De reade bwarre
(1993)–Trinus Riemersma– Auteursrechtelijk beschermdUn hud mon óp un vêk tsiisTilly syn hait vaar yn 1904 benne yn ut Odtsjerksterkleaster en dêr brocht ur syn iere bennejirren tróch. Dur vie útsoate gjin kleaster | |
[pagina 196]
| |
mear, dot vie ôbrutsen. Se vennen yn 'e helte fon un dûbbele arbaidersvent dyt dur ek ol net mear is. Un earme mar fleorege húshôring mai mun oannimme, pake koe en voe vól arbaidzje, beppe hie jirren boerefaam vest. Se sille fwar ut trauen vól fwar un libbenlang húsree, rêding en liifdracht garre havve, sat dûdestiids vênst vie. Se hienen twa jónkjes, naist Tilly syn hait vie dur noch un Jon, twa ier jónger. Dy hie vinlek Sjoerd hyte matten, nai beppe' hait, mar dur vie ónieneghyd yn 'e femylje, sadwaande. Yn 'e vinter fon 1910-11 vaar beppe siik en se stoar. Tilly syn hait vie sais ier, syn brwórke fjauer. Lytse Jon vie nai femylje prakkesjerre yn 'e tiid fon beppe' sykte. Beppe lai óp un fjildbêd yn 'e keamer, pake sljipte mai Tilly syn hait yn ut bedstee. Op un mwantyd ópstervjerre pake dot ut libben út beppe vai vie. Hij stómpte tsjin ut skud yn ut bedsteed óm de bwórlju vach te maitsjen - mear os un hauten skud siet dur net tusken de baide venten - en rôp: ‘Tryn is vai.’ Tilly syn hait dyt vekker vurren vie, tocht: Dot is net vier, mem lait dur ómmes noch. Beppe vaar begrûven yn Viins. Lytse Jon bljode fwargoed yn Redúzzem bij syn ómke en mwóike, dyt osa viis mai bên vienen, mar gjin krije koenen. Pake voe syn ôdste jónkje apslút net kwyt, don hie ur ómmes helendol gjin oanhôd mear. Sa heukeren dy baide dêr tegjerre óm. Un arbaider sónder viif, dot koe net. Un arbaider vurke dû seksteg oeren yn 'e vyke, en os ur mólk noch mear, vonnear soe dur ytensean en vósken en skjinmakke vurre matte? En de lytsjónge vie dur ek. Dot pake socht un twad viif. Hij hie gjin karút, hij koe ut him net oan tiid dwaan, meskjin hie ur ek vól un skriklek ferlet fon oanhôd, yn olle gefollen, hij nóm ien dyt ur net ha matten hie. Se vie vól float, se koe vól prate, se koe ek vól knap ytensiere os se voe, se vurke yn un herberg en hie dêr vól ut ien en oar ópstutsen. Mar se lai net óp un goede namme. Fonsels, ut fwaroardeel voe dot un frómmes dot yn un herberg arbaide fon leeg alloai vêze mwast. Mar dur skynden ek oare dingen te vêzen. Havar, lit dot rêste. Pake syn suster rette him ut haulek perfwast ô, se vie fûûl en fúryeus tsjin. Dot rón sa heeg dot se maienwar brieken. Pake traude mai syn twad viif mar hij en syn suster sêgen enwar libben noch dea ver. Dût dy suster stoar, gyng Tilly syn hait stykem óp begraffenis - pake mócht ut net vitte. Vot dur fon 'e praatsjes vier vêze mócht, ut vie net un gaadlek arbaidersviif. Se vie fjiste rij en se hie un hekel oan verken. Dêrbij har rabbereg en stokeleg aad. Un fleoreg haulek vaar ut net. Neffens | |
[pagina 197]
| |
har aigen sezen hie se fonolles ûnder de lea, se lai un soad óp bêd, brûkte ollerhonde medysynen, en ut vurk bljode lezen. Tilly syn hait, dût dot un greot skwaljónge vie, mwast gaurus ut ytensiere en de vosk dwaan. Faak ferrabbe se bij bwórlju de tiid en don kaam ut yten healnôg óp 'e tafel. ‘De jerappels binne net gear te krijen, olle minsken klaaie duroer,’ vie don har sezen. Os sechje is dot sónt yn 'e femylje hingjen bleon. Tilly syn hait hie, salangt se yn ut Odtsjerksterkleaster vennen, noch vól vot kóntakt mai de femylje. Hij útfonhûze vólrus bij syn beppe-en-dys oan memmekônt, dyt un spultsje hienen bij Viins. Dêr learde ur ek ut fytsen. Beppe soe ut oas leare, mar dot voe net slagje en dy mytere poerlilk de fyts oer ut hiem, en dû learde de lytsjónge ut. Ut vie oas fwar ut gefoelege jónkje dot Tilly syn hait vest havve mat net san gaadlek fermidden, dot Andringas-fólk. Beppe en oerbeppe, dyt ek noch libbe en dêrbijyn venne - Tilly syn hait neamde se ‘grutte beppe’ en ‘lytse beppe’ -, koenen ferskriklek min maienwar. En hókke ôde viven ut don ek vienen - yn dy jirren grif - se tsierden sóms os mósken. Se fervieten enwar vyt en swat en smieten enwar fonolles nai de hólle en óp ut lêst lainen se ollebaide fon vurgens en gremytegens langút te moatsjen oer ut hiem. Dur siet vot artistyks yn dy Andringas, mar se vienen ek un bytsje gek. Un frjemd femyljelid mat ek Vibe Limburger vest ha, dyt syn viif ferlitten hie en nai Limbwarg tain vie. Jirren letter kaam ur veróm en frege syn jedder viif ot se mai gyng yn 'e draaimûnne, ut vie dû krekt feest te Viins. Un pear ier nai ut trauen ferf oer de húshôring nai Sint Onne. Se kamen eane bij de Prúlhûk te vainjen. Tilly syn hait makke dêr de skwaljirren fól óp 'e Slotskwalle. Dur vienen ûnder de bedrjowen tróch twa famkes kómmen . ‘Mwóike’, sat Tilly syn hait har neamde, telde ûnder har deugden en óndeugden ek ut fait dot se kristlek vie. Se hie grif safólle ynfloed óp pake dot dy him bekeare liet, olhûvólt ur oas fon poerhaidensk kómô vie. Tenai raizge de húshôring snains nai tsjerke, en Tilly syn hait vaar doopt dût ur tólve ier vie. Kwatdurnai koe ur fon skwalle ó en kaam bij syn easte boer, eane oan 'e Súdhûksterloane dyt fon 'e Bradene Kikket nai Bitgum rint. De Bradene Kikket is dur net mear, lykemin os de Prúlhûk. Op baide brêgen voe ut ómraak frije. Lang hoden se net óp ut Bilt ta. Nai un ier of fjauer ferfoer de húshóring nai ut Kleaster bij Fervet, en se kamen te vainjen yn 'e dûbbele vent oan 'e feat bij de brêge ut Set. Dût Tilly syn hait os amperoan fjitteger fêstarbaider vaar yn ut Kleaster, koe ur de oade | |
[pagina 198]
| |
dus. Ut vie dêr skriklek iensem, dur kaam jun amper un mins benai. Vól raizgen de vinkellju fonsels noch bij de klonten lôns, dot jûûg praat en ferdyvedaasje. Ien fon dy raizgers vie de jóngfaint Jehonnes Folkertsma, un broer fon Eeltsje, dyt mai skelken en lapkes de streek óp gyng. Mai him redendeelde Tilly syn hait vólrus oer ut Friesk. Tilly syn hait koe ol heel ier Friesk lêze, dot hie ur him oanleard út 'e bókkekronte - un fergees hûûs-oan-hûûs blêd dot fól stie mai atfertinsjes dêrt bókken yn oanpriizge varen: ‘staat ter dekking...’ Se hoden ut net sa lang út yn ut Kleaster, un pear ier letter ol ferhúzzen se nai ut dwarp Fervet. Tilly syn hait hûgde net ûnder tsjinst, hij lotte frij. Dot vie un rare ôfolder. Hij hie hope óm sóldaat te vurren, don hie ur leare vóllen en yn of bwótten ut leger un baantsje sykje. Os arbaider kaam mun ómmes nóit fwarút, en tiid óm te learen soe dur nea vêze. Ut olderljest hie ur skwalmaster vurren, mar ja... Havar, hij lotte frij en koe de dream ópjaan. Pake vie bliid, no hood ur syn jónge bij him. De ferhôring mai syn twad viif vie njónkenlytsen sa min dot ur mear en mear heul socht bij syn soan. Se fûnnen stype bij enwar yn har ferset tsjin dot frekte viif. Ut vie nammes vól goed dot dur un fiks jóngkearel yn 'e hûûs vie dyt de boel vot delbêdzje koe os mwóike har gestokel en hait syn ópljeppenens oltemets ta dailesskip laten. Ienrus vaar pake sa dûm dot ur syn twad viif daaie voe, en dû is Tilly syn hait durtusken spróngen. ‘Letter tocht ik: hie 'k ut mar nóit dien,’ sai ur dût ur un ier of fyfteg vie. Mar dot sil ur net miend ha, vont syn hait hie de bak yndraaid. Pake mat osa mai syn soan óp hón ha. Oasóm ek? Dût Tilly un fûûg jónge vie, kaam Tilly syn hait nea bij pake, en pake kaam ek nea bij har oer de flier. No, ut vie sa fonsels, os Tillys hait nai pake gyng, don koe ur mwóike net misrinne, en dy mócht ur net smûgen heare. Dêr hie se ut nai makke: east hie se him bij syn trauen raar bij de poat hón en letter berabbe se him en syn viif. Har dochters en dy har bên, dêr jûûg se heeg fon óp, mar de ödste soan fon har mon koe net ta goeddwaan kómme. Mai de jirdagen gyngen Tilly syn öden durhinne, mar ut ainege faken yn rúzje. Yn dy tiid, dût Tilly un fûûg jónge vie, vie pake un deadeling. Hij vie goed seksteg, en dur siet gjin fónkje mear yn. Hij gnyske mar vot, krekt os koe ut him ollegjerre gjin sprút mear skele, dot ôd viif net en neat net. Tilly syn hait hie ol un pear ferkearingen óm úttens achter de rêg dût ur yn ut aigen dwarp ut êg fôle liet óp Grytsje, un faam dyt twa ier ôder vie os him. Se vie tige lyts - har mem vie ut lytste vyfke fon Fervet - mar vól kreas. Dot mwast se vurre. Tilly syn hait vie sin- | |
[pagina 199]
| |
neg, vont hij hie hege ydeälen: ut haulek dot ur sleat en de húshôring dyt ur ópsette mwasten goed vêze, sónder mear. Syn jónge jirren hie neat oan vest - dût ur óp syn stjerbêd lai, sai ur ut noch tsjin Tilly: ‘Ik ha un rotjeugd hôn.’ Ut begrutte Tilly ta de tjennen út, mar un soan kin no ienrus gjin hait fwar syn hait vêze. Hij hie ut minne haulek fon syn hait en dy syn twad viif maimakke en sjoen hût ut net mwast. Syn haulek soe fwarbyldeg vêze en syn bên soenen un faileg nêst havve. Ut súver traumatyske vjerfaren fon syn jónge jirren is ur syn libben lang net los fon kómmen: yn syn húshôring mwast ut klinke os un klok. Dot late vólrus ta un sekere krampefteghyd en unfairens tsjinoer syn bên. Os Tilly syn brwórren, de ôdste benammen, de boel óp stelten setten, koe ur útfôle: ‘Ik ha nóit un mem hôn, en jim sitte jim mem te narjen!’ Mar hij hie ek olles fwar syn bên oer, ut bwattersgwód dot ur net keapje koe, dot makke ur sels. De maityds fon '28 trauden se en varen hússittend oan 'e Ferveter seedyk, fwót bij de ain fon 'e Raindersloane. Dêrmai vaar Tilly syn hait fwargoed Ferveter. Ol rillegau vie syn viif swier fon 'e easte, dyt nai de slimme vinter benne vurre soe. Ut rón net ollegjer lyke flot, en saakkundege help vie net dalek fwarhonnen; mun siet dêr un jeloere geans fon dokter en baakster. Op ut lêst begón Tilly syn hait ut him oan te sjen, hij tocht dot syn viif duryn bljowe soe. Dot hij trêde nai Fervet, nai de baakster, dyt net jedder kómme voe os ut mwast tinken vurre, en biet har ta: ‘Os jir ien deaden fôlt, don fôle dur mear!’ Dû skeat de baakster yn 'e klómpen en krwaske efter him oan nai de seedyk. Twa ier mar bljoden se dêr, dû hie de boer gjin vurk mear fwar Tilly syn hait - de minne jirren vienen begón. Tróch bemiddeling fon pake oan memmekônt krygen se un ventsje oan 'e Achterdyk te Fervet. ‘Hoofdstraat’ hiet ut letter offysjeel, mar ut ventsje bljode dur lyke neazeg óm. Dêr sieten se de minne tiid en de oarlogsjirren út. Tilly syn hait vaar dyaken en bestjoerslid fon 'e Nederlands Christelijke Landarbeidersbond en letter ek noch lieder fon 'e ‘Knapenvereniging’. Sa kryge syn ferlet óm syn plak yn 'e maatskippij yn te nimmen en óm him nutteg en ferontvudlek te maitsjen syn gerak. Mar ut hie syn naidelege konten. Yn '46 vienen se mai ut hele swikje óp twa haaivainen nai de Albadaloane ferhúzze, un swatte sintelreed dyt fon 'e Odmûnne oan 'e Baintemerdyk ut súdden yn rón. Tilly syn hait soe ver fêstarbaider vurre bij un boer dyt ek oanslag hie fwar syn dochter en ôdste soan. Gjinien hie dur echt sin oan, de vent soe better vêze, mar mun siet twinteg menútten geans | |
[pagina 200]
| |
fon 'e bwórren. Tilly dyt yn 'e twadde klosse siet, soe yn ut middysskóft net iens túskómme kinne. No, dy mwast don mar bij beppe yte. ‘Fwar fiif ier, mem,’ sai Tilly syn twadôdste broer dyt mai mem achter de haaivainen rón, elk un grut stelt óp 'e earem dyt har plak óp 'e kost hienen. Mar ut varen mar fjauer ier. De boer voe nai un pear ier havve dot Tilly syn hait soe yn syn aigen tiid fon en nai ut vurk rinne, ynstee fon yn 'e boer syn tiid sat te Fervet en ómkryten vênst vie. Tilly syn hait ferpófte dot, en hij koe ut ek net maitsje, vie ur fon betinken. Hókker fyguer soe ur slaan tsjinoer oare arbaiders, hij os bestjoerslid fon 'e NCLB? Dot ol nai fjauer ier mwast ut spul ver óp vainen lûge vurre, duskear net óp 'e boer synes fonsels. Vurk fûn ur ol, bij un boer dyt oan 'e flapbrêge oer de Burmonjefeat venne, dêr vêrt de Nijevai fon Marem óp 'e Kleasterdyk útkómt. Mar un vent net. De venningkemisje dyt ur oan vest hie, viisde him un boerearbaidersvent yn Baintem ta. Mar vot mwasten se yn dot frijsinnege dwarp dêrt se gjin inkele kunde hienen, en dêrt se os bwóttenstonders behondele vurre soenen? De boer-aigner fon 'e vent hie dur ek ljevver oare lju yn, ol koe ur Tilly-en-dys húshôring net keare. Dû socht Tilly syn hait sels un útvai, hij frege un frau dyt un fûraazjebedrjo hie ot se yn har jist húshôre móchten, dy vaar doch net mear brûkt. Dot gyng oan, yn 'e jist sljipten se en yn ut ôd bwóthúske vennen se. Tilly syn hait sil dû vól fwar gek ferkljerre vêze, mar de hele húshôring vie bliid dot se ver yn 'e bwórren vienen en fon dy frekte boer ô. Ut vie nammes poergeselleg yn dot bwóthúske. Mar un lyts ier sieten se dêr. De venningkemisje vie fon betinken dot dut sa net koe, en ut easte gemeenteventsje dot frijkaam oan ut Ljimmenpaad, dot vaar har taviisd. Tilly syn hait hie oas, yn striid mai syn prinsypes, de boel bedóndere. De jist dêrt se sljipten hie Tilly syn hait bwódpepieren skudden yn spykere, dot dur doch vot frijeghyd vie fwar ôden en greotdochter. Mar fwart de kemisje óp besyte kaam, hie Tilly syn hait dy skudden sloopt. Dut koe gjin vegen út, fûn de kemisje. Sa krygen se ut ventsje dêrt ôde Sybrichje útstoan vie. Ainleken teplak. Dur vie ûnder un keukentsje en un alkoof en bóppe twa sljipkeamers. Dur vie un hok bij en un hûkje poerbêste terpgrûn. Nimmen soe har jir ea ver vai drjowe. Oan ut levont kaam un Frieske tekst te hingjen: ‘De beage is fan ús nekke nommen, Godlof, wy binne gjin slaven mear.’ De Nederlands Christelijke Landarbeidersbond hie him stikke litten yn syn kónflikt mai de boer. Fiif ier letter soe de tsjerke him nochrus un bêste ópsoademyter jaan. Núvergenôch kaam ut net yn him óp óm te sezen: bast mai de rotsoai. Hij voe yn goedens en | |
[pagina 201]
| |
betraude dot oaren him yn goedens temjitte kómme soenen, en os dot net ut gefol vie, hie ur mear swirregheden mai oarmons núver dwaan, os mai vot him tastaat vaar. Net dot him vot oandien vaar, mar dot dy oaren dot dwaan koenen, dêr pakte ur mai óm. Dêr koe ur tige óngemaklek ûnder vêze en dêr litte de húshôring sóms ûnder, benammen syn frau fonsels. Tilly syn hait voe ut ollegjerre tige yn 'e es ha en hij koe tsjinstuiten min ferneare. Syn ôdste soan hie ur sa graach nai de ambachtskwalle ta ha vóllen, mar dy voe dot apslút net - koe ut net vólle. Ut un ferkeade solydarytijt mai syn hait keas ur durfwar óm boerearbaider te vurren. Havar, dêr lai de hait him bij del, mar hij sette him yn 'e hólle, noot de oare jónges vól learden en útsjug hienen óp un better betelle baan, no soe ur fwar syn ôdste ek noch vot dwaan. Dût syn skwanhait siik vaar, fette ur ut plon óp óm ut hûûs dot dy nailiet óp te easkjen en syn swêgers út te keapjen. Dot misljerre him, ek ol voe ur fwar ut hûûs mear biere os de oaren, hij kryge ut net. Hij fûn se ollegjer tsjinoer him, ek syn aigen viif. En syn soan, dêrt ut don fwar ónjerre vie, dy hie dur apslút gjin belang bij. Nijbau genôch ómmes, os ur skielek traue voe. Yn dyselde simmers hienen se fiventwinteg ier traud vest, mar dêr hie gjin feest fon vest. Tilly syn hait hie dot graach vóllen, mar Tilly syn mem hie gjin feestfieren yn 'e hólle. Dy vekke óm 'e nacht bij har hait en vie net te brûkken. Dy twa teloarstellingen, ut hûûs en ut feest, makken dot Tilly syn hait fon 'e dúvel riden vaar. Hij úttere ut net, mar swijde en vrokke. Ut haulek stie óp springen, en ut vie oan syn boer, dot un viis mon vie en dêrt ur respekt fwar hie, te tankjen dot se bijenwar bljoden. Yn 'e jest dût syn dochter traude, soe ur mai de dwasse kop de boel bedjerre: hy hie oerdai olsaleaf nai ut lôn gien. Hij voe syn viif treffe, mar dy rekke ur net vont dot vie un hudden, hij rekke syn dochter, dyt gûlend de hûûs út rón. Dû hie ur de hichte ek, hij mwast syn ópgarre fervyten noch ol kwyt, mar dû vaar ur lytsmon. Hij mwast gûle en olles vie ver goed. Un mon sa goed os kûke en sa tear os un bên dyt fwar himsels en oaren faak óngemaklek vie tróchdot ur syn gefoelens net hontjerje koe. En faaks ek tróchdot de taak dyt ur him steld hie, him bijtiden ol te swier vûûg: syn húshôring tróch de tiid te loatsen en syn bên un bettere kôns te jaan os ur sels hôn hie. Dût de bên de hûûs út gyngen, hie ur syn taak fólbrocht. Se vienen ollegjer te plak kómmen. Olle neare tiden hienen se maienwar tróchstien en slimme rampen hienen de húshôring net tróffen. Dy kamen letter en ut vienen dingen dêrt un hait syn bên net fwar | |
[pagina 202]
| |
hoedzje kin. Syn twadde soan kryge un oerhaal en vaar ynfalyde. Syn ôdste dyt slim reuma hie, en fonolles kryge tsjin 'e pyne, stoar. Syn skwansoan stoar un pear ier letter. Dû vie ur durô en hij sleat him óp yn syn fertriet. Ollinnech os Tilly syn lytse bên oer ut hûûs bwatten, fleore ur óp. De kanker dêrt ur ol jedder un lóng oan kwytrekke vie, slûg óp 'e nij ta en hij mwast ver nai ut sikehûûs. Ut vie un ferskrikleke pesjint óm bij óp besyte te gean. Hij gyng de kómmúnykaasje helendol út 'e vai. De easte fiif menútten sai ur ‘hmm’, ‘jaa’ en ‘neu’ óp olles vot mun him fertelde en frege en don die ur de êgen ta. ‘Sljipt hait?’ ‘Hmm.’ ‘Is hait vurg?’ ‘Hmm, dut is vól nóflek.’ Don twóng Tilly himsels óm ut noch un ketier út te hôren en don flechte ur ut libben ver yn. Hij voe vól graach dea, mar hij voe mem net yn 'e steek litte, dot vie syn striid, tinkt Tilly. Mar dot tinkt ur mar, hij ret durnai. Hij vit net vot dur yn syn hait ómgyng de lêste mwannen fon syn libben, hij vit de útslag net fon 'e rekken dyt syn hait ópmakke hat. Hij lai óp 'e syde, de knibbels óplutsen, un lytse jónge dyt un rotjeugd hôn hie. En Tilly koe gjin bliksem fwar him dwaan. |
|