De reade bwarre
(1993)–Trinus Riemersma– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 145]
| |
Yn 'e fwótleasten fon ut bênNee, sait Tilly, ik vól net nai Fervet óm de pleatsen te lokalysjerjen en óm distônsjes fon Fervet nai Fosvet, fon Baintem nai Blije en fon 'e Bwótterhûkke nai ut Reade Húske nai te mjitten, óm ut berin fon fjetten en vegen yn kaat te bringen. Tilly vól neat feryfyerje, vont de verklekhyd is net de ópjektyf fêststelbere faitlekhyd, mar de verklekhyd sit yn Tilly syn kop. Dy verklekhyd, dêr mat Tilly mai klearkómme. Hij vie ut bên, en hij sêg mai benne-êgen, en hij tôget dy bylden yn him mai. Ut hat gjin sin óm dy bylden njónken de fêststelbere faitlekhyd te hôren en te sezen: sjug, do hasty fersind, sa hat ut nóit vest, dat paad dêrsto saist dotst lônsgien bist, dot paad hat nea bestien, of dy pleats dêrsto óp doelst, dy stie fólle mear dy kônt út, en dy ôde mon dêrsto fon fertelst, dot vie dû noch un jóngkearel, jim hait syn ôdens savot. Dot is sinleas, lyke sinleas os tsjin ut bên te sezen: sjug mar, dur sit gjin kearel ûnder ut bêd en net yn 'e kost, sjug mar. Vont dy kearel is dur vól, mar noot mem sjugt is ur even fwót, en aansent is ur dur ver. Dreambylden of drôgbylden, vot makket ut út - ut is de jinnege verklekhyd dêrt de minske mai te krijen hat. De fólslaine, faitleke verklekhyd sille vij nóit kenne. De vrôd toant him oan ús os un spul fon skymen en frjemde fetsoenen, fon geróp en geróft: sjammen en fûgelskrikken, skôdbylden óp 'e mwórre, lústerjende en kêkeljende stimmen út ut tsjuster, gebwórrel út 'e óngrûn, skillen, bellen, gjolpen. Immen rópt lûûd ‘Bûûh!’ en laket, un faam skriemt, un swat ôdvyfke sleepfwóttet Achter Brauers lôns, jónges drave oer de Bók en klotterje oer ut tsjerkhôfsstek, de ôd koster dólt un grêf, de stómboat fon Loaiengas jónges fluitet en stekt de feat út nai Ljauet, Pyt Húske riid mai de tóntsjevain tróch de bwórren, un sleep jónges draaft achter un negoasjemon óp un transportfyts oan en skelt ‘Môle Tys, môle Tys!’ Toan mij de lytse jónge, sait Tilly, en lit ús him fólgje óp syn vegen os ur snains köre mai hait en mem, yn syn kwat, griis brûkje en mai syn yderkear ôsakjende knibbelwazen. En de kopijskrjower lait blanke fellen pepier ree en twa pinnen - vont os ut oer him kómt, vól ur tróchskrjowe kinne -, un jiskebak, tebak, oanstekker en piip. Hij slút de dwarren, hij dógt ut ljocht óp, hij lûkt de gedynen ta. Hij stoppet de piip en stekt de brôn duryn, hij sûûgt de reek yn 'e lóngen en blaast dy dut út en dot út en hij preuvelt: | |
[pagina 146]
| |
Ut jarre, reek en tarre
kómme vij foar:
bitterhyd, yllúzjes, dea
dwale en dwylje óm
en gónne ver teloar
yn jarre, reek en tarre.
Tilly syn easte grutte lopen vienen oan memme hôn de Kleasterdyk út snaintemiddys os hait melke mwast yn ut Kleaster. Ut mat fwar maaie '43 vest ha, vont dêrnai vaar Tilly syn hait los-arbaider. Mat ik dot no útleze, vot un fêst-arbaider en un los-arbaider vie? Dot vól ik mijsels net oandwaan, ik vól de yllúzje net kwyt dot ik ferhelje fon bekende en begrypleke dingen. Hait gyng fonsels óp 'e fyts nai ut Kleaster, snaintemiddeis óm un oere of jelvy trijen. Hij koe don middys net nai tsjerke, vont dy begón óm jelve twaen en yndertiid dwórre de tsjinst noch oareloere. Onares gyng ur nai ut middysyten even óp bêd. Tilly syn mem-en-dy gyngen nai tsjerke, don hie hait rêst. Don strûpte ur de melkersklean oan en fytste nai ut Kleaster, mai ut kolme gónkje fon 'e lônarbaider. Dût Tilly un faintsje vie hat ur him dur vólras oer fernúvere hû stareg os dy arbaiders fytsten. Se foelen krekt net óm, mar ut vie dur óp ô. Mar dot hat ur letter begrepen, lônarbaiders, nammes ek oare grûnvurkers, matte un traag tempo oanhôre, oas hôre se ut de hele dai net út, en os se ut un dai úthôre don hôre se ut gjin vyke út, en os se de vaskôgingen fon har lichem gjin achtslaan vólle, don binne se mai fjitteg-fivenfjitteg ier kedúk. Sóks mat mun leare, óm evenredeg en kollern tróch te verken. Tilly kin dot net, os dy fiif konte meter túnhakket, don gjit dot gysten en brainroer en mai trije ketier hat ur bastende pynehólle. De easte tsjerkebank achter de dyakens vie ónjerre fwar famkes, dy móchten dêr frij sitte, de easte twa banken achter de ôderlingen vienen fwar de jónges. Fjidder vienen olle plakken ferhierd, en dêr mócht mun net samar sitten gean. Vienen de jónges- en famkesbanken fól, don mócht dur vól plak socht vurre óp 'e stwóllen fwar de stoel oer. Dy stwóllen sieten ollinnech mar frôlje óp, mar dur vie oltyt vól plak oer. Tilly siet os beuker oltyt by syn mem, hij vie noch te lyts fwar de jóngesbanken. Os un jónkje vot ôder vaar, don voe ur net mear bij syn mem sitte, vont dot jerde net sa. Yn tsjerke sieten de mônlje en de frôlje apat, ‘de bókken en de skiep’, sai Tilly syn hait oltyten. Salang yn tsjerke sitte vie fonsels un matling, benammen ut lange gebet fûn Tilly un ferskrikking. Hij mwast don de êgen stiif ticht hôre, en hij knypte sa fûûl dot him de trjinnen oer de vangen rónnen. | |
[pagina 147]
| |
Om un oere os fiif gyngen Tilly en syn mem fon hûûs, de Haadstrjitte óp, bij ut moalfebryk lôns en de smid, fwarbij ut Papmasteechje, don óp 'e hûkke bakkerinne Sytske van der Zee, dêrt syn ôdere brwórren en Tilly letter ek oltyten hinne mwasten óm un fjiddepatsje brea, don Kees Dekker, dyt aigentlek Sebastiana Dekker hiet - en dus grif noch fon adel vie -, mar dot vaar yn ut dwarp jest bekend dût ur stoar. Don bij de terp óp, de kapper fwarbij, Durk Hônsma de grjintemon fwarbij, slachter Mint, de achternamme vie sókssavot os Witteveen, kefee Vonk, de vinkel fon Jehonnes Folkertsma, de broer fon Eeltsje, en don vie mun tsjinoer ut Frijhôf, ut heegste punt fon 'e bwórren, en don timmermon Durk Steensma, ut Lytse Lokaal fon 'e Herfwarmen, de herfwarme pastory, ut postkentoar, en noch un kefee. Dêr gyngen Tilly en syn mem de hûkke óm de Baintemerdyk út, de griffemeade pastory en tsjerke fwarbij, en don stieken se de dyk oer nai de Kleasterdyk. Oer ut spoar gyngen se, en don óp nai de Lambuet. Lófts stie ut stjelpke fon Harry Koopmans dyt mai un Hóngaarske frau traud vie. Dur vennen trije Hóngaarske frôlje yn Fervet en dy hieten ollegjer Ers, of vinleken Ersjebet, mar dot vie te slim en te útvrydsk en yn Blije vie un Hóngaarske frau dy hiet Rosa. Dur vienen mear fersprate spultsje, mar dy kin Tilly net mear fwar de geast krije. Don kaam dur lófts un swatte sintelreed, ut Tsjuster Singeltsje, dot nai de Od Sône gyng, un hûkke lôn fon sôn permjit grif, dot helendol of fwar un pat aigendóm vie fon 'e herfwarme gemeente. Tilly syn hait hat dêr letter un permjit fon yn hier hôn. Dot vie kostleke grûn, sônlôn, sai Tilly syn hait, ut vurt ek vól savel neamd. Fwarbij dy reed begón de Lambuet. Sónder fólle gepiel mai roailynen vienen dêr oan vjeskônten fon 'e dyk un monnech arbaidersventen en geniersbedoeningen set en oan 'e ain lófts stie sels un heel kreas stjelpke fon helderreade stien. De lju hieten Stelpstra, net tafolleg grif. (Tilly syn hait sai nammes fon ‘Stjelpstra’, ut vie dû fólle gevoaner os notiids óm aigennammen te ferfrieskjen. Sa praten Tille-en-dy ek fon ‘Strûksma’ en fon ‘Friezema’ en ‘Sjirksma’). En don hie mun ut frije fjild. Nai un pear hûndet meter makke de dyk un hêkse bócht nai ut vesten ta. Fon 'e bócht ô rón un sintelreed rjóchtút nai de pleats fon Durk Ottes. Tilly en syn mem fólgen de dyk oant dy óp 'e Burmonjefeat stjitte en un hêkse bócht makke en fjidder bij de feat lôns rón oan 'e Od Piip ta, fwarbij ut Kleaster. Dêrt de Kleasterdyk bij de feat kaam, vie un losplak fwar byten, dût dy noch mai skûtsjes ferfean varen. Ut Blausterkèt hiet ut dêre. Tilly en syn mem gyngen don fjidder de Kleasterdyk út. Mar ónares kamen se net oan 'e flapbrêge ta dêrt un | |
[pagina 148]
| |
dyk begón nai Marem ta. Tusken ut Blausterkèt en de flapbrêge kaam Tilly syn hait har gevoanlek yn 'e mjitte fytsen. Tilly syn hait stapte don ô en rón mai syn mem nai hûûs ta. Tilly mócht óp 'e Stange sitte, of óp 'e pakjedrager, mar óp 'e stange koe ur mear sjen. Dur kamen letter, dût syn hait snaintemiddys frij vie, langere lopen. Ien san loop gyng nai de seedyk. Don stieken se de Koailoane út en kamen bij de hautópslag fon 'e domainen lôns, dyt se froed fwarbij stapten en gjin ómtinken jûgen, mar dêrt Tilly syn hait út en tróch pjellen stiel. Se rónnen oan 'e foet fon 'e seedyk lôns, dot net san bêst paad vie. Jest fólle en fólle letter vaar dot osfoltjerre. Don kamen se óp ut lêst bij boer Anema, oan 'e ain fon 'e Raindersloane, en dêr sêgen se oltyten even nai de pauen. Jirren letter dût Tilly dêr mai oare jónges kaam, rôpen se oltyten fon ‘Pauw, pauw, ik ben veel mooier dan jou,’ en dot koe de pau net havve en don begón ur te prónkjen. Op dyselde pleats, bij un fwargónger fon Anema, hie Tilly syn hait un ier os fyftjen lyn arbaider vest. Se vennen dû yn 'e dûbbele vent naist Kees en Janke, har easte bwórlju dêrt se oltyt befreone mai bljoden en kóntakt mai hoden, ek ol ferhúzzen dy letter nai Vetsens. De Raindersloane gyngen se don del nai hûûs ta. Savot óp jelvy stie ut Reade Húske. De Raindersloane vie de kwatste loane, hij rón streekrjócht nai de seedyk ta, oas os de Koailoane en de Mûndersloane dyt baide un dwasaintsje hienen, un oerbljosel fon 'e jeddere seedyk. Mar de Raindersloane lyke ek kwatter, ómt ut Reade Húske him yn twaen ferdeelde. Sóms ek gyngen se hinne de Raindersloane del en don de Mûndersloane veróm, mar dot vie fólle langer, vont dêrt de Lytse Loane - sa hiet de fjiste ain fon 'e Mûndersloane - bij de seedyk begón, siet mun hast ûnder Nijtsjerk. Ut dwasain yn dusse loane vie don ek tige lang, en os mun ainlings ut súdden ver yn gyng, don kaam mun fya de Mûnne, sa hieten de trije húzzen dêre, krekt vestlek fon Fervet ver óp 'e Maremerdyk út. Dot fûn Tilly net sa'n moaie kuier. Dy Mûndersloane vie sa lang en de Ferveter toer vie sa fier fwórt, en óp 'e verómrais vie ur doch ol vurg. Fonsels, Tilly siet vólrus un set bij syn hait óp 'e nekke, mar dot koe gjin heale loanen achterenwar. De olderlangste loop, dot vie oer Baintem en de Fûgelsang nai de Ryp. Tilly hat dêr noch un dúdleke fwarstelling fon. Ut vie un prachteg moaie snain, de sinne skynde út un kleare lóft. Ut tsjerke vai hienen hait en mem net fólle drókte makke mai de tee, mar vienen ol rillegau de doar útstapt mai Tilly tusken har yn. De fwarbwórren del en bij ut gemeentehûûs lôns de Baintemerdyk út. Of vienen se binnentróch gien, de Haven del, don ut Ljimmenpaad - dot | |
[pagina 149]
| |
no Gosthússtrjitte hyt - don nai ut stasjon, oer de raljes, dêrt mai bylzen un oerstekplak makke vie, en don tróch ut fintsje nai de Baintemerdyk? Tróch ut fintsje mócht mun vól rinne, os mun mar óp ut smelle módderpaadsje bljode en de kij net ópjage. Ut vie simmer en drûg, dot meskjin gyngen se dêr lôns. Dêrt se út ut fintsje vai óp 'e Baintemerdyk kamen, rón un mekadereed ut súdden yn, bij de Od Sône lôns nai Onghasate. Fjidderóp oan 'e Baintemerdyk vie un útbwórrentsje, de Od Mûnne. Dur stie helendol gjin mûnne, lykemin os óp 'e Mûnne oan 'e Mûndersloane, mar dot hie jedder vól sa vest. Op 'e ain fon 'e Od Mûnne rón ver un reed, un swatte sintelreed, ut súdden yn nai un pleats ta. Dot vie de Albadalaan, neamd nai de pleats dêrt ur hinne rón, mar de ôde namme vie oas fon Bóngaloane. Oan dy ‘laan’ hat Tilly fon syn sônde oant syn olfte ier venne. Syn hait vie dû fêstarbaider bij Vigle Bierma. Un twahûndet meter fwar de pleats stie un dûbbele arbaidersvent mai un lape tún durachter. Mar dot vie letter, no vennen se noch oan 'e ‘Hoofdstraat’, mar Tilly syn mem sai oltyten fon Achterdyk, ‘dût vij noch Achterdyk vennen,’ sai se vólras os se ut oer fwarhinne hie. Hût Tilly syn mem oan dy namme kaam, hat Tilly stómmernôch nóit nai frege. Don begjint Tilly syn oantinken dúdleker fwarmen oan te nimmen. Se binne no net mear mai har trijen. Se havve un mon en un frau mai un jónkje moete, en se kenne dy lju grif en se beslútte óm maienwaróp te köörjen. Of, dot beslútte se? Dot bart gevoan. De mônlje nimme de fwarstap, vont sa jerde dot, en de frôlje hekje de jermen ynenwar en fólgje de mônlje óp un distônsje fon twa, trije meter. Mar ol naigeraden se fjidder köörje vurt de distônsje tusken mônlje en frôlje grutter. En Tilly en ut oare jónkje - va vie dot jónkje doch? - hingje bij de frôlje óm en springe durómhinne, en drave don nai de mônlje ta dyt twinteg, en letter tryteg, seksteg, óp ut lêst vól hûndet meter fwar de frôlje út stappe. Mar de mônlje ha swiervichteg praat en se merke de jónkjes net iens óp. Dy huppelje un setsje óm 'e mônlje hinne, mar dot ferfeelt. De mônlje vólle vól un bennehontsje beethôre, mar dot is ut jinnege ek, se stappe tróch en prate tróch en harkje net nai de bên en seze neat tsjin har. De jónkjes bljowe stean. Achter har kómme de memmen oan, dêr sille se óp vachtsje. Dur sitte graue kikkets yn 'e sleat en dur blûie bóllepysten en swonneblómmen, en yn 'e vôl binne finneblómmen en hynsteblómmen en un inkele pinksterblóm en út en troch un pôle gele of blaue skwóntsjes. Se sille blómkeplukke fwar mem, mar net de hynsteblommen, dêr krije se rare plakken fon yn 'e honnen, of slimmer, yn 'e snainze klean. | |
[pagina 150]
| |
De mônlje binne no bij de brêge oer de Ferveterfeat kómmen . Se bljowe stean en stekke un piip óp. Os de frôlje har ynhelle ha vurre dur vot vudden oer en ver viksele. Neat bwóttenvênstegs, de vudden dyt mun fervachtsje kin, ut is kostlek vaar, de fruchten stonne dur moai fwar, en de montel hie vinlek vól út kinnen. Mar de mônlje sille snains nea sónder hoed köörje en de frôlje net sónder montel, mar sóks sait mun óp un vaarme snainoerdai. De vudden dyt jerre bij de gelegenhyd vurre viksele, vont mun sait net vot mun tinkt mar vot sain vurre mat. Ut hele libben lait fêst yn petroanen en formúlles. Se stekke nai Baintem ta, de jónkjes drave no fwarút: vaat ut east óp 'e terp is... Ut paad is un smelle oprit, oan vjeskônten is de fruchtbre terpgrûn fwótgrûven. Se binne deun oan ut tsjerkhôf tagien, ut skeelt neat of de grêfstjinnen sakje de bedelte yn. Se gónne óm 'e tsjerke hinne, bij bakker Oppedyk fwar de glêzen lôns en don de eastleke óprit ver bijdel. Dêr begjint de Fûgelsang. Ut soe jir iensum vêze kinne, mun soe jun jir lykme-ollinne en fon God en minsken ferlitten fiele kinne, jir soe mun deagean kinne fon ónvenneghyd. Mar sa is ut net, op dusse snain is ut jir un parredys. De vôlen blûie veeldreg, de fruchten stonne sa moai en de kij stappe loom tróch ut gês. Dur is jir ver mear graide, vont de grûn is net sa gaadlek fwar bau. Knipgrûn, sait Tilly syn hait. Eastleker, bij de Heskampen en dot út nai Farebwórren is ut noch fólle slimmer, dêr is ut ollegjer graide, en de Flieterpen, dêr ek. Safier kinne Tilly-en-dy net rinne, de Flieterpen helendol! Mar dêr soenen se ek net köörje vólle, ol dy graide, dot is keal, sa jermoedeg. Un boer hat graide noareg foar de kij, mar fiervai ut vichtegste is de bau en de fruchten dyt mun baut, de rjappels, de byten, ut veet, de jauer, un stikje koan sóms, flaaks, kwalsied, ek vólrus blaumwansied en heel selden móster. Mar se nimme ut no, de graide, vont jir en dêr is noch vól un hûkje bau. Dêr prate de mônlje oer, de bau, mar prate se ek oer de oarlog? Hea ja, ut vie oarlog. De kopijskrjower hat dêr helendol net óp sind dot ut oarlog vie dûdestiids. En os ur Tilly durnai freget mat dy seze: ik vit dur neat fon, ja, ut mat oarlog vest ha, mar ik ha dur neat fon fernómmen. Ut vie san kostleke snain, ut vie sa moai, de lóft, de sinne, ut fjild en foare hait-en-dy en achter mem-en-dy, en dêrtusken rónnen vij, hinne en ver. Praat mij net fon oarlog, mar lit mij dut oantinken ónskonsjerre behôre, ik vie sa lokkeg dû. Ik vie un lytse jónge, lees mij net óp 'e nekke vot ik net drage kin. Skrjo fjidder oer dy snain, de mwaiste snain fon myn bennetiid. Se kören, sait de kopijskrjower, de Fûgelsang del nei de Ferveter | |
[pagina 151]
| |
Ryp ta. De haiten lichten de hoed en fagen mai de snainze bwósdûk oer de fwarhólle, en de memmen gebeaen de bên óm óp te hôren mai draven en har un hôn te jaan. ‘Bên, jim binne sa hyt óm 'e hólle en san reade kleor!’ Bij de pleats fon Bauke Boersma kamen se óp 'e Blijer dyk, deun bij Blije, mar dut vie ol de gerjóchteghyd fon Fervet, vont ut dwarp hat gôns un ómkryte. De Ryp, de Ferveter Ryp, dêrt mun oan 'e iene kônt de seedyk sjugt en oan 'e oare kônt de hege, staile terp fon Baintem, dot is de mwaiste oade óp 'e vrôd. No kómme se fon 'e smelle Fûgelsang óp 'e brede dyk nai Fervet. Dur is gjin fytspaad, se rinne gevoan óp 'e dyk. Mar autoos binne dur net, of amper, en fytsers lykemin, vont vaat tige fier fon 'e tsjerke vennet, dy fytst meskjin, en de melkers fytse, vont dy arbaidzje en maie de fyts brûkke, en jûn fytse de fainten nai de faam, dot binne ek needsaken, mar fjidder vurt dur óp snain net fytst, dot jert net sa. De Ryp, hij is sa moai. Oan vjeskônten fon 'e dyk stonne mônske pleatsen en arbaidershúzzen en lytse spultsjes, mar net safólle dot mun net ut fólle sicht hôrt óp de kostleke baugrûn mai vaaksende fruchten. Tilly en ut oare jónkje rinne ol fon jelvy de Fûgelsang oan 'e hôn fon mem. Se binne útpûpt. Se havve sa draafd en flain, se havve de distônsje hast twarus ôlain, en ut vie doch ol san ain fwar dy lytse poatsjes. Se litte har mailûkke. Se sjugge de Ferveter toer yn 'e fjitte, mar dur is ûndervais ek genôch te sjen. Dur binne safólle minsken óp 'e dyk, Ferveters dyt de Blijerdyk útköre binne, vont elkenien, elkenien köret óp snaintemiddy, en twa kylometer hinne en twa veróm is neat, un wannestap. Dêr begjint de Rypsterfeat dêrt jirren letter Ale van der Woude san bryk óngemak hood. De kêde slûg óp 'e kletter en de grjintevain rekke óp 'e hassens yn 'e feat, en Ale dyt san byldzjend fermogen hie, fertelde: ‘Olle paggen en pgûmmen dgjoden yn 'e Gypstegfeat.’ Rigelen fammen kómme har temjitte, en faintsjes dyt nai de famkes sjugge en sóms vot seze. Mar olles bljoot dimmen, vont yn dy tiid voenen de fammen noch fwar sedeg tróchgean, en de fainten praten vól graag oer hyte fammen, mar se voenen sels un deegleke, sedege faam. Tichterbij Fervet kómme se ek ôde vyfkes en ôde montsjes fwarbij. Dy vêgje har net mear safier fon hûûs, mar túsbljowe dot soe net kinne. Mun köret óp snain, dot is stielen vet, en mai dut kostleke vaar, mun soe de Skepper óneare oandwaan os mun yn 'e hûûs sitten bljode. Sónt de Fûgelsang havve de mônlje de stap vot ynhoden en de frôlje binne no ol ver deun achter har. Dot is net ôpraat, mar dot gjit gevoan sa, vjirskynlek ómt ut sa jert. Mun stekt maienwar ô en mun kómt maienwar oan. Ol mear bekenden vurre | |
[pagina 152]
| |
groete, en dur is un grutte broer fon Tilly dyt de vaskôging kryt óm stipt sais oere tús te vêzen, en Tilly syn suster rint dêr mids un hele rigele fammen, Afke Bouma is dur ek bij, en ien fon Peeringa, mar dur binne safólle Peeringas, dy kin Tilly net ollegjer útenwar hôre, Aukje en Kee en Pytsje en noch mear. No binne se de herfwarme skwalle ol fwarbij en hast tús. Op 'e hûkke nai de Streek bij ferver Gwasse fon der Wal - Holderbol, sait Tilly - vurt ôskied nómmen. Tilly syn mem sait hij mat ut jónkje dachseze, mar Tilly is bek-ende-bek-ô. De lju sette nai de Streek ta. Tilly en syn ôden binne hast tús. Ut stekje vurt ópdien, ut paadsje del, de doar óp en don kómme se yn Tilly syn bettehûûs dêrt nea ien strieltsje sinne yn skynd hat, ómt ut de rútten óp ut nwadden hie en un ain tebek stie, dot olle sinneljocht vaar keard tróch ut moalfebryk. En don is Tilly oan 'e ain fon syn latyn. Hij sil noch vól un stikje bôle yten ha, vont tróch de vyke ieten se jûûns ek varem, ópvaarme rjappels, vont bôle vie te djoer, mar snaintejûûns ieten se stik, en dot vie feest. De kopijskrjower set un streek en sjugt Tilly oan: Sa hienen jo ut savot ha vóllen? Tilly knikt en skódhóllet en stwarret fwar him út. Of doogt ut net? freget de kopijskrjower. Tilly sait: vier of ónvier, dot is net vichteg - lók, dot is vichteg. Better lókkeg mai de fontasy os ónlókkeg mai de vjirhyd. Ik haf dij fon myn lók ferteld en do hast myn lók beskreon en gjin mins hat ut rjócht mij de oantinkens oan myn bennelók ô te nimmen. Lit dêróm olles stean en skros neat, vont ut is myn ferhaal bij ainslútten, en ik bin dur lókkeg mai, vier of ónvier. Mar ik sil dyn fraag beöntvudzje, vont do hast dyn earsucht en dyn eargefoel os skrjower fonsels ek. Vólno don, ut is vier en net vier, mar ut belangrykste is vier: ik bin mai hait en mem de Fûgelsang ómköre, meskjin ek vól faker os ienrus, mar ienkear vienen dur noch un mon en un frau mai un jónkje bij, dot is vier. En ol dy franje, dot kin neat skele, en ot dy lju no óp 'e Streek vennen of oan 'e Nijbwórren of óp 'e Lytse Bwórren, vot kin 't skele. En ot ik myn broer en suster sjoen ha, dêr vit ik neat fon. Mar ut belangrykste is vier: ik haf rus mai hait en mem de Fûgelsang ómköre dût ik un ier of fiif-sais vie, en dot vie un bliksems ain fwar dy lytse poatsjes, mar dêr prakkesjerre mun dû sasear net oer, vont rinnen vie gevoan, fon jóngsôoan rón mun hele ainen. Mar dot dógt dur net ta, ut belangrykste is: ik haf dêr rus köre mai hait en mem óp un godleke snain en ik vie sa lókkeg, sa lókkeg dot ik no vól janke kin. |
|