De reade bwarre
(1993)–Trinus Riemersma– Auteursrechtelijk beschermdKopijskrjowersleedUt leed fan dusse vrôd fóllet ut hielol. De útgjolpen fon 'e lókkegste lijers flechtsje de iveghyd yn nai olle hûkken en hennen en vjergollemje tsjin 'e planeten en sinnen. Har leed vurt heard. Ongelókkeger binne de lijers fwar va har útsezing gjin plak en gjin ear is en dyt har leed yn stilte drage matte. Dot binne de measten fon 'e minsken, stille leeddragers, fon vaat nea gjinien te vitten kómt vot har óp 'e nekke vaagt en vot har tróch ut het snijt. Ut leed fon 'e kopijskrjower is fon un oar soate. De kopijskrjower is ynsafier un lókkege lijer mait hij bij machte is óm olles vot him pyneget yn vudden te útterjen - mar syn óngelók is dot oaren útmaitsje ot syn skrjo heard vurt: ópdrachtjauers, karmasters, útjauers, redakteoren, supsydzjetaskikkers, bûkferkeapers en ol dot rjo. Vot de kopijskrjower út ut djipste fon syn siel ópdjippe en yn ut kleare dailjocht steld hat, de pearels fon syn minsklekhyd, de tsjepste fruchten fon syn geasteslibben, dêr gnúúft un bótte geast un set óp óm en hellet dur don un streek tróch: net públykabel. Ut leed fon 'e kopijskrjower is dot tusken him en ut públyk un mwórre fon ónge- | |
[pagina 262]
| |
foeleghyd en ónferstôn stjit. Hij kin ut leed stim jaan, mar oaren vólle ut gjin stim ta havve en se fervize him nai de ferjittelhyd. De kopijskrjower is un ferbittere minske, dot sil ur nimmen óntstride, mar vot ur sait dêr stjit ur fwar, vont ut is de súverste vjirhyd: dur is un soad leed dot nea fjidder kómt os un floppy-disk. Fwar de ópdrachtjauers, de karmasters en dot fólk binne dur twa soaten leed: públykabel leed en ynpúblykabel leed. Ut ferskil is heel simpel dot ut iene vól un merk fwar is en ut oare net. Ut leed dot ferkocht vurre kin, dot vólle de útjauers vól havve, mar leed dêrt gjin brea yn sit, dêr havve se gjin ear fwar. Ut gjit óm 'e sinten en oas neane óm, ol beare se noch sa dot se harsels sjugge os bemiddelers tusken skrjower en públyk, os kultuerfersprieders. De kopijskrjower soe dur óm gnize os ut leed him net sa yn 'e tange hood. Vot kultuer? Sinten, en oas neat. En bij dot olles is ut noch ut olderslimst dot se ek noch spykerhud stonne te ligen. Vont ut públyk is nóit frege ot ut dut leed ljevver hie os dot, nee dot makket menhear de ópdrachtjauer vól even út, dy vit sa goed vêrt ut lêzerspúblyk ferlet fon hat. Menhear skynt dot yn 'e bwósse te havven, dot públyk, dêr vit ur olles fon lyket ut. Hat ur meskjin un opynypailing hôden, of sûûgt ur dot út syn goare graue tûmme? No, de kopijskrjower tinkt fon ut lêste, en dot sait ur don ek mar rjóchtút, vont de kûgel is doch tróch de tsjerke en ut kin him ollegjer neat mear ferdómme. Dut stik sil ek vól ôviisd vurre, dut stik sil menhear de ópdrachtjauer ek vól ‘net gaadlek achtsje binnen ut kónsept fon syn romon’. Mar de kopijskrjower skyt duróp, óp dy hele romon, vont ut is ollegjer nep. Goed, klear, de kopijskrjower sil dur gjin dûkjes mear óm vyne: ut gjit him net óm útjauers en karmasters yn ut olgemeen, hûvólt dot fonsels ek rosmos is, mar ut gjit him prinsepeal óm Tilly de Tillefoanist, deselde, ja krekt. De mon dyt him en noch un steal kopijskrjowers de ópdracht jûn hat óm un bûk fwar him te skrjowen. Hij en dy oaren - hij vit ferdómme net iens vaat dy oaren binne, oas soenen se him maienwar noch un proses oansponne kinne - hij en un noch stikmonnech havve ollegjer un kóntrakt tekene vêrbijt se har ferplichten óm út en tróch un pat kopij te skrjowen neffens oanvizingen fon Tilly. Fwar dot stik kopij soenen se un reedleke beljenning krije, dyt olle jirren besjoen en sa nedeg bijsteld vurre soe. Oer ut jild klaget de kopijskrjower don ek net. Ha jim him klaaien heard? No, lul don net. De kopijskrjower klaget net oer jild, hij klaget oer syn artistyk gevisse dot tróch menhear Tilly de Tillefoanist yn 'e strónt trape en ferhûûddûkke vurt. Vont dusse persoan jaut óm god | |
[pagina 263]
| |
noch gebod, dusse persoan hat un ylknóbbel dêrt normale minsken un het havve te sitten, en dusse persoan is dêr ek noch grutsk óp, dusse persoan sait dot ur him mai gefoelegheden net óphôrt. No, dêr kin de kopijskrjower fon maiprate: vot de kopijskrjower yn smetleke skeppingsoeren út syn ynderlekst vêzen vai stôl en fwarrem jûn hat, dot ferviist dusse menhear nai de skenne. Net oas! En de grutste ramp is dot de kopijskrjower dur net un sprút oan dwaan kin. Yn ut kóntrakt is fêstlain dot ur fwar elk stik kopij betelle vurt, os ut yn ‘de romon’ ópnómmen vurt of net, mar hij dógt ôstôn fon syn auteorsrjócht. De kopijskrjower hie dot kóntrakt nóit fon syn libbensdagen tekenje matten fonsels, dot vit ur no ek vól. Mar twinteg ier lyn siet ur yn 'e jildkrapte, dot fwast, en bóppedot vie ur te nayf óm te beseffen dot ur him mai honnen en fwótten útlevere. Hij vie jóng en ydeälistysk, en hij tocht dot syn ópdrachtjauer dot ek vie. No, dot hat ur vitten! Tilly de Tillefoanist is spykerhud fwar oaren oer, skriklek aigenikkeg, folsk os un slaine hûn en sa ónbetrauber os ut vaar. Ja, menhear Tilly de Tillefoanist hie duskear net sasear un spesjale ópdracht, sat ur sai, neu, mar, no, de kopijskrjower mócht duskear vól un frije bijdrage ynstjoere. Ja, ómmes, dusse romon mwast net te smel en te iensydeg vurre. Net un te kont en klear produkt, net un fwarkôge kónsúmintehap - o, vot beried ur syn hóbbelhynderke ver! -, gjin glêd ôrûnne ding dot de lêzers sónder slókken tróch de strôte glied, mar un hûkkeg, vjerstribbeg, óngrypber... eh vêzen, ja ‘vêzen’ vie ut goede vud. Ut mwast un libben ding vurre, dusse romon, gjin deastyljerre lyk, mar un organisme, un... un..., no ja, do begrypst mij vól. En dêróm, vot ien os dij dêrfon tinkt, ien dyt dêr doch jirren mai ómpield hat, immen fon 'e vurkflier sa te sezen, vot dy dêr no bij ópset hat, dyn ynteressen, dyn doel, dyn... dyn... dyn ûnderfyningen. No ja, no jau 'k dij doch un fûûg ramt, vylst ik dot ains net voe, mar goed. Lit ús don doch mar seze: un frije bijdrage fon immen fon 'e vurkflier. Akkoat? Akkoat, menhear de Tillefoanist, akkoat. Jir is don myn frije bijdrage, en dot jo dur yn smoare maie. Mar de sinten sil ik havve, godferdómme, dot stjit yn 't kóntrakt! De kopijskrjower hat dusse romon de jirren tróch vaaksen sjoen. Tilly de Tillefoanist hat de gevoante óm olle kearen os dur ver un haadstik kómpleet is un útdraai oan syn ferskillende kopijskrjowers te stjoeren. Dot óp himsels vól de kopijskrjower neat kweas fon seze. Os mun de ópdracht kryt óm oer ien fon 'e personaazjes te skrjowen, mat mun vól vitte vot dur jedder bard is. Mar de kopijskrjower koe sadwaande naigean hókker stikken fon him ol en net ópnómmen | |
[pagina 264]
| |
vienen, en vêrt yn skrost vie, of vêrt yn feroare vie. En hij koe ek út 'e ópnómmen bijdragen fon oare kopijskrjowers ópmaitsje vot grif de fwarkar fon Tilly de Tillefoanist vie. Vot him no ópfôlen is, is dot dur yn 'e hele romon - olteast oant no ta - mar ien persoan fwarkómt dyt seryeus nómmen vurt, en dot is, jo riede ut ol: Tilly de Tillefoanist. Olle oare personaazjes vurre begekke, begnyske, lytsachte en te kak set. Yn syn romon maie ollinnech minsken fwarkómme mai un behaind êgvaid, lju dyt mai de daistege striid óm ut bestean besteld binne en gjin tiid en kriig havve óm de swetten út te lezen, letterleke en fyguerleke ‘Módderklauers’. En spane dur yn ut ferhaal doch un pear fygueren óm mai mear ynhauten, don doar ur un earleke kónfróntaasje net oan mar begjint mai módder te smyten. Nee - ut is oas, hij jaut ien fon syn kopijskrjowers de ópdracht óm mai módder te smyten en sa bljoot ur sels de moaie mon. Vot ur fon Jon Piebenga en Eeltsje Folkertsma skrjowe lit, dot rint doch de spuigotten út? En dy minsken kinne him net iens mear fwar de bek slaan, vont se bin dur net mear. Ha jo ut ea sôter fretten? Don mat jo ut no seze, strak kin 't net mear. Mar de kopijskrjower freget him yn gemoede ô: va is jir de viere Módderklauer? Dot binne net dy stakkets dyt óm ut daisteg bederf en un sober stik brea yn 'e klútten óm vrame, mar dot is Tilly de Tillefoanist dyt mai módder smyt nai olles vot mear ynderleke beskaving hat os hij en him geastlek oermônsk is. Tilly de Tillefoanist mjit olles neffens syn aigen benypt gefoelslibben en vot him bóppe de pet gjit, dot mai net bestean, dot mat ferhúnd en ferspot vurre. Olles vot útskaait nai viere minsklekens, nai ydeälisme en nai hegere tinzen, dot mat fertrape en fergriemd vurre. Olles vot mai kop en skauders bóppe him útstekt, dot slagt ur de kop ô, en vêróm? Om sels de grutte mon te vêzen! De lêzer mat dur marrus óm tinke dot olle pyntsjes en fertrjitlekhydsjes fon 'e lytse Tilly breed útmetten vurre. Gjin snotnoas of seare knibbel bljoot him besparre. En hij hood sa fon syn hait en mem en hij vie sa besónder. Dot is doch óm kwarjende beroed fon te vurren. Dusse mon hat ol syn libbensdagen nea fjidder sjoen os syn aigen noas, hij hat him oltyten ut sintrem fon 'e vrôd vaant. Oare minsken binne fwar him ollinnech mar atrybútten dyt ur brûkke kin, mar un verklek gefoel fwar oaren hat ur net. Nee, os ur gefoel fwar oaren toant, don is dot ollinnech mar óm sjen te litten dot ur sa gefoelech is. Mar hij mient dur net un dúvel fon. Oare minsken yntresjerje him net echt, ot se libje of stjerre, dot makket him neat út. Os syn viif mar gjin viddo vurt. De kopijskrjower vit nammes net iens ot Tilly un viif hat, mar dot mins soe te beklaaien vêze, of | |
[pagina 265]
| |
meskjin hat dy ek vól un planke fwar de hassens. En sjug don rus hût oare lju úttekene vurre. Ut binne ollegjer oerflakkege typen, prymytyve geasten dyt libje bij de dingen fon 'e dai. En os dur ol vot tears vaakst of vot hegers óntstjit, don vurt dêr fwót ut near óp lain. Fwótdaleks vurt dur don un karykatuer fon makke, of vurt de draak dur mai stutsen. Dusse mon kin de minsken net oas sjen os apen en bearen. Vêróm vurt dy mon net ópposser yn un dieretún, don soe ur him faaks happy fiele. Tink dur marrus óm: eventsjes mai dur un gefoelege tins yn Eelkje of Têke ópkómme, en don vurt dot daleks ver mai de gek beslain. Hij, Tilly, trjoot olles hyltyt óp 'e nij yn 'e módder. De persoanen maie net ta ynsjug en vyshyd kómme, se matte dóm en dôf bljowe. Vis, ut binne de kopijskrjowers dyt dut ollegjerre óp pepier bringe, mar sij dógge dot óp oanvizingen fon menhear de Tillefoanist. En dy skammet him net óm de ynstjoerde kopij te bevurkjen sat hij dot vól. Mai un tekstfervurker is dot ómmes sa maklek os vot. Mun kin dur vot tuskengrieme of útskrosse. Mun kin ferskillende stikken oanenwar plakke of dingen yn twaen skwórre. En bóppedot, os kopijskrjower hat mun juns earsucht ek, mun vól doch graach os ut bûk klear is fwar junsels seze kinne: dot stik haf ik skreon. Ek ol kómt juns namme don net óp ut ómslag, vont mun hat juns auteorsrjócht ferkocht, mar ut gjit óm ut vitten fwar junsels, dot haf ik skreon. En don begjint mun doch automatysk sa te skrjowen os de ópdrachtjauer ut ha vól. Oas vurt juns kopij doch helendol verskreon of ôviisd. Dot lêste is de kopijskrjower no kwatbij oerkómmen, en dêróm hat ur de hel yn. Hij vie oas fon doel dot fwar himsels te hôren en yn 'e rûmte dyt him taskikt vie un evenredeg stik te skrjowen oer de ópstakels tusken de skrjower en syn públyk, heel yn 't olgemeen en net sasear út syn persoanleke frustraasjes vai. Mar dut siet him sa dwas dot ut dur gevoan útbrutsen is, krektlyk os bij Vondel ut gefol vie, echte skrjowers havve dot. En ut hindert ek neat, vont Tilly mai de vjirhyd vólrus heare en mai de noas yn syn aigen strónt treon vurre, mar fwar de lêzer fynt de kopijskrjower ut vól vot sneu, vont dy stjit doch helendol bwótten dut kónflikt, dy is apslút net mondeleg oan Tilly syn kweade praktyken. Krektoasóm, dy is dêr ek ut slachtoffer fon. Mar don vit de lêzer mar dot ut net de skuld fon 'e kopijskrjowers is, dêrt Tilly him fonsels achter ferskûllet, mar dot ut ollegjer út syn koker kómt. De kopijskrjower hie fwar ut tsiende haadstik un heel gefoeleg stik skreon oer ut seksúeel óntvaitsjen fon Richtsje Bosma en oer har easte erotyske ûnderfyningen. Hij hie de ópdracht krygen óm vot te | |
[pagina 266]
| |
skrjowen oer ut ‘túsfrónt’ sat Tilly dot neamde. Dur hienen no ol un monnech stikken vest oer Harrem, dyt te Tritsem tahôde, dot fwar de ôvikseling vie ut vól goed óm no verrus vot oer de oare Bosmas mai te delen. De kopijskrjower ónjerre dot ut don gaadlek vie óm oer de famkes of oer ien fon harren te skrjowen, vont oer Eelkje en Têke vie navenont ol heel vot ferteld. Him tochte ut frauvurren fon Richtsje soe un geskikt ûnderverp vêze, vont dot is yn ut libben fon famkes doch un heel yngrypend barren. Mun hat dur net óm frege, mar ut kómt jun lykvóls oer, vont de natuer kin mun net keare. En ut bringt lichamelek óngeriif mai, mar noch fólle vichteger is vot dur geastlek mai jun bart. Hû kamen famkes dêr yn dy tiid mai klear, frege de kopijskrjower him ô. De tiid vie fólle minder iepen os no, noot olles ol óp 'e tillefyzje vest hat fwart de bên ta besleor kómmen binne. Yn dy tiid prate mun net maklek oer sóks. Famkes varen faak net iens vaskôge dot ut kómmende vais vie. Op un dai kaam ut jun oer vylst mun neane euvelmoed yn hie, en mun vaar haisleke kjel. Mem fertelde don ut ollerneedsaaklekste: nee, ut is gjin sykte, dut jert bij ut greotvurren, mem bevarret de lapkes ûnder yn 'e linnenkost, don kinsty rêde en yn ut hok stjit un amer. Sóms kaam dêr noch un vaskôging oerhinne: Hôr dij de mônlje fon 't liif. San famke os Richtsje, noch net lang fon 'e skwalbanken ô, hû soe dy feroaring yn har lichem en har geast óp har ta kómmen vêze? Mun vie ynienen gjin bên mear, mun besefte dot mun mem vurre koe en traue, mun murk dot de jónges nai jun begónnen te êgjen. San blier en iepen fanke os Richtsje, hoe nóm dy dot? Sa skrjode de kopijskrjower un haadstik oer ut ópvaaksen fon Richtsje fon famke ta faam. Ut lichameleke pat lai ur amper aksint óp, vont dêr gyng ut him net óm. Hij voe olle klam leze óp emoasjonele vjerslag dyt dut barren hie, óp 'e fragen en problemen dêrt Richtsje mai tangele siet. Ek óp har hinne-en-ver vêzen yn dy tiid, don ver bwatlek fanke, don ver ynienen jênsteg en viis. Om ek de relaasje ta mônlje te beljochtsjen, liet de kopijskrjower har un erotysk avventoer belibje - vot tútsje en streakje, mear net -, dot noch heal bennebwatsjen vie, mar ek un ûndertoan fon driigjende jênst hie. Havar, de kopijskrjower vie sels tige óp 't skik mai dut ferhaalpat, vont him tocht dot ut him knap slagge vie óm de gefoelsmjittege kônt fon dy peryoade yn Richtsje' libben stôl te jaan. En dut pat soe ek un tsjinvicht biere tsjin ol dot groffe geskut dêrt oas yn dusse romon mai sketten vurt. Mar sat de lêzer sels vól vit hat ur yn haadstik tsien neat oer Richtsje lêzen. Ynstee dêrfan stonne dur no twa patten yn oer Harrem, en sa vurt dut haadstik iensydeg | |
[pagina 267]
| |
en út syn model skwórd. Tilly de Tillefoanist hat ut ferhaal oer Richtsje oan kônt lain ómt ut net poste ‘binnen ut kónsept fon dusse romon’. En dû hat ur sat ut lyket un oare kopijskrjower ópdracht jûn óm un ekstra stik oer Harrem te skrjowen. Dot post dur don grif better yn. Ja, vont dy Harrem hat gjin gefoel yn syn dónder, dot is un plotte hufter, en sókken binne ut evenbyld fon Tilly. Mar ut sil de kopijskrjower no ol nijdwaan ot ut tredde pat fon 'e romon dêrt vij no hast oan ta binne lyke stómpsinneg en gnizereg vurt os de easte twa patten. Tilly hat noch de mooglekhyd óm ut roer óm te smyten en os ur viis is, don dógt ur dot. En os ur dot sels net ynsjugt en ynsjen kin, don mat ur mar achtslaan óp de synjalen fon syn kopijskrjowers. Vont dy kómt dusse romon de stróte út, safier is 't hinne. Mient Tilly dot ut verklek areg is dot juns ynstjoerde kopij ollegedueregen fergriemd vurt, dot olles vot mun mai ynmoed skreon hat sa feroare en beärbaide vurt dot de stómste sjekjesmokers har óp 'e knibbels slagge fon 't gnizen en ferstondege minsken har skódhóljend ôkeare? Mient ur dot vier? Of tinkt ur dot syn bankoerskrjowingen olles goedmaitsje? Don hat ur de keutel bij de ferkeade ain: fwar jild is net olles te keap. Un kopijskrjower is east en meast ferontvudding skuldeg oan syn artistyk gevisse, en dêr kin ur net mai sloaie, dot kin ur net óm jild ut swijen ópleze, vont don smyt ur de skeppingsvelle ticht. En don is ur útpûpt. Tilly de Tillefoanist mat jir goed óm tinke: un kopijskrjower lit him salang traapje oant de krûk bast, en don sit ur mai de diggels dêrt ur ut sels nai makke hat. Lit him dot mar goed yn 'e earen knope. Vij binne óp 't lêst frije Friezen, en vij litte ús fon nimmen twinge, ek net fon Tilly de Tillefoanist. En os ur mient dot ur ut him permytjerje kin óm dwas en aigenviis te vêzen, don mat ur syn bûk sels mar skrjowe, don kin vij ek nochrus gnize. En dot vie don de frije bijdrage fon 'e vurkflier, menhear de Tillefoanist. En de kopijskrjower daget jo út óm dot no mar ô te printsjen, mar dêr sil jo vól un te grutte skytebrûk fwar vêze. |
|