De reade bwarre
(1993)–Trinus Riemersma– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 227]
| |
De boer is de bwanneDy tólfde maaies 1938, ut vie óp un toansdy, fytste Harrem óp 'e rykrak nai Tritsem. Ut vie gôns un slinger, mar hij vie fon doel ut kollem oan te lezen, óp 'e tiid even oanstekke. Mem hie him un trómpke bôlegwód maijûn en un pear hudde gûnnen. Se jûûg him lykos olve ier lyn dût ur fwar ut east nai skwalle bóksele vie, un steal fermwanningen mai. Fetsoenlek vêze tsjin de boer en de frau, óm sezen jaan, snains nai tsjerke gean, fon 't vinter nai ut fraaglearen, net nai de krûg, en him ta deugd oanstelle. Têke hie útsoate oare noaten óp 'e sang: de beoleg duróp, net bang vêze fon smwarge klauen, óp 'e sinten posse, neat ónnut fergrieme, en de groetnis fon hait oan Olivier. Eelkje sleat har bij ut lêste oan: en ek de groetnis oan frau Olivier. En Harrem, Harrem, do skrjoost olrus, jer! No fytste ur de púndyk út en liet ut Klaailôn achter him. Fwargoed? Os ur haite sin die, kaam ur skielek veróm mai un grau sparbankbûkje. Sels vie ur dêr sa vis net fon. Hij fytste Marem tróch, ut bwótterfebryk, ut doktershûûs, de smid, en dêrtsjinoer ut earemhûûs, de griffemeade tsjerke en dû vie ur de bwórren ek ol ver út. Ut vie him noch sa aigen, ut dwarp, ek ol kaam ur dur de lêste jirren hast nea mear. Jir hie ur skwallegien en bwatte mai de jónges, de hele bwórren tróch. Mar no vie ur Ferveter vurren en hij hie nije maten fûn. Sneon hie ur beppe-Fervet dach sain, en snain hie ur ôskied nómmen fon pake-en-beppe-Bósk. Pake begón ut te mjellen, lyke ut vól, hij voe beppe oan ut ferstôn bringe dot Harrem soe emygreare, en vólst vól ljowe, os ik sels un jóngkearel vie, don gyng ik mai! Beppe klage fon ‘Nee, dot is net sa, Jurjen, dot is net sa. Sa is ut net, Jurjen, nee, nee.’ Mar pake vie net fon 't stik te bringen. ‘Amearyka!’ bearde ur, ‘munny, munny!’ Harrem liet ut oan beppe oer óm kljerreghyd te skeppen - vot koe him dy ôde nútten skele. Hij swólge un kop sloppe tee fon ut twadde treksel tróch en ónjerre dot ur dêrmai oan 'e ferplichtingen fóldien hie. Hij sai hij soe ver óp hûûs oan, en ut olderbêste. Ode minsken varen ollegjer un bytsje gek, lyke ut vól. Hij hie fwarhinne ûsa viis vest mai pake Jurjen, mar ol sónt jirren koe ur ut bênachtege praat fon 'e ôdmon | |
[pagina 228]
| |
vól spuie. Beppe Richt vaar ek núver. Stinne en suchtsje en eamelje oer jedder tiden. Un pear ier lyn hie se oltyten preken tsjin him hôden os ur óp 'e Lytse Bwórren kaam, dot Harrem ticht bij de Heare Jezus libje mwast, en don voe se tegjerre mai him sjónge fon ‘Skeepke onder Jezus' hoede’. En ekrus hie se jammerjend ferteld oer pake Jurjen dot san smearlap vest hie yn syn jónge jirren. Un núver ferhaal, dêrt syn mem ek mai anneks vie. Sónt hie ur oltyt beard dot ur ut net oan tiid hie óm un momint del te fôlen, hij mwast daleks ver túskómme, hie hait sain. Hôlem, ut kûkefrettersdwarp. Hij hie súver nea fjidder vest os ut kefee óp 'e hûkke. Mai de jónges vie ur vól nai Hôlem köre en don de Dúnvai del nai de Hôlemerhûkke en oer ut Bósk veróm nai Marem. Fjidder hie mun dêr neat te sykjen. Hôlem vie un núver dwarp, dur lyken ollinnech mar ónnoazele holzen te vainjen. Omke Iede-en-dy tsjerken dêr, mar dot vie ek san sljo feguer. Hij hie dur net mear vest, se koenen yn 'e strónt sakje mai har sinten. No kaam ur ol yn 'e ónbekende vrôd. Hijem, en don Stiens, ut goddeleaze dwarp, dêrt se óp snain keatsten en naityd nai de krûg gyngen. Dur lainen sels gwódden achterstefoaren óp ut hôf, dy hienen klear de gek mai de ópstonning. Os dot ol barre mócht, don stienen sij mai de kónt nai Jerúsalim ta. Harrem hie net safólle ópstutsen fon 'e bibelske skiednis óp skwalle en fon ut ‘fràlearen’, dêrt ur ut ôrónne vinterskóft hinne raizge vie, mar dot God bestie en dot dur un hymel vie en un hel, en dot gwódden teplak kamen en oaren ferdómd varen, dot vie him sa klear os un klûntsje. Lju dyt neat vienen, dy kamen jirnai raar óp 'e kófje. Fonsels, ut vie un ferhipten lêst dot mun oltyt nai tsjerke mwast en óp snain súver neat mócht, mar dêrfwar ljode mun don ek. Ut soe him nij dwaan vêrt ur telône kaam. Ut mwast dêr un keale oade vêze en hast gin dwarpen yn 'e ómkryten. No, hij soe him vól rêde, hij koe mai un ier twa ek ver ómsjen os ut net fóldiig. Hait hie dut plak fwar him besteld. Dur hie un atfertinsje stien yn 'e Ljauter kronte dyt hait yn 'e skearvinkel lêzen hie. Hij hie de kronte mainómmen en tús hienen se mai har trijen de atfertinsje útstavere. Un V. Olivier te Tritsem frege un ‘aankomende knecht’, ‘goed loon’ en ‘bewassing en kost’. Fonsels vie ut helendol net un gaadlek plak fwar Harrem - vot soe hij os genierssoan dêr leare kinne yn 'e graidhûkke? Hij hie nai de Bjirmen matten, lykos ómme Iede sai, of nai de lytse bauhûkke of de Dóngeradelen. Mar safólle kar vie dur net. Hait hie neane kónneksjes, hij siet net yn boere-organysaasjes, hij kaam nóit óp gearkómsten, hij raizge nea nai de feemerk. Un kronte | |
[pagina 229]
| |
liezen se net, ollinnech de bókkekronte, en dêr stie oas net os pleatslek nijs yn. Os hait ómme Iede durfwar spond hie, of un oar grut boer ûnder de naiste bwórlju, ja don - mar dêr vie ur fjiste aigenviis ta. Hij vie ek sa aigenviis dot ur sels ut brief oan Olivier skrjowe voe. Mem hie un fólle bettere hôn, en mem koe har ek ridlek rêde mai ut hollônsk, mar hait voe him dut net út honnen nimme litte en hij bestege dur un heale snain oan óm ut brief óp poaten te krijen. De tsjerke vaar duróm fersómme, vot neffens Eelkje un fólslain ferkead begjin fon dut avventoer vie. Mar ut brief kaam klear en hait hie gjin vudden skrómme. Harrem vie un ‘jonggezel die de handen na alle werk staan’, hij ‘wil goed om zeggen geven’ en vie ‘los vertrouwd’. De mandys vaar dur un kefet en un segel kocht en dû vaar ut gefol óp hope fon saine de vrôd ynstjoerd. Binnen de vyke hienen se ontvud: ut mwast mar oangean. Hij ried fwarbij de Grutte Bontekoe en de Lytse Bontekoe, ferneamde herbergen dêrt ur boereswannen vólrus oer praten heard hie. Hij hie sin oan kófje, mar hij voe Ljauet helje. De Groene Weide, krekt fwar de Frauepwattebrêge, dêr vie ur fon doel óm oan te stekken. Ek un ferneamd ding bij de boeren. Sels hie ur dur nea vest, se raizgen net nai Ljauet. Hij liet him un kóp kófje bringe en begón oan 'e bôle te plúzjen. Hij gunde himsels un jeloere lins, dû slingere ur de skónk ver oer 't seal en ried de Haanzerstrjitvai út. Ut kófferke mai klean hie ur fonnemoan aigenhondeg óp 'e pakjedrager bûn. De nije kylen, brûkken en boesgroenen sieten dêryn, en de helte fon ut nije ûndergwód. De oare helte hie ur oan, en dot koe ur fernimme, ut swit stie him óp 'e rêg. Oan vjeskonten fon ut achtertsjel bóngelen de klómpen. Syn snainze pakje hie ur oan, en de swatte skwón. Hearachteg ferklaaid, mar hij koe lang n't munsterje tsjin 'e mônlje dyt ur niis yn 'e herberg sjoen hie. Yn 'e stêdsherberg te Frjentsjer, krekt bwótten ut bolvurk, stiek ur jetrus oan. Hij hûgde de stêd net yn, hij gyng oer ut spoar óp nai Tsjóm, dot vie mar un wannestap. Nai Tsjóm mwast ur de kônt út fon Vómmels, en óp jelvys tusken dy dwarpen mwast ur rjóksô slaan nai Tritsem. Sa hie Bean Bakje, dyt mai ut pak raizge en olle vegen yn hele Fryslôn vist, ut him útlain. Un lyts ketier fytsen Tsjóm fwarbij, hie Bean sain. Hij fûn ut paad maklek, mar ut hússtee fon Olivier te fynen vaar noch ut dreegste pat fon 'e rais. Ut arbaidersviif dot ur frege, hie nea fon un Olivier heard. De arbaider dyt dwaande vie un ôd hikke ver góngber te maitsjen koe him lykemin helpe. Op hele Tritsem venne gjin Olivier, voe dy havve. Dû ried | |
[pagina 230]
| |
Harrem de reed óp nai de easte pleats dyt ur sêg en stelde ver syn fraag. De ôdboer brocht útkómst: vis, de jóngfaint mwast grif bij Vypke en Japke vêze, dy skrjoden har Olivier. Hij mwast de reed veróm en don ut paad fólgje ut vesten yn, don kaam ur fonsels bij Vypke. Yn 'e bócht oan 'e lófterkônt fon 'e vai. Ut koe net misse. 't Vie ek sa, hij sêg ut needrege spultsje ol rillegau lezen. Lyke needreg vienen de bevenners. Vypke, un plot, tsjelskónkeg montsje mai skerpe en beveechleke êchjes ûnder de pet, en Japke, ek lyts fon stik, mar rjócht fon liif en lea, en tige skriel. De frau fwar him en de boer achter him, sa gyngen se yn óptocht ut achterhûûs yn. De mwólle stie Vypke net un momint stil. Se hienen ol even óp him vachte mai ut yten, mar se visten ek net krekt hû let os ur kómme soe, dot se vienen mar begûn. De frau hie noch vól un bwad brij fwar him, ja no Japke? En hij hie noch vot yn 't trómpke? Moai sa, don mwast ur dot east mar ópplúzje. Tús olles goed? Harrem knikte, de groetnis fon hait en mem. Jir mwast ur mar sitten gean, dit vie tenai syn fêst plak. Dit vie syn stoel en de frau siet dêre. Moaisa. Brij, frau. Aanstûûns mwast Harmen syn gwód teplak bringe óp ut kjemmerke en him ferstrûppe, de kyle en blaubókse en de klómpen oan, don soenen se bwórkje. Ut middyskóft vie doch ferlen. Ja, Harmen foel no samar óp 'e brij oan, mar sij vienen oas vól vend óm te honnegjerjen, Harmen-en-dy tús net? Vypke voe mar óp 'e tiid vot tee ha, frau, en don melke. Harmen vie óp dit stik net helendol ónbedreon no? Harrem skódhólle, hij hie de mwólle fól bôle, dot kaam ek poerbêst út: syn melken koe gjin sprekken lije. Dût ur de bôle en de brij óp hie, nóm ur un momint de êgen ticht. Vypke knikte him vólgefolleg ta dût ur se ver óp die. Efter Vypke oan klottere Harrem bij de ljedder óp nai de bwóthússolder. Op 'e ain dêrfon vie un kjemmerke ôsket. Dur stie un fêst bêd yn, un tafel, un stoel en un kleankost. Dur vie un behindeg rútsje dot útsjug jûûg oer de rúskjinne en ut vide graidlôn. Vie ut Harmen nai 't sin? Vis vie ut dot. Dû jûûg Vypke him plechteg de hôn en spriek: ‘No, Harmen, don hoopje ik dot jo jir nai genûggen ferbljowe sille.’ Dût Harrem yn 'e nije blaue brûk en kyle bwóttendoar kaam en de klómpen fon 'e fyts helle, spaande Vypke ol óp ut hiem óm mai un hagedwannen kneppel yn 'e hôn. Se stieken de lônreed achterhûûs út. Vypke viisde mai de stôk en lai út: Ut measte jirre oan 'e reed vie syn gerjóchteghyd. Dy kont oer laine Mindertsma syn besittingen. Dêre Gerben Gwasses-jónges harres. Achter dy pleats lai Vómmels, dot koene jo jirvai noch net sjen. Dêre hiene jo Sponnem. Achter har de hege toer fon Tsjóm. Sjóg, dêr rûnnen de kij, fjitjen | |
[pagina 231]
| |
melke kij hie ur en fjauer hokkelingen. Maityds en simmers hie ur de kij olmeast fier fon hûûs, en by 't naisimmer os ut hea fon 't lôn vie, helle ur se tichter nai de pleats ta. Don koene se yn 't nijgês. Sa bwórke ur ol jirren, en ut fóldie skoan. Dy miede dêr fjidderóp vaad gau sómpeg, dêr makken de kij bij 't jest raar vurk. Vacht, hij voe un piip ópstekke. Vie Harmen ek un pypker? Nee? Tsjóngnochta! No, hij mócht graach even paffe. Os ut vurk ut taliet, ferstie him goed! Under ut melken bijgelyks. Op 'e twólle ûnder un ko, os de molke yn 'e amer sóng en de reek jun óm 'e nwasters krinkele, don koe mun sa nóflek prakkeseare. Melken vie ut mwaiste boerevurk, fûn Harmen ek net? Harmen vie fonsels mear un mon fon 'e bau. Mar hij soe jir vól aadzje, dêr hie ur neat gjin noed mai. Op 'e verómrais nai de pleats ta voe Vypke olles vitte oer Harrem-en-dys spul. Hûfólle pûnsmjit bebwórken se? En ollegjer bau? Brûkten sij no ek fon dy nijmwadrege keunstdóng? Soa, no ja, oer de bau soe ut kinne, dêr voe ur neat fon sizze. Mar oer de graide vie sók gwód un pest, os hij syn persoanleke miening jaan mócht. Jo krygen vól mear ópbringst, dot vie vier, mar deugd siet dur net yn. De kij diene ut dur net goed óp. Ut gês skeat fjiste hud ómheeg, ut vaad sa gail os vot, mar ut drûgge slim yn, mun haude dur navenont gjin hea fon oer. En kôns óp jebrûi, fólle slimmer noch os oas. Nee, hij voe ut óp syn lôn út noch yn net brûkke. Jarre en strónt, dot gyng durmai. En Harmen vie de jinnege soan? En vot diene syn susters? Ek ollegjerre goed sûn? Japke hie de tee brún dût se yn 'e hûûs kamen, en dû gyngen se te melken. Vypke strûpte un ôd brûkje oan en un belape kyle. Hij helle ut hynder út 'e finne en slûg yn. Nee, Harmen mwast naist him óp ut fwarkret kómme, oas mwast mun sa róppe. Vie Harmen un hiinstemon? Net sa bót? No, jirsa, don fwót de laaie mar nimme. Un boer dyt net mai hynders oer de vai koe, dot vie gjin boer. Mun mwast lieding jaan, Harmen, os boer mwast mun lieding jaan. Yn olles. Ut melken foel Harrem dúvels ô. Vot hie ur tús mólken? Te hea en te gês, mar hait die ut meastol. Mun hie os genier un pear kij, mar ut sin lai dur net bij. Oltyten os mun ut bonneg hie mai de rjappels of de byten, don vienen dy frekte kij dur ver dyt mólken vurre mwasten en dêrt mun óm út ut vurk brekke mwast. Mar mun hie strie, mun hie bytekrûden, mun hood bij ut rjappelsiljen un knwarre kriel oer, mun hie vot volhea, en bijneed kocht mun un klampke. Mun koe maklek un pear bisten tróch de tiid helpe en ut jûûg un ekstra ynstruiing. Mar ut vie dur óp ta. Vypke hie de easte | |
[pagina 232]
| |
ko ollang dien dût Harrem noch siet te pjutskjen. En dot vie don ek noch ien dyt de molke maklek sjitte liet, neffens Vypke. Vypke siet oanienvai nai him te sjen, murk ur vól. No ferdómd, hij die syn bêst. No, no lyke ut doch te minderjen, hij vie leeg, voe ur ljowe. Hij stwattele achterút mai de twólle en lûûk de amer oan. ‘Vachtsje even, Harmen,’ rôp Vypke, hij kaam oerain en sette óp Harrem ta mai de twólle yn 'e hôn. ‘Ik vól even kóntroleare ot ur jo net tefyter hôn hat, Harmen. Hij hat fonsels daleks fernómmen dot ut un oare hôn vie dyt him mólk. Matte jo sjen, sjóg, sjógrus oan! Dêr kómt ut lêste los!’ Dur speten un monnech lange strielen út 'e oeren vai. Dû de oare baide noch en dy vienen ek lang n't leeg. Harrem fielde him óngelókkeg, sels dut stómme vurk ferstie ur net. Dur vôle lilkens ómheeg tsjin syn hait dyt him jirhinne stjoerd hie. Mar Vypke slûg ut yn 'e jamkste fôde. ‘Jo matte mij net misfetsje, Harmen, dit vie gjin naigeandereghyd fon myn kont. Jo dógge jo bêst, mar jo kenne de kij noch net. Un ko, Harmen, dot is net un stóm bist dêrt molke út kómt, un ko is snoad, un ko fielt ot ien him kundeg melkt of net. En os ut mar even net doogt, don hôrt ur de molke fêst. Jo matte ut noch leare, Harmen, mar jo kinne ut ollinnech mar leare os dur ien is dyt ut jo leare vól. En ík vól ut jo leare.’ Harrem knikte en besocht te glimkjen, vis, hij voe goed fon oannimmen vêze. Ut montsje lyke net sa kwea, hij mwast ut mai him sjen te roaien. ‘Ik soe sizze, nim dy mar, dot is un gemoedlek bist. Ut is dúvels dot jo net smoke, Harmen, fon smoken vudde jo sels rêsteg en sadwaande de kij ek.’ Dût se de bussen óp 'e vain setten en de amers, twóllen en spontauen durnjónken skikten, telde Harrem yn gedachten de kij dyt ur mólken hie. Fiif kaam ur óp, don hie de boer dus njóggen dien. Dot vie Vypke grif ek net óntgien. Dût se tegjerre óp ut fwarkret ver óp hûûs yn jotten, sai de boer: ‘Ut kin mij neat skele, Harmen, dot jo ynjesten un ko minder melke os ik. Dot haf ik ljevver os dot jo un ko un ferkead fean beswargje of him net goed leeg melke. Ut hele bestean fon un graidboer, Harmen, dot draait óm de kij en de molke. Vot jir achter ús óp 'e vain stjit, dêr matte vij fon tróch de tiid. Dêróm steane vij noed fon 'e kij. Jo matte kollemoan en mai ferdrach, nea gysten en beroed - dêr maitsje jo de kij skau mai. Ik sil ut jo sizze, os jo jir un jelier vest ha, don kinne lyke hud os ik. Jo binne noch jóng, jo leare ut vól.’ Harrem sette de bussen bij de dyk en Vypke slûg ut hynder út. Harrem vachte óp ut hiem oant de boer ek sa fier vie, ut lyke him net fetsoenlek óm os easte de hûûs yn te gean. Hij skôge de stjelp. | |
[pagina 233]
| |
Ut vie vot un plot model, mar rûmte siet dur vól yn. Ut vie un goed ûnderhoden spul. Dur miste gjin ponne en dur vie gjin rút mai un bast. De naal vie rjócht os un tried en ut dak sa sljócht os un tafel. Ut siet ek ollegjerre goed yn 'e ferve. Hij voe de fwarain besjen dût de boer verómkaam. Fwart ur de klómpen útskópt hie, golme ur ol yn 'e iepen doar: ‘Ha jo de kófje brún, boerinne?’ ‘Jo matte mij net drjowe, Vypke.’ Se hóngen de pet oer de knop fon 'e stoel en gyngen sitten. Se joken enwar, tocht Harrem, ut vie him fonmiddy net ópfôlen. ‘En hû is 't gien, Harmen?’ ‘Bêst,’ sai de boer jert Harrem beskied jaan koe, ‘hij leart ut vól.’ Nai yten gyngen se un slag ut hiem oer, en ut hôf tróch. Dit vie de boerinne har gerjóchteghyd, sai Vypke, jir hie hij neat te sizzen. Dur stienen un stikmonnech apelbjemmen en dur vûûksen gaudsjeblómmen en túnkanen. Naist ut hôf vie de finne, dêrt ut hynder rón, en óp un ôsketten hûkke durf on lai un munster fon un baarg. Harrem hie syn niget duroan, san grauen hie ur selden sjoen. ‘Dy sil fon 't vinter smaitsje,’ sai de boer. Dû gyngen se nai de skwórre en besêgen ut lege jefek en de hynstestôl en ut rjo, dot ollegjerre kreas oan spykers oan 'e mwórre hóng, twa- en trijetynsfwarken, rjowen, byntauen, twa botsen, un lep, un splitlep, un boar, un slaai, un saine. Tsjin 'e achterhúsmwórre oan vie un vurkbank timmere en dêrbóppe hóngen hammers, knyptangen en oar timmermonsark. Gjin ding sleepte jir óm, olles lai te plak en fwar 't krijen. Ut bwóthús vie skjin os sûkker, mun koe dur wasfwótling tróch rinne. Se soene jûn gjin drókte mear úthelje, sai Vypke, mar oas, maityds en simmers, dot vie un drókke tiid fwar de graidboer. Dur viene vyken dot mun ut bêd amper roerde, dot mwast Harmen vól fwar ut ferstôn ha. Fon mwaans ier oant jûûns let vie mun don yn 'e baan. Dêr stie fwaroer, vinters hie mun un soad lins, en grif os de kij drûg stiene. Don soe Harmen nai ut fraaglearen kinne en nai de jóngelingsferiening. En ut sangkoar, os ur dêr niget oan hie. Harmen vie útteraad sels baas, mar sij tsjerken te Vómmels. Tsjóm vie lykefier, mar hij en de boerinne kamen út 'e Vómmelzer kryte en se hiene dêr oltyt de loop hôn, en dot vie sa bleon dût se jir fwar twainteg ier kómmen viene. Harmen jerde doch ek oan 'e grutte tsjerke os ur ut brief goed lêzen hie? Harmen soe syn fyts noch óp 'e telle sette, voe Vypke havve, dy mwast net bûttendoar ómtwarkje, en don giene se nai de boerinne óm tee. De boerinne siet te krontlêzen fwar ut finster. Se kaam oerain dût de mônlje ut achterhûûs yn stapten en geat tee yn. ‘Asjeblyft Harmen.’ ‘Tanke frau.’ ‘Voene jo ek un stikje kûke, Harmen?’ | |
[pagina 234]
| |
‘Asjeblyft frau.’ ‘Jo hûgge mij gjin “frau” te neamen,’ sai se. ‘Vij binne mar gevoane boeremeensken.’ ‘No, no,’ sai Vypke, ‘jo matte josels en ús net hielendol vaismyte, boerinne.’ ‘Ja, jo maie mij graag vot pleagje, Vypke, mai jo “boerinne”.’ ‘Hielendol net!’ sai Vypke. ‘Jóó binne jir de boerinne. Ik jau jo de eare dyt jo takómt!’ ‘Ja, ut is vól goed,’ glimke se. Mar no kaam Vypke ècht óp 'e praatstoel. Hij skikte ut kwat pestuer nóflek achteroer yn 'e stoel, plonte de jerremtakken óp 'e lenings en nóm de honnen gear fwar ut bwast. ‘Vij matte ússels net vaismyte, frau, dat dógge oaren ol genôch. Méár as genôch! Elkenien sjógt langer op 'e boerestôn del. De boer vud leeglain en begekke, de boer vud nai de ûnderste trieme fon 'e maatskippij trape. De boer is dóm, jit ut, de boer kómt achteroan. De yndestry en de honnel, dot jit olles te vêzen, en de boer is neat. Ut vrótten fan 'e boer óm de hólle bóppe vetter te hôden yn disse neare tiden, dot deart nimmen oan. Lit de boeren mar frekke, tinke se yn 'e stêd!’ ‘Fij, boer, sókke vudden!’ vaskôge Japke. ‘Jo ha gelyk, frau, dot óntkaam mij. Mar vêrt ik tsjin ópkómme vól, dot is ut ferhûûddûkjen fon ús boerestôn. Se kinne yn 'e stêden vól vakker sweeslaan en miene dot se de boeren vól misse kinne, mar se ferjitte dot ut útainleken ollegjer fon 'e boeren kómme mat. Ik sis jo, Harmen, de boer is de bwanne fon hiel ut matryele bestean yn ús lôn. Os de boer net melkt en de fruchten net út 'e grûn hellet, kin gjin meenske jir ytende bljowe. En ik sis dêr noch oerhinne: de boer is ek de bwanne fon ut geastlek libben. Vitte jo vól, Harmen, hûfólle dûmnys en perfesters fon boerekómô binne? Os de meensken dêr rus acht óp slûggen, don mwasten de eagen har iepengean, voe mun hoopje. De fernijing fon ús kultuer, dy kómt yderkearen fon ut lôn, fon de boeren. De stêd sûûgt ut lôn leeg, sûûgt ut jild nai him ta, mar ek de libbenskrêft, en de stêd jaut neat, nimt ollinnech. Mar ik sis jo, Harmen, de stêd fernielt syn aigen libbensbwanne. De stêd stokelt de arbaiders óp óm ol mar mear fon 'e boeren te easkjen, mear os de boer betelje kin. Minder arbaidzje, en mear lean, sa vud ut har ynlústere. Mar sa mat de boerestôn belies jaan. En dot, Harmen, is ut doel. Ut soasjalisme, dot is ollinnech mar un brekizer óm ut plottelôn ô te brekken, sa sjóg ik dot.’ ‘Boer!’ mwanne Japke jitrus. ‘Javisse, jo ha gelyk frau, ik sil óphôde. Jo matte nochrus ynjitte, en ik sil mij un piip stopje. Ik voe mar sizze, Harmen, en dêr lit ik ut don ek bij, vij matte vach vêze en óp 'e slag posse. Vij boeren matte ús veade kenne, èn ús plak, èn ús taak.’ Daleks nai ut twadde kópke tee stiek Harrem nai ut kjemmerke. | |
[pagina 235]
| |
Ut dûzele him un bytsje. Dot keareltsje siet vól un kop óp, hij brûkte vudden dêrt Harrem noch nóit fon heard hie, en vot ur sai, dêr vie gjin finger achter te krijen. Vypke koe areg better út 'e vudden kómme os syn hait, dyt ollinnech mar bóldere en grómmele. En syn fermwanningen kamen ek fólle nófleker oan os dy fon hait. Faaks soe ur jir doch vól aadzje kinne. |
|