De reade bwarre
(1993)–Trinus Riemersma– Auteursrechtelijk beschermdUn Bwarrist lait de hólle delJidkarre, jidkarre, jidkarrejid, karrejid, karrejid. Dot grapke út syn bennetiid kaam Tilly yn 't sin dût ur de tekst fon dut haadstik oer ut | |
[pagina 268]
| |
skerm rôlje liet. ‘Matst rus heel hud achterenwar “jidkarre” seze,’ drûgen se ien óp, en os ur dot besocht, don sai ur óp ut lêst ‘karrejid’. Hût dot kin, vit Tilly net, dot soe un taalkundege rus útsykje kinne, olhûvól, fólle doel hat ut net, vont jidkarren bin dur net mear. Tilly-en-dy hienen mear fon dy grapkes: sees rus heel hud achterenwar ‘frau Dauma’ - bennegrappen, havar, dut is ek un bennebûk. Mar no hôrt Tilly him stil en hij lit de tekst fólgje dyt ien fon syn kopijskrjowers him tastjoerd hat. Op un mandytemiddy yn april kaam ynienen Saapke óp Tritsem oanvaaien - Mis! Saapke hat te vitten dien dot sij vól tenai yn 'e offysjele stavering beskreon vurre. Noot sij dûmnysfaam is, posse har gjin gritsen mear. Flau fonsels, mar de kopijskrjower sil har har sin vól jaan matte, hij kin ek ynienen net beare os bestie se net mear. Mar hij sil har sa gau os 't kin út ut ferhaal skrjowe. Havar, nochrus: Op in moandeitomiddei yn april kaem ynienen Saepke op Tritsum oanwaeijen. Earnstich en steil siet se mei de brinne by de tafel doe't de manlju deryn kamen om thee. Sij jirre? Vot mwast sij jir? kraaide Harrem. Sa'n batske bejegening winske Saepke har net wolgefâle to litten, se sêch him ferwitend oan en andere neat. Mar de boer joech se de hân en ferklearre se wie Saepke Bosma, de suster ja. Dû gyngen se ollegjer sitten en de brinne briek de pynleke stilte mai ut sezen dot Saepke in aeklik birjocht foar Harmen hie, no Saepke? ‘Pake-Bosk is ferstoarn,’ sei Saepke. ‘Heden noch ta! Vonnear?’ ‘Justermoarn.’ ‘Tsjóng,’ sai Harrem, ‘tsjóng-noch-ta. Dus hij is dea.’ ‘De begraffenis is woansdei en heit en mem ferwachtsje dy,’ sei Saepke. Harrem sêg nai Vypke, un frije dai, koe ur dy krije? Vis, dot vie te skikken. Dû fertelde de brinne dot Saepke wie mei de trein fan Marum nei Frjentsjer riden en dêr hie se in fyts hierd. Se moast ek yntiids wer nei hûs, want it moandeiswurk yn 'e pastory wachte op har. Harrem besocht him fwar te stellen hût pake dur no útsêg, mar ut voe net slagje. Deade minsken feroaren oltyt sa. De vaansdytemwaans nai ut melken en breayten lûûk Harrem un skjinne vyte strûpper oan, de swat-mesjesteren ferklaaiersbrûk en un griis, rútsjes joske. Ut nije snainze pak tearde ur netsjes óp en ploaide ut yn ut kófferke. De knappe skwón kamen oan en de swatte pet óp en sa stiek ur ô. Hij hope de jûûns yntiids ver tús te vêzen, en oas mwast de boer de kaai fon 'e achterhûûsdoar mar yn 'e gwatte leze. Vypke hie him óp 'e kaat viisd hût ur fytse mwast. Net oer Ljauet, dot vie un ómvai, seag mar, os mun un rjóchte streek lûûk | |
[pagina 269]
| |
fon Frjentsjer nai Fervet, don liet mun Ljauet lizze. Hij mwast fon Frjentsjer óp Skolsem ride en don oer Pains en Sloppeterp óp Bitgem oan. En dêrvai tróch de Biltske Súdhûk óp Fraubwórren oan, no en don vist ur ut vól, don kaam ur óp betraude grûn. Harrem hie him duroer fervóndere dot mun sóks yn 'e hûûs ha koe, dot vie ferhipte maklek ómmes. Op skwalle hie ur ek vól katen ûnder êgen hôn en se hienen dû un ferskriklek soad plakken út 'e hólle leare matten. Hij hie dû nea fermoede dot sókke dingen nutteg vienen, hij hie ut os un straf ûndergien. Olles vot nai skwalle en nai learderij rûûk, hie ur óp fwarbyld fon syn hait fersmyten. Mar dot vie stóm fonsels, dot hie ur yn dut lyts ier bij Vypke vól leard. Ut koe dur net mear mai ta dot de boer him helendol oan ut bedrjo jûûg en syn bêste krêften dêroan spondjerre. Dur vienen no machten fon bwótten dyt de boer bedrigen en dyt net mai de bots of de rjowe ô te kearen vienen. De boer mwast lêze en bij de tiid bljowe, mwast him organysjerje en yn 'e poletyk bejaan. Os de boer óp syn pôle bljode, don strûpte ur dur vis ûnder, vot ur ek bódde. Sónt kwat hienen se un radyo bij Vypke en de hele vrôd kaam sa bij jun yn 'e hûûs. Yn dusse tiden vêrynt de hele vrôd yn ónstjoer lyke te vêzen, mwast mun swargje dot mun óp 'e hichte bljode. Hij hie noch net ver tús vest, olhûvólt benammen Japke dêr vólrus óp oanstien hie en hij ut sels ek un pear kear yn him ómgean litten hie. Om Sinteklaas hinne hie ur doel hôn óm nai Fervet ta, en tusken Krysttyd en Od-en-nij hie ur ver plonnen makke. Mar ut vie dur net fon kómmen. Os de dai dot ur fwót soe tichtebij kaam, begón ur dur tsjinoan te swargjen. Vot mwast ur dêr vinlek yn ut Klaailôn? Ut gejermoed fon hait oanheare? Syn gelêb óp 'e hege hearen? Vot mwast ur bij mem yn 'e keamer dêrt de jermoede jun temjitte gniisde? De meubels dyt ienrus nij vest hienen, vienen skonsjerre en snústereg, ut behing bare bij de mwórren del, un ôtrape kleed oer de flier dêrt mun fwarsichteg oer hinne rinne mwast, oas fertiesde mun mai de tjennen yn 'e losse trjidden. Bij Vypke vie ut fólle fleoreger, faaks net dy veelde os bij ómme Iede, mar olles vie yn 'e es. En hij hie ut dêr bêst. Net ollinnech fon yten en drinken, mar oas ek. Vypke stie mai ried en died naist him, poende him oan óm te lêzen en óm nai te tinken oer vot ur lêzen hie en behelle him yn ollerhonde boereproblemen. Japke hood syn klean sekuer skjin en heel, dêr mankearde neat oan, en se swarge durfwar dot ur netsjes fwar 't ljocht kaam. Ut ferslyten en te krappe snainze pakje hie har fon 't begjin ô net sinnege, en nai dur un pear kear gemoedlek oer eamele te havven, hie se Harrem nai Frjentsjer stjoerd óm un knap pak klean. Vypke | |
[pagina 270]
| |
gyng mai, vont dy hie dêr vól doel oer. Ut ôde snainze pakje hie ur noch un set oan hôn nai de jóngelingsferiening en sa, mar letter vie ut noch slimmer degradearre. Japke sai, hij lyke dur vinlek un ferlopen stedsmenhear yn, hij mwast knappe ferklaaiersklean ha, dot ôde pakje koe ur tús vól ôsjaue. Bóppe Frjentsjer vie ut him os vaar ur óp 'e nij benne, os briek de maityd ynienen yn fólle gloarje tróch. Hij kaam yn 'e bau, dot moaie ôde terpelôn fon Skolsem, Pains en Sloppeterp. Ut lôn lai plûge yn streekrjóchte kavels, de prachtege keale klútten grûn blónken yn ut sinneljocht. Ol jir en dêr makken se de grûn ree fwar de frucht, rjappelbakken mai de tear-hoede poaters stienen yn un daam. Un mon jage twa hynders mai un aide oer ut koppege lôn. Un hûkje vinterveet stie ljochtgrien un foetheeg óp un rûnrêgege eker. Varberhyd jirre oerol. De striid gyng ver oan. Op 'e nij jûûg ut fólk syn bêste krêften oan 'e grûn óp hope fon un ryk gevin, en mócht ut dut ier barre maie: un bóppeslag. No vie ut os glied dot benearjende gefoel dot him de hele jest en vinter olgedueregen plêge hie, fon him ô. Hij hie ut skoan bij Vypke en Japke, se behondelen him os vie ur aigen soan. Mar o dot gês, dot gês, dot frekte koweskyten grien! Se hienen un iepen vinter hôn, nea hie un bevyske froast de raaien oas kleore of un pak snie ut lôn tadutsen. Sais mwanne lang hie ut jest vest, vienen de buien út ut vesten oer ut griene gês swypke. De nêkene bjemmen óm 'e pleats stienen vonhopeg ferlen yn dusse griene voastyn. Yn ut bwóthús vie smûkkens en bij de bruine yn 'e achterkeamer, dêrt se jûûns nai ut radyo harken en krontliezen. Mar bwóttendwarren vie ut óm siik en beroed fon te vurren. Tiisdy- en toansdytejûûns fytste ur nai Vómmels, en snains gyngen se nai tsjerke, mar fjidder kaam ur de pôle net ô. Nai ien misse set óp un faam hie ur ut net ver vêge. Hij tocht oas dot ut fanke ut vól stilhôden hie. Se soe grif sa stóm net vest ha en fertel oan har kammeraatskes dot se yn 'e rúskjinne bedarre vie. Mar vot soe mun bevege en gón sneon- of snaintejûûns nai ien fon 'e dwarpen? Dur vie net un faam óp 'e dyk. Os mun vinterdais ûnder de ponnen vêze voe, don mwast mun maityds ier juns kar dwaan en de hele simmer mai un faam ómfrije, don koe ut vêze dot mun jestmes oan hûûs kómme mócht. Sa mwast hij tenai ek. Hij hie ut noch vólrus yn him ómgean litten en fyts nai Frjentsjer, mar dy stedske fammen vist ur him net goed mai te rêden. Dy vienen sa mwólryp en slûggen dur san raar taaltsje út, dêr fielde ur him un ólfet bij. Twarus yn dusse lange jest hie ur mai Vypke un útsje makke. Un rais nai de feemerk yn Snits, en un kear nai Ljauet nai un boeregear- | |
[pagina 271]
| |
kómst. Dot hie un iepenbiering vest: ollegjer boeren lykos hij, en ollegjer deselde noeden en swargen. Mai lykense fervyten ek tsjinoer ut regear en mai ut fêste vitten dot ut oas mwast en oas koe. Dútsklôn, dot vie ut fwarbyld dêrt elk nai sêg. Sa mwast ut jirre ek. Dur hienen dy dais twa sprekkers vêst, de iene vie un boer út 'e Legeaen, un graidboerke lykos Vypke. Un gevoane boer dyt neat leard hie, mar deole, vot koe dy ut vud dwaan! Hij skódde sa de hele skiednis út 'e maue en liet sjen hût de gevoane vrótters, de boeren, dut lôn bevarre en hoede hienen fwar de naiteam. Harrem hie óp skwalle ek ferhalen heard oer fwarhinne, mar ôde Jopy Drup fertelde ollinnech oer greven en prinsen mai har oarloggen en trauerijen en hij ferpeste olle areghyd fon syn learlingen mai de ‘jaartallen’. Dusse mon, dusse gevoane boer, liet de geast fon 'e skiednis sprekke, en hij fertelde net fon 'e machtegen en ryken, mar fon 'e gevoane Frieske boer. De boerestôn, sa fertelde ur, fwarme fon ôds de kean fon ús fólk. De lju dyt jir twatûzen ier lyn delsetten kamen, dot viene feeboeren. Dot vie út ópgravingen bekend vudden. Yn 'e simmertiid lieten se ut fee vaidzje en by 't jest os de floeden kamen, hellen se ut tús óp 'e terpen. Faaks hiene se ek vot bau hôn, vot nôt, vot jette. Mar de haadsaak vie fee. Yn 'e geskriften fon 'e Romainen koe mun gevaar vudde dot de ôde Friezen mai de Romainen kowehûden ruilen fwar ark en ollerhonde oar nutteg gwód, potten en ponnen en sa. Mun mócht oannimme dot dur yn dy iere tiid ek ol vól oare beróppen viene, dur soene smidden vest ha, timmerlju en keaplju, en de Fryske skipfeat vie ek tige ferneamd, mar fwar ut meastepat viene ut doch boeren. Sa vie ut tiden lang bleon, oant de stêden ópkamen en har machteg begûnnen te maitsjen tsjinoer ut lôn. Dû vie de boer fon ut fwótstik rêge en yn 'e êgen fon 'e stedlju un twadderangsmeenske vurren. ‘Dómme boeren’, gnúúfden de stedsjers. Mar va hiene dit lôn grut makke, va hiene ut deagevoan makke? Viene dot net de boeren dyt ut lôn óp ut vetter ferovere hiene mai terpen óp te smyten en fjetten te graven en ut lôn te bedykjen? En de sprekker voe ut ek havve oer de beskaving, dêrt de stedlju fon mienden dot dy ollinnech yn 'e stêd te fynen vie. Ut lôn hie gjin beskaving, sainen de stedsjers, de boeren viene plot en bót. Mar, sai ur, seag rus nai ús Fryske taal, vêr vaar dy sprutsen en vêr vie dy ol ywenlang bevarre? Vie dot net krekt óp ut lôn bij de ienfôdege boeren en arbaiders? En ús Fryske boeken, dyt skreon en lêzen vaden fon ut gevoane fólk, beviisden dy net dot de boer beskaafd vie? Vis, hij voe tajaan, dur vienen un soad boeren, dy seagen net fjidder os ut aigen wanleger, dy liezen ollinnech ut molkbûkje. Mar dot vie mis, de boer mwast | |
[pagina 272]
| |
him bevust vudde fon syn ryke kultuer, dêr mwast ur grut óp gean en dy mwast ur útbaue, ta hail fon ut hiele Fryske fólk. En hij besleat mai te sizzen dot ur ut lôn net ópsette voe tsjin 'e stêd - net olle stedsjers viene ferkead. Beviisde ut fait dot sij os boeren jir joet gearkamen oan 'e Lange Merkstrjitte net dot stêd en lôn ek maienwar óparbaidzje koene? De twadde sprekker vie gjin boer, mar feedokter. Sadwaande vist ur doch vól un heel soad fon 'e sytevaasje fon 'e boeren ô. Mun koe vól fernimme dot dusse mon óp 'e hege skwalle gien hie, ónjerre Harrem, hij brûkte gaurus slimme vudden en ut ferhaal vie dreeg te fólgjen. Vypke hie him de jûûns tús útlain vot dy mon savot bedoeld hie: notiids vie ut sa, dot de boer inkeld sjoen vaar os un ‘prodúsint’, hie de feedokter sain. Dêr bedoelde ur mai, dot de boeren dingen oan 'e merk brochten, flais, molke, jirpels, nôt, sûkkerbyten en ol sa mear. En dot vie fonsels ek sa. Mar jedder hie ut sa vest, dot de boer beskôge vaad os ut midpunt fon un fólle grutter bedrjo, net ollinne syn bwórkerij, mar ek olles vot dêr ómhinne stie. Dus, de timmerlju en de smidden dyt ut fwar ut grutste pat fon 'e boeren ha mwasten, dy foelen ûnder de boer. Ut bûtterfebryk vie un soate fon ferlingstik fon ut boerebedrjo, en sa ek ut moalfebryk, ut sûkkerfebryk. No vie dot oas vudden, de febryken sainen, vij steane óp ússels en vij binne baas oer ússels en de boer is ús klont. En dot sainen de timmerlju en smidden ek. En de arbaiders fólgen, dy sainen langer ek fon safólle oeren en safólle jild, en oas geane vij nai de stêd en lit de boer dan sels mar bealegje. Mar de feedokter hie sain, sa mwast ut net, sa vaad ut hele plottelôn un oarlogsfjild: de boer tsjin ut bûtterfebryk en de arbaider tsjin 'e boer en oerol striid. Sa gyng ut plottelôn nai de bedelte, ta skea en skonde fon de hele Fryske naasje. Ut mwast ver vudde lykos fwarhinne, dût dot ollegjerre ‘organysk’ bijenwar jerde. Ja, ‘organysk’, hû mwast ur Harmen dot no oan ut ferstôn bringe? No, liet him sizze: os ien grutte femylje. Bûtterfebryksdyrekteor, arbaider yn ut moalpakhús, ferver en smid en boerearbaider en de boer sels, ollegjer femylje fonenwar. En don yn 'e midden de boer, dêr klútte olles óm gear. Begriep Harmen vól? Nee, gjin echte femylje fonsels, mar se jerden bijenwar, se hóngen ollegjer fonenwar ô, en bij ainslútten hóngen se fon 'e boer ô. Sónder boer koe gjin febryk draaie en hie gjin smid of arbaider brea. Vis, de feedokter hie vól gelyk, mar os Vypke syn sin sai, ut ferhaal vie him vinlek vól vot te dierber, neane net óm, mar mun mwast vól mai baide fwótten óp 'e grûn bljowe. Harrem, hij fytste no tróch de gerjóchtegheden fon Sloppeterp en | |
[pagina 273]
| |
Skingen en hij vie vónder óp 't skik. Vis, Vypke hie him syn boeregrutskens veróm jûn. Hij fielde him net langer de jermoedsaaier fon ut Klaailôn, hij fielde him boer en oas neat, ien mai olle boeren fon Fryslôn, boer fon ôder óp ôder. Hij koe fon dotoangeande Vypke net tankber genôch vêze, dy hie him sterke tsjin 'e minachting dêrt de boeren olmeast mai bejegene varen, dy hie him útsjug jûn óp un bestean os frije, grutske boer. Mar hij vist no ek fwarfêst dot ur veróm voe nai ut Klaailôn. Net yn dy keale en tryste graidhûkke voe ur boer vurre, mar óp 'e fleorege en libbene bau, dêrt ville en tier yn 'e dwarpen vie en grutte pleatsen yn ut fjild lainen. Freeds soe ur nai de merk te Ljauet raizgje en him mai oare boeren yn un hotel un miel sette litte en un slókje ópnimme. Sneons soe ur him skeare litte en dêrnai nai de herberg gean en syn gelykens treffe óm mai harren te redekaveljen oer de dingen fon 'e dai. Ut graidboersbestean vie doch ol te simpel en dea. Mun koe ut hast sliepende vaarnimme. Kij en molke, dêr draaide ut hele graidboersbestean óm, hie Vypke sain. Molke en kij, krekt os koe mun mar oan twa ta telle. Don un bauboer, vot mwast dy ol net kenne en vitte, vot hie dy un ferskaat fon noeden en avventoer! Ut Klaailôn, dêr voe Harrem boer vurre. Hij soe de ôde rotsoai tsjin 'e grûn smyte litte en un grutte pleats baue, gjin stjelp sat hait vóllen hie, mar un kop-hols-rómp - un echte, Frieske pleats. En dy oare neazege spultsjes oan 'e Mûndersloane, dy soe ur fwótrêgje of útkeapje. Ut hele Klaailôn soe synes vêze, en út 'e ópkeamer vai soe ur heaskje oer dy swatte grûn oant dêrt de seedyk ópriisde. Mem vie mai ut varemyten oan 't pielen dût Harrem óp 'e Mûndersloane oankaam. Mem, fwarsafiert de ferplichte rau har dot tastie, vie tige óp 't skik dot Harrem dur vie, en jónge noch ta, vot sêg ur dur kreas út. Hie ur nije snainze klean kocht? Ja, dot ek, mar hij voe ut snainze pak net óp 'e fyts oan ha, dut vienen syn ferklaaiersklean. Mar jónge, koste dot net un fermogen? En un nij heloazje, sêg se. Gyng Harrem dur net te rij yn lôns? Vot soe hait jir fon seze? Dot koe Harrem ut measte net skele, vot de ôdehear seze soe. Mar hij fielde ut sels heel skerp: hij misstie jir. Yn dusse ôde keet, yn dut ferfôlen rottekleaster poste ollinnech un fersette daize broek en kyle. Hij skikte un stoel bij de tafel en gyng sitten óm un piip te stopjen. Mem helle un viete skûldûk oer de tafel en lai jir en dêr un ding te plak. Se hie ut net earlek oan tiid en set faske kófje, en ut vie dêrmai yterstiid, mar dur siet noch vól vot yn 'e poat, ut vie ôd mar noch varem. Voe ur? Hij knikte. Se kryge un rjoke fon ut teeblêd en geat yn. Se behondele him os vie ur óp besyte, en sa fielde ur him ek. | |
[pagina 274]
| |
‘Jim hait is oan 't rjappelsetten óp 'e gare,’ sai se. Harrem ljode ut vól. Hij vie net fon doel óm ut lôn yn mai de nije skwón. Hait syn skónk vie net ynwadder, sai mem, mar hij voe net nai dokter en dur gjin praat fon heare. Harrem mwast dur oerdai marrus óm tinke. Saepke kaem thús, steatlik yn 'e klean as altyd en earnstich. Se sei mem dach en joech Harm in stiif knikje. Ja, sy hie de kofje allang op fansels. Koe se mem helpe? Nee, gyng sij mar sitten. Dat diich se, se êge skean nei Harm syn klean en dy liken har oan te stean, alteast se loek de noas net op. Even letter kaam Richt, bliid óm Harrem ver te sjen. En vot vie Harrem moai! Hij hie seker ek ferkearing dêr yn 'e graidhûkke? Sjug mem, se hie vot kwastekûke mainómmen. Fon 'e bakkerinne krygen. Voe Harrem un stik? En dû kaam hait de keamer yn. De pet oan 'e êgen ta en fon top ta tail snústereg en móddereg. Harrem sêg ut daleks vól, hij lómpte mai de poat. Ut vie slimmer os ur fervachte hie, mem hie net oerdreon. ‘Jónge noch ta, vot menhear ha vij dêre?’ kraaide ur dût ur Harrem yn 't êg kryge. ‘No, no, do dókst ut mar!’ ‘Goed mai hait?’ frege Harrem vylst ur oerain gyng en hait de hôn jûûg. Mar ynvindeg vie ut him ol oer - lêbje en spytgnyskje, soe dy mon dot nóit ôleare? Nai ut varem miei helle Harrem ut kófferke fon 'e fyts en kundege oan hij soe him ferstrûppe. Hij skarrele bij de trep óp nai syn kjemmerke. Mar dêr stie Richtsje yn ûnderbrûk en bwastrok. Onee, dot vist Harrem fonsels net, mar sij hie syn kjemmerke krygen ferlyne simmer. Mar dêróm koe ur dur vól ynkómme, hij vie doch har bróér? Harrem helle ut pak út ut kófferke en ferstrûpte him. No vie Richtsje helendol út 'e skrûven. Vot stie Harrem dot moai! Se rûtste bij de trep del en golme ut hele hûûs bijenwar: ‘Us Harrem hat un prachteg swat pak oan, hij lyket de bwargemaster vól!’ De skrik slûg Eelkje óm ut het en se socht vudden dyt se aanst brûkke mwast óm Têke del te bêdzjen. Dût dy vot seze voe oer jildfergriemen en potfertarren en grif net óp kinnen en brede fjitjen, dû snijde Eelkje dot kwat en goed ô: De jónge ferkearde ûnder de minsken en koe net os un jermoedsaaier fwar 't ljocht kómme. En no stienen se klear óm har hait te begraven, voe ur dêr rekken mai hôre? Se gyngen yntiids nai Marem nai ut lokaaltsje bij de herfwarme tsjerke, vont beppe' keamer vie te behindeg óm olle fólk te bergjen. Ut vie vól un heel hinne en ver geflean, vont hij soe óp ut Nijtsjerksterhôf begrûven vurre. Ien fon 'e naiste bwórlju hie oanbean óm beppe mai te nimmen yn ut vaintsje, don hûgden se dêr net oer yn noed te sitten. Sa stadegoan dripte ut fólk binnen, de boeren en genieren fon 'e Lege Jerrevai fon Nijtsjerk oan de Hôlemerhûkke ta. | |
[pagina 275]
| |
Ek ol hie mun yn ol dy jirren amper gedoente hôn, de lêste ear beviisde mun enwar, dêr koe noch voe gjinien him oan óntvyne. Omme Iede en mwóike Hinke vienen dur ek, dot vienen ek savot de ainegsten. Nai dûmny syn sobere vudden keutelen se achter de lykvain oan nai Nijtsjerk. Dûmny mai beppe fwaróp, don hait en mem en dêrachter Harrem mai de fammen. Un ketier lang hie ur ut sicht óp hait syn slingerpoat. Hij fielde him net sa lókkeg mai dy stive Saepke op 'e side. Stareg gyng ut, vont beppe rón net sa hud mear, en ol dy ôde útvjekke brinnen achter har yn 'e staasje mwasten ek mai. Harrem hie him fermonne óm yn 'e kiste te sjen, hait en mem digen ut, en hij voe net achterbljowe. Hij hie him besaud: sa kreas hie pake bij syn libben nea vest, dur striele ealens en vyshyd út ut deade oantlit. Vie dut syn lêste póts? Nai de beïedeging óp dot moaie lytse hofke sljurken se ver nai Marem, dêrt se tee en krêkelingen krygen. Dur vie kloanje fwar de frôlje en segaren fwar de mônlje. Beppe siet os vie se dur delskyten, un ôd vyfke dot neat mear te keap hie, mem skriemde un bytsje, en Saepke siet stil en steil op 'e stoel. Mar fwar de oaren hie de dea syn gerak no hôn en begón ut libben ver. Aanst, mai un oere, soenen se de ôde plunje ver oantsjen en oan 't vurk gean. En no ol praten se dêroer. Hait socht steun bij syn naiste bwórlju, ómke Iede en Evet Visbeek, dyt boer vie tusken ut Bósk en de Hôlemerhûkke, óm Harrem te kak te setten: ‘Mun stjoert him os boerefaint de vrôd yn en hij kómt os menhear veróm.’ Mar syn taharkers voenen net rjócht happe, se glimken vot, en sainen ‘Ai’ en ‘Javól.’ Harrem die un haal oan 'e segaar en sai: ‘Hait mat net miene dot vij boeren ut mai beolegjen en ezeljen noch langer óprêde. Yn De Haag gnize se óm 'e boer. Vij matte ús organysjerje, vij matte de poletyke vai óp. Ut hele bestel is ferrotte, dur mat un frisse vyn tróch dut lôn vaaie. Un nije wadder mat dur kómme. De boer mat ver de baas vurre, en net de vyteboadmonnen, en net de Joaden. Mar don matte vij fon ús heare litte.’ Hait gnyske vot, hij hie gjin vervud, sóks lai fier bwótten syn êgvaid. Mar ómke Iede sai: ‘Voest ut mai de pûpen hôre, Harrem? Net dwaan jónge, ut kómt dêr net goed.’ Harrem swijde, hij vist net safólle fon Dútsklôn ô. Vypke sai oltyt, dur vie un bulte goeds geande yn Dútsklôn, mar hij koe net olles goedkarre. Mem soe beppe nai hûûs bringe en Harrem sai hy gyng mai, hij voe ut ôde stee noch un kear sjen. Dot vie ut vinlek net, hij hie dur gjin sin oan óm mai hait nai de Mûndersloane te gean. De stómme ónnoazelens fon dy mon jûûg him slimme argevaasje. Mem sai dur lai ek noch un pakje fwar Harrem, vot duryn siet vist se net, mar | |
[pagina 276]
| |
pake hie Harrem syn namme duróp skreon. Se hienen dot fûn mai ut óprêden. Ja, dêr vie mem ol mai útainset, vont beppe soe jir net lang mear bljowe, ut vie net fertraud, se begón ferjitlek te vurren. Sjug, dot vie ut pakje. Brún pepier, un tautsje duróm en ‘Voor Harmen’ stie duróp. Hij liet ut yn 'e josbwósse glide. Dût se de jûûns fjaueresóm oan ut miel sieten - Saepke wie wer nei de pastory gien -, fertelde hait dot se neat ryker vurren vienen fon pake syn dea. De ôdmon hie mear skulden hôn os have en goed. Os olle ark ferkocht vie en de bistkes fwar de slacht fwót, don koenen de skulden noch net ôlost vurre. Mar goed dot ur de jidkarre, dyt ur ferlyne jest bij ut rjappeljen fon pake te lien hôn hie, nóit veróm brocht hie. No vie ur dur teminsten noch vòt better fon vurren. Nee deole, hij hie tsjin notares neane fon rept, vot stilder vot better. Un jidkarre, tocht Harrem. Dêr miende dy stakket dot ur tige liep vest hie en un hele haal dien hie. Mar un jidkarre soe dut sinkende bedrjo net rêde kinne. Un jidkarre fól jild, ja, dot meskjin. De jûûns let yn Tritsem, dût ur de snainze klean út 'e koffer helle en yn 'e kost hóng, fûn ur ut pakje fon pake veróm. Ut jinnege vot de mon vier nailitten hie. Vot mócht ut vêze? Hij knope ut tautsje los en tearde ut pepier útenwar: dur siet un koade yn mai un learen pwódsje duroan of sa. Ut rûûk ónfris. Hij pakte ut ver yn en lai ut ûnder yn 'e kost. Hij soe moan vólrus sjen vot ut vie. |
|