| |
| |
| |
Haadstik Acht
Easte Haadstik Acht
| |
Ut ut efongeelje fon Floar, II
Votfwar óngelókkege pc hasto yn 'e godsnamme? raast Tilly de tillefoanist út 'e hoan os de kopijskrjower dyt krekt óp ut húske siet him hymjend meld. Hen, votte? Votfwar pc hasto? Ynstee fon dakjes en streekjes kómme dur ollegjer healvize tekens. Ik mwast olles korrysjerje. Ja, sait de kopijskrjower, ik ha 't dien sat ut yn 'e ynstruksje stjit. No, don soe 'k dy noch marrus better lêze. Mar dot vie myn bwadskip vinlek net. Do matst un stik fwar mij skrjowe oer ut Bwarrisme. Ut kómt mij net sa krekt vòt, mar ik mat ut gau havve. Sees, do hôrst doch vól un kopy fon dyn floppy, hin? Noot de ptt pryvatysjerre is, kin mun neane mear vis fon vêze. Nije vyke tiisdy óp syn lêst mat ik ut havve. Gûie.
Ver vot oas! No ver oer ut Bwarrisme. Mar os ut him neat útmakket, don rêd ik mij dur vól mai, sait de kopijskrjower bij himsels. Dot ôde bûkje fon Floar, dêr kin 'k noch vól un aintsje út oertikje.
Haadstik V, De oerjerregens fon Grimbold
1. | Dût de hele ómkryte fon Dúnnegea, de fean- en sônstreken, tróch Grimbold beraizge vie en hij oerol ut fólk kundskip dien hie fon ut bliid bwadskip fon Boldgrim, vie ur tige ômêde en hij lange durnai óm net mear te vêzen. |
2. | Syn Hear don oanróppend spriek ur sezende: Nim myn geast ver ta jo en lit myn flêsk fertwarje en ta stof vurre, vont sjug, ik ha jo tretjen ier tsjinne en de fólken ta bekearing brocht, en ik bin mêd. |
3. | Hele Dúnnegea en Lemsterlôn, oan 'e grinspjellen fon Gasterlôn ta, en de Stellingverven, ja de hele Sônvôden ómtrint haf ik beraizge en mijsels lins noch rêst gund, mar no Hear langje ik durnai de hólle del te lezen. |
4. | Vont sjug, myn krêften binne net monnechfôd en ik haf myn lichem óntsjoen noch mijd; |
5. | monnech dai bin ik fwarbij gien fon yten en monnech nacht hie ik gjin dak bóppe de hólle; |
6. | net te tellen binne de dagen dot ik fon vurgens net mear óp 'e
|
| |
| |
|
skónken stean koe, en lykvóls haf ik Juns namme en Juns róm ferkundege. |
7. | Mar no Hear, lit ut genôch vêze. Ik bin ôd en oan 'e ain fon myn krêften. |
8. | Grimbold dut sain havvende gyng óp 'e grûn lezen óm te stjerren. |
9. | Dû beskikte Boldgrim un swiere stwarrem en hij skódde de iede en liet swiere hailstjinnen delkómme, en Grimbold flechte fon fwar ut oantlit fon Boldgrim en ferskûlle him. |
10. | En Boldgrim spriek sezende: Va fertsjusteret myn ried mai vaanvysheden en kómt tsjin myn riedsbeslútten yn ut gevear? Va hat de iede grûnfêste en him syn vil óplain? Va hat fon oanbegjin oant ain olles fwarbeskikt en óp 'e bûkrol fon 'e takómst skreon? |
11. | Va, o Grimbold, hat dij skepen, va jûûg dij skónken óm te gean, un mwólle óm te praten, honnen óm nai de hymel te heevjen? |
12. | Va hat dij de vudden yn 'e mwólle lain, va hat dyn skónken stjoerd óp ut paad fon 'e ferkundeging? Soe ik, dyt de hele hymel en de hele iede mai ien hôn ómfettet, net bij machte vêze dyn lichem yn stokken te hôren en dyn geast te stypjen? |
13. | Dû fernedere Grimbold him en smiet him oer de grûn en spriek: Ik haf sóndege tsjin Jo en tsjin Juns Olmacht en yn heegmoedegens bin ik ópswóld. Sjug, ik bin grutsk vurren óp mijselme, en út aigen krêft miende ik grutte dingen te dwaan. |
14. | Mar ik bin neat, o Hear, vont Jo bevarje myn nieren en myn yngevont, jo hoedzje myn oerainkómmen en myn sittengean. Neat dóg ik, Heare, of Jo dógge ut tróch mij. |
15. | Slút myn aigenvillege mwólle, o Hear, en lees dêryn Juns vudden. Lit mij net myn vegen gean, mar lied mij Juns vai lôns. |
16. | Dû saaide un lekken út 'e hymel del en dêryn vienen de hearlekste spizen, en un stimme sai: Nim en yt! |
17. | Nait Grimbold yten hie en sêd vurren vie, sai de stimme jetrus: Nim en yt, en rêst dêrnai, vont sjug, ik stjoer dij nai de haidenen. |
Grimbold en de haidenen fon Toppentwel
18. | De Geast nóm Grimbold óp en fierde him nai ut twillingdwarp Toppentwel, beëastlek de stêd Snits, en ut vie un tige goddeleaze oade. |
19. | Dût no Grimbold de gerjóchteghyd fon Toppentwel ynkaam en him yn ut dwarp fertoande, rónnen olle Toppentwelsters óm him gear en drjoden de spot mai him, sezende: |
| |
| |
20. | Va mai dot ôd skarlún vêze dot tróch ús dwarpen strampelt? Is hij fon 'e Snitser golge fôlen? Sjug, syn klean binne oant óp 'e tried ferslyten en syn skwón traapje tróch, en hû lang is ut lyn dot ur him vósken hat? |
21. | En ja húnnen him sezende: Binne jo un lietsjesjónger of un pótsemakker? Kinne jo óp 'e kop stean of óp 'e honnen rinne? Sprek óp, en fertoan ús jo kunsten! |
22. | En dût Grimbold harren net ontvudde óp de fernederingen dyt him oandien varen, begónnen ja maude en stjinnen nai him te smyten en ja rôpen fervinskingen en voenen him út har gea bonne. |
23. | Dû heve Grimbold de hôn ópen ut vaar stil, vont ja swijden. En hij frege harren: Va is jimme liedsmon? |
24. | Ja no viisden him nai ut stjinnen hûûs dot fwót naist de tsjerke stie, en Grimbold lûûk mai syn stêf un streek tróch de maude fon 'e vai en hiet har dêr achter te bljowen, en hij gyng nai ut hûûs. |
25. | Ja no voenen him fólgje, mar ja koenen net, vont de geast fon Boldgrim vie os un mwórre tsjinoer har. |
26. | Grimbold ut hûûs yngeande, tróf dêr un preester fon 'e wórretsjinst, eare bevizend oan 'e Fôlen Frau, dot is de Faam fon Babylón, beskreon yn ut bûk fon Sint Stefanus de Jóngere. |
27. | En hij makke him bekend os profeet fon 'e Ollerheegste en Ivege Hear Boldgrim, en hij sai him oan syn ûndergóng en ut ferdjer fon 'e wórretsjinst. |
28. | Bekear dij, en swar de Hoer ôf, of do silst un raar got yndraaie, spriek Grimbold. |
29. | Mar de preester ferhudde ut het en voe fon gjin fermwanning vitte, vont Boldgrim voe net havve dot ur him bekearde. |
30. | Vont, spriek Boldgrim, yn dutselde Toppentwel sil ik mij iepenbierje oan 'e haidenen, en grutte dingen sil ik har sjen litte. |
31. | Dû stelde de preester út ja soenen un kampslag yn ut bidden hôre óm fêst te stellen vaans god de viere god vie en macht hie oer de eleminten. |
32. | En ja soenen un greot fjoer oanleze lyk fwar de tsjerke oer en hij soe mai de timpelhoer dyt bij him venne nêken tróch ut fjoer rinne. En dêrnai soe Grimbold tróch ut fjoer rinne. En vaat ut fjoer net dearde dy syn god soe de viere god vêze. |
33. | En dût Grimbold dot oannómmen hie, jûgen ja dêrfon kundskip yn Toppentwel en ja lieten un greot fjoer oanleze. En olle ynvenners fon ut twillingdwarp rónnen út óm de goadekriig bij te vainjen. |
34. | Dû klaaiden de preester en de timpelhoer harren út en rôpen
|
| |
| |
|
mai lûûd misbaar de Hoer oan en gyselen harselme en slûggen har óp ut bwast en stieken har mai messen. |
35. | En ut fjoer yngeande, dearde ut harren net en ja doansen tróch de flammen en ómjermen enwar en jûgen bod oan 'e sinlekhyd. |
36. | De Toppentwelsters de macht fon har god sjende, setten ut lûûd út en loven de Hoer en ôlen fon blydskip. |
37. | Mar Grimbold heve de honnen nai de hymel en rôp Boldgrim oan út ut ynderlekst fon syn het en befelle syn lichem yn syn hôn. |
38. | En ut fjoer yngeande, dearde ut him net, mar sjug, de preester en de timpelhoer foelen del en ferbaanden ta jiske. |
39. | Vont de Hoer hie macht oer de eleminten, mar yn de bijvêzeghyd fon Boldgrim teraande har macht, en ja hie gjin macht mear, mar vie machteleas. |
40. | Fjauer oeren lang stie Grimbold yn ut fjoer, oant de flammen dôven, en hij kaam út ut fjoer, en sjug, de klean en ut hier vienen net skrûid. |
41. | En ollegjerre dyt ut sjoen hienen, lyts en greot, foelen óp 'e knibbels del en fernederen harren fwar de god fon Grimbold, en ja kamen ollegjerre ta ut ljowe. |
De ferblyning fon 'e Snitsers
42. | Ut vóndere barren fon 'e goadekriig te Toppentwel rón os diggelfjoer de geaen tróch, vont nea sónt minskeheugnis hie immen sóks maimakke. |
43. | De ynvenners fon 'e stêd Snits no hearend vot te Toppentwel fwarfôlen vie, varen tige gremyteg en knasten óp 'e tósken en krygen ut skûm óp 'e mwólle. |
44. | Vont ja eangen dot ja de macht oer de dwarpen ûnder har klokslag kwytraitsje soenen en dot har honnel ynstwatte soe. |
45. | Stie net te Snits de haadtimpel fon 'e Hoer, mai ut sais mônsel hege byld, dêrt olle geabevenners olle jirren ienrus ferskyne mwasten óm har jeften ô te dragen? |
46. | En fertsjinne net de helte fon 'e ynvenners fon Snits un skoander ynkómmen mai ut snijen, smaaien of bûtsjerjen fon bleate wórrebyldsjes, dyt fwar grau jild oan 'e doarpsbevenners yn 'e ómkryten ferkocht varen? |
47. | En ja bósken gear en stieken de koppen bijenwar en sainen: Sille vij net ta de biddelstêf ferfôle en sil ús stêd net vurre ta un oade fon ferfol en ferdjer os vij dusse kanker tróchfrette litte? |
48. | Vij matte de Toppentwelsters un hudde ôlear jaan en har twinge óm har óp 'e nij oan 'e Hoer te ûnderverpen. Ja, vij matte un
|
| |
| |
|
fwarbyld stelle fwar de hele Súdvesthûkke. |
49. | Dû rôpen ja olle striidbere mon gear en setten monmachteg nai Toppentwel, útrist mai ollerhonde vapenrjo en fólterark. |
50. | En de Toppentwelsters frezen mai grutte freze, vont de tynge fon 'e kómst fon 'e Snitser hie har ol berikt, en ja vienen har ried tenain. |
51. | Mar Grimbold spriek harren moed yn en sai dot Boldgrim noed fon har stean soe. Gjin hier óp har hólle soe fôle tróch tadwaan fon 'e Snitsers. |
52. | Vont Boldgrim hie him yn 'e dream iepenbiere vot ur dwaan soe. Vont hij spriek: Mai dy dómme Snitsers sil ik mij net mjitte, ik sil mij fwar har oantlit ferskûlje en har mai blynens slaan. Vont dyt blyn binne en óp har blynens greot gónne, dy sille blyn vêze oant yn olle iveghyd. |
53. | Dût no de Snitsers de Easterpwatte út stieken en de vai nai Toppentwel ópgean voenen, koenen ja de vai net fyne en ja rónnen ollegjerre de Haukesleat yn. |
54. | En har fersin merkbytend rónnen ja oarevai, mar bedarren lykvóls óp 'e nij yn 'e Haukesleat. En dot gyng oant sônrus ta. |
55. | Dû jûgen ja har ô en lûken har veróm binnen de stedspwatten. En har ferblyning is bleon oant joet de dai. Ja fykje noch oltyten ôgodsbyldsjes en rinne sônrus yn 'e selde sleat. |
|
|