De reade bwarre
(1993)–Trinus Riemersma– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 203]
| |
Nóit bij un oarTijen kómme, tijen gónne. Spiele oer de glêde slykfjilden en lûkke veróm. Ier út, ier yn. Fruchtbre slykdeeltsjes bljowe achter en heegje de fjilden óp. Ol sa linkelytsen begjint dur snylegwód te vaaksen, dot de frucht fon ut tij fêsthôrt en de ópheging ferhasteget. Maidertiid kómme dur pôlen dyt inkeld noch tróch de heegste tijen berón vurre, en dy pôlen vaakse oanenwar fêst ta ailonnen. Skielek kómme dur minsken dyt har fee bij 't simmer óp 'e kwelders vaidzje litte en vinters túshelje óp 'e plotte terpkes. Noch letter vurt ut lôn bedyke, en don sette se de lep duryn en hakje ut gêslôn óm. Ut is fruchtbre grûn en mun kin dur noat baue, beane en eate. De grûn, dyt net mear tróch de see berón vurt, begjint yn te klinken. Hij vurt ticht, stiif en dreeg. Ut Klaailôn, neame de minsken ut. Ut hat de róp bêst jaan te vóllen, mar dyt dur óp arbaidzje matte, fervinskje ut. Tijen kamen, tijen gyngen. Ut lyke ot dot un gevoan natuerlek barren vie, un gefólg fon 'e striid dyt mwanne en sinne mai de iede fiere en dyt him óppenjerret óp 'e skied fon see en lôn. Mar ut vie ópsetsin, dur siet un doel achter. De tijen skûpen un stik lôn dot de minsken oer de meuch gean soe, un stik lôn dot lai os un útdaging, en vis vie fon 'e oervinning. Ut lôn voe jaan, mar ut nóm noch mear, óngemurken faak, mar lykvóls. En ut nóm net ollinnech ut libben, vont dot is dêroanta - vij matte ollegjer stjerre, en dot vitte vij sadreet vij ta ús ferstôn kómme en vij havve ut un libbenlang oan tiid óm ús dêr mai te fermoedsoenjen. Ut nóm ek de ville en de fleor, de hope en ut betrauen, ut ljowe en de kriig. Ut jage de leafde fwót - hû soe dur plak fwar leafde vêze óp dot keale Klaailôn. Oja, minsken twóngen bijenwaróp, roppen enwar de klean fon 'e lea en taasten hitseg oer enwars nêkenheden. Mar leafde voe dur net vaakse, ol hû fruchtber de grûn him oansjen liet. Mun kaam dêr, óp ut Klaailôn, mai un hûûdfól kriig en un hólle fól plonnen, en mai un het fól betrauen. Mar olles mwast mun ópjaan bij ainslútten. Yn ut olderlêst mwast mun tajaan, ut hie ollegjerre ómdôch vest: ut lôn hie juns ljowe en hope fersille en juns leafde útdylge. Don lai mun de hólle del en stoar, mank viif en bên, | |
[pagina 204]
| |
dyt mun fwar ut east yn 'e trwanje sêg, inkeld óm te óntdekken dot se jun un libbenlang poerfrjemd vest hienen. Don vie dur ollinnech noch de langst óm net mear te vêzen en te gean nai un plak dêrt gjin oantinken jun pynege. Dusse lúgúbere grap, dyt libben hiet, ut vie fwar har te fernearen ómt se ljoden dot dur un God vie dyt dur un doel mai hie, of olteast un sin bij. En vot minder sin en doel sijsels sêgen, vot dúdleker dy sin en dot doel útsoate vienen fwar God, hoden se harsels fwar mai ien fon dy skrikleke drochredenjerringen dêrt ut Godsljowe petint óp lyket te havven. Har ónvittendhyd vie de natuerleke tsjinhinger fon God syn fwarsjenneghyd, har tydlek lijen jirre de skôdkônt fon har ivege silleghyd. Dot lieten se har snains twarus fertelle en se hienen ol tefólle ferlen óm ek noch ut Godsljowe slûppe te litten en se vienen te drôfgeasteg óm dur libbensmoed oan te óntlienen. Ut tsjinne har ta un doffe berêsting. Lykvóls, ut libben vie ek myld, ut skode de minsken safólle taken ta en smiet har safólle swirregheden óp ut paad dot se olmeast gjin tiid hienen óm ta naitinken te kómmen. Olle ôde pótsen dyt ut libben yderkear fonnijs mai de minsken útheefde, lyken doch ver nij en fregen ómtinken, plonnemaitsjen, rekkenjen en redendelen. De monnechfôdegheden fon ut libben lieten jun ferjitte dot mun dwaande vie te libjen en jagen jun nai de genedege ain. De monnechte oan skytvissevasjes dyt juns tinken behinderje óm nai de djipte ô te stekken, dêryn úttert him vier de genede fon God. Maityd 1938. Oan 'e Mûndersloane vie un yngrypend barren óp til: Harrem soe de doar út. Têke hie dur lang tsjinoan skytskwarre, ut vie syn eare tenai dot ur de jónge net óp ut aigen bedrjo hôre koe, mar hût ur ut ek tearde en ploaide, ut koe net langer sa. Vurk vie dur vól, vurk bij 't soad, mar de fertsjinsten vienen sa leeg dot os de jónge dur ek fon mai-yte soe, don tarden se ol mar yn en soe dur nea ver un nij stikje ark kocht vurre kinne. En móchten se óngemak krije mai fee of rjo, don vienen se yn ienkear oan reapsain. Ek ol varen de tiden no ver un drip better, fwar de boeren kaam de dage noch net oan 'e lóft. Mun vist nammes net ot de ferbettering tróchsette soe, óp ut poletyke fjild vie ut un rare boel: de greotmachten stienen tsjinenwar oer en bevapenen har, benammen Dútsklôn. Soe Nederlôn bwótten de oarlog bljowe, lykos de oare kears? Don vie dur vól kôns dot de boeren vot fertsjinje soenen, vont vaat fjuchtet kin gjin rjappels baue, en de oarlogfierende naasjes soenen doch yte matte. Mar os ús lôn yn 'e oarlog behelle vaar, don soe dur fwar de boeren grif noch gjin better tiid oanbrekke. Dur vaar vól | |
[pagina 205]
| |
sain dot ut yn Dútsklôn óp 't heden fólle better gyng, ek fwar de boeren. Vurkleasheid vie dur net mear, se fregen sels melkers út Nederlôn vai, en dy lyken dêr mar ómraken te fertsjinjen. Mar Têke vist net vot ur dur fon ljowe mwast. Syn êgvaid behainde him olmeast ta ut Klaailôn, en vot dêr bwótten lai, hie ur gjin miening oer. Dútsklôn vie fier fwót, nimmen koe naigean vot dur vier vie fon dy ferhalen. Jirre, yn Fryslôn, vie ut goed min, en dêr hie hij mai te krijen. Ut soe leeg vurre yn 'e hûûs. De famkes tsjinnen no baide. Richtsje, dyt tretjen vie, vurke os tsjinstfaam bij bakkerinne van der Zee yn Fervet. Ut bakkersfólk vie herfwarme en kunde fon ôde Richt, sa vie jónge Richt oan ut plakje kómmen. Se hie ut dêr vól nai 't sin. De bakker en syn frau vienen fleorege lju en dur vie oltyten drókte en oanrin. Richtsje sljipte tús, mem voe har noch net helendol misse, mar dot betsjutte ol dot se mwaans ier en betiid fon 't bêd ô mwast óm óp 'e tiid yn Fervet te vêzen. Se hie de fyts fon Saapke oerkrygen, vont dy hûgde him net mear te brûkken. Saapke vie dur no helendol út, se vie sónt kwat dûmnysfaam te Marem. Har frije dai hie se kómselden óp snain, meastol tróch de vyke, en dy brocht se bij mem oan 'e Mûndersloane tróch. Saapke vûûks óp ta un stille en bedêste faam, se vie fyftjen, mar êge ôder. Se vie poergeskikt óm yn dy kille pastory bij dy eptege ôde lju te tsjinjen. Richtsje bijgelyks, en olle fleorege fammensbên soenen dêr ferkómmen vêze, mar Saapke vie dêr te plak. Saapke vie skriklek jênsteg en evenredeg. Se hie apslút gjin ferlet óm mai fammen fon har ôdens te ferkearen, óm ville te maitsjen en gekhyd út te heljen. Nai jónges taalde se net. Se vie vot traag yn har bevegingen en stareg yn ut praat. Ut koe hast net oas os se soe ôdfaam bljowe, vont fwar ut útterleke siet dur rook noch smaak oan. De Maremer jónges skólden har út fwar ‘Saapkeseepsop’, en os se har dot nairûpen, nôden se de tónge tusken de tósken. Saapke hie oas helendol net un spraakgebrek, mar dot vie fonsels óm ut noch mwaier te maitsjen. Ollinnech mai Eelkje, har mem, prate se vólrus. Richtsje fûn se te benefteg en te útvrydsk. Hait en Harrem vienen mônlje, dêr hie se gjin gedoente mai. De famkes tsjinnen, en fertsjinnen, mar se brochten gjin grutte stikken jild yn. Havar, mun mwast ol bliid vêze dot se dur un olle gefollen neat útbrochten. Richtsje koe savot lykhôre en Saapke koe vot oan kônt leze. Oer Saapke hûgden se gjin noed te havven, dy vie beswarge yn 'e pastorij, en mócht se maidertiid oan 'e mon vólle, don hie se har útset vól bijenwar garre, mócht mun oannimme. Richtsje kaam fwar harren óp, salangt se yn 'e hûûs vie en har | |
[pagina 206]
| |
mêgere fertsjinst ôdrûûg, mar dy soe óp 'un doer grif un heger lean krije. Harrem hie oant no ta net mear hôn os un bwóssint, net minder faaks os oare jóngfainten fon syn jirren, mar beleaven ek net mear. Ferlyke mai boereswannen vie ur tekwat kómmen. Un knappe fyts hie ur net, hij brûkte ut ôde rwóstege kring fon hait oltyten noch os ur un loopke nai Fervet of Marem makke. De klean vienen ek mar sober, hij rón durhinne os un arbaidersjónge. No ja, yn ut Klaailôn makke dot net safólle út, mar os ur him ûnder de minsken jûûg, don mwast ut noareg ol vot bylkje. Oant no ta hie ut gjin needsaak vest. De famkes, dy ferkearden ûnder de minsken en dy mwasten dur kreas útsjen. Mar Harrem vie meastol bij hónk. Salangt Harrem dur net óm seorde, kryge ur net un nije fyts, en net un nij pak klean. En Harrem seorde net, hij vist ol te goed hût se durfwar stienen. Hait prate net mear oer de nije stjelp dyt se sette litte soenen. Hij vist net hûfólle jild hait achterút hie, mar hij tocht fon neat of un skaintsje. Se behólpen har mai ôd en ferslyten ark. De boel hóng bijenwar fon tautsjes en kramtrjidsjes. Hij hie hait vólrus frege hût pake Jurjen en ómke Iede dot don hienen, dy sieten goed yn har ark en rêding. Dêr striele de jermoed jun net temjitte. Mar hait vaar lilk en lêbeg: dy ôdkearel út ut Bósk en swêger Iede út 'e Hôlemerhûk, ja, sókken dienen ut mar. En vêrfon? Fon un oar synes fonsels! Mun klaude doch ferdómme lyke fûûl os dyen net, hû soenen dy ut don vól maitsje kinne en mun net? Ut lyke vot mai sókken, mar ut vie skyn, kleare skyn. Bij har yn 'e bûkken vie ut ek baarleke jermoede, dot koe net oas, dot makken se him net viis! Harrem sai neat, mar tocht dat hait mis vie. Ut voe him net oan dot pake-Bósk en ómme lede yn 'e skulden sieten. En os dot ol sa vie, don libben se dur yn olle gefollen fleoreg mai. Dot koenen sij don ek mar better dwaan. Os se teminsten un hypteek óp ut ôd rottekleaster krije koenen. Meskjin vie dot no ol fjiste let. Pake-Bósk syn spultsje sêg dur fólle better út, en ómke Iede, bij dy vie ek olles yn 'e es. Hij kaam bij baide net fólle mear, Harrem. Fwarhinne hie pake-Bósk olles vest. Mar sónt ur fon skwalle ô kómmen vie en bij hait arbaide, vie ut kóntakt minder vurren. Net ollinnech tróchdot ur ut bonneg hie, hij rekke ek óp 'e ôdmon útsjoen. Pake-Bósk hie oltyten grapkes, mar ut vienen don ek oltyten deselde grapkes. Dût ur un lytsjónge vie, hie ur ut prachteg fûn, mar Harrem voe langer net os un skwaljónge behondele vurre. Hij vie net lyts mear, hij vaar faint, en sa voe ur bejegene vurre. Bij beppe-Bósk hie ur him nea óp syn gemak field, se klage en kliemde oltyt, se hie oltyten lêst en olles vie | |
[pagina 207]
| |
har te drók en te lûûd en te útvrydsk. Un sangerpoat vie ut, net oas. Bij ómke Iede en mwóike Hinke kaam ur lykemin graach. Net óm de persoanen sels, vont ómke Iede vie tige gól, en mwóike vie sónt har trauen ek fólle fleoreger vurren. Mar de veelde dêre, dot koe ur net sette, olles vie dêr sa ryk en sa geef. Ut vie sa kreas by mwóike yn 'e keamer, un echte boerekeamer vie ut, en yn 'e skwórre en ut bwóthús vie ut ek tige ynwadder. Hij fielde him un jermoedsaaier dêre, ut jermoedege femyljelid út ut Klaailôn. Sa vaar ur net behondele, apslút net, mar hij fielde ut sa. Krekt os hait, tocht ur, hait smeulde ek óp ómke Iede ómt ur ut net sette koe dot dy ut sa goed hie. Ut vie ek skriklek ónearlek. Hij en hait klauden oltyt, en dot hie pake ek dien, mar se bedijden neat. Omme Iede arbaide ek vól mai, visvól, hij sparre de lea net, mar os ur un sneonemiddy frij nimme voe óm mai mwóike Hinke fwót te jachtsjen, don koe dot samar. Hij hoegde him neane yn te bekrinken, en lykvóls rón syn bedrjo bêst. Hij en hait nómmen nóit un oere lins, útsain snains, en lykvóls koenen se net lykhôre. Os san Iede jir don sneonoerdais kaam mai ut rjo mai viif en bên, grutboereg yn 'e klean stutsen, en kwônskwiis fernóm nai de fruchten en ut gemaak, vylst hij en hait yn har belape klean stienen te vrótten en gjin tiid ta praten hienen, soe juns bloed don net sûppe vurre? Fon 't vinter hie hait ut him oansain, nait ur tiden mai un stómmelaintsje pwatlead sitten hie te syferjen yn un ôd skwalskrift fon ien fon 'e famkes. De hier fwar ut lôn vie fóldien, fwar de byten, ut noat en de rjappels hie ur de sinten bard. Bij de smid stie noch un rekkentsje en bij de vainmakker yn 'e Hôlemerhûkke ek ien. Heabel har jónges mwast ur noch ljenje fwart se him un sneonoerdai hólpen hienen óm de byten nai Fervet te riden. Ut bytesied en de poaters hie ur fon 't jest betelle, mar dot hie ek net kinnen jert ur de fruchten ôlevere hie. Dur vie no ek gjin jild yn 'e hûûs fwar sied en setters. De kunstdóng dyt ur fon 't maityd struie soe, soe ur net fwar de kómmende jest betelje kinne. Os ur dot koe..., vont ut lyke vól ot dur olle vinters minder jild oerbljode óm de kómmende maityds fon te bwórkjen. Os ut noch un watsje sa tróch gyng, soe dur skielek un ôdiersjûn kómme dot ur net ollinnech gjin sint mear hie, mar ek noch skulden, en don soe ur ut naikómmende ier arbaidzje matte fwar de skea fon ut fwargeande. Soe mun don mar net un skealek aintsje tau sykje en de lêste geve bolke út ut hok? Mar sa slim vie ut no noch net, hij siet noch net yn 'e reade syfers. Noch krekt net, en dur vie noch kôns óm de golge te óntrinnen. Harrem soe durút matte en fertsjinje, tocht ur. Hij ollinnech ut bedrjo berêde, don mar even | |
[pagina 208]
| |
minder krekt, net óp 'e lêste rjappel sjen, bijneed Eelkje rus mai nai ut lôn of un graujónge út 'e bwórren fwar un grypstejelstoer. Harrem de vrôd yn os boerefaint en dy fertsjinje en klûk vêze. Olle vyken vot oan kônt leze en mai dot jild ut bedrjo ver óp 'e klútten helpe. Sa soe ut kinne en sa soe ut matte. Vot jir net út 'e grûn te skwórren vie, dot soe Harrem óm fjirrens bijenwar garje. Hij vie bliid mai dy óplossing en hij sêg ver ljocht fwar himsels en fwar ut bedrjo. Se vienen noch net oan reapsain. Se koenen ut ónhail noch keare. Harrem vie minder oerémes os Têke hope hie. Sêg ur don, grutte ûle, net dot se sa ver bóppe-jon kómme soenen? Hij koe un stik jild maitsje os boerefaint, hait soe ut bedrjo berêde en yntakt hôre fwar him, fwar Harrem, en os Harrem don skielek safier vie dot ur ut bedrjo oernimme koe, don hie ur un knap startkaptaal. Vot soe ur don net kinne? Fonolles soe ur kinne! Nije aiden en plûgen, un better beslag fee, un jóng hynder, nije rjappelbakken, kroaden en kretten, un knappe mjuksplanke, pykestjelpen, botsen, leppen, vjoerders, fólle net genôch! Sêg Harrem dot don net? Fergemy noch ta! Harrem jûûg noch gjin útslútsel. Hij sai ‘javis’ en ‘fonsels’ en ‘ja-ja,’ mar dot betsjutte inkeld dot ur naitocht oer haite vudden. Hij tochte dutte: Os ur vier os boerefaint un ier of sais-acht - hij vie no sontjen - knap fertsjinje koe, soe ut don riedsem vêze óm dot kaptaal yn dusse ôd húzzing en dut ferlenne bedrjo te stekken? Hij tocht ek dutte: Os mun don vier bij un oar fólle mear fertsjinje koe os bij junsels, vêróm ferhierde hait him don ek net os boerearbaider? En hij tochte bij ainslútten: un boerefaint koe vól vòt oan kônt leze, fwar os ur hússittend vurre voe, jild fwar un tafel en stwóllen en fwar ut traupak en faaks fwar un gait of un skiep, mar un kaptaal oergarje, dot bestie net. Fon arbaidzjen bij un boer vie noch nóit un arbaider ryk vurren. Mar dy tinzen úttere ur net, hij eange un skrikleke útbasting fon Têke, en, en... hij voe de vrôd ek vól yn, os ur earlek vie. Vot sai him de hele rotsoai jirre? Ut vie bódzjen fon mwaans ier oant jûûns let. Sneontejûûns vie mun te ômedde óm de fyts ûnder de kónt te skowen en nai Fervet te traapjen. Bóppedot, vot mwast mun dêr? Un slókje keapje koe amper lije, en bij de frôlje kryge mun gjin poat oan 'e grûn, dy skytfenynen. Vot bûn him jirre? Mem har swijen en erflek mistreasteg oantlit en hait syn gegróm en gebólder. Syn geswets oer de poletyk dêrt ur gjin bôle fon fretten hie, syn húnnen fon 'e grutte boeren, syn dómmens, syn dôfhûdegens - hij vie ut sa sêd os spain spek. Dot hij sai ‘ja’ óp Têke syn útstel, flakvai, ut lyke him goed ta. En dût Têke him óp vot mear óptainens ferge, voe ur ek noch vól gnyskje en seze: javis, ut lyke | |
[pagina 209]
| |
him skoan ta, mun mwast de tiid nimme óm ut fon olle ainen en kônten te besjen, mar sat ur no seze koe, lyke ut him de bêste vai. Iede Deelstra makken se neat viis. Têke fertelde ut him dût se dêr vienen fwar de vot ferlette póppeslók fon Hinke har twad bên. Mai de kjellerij koe Têke net fon hûûs, en dot bên bljode dur noch vól even. Vot un kluchten ek! Póppeslók! Mar Eelkje die gjin lichten, se soenen durhinne. Hinke' easte bên hie Eelkje helendol oeremes fon vest, sa moai, sa fijn fwar Hinke, och, vot gunde se Hinke dot. Mun hie east tocht dot ut neat vurre soe, mar no dochs noch. Och, vot soe dy yn 'e vólken vêze. Ja, ut hie vot lang dwórre, yn '33 vienen se traud en yn '36 kaam ut easte bên, un Richtsje. Dur hie grif vot fwar sitten, ónjerre Têke vónderlek redenryk, dot hie mun vól gaurus bij sókke ôde fammen. Eelkje bestrafte him, mwast hij os greotkearel noch sók smwargjóngespraat útslaan, vie dot praat fwar Harrem syn earen? Têke socht gnyskjend hôd bij Harrem - kearels ûnderenwar, en baide ut mier oan dy Hôlemerhûkster sweeslaggers -, mar Harrem bestjurre óp 'e stoel, hij tocht oan dy oare ôdfaam út Fervet. Vist hait dêrfon? No vienen se don fwar de twadde póppeslók yn 'e Hôlemerhûkke. Ut vie ver un famke vurren, un lytse Jetske, neamd nai Iede syn ferstoane frau. Ollegjer ónnutte fammensbên, ónjerre Têke, mun koe se mar yn 'e klean stekke en se brochten neat yn. Hij gunde ut Iede vól. Hij fertelde Iede ûnder ut geniet fon un romer jónge jenever dot se plonnen hienen óm Harrem nai un boer te skikken dêrt ur olle boerevurk leare soe. Dot koe tús ek vól, fonsels, mar don vie en bljode mun bij hait. Fwar un jóngfaint vie ut goed óm de hûûs út en un skóft ûnder un oar te stean. Oare menieren leare, un oare kijk óp 'e saak krije. Ut êgvaid bljode te behaind os mun nea fon 'e pôle vêst hie. Ja, hij voe dot vól earlek tajaan, ut hie him vólrus mwóid dot ur fon 'e skwalbanken ô daleks bij hait kómmen vie en nóit óm him hinne sjoen hie. Dot vie dû sa gien, dur hie nóit praat fon vest en hait hie him skoan brûkke kinnen destiids. Mar lykvóls... En Harrem hie dy kôns no, hij vie tróch ut dóm feansier hinne, ut measte boerevurk hie ur fwar de slag, hij koe no rus óm him hinne sjen. Iede pafte oan syn pypke, nóm rus óp, vachte oant Têke de romer ek leeg stutsen hie en skónk jetrus yn. Hij sai, ut vie net maklek óp ut stuit vurk te fynen. Vis, ut vaar ver vot better, lykvóls ut flêg noch net sa hud mai ut vurk. Ut vie neat net maklek óm eane plak te fynen. Ut mwóide him, hij siet sels rûm yn 't fólk en koe ut bêst ô. Os syn ôdste arbaider skielek de brui duroan jûûg, don koe mun ver sjen, mar safier vie ut noch net, en dêr vie Têke óp ut stuit | |
[pagina 210]
| |
net mai hólpen. Nee, ho, mar no fette swêger Iede him net, ut vienen gjin needsaken dot Harrem de doar út soe. Helendol net! Têke hie oanslag genôch fwar him, en os Harrem durút gyng, don soe Têke vól óm un oankómmend faintsje sjen matte. Nee, mar ut gyng óm Harrem, dy mwast rus fon hûûs, ûnder oar fólk ferkeare, sjen hût ut bij un oar óm en ta gyng. En don net bij femylje, mar yn 'e frjemdte. De Ferveter toer net mear sjen kinne. Op aigen fwótten leare te stean. Dêr gyng ut óm. ‘Just ja,’ sai Iede, ‘just javól.’ Soe mun san kearel net fergrieme? En don bea ur ek noch oan óm plak fwar Harrem te sykjen. Hij hie kunde yn 'e Bjirmen, dot soe gaadlek vêze fwar Harrem, ollegjer bau dêre. Mar Têke snijde ut beret ô, hij en Harrem soenen dêr sels vól mai rêde. Fwart Harrem begjinne koe oan ut bauen fon ut kaptaal dêrt Têke ut bedrjo mai rêde voe, mwasten dur east kosten makke vurre. Harrem syn liifdracht vie sa sútreg dot, hij koe dêr net mai bij un oar ferskyne. En hij vie ek gjin jónge mear, hij mwast no os un mon útrist vurre. Lange ûnderbrûkken mwast ur ha, en nije himden dyt him rojaal óm 'e lea foelen, fwar os ur him nai grûien sette. Dot hie Eelkje te stellen. En vot hie ur oan bûsgroenen en sokken? Dêr koe ur de vrôd net mai yn. Twa nije blaukylen en twa blaubrûkken mwast ur havve. Syn snainze pakje mwast ur don noch mar un ier mai ta, ut vaar him ol vot kwat en krap, mar havar, hij fertsjinne aansent sels. En hû soe Harrem dêrhinne? Hij mwast noareg un fyts ha. Tritsem lai net bij de achterdoar. En os de jónge rus óp un frije snain eane hinne voe, hij koe doch net oltyt bij dy lju sitte? San jóngkearel mwatst him ekrus ûnder de minsken bejaan. O, mwast Harrem Têke syn ôd fyts don mar ha? Têke koe ómmes sels net sónder fyts. Nee, hij mwast un knappe twaddehôns fyts fwar Harrem ópskarrelje. Têke spuide raar gwód, mar koe en voe ut net keare. Ut koe net oas, dot sêg ur ek vól yn, mun koe dy jónge net os un haidehipper de vrôd ynstjoere. Mar ut vie skondaleg hókker kaptaal Eelkje nai de lapkevinkel tôge, skondaleg. Dur gyng ómtrint un ko mai hinne, bóldere ur. De fyts kryge Harrem sa net, dy soe ur ôbetelje matte, hie ur dot begrepen? Harrem liet hait en mem hakketakje en hôde him ketoen. De fyts vie neat, sêg ur vól, de fytsmakker hie dur un potsje swatte ferve óp kwispele, mar ut vie un slop en vankel ding. Hij koe him brûkke os lônfyts, mar fwar snains voe ur skielek un knappe fyts ha. Mar hij neamde dot net, hij sei oerol ‘goed’ en ‘tankevól’ óp. Hij vie ut dusse iere maaiedagen vónderlek iens mai syn hait en mem baide, nea hie ur sa gesechlek vest. Eelkje begón dur noch tsjinoan te sjen | |
[pagina 211]
| |
dot de jónge fwót soe. Fwar Harrem krûpen de dagen fwarbij, hij hie yn syn kwatte libben Klaailôn genôch sjoen. |
|