De reade bwarre
(1993)–Trinus Riemersma– Auteursrechtelijk beschermdYde hyt ik net en un Joad bin 'k netHarrem vie goed tróch de móster fytere, dy blinder! Mwaans fjauer oere rôp de boer him, don de klean oanstrûppe en ut hynder óphelje en ynslaan. De boer stiek de brôn yn 'e piip en sa keutelen se mai de rotteljende bussen óp 'e haaivain nai de kij ta. Mun hómpele sa môl oer de ôd reed, dot dur gjin kôns fon yn 'e sliep fôlen vie. Mar ienrus óp 'e twólle, o deole, vot sónk him de hólle don gaurus tsjin ut vaarme koweliif oan. Lókkeg vie ut fûgelgwód oltyt areg varber, dot hôde jun bij de verklekhyd, en oas vie de boer dur noch vól dyt ut oltyten fwótendaleks yn 'e gaten hie os Harrem syn honnen stareger oer de oeren begónnen te gliden. ‘Slûg, Harmen?’ Hij voe gjin sezen ha fon 'e boer, dot vie syn eare tenai. En monmoedeg begón ur ver oan 'e oeren te pjukken. Sôn voe ur dwaan, lykefólle os de boer. Vot dúvel, hij vie sontjen, hij mwast dy ôde bêst fwarbij kinne. Tsjin saizen vienen se ver bij de pleats en don sette Harrem de bussen bij de dyk. Ut vie un huf óm dy swiere kringen fon 'e vain te tillen. Hij hie respekt fwar de molkrider dyt de fólle bussen óp 'e vain slingere, ut lyke vól os hie dy kearel dur gjin vurk fon. Ut vie un slag, sai de boer, en dot soe vól sa vêze. Undertusken sette de boer ut hynder naist de hússyde fêst of liet ut yn 'e finne. Don hie de brinne de tee brún, en ut brea mai tsiis en de bôle mai sjim stie smaard óp 'e pontsjes. Se nómmen east de honnen gear en don kôgen se ut yten óp. Os Harrem syn pontsje ómtrint leeg hie, skode de brinne him steefêst noch un grau stik bôle mai tsiis ta: hij mwast goed yte, hij vie noch jóng. San miel, dêr knapte mun fon óp. Vel, en os de boer him don mai un grutte hauten knyptange ut lôn ynstjoerde óm te stykellûken, of him ópdrûûg de reed te sljóchtsjen, don hie Harrem syn slinger vól. Ut vie lang n't sók swier vurk os hakjen of rjappeldóllen. En dot erfleke krûppen óp dy hudde klútten vie un graidboer frjemd. Oerol stie mun óp ut skjinne, sêfte gês, en mun bljode dur sels ek skjin bij, mun koe de ferklaaiersklean dur hast vól bij oan ha. En sa iensem vie ut doch ek ver net, óp dy vide | |
[pagina 244]
| |
gêsflakte. Dur vie ol saks rus ien fon Mindertsma syn fólk of fon Gerben Gwasses-jónges dyt oan 'e sleat ta kaam en dêrvai un róppereg petear begón. Nijskjirreg fonsels votfwar persoan ut vie dyt Vypke oanhelle hie, sa snoad vie Harrem vól. Mar kóm, hij soe de lju net fwar de hólle stjitte, dot hij lyne un momint óp ut ark en fertelde hij vie bij Fervet óm vai, ja út 'e bauhûkke. Javis, un hele feroaring! Mar ut kaam him jirre skoan oan jer, neat net ónvenneg. En jûûns nai ut yten voe ut vól barre dot dur immen óp 'e fyts lôns kaam en un praatsje makke. Se slûggen don gaurus óp ut hiem óm. De frau har blómmetún ópkreazje - dêr hienen se skielek gjin tiid ver ta, sai de boer. De vôlen útmeane, un kwaste ferve stryke oan 'e homaaiepjellen, ut nachthok fon 'e hinnen útmjuksje, sóks. Gjin vurk sasear, mar mear ferdyvedaasje fwar de liddege oeren. Os 't óm 't vaar koe, bracht Japke de tee bwóttendoar en don sieten se oan 'e hússyde nóflek yn 'e lette sinne. Oja, ut libben vie sa vól út te hôren. Mar ol sa linkelytsen kaam de óngetiid óp har ta, en dû vie ut poatoan. De boer dug Harrem foar hût ur de saine hontjerje mwast en dût Harrem dot vot fwar de slag hie, mwast ur fwarmeane. Don koe de boer aansent mai de meanmesyne begjinne. Harrem meande un stik bij de daam en gyng dû de vôlen del. Ongelókkeg vurk, benammen os mun ónbedreon vie. Vypke hie him foarrekkene vêrt ur kófjetiid savot vêze koe, de boerinne soe him kófje yn 't lôn bringe en don koe ur mar ver fjidder farre. Ut soe dur óm sponne ot ur jir yterstiid klear vie, mar os Harmen de lea duróp sette, mwast ut savot kinne. Ealse hie dot oltyt vól yn 'e macht, mar dy die ut ek net fwar ut east. Ealse, dot vie de jeddere faint, dy vie fon 't maityd traud en venne no bij Varkem óm, dêrt syn viif fondinne vie. Dot mwast un munster arbaider vest ha, os mun Vypke ljowe mócht. Harrem voe net fwar him ûnderdwaan, hij soe sjen litte dot ur ut vurk vól oan koe. De boer vie dêrmai ôstutsen, hij soe fonnemoan un komelker gerive mai ut hynder, en yterstyd kaam ur don mai twa hynders veróm, ien ollinne koe de meanmesyne net lûkke. Dût Japke ynienen achter him stie, vie Harrem noch net earlek óp ut plak dêrt ur neffens de boer syn berekkening vêze matten hie. Hij liet him even óp ien knibbel delsakje en swólge de kófje óp dêrt ut gleonste lókkeg ô vie. Japke pjutske de kûm daleks ver fól. Jirsa, un grau stik bôle-en-brea mai tsiis. Fon yten en drinken koe ur ut neane better krije. Hij proppe de mwólle fól en spielde ut nai binnen mai kófje. Mai de lêste hap achter de kjizzen nóm ur de saine ver yn 'e nonnen en sette him ver yn pestuer. Blikstjinder, hij fielde de rêg no ol, ut stie ek sa óngelókkeg yn dy ûndervôl. | |
[pagina 245]
| |
Hij mwast noch un healhûndet trêd dût ur immen óp 'e reed bearen hearde. Ut vie Japke, se vónk him. Hij stiek de hôn óp, en dû kearde se har óm en gyng ver nai de pleats. Yterstyd grif, mar hij voe ut vurk dienmaitsje. Hij liet him gjin pyksette fon dy Ealse, en hij voe gjin praatsjes ha fon 'e boer: Noch net earlek klear, Harmen? Dût ur óp syn plak skode, hienen se de rjappels krekt behimmele. Hij die un momint de êgen ticht en foel oan. Ja, se viene mar begûn. Hij hie de boerinne doch vól heard en begrepen? Hij mwast un geloazje ha, Harmen, mun koe dêr net sónder yn 't fjild. Oas mwasten se sneontemiddy tegjerre un loopke nai Frjentsjer dwaan óm un geloazje. Vypke voe him ut jild vól foarsjitte. Ut middyskóft mwast Harmen mar fêst yn 'e trije begjinne mai foarmeanen. Vypke soe him krekt jelve trijen vaskôgje, don mwast ur dalek nai de pleats gean en him klearmaitsje fwar ut melken. Hij mwast joet ollinnech, en hij koe ut hynder net krije, hij mwast de bussen en amers mar óp 'e plotte kroade sette en riid sa nai ut lôn. En avvensjerje, vont de bussen mwasten óp 'e tiid bij de vai. Harrem syn meanen begón ol lyneger te gean, mar dy rêg, dy rêg! Hij rjóchte him no en don rus even, mar dêr vaar ut jedder minder fon os better. Naist him rikketikke de meanmesyne ô en oan. De boer siet prinshearlek óp 'e pankûksponne, Harrem hie óm un gûnne vól ruilje vóllen. Dût de boer him rôp, vie ur amper heal klear. Hij lai de saine del en krwaske óp 'e pleats oan. Japke hie un tsjetteltsje tee en broggen klear. Dot koe ur mainimme en mai Vypke patsje. Dêr kroade ur fwar ydyoat de reed del, behindeg óm 'e slimste kûllen hinne stjoerend. Mai de boer nóm ur un set lins óm ut yten te behimmeljen. Vypke hie ut pypke dur bij oan, ê ja, dot koe vól óp 'e meanmesyne, de hynders digen ut vurk vól, mun hûgde ollinnech mar óp 'e tiid ‘hôr-óm’ en ‘bûi-óm’ te róppen. Mar Harrem hie ut vól tróch, hij kaam net jedder óp 'e meanmesyne os hij mwast de saine hontjerje kinne os de bêste. De boer koe ut sa behindeg seze, oltyten fetsoenlek en goedmienend, nea botsk, nea bazeg, mar lykvóls vist mun vot mun duroan hie. Ot ur se vól helendol leeg mólken hie, dêr vie Harrem net vis fon dût ur fwarsichteg ver óp hûûs yn kroade. Hij miende dot dur minder yn 'e bussen siet os vonneart ur se oas óp 'e vain tilde. Mar hij hie se ollegjer vól hôn, hope ur. Ut vie un toer óm dy kringen útenwar te hôren, mun soe se vinlek mai de tarkwaste un krús oer de beoleg jaan matte os mun ien mólken hie, don vie mun vis. Oas hôde Vypke de boel vól yn 'e gaten, nee, Harmen, dot vie synes net, dy hie híj ol hôn. No hie ur se olle fjitjen bijlôns matten. Hij hie naityd | |
[pagina 246]
| |
jir en dêr nochrus oan un oer lutsen, os ur him net fertraude. Mar ut soe vól goed vêze. En no fersichteg oan, oas bruide dur noch un bus fon 'e kroade. De jerrems rieken him vól twa honbree út, sa fielde ut, dut vie gjin dwaan, dut vie mwadzjen. Mar hij soe gjin belies jaan. Posier hie ur de bussen bij de vai, de molkrider kaam dur ol oan. Japke rôp hij mwast dur mar even yn kómme, don koe ur un kóp kófje drinke. Vot ur yn 't liif hie, hûgde ur net mai te sjauen. De broggen stienen klear óp 'e tafel, yn un reade bwósdûk bebûn en ut kófjetsjetteltsje stie durnaist. De boer hie dot grif sa bij de frau besteld. Dus, noch gjin jeljûn. Harrem sette de reed ver út nai de boer ta, dyt no ol yn 'e trije oan ut meanen vie. Noch un oerke, rûûsde Vypke, don vie ur klear en don soe ur ut hynder veróm bringe. Harmen koe fjidder gean mai foarmeanen - no ja, dot vaar no vinleken naimeanen -, en os ur dêrmai klear vie, don vie Vypke ek vól veróm, en don soe dy him ut harjen leare. Moan mwast de saine ver skerp vêze. Brûkte Harmen de strykel vól genôch? Hij mwast jiróm tinke: de saine mwast ut vurk dwaan, net de mon, vont don vrótte mun jun dea. Kaam rus óp mai dy saine. Liet rus fiele. Nee, blinder jónge, dy vie os un boed. Sa kaam ut fjistefólle óp 'e lea oan. No, seag, sa mwast ur strykelje, moaie egale slaggen. Ut hólp no net fólle, un stómpe saine kryge mun ollinnech skerp mai harjen, mar havar, dot mwast oant jûn vachtsje. De sinne sakke yn ut vesten dût Harrem bekô nai de pleats strampele, de saine oer ut skauder, ut kófjetsjetteltsje yn 'e hôn. Vypke vie ol ver tús, hij hie ut hynder óp 'e fyts fwótbrocht en siet oan 'e tee. Moaisa, dêr vie ur ol. East mar vot tee. Se hiene un hele haal dien joet, mar hij soe de lea ek vól fernimme, tink? Harrem hie net fólle bij te bringen, ut gyng vól, sai ur. Vypke soe him ut harjen noch leare, no? Hij mwast mar maikómme. Se gyngen yn ut hôf, dêrt ut noch oangenaam vie yn 'e lette sinne. Vypke slûg ut harspit yn 'e grûn en lai ut blêd fon 'e saine duróp dot Harrem losmakke hie. Sa mwast dot, fon 'e hakke nai ut oed, en heel sekuer óp ut izer klopje dot ut tin en flymskerp vaad. Hij mwast marrus besykje. Mar Harrem koe n't mear, hij hie joet ol te fólle fon 'e lea ferge. Krêft óm te slaan hie ur noch ol, mar gjin beroai mear, hij slûg yderkear mis. Vypke nóm him ut vurk út honnen, hij soe ut vól dien maitsje. Harmen mwast mar yn 'e hûûs gean óm tee en don gau óp bêd. Moan vie ut ver ier dai. Sa sette de óngetiid yn en sa gie dot fiif vyke tróch. Meane, keare, skódzje, vudzje, ópperje en bij ainslútten vaidlûie. Dot diig de boer sels, vont ut kaam ûsa krekt. Hij voe net mai un vaide hea | |
[pagina 247]
| |
ómteare óp 'e hulterege reed. Se hienen olrus un raineg skóft dot se net fólle út 'e vai sette koenen, mar fjidder vie ut poatoan. Harrem vist nai dy fiif vyke krekt vêrt olle spieren sieten. Bij hait hie ur ek oltyd beolegje matten, mar nea hie ur him sa ômêde field. Vypke voe havve ut vie ûngevoante, os ur dut un pear ier dien hie, hie ur de gek durmai. Harrem vist net ot ur dut un pear ier dwaan voe, hij hie syn nócht vinlek ol. Mar olderheljen ópseze en maaie takkem ier ver bij hait oanskyten kómme? Dot nóit. Mar no vaar ut libben ek ver vot oangenamer. Ut hea vie ynhelle. De gólle siet fól. Se hellen de kij yn ut nijgês bij de pleats en Harrem gyng nai de miede te skytbûtsen. Mai un vyke of vot voe Vypke jir meane, mai de mesyne os ut drûgsem vaar bljode, en oas mai de saine. Sa njónkenlytsen kaam de jest oan. De kij varen ópset. Oerdais gyngen Vypke en Harrem te grippeljen en te hekkeljen, en mwaans en jûûns sieten se yn ut smûkke bwóthús te melken. Ut mjuksjen kaam fonsels fwar Harrem óp, dy mwast ómmes olle vurk leare. Mai un fûge oanrin bij de planke ópjakkerje, dot vie un hele kunst, vont os mun temin góng hie, don bljode mun óp jelvy stykjen, en tefólle góng, don koe mun net stjoere. Mar ut slimste vie, mun beklûmme sa gau os mun út ut vaarme bwóthús vai ynienen yn dy fûle kjeld óp 'e rúskjinne kaam. De tiid fon fergaderjen kaam no ek oan. Harrem jûûg him óp un snaintemoan út tsjerke vai bij de dûmny óp fwar de jóngelingsferiening en ut fraaglearen. Syn mem hie dêr óp oanstien, en Vypke en Japke lyke fólle. Harrem vie oas net san mon fon praten en learen, mar hij hie oan syn hait vól sjoen, mai grómmeljen en grauen brocht mun ut net fier. Mun mwast juns vud dwaan kinne, en mun mwast vitte vot dur te rêden vie yn 'e vrôd. De jóngelingsferiening, dot vie un goede learskwalle fwar ut libben, vaar oltyten sain, dêr learde mun óm un ding fon olle kônten te besjen en jun dur un miening oer te fwarremjen. Sanien os Vypke ek, dy koe him mai de mwólle rêde, en dot vie un skoan ding. Tenai raizge Harrem trije kear vyks nai Vómmels, tiisdytejûûns nai ut fraaglearen, toansdytejûûns nai de jóngelingsferiening en snaintemwaans mai Vypke nai tsjerke. Middys gyng de brinne, en dy kaam jest tús os Harrem en de boer ol ûnder de kij sieten, vont se mwast rinne. Snaintemwaans mócht Harrem graag de êgen oer ut tsjerkefólk dwale litte en benammen oer de fammen. Hij voe ains vól ferkearing ha, vont óm ut hele vinterskóft bij Vypke en Japke óp 'e hud te sitten, dot lokke him net oan. Vypke koe ut vól pratende hôre, en dur kaam olle sneonen un blêd, dot De Fryske Boer hiet, en dot | |
[pagina 248]
| |
neffens Vypke ûsa de mwóite fon ut lêzen vurch vie, mar Harrem voe de skónken vólrus útslaan. Hij hie noch net fólle óm him hinne sjoen. Yn 't begjin fon 'e óngetiid hie ur mai Vypke un loop nai Frjentsjer makke óm un heloazje, en yn 'e naisimmer hie ur dur nochrus ollinnech vest. Ut vie vól un areg stedsje, mar vot mwast mun dêr os mun dur nimmen koe? Tsjóm kaam ur inkeldrus, mar dêr hie ur neat te sykjen, Vómmels mwast ur vólrus un bwadskip dwaan fwar Vypke, ferve, vainsmaarsel of sókssavot. Mar dot barde mar selden, vont óp fêste tiden kaam dur un mon dyt raizge yn boere-ark mai ut vaintsje fwarriden. Hij hie yn 'e naisimmer rus un ain fytst oer Sponnem, Hinnaad, Ytens, Jesterain, Vómmels en sa ver óp hûûs yn, mar ut vienen ek ollegjer fon dy gotten, dur vie neat te belibjen. Sókke fleorege en libbene dwarpen os Fervet en Marem, dy hienen se jir net. Hij vie ûnder de bedrjowen tróch achtjen vurren. Fon Vypke en Japke hie ur un piip en un tebaksdoaze krygen, dot fûn ur doch areg. Fon mem vie un brief kómmen, un pear dagen nai syn jiddy. Un bytsje nijs dot dur vie hie mem ómstondeg beskreon. Ut koe him net fólle skele, inkeld hût ut dur mai ut gemaak fwarstie, dot hie ur vól vitte vóllen, mar dêr skrjode mem net oer. Mai hait lyke ut net helendol ynwadder te vêzen, hij skynde lêst fon 'e rjóchterskónk te havven. ‘Hij wil er niet over praten, maar ik zie het wel aan hem,’ skrjode mem. Vot dot no ver vie? Och, ut soe ek vól neat óm 'e hakken ha, hait koe stikken noch dea. Harrem mwast olrus skrjowe noot de drókke tiid dêr yn 'e graidhûkke fwarbij vie. En de groetnis oan boer en frau Olivier. Dotlêste nóm Harrem fwót vaar. Ut skrjowen koe letter vólrus. De jóngelingsferiening hie ur fergees tsjinoan sjoen. De fainten dyt ur dy easte jûûns fon ut vinterskóft yn 'e kónsistoarje mette, vienen ek mar ienfôdege dwarpsjónges dyt libben bij de dingen fon ut gea en ut dwarp. Lykemin learders en lêzers os hij. Boere- en arbaidersjónges mai reade koppen en flaakshier. Se stapten yn ut holtsje út 'e klómpen en rónnen óp har blaunassauze sokken de kónsistoarje yn. Harrem fielde him bij har ferlyke un hearke yn syn snainze pakje en óp skwón - ja, hij hie gjin ferklaaiersklean en Japke hie ónjerre, hij koe dêr net yn 'e sailbókse hinne. En syn pak vaar him ek te lyts, hij mwast skielek fwar snains doch vot nijs ha. Hij koe dut fólkje maklek fwarbij, tocht Harrem. Oermoedeg slûg ur de mwólle dur dalek yn dût dûmny ut swiere stik fon 'e útferkiezing, dêrt ien fon 'e fainten un dreeg ferhaal oer tefoaren lêzen hie, yn besprek jûûg. Him, Harrem, tochte, dot vriend - hû vie de namme | |
[pagina 249]
| |
ek ol ver? ‘Bruinsma,’ sai de ynlieder - dot vriend Bruinsma de saak ferkead fwar de hearen brocht hie. Mun viste ómmes net ot mun útferkard vie, dot mun koe ek ol min bliid vêze. De kôns bestie doch ek dot mun fon God fersmyten vie? Dot probleem gyng vriend Bruinsma oer de meuch, mar dûmny foel him bij. Vriend Bosma vie óp 'e doele, ut ljowe jûûg un seker vitten, os mun fêst ljode dot God yn syn ûnainige erbarming besletten hie óm juns siel te rêden fon ut ferdjer, don jûûg dot treast en blydskip yn dit libben. Mar Harrem voe him sa net te plak sette litte: mun koe vól fêst ljowe dot God ut goed mai jun foar hie, mar mun koe jun doch fersinne? Meskjin hie God vól hele oare plonnen mai jun. Dû vaar dûmny nydeg en hij ferviet Harrem dot dy twivel sjidde oangeande Gods fwarsjenneghyd. Dot gyng Harrem bóppe de pet, en ferlegen óm un ontvud liet ur him yn syn memmetaal óntfôle: ‘Mun mat oltyten mar ljowe, mar vitte dógt mun niks.’ Inkele jóngebazen giisgóbben. Mar dûmny sai dot ljowen en vitten gjin tsjinstelling fwarmen, ljowen dot vie vitten, ljowen vie ut sekerste vitten dot dur bestie. Vaat ljode, vie apslút vis - vaat óm bevizen frege, dy ljode net fêst genôch. Dot koe Harrem don mar yn 'e bwósse stekke. Dêrmai vie ut skóft, de kónterbúsje vaar ind en de pipen varen ópstutsen. Gwódden sêgen even yn ut vaar en legen de blaas achter de hage fon ut tsjerkhôf. Nai ut skóft vaar dur un frije bijdrage hôden oer ut ûnderverp ‘Vermakelijkheden op het ijs’, dot faaks vól areg vest hie os de faint lêze kinnen hie. No mwast syn bwórmon him óm ut hutsje helpe. Oan 'e ain fon 'e jûn gyng dûmny óp 'e list nai vaat oan bar vienen fwar de ynlieding en de frije bijdrage. De ynlieding soe hôden vurre matte oer ‘Het vraagstuk van den Jood’ - dûmny liet de êgen oer de list dwale, vriend Kuipers vie oan bar, net san grut ljocht. ‘Bosma wil wel, doomny,’ sai immen. Dêr begón ut gegniffel ver. Harrem murk dot ut bloed him nai de kop rón, mar hij soe him net kenne litte. ‘Bosma?’ frege dûmny. ‘Ja, dûmny,’ sai Harrem, ‘ik dóg ut vól.’ Dût se de kónsistoarje út gyngen en noch even naipraten, kryge ur fwar ut ferstôn dot se net ollegjer óm him gniisd hienen. ‘Ik vie ut vól mai dij iens, Harrem,’ sai ien, en un oaren: ‘Do hast him goed yn 'e bek hóngen!’ Vóltefreden fytste ur nai Tritsem. De jinnege areghyd fon ut fraaglearen vie dot mun dur un soad gnize koe, gnize óm de ferkeade ontvudden en ut bryke hollônsk dêrt se yn nai foaren brocht varen. De ôde knapen fon tsjin 'e tryteg dyt óp 'e jóngelingsferiening ómtwarken ómt se noch net oan 't viif slagge vienen, dy tróf mun net óp ut fraaglearen, dy hienen ollang belidenis dien, of se mwasten ol grauélege stóm vêze. Ut vienen | |
[pagina 250]
| |
ollegjer jóngelju. En dur vienen ek fammen fonsels. ‘Wat is uw enige hoop en troost, beide in leven en in sterven?’ ‘Un graue boerefaam mai areg jild.’ Mar nai ôrin fon 'e kattegedónder skeaten de fammen de montels oan en rónnen earem yn earem nai hûûs ta, dur vie gjin spjelde tusken te krijen. Dot vie norus un areg ûnderverp óm oer óp 'e tekst, ónjerre Vypke, ut Joadefraagstik, no dêr foel hiel vot oer te sizzen. Vist Harmen dot net? Vypke hie ut him sa faak ol sain: hij mwast lêze! Olle dagen kaam de Ljauter kronte yn 'e hûûs en sneons kaam De Fryske Boer. En Vypke hie ek noch un bûk fon un fwaroansteand mon yn 'e hûûs, dêr stie ek vól vot yn oer de Joaden. Sneontemiddy voe Vypke him helpe óm de nûmmers fon De Fryske Boer tróch te sykjen. Vis, hij vie dur tige mai óp 't skik dot Harmen him dur daleks sa bij jûûg. Fonsels, mun mwast jun jerre litte, net bang vêze. En don san ûnderverp, dot vie fiks! De sneonoerdais jûûg de boer Harrem un grau bûk mai un brúnlearen kaft. Op 'e rêg stie mai gauden letters ‘Lib-bens-le-are’? Vot un healviis vud. Hij die ut bûk iepen en begón te staverjen, mar hij mwast un heel set óp 'e letters ómdykerje fwart ur yn 'e gaten kryge dot ut Friesk vie. Heden, bestie dot ek? Un bûk yn ut Friesk? Hij hie nea net fólle Friesk ûnder êgen hôn en hij koe ut net flot lêze, mar hij begón doch mar eane óp un bledsyde dêrt ur ut vud ‘Joad’ stean sêg. Ut vie vól dreeg, dy kearel skrjode os un gelearde! ‘Ek de fryske nasjonalist hoecht, as syn sounens ef oare bilangen gjin gefaer rinne, hwet it sexúele oangiet, net humanistysker, fetsoenliker ef sediger to wêzen as de natûr sels. De measte jongfammen binne nou ienris sà, det hja ûnmûglik bûten sexúeel forkear mei de man kinne. As dy jongfammen sels gjin priis stelle op hjar famme-ëare, hwêrom scil den de jongfeint biskaefder en wizer wêze! As hy hjarren net jowt hwet hja sa fûl bigeare, den siikje dy fammen hjar gerak dochs earne oars en, ta skea fen it ras, byneed by de Joaden en de minste eleminten.’ Sóks hie Harrem noch nea fon heard! Sa rjóchtút en óp 'e mon ô. Hij die ut bûk ticht en lai ut oan kônt, hij voe fwar Vypke net vitte vot ur lêzen hie. Mar Vypke kaam fon bóppen mai un dracht Fryske Boeren en begón drók te blêdzjen, en os ur vot gaadleks fûn, smiet ur ut Harrem fwar. Dit mwast ur rus lêze en ditte. Harrem kaam dur yn óm. Fonsels, ut vie kwat dai, Harmen koe net olles tróchvrótte, dy ynlieding mwast toansdy ol klear vêze. No, havar, Vypke soe him vól vot stjoere. Vot vie ut probleem fon 'e Joad kwatsain? No ditte: de Joad hie jir olle macht yn honnen en dot vie goed mis. De Joad beheaske ut hele ekonomys- | |
[pagina 251]
| |
ke libben: de banken, de honnel. Voe Harmen jild liene? Don kryge ur mai de Joaden te dwaan. Voe ur un kobist ferkwônselje? Ut viene ver de Joaden dyt de priis bepaalden. Ot mun nai Ljauet of Snits gyng, ut makke neat út, de Joaden setten de merk en os boer vie mun dur oan oerlevere. Kaam ur yn Amsterdam, don koe ur gevaar vudde dot de dyamont- en gaudhonnel hielendol yn Joadske honnen vie. Oerol sieten de Joaden foarenoan, yn olle lonnen, en dot vie un gefaar, vont de Joad vaad nóit ien en mien mai ut fólk dêrt ur mids venne, ut bljo un frjemdling, un fijôn. Ut vie de Joaden dur bij ainslútten óm begûn ut fólk te ferdjerren. Seag mar nai Ruslôn mai syn Bolsevyken, ollegjer Joaden. Ut soasjalisme - fon 't selde. No, goed, dot vie yn kwatte halen ut probleem. Vypke soe yn De Fryske Boer sykje óm stikken dyt oer dit probleem gyngen, don koe Harmen dêr vól ut ien en oar út oernimme. Ut mwast yn ut hollônsk, ja fonsels, no, don mwast ur ut net oerskrjowe mar yn aigen vudden naifertelle. Dot vie ek noch fólle better. De sneontemiddys gyng dur mai hinne en de snaintemiddys en de snaintejûûns fierhinne, en bij ainslútten mwast Vypke him de vaansdytejûûns noch fwarseze vot ur skrjowe mwast. Mar ut vaar un greot súkses, nea hienen se san libben naipetear en visten se safólle bij te bringen oan fwarbylden en ûnderfyningen. Se nómmen har petsje ô fwar Harrem dyt de dingen sa skerp en sekuer fwar de hearen bringe koe. Ollinnech dûmny sjontere dot Harrem de hele bibel dur bwótten litten hie. Mar dat had doomny ook helendal niet gesegd, dat dat derin moest, fervarde Harrem him. Syn stjerre stiigde ek bij de frôlje, murk ur de oare tiisdys bij ut fraaglearen. Se sêgen mai niget nai him en mwóskoppen. Vis, ut soe vól rûnpraat vêze yn ut dwarp dot ur san knappe ynlieding hôden hie. Hij tocht hij mwast dur gjin gês oer grûie litte. Dût se de kónsistoarje út gyngen, die ur fwót un set óp un faam dêrt ur yn tsjerke ol fakernôch un êg oan vêge hie. Mócht ur snaintejûn kómme, flústere ur har ta. Ut vie goed, mar Harrem mwast net óm har yn Vómmels kómme, se voe ut fwar har kammeraatskes net vêze, Harrem mwast har ûndervais nai hûûs mar ópvachtsje, jelve njóggenen savot. Ut vaar un ôfolder. Ut fanke voe vól prate, mar se vie ûsa skytereg. Se voe net yn 'e hûûs, vont hait en mem móchten ut ek net vitte. Se heukeren tegjerre vot óp ut hiem óm tusken bwóthús en rúskjinne. Harrem voe vól un tút, en se kearde him skrútten ut vang ta. Ferdeold, fammen koenen doch net bwótten seksúeel ferkear mai de mon? Hij fette har oan en liet syn honnen oer har mûttele heupen | |
[pagina 252]
| |
en har lekkere kónt gean en hij lûûk har stiif tsjin him oan. Mar ut fanke stómpte him tsjin ut bwast oan en spróng achterút os hie de baarleke dúvel har oantaast. Achteroer stróffeljend kaam se yn 'e rúskjinne telône. ‘Ydyoat!’ kriet se. Mar Harrem, ferstuivere, sai kôd: ‘Yde hyt ik net en un Joad bin 'k net.’ Hij socht de fyts en trape nai Tritsem. Tenai siet ur snaintejûûns te lêzen yn 'e Libbensleare for de Fryske nasjonalist. Stóm dot frôlje sóks net liezen. |
|