De reade bwarre
(1993)–Trinus Riemersma– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 253]
| |
Odfaars erf, vij vaitsje oer dij!Yn 'e simmer fon 1939 kamen op 'e bóppeseal fon 'e herberg te Jorvet yn ut djipste gehaim sais fwaroansteande Frieske bevegers bijenwar óm te riedplachtsjen oer de takómst fon Fryslôn. Ut vienen yn olfabetyske fólge: Eeltsje Boates Folkertsma, Jon Melles van der Goot, Daue Kalma, Daue Hermons Kiestra, Jon Tjittes Piebenga en Rintsje Pyter Sybesma. Fjittegers en fyftegers, monnen yn 'e krêft fon ut libben, monnen dyt de kweajóngesjirren achter har hienen, mar de dream fon 'e jóngesjirren noch yn ut het drûgen, monnen dyt stiele vienen yn 'e Frieske striid en dyt tróch stúdzje en ûnderfyning viis vurren vienen hókker vai se te gean hienen. Ut doel hie oas vest óm sônresóm gear te kómmen - sôn vie ut hillege tol fon 'e fólslainens -, mar ien fon harren, Doede Haaies de Vries, hie ôtynge dien, hij lai mai pynehólle óp bêd. Se vienen enwar lyk en vonlyk. Ien vienen se yn har leafde fwar Fryslôn, ien yn ut fêste vitten dot ut yn dusse histoaryske tiid óp har vai lai óm Fryslôn syn rjóchtlek plak yn 'e rige fon rómrófte naasjes veróm te jaan. Ien yn har erkenning fon Boldgrim os Hear en Hoeder fon har persoanlek libben, mar ek fon Fryslôn. Os echte Bwarristen drûgen se ollegjerre un learen of linnen pwódsje mai kottekloaten óp ut keale bwast. Vont olhûvolt dut ollegjerre yngreven Frieske monnen vienen, eale Germanen, heiten sónder vjergea, se vienen óp ut bwast sa glêd os un frómmes. Om dy reden ferskjinnen se har nea yn ut iepenbier en fertoanden se har har libben lang net óp strônen of yn swimgelegenheden. Sels Jon Tjittes Piebenga, dyt un prachteg król swat bud óm 'e kaken hie en ek óm 'e lytse rûp un veeldreg bósk hier hie, vie óp ut bwast sa glêd os un ykel. Dur vienen ek ferskillen. Kalma rón dur út maidot ur net lykos de oaren de fwarnamme fon syn hait oan syn aigen tahekke hie. Hij briek mai de tradysje fon ut patronymykem, en dêr lyke ur mai oantsjutte te vóllen dot de byning oan 'e fwarteam him net fólle sai. Olteast, dy útlees soe mun duroan jaan kinne. Ut vie fonsels ek vól bekend dot Kalma oltyten fûûl tsjin 'e jeddere generaasje oanskópt hie, teminsten óp ut lyterêre flak. Mun koe oas net seze dot ut vai- | |
[pagina 254]
| |
litten fon ut patronymykem un typysk Jóngfrieske moade vie. Vis, dur vienen Jóngfriezen dyt ut óngelók hienen mai twa fwarnammen tróch ut libben te matten, lykos Rintsje Pyter Sybesma, en fon sókken koe mun min easkje dot se ek nochrus har haite namme tahekken. Dy vienen óm sa te sezen ekskúsjerre: ut vie ol slim genôch dot har ôden har neffens ónfrieske vysônsje mai twa fwarnammen opskype hienen. Lókkeg, os mun ollinnech de ynysjalen skrjode, vie ut net te sjen dot dy twadde letter net nai haite namme ferviisde; dur vienen nammes un heel soad minsken dyt fon Rintsje Pyters sainen, en sa vaar tróch de mienskip ver ynwadder brocht vot de ôden ferbruid hienen. Mar fjidder earen hast olle Jóngfriezen dyt dêr yn gelegenhyd ta vienen, te sezen dyt mar ien fwarnamme hienen, har hait mai syn namme te dragen. Gwódden os Jelle Hindriks Brouwer en Matten Koops Skolten bijgelyks. Mar un Jóngfries os Fêde Skurer ver nèt - en tusken him en Kalma vienen beskate oerienkómsten: dut vienen baide mônlje dyt de lyteratuer bóppe ol ut oare stelden en ek baide hienen se fon dy ynteraasjonale oanslaggen. Hie Skurer net un gedicht skreon vêrynt ur syn leafde fwar Amsterdam ta úttering brocht? Dur vie noch vot mai Kalma: hij die gjin var óm syn homoseksúele oanlees te ûnderdrukken. Dot ur him yn ut geslachtleke ta mônlje oanlutsen fielde, dot koe him net kweanómmen vurre - dy lêst hie God him jûn te dragen. Dur vienen mear Jóngfriezen dyt bûûgd gyngen ûnder dyselde lêst, mar dy bedimmen har langsten yn un stil en iensem frijfaintebestean of yn un rêsteg haulek en yn har dwaan en litten noch yn har geskriften dienen se de geslachtleke feriening fon mon en frau yn ut haulek ûnderstek. Sa net Kalma, dy fûn syn geslachtleke fwarkar lyke veadefól en veadeg os de heteroseksúele, en hij skamme him net óm mai mônlje óp bêd te gean. Ja, hij gyng sels yn ut erotyske de striid mai de frôlje oan tróch fammen har fainten ô te lúzjen. Dêrmai stokele ur yn ferkearingen en brocht de fwótplonting yn gefaar. Op ut stuit vienen dur noch vól genôch Friezen, mar sóks mwast fonsels net oanboazje. Sybesma, de feedokter, un mon oas mai un fynbeslype vudkar, koe sóms yn kowetaal útfôle os ur oer Kalma syn eskapades kaam te praten: ‘Vij kinne ferjamme de kul net baas litte en dêr os un hônsvwast achteroan skoatskave - vij matte ús hassens brûkke, en don de kul!’ Kiestra mwast oltyten ferskriklek laitsje óm sóks - hij vie yn ut selskip grif de meast ónkómplysjerre en fleorege fyguer. Folkertsma en Piebenga rónnen durút, maidot se baide fólslain fêsthôden oan ut otterdokse ljowe dêrt de krúsdea fon 'e Mon fon Smetten sintraal yn stie, en vot dot oangie gjin drip vetter yn 'e vyn | |
[pagina 255]
| |
dwaan voenen, mar tagelyk mear os un bytsje yn 'e besnijing nómmen varen fon 'e fólle helthafteger Germaanske mytology, dyt yn ut tsjintvurge Dútsklôn un verbette belibbe. Piebenga benammen vaar gefoelsmjitteg fólle mear bûid fon 'e krigers en striders út 'e Yslônske sêgen os fon 'e lijende, bleke Kristus, dyt de oare vang takearde os ur óp 'e iene slain vaar - vot un vaiten hin! vot un ‘meiske’! Mar hij liet dot ljowe nea los, hût de Germaanske goaden en helten ek lokken. Folkertsma kearde de êgen nai ut nwadden ómt dêr de fólkskrêft him ut sterkst iepenbiere hie: de geastleke sûnnens, de sterke mienskipssin mwast mun dêre sykje - út ut súdden kaam dekadinsje en bedjer, de Frônske vyn. Ut Fryslôn dot him fwar êgen stie, dot soe un sterke plottelônsmienskip vêze dêrt elk syn plak yn hie en fûn. De boer, de keapmon, de timmermon, de ferver en de vainmakker, ollegjerre ûnderskaat nai klaaiing en brûkmen, ollegjerre yn har stôn en affearen verkenber. Gjin mienskip fon ónverkenbere menhearen en mefrauen. Mar fwar Folkertsma poste de lijende oan ut krús tige skoan bij dy sûnne en sterke fólksmienskip. Folkertsma syn stail griffemead ljowe hie him twinteg ier lyn ol yn kónflikt brocht mai Kalma, en noch oltyten bwóttere ut net tusken de baide monnen. Dotselde ljowe drjode ek un kljo tusken him en Van der Goot, dyt ur oas óm syn heldere analizen fon 'e Frieske mienskip en syn fólslaine ynset os Friesk strider bevóndere. Olles vot Folkertsma seze vóllen hie en noch voe, mar dot him yn syn swier en kliemsk proaza mar min nai ut oerflak vraksele, dot skódde Van der Goot mar losvai út 'e maue yn ut iene bûk nai ut oare. Ut kristlek ljowe hie bij Van der Goot gjin oare funksje os un sóbber mai sûkker fwar ut dómme fólk. Kalma neamde himsels ek kristen, mar dy syn God venne nai olle gedachten jedder óp 'e Olympus os óp 'e berg Syon. Kiestra gyng nai de Herfwarme tsjerke en vie sels belidend lid, mar syn ljowe vie oas net os un poëtysk vaas oer un óprjócht haidendóm hinne. Sybesma vie noch vól bij de tsjerke, mar syn ljowe vie ek net fólle mear os franje. Hókker kar soenen Folkertsma en Piebenga dwaan os se ferge varen te kiezen? Ut vie harsels net klear en óm dy reden vontrauden de oaren har. Sybesma hie un monnech jirren lyn brutsen mai de Jóngfrieske beveging. Dy brek hie him faaks rjócht tsjinoer Kalma pleatse kinnen, mar faitlek kaam ur lyk tsjinoer himsels te stean, te vitten tsjinoer olles vot ur vest hie en vóllen hie. Kalma hie don ek fwótendaleks de finger óp ut seare plak lain: Sybesma fersmiet syn jedder vurk en syn jeddere ydeälen - hij smiet himsels vai. Sybesma hie un pear ier lang oanhôd socht bij Van der Goot, mar yn faite sêg | |
[pagina 256]
| |
ur óp dy autodydakt del, lykos ek óp Piebenga en Folkertsma: monnen dyt mienden út un tol healbegrepen bûkken un vrôdómfiemjende teöry stôle te kinnen. Hij gniisde dur vot óm, hij hie tróch syn akademyske óplieding leard óm nea tefreden te vêzen mai fûnne vissegheden en oltyt fonnijs te twiveljen. Mar hij vie ek oergunsteg óp har, sij ljóóden yn harsels en yn vot se ferkundegen. Hij dêrfwaroer mwast himsels geveld oan dwaan en de ivege twivel betwinge. Bij him koe gjin plak vêze fwar núônsjerringen, hij mwast radykaler vêze os de dómste tróchdrjower. Kalma, ek un akademykes, vie de jinnege dyt him tróch hie, tocht ur bitter. Mar vot maalde ur langer óm dy fluenske flikker! Kiestra vie de jóngste fon ut selskip, en noch vot un bwóttenstonder. Hij públysjerre fertsjinstleke fólkspoëzy en hie un pear kear skreon en sprutsen oer de boer en of de boer yn de lyteratuer. Kwatbij hie un novelle fon him ut ljocht sjoen, dyt un goede skets fon ut boerelibben jûûg, mar yn ut stik fon ut seksúele neffens gwódden vot ol te frij vie. Hij vie tróch Sybesma en Van der Goot nai foaren skood en yn 'e klup behelle, benammen ómt ur boer vie: hij mwast tsjinje os ut libbene beviis fon har teöretyske ferhonlingen. En vie ut oltemets net un pracht fon un Frieske boer? Langliddeg, skraitseg hast, un readferbaand oantlit dot dutsen vaar fon un vjerstribbege tûffe hier dêrt de sinne olle kleor út skrûid hie. Hij lyke sa vairón te vêzen út un fotobûk fon 'e jónge sjoernalist en fotograaf Sytse Jon van der Molen. Se kamen yn ut gehaim gear - se vienen jir ek óp un temûkke vize kómmen: ynkognyto. Piebenga, dyt te Odegea yn 'e Súdvesthûkke venne, hie him ferklaaid os Germaanske strider. Oer ut himd en de lange ûnderbrûk, dêrt ur de bóksen fon óprôle hie, drûûg ur un ôd taffelkleed, dot út 'e fjitte vot óp un bistefel lyke. Om 'e fwótten hie ur lyksa lapen bûn. De bleke skónken hie ur jir en dêr un feeg módder oer smaard. Ut swatte hier en bud dot óp rosseskonde fon ien fon syn fwarôden mai Romaanske súdderlingen viisde, hie ur mai sûkkervetter en pankûksmoal behondele, dot ut skynde no út 'un grizens. Yn 'e hôn hie ur un polsstôk dyt ur ek os spear brûkke koe, vont hij hie ut breames duroanbûn. Dravend, stilsteand en óm him hinne êgjend, don delhûkjend, slûppend, ynienen ópspringend, en don ver fwarsichteg tjentsjend, sa gyng ur mai grutte ómbóchten tróch ut frije fjild fon Odegea nai Jorvet. Ut en tróch klóm ur óp un hikke en liet de Germaanske kriigsgjolp ‘Vahûûû, vahûû’ heare. En don êge ur de fjilden oer óm freon of fijôn gevaar te vurren. Piebenga hie un prachtege far look yn 'e êgen, dyt him tige geskikt | |
[pagina 257]
| |
makke óm yn un cowboyfilm óp te treden. Mar dot vienen útsoate de boer syn gwózzen net: de Amerykaanske kultuer dêr skieten dusse monnen óp, dot vie, sat de sjoernalist Doede Haaies de Vries dot sa treflek ûnder vudden brocht hie, ‘elektrysk ferljochte barbaredóm’. Folkertsma kaam os ôdviif, en dy rol vie him óp ut liif skreon. Utvôde swatte skwón oan 'e fwótten, un lange swatte rôk, un swat jak, un grutte swatte kyps óp en un koer oan 'e earem, sa vôde ur de vegen del fon Húzzem nai Jorvet: un bolkwórrinster sat dur safólle tróch ut gea swolken. Gjin mins dyt niget sêg oan 'e fjauerkonte Hitlersnor ûnder de grutte noas - bolkwórrinsters vienen ómmes oltyt fon dy heale mônlje? Bij no en bij don gyng ur yn 'e vôl sitten óm út te pûsten. Hij vie un swiere, graue kearel yn dy tiid en hij smookte him tepletter. En don iet ur mar ver ien fon syn boltsjes en stútten óp. Hij hie un snies mainómmen, en hij voe de helte fwar de verómrais bevarje. Kiestra kaam gevoan sat ur vie, os boer, yn blau brûk-en-kyle en óp 'e fyts. De klómpen hie ur even tróch ut gês helle óm de rûkste strónt durô te faaien. Syn maten fûnnen syn útris ut olderferryfeljendst: va soe dur yn 'e frede óp kómme dot ûnder ut útterlek fon un deagevoane Frieske boer un gevoane Frieske boer beskûl gyng? Kiestra vie de easte dyt te Jorvet oankaam, hij hûgde gjin ómbóchten te maitsjen of út te pûsten. Dût de oaren yn 'e jachtvaide kamen, siet Kiestra ol achter un pontsje tee te krontlêzen. Kalma kaam os romainsk kaiser, un lang hymelsblau kleed óm 'e lea, sondalen oan 'e fwótten en un lauerkrônse óp 'e eale plosse. Hij vie de lêste dyt mai sierleke, suver s wevende stappen de doar tróch kaam. ‘Ave, kaisar, ja dyt stjerre groetsje dij!’ rôp Van der Goot oeremes, mar Kalma kaam net út 'e ploai. Hij knikte ut selskip minlek ta, en stelde heal freegjend út: ja soenen no mar nai bóppen? Noch oltyten de baas spylje, tocht Sybesma gremyteg, mar ferdómd, se gyngen him ollegjer achternai. Sybesma sels vie os midsywske ridder kómmen. Hij hie un mak hynder fon syn hait-en-dys liend, dêr un dútsk lekken oer hinne smyten en sa vie ur fon Tsjerkgaast nai Jorvet riden. Hij hie un bwódpepieren harnos óm 'e lea en un blikken hellem óp 'e hólle. Oan vjeskônten fon ut hynder bóngelen swudden, skylden, knotsen, knyften, ópdónders en deameppers. Sa rottele en rammele ur de dyk del. De lju yn 'e dwarpen mienden dot ur de fwarboade fon un sirkes vie, mar óp har fragen ontvudde ur inkeld brimsteg: ‘Ut 'e vai! Ut 'e vai!’ No en don bloes ur óp un ôd saksefoan dyt ur bevarre hie fon syn stúdintetiid dût ur yn un orkestke spyle hie. Don lai ut | |
[pagina 258]
| |
ôdhynder de earen yn 'e nekke, smiet de kónt ómheeg en draafde un hûndet meter, óm don ver yn ôde slóffende góng te fôlen. Van der Goot kaam mai un auto, un prachtege swatte Citroën mai un iepene kap. Ut vie syn aigen net, hij him him hierd yn Snits, mar hij vie klaaid os vie ur de aigner. Un moai swat pak mai un fyn griis streekje hie ur oan, un cape óm en lakskwón oan 'e fwótten, en oan súver olle fingers hie ur ringen. De sinnebril mai ut fyne, gaudkleorege móntuer jûûg vot gangsterachtegs oan syn útterlek. Fwart ur útstapte sette ur un hoed mai un grutte sloppe rône óp 'e hólle en kryge un rottinkje fon 'e achterbank. Hij voe un brede en swierege entree maitsje - mar hij mwast east wasje, en hij bûûgde oer ut portier oant ut rócheljen vot bekómmen vie. Dy iepene kap hie net goed vest fwar syn swak lichem, hij vie gaurus nearbwasteg en syklek. Hij mwast him mije, mar hij hie ut him yn 'e hólle set óm os Amearykaanske filmstjer te ferskynen: ut minsketype dot ur ut meast ferachte. Se sieten no ol un skóftke mai har saizen óp 'e bóppeseal. De kastlain hie har un pot tee, kopkes, sûkker en rjemme brocht, en hij hie wadder krygen óm har net te steoren. Se praten oer Fryslôn, dusse monnen, Fryslôn, dot har bóppe olles gyng, dot har mear vie os frau of freon. Fryslôn, dot har needlot vie, dot har os un stien oan 'e nekke hóng. Fryslôn, dot se mai smetleke stimme beneamden os ‘ut yndjoere lôn’, ‘de smelle strype oan 'e Nwadsee’, ‘ut sa earemtleke, mar ús sa ryke’, ‘ut fon God jûnne erfskip’, ‘ut ôd skier lôn’, ‘ut oltyt swiere, mar nea bênjende’, ‘ut fon God hytfólge lôn’ en os ‘ut lêste hûûs’. Hû mócht ut mai Fryslôn kómme yn 'e vieling fon 'e tiden? Soe dut lytse, flakke lôn stôn hôre kinne os de stwarmen oer de vrôd jagen en de tijen oer de dyken slûggen? Dútsklôn bevapene him, lyksa Frankryk en Ingelôn. Vot die de Russyske bear, vot die Amearyka? Hôden dy har durbwótten? Soenen se durbwótten litten vurre? Vot Frankryk oanbelange vienen de sais fwaroanmonnen ut fon hetten iens: Frankryk vie neat, slop en dekadint, ut soe tróch un hônfól Dútske sóldaten ferslain vurre kinne. Vot Amearyka oangyng, dêr hienen se ek net fólle fwar óp 'e rekken: de Hollywoodkultuer kweekte gjin striders, mar gangsters. Van der Goot stiek sebeore driigjend syn rottinkje ómheeg, die un haal oan ut bókje dot ur tusken de smelle lippen hie en smoarde dû hast yn un wasbui. Mai bûtsen óp 'e rêg en slókken tee brachten se him ver bij. Ruslon hûgde mun ek net fólle fwar óp 'e rekken te havven, Stalin hie ómmes olle hegere ofsieren ómbringe litten, vot dur oerbleon vie, vie | |
[pagina 259]
| |
un leger sónder lieding. En don de vichtegste: Ingelôn. Vot die Ingelôn? Se vachten ô ot Kalma faaks ut vud nimme soe, Kalma hie ómmes oltyten pro-Ingelsk en anty-Dútsk vest? Mar Kalma sai neat. Dû ónjerre Piebenga dot os Ingelôn vus vie, don soe ut un ferbûn mai Dútsklôn slútte, ut vienen doch ollegjer Germanen maienwar? Dot vie vól sa, mar Ingelôn hie him óp syn ailôn oltyten vot ôsóndere fon 'e fêstelônsgermanen, en ut tsjintvurge regear hôde ut mai de fijonnen fon Dútsklôn, mai Poalen en Frankryk. Sybesma, Van der Goot en Kiestra hienen har kar ollang dien, dot vie bekend, dot visten de oaren ek, mar no debatearden se gemoedlek mai oer de kar tusken Ingelôn en Dútsklôn. Ut koe ek noch oergean, de oarlog, of, os dy ol tróchgyng, se koenen durbwótten bljowe, lykos de oare kears. Mar vot dur ek barde, se soenen trau bljowe oan Fryslôn. Vont ut gyng bij ainslútten net óm de kar tusken Dútsklôn en Ingelôn, mar óm de kar fwar Fryslôn. En dêryn fûnnen dusse monnen, dusse grutte swannen fon Fryslôn, enwar ver, en oltyd ver. Se lieten drank bóppe kómme óm har iensgesindheid te bedrinken. Jónge jenever fwar de monnen fon boerekómô: Van der Goot, Kiestra en Sybesma, brondevyn fwar de lju fon leger stôn: Folkertsma en Piebenga, vinkelmons- en bakkerssoan. Ollinnech Kalma spróng ver út 'e bôn: hij bestelde un glês port. Se sêgen brimsteg nai him en nai enwar - mwast hij don erflek syn kómô os boeresoan fersmyte? Dû stelde Jon Piebenga út, se soenen óp ôdtestamintyske vize enwar swarre dot se Fryslôn nea óntrau vurre soenen, mar oant har lêste snok ta stride fwar dusse lytse, mar sa yndjoere strype ôd skier lôn, dot oltyten swier vie mar nea benne oan 'e Nwadsee, dot God ta un erflek aindóm jûn hie en dot har skielek ta un lêste hûûs tsjinje soe. De ôde Joaden lainen enwar de hôn ûnder de ‘heupe’ sat yn 'e Bibel stie, mar se visten fonsels vól dot dot un bedutsen oantsjutting fwar de monlekhyd vie. No voe Piebenga de Joadske menier fon iedswarring net krektsa oernimme - hij vist ek vól dot gwódden dêrtróch óp sóndege gedachten kómme koenen -, mar hij stelde út se soenen ollegjer de monlekhyd óp 'e tafel leze en don, vylst se óm 'e tafel stienen, enwar de jerrems óm 'e skauders leze en plechteg swarre: Vij Friezen sille Fryslôn tsjinje mai goed en bloed oant ús lêste syke. Ut útstel foel yn goede iede. Veinee, dusse monnen hienen neat óp 'e Joadske kultuer tsjin - gwódden fon har fersmieten de sloppe Kristus en dy healvize klucht fon sónde en ferjauing, mar de Joadske kultuer fon ut Ode Testamint, dêr fûnnen se un soad fwarbyldegs yn. | |
[pagina 260]
| |
Vot har mar matechjes oanstie, vie dot krekt de Joaden san fwaroansteand plak fon God krygen hienen. Vienen oltemets de Friezen net fólle veadeger óm mids olle fólken ut fólk fon God neamd te vurren? Yn 'e midsywen vienen dur ferhalen ferteld oer de tsien stammen dêrt nai de Babyloanyske bollingskip nea ver vot fon fernómmen vie, en dur vie ónjerre, dy tsien stammen vienen nai lang ómswolkjen yn Fryslôn telône kómmen. Ut ferhaal soe histoarysk net krekt vêze, mar ut makke lykvóls dúdlek dot de Friezen harsels un bysónder plak tatochten. Os dur gjin Joaden vest hienen, of os dy dur bijgelyks rus net mear vêze soenen, don soenen de Friezen grif ut east yn 'e nomynaasje kómme óm Gods fólk neamd te vurren. Se gyngen oerain en makken brûkken en harnossen los, of lûken rokken en kleden ómheeg, ol nait se klaaid vienen. Sedeg sêgen se rjócht fwar har út vylst se har dingen digen, óm gjin ónraine êgen te smyten óp de aigen monlekhyd en noch minder óp dy fon un oar. Mar Kalma koe ut net litte, hij stie rjócht tsjinoer Jon Piebenga, mai syn sterke, spierde skónken, syn prachteg lid dot bêde vie yn król swat hier. Gjin Germaanske strider sêg Kalma yn him, mar un Grykske god. Hij fielde hût ut bloed him nai de monlekhyd rón en hij skamme him. Om gjin oanstjit te jaan lai ur dur un teepontsje óp 'e kop oerhinne, hij hope de oaren soenen dot yn 'e jamkste fôde slaan en hôre fwar un beviis fon syn kekenens. Dû lainen se enwar de jerrems óm 'e skauders en sprieken yn koar: ‘Vij Friezen sille Fryslôn tsjinje mai goed en bloed oant ús lêste syke.’ Mar Kalma koe ut net mear keare, de ykel baste iepen en mai un machtege striel spuite ut sied nai bwótten. Ut teepontsje tûmmele draaiend ómheeg, bljode rjócht bóppe de tafel un momint yn 'e lóft hingjen, en foel dû midden óp 'e tafel del en slûg oan diggels. Se varen ollegjer haisleke kjel en vienen slim ferbjustere. Folkertsma kaam ut east ver ta besleor. Mai syn swier en stjittereg lûûd brocht ur út: ‘Un taiken fon Boldgrim!’ Ferfólle fon un hymelske sillegens sêgen se Folkertsma en enwar oan. Amen, amen. Gjin vierder vud vie ea sprutsen óp dusse ienfôdege bóppeseal te Jorvet. Mai stille hontaasten brochten se de klean ynwadder en gyngen sitten. Ut blide vitten dot se ópnómmen vienen yn 'e rige fon Boldgrim syn apostels tintele har tróch ut het en tsjoende un blide glôns oer har oantlit. Stil sieten se bijenwar, vól un ketier lang, oant Kalma - hij koe ut net litte óm de fwarstap te nimmen - útstelde se soenen un flesse reade vyn en romers kómme litte. Optain foelen se him ollegjer bij. Ek Sybesma vaar fwar un momint vot mylder stimd tsjinoer Kalma - dêr slagge ut de ôd | |
[pagina 261]
| |
tieshólle doch mar óm de klosseferskillen te tróchbrekken en har fwar dut stuit ollegjerre ien te maitsjen. Mar net óp 'e menier fon 'e SDAP-ers lykos Jelle Hindriks Brouwer en Matten Koops Skolten dyt de boeren har befwarrjóchte posysje óntnaderje voenen en fon harren ollegjerre brondevyndrinkers maitsje. Kiestra jûûg kastlain de vink en ol rillegau sieten se ollegjer fon un glês vyn te nippen. Ut sinneljocht fon 'e naimiddy fónkele yn 'e glêzen. Se praten net, mar tochten namstemear: se vienen no tarist fwar de striid - mar hû mócht ut noch kómme? Soenen se de ain fon 'e striid en de oervinning belibje? Soenen se monhafteg en stônfêst bljowe os de oere fon 'e fersyking kaam? Ien en mien hienen se sward, mar va fon harren soe de ferrieder vurre? Dot lai ferburgen yn 'e skette fon 'e tiid. Se fûstken ô en gyngen har vegen. Skielek os de tiid kómmen vie soenen se yn fólle vapenútris útraizgje óm ut Frieske lôn te ferdigenjen tsjin de fijôn. Ol binnen ut ier soe blyken dwaan dot de baide fynen, Folkertsma en Piebenga, de kónt durút skwórden. |
|