De reade bwarre
(1993)–Trinus Riemersma– Auteursrechtelijk beschermdEn se grûven de iisbaanColijn, de Grutte Broer, besúnnege en besúnnege, en liet óm fon twa fretters tagelyk ô te vêzen kolve kij ôslachtsje, dêrt de minsken skonde fon sprieken, en mai rjócht en reden, vont gjin kristenmins dógt sóks. Sels yn ut poerhaidenske Frankryk soenen se sóks net dwaan. Mar ut hie noch slimmer kinnen, ónjerret Tilly: os Colijn swiere frôlje ôslachtsje litten hie, hie hij dur net vest. Ja, Tilly is un kryzesbên, tyle út kryzessied en ópfokt mai kryzesmolke. Hij hat lain yn kryzesruften en pûpte se fól kryzespûpkes, jerremhettege, bleke lwatsjes. De oarlog is Tilly sónder skea tróchkómmen, de oarlog hat Tilly neat dien, mar de kryzes sit him noch yn 'e bónken. De oarlog vie fwar Tilly navenont net min. Tilly syn yten stie oltyt ree en Tilly hie un varem bêd, en dais hie Tilly un fyts. Vot soe Tilly mear begeare? Syn mem dearde ut oan dot dur gjin echt lytsbenne-yten fwar Tilly vie, mar Tilly fûn de rjappelkûkjes dyt syn mem snains bakte hearlek. En Tilly fûn de pankûkjes fon veet dot ut moalfebryk naist Tilly-en-dys fwar un pear dûbbeltsjes ta moal mjeld hie lekker. Tilly syn mem bearde fon rys, en sai Tilly ta os de oarlog oer vie, don soe Tilly echte bennekost ha, ol vie ut don faaks vot let, mar don koe ur de skea ynhelje. Mar dût Tilly nai de oarlog don dy lang begearde rys mai bwótter en sûkker kryge, fûn ur ut earlek sain net te fretten. Jau Tilly mar rjappelkûkjes en pankûkjes fon veetmoal mai súvveringssôt. Rys? Tilly hat rys pos vedjerjen leard dût de Ynjegóngers túskamen mai ut resept fon nassi goreng. Dý oarlog hat grif net óm 'e nócht vest. Mar de kryzes? Ut sit Tilly noch yn 'e bónken. Tilly vit vól dot ur dur sels oan 'e lea net un soad fon ûnderfûn hat. Fwar póppen vie dur oltyten noch vól vot ekstras te krijen, en syn mem koe út 'e klean fon ôdere brwórren klean fwar him maitsje. Tilly is neat tekwat kómmen. | |
[pagina 139]
| |
Mar Tilly sait: ik vaar benne yn '38 dût de kryzes oer ut djiptepunt hinne vie, mar yn '37 vaar ik ol oanset. En fwartyd drûûg ús hait mij yn syn bollen mai en ik vie durbij en ik stie oltyt foarenoan. Ik haf ut sjoen en belibbe, ik haf ut maimakke en ik vit ut. Ferneuk Tilly mar net: hij hat durbij vest, hij hat dur oltyten vest. En, sait Tilly, vot ús hait ópfrette mwast dot rekke mij ek. Jimme - en jir sprekt Tilly net de deaden oan, vont de deaden libje ûnder ús, en dyt tyle binne út ut sied fon 'e pómmeronten út 'e kryzesjirren en dyt nai de geast út har djerre bret binne, dy sprekt Tilly oan - jimme havve de arbaider yn ut lean bekwatte, jimme havve him leard óm de hôn óp te hôren ynstee fon him vurk te jaan, jimme havve fon 'e arbaider un bidler makke, en him ynskúnd dot ur tankber vêze mwast fwar jild dêrt ur net fwar arbaide hie, en jimme havve him troaid mai un kyle fon 'e bedeling, en vaat óm syn húshôring en óm syn need jimme net neffens de ynjauing fon syn het fwar de bek slaan koe mar him ynhôre mwast, dy havve jimme nochrus mwóldea makke mai un grates fytsplaatsje. En jimme fynen, lykos yn 'e tachteger jirren ha jim ut Bûk tróch de strónt helle, en jimme havve fon 'e arbaider un dief yn aigen hûûs makke, vont dyt fon 'e dyakonij kryge, dêr hoden jimme tafersjug óp en dy rieden jimme nai, en móchten jimme óntdekke dot ien un pear sinten útsparre hie fwar un oans kûkjes óm de dai des Heare vot feestleks te jaan, don hoden jimme de ûndersteuning yn. En fwarsafiert jim ien fon dusse dingen oan ús hait dien havve, havve jimme dot godferdómme oan mij dien, sait Tilly. Mar jir lit Tilly ut bij, vont hij vit vól dot ur mai lilkens neat berikt, lyterêr noch poletyk hellet dot vot út. Nim do ut mar oer, sait ur tsjin 'e kopijskrjower, en maitsje dur mar un highbrowereg ferhaaltsje fon mai vot fize vudsjes, dot frette se, en don fiele se har ek noch fwarútstribjend, de klwatsekken. En de kopijskrjower nimt de pinne óp en makket un nij begjin: Yn ut lêst fon 'e twainteger jirren venne de noch net oansette Tilly mai syn noch net oansette brwórren, syn suske dot yn 'e vidze lai, en mai syn ôden oan 'e Ferveter seedyk, fwót bij de ain fon 'e Raindersloane. En de vinter fon '29 belibben ja dêre, dût de mônlje mai stikken ôde sek óm 'e klómpen en de frôlje mai sokken oer de skwón oer de strjitte gyngen. Se rieden óp redens de dyk del fon Fervet nai Blije, en de seedyk vie un iisheuvel dêrt mun un trep bij óp haue mwast óm de krún te berikken. Mar rillegau ferfoer de húshôring nai de bwórren ómt de boer gjin vurk mear fwar Tilly syn hait hie en sadwaande mwasten se út 'e vent. Tilly syn hait foel yn los vurk, hû los, dêr hat Tilly olrus un | |
[pagina 140]
| |
bûkje oer ópdien. Tilly syn hait mat gaurus un hele jûn óp 'un paad vest havve óm fwar de oare dais vurk te krijen, hij viksele vyks heel faak fon vurkjauer, en doch hie ur meast vurk. Tilly syn hait vurke bij ollerhonde genieren en boeren, hij vie un set slykvurker en un set grûnvurker bij de IWGL. Dotlêste vie yn 'e tiid dot Tilly benne vaar. Dur binne noch oantinkens oan dy tiid bevarre: swatte gummyringen dyt tusken de buizen set varen en dêrt Tilly syn hait de skonzjerren fon mai nai hûûs nóm. Tilly en syn ôdere brwórren draaiden dy ringen ynenwar en lieten se fwótspringe. Yn Tilly syn ôdershûûs matte noch sókke ringen ómtwarkje. Mar fon ut slykvurkjen is neat bevarre bleon os ferhalen, en dy kin Tilly net tróchjaan ómt se fwótsakke binne. Hij vit ollinnech noch dot syn hait fertelde fon óngeregelde oeren en útrainen en heukereg yn 'e keet sitten óm 'e ôd potkachel hinne, vont vaar of gjin vaar, se móchten net jedder nai hûûs os vonneart ut tij ópkaam, en don kwatten se de tiid mai kaatspyljen. Mócht Tilly syn hait dyt ómmes letter dyaken vaar oan dot kaatspyljen maidwaan? Javól, vont os se un nij spul katen kocht hienen, don ferbaanden se east de dúvel - sat se de joker neamden - yn 'e ôd kachel en don koe ut gjin kwea mear. East los vurk, dû gjin vurk. Tilly syn hait vaar putsjemon, stimpelmon en vurkferskaffingsmon. Tilly syn hait mwast hinne en ver, vech ende vaar fytse óm vurk te fynen, mwast yn 't braakhok óm de lóngen fól túg en plús te krijen en dot naks ver út te wasjen, sa hood mun junsels olteast dwaande, mwast stimpelje en de hôn óphôre, en mwast yn 'e vurkferskaffing ómt mun un arbaider ut yten net fwar de bek smyte kin en ómt ómhingjen net goed is fwar ut moreel. Dus klauden se har de kop, skean bóppe ut ear krekt ûnder de pet, en nómmen de pet ô en varen stil en bûûgden de hólle en sêgen efter de pet en snúúfden tagelyk en setten de pet ver óp en sainen, de hearen fon 'e vurkferskaffing sainen dot: mai Gods help en dy fon ut vurkleaze vurkfólk sille vij un iisbaan oanleze. Dû keazen se ut plak dêrt de iisbaan kómme soe en rôpen dêroer grif ek Gods help yn, oas hie ut nóit sa óngelókkeg beteare kinnen, of faaks ha se tocht: vij matte net tefólle fólk óp 'e baan ha dot vij leze him oan san rottereg paad dot de helte fon 'e iisleafhavvers ûndervais de bónken brekt, of meskjin ha se ut plak keazen ómt dot stik lôn ut gwódkeapst vie. Hû don ek, se besleaten dot de iisbaan soe un heale kylometer vestlek fon Fervet en súdlek fon 'e spoarvai kómme te lezen. Ut kwatste paad nai de baan vie fonsels bij de spoarvai lôns en dot vie un beroed paad, je koenen enwar fytsend net fwarbij, en os dur krekt nije stjinnen óp brocht vienen, koenen je dur | |
[pagina 141]
| |
helendol net fytse. Mar de monnen fon 'e vurkferskaffing dyt ut plon útbretten en ut terain keazen, havve ek nóit bedoeld dot ut paad bij de spoarvai lôns ut normale paad vêze soe, vont paden bij de spoarvai lôns binne ollinnech fwar NS-personeel dot de viksels smaart en krûmme raljes rjóchtbûûgt en fwar óngeve dwaslezers nije yn 't plak lait, en net fwar jon en ollemon dyt ut fûûg net hat óm óp ryksterainen óm te sneupen en dur neat te maitsjen hat en him dur helendol net óphôre of befyne mai, ek ol stonne dur gjin bwódsjes mai ‘Tagóng ferbean’, vont elke Nederlonner vurt achte de vet te kennen ol soenen dur hûndet iisbanen oan 'e spoarvai leze. En visten de plonnemakkers en plakbeskieders fwarút vól dot hele stagen fon iisleafhavvers inkeld en ollinnech dut paad lôns knóffelje soenen en dur har technyske fytsfeadeghyd óp tenutte maitsje, of dur útgliidzje en deldónderje oant de dai fon joet, ut paad dot ol fiventryteg ier paad vest hat, is nóit os paad bedoeld, mar os paad is bedoeld de ómmelônske of Ammelônske vai, of mai de pleatsleke útdrukking: de rais bij Dokkem óm nai Ljauet, te sezen: de Kleasterdyk un ain út oan 'e Lambuet ta - de kopijskrjower ónjerret dot sil un ferbastering vêze fon ‘Landbuurt’, vont ut vól him net oan dot dot dûbbele streekje húzzen syn namme te tankjen hat oan lammen of lamstralen - don dwasoer un módderreed del mai twa hikken, de fyts kinne jo eane delnukke vont óp dy reed is doch net te fytsen, en don kómme jo oan 'e efterkônt fon 'e iisbaan út, ol sille de plonnemakkers fon fjitteg ier lyn grif steeg úthôre dot dy efterkônt vinlek de fwarkônt is. Op un iisbaan vól mun graag vot nóflek ride, en ekrus stean te dónderjaaien mai de frôlje of nai ut hudriden sjen, dot dêróm mat ut dur noareg vot smûk en smaut vêze. Dot hienen de plonnemakkers ek vól fwar ut ferstôn dot se ónjerren dur mwast oan 'e kwatte nwadeastkônt en de lange súdeastkônt fon 'e baan un vynkearing kómme dyt no rus net bestean soe út strûkken en bjemmen, mar út un ieden vôl, un fûge seedyk. Hienen se dy iisbaan no nwadlek fon 'e spoarvai lain, don hie dur bwótten ut fwardeel fon makleke berikberens - vont dur hie bêst un paadsje oan te lezen vest fon 'e Maremerdyk ô - ut fwardeel vest fon un kont en kleare vynkearing. En vie de spoarvai os sadaneg net heeg genôch, don hie mun him oltyt noch ferbreedzje kinnen en mai strûkken beplontsje. (Hienen vij ek noch un Ferveterbósk hôn, sait Tilly). Mar jir redenjerret de kopijskrjower fonsels net goed, olteast net neffens de útgóngspunten fon 'e vurkferskaffers. Vont ut gie net óm un smûkke, maklek berikbere en sa gwódkeap moogleke iisbaan, mar ut gie de plonnemakkers fon 'e vurkferskaffing óm un projekt dêrt | |
[pagina 142]
| |
safólle mooglek vurk yn siet en dot óm ut moreel yn 'e trûp óp pail te hôren óp ut easte gesicht ek noch nutteg lykje soe. Dêróm ek gjin bjemmen os vynkearing, mar un ieden vôl fon fiif meter heeg en sa breed dot dur un meanmesyne mai twa hynders durfwar óp lôns koe, hienen de stimpelders teminsten vot te dwaan, koenen se mar kroadzje. En, dot fôlt de kopijskrjower ynienen yn, faaks hat ur de hearen doch tekwat dien dût ur óp dot ómmelônske paad smeulde, ut is grif sa dot dot paad ek un gefólg is fon 'e vurkferskaffende tinktront fon 'e hearen, grif ha se dur rekken mai hoden dot dur maidertiid vól verrus un peryoade fon vurkleazens kómme koe, en se matte tocht havve: kóm, vij leze de iisbaan óp un ôhondeg plak en maitsje ut paad durhinne sa óngelókkeg mooglek, rinne dur don skielek ver mônlje un hele vinter vurkleas óm, don kinne se rus un útstapke maitsje nai de iisbaan, kófje en boltsjes mai, don binne se un hele dai ûnder de ponnen en dangelje se net óp 'e dyk óm of sitte har tús te ferfelen en te ferbyten. Sa dógge vij, vij skaffe net ollinne de vurkleazen fon no vurk mai dusse iisbaan, mar dusse iisbaan sil ek de kómmende generaasjes vurk skaffe. Sa varen de lotten yn 'e grûn slain en ut terain ôbêkene. En dur vaar un skóftkeet slain en planken, batten en kroaden oanriden. De vurkleazen dyt fwar vurk, of ljevver fwar un heger fertsjinst os de steun yn oanmerking kamen, de kostvinners, varen ópkómmendjerre en yn twa plûggen yndeeld, vont óm de hele klóft fon stimpelders oan ut vurk te setten en vyke óp vyke ut skoandere bedrag fon ƒ11,86 óp 'e hôn út te tellen, dot koe de brúnne net lûkke. De iene helte de iene vyks, de oare helte de oare vyks, sa vie ut steld, óm en óm, earlek ferdeeld, de iene vyks ƒ11,86, de oare vyks ƒ7,- steun plus trije kwatsjes fwar elk ynvainjend en netfertsjinjend bên. Dot vie vól un skondaleg lyts bytsje, mar dêr hienen se don ek net fwar arbaide. En de ƒ11,86 dêrt se vól fwar arbaide hienen, koenen se dur lykemin fon kómme, vont de arbaidzjende mônlje mwasten un stik bôle mear ha en fet oer de rjappels ynstee fon mósterstip of soerstip, mar ja, se vienen noch goed ô bij de stimpelders dyt mar ƒ7,-- hienen, dot se móchten net klaaie. En dû ha se sljetten grûven mai de bots en de módder yn kroaden smyten en binne oer de planken hinne fwótkroade nai ut stee dêrt de ieden vôlen leze soenen neffens de tekeningen. En mai de lege kroade binne se veróm gien en havve de fólle ver ópnómmen en sa havve se oeren tróchkroade en don ver viksele mai de maat dyt oan 't graven vie, don dusse rus kroadzje en don dy ver, en dût de sljetten djipper varen mwast dur haakt vurre en vaat net vit vot haken is | |
[pagina 143]
| |
syket ut mar óp yn 't vudbûk vont ik ston jir net fwar klwatsekken te skrjowen mar ik skrjo ollinnech fwar grûnvurkers dyt de jelt fon de fiem ûnderskiede kinne, en dus mwasten de plûggen oas yndeeld en un kroader graver vurre. Se havve kyle en fesje útsmyten en de pet óp 'e achterhólle skood en de kliemske grûn óp 'e bots fon 'e maat slain en se binne de planken oerkroade en havve un oanrin nómmen en binne bij de ieden vôl ópjage en havve de kroaden leegkypt. En se havve de grûn oanvôde en un kreaze folling oan 'e vôl jûn. En se havve yn 'e hûkke krekt óp ut easten tusken de ieden vôlen un got iepenlitten fwar ut offysjele paad, en faaks ek óm de eastevyn doch noch frij spul te jaan oer de hele flakte. En se havve de vestleke kônt fyfteg sintymeter djipper makke os de eastleke - net dot dot nedeg vie vont ut vetter voe maityds vól fwót tróch de sljetten, mar se mwasten doch vot te dwaan ha en teffens mwasten se grûn brûkke fwar de ieden vôlen, dot os no jestmes de baan ûnder vetter set vurt, stekt op 'e hegerain ut gês ta ut vetter út, mar óp 'e legerain stjit un jellen vetter dot golvet en baret en net maklek en don noch hultereg en bultereg befriest. Mar dot kin ollegjerre gjin klap skele, vont tsjin 'e tiid dot de Ferveter iisbaan sterk is, binne olle fjetten ek sterk en kin mun vól oer Tegreft nai Odtsjerk en oer ut Geastmer Fjild nai de Geast en veróm oer Bedaad ride. Os ut krekt un pear nachten fêzen hat en elk ut reedriden yn 'e kop kryt en ut ark út 'e kronten hellet, en de smid de slypstien ynwadder makket, mar de fjetten noch net betraud binne en mun dus óp un iisbaan oanviisd is en rûnóm yn Fryslôn de iisbanen iepen gónne, don lait dot kring te Fervet noch iepen mait dur krekt óp 'e eastleke hûkke un brede tróchgóng tusken de ieden vôlen iepenlitten is, dêrt de vyn tróchhinne passe en sûûgd vurt en mait dur óp 'e fjiste ain tefólle vetter stjit. En de Ferveters dyt sa gau mooglek ride vólle, fytse un ain de Kleasterdyk út en gónne nai de ûnderstrûpte graiden en slagge dêr de skónken út. Mar neffens Tilly syn hait is dur noch un oare reden vêrómt de iisbaan net sterk vurre vól. Dot is: dur binne tefólle switdrippen fôlen fon 'e gravers en kroaders en sadwaande is de grûn sôteg vurren. Ut is un mópke fon fiventryteg ier lyn, dût ien ut tsjin un oaren sai en ut fon plûg ta plûg tróchferteld vaar en de moed duryn hood, te sezen: vot meart vij beolegje, vot minder fwar jim, jim sille dêr skielek de sôte fruchten fon plukke. En hat ut sôt syn sôtens ferlen? Ut sôt hat syn sôtens net ferlen, sait Tilly. Tilly hat de smaak fon s wit noch yn 'e mwólle en Tilly rûkt noch de switlucht. Vont Tilly vie durbij, en Tilly stie foarenoan, yn 'e bollen fon syn hait. | |
[pagina 144]
| |
Sljóchtsje neat oer en slag neat yn 'e jamkste fôde! Ferneuk mij mar net, ik vie durbij en ik vit ut, sait Tilly. Mar de mwaiste bak is noch oltyt dy twa vellen óp 'e fwarain fon 'e iisbaan, dêrt ut vetter simmers en vinters útvai ómheeg sypert. Ja, vinters ek, os de baan ticht lait, don bljowe bóppe dy vellen gotten sa greot os teepontsjes iepen, en kómt dur tefólle fólk óp 'e fwarain fon 'e baan en vurt ut iis te swier belestege, don brûûst ut vetter út 'e baide gotten vai en spielt oer de baan hinne. Ut fólk, ut steande fólk, vont Ferveters stonne mear óp 'e baan os dot se duróp ride, stapt of streket vot fjidder, mar ut vetter fólget har óp 'e hakken. En naks befriest ut vetter ver mai ut skrapsel dot dur lait ta ónnimbere richels dêrt beukers oerhinne stróffelje en knóffelje. De monnen fon ut iisklupbestjoer trjowe un dracht prikken yn 'e gotten, don kin elk mar sjen dot ut bestjoer aktyf is. Helpe dógt ut net, ut vetter stjurret net óm 'e prikken hinne, mar sypert en brûûst tróch. Gods finger, sait Tilly, net oas. God hat net fólle fwar de arbaiders dwaan kinnen, de steun ferheegje, of un put vurk yn un fikse daihier útfiere litte - hie oas bêst kinnen, soe mun seze, un knap paad oanleze nai de hel mai parkearstroken en betegele terainen fwar vwast- en fisktinten en skûlketen fwar raineg vaar, san put hie har grif vól nai 't sin vest en se hienen dur sels ek noch perfyt fon ha kinnen vont arbaiders matte ut ómmes oltyt fwar de helsdwarren vaiskwórre, mar óp dot ydee is God grif net kómmen, mar hij hat yn olle gefollen fwar naiville swarge mai dy twa vellen. Gwódden havve letter ónjerre ut soe dúvelsvurk vest havve, mar Tilly sait: ut is mar krekt fon hókker kônt mun ut besjugt. Jo God is myn dúvel, en jo dúvel is myn God. Sa sit dot, en dêr hûgt fjidders gjin misferstôn oer te vêzen, dur hûgge ek gjin fragen oer steld te vurren. En os ut jo net nwasket don skrjowe jo sels mar un bûk vêrynt jo jo aigen goaden óp 'e troan sette. Tilly sil jo neat yn 'e vai leze. Tilly sil jo ek net lêze, Tilly hat gjin belang bij jo. Fôl Tilly don ek net lesteg mai jo geëamel. Os dur ôdehoerd, kankere, kryten of sangere vurre mat, don hat Tilly dêr vól un montsje fwar. Lykvóls, dut vie net polemysk bedoeld, mar os maideling. Mai un oare maideling slút de kopijskrjower út namme fon Tilly de tillefoanist dut haadstik ô, te vitten: Tillys hait grûûf yn 'e iere tryteger jirren de Ferveter iisbaan. Tróch ut saneamde rûljerringssysteem barde ur de iene vyke ƒ8,50 steun, ƒ7,-- fwar mon en viif en de baide bên elkmes fyftjen stoeren, en de oare vyks koe ur lykernôch ƒ11,86 beskreppe, en stie te gûlen bij de keet ómt ur dur net fon kómme koe. |
|