De reade bwarre
(1993)–Trinus Riemersma– Auteursrechtelijk beschermdAinlings nai ut KlaailônYn 'e maaiemwanne fon '33 stoar ôde Harmen Bosma. Sà ôd vie ur oas net, noch gjin fivenseksteg, mar hij êge ôdsk en ôlibbe. Mear os fyfteg ier hie ur de grûn betsjinne, en gjin momint hie ur de loaie syle lutsen. Os jónge hie syn hait him nai un boer stjoerd dyt duróm bekend stie dot ur syn fólk ollegedueregen oanpoende en gjin lins gunde: dêr soe Harrem arbaidzjen leare. En dot learde ur, hij vaar un drege arbaider bij dy boer, en dût syn hait him verómhelle nai ut aigen bedrjoke, dû hie ur oan Harrem un kearel dyt olle vurk tabetraud vie. Mar ut vie te stûf gien, hij hie de knûi vaikrygen bij dy boer, en dût ur goed fyfteg vie, vie ur yn faite tenain. Mun vaar os faintsje vól vaskôge: ‘Net te stûf, haite!’ en sóksoate vaskôgingen jûûg mun sels ek ver tróch, mar ut vienen fon dy sechjes dyt yn 'e verklekhyd neat úthellen en ek net úthelje koenen. De verklekhyd fon ut arbaiderslibben, dot vie bódzjen dot jun de rêg knapte, dur vie gjin sprake fon kollern oan en mai ferdrach. Ut soe ónnut vêze mai un geef lichem de ôde dai en ut grêf yn te gean, dot lichem brûkte | |
[pagina 169]
| |
mun oant ut oanain vie, skjin oanain, dot sparre mun gjin dai en gjin oere, en jest os dot lichem krûm en krebinteg en ferslyten vie, don hood mun óp fon vrótten, en don steutere en stuitere mun noch un wat óp iede óm oant mun de geast jûûg en ûnder de iede skikt vaar. Ode Harrem hie ut net oankómmen sjoen. Vis, hij vie ol un ier of tsien net mear vot ur vest hie. Yn 'e tiid dot lytse Harrem benne vie, hie ur fwar ut east field dot ut hekke, gau vurg, gammeleg en net de rjóchte nócht mear. Hij hie hope, hij soe noch un heel set mai kinne os ur himsels vot mijde. Skielek kaam jónge Harrem fon skwalle ô en don koe dy Têke bijstean. Os Têke don mai syn húshôring óp 'e pleats kaam, soenen sij nai ut dwarp ferhúzje. En salangt de jónge noch net ta fólle vaaksdóm kómmen vie, koe hij vot hontlangje. Net te lange dagen maitsje, en net ut swirste vurk mear, mar lykvóls, hij soe Têke doch noch vot skeviele kinne, vól oan syn sontegste ta. Op un mwantyd yn maaie vylst ur mai Richt en Hinke oan 'e breatafel siet, glied ur fon 'e stoel ô en lai dea oer de grûn. Hij hie neane oer klage, hij hie un kóp tee drónken en de helte fon 'e bôle ópyten. Hij hie de blaukyle oan, de jos hóng oer de stoel mai ut hapke yn 'e bwósse en de termoflesse stie óp 'e tafel. Se varen ollegjer haisleke kjel, Richt en Hinke, Eelkje en de famkes. Têke ek, dut kaam him dúvelse min út, ut vie maityd, en ut lôn stie te róppen óm fólk. Un rare streek tróch de rekken, olhûvól, fon dy rekken doogde doch ol gjin bliksem mear. Ynstee fon fwarút te bwórkjen, sakke mun staregoan mear bij de vôl del. Dy frekte kryzes! Eelkje rón east nai ut Bósk óm har ôden óp 'e hichte te bringen en dû nai ut Klaailôn óm mai mem en Hinke te skriemen, ja, en ek óm vot dingen te bewadderjen. Ut varem yten kaam de oerdais neat fon, Harrem en de famkes mwasten har fwar un kear mar rêde. Mar de famkes dienen oas net os skrieme dût se ut brjifke fon mem óp 'e tafel fûnnen: ‘Pake Harm is overleden. Ik ben er heen. Er is brood in de tromp.’ Jónge Harrem nóm him de dea fon pake net nai, olteast dêr vie neat fon te merkbyten. Hij feegde un pear hómpen bôle ô en besmaarde dy tsjûk mai bwótter en sjim. Vot de fammen net hûgden, koe hij dur vól bij óp. De jûûns dût se ollegjer ver óm 'e tafel sieten, sai Têke óp un gevichtege toan: ‘No hast ut tink vól begrepen, Harrem?’ ‘Ja,’ sai Harrem, ‘de ôdsuffet is dea.’ Mar dû vaar Têke dûm, hij feegde de jónge fon 'e stoel en skópte him bij ut bedsket óp. Sa soe dur jir ferdómme net oer syn ôde hait praat vurre! De begraffenis gyng un skoander middyskóft mai hinne. Ut vie | |
[pagina 170]
| |
prachteg vaar dût se maienwar út ut stjerhûûs vai de loane delrónnen nai Fervet. De kiste vie de mwaans ol óphelle tróch de lykvain. Oan 'e nwadeastkônt fon 'e tsjerke vaar Harrem begrûven, óp 'e skied fon ryken en earmen. Dûmny spriek un treflek vud, mar dot koe ek hast net oas, vont óp san dea vienen un heel soad bibelteksten fon tapossing, ‘un dief yn 'e nacht’ en ‘jóngfammen sónder of mai oalje yn 'e lampe’ en ‘yn dusse oere sil dyn siel fon dij easke vurre’. Oan ôde Harrem syn dea koenen mun hast ut hele efongeelje vól óphingje. De naibesteanden hienen fon ‘broeder Bosma’ gjin lêste vudden mear hôn, mar mun mócht betraue dot ur stoan vie sat ur libbe hie, sjende óp ut krús en yn 'e fólle oertsjûging fon ut ljowe. Ut vie un moaie begraffenis, sainen de sibben en kunden. Têke koe ainlings tróchsette vot ur ol jirren, vinlek fon syn trauen ô, vóllen hie: hij soe boer vurre yn ut Klaailôn. Dot neazege Nijtsjerk hie ur him oltyten ferbolle yn field en ut kottedwarp mócht ur net lije. Hij hie ut dur vól oer hôn mai de ôdmon, mar dy sai don fyntsjes: ‘Do kinst fytse, Têke, do bist jir yn un lyts ketier, mar ik soe fon Fervet ô rinne matte. No matsto ut mar seze.’ Dy bliksems ôd kearel soe fonsels middys nai hûûs vólle óm varemyten, en dot soe lyts twa oeren kosje. En mwaans soe ur letter kómme en jûûns jedder fwót vólle. Ut soe un frekt djoere arbaider vurre. De ôdmon vie no te Fervet, no mem en Hinke noch. Tagelyk mai ut bestellen fon 'e stien fwar haite grêf makke Têke un loop nai ien fon 'e tsjerkfôden óm te fernimmen ot dur ek un ventsje leeg stie of ynkwatten kaam. Dot lyke net iens sa min: ôde Gjet dyt óp 'e Lytse Bwórren venne, op ut streekje deun tsjin ut hôf oan, vie ol un moai set bêdlezend en dy kaam grif ek net ver óp fwótten. Ut minske sukkele út. No vie ut sa, dur vienen vól méár ôdelju dyt gading makken oan un tsjerkeventsje, ut vienen ómmes geryfleke venninkjes en de hier vie leeg. Dot poste elk vól yn dusse tiden. Mar os Têke dot voe, dot voe seze os Têke syn mem dur gading oan makke, don soe har namme notjerre vurre. Mar Hinke don? Hinke? O no ja, dy soe, nee, dy soe vól óm oar plak sjen, of traue, va vit. Nee, dy gyng net mei mem yn dot ventsje. Têke fertelde ut syn mem sa bót os ur vûksen vie: ik ha óm hinnekómmen fwar jim sjoen. ‘Fwar mij? Fwar Hinke en mij? Vêr vólst mij yn trjowe?’ Dot ut óm un tsjerkeventsje gyng, kaam ôde Richt net iens ónnóflek oan, en óp 'e Lytse Bwórren deun naist ut hôf, dot fûn se gjin raar plak. Mun vie don tichte bij juns lêste rêstplak, en ek ticht bij Harrem. En bij ainslútten, Fervet vie ut plak fon har benne- en fammejirren. Dêr vie se ópvûksen, hie se bwatte, | |
[pagina 171]
| |
skwallegien, tsjinstfaam vest en de easte faintsjes achter har oan hôn. Dêr lai de hele ryke tiid fon óntdekking, fervachting en hoop. Nee, visnet, dot soe se dêr no net verómfyne, mar ol ôde kammeraatskes, ôde vyfkes lykos sijsels no, dêrt se har bij túsfiele soe en dêrt se mai prate koe oer jertiids. Mar Hinke don? Mwatst dy mai har yn un lyts ventsje krûppe en dêr fertuteazgje? Dêr skielek ollinne bljowe en de hier oernimme? Hinke swarge yn dusse vyken nai de dea fon ôde Harrem fwar un bjusterbaarleke ferrossing: se fertelde har mem se soe traue. Iede Deelstra, boer yn 'e Hôlemerhûkke en sónt un pear ier vidner, hie har frege, en se hie besletten ut mwast mar oangean. Noot hait dur net mear vie, sieten mem en sij doch óp 'e skópstoel, dot soe mem sels ek vól vitte. Têke koe ut gnizen amper litte dût syn mem ut him fertelde, mar hij bedimme him: dut vie ómmes sa moai os ut mar koe! Dy Hinke, va hie tocht dot dy nochrus oan 'e mon raitsje soe, en don ek noch un graue boer! Ja, de mon siet fonsels ferlegen óm help, ek mai ut êg óp syn bên, mar lykvóls, ut vie un hele haal fwar sanien os Hinke. Têke syn problemen lyken fierhinne óplost, ut begón duróp te lykjen dot de pleats oan 'e Mûndersloane maikwatten leeg stean soe. Hij pólske Hinke oer de traudai, ot dy ol fêststeld vie, en hij raizge nochrus nai Fervet óm nai ut tsjerkeventsje te fernimmen. Hinke gie durút en mem bljode dêr lykme-ollinne sitten, dot ja, dur mwast no vól yn fersjoen vurre. Yn 'e naisimmer têgen se jitrus maienwar nai Fervet, utselde grûpke minsken yn deselde snainze klean. Olhûvólt ut no óm un fleoreger barren gyng, koe mun dot oan 'e gesichten fon 'e lju amper ôlêze. Hinke, de braid, sêg dur yn 'e te krap vurren montel en ûnder ut ôdvrôdske hwódsje neat net oannimlek út. Dur vie gjin blidens of óptainens oan har te fernimmen. Se hie mem yn 'e earem en stwarre rjócht fwar har út. Praat vaar dur net. Se vist vot se achterliet, net fólle besónders. Dût de doar niis tichtfoel, vaar dur un tiidrek ôsletten. Un tiid fon hoop en fervachting, mar ek fon berêsting njónkenlytsen. En no dus doch noch, mar vinlek te let óm dur noch óptain oer te vêzen. Ut vie un needspróng fon har, en fon him lykegoed tink. Se vienen maienwar hólpen, dêr gyng ut óm. Fon tagedienens vie gjin sprake, mar dot koe fonsels vól kómme, óp 'un doer. Eê ja, se soenen ek maienwar óp bêd matte, havar, dot soe him ek vól rêde. Noch mem vurre? Dot koe, sa ôd vie se noch net, mar se koe har dur ains gjin fwarstelling fon maitsje. Sij mem, un bên te havven. Se sêg dur net nai út, mar dur ek net tsjinoan. Os ut sa kaam, don soe se dur vól mai rêde. | |
[pagina 172]
| |
Fwar beppe Richt vie dur helendol gjin reden óm óptain te vêzen. East hienen se de mon fwótbrocht, no ut fanke. Fonsels, dut vie vól heel oas, mar lykvóls, se vie ut fanke kwyt. En vot takómst gie dy temjitte dêr yn 'e Hôlemerhûkke? Ut mwóide har no doch dot se Hinke dur nóit útstjoerd hienen te tsjinjen. Vot mwast dot vurre os se fwar dy mon en syn bên en fwar de boaden ytensiere mwast, de vosk dwaan en de klean heel hôre? Hinke vie olhelendol yn ut lônvurk greotbrocht, vot foar yn un bedrjo ómgyng, dêr vist se amper vot fon ô. No havar, ut mwast him mar rêde, se hie skielek un faam fwar ut vurk, dy soe har vól paadviis maitsje. Têke, dy hie fleoreg vêze matten: nûmmer ien rûmme ut stee - en krekt oer Hinke hie ur ut meast yn noed sitten. Dy hie de wannen yn 'e vôl stekke kinnen en mem ópstokelje óm nèt nai Fervet te gean. Dy pûkkel vie fon 't liif. No soe mem ek net mear tsjinabbeljerje. Fon 't jest noch, don soe ur mai de húshôring nai de pleats ferhúzje. Mar ek óp Têke syn gesicht vie gjin fleor te óntdekken. Argevaasje óm ut skoandere oerdaiskóft dot mai Hinke' trauen hinnegyng, hie him de freugde ollang ver benómmen. De bên, of olteast de baide famkes, Saapke en Richtsje, dy vienen tige ferhearleke: mwóike Hinke traue, dot vie doch saleg! Se voenen havve mwóike soe un moaie lange jurk oan ha en un blóm yn ut hier, sa hienen se ut sjoen óp printsjes. Mar mwóike vimpele ol sóksoate útstellen ô os ‘kluchten’ en ‘fjiste útvrydsk.’ ‘Is mwóike no ferlyfd óp ómke Iede?’ vêge Saapke ut te freegjen. Mar mwóike foel hud út: ‘Dó net sa lûn!’ Núver doch, dot mwóike net óptain vie, ut vie doch de mwaiste dai fon juns libben? Mem, dyt se riedplachten, hólp har net út 'e dream. ‘Och ja,’ suchte Eelkje ollinnech mar, ‘dot sil jim letter vól begrype.’ Mar te let, tocht se durby, de measten kamen dur te let achter. Sijsels ómmes ek. Mar mwast mun tsjin 'e famkes seze óm net mai mônlje oan te hôren? Mun hóng dur ómmes fon ô, vêr bedarre mun os mun gjin mon hie? Ut vaar lykvóls doch noch un moaie dai fwar harren ollegjerre. Deelstra nóm de hele oantraude femylje óp 'e haaivain mai nai de Hôlemerhûkke, dêrt de faam en de frau fon syn ôdste arbaider de teetafel ree hienen. Vyte klûntsjes, kûkjes en kûke, pyptebak en segaren, bónbóns en ôdekloanje, fonolles vaar ópdist. En letter sleepten de frôlje bier en kûgeltsjebier, jenever, brondevyn, boerejónges, sytroenbrondevyn, baaiejenever, ranje en vot net ol oan óm de gosten te óntheljen. Fjauer oranjekûken varen yn moaten feegd en behimmele. Dû vaar ut tiid óm de pleats un slag óm en de húzzing en ut hiem yn êgenskau te nimmen. Ut spul stie dur kreas bij. Ut vie | |
[pagina 173]
| |
un konte pleats, goed ûnderhauden, de mwórren ollegjerre goed fûge en ut hautvurk yn 'e ferve. De skwórre kreas ópret, ut bwóthús sûkkerskjin. En ut hiem vie ek netsjes - ollinnech, de blómmetún, dêr mócht vólrus un frôljeshôn oer gear. Saapke en Richtsje bememken vakker de trije bên fon Iede, dyt vot ferdwaasd yn 'e feestdrókte ómtwarken. Hait hie har vól óp 'e kómst fon ‘mwóike’ taret, mar de fûgelskrik dyt naist him óp 'e vain ut hiem ópried, kaam net oerien mai vot se fervachte hienen: un soatemint fon nije mem dêrt se har oan tabetraue koenen. Saapke en Richtsje koenen fon dotoangeande ek ol net fólle help biere, ol bearden se noch sa bót mai har ôdvyfkemeneuvels. Jónge Harrem stapte yn ut sok fon 'e mônlje ut hiem oer, de easte segaar fon syn libben yn 'e mwólle. Hij hie de honnen óp 'e rêg teard en nóm yn him óp vot him oan syn êgen fwardie. Dut vie norus un pleats ja, en gjin hokkeboel lykos oan 'e Mûndersloane. San pleats mwasten hait en hy ek baue. Pake vie no dea en mwóike Hinke fwót, no kaam ut fwar hait en him óp. ‘Matsto gjin tautsjes óm 'e bóksen ha, jóng?’ gnysken de ôde boeren, bwórlju fon Iede. Harrem bearde mar os hearde ur har net. Hij hie ut êg rjóchte óp syn hait dyt sat ut lyke vakker óp 'e tekst vie tsjin syn nije swêger. Harrem jûûg him ô, hij voe net dot hait him sêg mai de segaar. Dû rôp ut arbaidersviif de gosten ver yn 'e hûûs. De drankboel vie óprómme en ynstee dêrfon vienen dur ónbidege skalen mai bôlegwód óp tafel set. Broadsjes mai ljirre, skinke en tsiis, krintepófkes, bakken en brea, fwar elkenien karút en mear os genôch. Konnen kófje varen oansleept, rjemme en brúnne klûntsjes. Se foelen dur os vól ven óp oan. Om un oere os acht setten de measte gosten óp hûûs yn, ek de Módderklauers stieken ô nai Nijtsjerk. Se vienen net óntefreden. Iede hie fwastlek útpakt, dot koe net oas sain vurre, hij hie syn twad viif en har femylje olle eare oandien. Ut lyke skoan mai san swêger, mun soe dur ollicht perfyt fon ha kinne. Nettsjinsteande de minne tiden lyke ur goed te bwórkjen. Dût ôde Richt net lang nai de brulloft berjócht fon Fervet kryge dot har ut ventsje oan 'e Lytse Bwórren taskikt vie, makken de Módderklauers har ree ta un dûbele ferhúzzing. Och, vot kaam dêr vot los út 'e keamer en kjemmerkes, fon 'e solder en de bwóthússolder! Fermôge kostkes en ledykonten, fervare spegels, ôde petroaljestellen, vekflessen, stikkene oaljeklean, leazens, balen fódden, drachten ôde kronten, un ôd kachel mai tróchrwóste pipen, stikkene sainen en rjowen, un ôd pómp, de fammekiste fon Richtsje dêrt se har havven | |
[pagina 174]
| |
en hôren yn hôn hie dût se tsjinne, un stikkene trekharmoanyka dêrt nimmen fon vist vêrt dy vaikaam, en ol sók ark dêrt mun neat mai koe, mar dêrt Harrem en Richtsje gjin ôstôn fon dwaan kinnen hienen en dêróm nai ien fon 'e solders ferhúzze vie. Vot mwast mun durmai? Opbane, fwarsafiert ut bane voe, dot vie de baas. Mar Richtsje koe noch gjin ôskied nimme, dur sieten oan elk ding oantinkens, en dêr die se sentyminteel kundskip fon. ‘Mai dusse raidsnijer hat jim hait him nochrus yn 'e foet slain. Trije vyke hat ur dû óp bêd lain. Bloedfergifteging.’ Mun mwast har oan ut ferstôn bringe dot se de ôde bringst farvól seze mwast. Un pear veadefólle dingen koe se mainimme nai ut nije húske, ut measte mwast benefter bljowe. Mar immen sóks te ferdútsen vie Têke syn sterkste punt net. Dy bóldere ollinnech mar fon ‘ónbidege rotsoai,’ ‘de brôn duryn stekke’ en fon ‘hû krij jim ut yn 'e hassens!’ Eelkje vie dot better tabetraud, dy vist memme ómtinken te rjóchtsjen óp 'e dingen fon 'e takómst. Mem voe dy kost graach mai ha, tink, dy soe moai yn ut alkoofke stean kinne. Voe mem dot trijepitsstel ek mai ha? Hie mem dêr vier ferlet fon, en vie dur vól rûmte genôch? Ja, mem, mar mai dy kost en ut bêd vie ut alkoofke ek fól. Vis, ien stoel soe dêr noch vól stean kinne, mar... Fwar haite klean hûgde dur gjin stoel mear te stean, en dot vist Richt fonsels ek vól, mar lykvóls, ut vie net maklek óm jun dêr bij del te lezen. Ien stoel yn 't alkoofke, en trije yn 'e keamer? Fjauer, voe Richt, dot jerde sa. Mar Eelkje ónjerre, se koe oltyt dy stoel út ut olkoofke helje os dur ferlet fon vie. Sa kamen de frôlje ta un skifting fon vot perfwast ol en vot meskjin better net mai koe nai Fervet. Fwar Richte gefoel rekke se nêken en bleat fon 'e Mûndersloane, mar Eelkje tocht dot se har skielek de kónt net keare koe oan 'e Lytse Bwórren mai ol dy kosten en kostkes en blómtaffeltsjes dyt se maislepe voe. Richt hie mear noaten óp 'e sang. Va kryge ut gwód dot se net mainimme koe? Ja, och, ut vie mear un kwesje fon va voe ut havve? Mem vist ut ómmes vól, sij en Têke hienen har rêding vól en Hinke vie yn un boerehúshôring yntraud - vêr soe dy ferlet fon ha? Dy grutte diggelkost, dy soe Eelkje vól brûkke kinne, mar fjidder: ut measte gwód vie ôd en ferslyten, salangt ut stie, stie ut, mar os mun ut ferhúzze, foel ut útenwar. No nee, mar de namme fon Hinke vie no fôlen, en ut gie har dur mar óm, dur soe neat fwótgean bwótten Hinke' maivitten. ‘En Hinke hat rjócht óp 'e helte fon ut erfskip! Dot soesto Têke seze, vont dy nadert him olles ta os ur sin syn kryt. Ut gjit net óm dij,’ sai se dur fergwódlekjend achteroan. Ut erfskip patsje! Ja, mar dêr vie Têke noch lang net oan ta. | |
[pagina 175]
| |
Hinke vie no brinne en hie olles ta har fóldwaan. En dy soe mun don noch un kaptaal achternai sjaue! Spek yn 't hûnnenêst! Vis, hij soe dur mai syn swêger oer prate, óp tiid en oere, mar salangt mem libbe hûgde ut erfskip ómmes noch net ferdeeld te vurren. Eelkje stjoerde Saapke en Richtsje nai mwóike Hinke óm dy te fersykjen nai de Mûndersloane te kómmen en un kar te dwaan út 'e ôde meubels, de pwatten en ponnen, de stikmonnech bûkken, de skilderijkes, stopkwórren en naaidoazen, amers en tóbben, olles dai út dai yn fjitteg ier lang brûkt en oant óp 'e tried ferslyten. Hinke liet vitte dot se neane belang bij hie. Eelkje mócht ut havve of vaibruie, en tige de groetnis en gaurus oankómme os de drókte fwarbij vie. Eelkje en de famkes klinzgen ut ventsje naist ut tsjerkhôf en dêrnai makke Têke twarus un loop mai de haaivain óm memme gwód te ferfaren. Dy vie te plak, en no koenen se mai har aigen te set. Och, vot vie ut un sobere bedoening vinlek, dy ‘pleats’ oan 'e Mûndersloane. Dût olles út 'e keamer en ut kokentsje sleept vie, dût de solders leeg vienen, vot lyke ut dû un neazeg plak. Dût de skilderijkes en printen, ut bwódsje mai ‘God is liefde’ duróp en ut piperekje dêrt yn sierleke letters ópskreon vie fon ‘Een tevreden rooker is geen onruststooker’ fon 't levont helle vienen, dû sêg mun jest hû slop en bareg ut behing bij de mwórren delhóng. Mai blómmen yn 'e finsterbanken, mai gedynen fwar de glêzen en oergedynen yn 'e hûkken skood, hie mun nea sjoen hû ferveleas de kesynen vienen, en hû ferrotte de sponningen. Under ut swilk óm 'e kônten en de motte yn 'e midden fûnnen se monnech óngeve planke, en ut rûûk mwasseg. En dy keale solder hie mar ien dakfinster dêrt mar un bytsje ljocht tróch kaam. Mwasten de bên dêr trijeresóm sliepe? Dot koe net, dot vie fjiste ónfrij fwar de famkes. Dur mwast un ôskieding kómme, bijneed mai lotten en bwódpepier, dot soe Têke sels vól dwaan kinne fon 't vinter yn 'e liddege tiid. En de famkes soenen dur behing óp plakke kinne, dot kaam net sa djoer, en jir en dêr un kwast ferve. Mar Têke mwast de timmermon twa nije dakfinsters bestelle, dot ôde vie neat mear, helendol tróchrwóste, en ek te lyts. En oan 'e oare kônt mwast ek ien kómme. Don koe dur midden oer de solder un sket kómme. Ut fervjen en behingjen fon 'e keamer koenen se sels vól dwaan, sa slim vie dot net. Ut ópsponnen fon ut linnen soenen se har ek vól mai rêde kinne. De flier mwast de timmermon oer gear, en de kesynen lyksa, dot vie fakmonsvurk. Têke spuide raar gwód dût ur fon Eelkje' easken hearde. Hij begón dur lêbeg tsjinyn te gean. Voe se mar net daleks un nije pleats sette litte? ‘Dot vurt doch nea vot,’ sai Eelkje. Se sai ut net | |
[pagina 176]
| |
húnnend, net gekoanstekkend, ek vie dur gjin spyt yn har lûûd of berêsting, fon argevaasje of ópstondeghyd ek neat te fernimmen. Se stelde un fait, mear net. Mar ut foel Têke kôd óp 'e siel, sat Eelkje mai un pear vudden un ain makke oan un ôde dream. Un dream dêrt ur sels vól fon vist dot dy nea verklekhyd vurre soe, mar dêrt ur lykvóls gjin ôstôn fon dwaan koe en voe. Vot vie ut libben fon 'e genier sónder dream? Eelkje hie grif gelyk, dy pleats soenen se nea baue, mar os mun jun no yn 'e skulden stiek fwar ut ópkallefaterjen fon ut ôd rottekleaster, don vie ut sa daiklear dot mun jun dellai bij ut fwarútsjug nea fwarút te bwórkjen vot mun ek vrótte en vraamde. Mar ut soe dur fon kómme matte, hij soe ta de pónge matte. Eelkje liet dut net oer har kônt gean, dot vie dúdlek. Mar ôsjoen dêrfon, hij vaar no boer, don mwast ur ek os un boer toane. Os ur ollinnech óp 'e vrôd vie, soe ut him neat skele kinne hût ur durhinne libbe, mar hij voe net dot dur smeulsk praat vaar oer syn viif en famkes, benammen fwar syn suster en syn swêger oer voe ur dot net. Vot un minske óp 'e bank hie, dêr vist nimmen vot fon, mun vaar beoardeeld neffens juns fwarkómmen. Eelkje soe har sin ha, mar un timmermon hûgde dur net oer gear, hij en Harrem koenen baide vól un hammer hontjerje. Ut 'e Módderklauerske hautbult sochten Têke en Harrem un monnech plankainen dyt minder ferrotte vienen os de óngeve planken fon 'e keamersflier. De ôde rotsoai durút en nije stikken duryn, dyt east goed yn 'e karboleëm set vienen. Ut vaar un bûnt en bultereg geheel, mar os de motte ienrus lai, sêg mun dêr neat mear fon. Mai pûnnen stopferve stoppen se de rottege plakken yn 'e kesynen. Ut fervjen slagge ómraak, en se koenen mar tastryke, vont de flier vie noch keal en behingplakken kaam letter noch, dot griemen vie gjin ramp. Ut ópsponnen fon ut behinglinnen lieten se mar gevurre, dot vie har te dreeg. Dût se dur nammes un nije laag behing oerhinne plakt hienen, lûûk ut út himsels ol moai strak. Fon ôde planken makken se óp 'e solder un sket, oan vjeskônten vaar dur bwódpepier tsjinoanspikere, sterk en kreas, dêr koe mun neat fon seze. Fon 'e timmermon kocht Têke twa twaddehôns dakfinsters, dyt ur mai un soad pyne en mwóite te plak kryge. Dur kaam nij swilk yn 'e keamer en un nije motte. De gedynen en oergedynen mwast Eelkje mar vot tepos maitsje, dy vienen noch lang net tenain. Harrem kryge ópdracht óm de ôde rotsoai dyt perfwast mar don ek perfwast net mear te brûkken vie, óp un bult te lûûgjen en óp te banen. Têke ried mai de haaivain nai Nijtsjerk. Dur koe ferfean vurre. Eelkje, se hie vól begryp hôn fwar skwanmem dût dy sa min | |
[pagina 177]
| |
ôstôn nimme koe fon 'e dingen dêrt se salang mai libbe hie. Mar no jest fielde se ut bij elk ding dot har tróch de nonnen kaam. Oan olles vot se ópkriig en yn doazen steapele of bóndele en bijenwar bûn, oan olles sieten oantinkens. Moaie of fertrjitleke, dot makke neat út, ut vie pat fon har libben. Sij koe ol har dingen mainimme nai ut nije hûûs, oas os skwanmem, en lykvóls, vot gyng dur vot tróch jun hinne. Un tiidrek vaar ôsletten, nea ver soenen se yn dusse keamer yte, nea ver yn dot bedstee sliepe. Dêr hie se har bên kryge, Harrem, Saapke, Richt, olle trije. Se helle de tekkens fon ut bêd en tearde se óp, swargsem. De kessens, ut ûnderlekken, de pel, se skikte se óp 'e lege keamerstafel, dot Têke ut aanst nai bwótten sjaue koe en óp 'e vain plakke. De striemetrossen os lêsten, de ûnderlegers jerden bij ut hûûs. Ienrus hie Têke de metrossen óp 'e ûnderlegers kwakt, de pel duróp mytere, de kessens fonsyden trape, de lekkens en de oerklaaide tekken yn un hûkke skópt en hij hie Eelkje bij kop en kónt pakt en óp 'e pel plonte, har de fetsoenleaze sek fon 'e kónt roppe, ut himd ómheeg skwórd en de peal mai de slaai yn 'e grûn slain. Eelkje fielde dy hammerslaggen noch skrynen yn har liif - nee, net yn har liif, mar yn har hassens. Se vie knûid tróch Têke, ol har libbensdagen vie se fon him knûid. Dy pel vist dur fon, dy pel vie un pat fon har libben. Goed of tsjoed, sa vie ut, har libben, yn dut bedstee, yn dut hûûs. Se fierde de bedsteedwarren ta en twóng harsels óm ôskied te nimmen. Se vie noch net ôd, se mócht net sónder hope vêze. Mar doch sêg se tsjin 'e iensemhyd fon 'e Mûndersloane oan. Yn 'e lette jest óp un sneonoerdai kaam ónfervacht Hinke mai mon en bên óp 'e Mûndersloane. ‘Ja, jim vienen oas east noadege, mar jim kómme net.’ Hinke vie sa fleoreg os un bij. Eelkje begón de drókten te neamen dyt se hôn hienen, himmelje en ferhúzje, olles óp 'e nij ynrjóchtsje, gedynen te pos maitsje, en neam mar óp. Eê ja, dot begriep Hinke ek vól, ut hindere ek neat, mar se mwasten fon 't vinter olrus yn 'e Hôlemerhûkke kómme, un hele snain. Têke keutele mai swêger Iede ut hiem oer. Hij vie vakker erchtinkend: vêróm kamen dy jir oanvaaien? Vie ut net óm de boel tróch de kónt te sjen, vie ut net óm ut erfskip? Hij begón dur út himsels oer. Swêger Iede mwast begrype, se hienen un drókke tiid achter de rêg, mem ferhúzje, sels ferhúzje, dot lygde dur net óm, en mun hie juns daisteg vurk óp ut lêst ek. Mar ut vie no sa, dur kaam vot mear lins, en ja, don soenen se de koppen doch rus bijenwar stekke matte, vie 't net sa? Vont ja, Hinke vie dur no út, mar dy hie rjócht óp har pat. Mar hû heeg mwast mun ut erfskip takseare? Se | |
[pagina 178]
| |
hienen de bród no krekt vot ópknapt, mar oas, de húzzing stelde net fólle foar. En don ut replek gwód: de Módderklauerske hautbult, de mjuksplanke, de pykestjelp, de haaivain, de pipegaal, ut skytkret, de mjuksbiezem, de fyoele, de sylbêge, de aide, de rôle, de ópstryker. En don ut fee, fjauer kij, twa kjellen, un team hinnen mai de lech út, en de ôhondeg rinnende skiep óp ut Nwadderleeg, ja en 't ôdhynder. Vêr soe sanien os swêger Iede dot no óp takseare? Sa rûgvai? Iede pafte heel lang oan 'e piip fwart ur ta vudden kaam, se vienen ol oan 'e loane ta en êgen ut Klaailôn oer. Hij sai: ‘Ik kin ut dij óp hûndet mear of minder net krekt seze, Têke. Mar ik sil dij dut seze, ut erfskip fon myn ferstoane frau, dot gjit helendol nai de bên, mar ik ston noed fon Hinke, ek os ik dur bij vai fôle mócht. Dot haf ik bij notares fêstleze litten. Sjugrus Têke, óm no óp 'e mon ô te praten: fon un pear tûzen gûnne vur ik net ryk, mar ik soe dij yn 'e nederklits fiere os ik se fon dij easke. Dot ik soe seze, vij prate net ver oer Hinke' erfskip.’ Dot vie kleare taal, ut vie ek heel skaplek fon Iede Deelstra. Lykvóls fielde Têke him yn 'e strónt trape fon san frekte aigenvize grutte boer. Mar hij mwast syn lilkens ferbyte en ferswólgje, hij mwast tankevól seze, en dot sai ur. |
|