De reade bwarre
(1993)–Trinus Riemersma– Auteursrechtelijk beschermdHarrem dógt belidenisDût Tilly oan 'e Albadalaan venne, gyng ur mwaans rinnend nai skwalle, tuskentiden iet ur bij syn beppe, en oerdais kaam ur ver tús. Op un mwantyd, hij sil dû ur ier of olve vest ha, vie ur vot let, hij mwast drave. Dû helle him un trekker mai un kultyvater durachteroan yn. Tilly koe de mon óp 'e trekker vól en hij betsjuttte him dot ur mairide voe. Tilly mócht ópstappe, hij hôde him oan 'e pankûksponne beet. Mar bij ut gemeentehûûs slûg de trekker ô, de Maremer kônt út. Tilly rekke yn panyk, de herfwarme skwalle vie de oare kônt út. En vot dógt dy ókse, hij springt fon 'e trekker, mar kryt un dúst fon 'e kultyvater en kómt te fôlen. Ut iisderen tsjel strûpt him oer ut bwast en de tynen fon 'e kultyvater snije him de sokken stikken. Mar dur mekeart him súver neat, hij hat, mai syn memme | |
[pagina 286]
| |
vudden, ‘stróntgelókkeg’ vest. De trekkermon vie slim ferbjustere, hij vist fonsels vól vêrt Tilly hinne mwast. Mar hij vie fon doel óm bij Offringa ut hiem óp te riden, fwót naist ut gemeentehûûs, en dêr hie Tilly yn olle rêst ôstappe kinnen. Havar, Tilly mwast un vyke plot, vont hij hie naityd spuid. Hij kaam te lezen yn ut alkoofke dêrt syn hait en mem oas sljipten. Oan ut levont dêre hóngen twa gelykense ynliste stikken pepier, en dêr stienen letters óp. De grutte letters koe ur lêze, mar hij snapte yn 'e frede net vot dur stie: ‘édachténis aan de ré der élijdénis,’ stavere Tilly. Dût ur net mear plot hûgde te lezen, is ur nai ut fwóttenain krûpt en dû sêg ur dot dur noch un pear gaudene haadletters fwar stienen, mar troch de glinstering fon ut glês koe mun dy ollinnech fon tichtebij lêze: ‘Gedachtenis aan de Ure der Belijdenis' stie dur. Havar, lit ús sjen vot de kopijskrjower fon Harrem syn élijdénis bakt hat. Harrem hie syn twadde óngetiid óp Tritsem belibbe en fwar de twadde kear syn jiddy dêre fierd. Trije vyke fwar syn jiddy vienen de Dútsers Poalen ynfôlen en de striid dêre, dyt se yn 'e kronte en fwar ut radyo fólgen, hood Vypke en Harrem baide yn 'e besnijing. De jiddy vie dur súver vot bijtróch rekke. Mem hie ver skreon, en óp 'e nij hie se har noed útsprutsen oer hait syn skónk: ‘Ik weet niet hoe dit komen moet, het wordt al maar minder.’ Mar ek de skónk mwast ut ôleze tsjin 'e avvensaasje dyt de Dútsers yn ut easten makken. Dot vie doch mar fon vónder, don koe mun sjen dot san Hitler net ollinnech mar un ópswetser en raasbek vie. Nee, Vypke voe earlek vêze, hij hie nóit n't fólle fedúsje hôn yn dot montsje, mar hij mwast tajaan, hij foel him hûndet patten ta. Harrem bljode yn syn pro-Dútskens net achter bij Vypke. Dot vie noch rus un leger, dot rôle sónder vjerstôn te fynen oer de Poalen hinne. Neat vurch dy soldaten dêre, ut vie goed dot Hitler dy gammele boel dêre óprette en wadder óp saken stelde. Mun mwast goed betinke, yn Poalen vennen un heel soad Dútsers, en dy vienen goed bliid dot se no befrijd varen tróch ut aigen fólk. Vis, de Poalen vienen dêr no de baas, mar ut stie noch te besjen vaat vinlek mear rjócht hie óp dot lôn. Harrem, hij mócht graach óp 'e fainteferiening prónkje mai syn kennis fon 'e vrôdpoletyk. Jo hienen noch oltyt fon dy sljowe fygueren dyt mienden dot jo mai un bibeltekst de vrôdpoletyk regelje koenen. ‘Allen die het swaad opnemen sullen door het swaad fegaan,’ sainen se. Oja, hin? No, en de Joaden don, dût se yn it ónthyten lôn kamen, hienen dy dêr net mai Gods help de hele blinderse boel útmwadde? Dot hie God don doch mar goed fûn, nee, sterker: hij hie ut sels betocht! | |
[pagina 287]
| |
Koe ut net sa vêze dot God duskear de Dútsers útkeazen hie óm óprûmming te hôren? Hitler sels vie dêr vis fon, un heel soad Dútsers ek, en vot Harrem oanbelange, ut voe him heel vól oan. Vont harke rus, ut koe sa net fjidder gean yn Jeropa, ut vie malêze oerol. Boeren yn 'e nederklits, febryken dyt stillainen, legers vurkleaze arbaiders yn 'e vurkferskaffing. En vot die ús regear duroan? Neat, net un sprút. Mar sêg don rus nai Dútsklôn, hût Hitler dêr de ekonomy ver ta fleor brocht hie. Ollegjer hienen se vurk en fertsjinst. De boeren hienen ut goed, de febryken draaiden fólóp. En don mwast mun ut iene net skiede fon ut oare en seze fon ja vot Hitler jir dógt is goed, mar vot ur dêr dógt doogt net. Mun mwast him oannimme of him fersmyte. En hij, Harrem, vie safier hast dot ur sai: ja, dut is myn montsje. Vot him slim steorde vie de behaindens fon êgvaid fon un prótte minsken. Se sêgen lykegoed os mun dot ut regear deagevoan mai de honnen yn 't hier siet en net vist hût ut jir de boel ver oan 't draaien krije soe. De beoskrach yn Amearyka lai no tsien ier achter jun en noch hie ut regear net un possend ontvud óp 'e kryzes fûn. Vot dienen de hege hearen? Se trjoden de arbaiders un monnech gûnnen yn 'e hôn, temin óm fon te libjen en tefólle óm fon te stjerren, en don móchten se de hele dai ómstippe of piksjitte. Mar sa kweekte mun loaie minsken. Os dur skielek ol verrus vurk kaam, koenen en voenen sókken don noch arbaidzje? Fergeat ut mar! En os se don fwar de arbaiders ol un kervai betochten óm se oan ut vurk te hôren, don vie ut fólslain ónnut vurk. Dy hele vurkferskaffing vie jildfergriemerij. Och kóm, hij hie doch fakernôch de grutte legers fon arbaiders sjoen dyt oer de seedyk vaivaren óm dêr fjidderóp yn ut slyk óm te griemen. Hij hie dur os jónge vól vest óp ut Nwadderleeg, se hûgden him neat viis te maitsjen. Simmers grûven de slykvurkers sljetten en smieten dykjes óp, en fjidder fon 'e see ô greppelen se en struiden de grûn oer de ekers. Mwast de oare maityds ver kómme, don vie dur neat mear fon veróm te fynen. De see hie syn aigen geulen ver útslype en ol ut vurk ferrinnevjerre. Dot voenen se don noch vól mai dij iens vêze, mar don sainen se: Colijn is net óm 'e nócht tróch God óp dot plak set. Dêr vie net tsjin te redenjerjen. Of se sainen: Hitler sil vól un soad goeds dwaan, mar hij is tsjin de Joaden. Ja, fonsels, mar mwast mun Hitler syn belied don stróffelje litte óp un stik of tsien deade Joaden? Se sêgen ut sa behaind, se sêgen de grutte streek net. Os mun ut yn syn hele hear en fear besêg, don vie ut dúdlik: yn Nederlôn gyng ut net goed, en dur vienen ek gjin tekens dot ut de goede kônt skielek út gean soe. | |
[pagina 288]
| |
Dur vie jir un radykale feroaring noadeg. Yn Dútsklôn gyng ut oer ut generaal vól goed, dot vie ek êgenklear. Don koest noch vól mai ollegjerre innen en oanen kómme, mar dot vienen bijsaken, en dy móchten gjin gevicht yn 'e skealjens leze. Yn ut stik fon ut ljowe redenjerren se krektsa. Oeren koenen se óp 'e jóngfainteferiening tróchsangerje oer de krekte útlees fon un tekst, tiden sieten se te hakketakjen oer ónbetsjuttende bijkómstegheden. Se sêgen ut grutte ferbôn net. Ut vie ómmes mar sa: mun keas fwar God, of mun keas tsjin him. Dêr vie de saak mai ôdien. Hût ut mai dut don krekt siet of mai dot, of hût mun ut iene mai ut oare yn ut lyk bringe mwast, kóm, dêr koe mun vólrus oer naitinke en oer redendele, mar dot koe mun net ta haadsaak maitsje. Naam no dut fwarbyld rus: un boer hie knap vot hea lezen en dur vie oar vaar óp til - vot diig ur don? Soe ur don net út olle macht besykje óm de boel binnendwarren te krijen? Hie ur ut don oan tiid óm de lêste raaikes bijenwar te swyljen, óm de vaiden sa kont mooglik te lûien, óm ut hea yn 'e gólle óp un kreasten óp te setten? Velnee, avvenseare, rêde vot dur te rêden vie. No, sókke tiden belibben se no yn ut geastleke en ut poletyke. De vrôd stie ómtrint yn 'e brôn, yn Poalen vie ut oarlog - en hûlang soe ut jir noch frede bljowe? Oerol gêste ut en vie feroaring dwaande. Vie dut un tiid óm te splintersykjen? Mun mwast no un kar dwaan, en vitte vêrt mun fwar stean voe. Harrem hie him mai noch un stik of vot jóngelju ópjûn fwar ut belidenisfraaglearen. Dot fraaglearen koe him ut measte oas net skele, mar hij voe belidenis dwaan, hij voe durbij jerre - en dy fragen ollegjerre, dot nóm ur dur óp ta. Grif hie ut syn nut vól fwar minsken dyt sels net genôch ynsjug yn 'e dingen hienen, mar ut vie fonsels gekkevurk óm lju dyt sels har hassens vól brûkke koenen un rychje ontvudden út 'e kop leare te litten. Havar, dot hûgde mun gjin namme te jaan. Mun mwast net, lykos gwón yntellektúelen digen, jun bóppe ut gevoane fólk stelle en oare rjóchten fwar junsels easkje. Mun mwast ien en mien mai ut fólk vêze. Mun mwast ut ferstôn dot mun krygen hie brûkke óm ut fólk yn ut goede spoar te hôren, net óm ut fólk óp dwylvegen te lieden. Dêróm learde ur braaf mai. Och, ut vie ek vól oer te kómmen, ut vie mar ien vinterskóft, Peaske varen se oannómmen os olles goed gyng. Oan Vypke hie ur un baas learmaster. Twaresóm beharken se ut nijs fwar ut radyo en krontliezen se, en dêrnai bepraten se de tastannen yn 'e vrôd. Vypke lai Harrem olle kwesjes fon 'e dai fwar en voe syn oardeel duroer vitte. Vot tochte Harmen jir no fon? En don vaar Harrem syn oardeel tróch Vypke útplúzze en hifke. Hij kóé | |
[pagina 289]
| |
gelyk ha, mar dut don en dot don? Sêg Harmen vól dot syn stônpunt net hielendol goed vie? Harmen sêg de dingen noch tefólle óp harsels, hij mwast ut gehiel yn 'e rekken hôre. En hij mwast ek tinke óm de gefólgen fon syn stônpunten. Un ding styng nea óp himsels, mar vie mai tûzen trjidden oan ollerhonde oare dingen ferbûn. Dot ollegjerre mwast mun yn 'e rekken hôde. Dot vie slim, fonsels! Mar dot hûgde Harmen him net te fertellen! Vis vie dot slim, mar sa mwast ut. Ut gyng óm ut grutte gehiel, dêrt olles syn plak yn hie. Ut lyke ek vól fraaglearen, sat Vypke him fwar ut ferhear hie oer ollerhonde kwesjes. Mar ut vie slimmer, ómt mun mwast de ontvudden sels óptinke. Lykvóls, ek fólle nijskjirreger èn nutteger, ómmes mun hie dur vot oan. En Harrem brocht ut learde fwótendaleks yn praktyk, toansdytejûûns óp 'e jóngelingsferiening en... sneontejûûns bij syn faams hait. Hij hie sónt Pinkster syn kómmen bij un vinkelmonsdochter út Tsjóm. Tetsje Túnstra vie har namme. Ut fanke siet rook noch smaak oan, of ut mwast vêze de sepe- en kaanferlucht dêrt ut hele hûûs nammes nai rûkte, en os se mai de jirren deselde skôging kryge os har mem, don mócht mun jun noch vól tsienrus betinke. Mar hij vie fwar de vinter ûnder de ponnen, hij hie fêst oanhôd sneontejûûns en os ur ut oan 'e ain fon 'e jûn vot behindeg oanlai, don voe ut fanke him ek noch vólrus un setsje gevurre litte. Yn 'e fwarjûn siet sij olmeast mai har mem te praten en hij redendeelde mai de ôdehear. Dur vienen oltyten lekkere kûkjes bij de tee en de mon sette un goede doas segaren óp 'e tafel, dêrt Harrem olle jûnnen twa fon smookte. Ut vienen goed otterdokse lju, de bibel lai dêr net fwar de sjeu óp ut kammenet. Sneontejûûns os Harrem kaam, vie Túnstra dwaande de vinkelboel oan kônt te bringen. Oprêde en skjinmaitsje en de bûkken óp wadder bringe. Tsjin teetyd kaam ur yn 'e keamer en don begón fwar ollegjerre de tarieding óp 'e snain. Mai ut tadwaan fon de doar nai ut vinkeltsje vie ut libben fon tróch de vyke ôsletten, sa lyke ut vól. De heeghettegheden fon 'e grutske brinnen dyt de meast útvrydske easken stelden en de achterstollegheden fon 'e earme arbaidersviven dyt ut iene ferlechje óp ut oare steapelen - sa tróch de vyke ut haadsaakleke fon ut daistege petear -, kamen don net mear óp ut oljemint. Ut gyng oer de tsjerke en vot dêr mai anneks vie, ut ferieningslibben, ut vól en vea fon 'e gemeenteleden, de kristleke poletyk en oanswettende mêden. Ut vie un veteg montsje, dy Túnstra. Hij hie him yn 'e hólle set dot ur os vinkelmon bóppe ut needregste nyvo útstiek, en ol hast ta | |
[pagina 290]
| |
de lju fon kwyzekwônsje rekkene vurre koe. Hij hie Harrem, dyt ur fwar un tróchsneed boerearbaider haude, don ynjesten ek net earlek petoer achte fwar syn dochter, mar Harrem hie him oan ut ferstôn brocht dot syn hait un geseten bauboer vie, en dû vie ur akseptjerre. Savot fon jelve njóggenen oant tsienen redendeelden dy baide oer de saken fon ljowe en tsjerke, mai no en don un útstap nai de poletyk. Sa vis os ur yn ut stik fon ut ljowe vie, sa min betraude ur him óp ut poletyke fjild, fernóm Harrem ol gau. Hij vie net fwar Hitler, ek net tsjin - mun mwast dot ollegjer ôvachtsje neffens him, de tiid soe vól útvizing dwaan. No, sa sêg Harrem dot net, nee de tiid net, mar de minsken, dy soenen útvizing dwaan. Vaat ut oan 'e tiid oerliet, dy vaar strak tróch de tiid oan kônt rêge. Dut vie gjin tiid fon 'e kot út 'e beam sjen, mar fon kiezen. Om dot vifkjende vinkelmontsje vaans foet ûnder ollemons tafel stie te ymponjerjen, fertelde ur vot ur oas noch net fwar elkenien vêze voe: hij vie lid vurren fon un faksistyske partij, sókssavot os de NSB, mar don fwar Fryslôn. Túnstra sêg súnneg en voe havve dot Harrem koe gelyk ha, mar hij persoanlek vie safier noch net. Nai tsienen siet ur don noch oareloere mai Tetsje te frijen, of vot dêr fwar tróchgean mwast. Jelve tólven mwast ur de doar út, dot ur tólve oere ver te Tritsem vêze koe. Mun soe de sabbath hillegje, voe Túnstra havve. Mar óm dy tiid hie Harrem ónares syn nócht ek ol. Tetsje vie net sa oanheldereg en túttereg. Mar grif hie se vól yn 'e rekken dot mun nóit un kear oan 'e mon kaam os mun se te bót ôstegere. Dot se liet ta dot Harrem har oer de vangen blaaide en har tusken de klean nyfele. Un inkele kear, os se rûzeg en sûzeg vaar fon syn gestreak, vêge Harrem ut óm 'e hôn ûnder har rôk te bringen, dêrbóppe dêrt de hoas óphaude en ut glêdde fel lokke. Ut vie mar un smelle strype, krekt fjidder begón de bókse fon 'e brûk mai ut strakke ylestyk duryn. Harrem learde no út ûnderfyning dot ‘Om de pols’ yndied ut krekte ontvud vie óp ut riedling dot ópslûppen jónges enwar ópjûgen: ‘Waar knelt een vrouwenbroek het meest?’ - Dot sókke problemen yn ut hollônsk behondele varen, spriek fonsels, ut Friesk vie dêr net plechteg genôch ta. Ut ylestyk kaam Harrem nammes mar kómselden oan 'e póls ta, meastol skode Tetsje ol jedder de kónt achterút en makke har fon him frij. Un poerseldene kear hellen syn fingers har ljisken en mócht ur even oan ut sêfte hier fiele. Olle sneontejûnnen ver besocht ur hûfiert ur kómme koe mai ut fanke, en dot vaar syn fêste ferdyvedaasje. Utsain ien kear yn 'e mwanne, don gyng ur ónares óm jelve olven ol nai Tritsem. Os se ‘de week’ hie, don vie se doch net te brûkken, en don fergriemde ur | |
[pagina 291]
| |
gjin tiid oan har. Ut vie vier vot Harrem oan Túnstra ferteld hie, hij hie fwar ut faksisme keazen. Kwat nai de ynfol yn Poalen hie ur him ópjûn os lid fon 'e Frieske Fólkspartij. Vypke hie ónjerre dot dusse partij ut meast ópkaam fwar de belangen fon 'e Frieske boer. De fwarstapnimmers vienen betraude monnen os Van der Goot en Kiestra, ek boeren, of olteast fon boerekómô. De NSB, dot mwast Vypke Harmen ôriede, dy NSB vie un hollônske partij, mar ek un partij fon stedsjers. Ut hie út 'e ferkiezingsútslaggen vól blyken dien dot san partij jir net óp steun rekkenje koe. Yn '35, dût de NSB óp ut sterkst vie, hie de partij bij de steateferkiezingen yn Fryslôn doch mar trije persint fon 'e stimmen lutsen, vylst ur yn 'e stêden yn ut vesten vól óp tsien persint kaam. Naityd vie de NSB nammes yn ut hele lôn hud achterút bwórke, en de partij rekke staregoan mear yn ut yzelemint. Ut vie vier, de FFP stelde ek net un soad fwar, mar mun koe de minsken en mun vist vêrt se fwar stienen. Harrem hie ien gearkómst fon 'e FFP maimakke, mear vienen dur nammes ut hele vinterskóft net hôden. Ut vie him vot ôfôlen, dy gearkómst. Fwast vienen dur mar un bytsje minsken, bwótten Van der Goot en Kiestra, dyt tegjerre ut bestjoer fwarmen, mar un stik of tólve belangstellenden. Twad lyken de fwaroanmonnen ut ûnderenwar lang n't iens te vêzen. Dur vaar nochol ôdien óp lju os Kalma en Sybesma, dyt har distônsjerren fon 'e FFP. Kalma voe him ollinnech mar oanslútte bij un organysaasje os ur baasspylje koe, sainen se. En Sybesma hie de oerstap nai de NSB makke en yntresjerre him noch mar matechjes foar de spesyfyk Frieske problemen. Doch hienen Sybesma en Van der Goot jirren lang kómpanjóns vest en fiif ier lyn hienen se sels tegjerre ut Friesk faksistefrónt óprjóchte. Fon dy lêste organysaasje hie Harrem nea heard, mar ut vie dus grif ol rus jedder besocht en dot vie dû misljerre. De persoan fon Van der Goot foel him raar ô. Ut de Libbensleare for de Fryske Nasjonalist hie ur him ut byld fwarme fon un sterke, sûnne kearel, un heasker, un helt, mar dy hele Van der Goot vie mar un myteg montsje mai un óngesûnne skôging, un kentoarklerkje. Hij kaam net sa fleoreg veróm út Snits, dêrt de gearkómst hôden vie. Ut mwannebledsje Ut Frieske Fólk dot tróch de FFP útjûn vaar, vie un sútreg fódsje fon fjauer syden. Dur stienen ónares skôgingen yn oer demokrasy, tsjerke en ljowe, oer nasjonalisme, oer de Frieske kultuer, oer ut soasjalisme, oer de sike eleminten yn 'e steat dêrt mai ôveefd vurre mwast. Vaat de stikken skreon hie, vaar nea oanjûn, mun mócht oannimme dot Van der Goot en Kiestra ut bledsje | |
[pagina 292]
| |
tegjerre fólskrjoden. Harrem koe ut olmeast yn ien vykain út, ek ol ómt dur net fólle nijs ferteld vaar. De ydeeën fon 'e lieders vykten net ô fon vot yn De Frieske Boer ferkundege vaar, mar dêr vaar ut ónares vot fwarsichteger ûnder vudden brocht. Vot Harrem slim fernúvere, vie dot Vypke him net bij de partij oansletten hie. Vypke hie sain, hij fielde him dêr te ôd ta. Vis, vis, hij stie hielendol efter de ópfettingen fon dy monnen, dot hie ur Harmen doch fakernôch merkbyte litten? Mar de geastleke striid dêrt ut strak óp oankómme soe, en faaks ek de striid mai ut lichem - va koe vitte vot noch fon jun ferge vaar -, dêr fielde ur him net jóng en kwyk genôch ta. Dut vie un tiid fwar jónge, sterke en sûnne minsken, lykos Harmen. Dy soenen aansent de fwarstap nimme matte en lieding jaan oan 'e fólkske beveging. Oderen koe mun dêr net bij brûkke, dy soenen tefólle yn 't got hingje en tefólle beswieren sjen. Nee, liet de ôderain mar bij de kij bljowe, en liet de jóngerain dur yn óp brûze. Sa jerde dot, sa vie ut yn 'e ôde tiden ek bard. Harmen mwast marrus yn ut ôde testamint nailêze hût monnen os David ek de bolstjurrege jóngerain fwaroanset hiene yn 'e striid. Harrem hie net fólle vjervud tsjin Vypke. Hij voe ut mai de hólle vól begrype, mar ut foel him slim ô. Hij hie ut gefoel dot Vypke de kónt durút skwórde, dot ur un moaiprater vie dyt fwar de kónsekwinsjes ómlezen gyng - mar dot dwast ur net heal te sezen, en hij voe ut nammes amper vier ha: hij hie Vypke noch oltyt tige heeg. Peaske 1940 vaar Harrem mai noch twa fainten en twa fammen oannómmen. Yn ut moaie swatte pak vie ur mai Vypke nai Vómmels fytst. Femylje fon Harrem vie net bijvêzeg. Dot hie oas vól kinnen, Vypke en Japke hienen baide sain, hij mócht syn hait en mem vól útnûûgje óm oer te kómmen, en syn baide susters. Japke sai goed fwar un miel yten, dêr hûgde ur gjin noed oer te havven. Mar Harrem nie dur helendol gjin ferlet fon dot syn ôdelju mai kamen nai Vómmels. Vot soe dot fwar doel havve? Hij koe ut ollinnech vól ô. Hij mwast ‘ja’ seze, en dêr mwast ur tenai fwar stean, gjinien soe him dêr bij helpe kinne, dot vot mwasten se dur don bij te gnúven? Mem soe óp 'un mwaisten ek noch sitte te snotterjen. En hait, no, os dy ut konte stjelpke fon Vypke sêg en hût olles dêr yn 'e es vie, soe ur stikke fon oergunst en de hele snain un min sin havve. Liet se dêr mar moai yn ut Klaailôn bljowe. Hij soe se skielek vólrus fertelle dot ur oannómmen vie. Ut lyke Vypke en Japke net earlek nai 't sin te vêzen, mar se hienen dur net mear óp oanstien. Fwót achter dûmny en fwar de ôderlingen en dyakens út rónnen de oannimmelingen yn óptocht de tsjerke yn. Lyk fwar de stoel oer | |
[pagina 293]
| |
kamen se te sitten óp un rychje stwóllen oan ut paad. Dûmny syn tekst vie út Lúkas 24, ut 32e fes: ‘En ja sainen tsjinenwar: Vie ús hette net banende yn ús, dût ur ûndervais ta ús spriek en ús de Skriften iepene?’ Harrem harke net bót, dot vie ek net noareg, ut ferhaal fon 'e Emmaüsgóngers hie ur ol sa faak heard. Nammes, hij harke nóit net fólle nai vot dûmny sai. De easte tsien menútten savot koe ur ut ómtinken bij de preek hôre, mar don dwaalden syn tinzen olle kônten út. No ek ver, mar hij mwast duróm tinke dot ur ut gesicht óp dûmny hôde, hij siet fwar ut frónt en elk hie ut êg óp harren. Nai de preek lies dûmny ut formúlier fwar dêrt ut oanimmen yn beregele vie. Se hienen ut óp belideniskattegesaasje út 'un treore behondele, dot se koenen no sa lykernôch vitte vêrt ut ollegjerre óp slûg. Harrem hie him de kop dur net oer brutsen, hij vie nai belideniskattegesaasje gien ómt ur mai oannómmen vurre voe, en hij soe aansent ‘ja’ seze óp dûmny syn fraag - dot mwast genôch vêze. Ut vie himsels yn olle gefollen genôch, ol dy fyne puntsjes, dêr koe mun yn 'e praktyk fon ut libben net mai rekkenje. Dû mwasten se stean gean en dûmny stelde harren ien fwar ien de fraag vot har ontvud vie óp ut formúlier. Utsoate sainen se ollegjer ja. Dû vie de plechteghyd ôrón. De gemeente sóng psollem 89, ut easte en akste fes: 'k Zal eeuwig zingen van Gods goedertierenheên,
uw waarheid t' aller tijd vermelden door mijn reên.
Ik weet hoe 't vast gebouw van uwe gunstbewijzen
naar uw gemaakt bestek, in eeuwigheid zal rijzen:
zoo min de hemel ooit uit zijnen stand zal wijken,
zoo min zal uwe trouw ooit wank'len of bezwijken.
Gij toch, Gij zijt hun roem, de kracht van hunne kracht.
Uw vrije gunst alleen wordt d' eere toegebracht!
Wij steken 't hoofd omhoog en zullen d' eerkroon dragen
door U, door U alleen, om 't eeuwig welbehagen,
want God is ons ten schild in 't strijdperk van dit leven
en onze Koning is van Isrels God gegeven.
Harrem sóng fon hetten mai, ut vie echt un psollem óm durút te dónderjen, óm de hele hûûd achter te setten. De vudden vienen duskear ek besónder fon tapossing: ‘Wij steken 't hoofd omhoog en zullen d' eerkroon dragen’ en ‘God is ons ten schild in 't strijdperk van dit leven.’ Ut klónk en golme nai yn 'e úthûkken fon ut tsjerkje. | |
[pagina 294]
| |
Dot striidperk kaam jedder os Harrem fervachte hie. De freeds fwar Pinkster foelen de Dútske legers Nederlôn yn. Yn fiif dagen vaar ut ôde bestel oan kônt rêge. No kaam ut duróp oan, no mwast mun sjen litte vot mun vurch vie. Mar Harrem sêg de takómst fól betrauen temjitte, hij vie dûbbeld tarist ta de striid. |
|