baide honnen beet, de stimpel tsjin ut liif oan, en don mar drukke. De prop skeat don tsjin ut behing oan, ollegjer brúnne plakjes. Of bijgelyks: Tilly ferfeelde him en lai oer ut hûûs achter de kachel. Hij spinfwótte vot en hij rekke de stonder dyt ûnder de piip stie. De stonder dóndere óm en Tilly kryge de gleone piip óp bil en kút. De kachel vankele en Tilly syn mem dyt taskeat, kryge de ponne mai sierend vetter dyt óp 'e kachel stie oer de honnen hinne. Tegjerre ha se dû sais vyke óp bêd lain. Tilly vit ollinnech noch fon syn aigen pyne. Dokter kaam yn 't eastoan olle dagen en dy lûûk de viinsels fon Tilly syn trije brônplakken ô, sa iepen os spek. De groeden is ur nea ver kwytrekke. Of bijgelyks: Tilly syn twadôdste broer voe perbjerje ot un fytslampke ek bane voe os mun ut óp 'e stroom oansleat. Destiids hie mun gjin stopkóntakten, vont dy tsjinnen neane ta: mun hie gjin elektryske apperaten, en mai skymerlampkeboel pielde mun net. Skymerje, dot die mun bij ut teeljochtsje. Hie mun perfwast ferlet fon un stopkóntakt, don skrûûfde mun yn 'e lampe dyt bóppe de keamerstafel hóng un fitting mai twa kóntrastekkers. Os de frôlju elektrysk stryke voenen - mar dot vie fólle letter - don sleaten se ut apperaat dêr óp oan. Dot vie un grut lêst jûûns os mun bij de tafel lêze voe, vont mai ut bevegen fon ut strykiisder swaaide de hele lampe hinne en ver. En ut vie de jinnege lampe, dêr siet de hele húshôring ûnder. Om ien of oare reden hienen se bij Tilly-en-dys ek san kóntrastekker yn 'e lampe skrûûfd. Tilly syn broer draaide un kopertrjidsje óm un fytslampke hinne, gyng óp un stoel stean en trjode baide ainen tried yn 'e gotsjes fon dy kóntrastekker. ‘Póf!’ hearde mun, en dû vie ut nearenacht. Dur vaar un keas ópstutsen en dû jûûg Tilly syn hait east dy frekte jónge un pak óp 'e beoleg en dû nai de fytsmakker, vont dy hie ferstôn fon stroom. Hait kaam mai Postma veróm, en dy sette dur un nije stoppe yn, en dêr baande ut ljocht ver. Tilly syn hait fertelde dû yn georen en kleoren - vont nimmen koe sa byldzjend fertelle os Tilly syn hait - vot dur bard vie. Dy jónge dyt oltyten nyfele en dêrt mun net oltyten acht óp slûg en dû mai dy trjidsjes yn ut stopkóntakt en ‘póf’, en dot ur dy smwargjónge óp 'e hûûd jûn hie. Mar Postma sai autorytêr - vont hij hie ferstôn fon stroom -: ‘Jo hienen dy jónge net slaan matten, jo mat bliid vêze dot ur noch libbet!’ Tilly syn broer is dû un heel skóft útskólden fwar ‘stopke’. Tróch ut stekje, bij Tilly syn fyts lôns, kaam mun bij de achter- | |
[pagina 298]
| |
doar. Dêr vie un fûûg holtsje, dêrt trije dwarren óp útkamen, ien nai de góng en de keamer, ien nai ut bwóthús, en ien nai un sydkjemmerke. Dot sydkjemmerke heugt Tilly neat fon, hij hat dur grif net faak vest. Ut vaar nai olle gedachten ek amper brûkt. Tilly syn suster hat dur fwar straf vól sitten os se te lang mai de reade koal seorde en dêrhinne bond vaar. Mar dot hat Tilly fon hearen en sezen. De doar nai ut bwóthús kin ur noch fwar him krije. Ut vie un sljóchthauten doar mai un tau duroan en un gevicht. Dy doar flapte sadwaande út himsels ver ticht. Ut ut bwóthús vai koe mun don yn 'e skwórre kómme. Yn ut bwóthús vie nij ljocht, yn 'e skwórre net yn ut holtsje lykemin. Os Tilly syn twadôdste broer dêr jûûns lôns mwast nai 't húske, don sóng ur ut heegste liet. Jelvy de góng vie de keamersdoar, de kleoren binne dónker, readeg en brúnneg, de góng is skymereg. Sa ek de keamer, lyts, tsjuster. De sinne skynt dur nea yn. Rjócht tsjinoer de keamersdoar stjit de hekjekachel, de pipen bóppetróch, un steunder ûnder de jerremtakke. Under de kachel lait un griene gimmeleaden plaat. Dy plaat is noch heel faak mai ferhúzze, mar óp ut lêst doch ta fwótten út rekke. De ôd dôfpwat is dur noch, dy stjit no naist Tilly syn Gelderske pwatkachel - ymytaasje jer, ut ding baant óp gos. Oer de flier yn 'e midden un syneeske motte, óm 'e kônten swilk. Os Tilly verrus ien fon syn aakleke grappen hie, don makke ur ut swilk fwar de keamersdoar, dêrt ut motsje lai, glêd mai keasfet. Os ien don de keamer yn kaam en óp ut motsje stapte, don glied dy de keamer yn en dóndere óp 'e beoleg. Tilly gniisde him oltyten stikken, hij kryge doch nóit óp 'e hûûd. Syn brwórren vól, mar hij net, hij vie un leaf jónkje. Ut heugt Tilly noch dot syn hait syn ôdste broer yn 'e hûkke fon 'e keamer skópte, dêrt de spegel hóng, krekt naist de doar nai de trep. Tilly moate don fon benaudens; os syn hait lilk vie, vie ur tróch olles hinne. Tilly syn ôdste broer mat un ûster vest havve. De klean oltyten stikken, de klómpen stikken, east syn aigen, en don memmes, dyt ur fon need oan ha mwast nai skwalle ta, en peste - piere, sainen se destiids - dot koe ur ómraak. Dot hat ur ek nóit ver ôleard, san pyne os ur ek hie yn ut lêstoan, os ur óp 'e stoel skikt vie en un sjekje pield hie - dot voe hast net mear mai dy reumaklauen -, don gyng ut hinne. Tilly syn mem hie un prachteg read fegerke mai un lange stôle, dy hat se Tilly syn ôdste broer óp 'e beoleg stikken slain. Os Tilly syn hait jûûns út ut Kleaster kaam, don hearde ur fon mem vot Villem ver útheefd hie. Op un sneon dût ur verrus dy klaailieten hearde, vaar ur sa lilk dot ur ut ytenstrómpke dêrt ur ut | |
[pagina 299]
| |
vyklean yn stutsen hie oer de tafel kailde en rûûp fon: ‘Mun soe ferdómme yn ut Kleaster bljowe!’ Doch mat ut vól hólpen havve dot ur safólle óp 'e beoleg krygen hat, ut is olteast letter un fetsoenlek minske vurren. ‘Mótst óphaue fan pesten, Vullem, aans kinst út 'e mesyne gaan.’ Dot sainen famkes tsjin him dût se maienwar yn 'e femyljeskómmel fon 'e bwatterstún fon 't Oranjevôd sieten. Tilly syn mem helle dot sechje gaurus oan os Villem ver ien óp 'e kost jage. Sjudden, sekkenfól sjudden. Mwaans kamen ut lid en de ringen fon 'e hekjekachel en don sette Tilly syn mem dur un flesse yn. Om de flesse hinne stampte se sjudden, goed stiif, don fersichteg de flesse ómheeg lûkke dot de boel net ynstwatte, en don un stikje banend pepier yn 'e midden sakje litte. Eê ja, dot baande vól, mar ut lai net lang. Ol mar sjudden mwasten dur yn dy kachel treon vurre óm ut yten gear te krijen. En un smwargens. Tilly syn mem krûpte oer ut hûûs mei feger en blik. Tilly fûn ut oltyten moai óm óp memme slóffen te stean en don de honnen bij har óp 'e rêg os se oer ut hûûs krûûp, don koe ur mairide. Achter de doar nai de trep vie un holtsje fon un meter yn 't fjauerkont. Ienrus stiek Tilly syn hait dêr de skróbsêge yn un naad en sêge twinteg nije tûmmen. Hij vie fon doel un skûlplak te maitsjen ûnder de flier. Mar hij is nea fjidder kómmen os dy twinteg tûmmen. Tilly syn mem fage ut sêgmoal óp yn ut blikje. Se fûnnen jun doch. Ut vienen neare tiden. Hait vie sóms vonhopeg, hij vie un mon dyt ut ollegjer sa goed ynwadder ha voe fwar syn bên. Mai God en mai eare tróch ut libben, dot voe ur, mar dot slagge net yn dy minne tiden. Hij mwast pjellen stelle óm de kachel banend te hôren. Ienrus yn dy lêste vinter sêg Tilly syn hait gjin útkómst mear, hij baste bij de tafel yn trjinnen út. Olle bên begónnen fon 'e verómstuit ek te gûlen. Ut sil Tilly nea ver ferjitte, hij fûn ut ferskriklek. Un hait jerde sterk te vêzen, miende ur. Bij de trep óp kaam mun óp 'e keale solder. Kjemmerkeboel vie dur net. Dur stienen trije dûbbele bêden en dêr sljipte de húshôring yn. Tilly bij syn suster, de twa grutte jónges bijenwar en hait en mem. Ut vie un tsjuster krûpyn, ûnder ut skeane dak, besketten dot vól, mai oasten yn ut haut dêrt mun rare gesichten yn sjen koe. Tilly hat dur twarus siik lain, east mai syn mem, dût se baide brônplakken hienen, en ekrus dût ur geelsucht hie. Syn ôdste broer lai dû mai deselde kwaal óp bêd, mar dy fielde him fólle siker. Tilly lai te sjóngen óp bêd en don rûûp syn broer: ‘Mem, dy jónge mat him de bek hôre!’ Bôle mai sjim, sûnder bwótter, en rjappels mai koalsop. Mar dot makke Tilly neat út, yten vie doch oltyt ol un straf fwar | |
[pagina 300]
| |
him. Ut koe dêr sa kôd vêze óp dy solder. Mem hie fon ôde dútske lekkens ‘fûttesakken’ naaid - vêrómt dy dingen yn ut hollônsk beneamd vurre mwasten, dot vit Tilly net. Dy kamen jûûns oer de hekjekachel en bij ut óp bêd gean varen de bên dêr oan 'e mul ta yn skood. Lekker. Mar yn ut slimst fon 'e vinter vie ut dur doch net te hudden óp dy solder. Tilly syn hait hat óp un jûn vólrus de hele bêdeboel nai ûnderen sleept en don sljipte de húshôring oer de flier yn 'e keamer, dêrt ut olteast noch vot varem vie. Tilly fûn dot prachteg. Ja, sa achterô besjoen fûn Tilly olles vot grappeg vie slim en olles vot need vie moai. Dût syn hait en mem syn baide brwórren, dyt oltyten ónfetsoenlek mai de mwólle óp 'e rône fon 'e ponne de brij nai binnen leppelen, ollebaide un trjoke óp 'e hólle jûgen dot se mai de noas yn 'e brij dûken, dû ôle Tilly olles bijenwar. Freeslek vie ut vot dur barde, freeslek, sóks mócht mun net dwaan. Dur matte noch un pear dingen oer Tilly ferteld vurre. Fwast, syn bêdpisjen. Tilly vie olle mwannen viet, slim. Plestik vie dur noch net, mun hie hospitaallinnen, dot vól, mar dot koe mun ien net óm 'e kónt knope. Olle mwannen vienen ûnderbrûk en himd, sóms ek ut kyltsje, en ut lekken viet. Tilly syn mem mwast olle dagen syn bêdegwód voskje. ‘Hast ver sônder boat nai 't Ammelôn vest?’ frege Tilly syn hait don. Ja, Tilly syn hait makke dur un grapke fon - straffen hie nammes ek gjin sin, en drigeminten hólpen neat, noch beloften. Dur lyke neat oan te dwaan te vêzen. En doch is Tilly durô kómmen. Dur vie un vónderdokter yn ut dwarp, un ôd viif, dot un middeltsje fwar Tilly gearstolde. Tilly syn mem mwast dot minske un jelpûn brúnne sûkker bringe en dêr griemde se ut iene of oare gwód tróchhinne. Vot, ja dot vie har gehaim. Tilly mwast dêr olle jûnnen fwar bedtiid un leppelfól fon ynnimme. No, dot mócht ur vól, mar ut hólp núvergenôch ek. Dût ur hast sôn ier vie, rekke ur fon 't bêdpisjen ô. Meskjin hat ut vól klearebare segesje vest, mar dot kin neat skele, ut hólp. Twad, de levertraan. Olle jûnnen hie mun utselde feest mai Tilly os ur syn levertraan tróchswólgje mwast. Gûle, moatsje. Foar óp 'e leppel un bevyske sûkker fwar de smaak. Mem moai mai de lytsjónge ómjeuzelje: ‘Hij mat ut moai tróslókke, ut is sa goed fwar him. Even ien hap en ut is fwarbij. Kryst vot sûkker achternai.’ Olle jûnnen utselde feest. En meastol vaar ut neat, mem hood óp ut lêst mar óp, Tilly die oas net os grynen. Ienrus óp un jûn hie Tilly flinker vest os tróchstrings, hij hie de levertraan óphapt en yn ienkear tróchslokt, mar dû rôp Villem - fonsels Villem -: ‘No gjist dea! No gjist dea!’ Vûaak! die Tilly en hij spuide olle levertraan oer | |
[pagina 301]
| |
ut hûûs, ut plak is nea ver út 'e motte gien. Villem kryg fonsels ver óp 'e beoleg, mar dot jûûg ek ol neat mear. Tred, ut varemyten. Tilly vie un ferskrikleke prienker. Siet east un wat te skeuken en te klauen: ut jûkke oerol sa! Ytflieën hie ur, sai syn hait. Don óp 't lêst de fwarke pakke en óngelókkeg yn 'e rjappels ómpjukke. Don kaam dur un krûmmel yn 'e mwólle, mar don vie ut lijen noch net fwarbij vont hij begón net te koaien, hij hôde dy krûmmel ol mar foar óp 'e tónge. ‘Ik maai ut net!’ Ut sil ek net besónder lekker vest havve. Rjappels mai fet, grjinte vie dur net oltyt, flais hast nea. Nammes, flais mócht Tilly helendol net. ‘Matst fwar de hôn vai óp yte,’ vaskôge Tilly syn hait os ur dot healviis gepjuk sêg. Don lai Tilly de fwarke del en begón te grynen fon ‘vot is dur don oan!’ - syn menier óm te fertellen dot ut him net smakke. Os elkenien de brij ol óp hie, siet Tilly noch mai syn lêste krûmmeltsjes. Don voe hait east bibellêze en tankje, vont hij hie mar un kwat tuskenskóft, en nai yten voe ur oltyten un menút of tsien bekómme. Hij lai don de jerrems óp 'e bibel en liet dêr de hólle óp sinke. Os Tilly syn hait lai te slûgjen, iet Tilly de brij nochrus óp. Olle dagen utselde. Dot se dêr nóit siik fon vurren binne. Tilly vie de jóngste fonsels, en ut vie noch un godsvónder dot ur dur kómmen vie. Fwar him en nai him hie syn mem miskreamen. En hij koe dur net út kómme. Syn mem hie un fernaud bekken, en hûvólt dur oas ol trije bên tróchgien vienen, Tilly bljode mai de hassens fwar ut got hingjen. ‘Dit kind kan niet geboren worden,’ sai de húsdokter, mar dot vie un fersin, mai de tange krygen se him dur doch út. Un núver jónkje, oltyten skrieme en kryte en skytende benaud fon olles vot oas vie, mar ek sa dwas en aigenviis os ut mar koe. Dot die ol blyken dût ur trije vie, fertelde syn mem him letter. Hij siet dû óp un middy yn ut móddertúntsje te bwatsjen, moai yn ut skôd, vont ut vie varem. Mar sa njónkenlytsen skode de sinne óm ut pakhús hinne en baande Tilly óp syn teare feltsje. ‘Jónkje,’ vaskôge syn mem dyt bwóttendwarren kaam, ‘do matst út dy gleone sinne gean.’ ‘Nee,’ sai Tilly dû, ‘ik vie jir east.’ Achterdyk, dêrt Tilly benne vaar en ómtrint oant syn akste jiddy ta venne. Lit ut no lyteratuer vurre, gjin oantinken mear, mar fiksje. |
|