De reade bwarre
(1993)–Trinus Riemersma– Auteursrechtelijk beschermdUndergeast en bóppegeastMun mat junsels yn stokken hôre en net tajaan oan juns sucht ta moralysjerjen: Vot is ut doch ivegen spyteg dot minsken dyt ollegjerre fon utselde ydeaal besiele binne en nai utselde doel strjibje, enwar sa fûûl bestride en ferketterje óm neategheden. Se soenen doch maienwar stean, de lytse skelen oersljóchtsje, en ienriedig stride tsjin de viere tsjinstonders. Moaralisme is gwódkeap, ut is un flecht fwar de faitleke sytevaasje yn un mearkesachteg parredys. Fwót durmai! Vij matte ús bij de faiten hôre. De faiten binne: vot naier minsken enwar stonne, vot grutter har afferzje, vot fjidder fon enwar, vot grutter ut begryp oer en ver. Sa is ut yn 'e vrôd, en sa is ut goed, vont os ut net goed vie, don vie ut sa net. Lit ús dot no asjeblyft akseptjerje en net besykje tróch de vai fon peteargrûppen ut begryp tusken minsken te fergrutsjen en har relaasjes te óptymalysjerjen. Godferdómme, vij bedrjowe jir gjin frôljeslyteratuer! Hij begrypt mij net, ik kin myn djipste gefoelens net bij har kwyt, vij havve san oerflakkege ferhôring, hij vynt him oltyten fwar un djippergeand petear vai, sij ferberget har ynderlek fwar mij - ik kin vól baarmoederhalskanker krije os ik ut lês. Vij hôre ús oan 'e faiten, dot vól seze: un heal kópfól kôde kófje, un lege bolpin, benneskwón mai hûnnestrónt duroan, de kronte fon juster, un kepotte earbel, un bwósdûk mai snotte, un prak boerekoal. Ut libben fon 'e geast vjukket ús ómmes doch te heeg, dêr fertille vij ús oan en vij maitsje dur un geveldegen rotsoai fon: rúzje en dailesskip, moad en deaslag, fertriet en ellinde. Dot sille vij ek oan dusse epysoade út 'e skiednis fon ut Bwarrisme sjen. Mar lit ús dêr net fertrjitlek ûnder vurre, mar ús ville duroan belibje. Gekken ómmes bin dur óm útgniisd te vurren. Ut efongeelje fon Boldgrim neffens de beskrjowing fon Floares | |
[pagina 236]
| |
mai de Bult mócht noch sa dúdlek vêze fwar de ljowegen dyt har het iepenen fwar ut bwadskip fon God, fwar dejingen dyt har fwar ut beróp dot óp har dien vaar vaivyne voenen, vie dur yn 'e teksten genôch te fynen dot hôdfêst jûûg oan ut ferlet ta harsenskrabjen oer de krekte útlees. Salangt mun ómmes net óp 'un sekuersten vist vot un tekst vinleken sain havve voe, koe mun noch net goed begjinne mai ut leafhavven fon juns naiste en ut ópkallefaterjen fon juns aigen vankele etyk. Teölogen havve oltyten de fijonnen fon ut efongeelje vest, dot vie spytegernôch bij ut Bwarrisme net oas. De ljowegen prakkesearden en splintersochten net, sij ‘spróngen yn Boldgrim’ sat se ut neamden, en se hondelen sat de Geast ut har ynbloes. Vêrt se oer twivelen, dot brochten se yn gebed, yn ut fêste vitten dot Boldgrim har óp Syn oere en stuit ut ontvud takómme litte soe. Vont se visten dot skreon stie: Sykje east ut keninkryk fon Boldgrim, en ol dusse dingen sille dij iepenbiere vurre. Sa net de teölogen, dy voenen jir en no - krekt os bij de NCRV - ontvud havve óp har yrrelevonte fragen. De kwesje dêrt de teölogyske striid him óp taspitste vie: hat de útferkiezing en rópping fon Grimbold pleats hôn fwàr syn bette of dêrnaì? Sat vij vitte jaut ut efongeelje neffens de beskrjowing fon Floar dêr ontvud óp: fwartyd, fier fwartyd, te vitten ol jert de vrôd grûnfêste vie. De otterdoksen voenen har oan 'e letterleke tekst fon Floares syn beskrjowing hôre; sat ut dêr beskreon stie, sa vie ut. De frijsinnegen ûnder de Bwarristen nómmen de tekst fon Floares net letterlek; dot koe net, sainen se, vont de beskrjowing fon Floares yn Haadstik II, 1-17 vie strideg mai vot yn un ôdere bwanne oer de rópping fon Grimbold sain vaar. Dy ôdere bwanne vaar tróch de otterdoksen ta de saneamde ‘apokryfe skriften’ rekkene, mar de frijsinnegen sainen: Flauekul ollegjerre! De vjirhyd dyt jun net oanstjit apokryf neame, dot is moai maklek! Dû vienen se ol heal dailes. Se besochten ut nochrus maienwar. Harkrus, sainen de frijsinnegen, dût Floares syn efongeelje skrjode, dû vie Grimbold ollang dea en begrûven, hij hat dur net bij vest dût dy tróch Boldgrim ta profeet vijd vaar. Hij hat grif ôde ferhalen heard, en faaks hat ur ek ôde bwannen riedplachte, en óp grûn dêrfon hat ur syn tekst skreon. Moai, tige moai, vólle vij neat fon seze, mar ut is net de faitleke vjirhyd, ut is un ferbylding. Velnee, jimme stómme ydyoaten, raasden de otterdoksen, Floares hat him helendol net óp ôde ferhalen en skriften basjerre, hû krije jim dot no yn jim goare hassens! Boldgrim sels hat Floares ynflústere vot ur skrjowe mwast -vitte jim fergemy net vot ynspyraasje is? Dû vienen se helendol dailes. | |
[pagina 237]
| |
Un kemisje fon vize monnen soe ut skeel sljóchtsje matte, stelden de frijsinnegen út. De otterdoksen voenen dêr vól yn maigean, mits de helte fon dy vize monnen út ut otterdokse kamp ôkómsteg vie. Nee, mar don kaam mun dur nóit út! Ut doel vie óm ut skeel de vrôd út te helpen, en don mwast mun net begjinne mai ut nai foaren skowen fon kemisjeleden dyt ol partij keazen hienen. Ut mwasten monnen vêze dyt bóppe de partijen stienen. Vienen sókken dur don noch? Se fûnnen óp ut lêst doch un stik of sais gwódleke ôde montsjes dyt fwar baide partijen akseptabel vienen, en dy krygen de ópdracht óm út te maitsjen hût ut mai de rópping fon Grimbold no yndertiid krekt óm en ta gien vie. De vize monnen begónnen sónder fólle hoop oan har taak. Ommes, ek ol hienen se ut iens vurre kinnen oer ien fon 'e olternatyven, se visten yn ut foar dot har kar fwar de helte fon 'e Bwarristen net akseptabel vêze soe. Ot se no sainen dot Grimbold ol fwar de skepping oanviisd vie, of jest yn 'e 15e yw, gedónder kaam dur oltyt fon. Ut gyng net sasear óm un teölogyske, mar óm un poletyke beslissing, se mwasten de Bwarristen ver ûnder ien dak bringe. Soe un kómpromy de óplossing vêze kinne? Bijgelyks: God hie Grimbold ol fwar de skepping óp ut êg, mar de aigentleke rópping hie jest yn 'e 15e yw plak, dû vie dy útferkiezing defynytyf vurren? Of soe mun de partijen óp ien streek krije kinne tróch te stellen dot de skepping net un proses vie dot him ienkear ôspyle hie, vêrnait God de honnen fon 'e vrôd ôlûûk en dy draaie liet sat ur draaie voe, mar un tróchgeand proses? Of soe mun seze kin dot ut ier nul en de fytjende yw foar God gelyk vienen, ómt fwar him tiid net telde? Dêr soenen se rus viidvaideg oer stúdjerje matte. En dêr voenen se olle tiid ta nimme, vont os se tiid vinne koenen, hienen se ol un heel soad vón, tochten se. Mar dot vie un misrekken. Ut skeel tusken de Bwarristen vie net un kwaal dyt syn tiid ha mwast en út himsels ver oerbettere, mar un kanker dyt fjidder friet en un geswel dot útsnijd vurre matten hie. De vize monnen dienen lykvóls neat, en dot vie persys ut dómste vot se ‘dwaan’ koenen. Se lieten de kwaal syn góng gean. Ol mear lûken de partijen har óp har aigen bolvurken veróm, fon diskusjerjen voe langer nimmen mear vitte, de stônpunten varen ferskerpe en ferhudde. De otterdoksen dyt ljoden dot Grimbold ol fwar de grûndjerring fon 'e vrôd útferkard vie, varen tenai oantsjut os ‘bóppegeastdrjowers’, de frijsinnegen dyt ónjerren dot Grimbold jest tróch Boldgrim oanviisd vie dût ur un fólvûksen mon vie, hieten de ‘ûndergeastdriowers’. Vont drjowe dienen se langer, net belide, net loovje, net lofsjónge, mar oerdrjowe en tróchdrjowe. Fwar baide | |
[pagina 238]
| |
partijen lyke ut ryke efongeelje te ferskrónfeljen ta dy iene ómstriden saak: óp hókker stuit vie Grimbold róppen ta profeet? En ol ut oare dêrt de Geast fon sprutsen hie tróch Floares, dot vaar langer net beächte. Elk miende dot ur de vjirhyd besiet, en dot tróch ol dy krjowerijen de Vjirhyd ferlen drige te gean, besefte mar un inkeling. Och, de Bwarristen vienen ek ol neat better os de kristenen dyt desennia lang striden havve oer de fraag vot Jezus yn 'e mwólle hie dût ur oer de mar fon Getsemanee köre, un Lucky Strike of un Camel Filter. Nee, se praten net mear, se skólden ollinnech noch mar, sat ut yn 'e teölogyske vrôd yndertiid vênst vie: kammenetsbeoleg, tróchmygde bêdsek, Amearykaanske bóbbelhassens, útfretten sinesappelgeramt, plotvôdde hûnnelwat, fetlearen dwail, fólfretten kowepônse, stjónkend hiinstekring, ópbruisen maagsoer, ynenwarfrissele hingeljaar, ópbwóljende stjónkdóbbe, ôjette ruúskjinne, vylege ôdviveprûm, gearpóngele ónferstôn, stilsteande jarresleat, tróchrwóste blikkónt, útkwarre negerkloat, ópdóld ónront, fwólbek, kwealestertónge, razende rún, ómtrape kul, racheldóbbe, ôblaasde klapskeet, fólmygde pispoat, vaanvize vynhapper, apelóbber, oantaaste fwóllens, brykhingjende ûnderdoar, otterjend nwastergot en sa ol fwóthinne. Mar ut fertrette harren dot se deselde skelvudden brûkten en yn dot stik net fonenwar te ûnderskieden vienen. Se voenen enwar helendol vonlyk vurre, yn olles, yn praten, yn klaaiing, yn yten en drinken, yn vainjen en verken. Ja, de sucht ta kultúrele differinsjaasje gyng sa fier, dot gwódden fon 'e ûndergeastdrjowers óp 'e honnen begónnen te rinnen en dot gwódden fon 'e bóppegeastdrjowers de kop yn 't tóntsje stieken os se skyte mwasten. En bij dot olles gyng ut skellen tróch: de bóppegeastdrjowers beneamden har tsjinstonders mai fervizingen nai ut ûnderlichem, de ûndergeastdrjowers óntlienden har skelvudden oan 'e parten fon ut bóppelichem. De vênstege fwarried vie gau útput: klúnhakke, skeanbiller, smetreet, hekjetean, knólfoet; kwylbek, flapear, kealhassens, flaakskop, pykebwast, bult - bóppedot, ut brûkken fon 'e ytege skelvudden vie ol te maklek en koe útlain vurre os un gemis oan kreätyve feadegens. Dêróm sochten se ivereg óm nije skelvudden dêrt se har tsjinstonder mai bespotte koenen. De bóppegeastdrjowers fûnnen de naikómmende: yleg krop, yngrûide teannail, halelújahakke, krêkknibbel, balónkút, smethókse, sleepskónk, blabberbil, gaildrip, miggekul, útslyten kloatepóng, stróntvinkel, dóngfwórge, switljisk, jarrebud, oerjirrege breuk, fetflabbe, tichtslibbe nôle. De ûndergeastdrjowers hienen ut vot makleker, mait dur oan ut bóppelichem tradysjoneel mear patten ûnder- | |
[pagina 239]
| |
skaat varen. Se dienen lykvóls var óm net ol te fwar de hôn lezende skelvudden te betinken. Se fûnnen: bróddelbek, kwylstrôt, fûgelnekje, fwar-de-vyn-ear, flybertónkje, efongeeljesóbber, kankerkies, fetêg, trómpetvang, skimmelhassens, perkamintplosse, pûsterbwast, skeanskauder, drómmedaresbeoleg, ôsakke ûnderlippe, oerhingjende fwargevel, nachtblyne hailsboade, kramtrjiddene prûk. Se ferfoelen sa linkelytsen ta bêneftegens, dy fólvûksen monnen dyt de gemeente liede mwasten. Se makken enwar óptain attint óp 'e nijfûnne skelvudden dyt se de fijôn nai de kop smyte soenen en hienen yn 't foar ol un ónbidegen ville. De gemeente ferkaam en litte, os skiep dyt gjin hoeder havve. En noch vie de ain dur net. De ûndergeastdrjowers fûnnen út, se soenen de Miene Gearsit fon 'e Bwarristen, dyt oltyten te Graue Kot hôden vaar, dot iers, ut vie 1796, net besykje, mar se soenen un aigen gearsit hôre te Marem, ut kottedwarp ómmes. Dêrmai soe de skieding mai de bóppegeastdrjowers fynaal vêze, vont se nómmen oan, dy soenen vól nai ut ôde stee gean. Lykvóls, dût se dy jestmes yn Marem kamen, tilde ut dêr óp fon bóppegeastdrjowers, dyt de herbergen beset en de lege venten krêke hienen. Tróch olles hinne vienen de ûndergeastdrjowers, fon 'e bwarre beseten en de dúvel yn. Se óntnaderen de ienfôdege húslju heafwarken en sainen óm de godfergetten drekhóllen út Marem vai te rêgjen, ja, fon Bolgrims iede te ferdylgjen, har de bollen fon 't liif te snijen en dy fwar spot yn 'e bjemmen te hingjen. Os ‘De slachting fon Marem’ is dusse epysoade bekend bleon ûnder de Bwarristen. Undergeastdrjowers en bóppegeastdrjowers slûggen enwar un monnech koppen ô, stieken enwar vot heafwarken yn 'e hûd, meanden enwar poaten en jerrems ô, ensafwóthinne. Tólve deaden en jinnentryteg dyt dur min oan ta vienen, en un lytse hûndet dyt mear of minder slimme smetplakken hienen. Mar dot vie ut begjin noch mar. De Bwarristen hienen oltyt un lytse godstsjinstege grûpjerring fwarme yn Fryslôn, lykos ek de Mennisten, Roomsken, Akonyten en Swinglyanen. Offysjeel net tastien, en sóms ferfólge, mar olmeast mai rêst litten, salangt se har kúm hôden. De Bwarristen hienen har oer 't generaal kûûs hôden, temûk vienen se yn êfterôstegen gearkómmen óm maienwar te lêzen yn 'e skriften fon Floares en óm enwar te stypjen en te treasten. Yn neat hienen se tróch 'un dai merke litten dot se de Bwarre oanhóngen. Mar tróch ut trelit yn Marem vaar de hiele kristenhyd him ynienen ver bevust fon dot lytse plûchje kotteferearders dot os un rotsjende vûnne yn ut lichem fon ut Frieske fólk vie. Slag se dea, snij se yn moatsjes, hingje se óp, brek se de bónken! ôle ut kristenfólk. En har lieders | |
[pagina 240]
| |
nómmen de gjolpen oer, mar keazen un oar register: Daai harren! Vij harren vai! Dylgje harren fon 'e iedboom! Monmachteg kamen dû de kristenen ópsetten fon Fervet en Blije, ja fon Holvet en Tenaad en noch eastleker út 'e Dóngeredelen en fon 'e Flieterpen, dêrt se oltyten ol sa fyn os póppestrónt vienen, Bedaad, Vônsvet, Odtsjerk, Tegreft, Batlehiem, Hôlem en Hôlemermieden, Hijem, Fainsem, Fiifhúzzen, Odsyl, Nijesyl en Nijtsjerk. Mai teskflealjes en bynpjellen, tiksels en stokramten, poatstokken en dónggrypen kamen se ópsetten óm de Bwarristen dea te dwaan. En fonvegen de oerhyd te Ljauet vaar un ôdeling sóldaten yn forsjerre marstempo nai Marem stjoerd óm profesjonele help te bieren bij ut ômaitsjen fon 'e Bwarristen. Fon olle konten kamen de kristenen en amper ien Bwarrist slagge ut en tróchbrek de ómsingeling en óntkóm yn ut frije fjild. Lyts fjauerhûndet Bwarristen fûnnen de dea, faken óp un grauelege vize. De kristenen fierden feest yn Marem en lieten yn 'e oervinningsrûs amper neat fon ut dwarp oer. Olles stieken se yn 'e fik, de frôlje varen ferkrêfte, lytse bên roastere en ópyten, en de mônlje lóbben se. Bwarrist of net Bwarrist, dêr bekroaden se har net óm: God soe skielek de goeden en de kweaden vól skiftsje. En nai dut godgefollege vurk teagen se veróm nai har venoaden, yn 'e sillege vittenskip dusse lette krústocht ta un goede útain bracht te havven: fjauerhûndet Bwarristen deaslain, tink rus ta. Ja, ut hat mai de kristenen oltyten sa vest, un oar mat ut belije dot sij yn God ljowe. De Bwarristen kamen de slag min tebóppe. Jirrenlang hôden se har ketoen en dwasten amper noch mai un mai-Bwamst te praten, út eangst ferret te vurren. Gearkómme dienen se helendol net mear. Ut efongeelje fon Floares vaar óp ferskûl bracht, dot nimmen ut fyne soe. Gwódden sels ferbaanden ut. Ut pwódsje mai de bollen drûgen se ollinnech yn 'e hûûs, en don hienen se noch noed dot immen dur achter kómme soe. Ut dwórre langer os fiventwinteg ier jert yn 'e havene gemeenten ut mienskipsvurk linkelytsen ver óp góng kaam. De ferfôlen skûltsjerkjes varen ver yn gebrûk nómmen en se bûûgden har ver, mar fólle minmachteger os jedder, oer Floares syn boek. Dur vie nimmen mear dyt lieding jaan koe oan 'e bestúdjerring fon 'e vijde tekst. Un generaasje lyn vienen ómtrint ol har fwaroanmonnen deamakke, en de teölogyske óplieding vie ópdûkt. Mar dur vienen yn olle gemeenten vól un pear mônlje en frôlje dyt de jefte fon ut vud hienen en har brwórren en susters fwargean koenen yn 'e earetsjinst. Sa njónkenlytsen kamen dur ek ver skriftrûnten, dyt ienrus yn 'e vyke un perykoop út 'e skrift oant óp 'e bónkjes ôplúzzen. Ut dusse | |
[pagina 241]
| |
rûnten vai vaar nai ferrin fon jirren de tradysje fon 'e Miene Gearsit nij libben ynblaasd. Dot vie un heel kervai, vont lykos de pleatsleke gemeenten útenwarslain vienen, sa vienen ek de netvurken dyt hele Fryslôn ómspond hienen ferlen gien, maidot de kóntaktpersoanen dea vienen of de pipen yn 'e sek hôden. Ut vie don ek jest tsjin 'e midden fon 'e 19e yw dot mun ver fon un echte Miene Gearsit prate koe, dot voe seze, ien dêrt fierhinne olle pleatsleke gemeenten bij fertsjintvurge vienen. Dy easte Miene Gearsitten vienen fólslain vijd oan 'e reörganysaasje fon ut Bwarrisme, ut ver ópsetten fon ut gemeentevurk, ut óp 'e nij printsjen fon ut efongeelje fon Floares - dêrt noch mar un lyts tol eksemplaren fon fwarriedeg vie -, ut óplieden fon fwargóngers, ensfh. Oan prinsypjele en teölogyske fraagstikken kamen se ynjesten net ta. Nammes, de generaasje Bwarristen dyt notiids ierleks te Graue Kot kaam, vie ek vot skau fon ut óp 'e nij oangean fon ut teölogysk dispút - dot hie genôch ellinde oer ut Bwarrisme brocht. Se voenen har ljest dwaande hôre mai praktyske problemen, en har net ver fertille oan swiere kwesjes dyt un stjerlek minsk doch oer de meuch gyngen. Tolerônsje vie ut biedvud fon dusse nije generaasje Bwarristen: ut yndyvydú en de pleatsleke gemeenten soenen frij litten vurre yn har belidenisformúllen, of oassain: elk mwast mar ljowe vot ur sels voe. De yn faite net sa vichtege kwesje fon ut krekte stuit fon de rópping fon Grimbold, dyt oanlieding vest hie ta de ónbwarristyske striid tusken bóppegeastdrjowers en ûndergeastdrjowers, losten se óp un simpele vize óp mai dy te vedjerjen os un hailsfait, en net os un histoarysk fait. Dot die blyken un viis beslút te vêzen, vont dût dur sa njónkenlytsen ver fredeger en fleoreger tiden fwar ut Bwarrisme oanbrieken, teskwórde de rjóchtingestriid ut geastlek libben net óp 'e nij. De klam dyt de nije generaasje Bwarristen lai óp de praktyske en pragmatyske kônten fon ut ljowe, óp de bazesgemeenten os fierhinne autonome ynstytútten en óp de frije, yndyvydúele ynfolling fon ut ljowe, en ut ôvizen dêrfwaroer fon tucht, fon sintralisme en fon teölogyske skerpslyperij, betsjutte yn faite un kar fwar de frijsinneghyd. Ut is net dúdlek ot de Bwarristen fon destiids har dot bevust vest havve, of dot se de kónsekwinsjes fon dy kar yn har hele hear en fear oersjoen havve. Ut lyket duróp dot se yn 'e twangposysje dêrt de histoarje har yn manûvrjerre hie, gjin oare kar dwaan koenen os dusse. Ut traumatyske vjerfaren fon 'e Slachting bij Marem snijde fólslain de mooglekhyd ô ta un restoraasje fon ut 18e-ywske Bwarrisme mai syn veteghyd en veetlekheden. De Bwarristen fon 'e 19e yw hienen totaal gjin ferlet óm partij te kiezen yn kónflikten fon | |
[pagina 242]
| |
otterdoksen en frijsinnegen út ut ferlyne. Vaat gelyk hôn hie destiids, yntresjerre har gjin sprút. Vot bij har inkeld telde, vie dot dy diskusje un kottestrôfe oer ut Bwarrisme brocht hie, en har hôring tsjinoer ut ferlyne vie ien fon: dot nea ver. Mar yn relaasje ta ut jeddere Bwarrisme, en fergelykjend ek mai de Herfwarme Tsjerke dyt yn 'e 19e yw un slimme striid tusken otterdoks en frijsinneg te striden hie, kin mun doch seze dot yn ut 19e-ywske Bwarrisme de otterdokse faryont ûnder de sjedden skikt vaar. Dot betsjutte, fergelyke mai ut Bwarrisme fon 'e 18e yw, un teloargóng fon 'e teölogyske kennis, ut fierhinne ferdwynen fon 'e prinsypjele diskusje oer de grûnslag fon ut ljowe, en yn ut olgemeen ut ôtakjen fon 'e betrutsenhyd bij de tsjerke. De measte, óp ut Frieske mêd kundege, godstsjinsthistoarysy lykos Abma, Kalma en Noordmans binne fon miening dot mai ut ferdwynen fon 'e otterdoksy ut hele Bwarrisme vinlek yn 'e fersukkeling rekke is. De ôvêzeghyd fon un strakke organysaasjefwarrem, ut óntbrekken fon un kóntynúe stream fon relygyeuze públykaasjes, ut fólslaine ynenwarsakjen fon ut gemeentelibben, dot him ûnder mear úttert yn ut ferkeapjen en ferhieren fon 'e skûltsjerkjes, kwatsain de ónverkenberhyd fon ut Bwarrisme yn 'e 19e en 20e yw, mat neffens har miening ta de kónklúzje liede dot ut Bwarrisme dea is, of yn olle gefollen sa slim fervettere, dot ut os faktor yn ut relygyeuze libben yn Fryslôn gjin rol mear spylet. De faitleke kónstatjerringen maie krekt vêze, ús tinkt dot se ferkead ynterpretjerre vurre. Ot de vinsk de hait fon 'e tins is bij dusse trije herfwarme teölogen, vólle vij ô vêze, mar se binne dur ol te redsem mai óm ut Bwarrisme bij ut jiskefet te setten. Dur blykt bij harren nammes un oervedjerring fon organysaasje en útterlek fertoan dyt anakronistysk oandógt. Ommes, ek de Herfwarmen en Griffemeaden keare har notiids fon 'e ynstytútten en ynstytúsjonalysjerringen ô en fwarremje bazesgemeenten - krekt sat de Bwarristen dot oarel yw lyn ol dienen. Us tinkt, dy ‘fervettering’ fon ut Bwarrisme hat yn 'e fwarbije hûndetfyfteg ier blyken dien syn krêft te vêzen. De fermindere verkenberhyd fon ut Bwarrisme makke dot ut him maklek assymyljerje koe oan 'e oare godstsjinstige rjóchtingen en dy beynfloedzje en ómbûge. Sa havve de Bwarristen har móngen ûnder Herfwarmen en Griffemeaden, ûnder Roomsken en Mennisten, en ûnder olle sekten en grûpjerringen fon 'e twintegste yw. Ek óp ut poletyke fjild vienen se varber mai, lykos yn 'e tsjerke, de lju tsjinenwar óp te setten en de boel yn 'e bulten te jaaien. De úttocht fon 'e ‘Frijmakken’ út 'e Griffemeade Tsjerke, de ‘Nacht fon | |
[pagina 243]
| |
Smelzer’ - nimmen tocht yn 'e fjiste fjitte oan 'e Bwarristen, mar dy sieten durachter. Maidot se dur net mear lyken te vêzen, koenen se har vurk dwaan, ta eare fon Boldgrim, de Grutte Ferneuker. |
|