De reade bwarre
(1993)–Trinus Riemersma– Auteursrechtelijk beschermdNai twinteg ierTilly de tillefoanist sait: Dêvykòvè! Jim tochten fonsels dot ik ollang dea en begrûven vie, mar ik bin noch yn vêzen en goed bij sûppe en stút. Dur is ver vurk oan 'e vinkel, monnen. En ut vurt no noch mwaier en makleker mai de kómpjûter. Jim stjoere de floppydisken mar oan mij óp en ik ram se tróch myn laserprinter. Oan ut vurk, monnen! Ut vie yn 'e jest fon '67 dot Tilly ut plon ópfette óm un romon skrjowe te litten oer ut libben fon Harrem Bosma, taneamd Módderklauer, en oer de libbens fon inkele oare Bwarristen, oer ut dwarp Fervet en ómkryten. Tilly jûûg un stik os fiif kopijskrjowers ópdracht óm dot bûk fwar him te skrjowen. De ynstruksjes vienen semier - stie ut Tilly sels vól goed fwar de geast vêrt ut bûk oer gean mwast? Hie ur vól un tried, un sintrale honling, un ‘bwadskip’? Ja, vinlek vól, olteast him tocht dot ur vól vist vêrt ur hinne voe. Dur | |
[pagina 161]
| |
vienen ferskillende dingen dyt ur kwyt voe, dyt him dwas sieten of dêrt ur syn fyzje óp jaan voe. Sjug, vot Tilly yn dy naioarlogske dagen dût ur fon jónkje ta jóngfaint ópvûûks faken mislek makke, vie dot de oarlog fwarsteld vaar os de grutste ramp dyt ús lôn tróffen hie en dot dejingen dyt de Dútsers skevield hienen os de grutste misdiedegers ôskildere varen - en útsoate dêrfwaroer de fersetslju os helden. Tilly mócht un skyter vêze, skjinsprútteg en readjirreg - fon syn ferstôn fôlt neat te sezen: Tilly hat gjin sêgmoal yn 'e hassens. Tilly sait, dut is grutte beskyterij, lytse bên ferneuke mai moaie ferhaaltsjes oer staute Dútsers en gemene ferrieders en haitelônleavjende dappere fersetsstriders. Va hat Tilly syn hait ut meast yn 'e strónt trape, Colijn of Hitler? ‘Yn 'e oarlog ha vij ut better krygen,’ sai Tilly syn hait os ur ferhalen oer fwarhinne fertelde, en dot dot vier is, dêr hat Tilly un bûkje fon ópdien, dot is nai te lêzen. Tilly syn hait sai net: tróch de oarlog, nee, dot hat ur nóit sain. Mar faaks vurt ut tiid dot dot sain vurt, os tsjingif tsjin olle kónvinsjonele kloateferhalen oer dy yngemene Dútsers en dy brave fersetslju, os tsjingif tsjin 'e kónvinsjonele fwarstelling fon 'e hailsteat Nederlôn dêrt elkenien ut sa goed hie mar dyt ferrinnevjerre vaar tróch de pûpen: tróch de oarlog hat Tilly syn hait en havve olle arbaiders ut better krygen. Mai sais meljoen deade Joaden en twinteg meljoen deade Russen hat Tilly syn hait neat oan 'e klep: hij hat se net deamakke. Ut is smearlapperij óm de ónskuldegen skuld yn te skúnnen. Ut is smearlapperij óm de rjóchteleazen en de machteleazen ferontvudlek te maitsjen fwar de misdieden fon 'e grutten fon 'e iede en har ta solydarytijt te twingen mai minsken va har ûndergóng sij net bevurke havve. Lit Stalin solydêr vêze mai de Russen, lit Hitler solydêr vêze mai de Joaden, lit Colijn solydêr vêze mai de proletaryers. De arbaider kin ollinnech solydêr vêze mai viif en bên, vont mear besit ur net. De hait fon Tilly en syn klossegenoaten hienen gjin inkeld belang bij deade Joaden of deade Russen, vêrt se ferlet fon hienen vie vurk en fertsjinst fwar ut daisteg bederf, jild fwar yten en klaaiing en ûnderdak fwar harsels en fwar viif en bên. Vaat har dot jild fertsjinje liet, vie de freon, vaat ut har ónthood vie de fijôn. Tilly syn hait vie net pro-Dútsk en net anty-Dútsk. Se havve him vólrus útskólden fwar Dútskgesind. Dot vie dût un pear healvize blosten olles yn ut dwarp plotleze voenen: stake, gjinien nai de boer! Mar Tilly syn hait voe melke, vont aansent stienen de kij te ôljen mai bastende jaren. Hij vie net solydêr mai de Dútsers, mar mai de beesten. En hij fytste nai ut Kleaster, se kearden him net. Tilly syn | |
[pagina 162]
| |
hait vie gjin fersetsmon, mar hij brocht vólrus krontsjes óm, inkeld ómt un mai-arbaider him dot frege. ‘Ik ha ver vot krontsjes ûnder jo snelbyner treon, jer Riemer.’ ‘Ja,’ sai hait, en don fytste ur mai de krontsjes iepen en bleat achter óp 'e fyts fon ut Kleaster nai Fervet. Fergeemje, tocht ur os ur tús kaam, nóit ver óm tocht, se hienen mij ek oanhôre kinnen. Dy jóngkearel dêrt Tilly syn hait dot fwar die, vie un soan fon óppossende griffemeade ôden, minsken dyt mun betraue koe. Vot Tilly fjiddersoan ymponearde en ek vól oandearde, vie ut vrótten en vramen fon de genier, seksteg of tachteg oeren yn 'e vyke. Viif en bên varen dur mai fwarspond, olles vaar óp olles set óm ut besit te hôren en sa mooglek út te vraidzjen. Brolsma hat un soad oer genieren skreon, en dot is vól te begrypen, vont de genier vie un dreon minske, un minske mai un dream dyt ur fervêzentlekje voe. Tilly voe de ain fon 'e genieren beskrjowe litte, vont hij hie vól simpaty foar dusse vrótters, dyt ut faak minder hienen os un arbaider mai un pear fertsjinjende swannen. De boeren hat Tilly nóit lije mócht, dot vienen útsûgers en nepets. De genieren parasytjerren net óp oarmons lichemskrêft mar vêgen de aigen beoleg duroan. Tilly hat os faintsje gaurus yn 'e simmerfekônsje bij genieren oan ut vurk vest, loflûkke en rjappelsykje. Bij de brwórren Postma, Evet en Pyter, brede, drege monnen dyt ygaal tróchvrótten, oeren oanien. Bij Jitse Spoelstra, de jóngferstoane hait fon Oene, en ek un inkele kear bij Harry Koopmans. Tilly arbaide útsoate hast ollinnech bij otterdoks herfwarme genieren, sa lai dot dûdestiids. Mar oan Harry koe mun helendol net merke dot ur griffemead vie, ut vie un arege kearel. Ut geniersbestean vie un slavebestean. Dot vie vrótte en vrame en rekkenje, ol mar rekkenje: jir un dûbbeltsje óp útsúnnegje en dêr un kwatsje vaiskwórre. Ut vie net un beróp, mar un rópping, un jun oerjaan oan un ydeaal dot jun gjin rûmte litte soe fwar hókker areghydsje of ferdyvedaasje. Tilly syn suster hat vólrus ferkearing hôn mai geniersswannen, mar dot bestean lokke har net. Dy jóngfainten hienen ol oas gjin gedachten os sparje, útsúnnegje, de foet bij de kûlle hôre, neat ónnut fergrieme, oltyten ut doel fwar êgen hôre: ut aigen spultsje, frij fon lêsten - en nóit bij un oar. De geniersswannen fon Tilly syn ôdens of jónger binne ollegjer útnaaid. Sa mai mun ut vól seze. Se havve ut swurk drjowen sjoen - fon skwalle ô bij hait óp ut bedrjo kómmen, koenen se olle geneuchten farvól seze. Vylst arbaiders sneonoerdais frij hienen, vie dur fwar har oltyt vól un kervaike. En se koenen oankómmen sjen, os hait | |
[pagina 163]
| |
aansent minder vaar, don vie ut melken snains fwar har. De iene vie fiventwinteg, de oare amper twinteg, dût se hait stikke lieten en sjefeor varen of koster of ferpleger, un tredden hat fwótdaleks sain: ik vól nai de ambachtskwalle, of nai de kweekskwalle. De haiten havve ut noch un set úthoden, mar dût se ut arbaidzjen ópjaan mwasten, is de grûn ferkocht en de hier ópsain. Yn 'e húzzingen vainje no oare minsken, dyt de auto yn ut skwórke havve en un keuken baud havve yn ut bwóthúske. De bedrjokes binne fûtsy, de dream is dea. Mar vot Tilly jirbóppe skreon hat is fonsels net de Wahrheit achter de Dichtung. Vot un skrjower fertelt oer de achtergrûnnen fon syn skrjowerij, dot is net de faitleke verklekhyd. Ut is un hypoteze oer de moogleke óntsteansbwannen fon syn vurk óp grûn fon un ynterpretaasje fon dot vurk. Dot en dot haf ik skreon, kónstatjerret de skrjower en hij ónjerret: dêr haf ik dus grif mai ómpakt - vêróm soe 'k dur oas oer skreon ha? Kin ik dur yn myn libben bevizen fon fyne dòt ik dêr mai ómpakt ha? En don skrjoot ur un ferhaaltsje oer vot him beveegde óm dy romon te skrjowen, en óm syn lêzers, en faaks benammen himsels, te oertsjûûgjen, makket ur dot ferhaaltsje sa sprekkend mooglek en hij prodúsjerret óp 'e nij: lyteratuer. Achter de lyteratuer sit ver lyteratuer. Dur binne lyteratuerûndersykers dyt besykje óm út persoanleke dokúminten fon 'e skrjower, lykas brieven, daibûkken, lêzingen ensfh., de faitleke ómstondegheden, ópfettingen, oertsjûgingen ensfh. te rekónstrúerjen dyt yn 'e romon of ut fes un lyterêre ferbylding krygen havve. Sókke ûndersykers hôre harsels fwar de gek - dot is fonsels helendol net slim: sónder selsbedroch is ut libben net te fernearen -, mar vij matte net sa dwaas vêze óm har te ljowen. Vot de skrjower skrjoot, is lyteratuer, en vot ur maideelt yn brieven en oare dokúminten oer syn libben yn relaasje ta dy lyteratuer is nochrus lyteratuer, en ut hinget fon 'e skrjower ô hokker pat ut bêste is. Vij matte Tilly ek net ljowe os ur sait dot ur yn 'e naioarlogske jirren san argevaasje hie fon 'e simplystyske en ónkrekte ferhalen oer de hailsteat Nederlôn dyt ferrinnevjerre vaar tróch de Dútser of dot ur sa begien vie mai ut lot fon 'e genieren. Skyt ollegjerre - yn dy jirren hie Tilly vól vot oas te dwaan. Hij hie de seksúalytijt óntdutsen en siet oan 'e kul te pjukken. Moaisa, dot stjit. Os immen frómme ferhalen fertelt of syn het sprekke lit of ut djipste fon syn siel bleat lait, róp don ‘strónt mai stjintsjes’ of ‘skyt ómheeg,’ vont hij belazert dij, de rotsak. Vêróm soe mun ien maidele vot juns ynderlekste oertsjûging is, óás os óm | |
[pagina 164]
| |
him yn 'e pet te lûkken? ‘Ynderlekste oertsjûging’, ‘djipste drjo’? - ‘sûppe, frette en fon 'e sokken, dot is de hele minske,’ skrjode de Preker ol (dot stie olteast yn ut mannûskript, mar dy frekte faryseeën ha de tekst behoffene). Dot bóppesteande ferkljerringen oer de óntsteansgrûnnen fon Tilly syn romon nai olle gedachten net óp vjirhyd berêste, vurt vjirskynlek makke tróch ut fait dot Tilly ek olrus un hele oare ferkljerring jûn hat. Yn 1980 liet ur un pear haadstikken fon syn romon yn Trotwaer ópnimme en os yntroduksje skrjode ur dot dy fragminten ut begjin fwarmen fon ‘de libbensbeskrjowing fon Harm Bosma, dyt yn 1945 krekt fwar de befrijing stjerre soe, en fon vaat ut nóit eksakt bekend vurre soe oan va syn kônt ur vinlek stien hji. Dot vji sees mar de rêgbónke fon de romon. Dêrnaist soe ut óntstean en útdijen fon un relygyeuze mienskip, de oanhingers fon de reade bwarre, letter Bwarristen neamd, út de dûkken dien vurre. En dêrtróchhinne soenen mear krytyske of nostolgyske of sentymentele teksten struid vurre. De redaksje fon ut geheel vji yn honnen fon un ónbekende tillefoanist, oantsjut os Tilly, dyt un stik of vot kopijskrjowers yn ut vurk hji en dyt út de ynstjoerde teksten de mwaiste, vichtegste of nijskjirregste koas. Rûmte genôch dus fwar ollerhonde points of view, stylen, temas, ûnderverpen./ Ik hji ut destiids, '68 of '69, yn de hólle krygen óm un vot grutter proazavurk te skrjowen mai mear avventoeren en mear ‘stof’ duryn. Ik miende vot fêstrón te vêzen mai ut psychologysjerjend útdjipjen fon behainde gefoltsjes, en ik voe mij ek net langer provosjerje litte ta ut ‘ekspearymentjerjen’ mai de romonfwarrem. Dêrbij, dot is ek vichteg, ik haf oltyten oergunsteg vest óp minsken dyt samar fwar de hôn vai óp fertelle kenne, dyt nijskjirrege faiten ferhelje en avventoeren stôljaue, de skrjowers fon ferdyvedaasje- (tryvyale) lektuer. Dot havve yndertiid sa lykernôch de motyven vest óm dusse trylogy - vot ut vurre matten hji - te beginnen./ Ol vji myn stellingnimmen dûdestiids yntúytyf, gelyk hji ik ol: de skrjower dyt slim distônsje nimt fon de ferdyvedaasjeromon rint ut gefaar dot ur himsels fertiezet yn nijmwadrege healvizegheden - hij kin fólle better de ferdyvedaasjeromon ómsmaaie ta un krytysk vapen: Günter Grass is ut grutte fwarbeeld./ Vêrómt ik dûdestiids nai un pear mwannen fon yntensyf skrjowen óphauden bin, vit ik net mear. Ut mannúskript is mij gevoan út ut sin rekke, oant ut ferlyne ier óm dustiid ver, tafolleg, bóppe vetter kaam./ Vêrómt ik ut bûk no net ômaitsje, is gebrek oan tiid. Mar os ik skielek ol ver frije tiid havve sil, sil ik dur vjirskynlek noch net oan beginne, en de reden dêrfwar is, dot ik bang bin dot dut vurk te maklek oanslagt - bij myn | |
[pagina 165]
| |
behaind públyk don oltyt. Ik róp sentymenten óp oangeande saken dyt achter de rêg binne en vêrynt de lêzer straffeloas partij kieze ken. Fonsels vjinnen de boeren bliksems, fonsels hjinnen de arbaiders ut min. Mar ik haf dur gin ferlet fon óm myn lêzers de ylúzje te jan dot se soasjaalfielend binne en ut hat óp ut goede plak havve. De pot óp. Dut bûk, bin ik bang, dógt oas net os de lju vot ferdyvedjerje, ómdot de problemen achterhelle binne. Mun soe san bûk skrjowe matte oer de problemen yn de maatskippij fon no, mar dêr haf ik gin affynytijt ta./ Mienskip sytúërje ik yn ut ferlyne, en vot óp ut stuit bussen en byoskopen, plainen en strjitten befólket, is un mij ónferskillege massa, vêrt ik gin bwadskip oan ha. Ik gun de arbaiders un goed lean, moai hûûs, caravan en bier, ot se mij mar net fwar de poaten kómme. Dot is un aktúeel probleem, de faitleke ôvêzeghyd fon mienskip, ut óntbrekken fon soasjaal gefoel, de skuldgefoelens dêr ver oer en ut spytege gemis dêrfon, dot him úttert yn snotterege tillefyzje-aksjes fwar spastyske healvizelingen en kloaterege nostolgyske romons.’ Neffens dusse yntroduksje soe de oanstriid ta ut skrjowen fon 'e romon fwótkómmen vêze út lyterêre earsucht. Lit ús hoopje dot dot vier is, vont dot is de jinneg goede motyvaasje. Mar òt ut vier is, en ot dur meskjin ek net noch oare dingen maispyle havve, dot sille vij nóit vitte. Ut ynliedend artykeltsje suggerjerret sóks ol: ‘de ferdyvedaasjeromon ómsmaaie ta un krytysk vapen’ - dus grif net ollinnech nócht oan skrjowen, mar ek noch un bwadskip oan ut fólk. Is dot un óptinkseltsje út 1980, of hie Tilly yn '67 - hij skrjoot yn dut stik fon '68/'69, mar hij vie ol jedder dwaande - ol vrôdferbetterjende oanstriden? Mar de iene Tilly is de oare net, sat ut lyket, vont stekt ur himsels east un fear yn 'e brûk ómt ur tretjen ier lyn un goede kar dien hat, fwótdurnai krêket ur syn ydeeën oer de ferdyvedaasje-romon-os-krytysk-vapen, of syn aigen romon, of ollebaide ô. De romon soe te maklek oanslaan en ut bwadskip te flot akseptjerre vurre; de angel fon 'e krytyk soe net mear stekke, ollinnech ut ferdyvedjerjende soe oerbljowe. En don kómt dur noch un alyneä bla-bla efteroan dyt grif ta funksje hat óm ut vankele gelyk te ûnder-streekjen -: lyteratuer. Vot mat mun jir no mai? Os mun dy fwarlêste alynea searyeus nimt, mat mun vól kónklúdjerje dot Tilly vot ur skreon hat net mear fwar syn ferontvudding nimt, en don is ut tige ónfetsoenlek dot ur ut lykvóls públysjerret. Mar de lêste rópperege alyneä vaskôget ús dot vij Tilly net óp ut vud ljowe matte. Hij is grif yn 'e var, hij vit net vot ur vól, of hij vól net vot ur vit. Tilly makket grif un peryoade | |
[pagina 166]
| |
fon slimme desoryintaasje tróch. Is dot vier? Neat is vier. Vjirhyd is dy leagen dêrt vij ús fon olle leagens ut nóflekst bij fiele. Lit ús seze dot Tilly óp un stuit óp 'e grinzen fon syn kinnen stuite vie en dot ur syn behainingen net akseptjerje koe. Hij voe net langer skrjowe vot ur koe, mar hij voe vot oas, vot nijs - en dot koe ur net. Sadwaande skrjode ur tsien ier lang helendol net mear, of amper teminsten. Earsucht is un skoan ding, mar un te grutte earsucht bij tróchsneedkapasytijten vurket ferlamjend. Ien fon 'e grutte fwardelen fon ut ôdervurren is dot mun ollinkendevai ónferskilleger vurt. Fwarhinne lûûk mun jun fonolles oan, vaar mun tróch ollerhonde opynys provosjerre en voe mun oerol óp kop en earen bij vêze. Mun makke jun drók óm saken os: fyne oare minsken mij areg, fôle myn flapearen tige óp, heart myn stim núver oer de tillefoan, hôr ik vól echt fon myn frau, bin ik un respektabel minske, maitsje ik vól genôch fon myn libben, haf ik vól echte freonen? Mun skrjode oerol stikjes tsjin en oer, mun demónstrjerre Lauersseeën ticht en súttele Frieske bûkken út. Ol mar dwaande oan junsels en mai junsels, eang fon 'e ónvisseghyd en leegte dyt yn jun húzze. Dur vurt vól sain dot ôde minsken viis binne. Dot is net vier, un heel soad, meskjin vól de measte ôde minsken vurre ver lyke kliereg en egoïstysk os lytse bên. En dy inkelen dyt viis lykje, dy binne yn verklekhyd ónferskilleg. Se binne ta de óntdekking kómmen dot se út kloaten fwótkómmen en ta kloaten ópvûksen binne en se ha leard óm dêr frede mai te havven. Un mon dyt óp Tilly syn tinken un beskiedende ynfloed hôn hat is Thom Mercuur. Yndertiid hie J.D. de Jong yn 'e sneonsbijlage fon 'e Ljauter Kronte fon dy vazeg-romontyske pagynagrutte fotoos mai suetsje-achtege bijskriften. Un kear un foto fon un ôdkearel dyt oer un hikke hóng mai os bijskrift ‘Hwat soe der yn dy âldboer omgean?’ De suggesje: un Frieske boer, un swijer, mar un tinker, stil vetter, djippe grûn. Tilly siet naist Thom yn 'e bar en Thom sai: ‘Hast dy foto sjoen? Yn dy boer gjit fonsels neat óm.’ Dû vie ut Tilly os kryg ur un klap fwar de kop: sa vie ut fonsels, en net oas. Vij skúnne ússels yn dot dur, ómt vij minsken binne, vot deegleks en deugdsums, vot ryks, vot oarsprónkleks yn ut djipste fon ús siel húzje mat dot ús beveegt en stjoert, dot ús útainleke oaryintaasjepunt is. Mar dur gjit neat yn un minske óm, of - mar dot kómt yn 'e praktyk óp utselde del - dur gjit fonolles yn ús óm, un ónóphôdleke en net te stuitsjen stream fon yndrukken dyt godsijtank tróch de grinsbevekkers fon ut bevustvêzen fwar fiervai ut grutste pat keard | |
[pagina 167]
| |
vurt. De meast gaotyske lyterêre ferbylding fon dusse ‘stream of consciousness’ is un hillege harmony ferlyke bij de reälytijt. Tilly hat sónt frede hôn mai ut fait dot ur os skrjower - syn pryveelibben is net yntresont - tróch neat deugdsems of húmaans motyvjerre vaar. Hij hat ynsjoen dot ur un lege húl is dyt lykvóls - of faaks krekt dêrtróch - ut fermogen hat óm fiktyve fygueren ta libben te róppen en har emoasjes en mieningen de skyn fon verklekhyd te jaan. Tilly lit fygueren ûnder syn honnen óntstean en hij ferpleatst him yn har en hij besyket te beskrjowen vot har beveegt, en sóms fielt ur him maisleept en don vurt ur hetstochtlek, of gremyteg of tear of haatlek - mar vêr kómt dot vai? Ut kómt neane vai, ut óntstjit samar, ut is lyteratuer. Noot Tilly ynienen de guit ver krygen hat en ut easte bûk behoffene en fóltôge hat, fôlt him óp dot dur vinlek neat feroare is. Hij kin bij de fragminten fon twinteg ier lyn oanslútte os hie ur se ferlyne vyke skreon. De oantinkens binne faaks bleker vurren, mar dot vit ur net. De sentyminten binne deselden. Un minske feroaret nai syn twintegste ier amper, en dur kómt yn olle gefollen neat nijs bij. San tsien ier lang hat Tilly amper skreon, ómt ur dur gjin nócht oan hie. En vêróm don net? Dot vit gjin mins. ‘Dur binne tiden óm te skrjowen en tiden óm fier te vêzen fon skrjowen,’ stie yn ut oarsprónkleke mannúskript fon 'e Preker - en dot hienen de faryseeën rêsteg stean litte kinnen, vont ut is vier. Fonsels, minsken ha dur oltyt ferlet fon óm har te ferontvudzjen, net fwótdaleks tsjinoer un oar, mar benammen tsjinoer harsels. Se vólle de stappen dyt se yn har libben sette, beskôgje os logyske kónsekwinsjes fon ut reägjerjen fon har ynderlekste ik óp 'e ympulsen dyt út 'e maatskippij oanrikt vurre: óm trau te bljowen oan mijsels, mat ik no sa en sa. Se ha dur un heel soad vudden fwar noareg óm oaren en benammen harsels de logyka en de kónsekwintens fon har dwaan en litten te bevizen. Dot sait ol dot ut ónsin is; vot evydint is, dêr hûgge gjin vudden oan smwarg makke te vurren. Vêróm begjint Tilly fon 'e iene óp 'e oare dai ver te skrjowen? Hij hat dur grif ver areghyd oan. Fonsels, vij kinne ek dêr vot hypotezen oer ópstelle: ut is Tilly yn 'e vai dot dot bûk nóit ôkómmen is, of hij fynt dot de talinten dyt de Skepper him talain hat net yn 'e grûn rotsje maie - dur binne Tilly yn syn bennejirren óp ut lêst ek ollerhonde regels en plichten yndruid, en dêr kómt ur nóit fólslain los fon, net iens heal. Un oare hypoteze is: Tilly hie ut fytshok ô en vot mwast ur no ver útheve? Of ver un oaren: Tilly is | |
[pagina 168]
| |
sa njónkenlytsen stróntsiik fon lyteratuervittenskip, mar hij hat un sykleke drjo ta ut prodúsjerjen fon beprinte fellen pepier. Of ver un oaren: óp ôd iis vól ut bêst frieze. Dur is ol un dyrekte oanlieding ta ut ópnij begjinnen mai skrjowen: Tilly lies yn typoskript un poerbêste romon fon Steven de Jong, en dot lûûk him defynytyf oer de streek. Sóks te lêzen is un geniet, mar sóks te skrjowen, dot is un machteg aventoer - ik vól ek ver. En fonsels, fonsels, Tilly vurt ôder. Os ur ea noch vot skrjowe sil, don mat ut no. Syn baide paken binne tachteg vurren en syn ôden ek, mar mun vit ut mar nóit. Tilly smookt tefólle en sûpt tefólle en dot vól ur ek apslút net ópjaan, vont vot bljoot dur don fon ut libben oer? Mar dot makket ol dot mun seze mat: jónkje, tachteg, ut is noch un heel ain. En dur binne ek noch ynfarkten en embolyen en oerhalen, samar óp un dai kin ut barre dot ut montsje ómvipt en delfôlt mai ut nwaske óp 'e grûn. Ut brultsje stikken en 't montsje dea. De Preker hat net óm 'e nócht sain: ‘Vot dyn hôn fynt óm te dwaan, dóg dot mai olle macht.’ Dot havve de faryseeën stean litten, útsoate, vont dot strookte helendol mai har kappytalistyske fyzje. |
|