De reade bwarre
(1993)–Trinus Riemersma– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 193]
| |
Geef FrieskVaat mai de auto nai ut krematoaryem te Gautum riid óm un femyljelid of freon de lêste eare oan te dwaan, draagt bij ta de meljeufersmwarging. Dot sil syn easte doel, en sels syn twadde doel net vêze, faaks sint ur dur net iens óp - mar hij dógt ut. Ut hat gjin sin óm dot te óntkennen. Sa draagt ek elkenien dyt Frieske lyteratuer skrjoot bij ta de taalstriid. Ut mai syn doel net vêze, mar hij dógt ut. Gjin mins sil ut him lykvóls yn 'e hólle helje óm ut riden nai un kremaasje of begraffenis ek of sels benammen te vedjerjen óp syn meljeuferpestend aspekt. Dot dógt mun net, dot soe ut misledegjen fon immens óprjóchte gefoelens fon fertriet ynhôre. Mar mai ut vedjerjen fon lyteratuer fwarol os bijdrage ta de besterking fon 'e posysje fon ut Friesk havve de lju ónares gjin mwóite. Dot sóks fwar de skrjower ek misledegjend is, lykje se net yn 'e rekken te havven. Vot de skrjower óp ut oljemint bringt en sain havve vól, vurt net beächte, syn vurk vurt inkeld vedjerre os taalstriid. Ut 'e fervachting vai dot ek de skrjower sels gjin oare os taalpropagondistyske doelen hat, vurt un apèl óp him dien óm syn skrjowerij sa yn te rjóchtsjen, dot dy óp 'un bêsten tsjinje kin óm ut Friesk fwarút te helpen. Mun kin os skrjower vól besykje óm de earen te slútten fwar dot apèl - en dot is yndied ek fiervai ut bêste -, mar mun hôrt ut net oltyten fól óm te bearen os hie mun neat heard. Sadwaande dus. De tiid dot de Frieske skrjower achte vaar syn fólk un liedsmon te vêzen nai ut ónthyten lôn, lyket fier achter ús te lezen. Mar dot is skyn: óp ut mêd fon taalsuverens, stavering, ydyomatyske nuveraregheden en stondet-kwesjes vurt de lyterêre skrjower noch oltyten de taak óp 'e nekke skood óm him os un betraubere gids te hôren en te dragen. De lêzers matte út syn bûkken leare kinne vot geef Friesk is, hût mun ut Friesk skrjowe mat, vot un rykdóm ut Friesk hat en vot ut bêste Friesk is. Ut ferhaaltsje dot de skrjower te fertellen hat, is net vichteg, of ollinnech os ut yn pedagogysk-dydaktyske sytevaasjes brûkber is - earme skrjowers fon jóngerainbûkken! Ut is helendol net slim dot juns vurk óp un beskate menier funksjonjerret, en ek un mear pragmatyske tapossing kryt yn 'e rjóchting fon taalbefwaddering. Os skrjower binne jo nammes net ferontvudlek fwar gebrûk en misbrûk fon jo vurk. Mar slim is ut ol os dur un beróp óp jo dien vurt óm bij ut skrjowen fon jo vurk yn ut foar rekken te hôren mai de funksje dyt ut ha kin of mat yn ut | |
[pagina 194]
| |
taallearproses. ‘Us nijynkómmelingen vólle ut echte Friesk leare, en os jo don jo aigen dyalekt skrjowe, don raitsje se óp 'e doele’; ‘os jo un ôvykende stavering brûkke, don kinne ús middelskwallelearlingen dur neat mai!’ Don vurt de skrjower lilk en sait: vólle de Frieske lêzers sa freonlek vêze óm dea te fôlen? Ik skrjo net fwar stómme lullen dyt har Friesk net beheaskje, fwar earme bentsjes dyt staverjen leare matte, noch fwar ydyoomgarders, brekkingsdeskundegen, kwismasters, rûntepetearders en ol sók rjo. De kar fwar ut Friesk dógt mun net út leafde fwar ut fólk - ‘folk’ is de ónferskillege klyber, de fijonnege massa. Mun kiest fwar ut Friesk ómt mun jun ydintyfysjerje vól mai un grûp jun bekende minsken dêrt mun jun ta oanlutsen fielt. Mun kiest don ek net fwar ut Friesk, mar fwar ut Friesk fon dy minsken. De solydarytijt mai ut laag dêrt mun út fwótkómmen en mai ópvûksen is en dêrt mun fjiddersoan ta bejerre vól, beskaat de taalkar. Ot dot Friesk yn relaasje ta oare Frieske dyalekten, ta jedder sprutsen Friesk en ta hollônsk mear of minder ‘geef’ is, is gjin probleem: de gevens of óngevens spylet gjin rol. Olles vot akseptabel is yn 'e grûp is goed, en vot dot net is, is ‘núver’. Utsoate is de grins ónskerp; vudden os ‘eag’ en ‘bûthús’ binne net tige núver, mun heart se vól gaurus. Núver binne vol ‘sjippe’ en ‘sizze’, en mai un oanplakte ‘t’ achter mulvudden lykos ‘hônt’, ‘dient’ en ‘sjoent’ tekent mun junsels helendol os un outsider. Vaat sóks yn 'e mwólle nimt, is un oanstelder of un kloat, mar yn olle gefollen is ut net ien fon údders. Vaat by de grûp jerre vól, sait ‘minske’ (mai un rutsen ‘i’) of ‘meanske’, mar net ‘meenske’, dot is gekkepraat. Echt krûmpraat is de meartols-s nai vudden óp ‘-ing’, lykos ‘fergaderings’, ferhôrings' - en dot heart mun don ek noch gaurus krekt fon lju dyt flyt óp har Friesk dógge. Taaliverders vólle ús twinge óm de solydarytijt mai ut laag dêrt vij út fwótkómmen binne te ferbrekken en ús mai hàr solydêr te ferkljerjen. Yn ut belang fon ut Friesk. Hókker Friesk? Ut Friesk fon gjinien, ut Friesk dot neane spóntaan praat vurt, ut Friesk dot út un bûkje kómt, un gearflônsel, un kunsttaal. Stondetfriesk neame se dot - jo matte mar doare. Ol dot geëamel oer ‘geef Friesk’ is skyt. Vij havve gjin ópjektyve nwarrems. Vot de iene ‘moai Friesk’ neamt, is bij de oare ‘argaysk’ of ‘agrarysk’ of ‘oansteldereg’; vot bij dusse ‘gevoan ómgóngsfriesk’ hyt, is fwar jinge ‘ferhollônske Friesk’ of ‘bryk Friesk’. Vaat him dêr drók oer maitsje vól, mat fwarol syn góng gean. Ta hail fon ut Friesk. Lit de skrjower sa ferstondeg vêze óm him neat fon dot | |
[pagina 195]
| |
gekryt oan te lûkken. Hij mat sels vitte hókker kar 't ur dwaan vól út 'e dyalektyske faryonten en hókker argayske en moderne taalfwarrems ur brûkke vól. Dot vól net seze dot de skrjower dur mar vot hinne kwattelje mai. De minsken dyt ur stôljaut mat ur úttekenje mai vudden dyt har fûûgje. Vot ur har seze en tinke lit, mat bij har posse. Net ot faryonten út ferskillende dyalekten kómbynjerre vurre maie, net ot un vud te ôdervetsk is of tefólle nai ut hollônsk útskaait, hûgt ur him óm te bekroadzjen, mar ot de taal dyt ur skrjoot gaadlek is ta ut útbyldzjen fon de persoanen en tastonnen yn ut ferhaal. De kwesje fon ‘geef’ of ‘goed’ Friesk is fwar de skrjower net un taalkundeg, mar un lyterêr probleem. Gwón skrjowers litte ut ear tefólle hingje nai de lêzers. Dy vólle se ut nai 't sin maitsje en skeviele. Tróch un fon olle hollônismen súvere en mai agrarysk ydyoom opheappe Friesk te skrjowen, dot gaadlek is óm slopankelege aktelearders te besterkjen yn har taal, of krekt oasóm tróch olle ôdfrinzege vudden te mijen dyt dy earme stakkets fon lêzers frjemd yn 'e earen klinke. Sa doare gwódden ol net mear ‘mwóike’ te skrjowen of ‘merke’ of ‘njónkenlytsen’. No, os ik myn sin sees, bên dyt net vitte vot un mwóike is, ut is sónde dot un mem dêr ea tate oan fergriemd hat. De skrjower hat syn ferontvudlekhyd, dot grif. Mar net tsjinoer de lêzers, noch minder tsjinoer de taaliverders. Hij is ferontvudlek tsjinoer de súsjetten dyt ur beskrjoot. Sónder him kinne dy ómmes neat, ut binne gjin libbene minsken dyt har útterje kinne, of dyt un vudfierder kieze kinne. Hij is har vudfierder. Olles vot ur tinkt dot sij fiele en tinke en olles vot ur mient dot har beveegt mat ur sa krekt mooglek notjerje, yn vudden en sinnen dyt sij keazen havve soenen os ut libbene minsken vest hienen. Hij mat yn har hûûd krûppe, hij mat mai har solydêr vêze. Mai har, en mai nimmen oas. En de lêzers? Lit de lêzers de Bibel lêze en fon 'e lyteratuer ôbljowe. |
|