De reade bwarre
(1993)–Trinus Riemersma– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 153]
| |
Boek 2
| |
[pagina 155]
| |
Fervet forever!Ut vie feest te Fervet dy 10e septimber '88 en ôd-Ferveters vienen útnûge óm ut feest bij te vainjen, mar Tilly vie dur net. Te sezen, Tilly vie dy dais ol yn Fervet, mar net óm feest te fieren. Hij vie mai twa ómkesezers dwaande ut hok bij ut ôdershûûs leeg te klauen. Mem vie un vyke dêrfwar stoan en de vaansdys begrûven. Tilly mette noch twa ôde maten, en dot vie bêst, mar dur vie gjin inkeld langstme yn him óm ôde freonskippen óp te rêkeljen en oer fwarhinne te praten. Tilly syn suster sai letter, ut hie un moai feest vest. En dot sil bêst, mar Tilly syn suster hinget oan Fervet en Tilly net. Tilly hat ut dwarp oltyten hate. Os lytse jónge óntflechte Tilly ut dwarp ol: mai hait óp 'e fyts nai ut Kleaster - un heal minskelibben lyn. Hait rekke vai yn jonnevares '86, mem septimber '88, Tilly syn ôdste broer stoar yn '83. Os Tilly ol ea fon ut dwarp hoden hie, soe ur dot no net mear kinne. Ollinnech de bare dea fynt ur dêre. Mar hij hat ut dwarp doch ol nea lije mócht. Ut Kleaster, dot vie moai, en Baintem en ut binnenpaad nai Baintem, dot se no fernield ha, en de Fûgelsang, en de seedyk en de loanen durhinne. Ut Reade Húske stjit dur noch, jelvy de Raindersloane, ut Hauten Hemeltsje oan 'e Mûndersloane is ol jirren en jirren vai, en de húzzing fon 'e Módderklauers is ek ollang tsjin 'e flakte. En de Ryp, de Ryp vie moai - de Ryp is noch moai, de Ferveter Ryp, vont ut fôlt ûnder Fervet. Mar ut dwarp sels, nee, dot vie neat. En ut is sont Tilly syn bennejirren ollinnech mar achterút gien. De fjetten binne tichtsmyten, de Rypsterfeat, de Ferveterfeat... De moaie plakjes binne bebaud mai nijbauventen, lykos ut Od Hôf, dêrt de lju fon 'e Looxmastrjitte en de Gosthússtrjitte un túntsje hienen. En oare húzzeblokken ha se delhelle en de grûn braak leze litten. Dêrt Kees Dekker venne en de kapper, en Durk Hônsma de grjintemon en oan 'e achterkônt Vlaskamp dyt mai de skille tróch ut dwarp gyng - ‘Vot is dur óp 'e skille, Vlaskamp?’ ‘Un hautsje,’ sai ur don. Tilly syn pake-en-beppe oan haitekônt havve ek noch un set yn dot blokje venne, naist Kees Dekker. Vot koenen je dêr moai hûkjekypje. Fwót is ut en neat is | |
[pagina 156]
| |
dur fon oerbleon. Têke-Fokje-hokje is fwót, en vêr is de Kolbank bedarre dêrt Durk van Dijken venne dyt de brûksbóksen oltyten un honbree te kwat hie? De heuvel is fwót, ut skytfebryk is fwót, de raljes binne fwóthelle. Ut Fintsje ha se ien of oare loads yn baud. Skielek sille se ek noch de seedyk ferniele en de dykshúzzen, dêrt Tilly syn ôden de easte twa ier fon har trauen vennen, en de dóbben sille ferdwyne ûnder ut talúd fon 'e nije seedyk. Mar net dêróm - vot Tilly oltyten tsjinstien hat, vienen de net oer te sljóchtsjen skelen yn ut dwarp. Dur rónnen ysleke skiedsmwórren tusken Griffemead en otterdoks Herfwarme en frijsinneg Herfwarme, en noch slimmer kljo vie dur tusken ryk en earem. Tilly mette un monnech jirren lyn un griffemeade boeresoan, un ôd-Ferveter fon syn aigen jirren dyt olderfreonlekst vie. Tilly begriep dot net, vie dur vot feroare? Hie ur vot mist? Ut hie ómmes un dûbbele fijôn vest yn syn jóngesjirren. En út en tróch moetet Tilly bij ut flatgebau fon syn skwanôden yn Grins un boeredochter út 'e Ryp, dyt oltyten un praatsje hat. Faaks binne oaren fon syn generaasje duroerhinne grûid, havve se distônsje nómmen fon de tsjerkleke en stônsferskillen dyt ut dwarp taisteren, mar Tilly kin dot net, of kin dot net vólle. Yn Fervet hat Tilly haatsjen leard: de ryken en de machtegen en de fyne bliksems. Dy haat kin Tilly tachteg ier óp tarre. Tilly lit fon syn hate langer net fólle blyke. Vauter Zwart sai rus tsjin Tilly: ‘Ik ûffenje mij olle dagen yn hoflekhyd en needreghyd.’ Dot sezen hat Tilly yn 'e earen knope en hij dógt syn bêst dêrneffens te libjen. Vêróm sil mun net freonlek tsjin 'e minsken vêze: ut kostet neat en smyt saks vot óp. Faaks lyket ut dot Tilly mylder vurren is; Tilly vie fiif ier dût ur tocht: Vot binne vij un begrutlek skaai. Dot vie dût syn hait un skûlplak ûnder de trep maitsje voe, dot de Dútsers him net fyne soenen, en de skróbsêge yn un naad tusken twa planken stiek en twinteg nije tûmmen sêge. En sónt hat Tilly dot faak tocht, mar syn hate lit him fwar gefoelens fan begrutsjen amper rûmte. De hate fervredet en ferhúnnet ut begrutsjen ta ferachting: Tilly gniist, Tilly spytgnysket. Os lyts bên gûûlt en skriemt mun ónbehindere óm neategheden, mar bij ut ôder vurren kómt mun ta ut ynsjug dot amper vot yn dut libben un trien vurch is. Bên ja, bên, os Tilly un bên ferlear soe er skrieme, en óm syn broer hat ur skriemd. Hij vie noch mar twaenfyfteg. Mar de rest is strónt mai stjintsjes. Dur vienen yn Fervet de Griffemeaden, of mai de vudden fon un otterdoks herfwarme ôdviif ‘de afgeskeiden sekreten’, dur vienen de frijsinnegen, dyt ‘neat’ vienen, of ‘un bytsje mear os neat’, en dur vienen ‘úslju’. Dur vienen trije skwallen, ‘ús skwalle’, de ‘afgeskei- | |
[pagina 157]
| |
den skwalle’ en de ‘staatsskwalle’. En trije tsjerken: de grutte, de lytse en de tsjerke fon Baintem, dêrt de frijsinnegen hinne raizgen. Ut is vier, letter kaam dur noch un tsjerke bij, de saneamde ‘bakjetsjerke’: de lju fon dy tsjerke, de artykelders, sieten yn ien of oar ôd skwórre oan 'e Nijbwórren óp rjappelbakjes. Dur mwasten ek Roomsken yn 'e kryte vêze, dot koe mun naigean út 'e ferkiezingsútslaggen, mar votfwar núvere minsken dot vienen, hie nimmen un fwarstelling fon. De Griffemeaden en otterdoks Herfwarmen stienen teölogysk sjoen ut tikst bijenwar, mar os der verrus un skwalstriid vie yn 't dwarp, don fóchten de Herfwarmen en de staatsen tsjin de Griffemeaden; nai olle gedachten hienen otterdoksen en frijsinnegen enwar nedeg óm har de monmachtege fynen fon 'e hûûd te hôren. Ut koe don rau óm en ta gean, mai os gefaarlekste vapens fytskettings en flesseholzen dyt mai bûûgseme vylgestokken óp de fijôn taswypke varen. Tilly stie oltyten achteroan, hij vie gjin held. Dur vie mar ien múlo, en dêr mwast fyn en grau dus hinne. Un frjemde óntdekking dot staatsen gjin wannen óp 'e kop hienen en dot fynen net perfwast nepets vienen. Tilly hie nammes letter griffemeade freonen. Mun soe dot ollegjerre os fólkloare besjen kinne, dy hege fredingen binne vainómmen en de kljowen binne sljóchte. Syn brwórren havve letter mai plesier yn Fervet venne, en syn suster hat de bêste oantinkens oan ut dwarp. Mar Tilly kin net goed ferjitte, en ferjaan kin Tilly helendol net. Tilly hat ol te slim field dot ur neat vie, un jermoedsaaier, un twadderangsminske. Tilly en syn fólk vie neat, bij de boeren net en bij de genieren net, net bij de nearingdwaanden en de lju fon ‘skelkjebwórren’ - de Maremerdyk, dêrt de elyte venne. Ut olderslimste vie, ek de tsjerke vie ferjûn fon dy stônsferskillen. Dot hat Tilly net ûnderfûn, mar dot hat syn hait ûnderfûn, en vot syn hait oandien is, dot pyneget Tilly oan syn dea ta. Syn hait dyt sa graag yn goedens voe, dyt jênst makke mai ut libben en ut ljowe, dyt fon 'e óprjóchtens fon syn maiminsken útgyng ómt ur sels óprjócht vie. Ut hie Tilly ek net oerkómme matten, Tilly hie se de kloaten fon 't liif trape, vont Tilly is sa goed net os syn hait, Tilly is krekt san bliksem os syn mem silleger. Tilly sil sekstjen ier vest havve dût syn hait, en yn ut sok fon syn hait syn baide ôdere brwórren, yn oanfaring kamen mai de tsjerkeried. Ut gefol vie dutte: dur mwasten verrus ôderlingen keazen vurre, en ut vie vysônsje dot de gemeenteleden óp un sletten brjifke nammen fon gaadleke persoanen ynleveren. Lju dyt mynymaal tsienrus fwardrûgen varen, kamen óp un list en tusken dy lju koe don keazen vurre óp 'e gemeentejûn. Tilly syn hait hearde fon inkele lju | |
[pagina 158]
| |
dot se him fwardrûgen hienen. Meskjin jerden se dot net te ferklappen, mar kwea stiek dur ek net yn. Tilly syn hait kaam lykvóls net óp 'e list: dur hienen dus minder os tsien fwardrachten vest. Dot vie spyteg, vont Tilly syn hait voe graach de gemeente tsjinje, mar hij vie net heegmoedeg en dus net teloarsteld. Sa hie dot ôrinne kinnen. Lykvóls, de boer fon Tilly syn hait vie ôderling yn dyselde Herfwarme tsjerke, en dy fertelde Tilly syn hait hût de fwarke yn 'e stôle siet: Tilly syn hait hie genôch oanbefellingen krygen, mar de tsjerkeried hie ónjerre dot un arbaider koe gjin ôderling vurre, don mwast mun doch fon vot heger stôn vêze. Dot sadwaande móffelen se dy oanbefellingen vai en setten Tilly syn hait net óp 'e list. De boer fon Tilly syn hait vie oan reapsain en stie óp ut punt óm nai Kanada te emygrjerjen - hij hat grif skjin skip maitsje vóllen fwart ur de grutte dóbbe oerstiek: se soenen enwar bij ut libben ómmes net versjen en se hienen oltyt goed kinnen. Dû hat Tilly syn hait un grut ópskwór makke en de tsjerkeried ferklage en iepening fon saken easke. En Tilly syn baide ôdere brwórren dyt 21 en 23 ier vienen, havve Tilly syn hait stypeljerre óm te fjuchtsjen fwar syn rjócht: de vjirhyd soe bóppe vetter. Mar dot is nóit bard, dur vie ómmes niks te bevizen. Tsjerkeriedsgearkómsten binne besletten, en de mon dyt út 'e skwalle klapt hie, siet yn Kanada. Ut heugt Tilly dot syn hait en syn brwórren jûn óp jûn oant ferfelends ta ut gefol fon a oant z vjerkôgen, en argúmint óp argúmint steapelen. Olle jûnnen varen ferpest tróch dot erflek geëamel oer de tsjerkeried en tróch ut ol mar opheljen fon 'e diskusjes dyt se fierd hienen mai dûmny en ôderlingen. ‘En se mwasten doch tajaan dot se ferkead hondele hienen, ut vie doch ónearlek.’ Tilly syn mem siet oan 'e oare kônt de tafel en swijde, en Tilly swijde, vont hij vie noch mar un snotnoas en telde net mai. Mar Tilly tocht dot ur utselde tocht os syn mem: ferflók dy tsjerke en stjer. Mar dot sil syn mem net tocht havve, se hat grif sókssavot tocht os: skódzje ut stof fon dyn fwótten en heevje dyn hólle óp. Tilly syn mem vie grutsk, osa grutsk, dy vaande har de koanegin ollyk. Syn brwórren havve dû un set yn Baintem tsjerke, bij de frijsinnegen. Ot se letter doch ver nai de grutte tsjerke gien binne, vit Tilly net, hij ferliet ut dwarp dût ur twinteg vie en hij hie ut sa drók mai himsels, mai syn skrjowerij, syn aktelearderij en syn húshôring, dot ur de femyljebetrekkingen fersljoke. Tilly syn hait gyng ol ver hinne: hij voe yn goedens. Un pear ier letter dût Tilly un ier of achtjen vie, hat ur him olrus tsjin Tilly óntfôle litten: ‘Mai tsjerkelju vurt mun ut meast bedóndere.’ Dot sezen foel yn tige fruchtbre iede. Syn mem sai dot se de preek net ferstean koe, dot dy | |
[pagina 159]
| |
bljode tús. No is ut vier, Tilly syn mem vie ol heel jóng dôf, mar dot sil har yn dut gefol ek vól goed útkommen vêze. Tilly syn mem sai net olles vot se tocht. Dût Tilly syn hait yn ut sikehûûs óp syn stjerbêd lai hat Tilly him frege ot de tsjerkeried ea noch syn ekskúzzes oanbean hie. Mar ut lyke vól ot Tilly syn hait de fraag net begriep. Meskjin voe ur him net begrype, of meskjin voenen syn hassens net goed mear. Hij hie kanker troch de hele beoleg en hij vie dur net fólslain mear bij. Nai olle gedachten is ut nea ta un útdragen saak kómmen . Maidertiid is Tilly syn hait oer de him oandiene smaad hinnegrûid en ut gefol is yn ut ferjittersbûk rekke. No sil de vjirhyd nea mear bóppe vetter kómme, de tsjerkeriedsleden fon dû binne dea, en Tilly syn hait is dea, en syn ôdboer yn Kanada is ol jirren en jirren vai. Ut is no fjauerentryteg ier lyn en bwótten Tilly vit grif gjin mins dur mear fon; syn suster vie de hûûs ol út en de tsjerkeriedsleden fon dû sille net oan har bên ferteld havve vot rotstreek os se úthelle hienen. Ut is fwarbij en net mear te verróppen en skuldegen en slachtoffers binne dea, dot vot sil mun fjidder ôde kjellen út 'e sleat helje? Mar dot vól Tilly no krekt òl, vont dy ôde deade kjellen spûûkje os ferskwórrende munsters yn syn dreamen óm. Tilly ferjaut neat en ferjit neat. Vaat ien fon dusse dingen oan ús hait dien hat, dy hat dot oan mij dien. Vont va sil fwar Tilly syn hait ópkómme os hij ut net dógt? Fervet forever! Dot grif: Tilly kómt nea los fon dut rotdwarp. Hij hat him dêr un ferskóppeling field. De húshôring dêrt ur yn ópvûûks vie un oäse yn un vrede vrôd. Mar noot dy húshôring net mear bestjit, bynt him oan ut dwarp neat oas os vêze, ôgriis en haat. Tilly hat him letter vól pônsere mar dur is ek vot knûid: hij is un synyske rotsak vurren. Hij begrypt ut fertriet fon minsken sóms vól, har lilkens, har benijdens, har niget. Mar hij kin dur net goed yn mai gean. Meljoenen jirren hat ur dur net vest, en meljoenen jirren sil ur dur net mear vêze. Dêrtusken leze tachteg jier dot ur him drók maitsje mat óm fonolles, dot ur leavje mat en begeare en freze en ljowe en hoopje en noed stean fon, en vit hij ut ollegjer. Fon 'e bên dyt ur óp 'e vrôd set hat sil ur noed stean, mar de rest hat ur net vóllen, hij hat himsels ek net vóllen. Dût Tilly twinteg vie, rón er mai selsmoadplonnen óm. Mar hij voe ut syn ôden net oandwaan: salangt sij libben soe ur ut net dwaan. Letter dût ur bên hie nóm ur him foar óm net út dut libben te stappen fwart de jóngste twinteg vie. Mar no is Tilly fyfteg, en hij sjóngt ut vól út, de lêste tryteg ier. Tilly fynt ut libben net swier, hij | |
[pagina 160]
| |
fynt ut ferfelend, en óm syn ferfeling te ferdrjowen heeft Tilly fonolles út: bûkken skrjowe en hokken timmerje en keamers ópknappe en stúdjerje. Mar yn vêzen stelt er neane belang yn, ja, fon 'e kruk gean, dot fynt Tilly ol tryteg ier olderaregst. Tiny Mulder vurt vronteleg óm Tilly syn negatyve fyzje óp ut libben en óp 'e minsken, dot die vól blyken út har besprek fon De skfintme vurt ferbwólgwódde. Mar vot mat Tilly don: swije of lige? Tilly is net gek, olteast neat gekker os oare gekken. Tilly vól de sfear net ferpeste, vier net, dêróm dógt Tilly syn bêst óm areg te vêzen foar syn frau, en dot is un hele ópjefte, vont frôlje binne ónbrûkseme stikken ark. En Tilly vól un goede hait vêze fwar syn bên, en un goede, fleorege learaar fwar syn stúdinten. Un nófleke bwórmon vól Tilly vêze, un kollega dêrt men óp betraue kin. Tilly vól bêst beare os vie ut ollegjer ûsa moai en vichteg en prachteg en nijskjirreg. Mar yn syn bloedaigen bûk dot ómmes nimmen hûgt te lêzen, vól Tilly ut frij ha óm te sezen vot him fon ut libben tinkt: hij fynt ut strónt mai stjintsjes. En de apen hienen viisder dien mai yn 'e bjemmen te bljowen, ynstee fon te evolúerjen ta sentymintele rotsakken. Fervet forever! Elk dwarp kryt de skrjowers dyt ut fertsjinnet. |
|