De reade bwarre
(1993)–Trinus Riemersma– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 277]
| |
Ut ljowe ûnder de stut sjoenUt ferskil tusken un ljowege en un ónljowege is net dot de iene yn god ljoot en de oare net - vont se ljowe gjin fon baiden. Ut ferskil is dot de ‘ljowege’ gjin frede havve kin mai syn ónljowe, vylst de ‘ónljowege’ him yn syn ónljowe skikt. Fonsels, bên en benleke fegueren, simpelen fon geast, geastlek handicapten, kwatsichtegen, óndjippe sielen en sljóchte brainen nimme de healviiste dingen fwar vier oan en fersmyte tagelyk evydinte faiten sónder dêr ek mar un momint oer nai te tinken. Mar sókken soe mun bwótten de diskusje hôre matte. De net ol te stómme ‘ljowege’, dyt ek óp ut stik fon ut ljowe besyket yntellygint te vêzen en net flechtet yn benleke ónnoazelens, dy kónstatjerret bij himsels dot ur yn syn libben fon ien of oare god olmeast totaal gjin ferlet hat. Dêr stiet ur net olle dagen bij stil, vont dy binne fólle mai har aigen drókten. Mar snains en bij kristleke feestdagen, os dur vot ‘oan god’ dien vurre matte soe, don stelt ur fêst dot ur mai un god yn syn libben neat begjinne kin en dot dur gjin ferlet is óm mai un god te kómmúnysjerjen. Oer ollerhonde dingen hat ur syn ydeeën, ollerhonde saken rint ur varem fwar, dur bin tûzen dingen dyt syn ynteresse ha. Mar dêrt syn godslangstme húzje matte soe, dêr is ut un keal lônskip, un ónfruchtbre oade. Dêr vaakst en dijt neat, dêr smoart en stjert ollinnech. De snainen kómt ur don noch tróch, dur binne safólle fon yn 't ier en ut vurt rûtyne óm de snain dea te slaan: ut kreas pak oan en nai de preek, viidvaideg kófjedrinke, un slókje fwar yten, un lekker miel, en don un bûk, of un kuier, of besyte. Mar de heegtijdagen binne un besyking, krysttyd en benammen goedfreed. Don soe dur doch vot yn jun ómgean matte, tankberens, blidens, ut vitten ferlost te vêzen. De kristen óp sókke dagen, hij rint bij un blyne doar óp en besyket dy iepen te krijen, mar dêrt vot vêze mat is neat. Ik ljo vól, tinkt ur bang, fonsels ljo ik, mar ik kin ut no even net fyne. Mar hij ljoot net, hij hat nea ljood en hij sil nea ljowe. De leegte fon ut ónljowe griist him oan. Gwódden litte dot don mar sa. Se behudzje yn 'e fwarmetsjinst, | |
[pagina 278]
| |
gónne trau nai tsjerke, honnegearje, binne lid fon kristleke organysaasjes en stjoere de bên nai de kristleke skwalle. Se ljowe net, mar se soenen vól ljowe vólle, en dot mat don mar genôch vêze. Jammerje net olle dûmnys fon 'e stoel en fwar de radyo fon ‘Wij mensen twijfelen zo vaak?’ Dêróm, ut ljowe is grif net un rotsfêst vitten, mar un ivege twivel, dêr mat mun jun mar bij del leze. Ut echte ljowen, dot is de dwórjende striid tsjin ut ónljowe, ut erflek vrakseljen mai un ónbegrepen matearje en ut ómpakken mai skuldgefoelens oer juns lytsljowegens. Ut ljowe is un sangerjende pyne en un ûnderhûûdsk fertriet. Oaren kinne dur gjin frede mai havve olmaroan yn dusse neargeastegens te libjen, olmartróch spyt te fielen en un besef fon tekwatsjitten te ûnderfynen. Faaks binne se dêr te grutsk ta en ha se tefólle gefoel fon aigenveade. De smetlape fon ut efongeelje ynspyrjerret net ta kreätyvytijt en ta húmanytijt, mar ta slóffens en sljowens en un doffe berêsting. Dot vólle se net, dot ferpóffe se, en dêróm litte se stikje bij bytsje ut ljowe fare. ‘Ik bin net mear sa dogmatysk os fwarhinne,’ seze se glimkjend. Se litte har sónder ópskwór te jaan nai ut ateïsme ôglide. Tilly kletst net, Tilly praat út ûnderfyning. Hij hat san tsien ier lang besocht óm yn god te ljowen, mar hij hat nea un spóntane respóns óp ut efongeelje bij himsels kónstatjerje kinnen. Ut hat him nea bliid makke dot dur un god vie dyt noed fon him stie. Hij hat oare minsken frege vot ut fwar har betsjutte, en dy varen ferlegen en read óm 'e hólle en visten neat bij te bringen. Helpe koenen se Tilly net, vont fwar har vie god ek un lege formúlle, un frjemd ding dot net yn ut libben yn te possen vie. Un heel soad fon Tilly syn generaasje havve ut mai ut ljowe óp un sêft sin set. Ut is net ienfôdeg óm oer ut ljowe te skrjowen, mun bljoot sa maklek yn útterlekheden en bijkómstegheden hingjen en de beskrjowing vurt gau ónvier en karykatúraal. Dot jild ek fon 'e baide skiften popúlêre kristleke lyteratuer: ferhalen vêrynt un kristenmins un skóft twivelt en sels fon ut ljowe ôrekket en him naityd bekeart en ut ljowe verómfynt, en ferhalen vêrynt ôskied nómmen vurt fon ut ljowe en slim tsjin 'e kónvinsjonele útterleke moraal fon ut kristendóm oanskópt vurt. De easte soat ferhalen fynt benammen ôtrek bij kristenminsken dyt net ljowe kinne, mar ut graach vólle en yn 'e lyteratuer de fertreasting sykje dyt se yn ut aigen libben net fyne kinne. De twadde soat kómt benammen temjitte oan ut ferlet fon púbbers óm har tsjin 'e macht fon 'e fólvûksenen te fersetten. De bekearingsferhalen binne shit. Se suggerjerje dot immen dyt | |
[pagina 279]
| |
syn ljowe kwytrekke is, sa iensem en óngelókkeg vurt, sa stjoerleas en helpleas, dot ur verómflechtet. Dot sil vól fwarkómme, mar don gjit ut óm labyle minsken dyt ut ljowe net echt loslitten havve, en dyt de frijhyd fon ut ónljowe net oandwasten. Immen dyt oertsjûge ateïst vurren is, kómt nóit ver veróm. Fonsels bljoot dur un leegte achter, ónvennegens nai de smûkke kônten fon ut ljowe. Mar mun is ek ónvenneg fon un ôd rottekleaster os mun ainlings nai un goed hûûs ferhúzze is, en mun is ek ónvenneg os mun un beroed haulek ópbrutsen hat. Os mun ôskied nómmen hat, bljowe de goede oantinkens oer en de minne sakje vai. Mar dot sait net dot mun veróm vólle soe. Dyt him frijmakke hat fon 'e skynveaden fon ut ljowe en dyt him frijmakke hat fon 'e twang fon 'e skynredenaasjes, dyt yn ut ónljowe ainleken de frede fûn hat dyt ur socht, dy kómt nóit veróm. De ferhalen vêrynt tsjin ut ferbwargerleke kristendóm oanskópt vurt, raitsje de kean fon 'e saak lykemin. Fonsels, dot mun net fytse en reedride mócht óp snain, dot mun gjin stikje ark yn honnen nimme mócht, aigentlek net iens un skjirre óm printsjes út te knippen óp un rainege snainoerdai, dot vie un besyking. Ut twóng jun ta ómhingjen en ferfelen. En os dur don noch un reden fwar vest hie, mar dy vie dur net, olteast hait en mem koenen dy net jaan. Ut jerde sa net, sainen se, mar vêróm net, dêr mwast mun net nai freegje. Dot die mun don ek mar net, vont ut vie klear dot hait en mem ut ek net plesiereg fûnnen dot se har oan ónbegrepen vetten hôre mwasten en dot se har bên de simpelste ville fergunne mwasten. Fonsels, de ferplichte tsjerkgóng, de kattegesaasje, ut húsbesyk dêrt mun fon lykernôch tólve ier ô bij sitte mwast, dur vie gjin dúvel oan. Ut vie vól oer te kómmen, ut vienen mar oerkes, mar ut drûûg net bij ta de libbensfreugde. Ut krystfeest, dot vie vól areg, en vinterdais un inkele kear snaintejûûns nai tsjerke os de ljochten baanden, dot vie ek tige smûk en geselleg. Mar fjidder, nee, oer ut generaal makke ut ljowe ut libben net nófleker. Ut lait fwar de hôn dot skrjowers har tsjin ol dy ferplichtingen en ferboaden út har jónge jirren ôsette - dot víe ómmes fwar har ut ljowe. Vêrt ut aigentlek óm gyng yn ut ljowe, dot kaam net te praat, olteast tús net, faaks yn 'e preek vól, mar dêr harke mun os bên en púbber net nai. Mun mwast nai tsjerke, mar dur vaar net ûndersteld dot mun harke. Hait of mem soe nea freegje: Hast de preek begrepen, of vot tinkt dy fon 'e preek? Os mun oareloere stil sitten hie, en net te lûûd bolt hie bij ut sjóngen, don vie ut goed. En doch, ut gjit óm útterlekheden, óm franje. Dy skrjowers lykje ut ljowe te | |
[pagina 280]
| |
fersmyten ómt de fólkloare har net oanstie, en dot is doch vot simpel. Vie dy kristleke fólkloare meskjin fwar har ut meast grypbere aspekt fon un strange en leafdeleaze ópfieding dêrt se ûnder lit ha? Of binne se faaks lilk óp harsels, ómt se sels ‘sa stóm’ vest havve óm yn god te ljowen óp un beskaat stuit yn har libben en nimme se vraak óp aigen ónnoazelens? Os mun yn ut ljowe ópbrocht vurt, fervachtet mun dot ut jun bij ut ôder vurren ek vól grype sil. Os bên lynet mun óp ut gesach fon 'e ôden. Dy seze dot god bestjit en dot mun nai tsjerke mat en de honnen gear dwaan, en dot sil don vól sa vêze. Os púbber begjint mun jun dur tsjin te fersetten: dot kin net vier vêze, en dot is apekoal. Mun betinkt tige skerpe redenjerringen dyt bevize kinne dot god net olmachteg is, ómmes god kin net san swiere stien maitsje dot ur him sels net óptille kin. Mun hat algebra en fysyka leard en mun vit dot ut learstik fon 'e trijienhyd flauekul is, oer hókker bûûg ek besocht vurt óm ut oannimlek te maitsjen. Ut stik fon 'e útferkiezing hat mun helendol gjin mwóite mai: dot mat ónsin vêze, vont ut soe de minskleke ferontvudlekhyd fynaal ópheffe. De logyka dêrt jun óp skwalle de easte begjinsels fon bijbrocht binne, sneuvelje un heel soad dogmas óp. Mar ut gjit vinlek óm bijkómstegheden, en dot vit mun ek vól, ut is benlek ferset tsjin vot jun ollegjerre fwarkôge vurt. Ut sintrale, ut vêzentleke dêr bljoot mun os púbber ô. Dot god jun yn ut libben bijstjit en dot dur ien fwar jun oan ut krús stoan is, dêr skópt mun net tsjinoan. Mun hôrt dot fwar vier, ek ol kin mun ut net fetsje en mun hopet dot mun dot ienrus ek ljowe sil, lykos de grutte minsken. Fainten en fammen fon goed twinteg dógge belidenis, en mun nimt dêróm oan dot yn dy jirren ut ljowe vwattel sjit en begjint te vaaksen. Os mun oer de twinteg is, don kómt ut grif. Os jóngfólvûksene nimt mun ut libben net maklek, oasóm, mun hat hege ydeälen en dy matte fervêzentleke vurre. Mun sil un húshôring ópsette dyt besjen lije kin, mun sil juns plak yn 'e maatskippij ynnimme, mun sil juns libben yn rjóchte banen liede. Fonsels, mun sil ut oas en better dwaan os de ôden, mun sil de dingen heel oas wadderje en oanpakke - de ôden havve dur óp gwón punten un rómmeltsje fon makke -, mar lykvóls, mun bljoot helendol binnen ut bwargerleke kader. Dêr jerre ek de dingen fon ut ljowe en de tsjerke bij. Mun is gjin púbber mear dyt sangert fon ‘vêróm matte vij oltyt nai tsjerke?’ Mun is un jóngfólvûksene dyt út frije vil nai tsjerke gjit en him dur no fwar ut east ta set óm goed nai de preek te harkjen. Mun bibellêst en honnegearet oan tafel, ollegjer krekt sat ut jert. | |
[pagina 281]
| |
Tilly tocht dot ur un persoanleke bôn mai god noareg hie fwar ut regúljerjen fon syn psychyske húshôring. Tilly bedoelde dêrmai dot os un minske twivelt hókker kar ur dwaan sil, of yn swirregheden sit, of mai himsels oanklaud is, dot ur don syket óm de stjoerende krêft yn syn libben, dotjinge dêrt de dingen bij ainslútten oan metten vurre, dotjinge ek dêrt mun fon sait: dêr ston ik fwar en dêr fyn ik frede by. Tróch syn ópfieding hie Tilly him oanvend óm dy kean yn him de namme fon god te jaan, en dot fûn ur hondeg, vont dy god koe mun jun tagelyk fwarstelle os un persoan dyt bwótten jun bestie en un kóntroljerjende funksje hie. Dot dy god syn psychyske húshôring net regúljerje, mar fynaal yn 'e var skóppe soe, dêr hie ur gjin aan fon, en hij soe ut grif net ljood ha os ien him vaskôge hie. Tilly vie fon doel óm him bij ut reälysjerjen fon syn persoanleke relaasje mai god óp 'e haadsaken te kónsintrjerjen. De fólkloare hat ur litten fwar vot dy vie: un oerstolleg en hinderlek oergrûisel. Ollerhonde vónders en núveraregheden dêrt ur yn syn púbberjirren tsjinoanskópt hie, hat ur os net vêzentlek fersmyten. Him tocht, god soe ut net óp priis stelle dot ferstondege minsken him tsjinnen os vienen se ydyoat, oasóm, hij soe easkje dot ferstondege minsken mai har hele sûnne ferstôn ljoden. Fon lju dyt oer ut vetter kören of út 'e deaden ópstienen koe dus gjin sprake vêze. Tilly gyng ut avventoer fon ut ljowe oan óp bazes fon un pear hypotezen: dur vie un god dyt noed fon him stie en mai him en yn him dwaande vie, en dur vie un minske twatûzen ier lyn stoan óm syn skuld te dylgjen. Dot dy minske de soan fon god vie, beskôge Tilly os un metafoar. God hie gjin soan, vont hij hie gjin geslachtsorgaan, en bóppedot vie dur gjin goadin om dy soan te bênjen. De hillege geast hie Tilly ollang ôskaft, vont spûken bestienen net. Un god - pryma, mar gjin tierelontijnen en flauekul. Ut tsjerkgean makke Tilly net fólle fon. De monnen óp 'e stoel koenen him net ynspyrjerje. Dût ur un dûmny ferkundegjen hearde dot un oerstreaming yn Indya vie aigen skuld - god hie de lju dêre straft fwar har ónljowe -, dû is ur mai tsjerkerinnen óphôden. Hij koe tús achter de kachel god ek vól tsjinje en don hûgde ur him net te steoren oan ut praat fon dwylsinnegen. Hij skafte de hymel en de hel ô. Ut ydee dot minsken nai dut libben beljenne of straft vurre soenen, fûn ur te prymytyf. De driging mai de hel en de ferlokking mai de hymel koenen útsoate nutteg vêze óm ut minskdóm yn stokken te hôren. Mar yn ut Protestontisme vurke dot net, mait Luther ónjerre hie dot mun net óp grûn fon juns dwaan en litten, mar óp grûn fon juns ljowe beoardeeld vaar. Dot hat un ferskriklek stómme streek fon Luther vest, vont ut loskeppeljen | |
[pagina 282]
| |
fon ut tsjinjen fon god fon ut tsjinjen fon 'e minsken betsjutte un frijbrief fwar asoasjaal honneljen. Sónt Luther koe mun un smjunt en un rotsak vêze en lykvóls un pópke fon god. En ljo mar net dot dot inkeld un teöretysk gefaar vie, dy spjolt tusken ljowe en libben vie de praktyk fon un heel soad kristenen, en benammen fon ut ienfôdege tsjerkefólk. Un ôde griffemeade bwórfrau fon Tilly-en-dys, dyt un dogenjit fon un soan hie, en dêr vólrus vot oer heare mwast, plichte te sezen: ‘Os Jon mar ticht bij de Heare libbet.’ Om de óppesysje tusken ljowe en libben maitsje te kinnen, mat mun oannimme dot un minske út twa ferskillende patten bestjit, dyt fierhinne los fonenwar stonne, ut iene soe mun de ferskyning neame kinne en ut oare ut vêzen. De ferskyning is de menier dêrt de minske him óp toant oan oaren, ut geheel fon syn hôren en dragen. Ut vêzen is syn ‘djipste ik’, syn ljowen en vóllen, syn bedoelingen. Dot vêzen is fwar oare minsken net te kónstatjerjen, mait ut him net, of net oltyten fólslain, mannyfestjerret yn 'e ferskyning. God sjugt tróch de ferskyning hinne nai ut vêzen, en óm dy reden oardeelt god oas os de minsken. De minsken seze: ut vie un mislek stik fretten, hij hat ut libben fon viif en bên ferpest, hij bedóndere syn bêste freonen. Mar god sait: hij hie de vil óm ut goede te dwaan en hij ljode yn mij, dêróm nim ik him oan os myn bên. Vêrómt de minsken un spjolt makke havve tusken vêzen en ferskyning, vit Tilly net, hij tinkt dot de oarsaak durfon is dot de lju net akseptjerje koenen dot se vienen lykos se vienen, dot se kjel varen fon ut oardeel oer harsels óp bazes fon har hôren en dragen, en dot se óm harsels te rêden fon ut ferneategjende oardeel ónjerre havve dot se vienen lykos se óp har bêste mominten yn ut djipst fon har tinzen vienen. Tilly fersmiet de autonome states fon ut vêzen. Ut vêzen bestie net óp himsels, mar vie dotjinge dot mun út de ferskyningen abstrajerje koe, lykos mun un foneem abstrajerje koe út un toi fonetyske reälysaasjes. Dy ópfetting makke ut ónmooglek óm te sezen: de geast is feadeg mar ut flêsk is swak - os ut flêsk swak vie, vie de geast grif swak, of: ik vól ut goede, mar ik dóg ut ferkeade - os mun ut ferkeade die, don voe mun grif ut ferkeade. Dy ópfetting hie yn easte ópslag mai godstsjinst net ut measte út te stean, mar kaam fwót út Tilly syn ferlet óm syn ydintytijt fêst te lezen. Tilly hie him os ôde púbber/jóngfólvûksene pynege mai fragen os: va bin ik vinlek, bin ik goed of ferkead, hôr ik fon oare minsken, bin ik un egoïst, bin ik un mon óm te trauen of kin ik better ollinnech bljowe - havar, ol dotsoate ónnoazele kwesjes dêrt un jóng minske him sat ut lyket ut libben mai ferpeste mat, olle generaasjes fonnijs. Tilly fielde him | |
[pagina 283]
| |
ferdwaald yn ut libben, tocht dot ur gjin echte relaasjes mai oare minsken oangean koe, slimmer: dot oaren him net lije móchten, en hie un minderveadeghydsfielen fon jir oant Skolsem. Om himsels te rêden, besleat ur syn ‘ynderlek libben’ ynjesten te litten fwar vot ut vie en him te kónsintrjerjen óp 'e bwóttenkônt: hij voe himsels sjen en vedjerje sat oaren dot dienen, dyt fon bwóttenô tsjin him oansêgen. Hij soe him bijgelyks net mear ôfreegje ‘hôr ik vier fon myn frau?’ vont dot probleem vie net óp te lossen, hij soe him sa gedrage dot sij de yndruk kryge dot ur fon har hood. Tilly vól net beveare dot ut eksperymint krekt vot dut aspekt oanbelanget sa bjuster beslain is, mar yn prinsype vurke ut. Ol dy twivelege fragen oangeande syn ydintytijt koe ur tenai ut swijen ópleze mai te vizen óp syn daisteg ferkear mai oare minsken. Hij vaar os un normaal minske akseptjerre, en ut soe dus ollegjer vól goed sitte. De defynytyve ôrekkening mai dot ferfelende ynderlek kaam jirren letter, dût Thorn Mercuur ut mai un losse ópmerking achter un glês bier vai ta nul redúsjerre. Fwar Tilly syn ómgóng mai god betsjutte dot, dot ut net vichteg vie hût Tilly syn persoanleke relaasje ta god tróch himsels belibbe vaar, mar dot ut inkeld vichteg vie hût ut tsjinjen fon god yn Tilly syn libben stôl kryge. Dêrmai vaar Luther óp 'e kop set: net ut ljowe an und für sich, mar ut hôren en dragen vie beskiedend. Vaat goed die, tsjinne god, en vaat ferkead honnele, tsjinne god net. Ot ien ol of net nai tsjerke gyng of him kristlek neamde, ol of net neffens aigen bêste vitten un relaasje ta god ûnderhood, die ollegjer net mear ta de saak. Tilly hie no un godsbyld dêrt ur mai út 'e fwótten koe. Mar mai jezes kristes koe ur noch oltyten neat begjinne. Yn 't fwaste plak fûn ur syn sónden net sa greot dot dêr perfwast un ûgrysleke straf óp fólgje mwast, Tilly gedrûûg him heel skaplek. Hij die goed en ferkead, útsoate, mar tróch de bank skeelde ut net olles. Mar ôsjoen dêrfon, os Tilly straf fertsjinne hie, don mwast him dy straf ek tapatte vurre, oas koe ur syn skuld net boetsje. Ut vie fonsels apsurd óm un oar de misdieden fon Tilly yn rekken te bringen. Stel ut is vaansdytemiddy, jo en jo suske ha frij fon skwalle. Jo suske sit moai bij de tafel te tekenjen, josels binne de dyk út gien te bwatsjen. Hait hat goed vaskôge: net óp ut iis kómme. Oareloere letter kómme jo tús, de leazens fól vetter en de klean ûnder de blaue drek, jo binne tróch ut iis sakke. Hait vurt helleg, en hij grypt jo bij de klodden óm jo un von óp 'e beoleg te jaan. Mar don rópt jo suske: Hait, slag mij mar. En dot dógt jo hait. Hij jaut jo suske un slag óm 'e hassens dot se mai stoel en ol oer de vrôd saait en mai de kop tsjin 'e doar skuilt | |
[pagina 284]
| |
en don sjaut ur har óp bêd, vont rinne kin se net mear. En tsjin jo sait hait: Kóm mar mai, don sil hait dij voskje en skjinne klean oan dwaan en don kryst un kóp pûiermolke en un kûkje en don maisto no tekenje. De dagen dêrnai nimt hait jo yderkear mai nai bóppen dêrt jo suske mai un hassenskódding lait en hait sait: Ja, dy straf hiesto vinlek ha matten, mar dyn suske draagt ut fwar dij. Jo binne jo suske don tige tankber en achtsje jo hait ûsa viis. En ek letter noch, os jo greot vurren binne, en bij olle jiddybesytes fon jo suster te hearen krije: Ik ha dû fwar dij de straf drûgen, vólst dêr even óm tinke, don binne jo noch oltyten jo suster en jo hait tankber fwar dusse óplossing. Teminsten, os jo un goed kristen binne. Tilly vól dur net tefólle fon seze, Tilly sait: un god dyt sa dógt, dy jert út 'e godleke macht óntset te vurren. Jurydysk en psychologysk en agogysk is dy god un godfergetten stik ónbenul. Tilly hat vegere óm him skuldbesef ynskúnne te litten oangeande un saak dyt him twatûzen ier lyn ôspyle hie. Hij hat ut ek ferpóft óm de núvere psychologyske gysel te maitsjen mai himsels frij te fielen tróch un oar syn lijen. Dot óm kwat te gean, de ferlossing tróch jezes kristes dêr hat ur mai ôveefd. Bij ainslútten hat Tilly un ain maitsje matten oan god syn bemwóienis mai syn persoanlek libben. Ut vie vól nóflek dot dur oltyt ien bij jun vie dyt oer jun vekke en jun stype, dyt jun behoede fwar missetten of jun korrysjerre, mar Tilly begón him ónfrij en ónselsstondeg te fielen. Ut vie krekt os vie ur un hautene póp dyt tróch god mai tautsjes bestjoerd vaar. Hij fielde him un streupet dyt net frijút tróch de keamer rinne mócht, mar kónstont tróch syn mem bij de baide hontsjes stjoerd vaar, of lykos un skwaljónge dyt skrjowen leare mwast en vaans hôn tróch de juffer beethôden vaar. Fonsels makke un bên flaters, mar dot vienen godsamme syn aigen flaters, en hij hie ut rjócht óm dy te maitsjen. Dy kónstonte oanvêzeghyd fon god, dot lûkken en trjowen ol mar tróch, dot vetege en noasvize, dêr vaar Tilly stróntsiik fon. Hij koe net mear spóntaan tinke en honnelje, ut vie os siet dur un frjemd ynsekt yn syn hassens oan 'e knopkes te prutsen. Kónstont vie dêr god dyt sai: ik ha dut sa fwar dij regele, dot is better fwar dij, en dot voest dwaan, mar dot kinst better litte, en hast dêr vól óm tocht? Tilly koe dot byld dûdestiids noch net brûkke, mar oas soe ur god faaks fergelyke ha mai un kómpjûterfieres dot ol syn programmas fergriemde. Dû hat Tilly god fon him ôskódde. Mai un pear mwanne soenen se vól verrus maienwar prate, mar east even net. Tilly vie fon miening dot ur no un frij heeg en súver nyvo fon | |
[pagina 285]
| |
godsbelibbing berikt hie: hij hie ôrekkene mai olle godsbylden en voe libje mai un ónbekende god. Ut ut tradysjonele kristendóm vai sjoen vie Tilly dû ateïst vurren, dot hie ur vól yn 'e rekken, mar hij ferdómde ut óm bwótten ut ljowe te stappen. Hij achte himsels godstsjinsteg en fûn dot ur yn 'e rûnte fon kristenen akseptjerre vurre mwast, bijneed oan 'e rône durfon. Havar, dû kaam Tilly syn libben yn un streamfersnelling. Hij ferhúzze en bedarre yn un heel oar fermidden en syn haulek kaam un ain oan. Bij olle fertriet óm ut gemis fon syn bên ûndergyng ur ut ópbrekken fon ut haulek os un geveldege befrijing. Tilly fleore helendol óp, vaar vól tsien ier jónger, en sjaude fon bêd nai krûg. Bij olle drókten fergeat ur syn ôspraak mai god óm nai twa mwanne verrus bij te praten, en dût ut him ver yn 't sin kaam, dû hûgde ut fon him net mear. Yn de ellindege dagen dyt dur yn 'e ôrónne tiid ek vest hienen, hie ur fon god syn stype nea ferlet hôn. No liet him dur don mar un punt achter sette. De godstsjinst hie Tilly de ôrónne tsien ier ollinnech mar un soad argevaasje jûn. En sadwaande hie Tilly oare minsken ver argevaasje jûn, vont hij skrjode dur vólrus oer yn syn bûkken. Fwar himsels en fwar oaren vie ut mar better dot ur him tenai ateïst neamde. Elk mwast mai syn aigen hûûdsje nai de loaier en vot soe mun langer iggevjerje. |
|