De reade bwarre
(1993)–Trinus Riemersma– Auteursrechtelijk beschermdHarrem leart fytsenUt koe no heve! De ôdsuffet lai ûnder de sjedden, mem siet te Fervet, en Hinke spyle fwar brinne yn 'e Hôlemerhûkke. Têke Módderklauer hie ainlings syn sin, hij siet mai syn húshôring óp 'e pleats en mócht him boer oan 'e Mûndersloane neame. Hij hie un graujónge fon fjitjen ier dyt olle dagen dreger vaar en ut vurk goed ferstie hij vie sels noch yn 'e krêft fon ut libben. Ut koe no mar oangean. Vrótte en vrame yn dy óngenedeg hudde grûn fon ut Klaailôn, dyt lykvóls rynsk verómjûûg vot mun oan him spondearde. Mai swit en trjinnen de grûn betsjinje en dur gaud fon verómkrije. Un pleats soenen se baue, un prachtege nije stjelp soe dêr stean, mai de glêzen óp ut súdden en de achterain nai de loane ta. Dêr achter de pleats soe de mônske rúskjinne ferrize, dyt ollemon dyt fwarbij kaam oer de | |
[pagina 184]
| |
vólstôn fon 'e boer ynljochtsje koe. Net de flinters en strikken fwar de glêzen, net de polytoerde meubeltsjes yn 'e fwarain, mar de konte, hege rúskjinne, dy tekene óp 'un sekuersten de veade fon 'e boer. ‘Ja, no hait? Vij baue skielek un nije stjelp!’ ‘Vis jóng,’ ondere Têke ôvêzeg. Se vienen tegjerre oan ut bytienjen, un bloedegen vurk óp dy hudde grûn dyt tróch de rôle ta un betónlaag effene vie. De knibbels vienen jun jûûns os vekke bôle. Os mun de skrabber even te leeg hood, snijden de hudde richels fon 'e klútsjes jun os pwatdiggels oer de nailriemen. Hij helle de skrabber bij un tropke byteplontsjes lôns en plúzze de ónoansjenleksten dur bijvai. Ut grutste plontsje hie ut measte avventoer un sterke, graue byt te vurren. Vot tsjirmereg vie, helle mun óm. Yn 'e boerevrôd lyke ut óp 't heden ek vól bytienjen: de kryzes fage fwót vot net deugdsem vie. Mar ut vienen net perfwast de lytsen dyt dur ut east oangyngen, ek grutte boeren slûggen felyt. Vaat yn 'e fwarbije tiid tefólle vêge hienen mai lônkeapjen en jildlienen, of dyt dur net fwar swarge hienen dot olles óp ut bedrjo yn 'e es vie, dy gyngen duroan. Un tuskenbaiden bedrjo, goed ûnderhoden, en dot safólle mooglek mai aigen fólk berêde, dot koe lang goed gean. Sanien os swêger Iede, dy soe ut vól útsjónge. Twa arbaiders en sels sais dagen mai yn 't spier, un pleats dêrt ur de kómmende jirren gjin hege ûnderhôdskosten oan hie, bêst lôn en olles óm 'e pleats hinne, sanien rette ut vól. Os Iede duroan gyng, don bljode dur gjin boer oer yn Fryslôn. Ut vie goed óm san swêger te havven, ut koe tepos kómme. Net dot ur maklek de rais nai de Hôlemerhûkke oangean soe. Dy snútslag fon oarelier lyn vie him noch net út 'e memoarje: ut kómt mij óp un pear tûzen mear of minder net oan, mar do soest dur tróch yn ut labberet raitsje! Soe mun san kearel net fergrieme! Ut vie net ienrus kwea miend, fonsels net, ut vie de oanbenne grutskens fon 'e aigeniede boer tsjinoer de genier mai syn hierde garen en langsteeën, mai syn stikkene fyoele en ferkeade feanen, syn lekkende jarrebak en ôhondeg rinnende skiep. De genier ómmes, bij him is neat yn 'e es. Syn replek gwód lykegoed os syn ónreplek is ferslyten, hinget bryk, is fermôge, sit fól túg, is fwar de dea ópskreon, bringt neat óp, brekt midstwa. De genier doogt, vier, de genier is út ut goede haut snien - mar hij soe un oar affearen ha matte. Fonsels, dot is gekkepraat, en doch, ut deart jun oan dot un minske safólle moed, krêft en hoop yn un saak stekt dyt bij fwarried ferlen is. Fielde Têke Módderklauer him ol ferlen? Noch tsjinakseljend mar | |
[pagina 185]
| |
yn vjirhyd ol fermoedsoend mai de ûndergóng? Nee, sa slim vie ut noch net kómmen. Hij hie amper skulden, en dy soe ur bij un goede risping fon 't jest ver óngedien maitsje kinne. Dur soenen noch kosten makke vurre matte oan ien en faaks vól twa fytsen, vont de frôlje dienen gjin lichten. Mar dot vie oer te kómmen, en bóppedot, Saapke fertsjinne no ek, ol vie dot mar un skaintsje en gyng dot mear os óp oan klean en sa. Lykvóls dy pear fytsen, dot vie oer te sjen. Yn 'e fwarain koe ur vól lykmon bljowe. Hij en de jónge hienen lyts twa ier lyn areg oan 't klóssen en stryken vest, dêr hûgde de kómmende jirren neat oan dien te vurren. Mar yn 'e achterain, dêrt ut jild makke vurre mwast - dêr doogde ut lang net. Syn ôdhynder, syn kij, sútreger fee sêg mun neane. Syn ark, ut vie ollegjerre ôd en óplape mai plankjes en kramtrjidden. Syn rjappelbakken mwasten heel fersichteg óptild vurre, syn pjuk siet de môge yn, syn skeppen en leppen vie de helte fon ut iisder fon fwót. Vot vie dur sónt syn trauen oantúgd óp 'e pleats? Un rjappelskódder - jelslyten, mar goed, dy vie dur kómmen . Un nij kret ek. Mar dot hie ollegjerre yn ut begjin fon syn trauen vest, fwar '25 savot. De lêste tsien ier vie dur neat bij kómmen of ferfóngen. Olles vie ôd, en fwar un grut pat noch fon syn pake. Syn hait hie gjin tûkke boer vest, dot hie ur ains oltyt ol vitten. Vot him tróch Eelkje oanstjerre soe, koe ur min bestek fon ópmaitsje. Ode Jurjen vie ien stik pûha, mar ot dur jild siet, hij vist ut net. Hij tocht yndertiid dot ur un goede haal die mai Eelkje, os jinnegste erfgenamt. Ut lyke dot Jurjen goed syn brea hie, en faaks vie dot dû ek vól sa, ut vienen better tiden. Mar hût ut dur no bij him fwarstie? Soe Jurjen ut safólle better makke havve os hij en hait? Dur vaar nea oer praat dy pear kear yn 't ier dot se bijenwar kamen, mai de jirdagen. Têke siet don ónares ónferskilleg en ónbrûksem óp un stoel, smookte un segaar en gnyske vot fyntsjes fwar him hinne. Hij mócht syn skwanhait net lije, un sweeslagger en un swetser. En syn skwanmem koe ur helendol net oer, dot kryterege viif. Dot mins hienen se ollang fersûppe matten. Godtank vie Eelkje sa net, dy hie grif mear fon har hait. Hij vist net krekt hûfólle dur fon Jurjen syn affearen oerbljowe soe os de skuldeaskers betelle vienen. Yn har ferkearingstiid siet dur un lytse hypteek óp ut stjelpke yn ut Bósk, en dur vie mear avventoer dot dy grutter os dot dy lytser vurren vie yn dusse minne jirren. No, hij hie yn olle gefollen un pear bistkes, en hij siet goed yn ut ark. Hij hie un knappe, nijachtege aide, un jidkarre en un noch geve haaivain. Oan fwarken en rjowen, leppen en botsen hie ut dêr ek nea mankeard. Os ut fee en ut ark Têke tafoe- | |
[pagina 186]
| |
len, kaam ur dur areg better fwar te stean. Lykvóls, hij hope dot dur ek noch un tûzenmonnech oan ree jild fwar him oersjitte soe. Don koe ur hinnegean en lit dy ôde hokkeboel tsjin 'e grûn kwakke en un knappe skwórre baue. Barde dot net, don koe ur syn dream vól fare litte. Os hij en de jónge un nije stjelp út ut Klaailôn skwórre mwasten, don móchten se vól oan yn olle iveghyd ta tróchbeolegje. Vot koe ur oan 'e ain fon ut ier oan oergarre jild yn ut kammenet leze, os de skulden fóldien en de vinterbrônje betelle vie? Neat ómmes, ut raande vai os snie fwar de sinne. Mar mwast mun dot tsjin de jónge seze, dyt sa fûûl vrótte fwar de nije pleats? Him syn dream ônimme? Dot die ut libben vól. De nije jelbizege frôljesfyts kaam yn ut langst fon 'e dagen. Harrem helle him fon 'e Lytse Bwórren. Têke hie syn ljocht ópstutsen bij olle trije Ferveter smidden en óp 'e Lytse Bwórren koe ur ut bêste slagje. Têke vie tige oer himsels te sprekken dot ur safólle fwar de bên oer hie - en Saapke hie ek oant ferfelends ta heare matten dot se bjusterbaarlek beskónken vaar -, dot ut hie minofmear fonsels sprutsen dot Têke sels de fyts óphelle en oan Saapke oerlange hie. Dot hie ur ek vól vóllen, mar hij skamme him óm os greotkearel óp un frôljesfyts te riden. Dêr koe ôvaaid praat fon kómme. Dot mwast de jónge don mar dwaan. Harrem koe vól fytse, och hea ja, dy fytste ol jirren. Op haite fyts, east mai de skónk ûnder de stange tróch, letter mai de kónt óp 'e pakjedrager. No koe ur ol óp ut seal, os dot óp ut leegst set vaar. Ut vie safier hinne, Harrem brûkte de fyts ol fólle mear os Têke. De jónge koe sa nóflek un bwadskipke dwaan, en don koe Têke bij ut vurk bljowe. Sneons barde ut gaurus dot ur dur óp útstjoerd vaar. Hie Têke gjin noaten óp 'e sang, don siet mem vól eane óm ferlegen. En Harrem voe vól, vont Fervet vie nij en Fervet vie sponnend. Dusse sneons mwast Harrem rinnend nai Fervet, mai ‘de groetnis fon hait en hait kómt skielek vól te rekkenjen.’ Ut vie un knappe fyts, goed yn 'e ferve, ek de felgen, gloednije bonnen duróm en un nij remblokje. Harrem perbjerre de rem út óp 'e loane, dot gyng bêst. De hele húshôring stie óp ut hiem dût Harrem de hûkke bij ut Hauten Hemeltsje ómgysele en mai un needgóng de loane delkaam. Ollegjerre fól lof oer de nijkeap. Saapke soe dur fwót mar óp, Têke soe har bij ut skauder hôre. Dêr gyngen se ol hinne de loane del, Saapke stiif en ferkrampe en Têke mai lange halen botsend óp 'e grutte klómpen. ‘Net nai de trapers sjen!’ hearden se Têke ôljen. ‘Fwar dij út sjen, en traapje, traapje!’ Dû die Saapke mear os se dwast, se jûg un pear bêste vôden óp 'e trapers en skeat fwarút. Têke | |
[pagina 187]
| |
mwast fwót belies jaan, san góng sette se. Saapke vie los! Se fytste os un vyld. Mar net lang - ynienen skeat ut stjoer dwas en Saapke bedarre yn 'e vôl. Têke no ver dravend durhinne. Hû mócht dut kómme? Se koenen fon 't hiem ô net heare vot dur róppen vaar. Têke fondele de fyts út 'e vôl en dû kaam Saapke ek ver fwar 't ljocht. Se lyke neat te mankearen. Mar de fyts, hû vie ut dêrmai? Se gie dur net ver óp, Têke hood de fyts oan 'e hôn en mai Saapke oan 'e oare kônt kaam ur veróm. Dût se ut hiem ópkamen sêg Eelkje dot ut fanke gûûld hie. ‘Hasty sear dien, lea?’ ‘Net slim,’ sai Saapke. No, don hie se óm vot oas gûûld. Ja, de josbeskermer vie stikken, dêr soe Têke vól ut ien en oar fon makke ha. ‘Jûn nai yten mar verrus sjen,’ sai Têke, ‘ik mat no melke.’ Mar Harrem voe noch vólrus perbjerje mai Saapke, hij hie óp ut lêst ol un heel ain óp dy fyts sitten en vist de trêften durfon. Dût se un oerke oan 'e góng vest hienen, koe Saapke ut stjoer ol savot baas bljowe. Harrem voe havve, Saapke soe achten fytse óp ut hiem, mar dêr vie un geniershiem net greot genôch fwar, en dût se gefaarleke ticht bij de rúskjinne lôns vjukkele vie, spróng Saapke beret fon 'e fyts ô en sette him tsjin 'e mwórre oan. Ut hie fwar joet moai genôch vest. Se koe fytse, en de fyne kneepkes kamen letter vól. Mandy gyng se dur óp nai ut vurk, oan 'e grutte dyk ta, of mooglek vól oan 'e bwórren ta, en ut lêste ain koe se don vól rinne. Harrem voe havve, no soe mem. Hij fielde him vakkere tús yn 'e rol fon learmaster. Mar mem voe east kófjedrinke, en dû mwast se mai ut yten oan 'e góng. En nammes, se voe ek net bij ljochtskyndai os ut êg fon ollemon duroer gyng. Bij skymerjûn, don voe se ut vól vêgje. Mar don mai ollinnech hait durbij - ut gegniis fon 'e bên hie se gjin ferlet fon. Dû kaam Heabel fon ut Hauten Hemeltsje ek noch delskyten. Dy hie fonsels ollang ver sjoen dot ien fon Têke syn fammesbên ut fytsen leare soe en no voe se óp ol har banende fragen ontvud ha. Ja, fonsels, east vakker beare fon 'e fyts. Mar dû: Va soe dy fyts no brûkke? Eelkje skielek ek? Soe dy ut ek leare? Vêr kaam dy fyts vai? Hij vie net nij, vól? En vot koste san fyts no? Eelkje makke har net fólle viisder, dy skermesjerre mai bwadden en ark en rêge mai de pankûksponne mai ópvaarme rj appels óm en bearde os hie se ut smoardrók. Heabel vie un hudkop, mar se sêg dot se bij Eelkje stómp rón. Se sakke ô, meskjin koe se Têke noch te vud kómme. Mar Têke kaam krekt út ut bwóthús vai mai ut stróntkret en jage har ómtrint fon 'e sokken. Heabel sette ô nai de oare ain fon 'e Hege Eker. Eelkje voe no helendol net mear óp 'e fyts, ek bij skymerjûn net. Dot fúlk fon ut Hauten Hemeltsje stie no fonsels oan | |
[pagina 188]
| |
neare nacht ta fwar de glêzen te gnúven ot dur ek ien fon har mai de fyts de loane út stiek. Se voe dur net jirrenlang noch praatsjes oer oanheare fon dot fólk, os se san óngemak hood os Saapke bijgelyks. ‘Mem kin moantemwanne vól,’ ónjerre Harrem. ‘Don binne se dêr ollegjer nai tsjerke.’ Mar dot fersmiet Eelkje: ‘Op snain? Vot monkeart dij no? Op snain jert mun net te fytsen!’ Mar un pear ier letter ferbjustere Eelkje har húsgenoaten mai de maideling dot se fytse koe, en se stapte óp en se diig ut - se hie yn stilte oan ut ûffenjen vest, en don doch grif óp snaintemoan. Vonnear oas? Ut koe dur ek net mear sónder, tocht Eelkje. Vot vie ut maklek os mun even nai mem voe, of nai skwanmem. Fon Nijtsjerk nai ut Bósk, dot vie mar un skytaintsje, en nai ut Klaailôn ta hie ek vól te berinnen vest. Mar noot se sels yn ut Klaailôn vennen, skwanmem yn Fervet en har ôden noch oltyten yn ut Bósk, no vie un fyts un útkómst. Ek os se vot bij de vinkelmon fergetten hie te bestellen en noch un loop nai ut dwarp maitsje mwast, vot vie ut don un ding dot mun fytse koe. Fwartyd kamen de bwadskipkes olmeast fwar Harrem óp. Têke hie ut nóit oan tiid, dy koe net olle klapsketen út ut vurk brekke, sat ur sai. Hij skamme him nammes óm yn ien fon dy lytse vinkeltsjes óp 'e Nijbwórren of oan 'e Haven te Fervet os fólvûksen kearel un kaatsje stopjen te freegjen dot Eelkje perfwast noareg hie óm de snainske sokken noch te stopjen óp sneontejûn. Harrem hie fon sók ding gjin lêst, hij siet nammes minder fêst oan ut vurk en hood durfon óm yn ut dwarp en ûnder de minsken te vêzen. Ut fertsjinjen fon ut jild fwar de nije stjelp, dot kaam yn ut fwaste plak fwar hait óp, vie Harrem syn betinken. Harrem vie nea te beroed óm nai Fervet te fytsen en fernim hût ut bij beppe Richt stie. ‘Ut vie vól goed,’ vie syn fêst beskied os ur ver tús kaam. En dêr koe don noch sókssavot óp fólgje os: ‘Beppe har rjappels minderje hud,’ of: ‘De keamersdoar sleept, ot hait dêr rus nai sjen vól.’ Of óm un pûn pyptebak, dot Eelkje net besteld hie bij de vinkelmon ómt se vist net dot ut sa nai ol ver óp vie. ‘Brûk de hassens don ekrus un kear,’ grómmele Têke. Mar Harrem kryge de bwadskiptos en haite fyts en sette de loane út. Ut vie him ollang goed. Olles voe Harrem vól helje. Nwasdrippen fwar hait, linten fwar de famkes, un pear fyters, bôlegwód, of vot ek, ut makke him neat út. Hij skamme him net, lykos oare jónges gaurus, óm ‘frôljesvurk’ te dwaan. Dur hat un ryte vest, dû voe Harrem ljest olle sneonen óm bwadskip nai Fervet. Os mem him neat ópdrûûg, don begón ur sels óp te neamen: hie mem vól genôch sûkker? Fet? Skwónpûtsersgwód? | |
[pagina 189]
| |
Tebak fwar hait? Onaris fûn Eelkje don vól un ding dot se noareg hie. Se gunde ut de jónge vól dot ur sneonoerdais un oerke yn 'e bwórren sêg bij syn maten, hij hie ómmes san hele vyke tróch gjin ferdyvedaasje, ollinnech yn ut vinterskóft de knapeferiening. Sels koe ut har ek oanfleane jir oan 'e Mûndersloane. ‘Helje mij don mar un pakje stysel fon Bauke. En Harrem, yterstyd ol tús jer!’ Ut vienen lykvóls net de maten fon 'e knapeferiening dêrt Harrem syn heul socht, ut vie un ôdfaam bij namme Sybrichje dêrt ur de loop hie. Sybrichje har mem, Geeske, hie un vinkeltsje mai dwailen, hônskróbbers, skelken, knipers, griene sepe en ol sa mear. Geeske sêg net ol te goed mear, dot ut vie mar goed dot har jinnege dochter noch yn 'e hûûs vie, dy mwast olmeast ut frege ark óp 'e twanbank leze en rekkenje. Geeske die oltyten noch vól os behondele sij de trônsaksjes: se groete de klont viidvaideg, frege sûn, frege don vot ut vurre mwast, priizge de kwalytijten fon ut gwód en skermesjerre mai ut jildtrómpke en ut ópskrjobûkje. Mar yn faite die Sybrichje olles, útsain prate, dot liet se oan har mem oer. Sybrichje vie net bótte kreas, se vie sa mêger os un skjirrûk en se sêg skyleg. Yn ut vinkeltsje vie dot vól maklek, se sêg yn ien êgópslag vêrt olles lai, mar ut stegere de mônlje ô. Sadwaande vie Sybrichje oerbleon, greot tryteg vie se no. Dusse Sybrichje vie un skóftlang, un feansier savot, Harrem syn oanhôd. Dot vie sa kómmen, Harrem mwast rus yn 'e maatmwanne dût se un oarelier oan 'e Mûndersloane tahauden hienen nai Geeske óm un pear bûnte skûldûkken. Dût Harrem noch mar goed en vól fon ut hiem ô vie begón ut te snijen, aakleke kôde, viete snie. Verómgean prakkesjerre ur net oer, mem soe ut vól begrepen ha, mar hait syn gnyskjen voe ur him net oan bleatstelle. Hij hie un graue jos oan, en hij koe nammes fytsend de varemte vól beskreppe, mar de earen, en de honnen, dy vienen him ol ringen os iis sa kôd. Hij fielde se net iens mear. Sa kaam ur yn ut vinkeltsje fon Geeske oan 'e Haven, en hij hie syn bwadskip amper sain, of dêr swymde ur hinne. De varemte fon Geeske har kachel dyt ek yn ut vinkeltsje tróchkróng besette him. Sybrichje skode him beret un stoel ûnder de kónt. ‘East even bekómme,’ sai se, ‘en don aanst yn 'e vaarme keamer. Hû kinne se dij sa gean litte!’ Harrem liet him de jos útstrûppe en skeuvele achter Sybrichje oan de keamer yn dût de dwylens yn 'e hólle vot bekómmen vie. ‘Gón dêr mar sitten, jirre. En no sil ik dij un kóp hyte tee jaan, dêr silst vól fon ópknappe.’ Harrem liet him gebiede, hij hie net fólle mear te keap. Hij stwarre vot skau nai de dónkere spreuken oan ut levont en de driigjende petretten fon nwatske ôde | |
[pagina 190]
| |
minsken. En hij stwarre nai ut readplússen tafelkleed mai fygueren duróp en ut teeblikje mai ut stoofke en rjokes. ‘Bekómt ut ol vot?’ frege Sybrichje. ‘De earen,’ sai Harrem. Se begónnen te prykjen en digen sa sear. Sybrichje skode deun tsjin him oan en nóm syn hólle tusken har baide vaarme honnen. Harrem slûg de êgen fwardel, dot skylege gesicht vie deun bij him. ‘No, matst dyn tee ópdrinke!’ Harrem kryge ut kópke mai baide honnen beet, hij hie dur gjin gefoel yn. ‘Set mar del! Dot vurt neat! Lit ris fiele? Och jónge, dy binne os iis. Vacht, jirre!’ Se lûûk de rôk ómheeg en trjode Harrem syn honnen tusken har billen. Harrem liet him ferbjustere fwaroer lûkke, syn hólle rekke ómtrint har bwasten en syn êgen stwarren nai har rôk en de swatte hwazen óm har billen. Hij mwast sa sitten bljowe, vont se knypte syn honnen fêst. De fingers begónnen te prykjen en te pimperjen, hij vist net mear ot syn honnen hyt of kôd vienen. ‘Bekómt ut ol vot?’ frege Sybrichje. ‘Sa sear,’ pwólmwólke Harrem ollinnech mar. Se lai him de hôn óm ut skauder en lûûk him tsjin har oan. ‘Bljo sa mar even sitten.’ Ut prykjen saksjerre linkelytsen en Harrem voe vól ver frij, mar hij vist net hû. Hij lai mai de noas tusken har bwasten en kryge amper lucht. Prate koe ur net, en hij vist nammes net vot ur seze mwast. ‘Knapt ut ol vot óp?’ frege Sybrich. Harrem makke him los út har ómjerming, en brocht de moed óp óm har yn ut vêzen te sjen. ‘Ja,’ sai ur. Hij vrótte tusken har billen en besocht óm de honnen frij te krijen, mar Sybrichje liet him net gean. ‘Voest even fiele?’ frege se. Harrem skódhólle, hij voe de honnen veróm ha, oas neat. ‘Ut mai vól,’ sai Sybrichje. Se makke de greep vot losser dot ur de honnen bevege koe. Harrem voe se verómlûkke, mar Sybrichje pakte beret syn pólsen en hood de honnen vêrt se vienen. ‘Ik sai ómmes, ut mai vól.’ Dû liet Harrem skrútten de honnen oer har billen raizgje. Bóppe de hwazen vie bleat fel, en don kaam de brûk. ‘Dêr ek vól,’ sai Sybrichje, ‘do bist ómmes ol san grutte faint.’ Dû liet se him gean. Hij mwast syn tee noch ópdrinke, en don mar gau nai hûûs. ‘En kómst rus ver, Harrem?’ Harrem grómmele vot dot ja en nee ynhôre koe. Mar de oare sneons stie ur óm 'e selde tiid yn 'e vinkel fon Geeske. Hij hie hope óm Sybrichje ollinnech te treffen, mar dur vie un klont en nai him stapte dur noch un ôdviif yn en Harrem kaam oan bar, mar Harrem vist neat te betinken. Sybrichje rette him: ‘Gón mar even yn 'e keamer sitten, Harrem, ik sil ut gwód dot jim mem besteld hat aanst vól even bijenwar pakke.’ Harrem gyng de keamer yn en nóm deselde stoel dêrt ur de oare vyks op sitten hie. | |
[pagina 191]
| |
Ol rillegau kaam Sybrichje. ‘Vot voe Harrem?’ frege se, en se knypêge olderhaislekst mai har skyleg êg. ‘Utselde os ferlyne sneon,’ sai Harrem. Sybrichje lake, se sette un stoel naist him en gyng sitten. ‘Vólste dot?’ frege se. Se lûûk de rôk bóppe de knibbels. Harrem liet him net lang noadzje, hij stiek de hôn ûnder de rôk en fielde oan har brûk dêrt ut varem vie en vot klam. Dêr mwast de prûm sitte. Sybrichje lyke ut nóflek te fynen, benammen os ur mai de fólle fûst yn 'e prûm knypte. Se suchte tefreden. Mar se sêg ek yderkear nai de keamersdoar. ‘Kóm,’ sai se ol ringen, ‘no mar óphôre.’ ‘Oare sneon ver?’ frege Harrem. ‘Do sjukst marrus,’ sai Sybrichje. Sa kryge Harrem de loop nai ut sepe- en bjindervinkeltsje fon Geeske. Os Sybrichje ut fertraude, mócht Harrem vot langer en vot mear. De hôn bij de bókse yn en don tusken ut lange hier ómnyfelje oant ur ut naadsje fûn hie. Dêr vie ut varem en glystereg. Sybrichje trjode ut liif tsjin syn hôn oan en begón swier te sykheljen os syn fingers tusken de feltsjes plúzzen. En don ynienien vie ut ho, se knypte de billen fûûl óm syn hôn dot ur dy net mear bevege koe, en don os se un skóft sa deastil sitten hienen, lûûk se syn hôn fwót en gyng oerain. ‘Kóm Harrem, nai hûûs.’ Os Harrem nai sókke lopen ver nai hûûs fytste, stapte ur steefêst ô óm de honnen yn 'e sleat te voskjen. Ut vie him ópfôlen dot syn hôn ûgryslek stónk os ur bij Sybrichje yn 'e brûk sitten hie, en hij hie noed dot se ut tús rûkke soenen. Nammes, hij vie dur ek fiis fon en voe mai dy hôn ljest gjin ding oanraitsje, en dur grif net mai yte, harrekrammele. Ode pis, dêr stónk ut nai. Ut soe doch gjin kwea kinne? Tús noch marrus voskje mai sepe. Harrem vaar njónkenlytsen dryster, vont hij kryge tróch dot Sybrichje lykefólle ferlet fon him hie os hij fon har. Op un kear sammele ur ol syn moed bijenwar en sai: ‘En no matst him sjen litte.’ Ut vie de easte kear dot ur har doke. Sybrichje gnyske: ‘Hij kin net sjen, hij hat gjin êchjes.’ Mar sókke grappen stie Harrem ut sin net nai. ‘Ik vol him sjen,’ sai ur. Sybrichje loatste him mai nai de hûkke fon 'e keamer dêrt ut skymereg vie. Dêr lûûk se de rôk ómheeg en liet de brûk sakje. Dur vie minder te sjen os Harrem fervachte hie, ollinnech mar un bósk geleg slûk hier. ‘Vêr sit ut oare no?’ frege ur. ‘Vot oare?’ ‘Ut gotsje. Ik vól ut gotsje ek sjen.’ ‘Dot kin net!’ sai Sybrich. Se voe de brûk ver ómheeg lûkke, mar Harrem hie him óp 'e knibbels sakje litten en hood de brûk tsjin. Hij fielde yn ut hier en fûn ut gotsje. ‘No óphôre,’ sai Sybrich, ‘se kinne ús oer ut mod kómme.’ Harrem liet har los en | |
[pagina 192]
| |
stwarre nochrus fon tichtbij nai har prûm. Vot stónk dot haislek, se mócht dot fize jarreprûkje vólrus voskje. Sybrichje brocht de klean ynwadder en voe havve Harrem soe no mar fwótgean. ‘Goed,’ gnyske Harrem, ‘mar de oare kear vól ik óp dij.’ ‘Votte!’ ‘Ik vól duróp en ik vól him duryn ha.’ ‘Gjin sprake fon!’ bearde Sybrichje. ‘Don ferklap ik dij,’ sai Harrem kôd. ‘Do dókst votte?’ ‘Ik sees tsjin ús hait en mem votsto mai mij dókst,’ sai Harrem. ‘Jónge, do bist un dúvel,’ sai Sybrichje kjel. ‘Do bist krekt san smearlap os jim hait.’ ‘Nije vyke sneon?’ frege Harrem. ‘Nee,’ sai se, ‘kóm nije vyke snaintemiddy, ûnder tsjerktyd. Mar ut is ienkear en nóit ver!’ De oare snains fersómme Harrem de preek en slûûp bij Sybrichje ta de achterdoar yn. Se stie him ol óp te vachtsjen. Hij mwast súntsjes achter har oanrinne de trep óp. Har mem lai yn 'e keamer te sliepen. Op 'e solder tusken doazen en rómmel stie Sybrichje har bêd. Se gie sitten en diig de wazen út. Se gie stean en diig de rôk en de brûk út. En dû gie se achteroer óp ut bêd lezen. Harrem klóm óp har en liet de brûk óp 'e knibbels sakje. Mai de kul yn 'e hôn begón ur yn 'e prûm te stekken, oant ur gotsje fûn hie. Ut lekkere gefoel dot ur jûûns óp bêd stareg ópbaue koe, oerfoel him no, en ut vie samar fwarbij. Ut foel him smarg ô, dur vie ains neat oan. Dot mun tsjin un viif seze koe: Dóg de brûk út, en dot se ut don die, en dot mun duróp lai, dot jûûg un goed gefoel, mar ut jûtsen óp himsels vie neat oan. Hij stapte fon ut bêd ô en die de klean oan. Sybrichje ek. Se liet him dur tróch de achterdoar ver út en sai: ‘En no vól ik dij jir nóit ver sjen.’ Harrem slûûp ut dwarp út nai hûûs ta. Hij mwast un reden betinke vêromt ur net yn tsjerke vest hie, mem soe dêr grif nai freegje. Mar syn easte swarg vie óm him te voskjen. En dût ur dot dien hie, geat ur un snjit peteroalje yn 'e hôn en vrjode dêr de kul en de sek mai yn. Hij hie dot heard fon un faint dyt neffens syn sezen seemon vie: os mun nai de wórren vest hie, don mwast mun dur peteroalje óp smare - stookoalje vie noch better -, don kaam jun dur neat fon oer. Mar oas, don koe mun siik vurre. Sybrichje vie grif gjin hoer, mar se stónk vól haislek fon ûnderen, en hij nóm ut visse fwar ut ónvisse. De grutte otterjende swóllems dêrt de seemon fon ferteld hie, griisden him oan. Hij besocht ut nea ver bij Sybrichje, en ynjesten ek net bij un oare faam. |
|