De reade bwarre
(1993)–Trinus Riemersma– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 129]
| |
Harrem-stwarrem, de vyn vaait ómYn april 1927 mwast Harrem fwar ut east nai skwalle ta. Ut skwalier begón dûdestiids óp 1 april. Hij vie saizenheal ier en flug fon begryp, dot ut soe vól klear kómme. Ut vie vól goed dot Harrem óp skwalle kaam, vie syn mem fon betinken, hij slûg fjistefólle bij de mônlje óm en stiek dêr dingen óp dyt net bij san lytse jónge posten. Hij vaar fjiste ôdmonneg en veteg en hij vie sa rûg yn 'e mwólle os ien. Ut vie oltyten fon dot kop-kónt-en-beoleg-praat mai Harrem, hij koe amper trije vudden seze of dur vie vot ónfûûgs bij. Dot kaam fonsels benammen fon Têke, dy mijde him ek nóit yn 'e mwólle, dy prate tsjin har en de bên krektlyk os tsjin ut hynder. Têke hie ómmes ek oas gjin praat os bónken, poaten, klauen, kloeren, hassens, hûûd, skyte en mige en ol sóks mear. Eelkje hie Harrem goed ûnderhonnen nómmen: hij mwast fetsoenlek ontvud jaan oan 'e juffer en fjidders stil vêze, net tróch ut lokaal róppe en raze, hij mócht oare bên net plêgje, hij mwast dwaan vot juffer sai, net loai vêze, net dwas en ferkead, en gjin grutte mwólle - tink dêr goed óm! -, hij mócht gjin rare vudden seze, en óp ut skwalplain mwast ur moai bwatsje mai de oare bên, en út skwalle vai daleks túskómme. Oja, en os ur noareg mwast, don mwast ur de finger ómheeg stekke en juffer freegje óm nai 't húske. Têke hie safólle noaten net óp 'e sang, mar un hait sai bij san vichtege stap fon syn soan vot, dot koe net oas, don vie mun os hait net óp juns plak, en dêróm sai Têke dot Harrem mar goed syn bêst dwaan mwast en fwarol en beleaven net sitten bljowe, don vie ur óp 'un gausten fon dy skwalle ô en koe ur hait helpe. Dot vie Eelkje lang n't nai 't sin. De skwalle, dot vie net mar un ópónthôd, un ónnutte tiidfergriemerij dêrt mun net fwarvai koe, de skwalle vie tige nutteg en goed fwar jun, en vis ek fwar Harrem. De jónge mwast vot leare, dêr hie ur letter perfyt fon, lêzen en rekkenjen en skiednis. Se hie sels ek oltyt graach nai skwalle gien, se vist noch un heel soad dingen dyt master ferteld hie. Têke sai neat, Têke grómmele en gnyske. Se vist vól hût Têke oer de skwalle tocht. Dur vie mar ien soate fon vurk bij Têke, en dot vie vurk dêrt mun de lea bij brûkke mwast. Ol ut oare | |
[pagina 130]
| |
telde ur net. Amtners, dûmnys, skwalmasters, ópsichters, kentoarlju, dot vienen bij Têke ollegjer loaie bliksems dyt un fwastlek kaptaal fertsjinnen mai neatdwaan. Sókke skwalmasters ek, koe Têke kraaie, dur ómtraint en ómtvaait har niks, vot ómstappe yn 'e ferklaaiersklean en no en don un bên un gysel óm 'e hassens jaan, dêr fertsjinje sókken ut mai. En ómt ur ut grau hie óp skwalmasters, doogde de skwalle ek net. Tiidfergriemerij, oas neat, de skwalle vie dur ollinnech mar óm de skwalmasters oan un lúzzebaantsje te helpen. Harrem liet de fermwanningen fon mem ut iene ear yn en ut oare útgean. Ot ur fetsoenlek vêze soe tsjin dot minske, dot soe ur noch vól besjen, en ot ur mai de Maremer kotten bwatsje voe, dot vist ur noch net. Dur vie mar ien ding dot ur pertynint vist: hij voe en hij soe un hapke mai ha nai skwalle fwar kófjetiid, un stik bôle mai brea en tsiis durtusken. Dot mwast mem yn twaen snije en yn un pwódde dwaan. Dot hûgde net, sai Eelkje, salang vie ur ómmes net fon hûûs, oare bên hienen dot ek net. En se kófjedrónken ek net, se hienen ollinnech mar un frij ketier. Voe ur un hûkje kûke mai ha? Dot mócht vól. Mar Harrem vie dur net ô te bringen: hait hie un hapke mai nai ut lôn, hij soe ek un hapke mai ha. Eelkje die vot de jónge voe, ut vie him doch net út 'e hólle te praten. Yn sók ding vie ur krekt syn hait. En se voe ek net dot ur de easte kear mai rúzje en lilkens nai skwalle gyng, se koe him better vot troaie. Se stie óp 'e dyk fwarhûûs dût Harrem ut Langpaad út stiek nai Marem ta. Ut hapke yn 'e josbwósse en mai de lêste fermwanningen yn 'e earen: óm ut pisjen tinke, snotbóngels ôfaaie en dwaan vot juffer sait. Vot vie ut noch un beuker vinlek, sat ur dêr lykme-ollinnech ut paad delrón. Ja, mar vot ek un ûster bijtiden! De jónge koe ut sa yn 'e kont sette, sa jóng os ur vie. Os ur ut môl fel oan hie, don vie dur gjin lôn mai him te besylen. Hij vie dwas, tróch olles hinne dwas. Vot se don ek besocht, yn goedens of yn kweadens, hij vie net te berikken. Se gyng de hûûs ver yn nai de baide famkes ta. Dy bwatten leaf oer de grûn mai un póp en blokken en de stoof. Se makken un póppehûûs. Mai Saapke en Richtsje hie se net heal safólle te stellen os mai Harrem. Ut vie fwar de famkes ek vól goed dot Harrem nai skwalle vie, no varen se teminsten net hyltyten plêge. Núver dot de jónge de famkes net gevurre litte koe. Hij voe hast nea mei har bwatsje, mar hij koe ut ek net havve dot se tegjerre bwatten. Don steorde ur har spul en mwasten se dwaan vot hij voe. En os se net krekt dienen vot hij yn 'e hólle hie, don knóffele ur se ô. Stómpe, oan ut hier lûkke, knipe, óp 'e tjennen traapje, oltyten dot gemene knûien. Fon Têke vie ur benaud, dy bruide him os ur de | |
[pagina 131]
| |
wannen yn 'e vôl stiek en net die vot Têke him ópdrûûg. Mar dêr vaar de jónge noch dwasser en ferkeader fon. Hij hie gjin óntsach fwar syn hait, mar hij vie bang fon him, en dot vie net de rjóchte ferhôring. Os syn hait him net heare koe don skold ur fon ‘Têke rothassens!’ en ‘frekte Módderklauer!’ Har dwast ur lyk yn 't gesicht vól út te skellen, ‘stóm viif’, ‘stjónkbeoleg’ en mear fon dot moais. Dur vienen mar twa dêrt ur ut net bij bedjerre koe, beppe Richt en pake Jurjen. Têke syn mem koe mai Harrem lêze en skrjowe, dêr hearde mun nóit vonklanken fon. En har aigen hait vie ek oltyten fól lof oer Harrem, dy vie oltyten sa leaf en sa gesechlek. Harrem vie bij pake-Bósk oltyten vólkóm, en hij vie dur ek un soad, fólle mear os yn ut Klaailôn. Meskjin gedrûûg Harrem him bij har hait en har skwanmem vól better os tús. Sóks hearde mun vól faker fon. Se hope don mar dot ur him óp skwalle ek fon 'e goede kônt sjen litte soe. No siet se doch noch fól noeden en swargen. Se mwast ut fon har ôsette, ut soe vól goed kómme. Se mwast ut hûûs oan kônt bringe, rjappelskyle en noch even nai de bwórren. Mar ut vaar un ôfolder fwar Eelkje, dy easte skwalmoan. Dût Harrem de doar ynkaam sêg Eelkje ol dot ur gûûld hie. Se sieten fjaueresóm bij de tafel mai ut varemyten te vachtsjen, Têke hie mar un oere skóft. Harrem slûg de doar achter him ticht en kailde dû de pwódde mai ut hapke óp 'e tafel naist ut bwad fon syn mem. ‘Ik hû dot fretten net!’ en dû moatsje, mai lange úthalen. Têke voe him bruie, mar Eelkje kearde ut beret: ‘Yt do mar, en jim ek, bên, en Harrem kómt bij mem. Kóm jir mar, en no matst mem olles mar fertelle.’ Ut ferhaal kaam dur smoard yn triennen út. De grutte jónges hienen him útgniisd óm syn hapke, tinkst dotst nai 't lôn matst, jóng, hienen se sain. En se hienen him frege hût ur hiet, en dût ur dot ferteld hie begónnen se ollegjer te sjóngen fon ‘Harrem-stwarrem, de vyn vaait óm.’ En se sainen yn Nijtsjerk vennen ollegjer brûkskyters. Hij voe nóit ver nai skwalle. Eelkje treaste him, dot plêgjen hood vól óp, hij mwast no east mar yte. En vot hienen se bij juffer dien? Mar dêr vitst Harrem net fólle fon te fertellen. ‘Arremen over mekaar, sai juffer. Mem, en dur vie un jónkje dot mygde yn 'e brûk en ut dripte óp 'e grûn, en ik sai: hee, hij mygt yn 'e brûk.’ ‘Hasto dot sain?’ frege Eelkje. ‘Sóks maisto net seze.’ Harrem gyng gjin dai fon syn libben mai nócht nai skwalle, mar hij kaam selden ver gûlend tús. Hij learde heel gau hût ur him oanposse en skikke mwast óm ut genar en gehún fon gruttere bên te óntgean. Dur vie oltyt mar un lytse ôvyking fon ut vênstege petroan noareg óm immen ta mikpunt fon plêgerijen te maitsjen. Bij Harrem | |
[pagina 132]
| |
vie dot yn ut fwaste plak dot ur fon Nijtsjerk kaam, en dus frjemd yn ut Maremer fermidden. Ek lytse distônsjes telden swier yn 'e bennevrôd. Olle bên dyt óp un pôle of un streekje bwótten ut dwarp vennen, boerebên en arbaidersbên dyt eane yn ut fjild vennen un reed un ain út, bóngelen dur ynjesten un bytsje bij en varen pos naigeraden yn 'e mienskip fon dwarpsbên ópnómmen. Vaat bwótten ut dwarp venne vie dómmer en ónnoazeler en núverder os dy út ut dwarp, krektlyk os de stedsjers de plottelonners lang fwar minderveadeg hoden havve, mar don óp un lytsere skaal. Bên fon bwótten hienen faak minder ómgóng mai oare bên hôn en vienen dêrtróch gaurus vot minder goed bebekke en vot minder óp 'e hichte mai ollerhonde spultsjes, grapkes, trúkjes en regeltsjes. Bij Harrem kaam dêr grif noch bij un sekere parmontege veteghyd dêrt de grutte bên him óm útgniisden. Harrem syn vrôd draaide óm kij, hynders, bau en gevaaks, en dêr prate ur oer os hie ur jirren boer vest. Oan ut bwatsjen voe ur ynjesten net maidwaan. Hij lyke vól un pake. Hij poste him rillegau oan, fwar ut útterleke olteast. Un hapke nóm ur nóit ver mai, mar krekt san stikje vyte kûke os de oare bên ek hienen. Hij learde kûltsjepikken en mietsjegoaien, rigeljen, óngelókstikkebwatsjen, potsjeroven, boer-fwaroer en ol sa mear. Hij neamde no de skwalle ek ‘ut bargehok’, de juffer ‘Aukje Pólkeprûk’ en de master ‘Jopy Drup’. Hij learde dot de bakker oan ut Langpaad, dyt ek oltyten bij har kaam, ‘Symen Stút’ hiet, en de smid oan 'e oare kônt fon 'e grutte herberg ‘Oanbaande Age’. Hij learde de ôde minsken kennen dyt mun peste mwast tróch se út te skellen, óp har doar te bûûnzjen, yn har hage sitten te gean of tróch har túntsje te draven. Elk hie sa syn spesjalytijt dêrt ur nydeg óm vaar en dus mai narre vurre koe. Jon Bultsje, dy skóld mun fonsels gevoan út, dot sai himsels, mar ôde Mient, dêr mwasten je tsjin seze: Mient, ha jo ek jónge hûntsjes? Vêrómt mun dot seze mwast, vist gjinien fon 'e jónges, mar os se dot sainen, don kaam ur har mai de stôk ómheeg achternai. Harrem learde him te hôren en dragen os de oare bên, en sadwaande foel ur minder óp. Mar sóms mwast ur ut ynienen sónder hókker oanlieding ek ver belije. Don stienen se yn un rûnte óm him hinne en sóngen ‘Harrem-stwarrem, de vyn vaait óm!’ en dot olmaroan en se dústen him yn 'e rêg dot ur nai foaren stróffele, en gniisden óm syn núvere meneuvels. Mar Harrem soe net ver gûle, hij soe him greot hôre. Hij socht un got yn 'e rûnte en smiet un lytsket fonsyden en naaide út. Faak lieten se him don mai rêst, mar net oltyt, sóms draafden se him nai en traiteren tróch. En ienrus dût | |
[pagina 133]
| |
dot ver barde, dû vaar Harrem dûm. Hij skópte de grutte meubels mai de klómpen tsjin 'e skynen en dût se him oer de grûn smieten en óp him sitten gienen dû trape ur ien út 'e fyfte klos rjócht yn 'e freet dot him ut bloed ta noas en mwólle útspotte. De jónge vaar ôljend en moatsjend yn skwalle brocht tróch syn maten, en Harrem bljode óp ut plain lezen. De juffer helle him óp en hood un hele preek en hij mwast un oere lang naibljowe. De grutte jónges hellen syn klómpen út 'e góng en kailden se tsjin 'e skwallemwórre, dot de hakken durút basten en de kappen skwórden. Mar Harrem syn útfôl diig fertútten, de grutte jónges krygen respekt fwar him en jûgen him de earenamme fon ‘lytse dúvel’. Se lieten him tenai mear mai rêst, vont os se him mar drigen, don gyng ur mai de klómp yn 'e hôn fwar har stean en de easte dyt ur benai kómme koe, dy kryge un feeg. Syn ôden hearden dur jest fólle letter fon dot Harrem óp ut skwalplain en yn 'e bwórren sóms raar vurk makke. Têke kaam hast nóit yn Marem, ollinnech snains, don tsjerken se dêr, mar hij fielde him net tús yn ut dwarp. Yn Nijtsjerk lykemin, yn gjin inkeld dwarp vinlek, mar Fervet, dêr koe ur teminsten un soad minsken ómt ur dêr skwallegien en frageleard hie en oan syn trauen ta ek tsjerke hie. Eelkje kaam vól fakernôch yn 'e bwórren, mar se vaar yn slachteren grjintevinkels net óp ut gedrach fon har soan oansprutsen. Voenen de minsken har mije, ómt se doch yn Marem oltyten bekend stien hie os un goed fanke? De famkes kamen ek óp skwalle, east Saapke en letter Richtsje, mar dy gienen fólslain óp yn har famkesbwatterijen, taudoansjen en hinkeljen en ketseboljen en dy kamen út skwalle vai hôn yn hôn tús en fertelden mem olles vot juffer sain hie. Vot har broer óp ut skwalleplain die of nai skwaltyd yn 'e bwórren útheefde, dot lai bwótten har êgvaid. Fya ôde Saap, Eelkje' mem, hearden se dur fwar ut east fon dot Harrem bijtiden san fjuchtersbaas vie en bij môle fyten en óndogenske streken ien fon 'e dryststen. Têke gnyske dur vot óm en vie dur vól kóntint mai, un jónge, dêr mwast vot ynsitte, oas vie 't un sûûg. Hij voe dur fjidder net oer prate en grif gjin klachten út ut dwarp oer oanheare - vot Harrem yn en óm skwalle die, dot hie dy kearel óp 'e noed, dy mwast dur mar tafersjug óp hôre en durfwar swargje dot olles binne reedleke grinzen bljode. Nai fjaueren, os Harrem jir tús of bij him óp ut lôn vie, don vie ut Eelkje en syn ferontvudding. Eelkje hie ut dur swier mai, se hie hope dot de skwalle en de ómgóng mai oare bên un goede ynfloed óp Harrem havve soenen, mar ut lyke dur net nai, hij vie ien fon 'e grutste óppeteors vurren. | |
[pagina 134]
| |
De jónge óntkaam har staregoan mear, hij harke amper nai har, hij steorde him net oan har fermwanningen, en os se besocht him oan ut gemoed te kómmen, don gniisde ur har yn ut gesicht út. Harrem nóm tsjinoer har hyltyt mear de hôring fon har mon oer. En Têke, sa lyke ut teminsten vól, Têke sêg dot gnyskjend oan en stypeljerre de jónge ek noch yn ut ferset tsjin syn mem. Vêr hie se dot oan fertsjinne? Sy hie doch oltyten achter him stien? Os Têke Harrem ôstrafte of un sedepreek hood tsjin 'e famkes, don hienen de bên bij har gjin heul fûn, se hie oltyten Têke syn vôl óphoden, ek ol vie se ut sóms lang n't mai him iens. Mar os sij de jónge fermwanne, don gniisde ur os de jónge har un vize mwólle jûûg. Vot hie Têke óp har tsjin, vêróm diig ur har ópfieding ûnderstek? Hij hie har doch havve vóllen? Faaks hie se te hege fervachtingen hôn fon ut haulek. Se hie Têke yn har ferkearingstiid goedernôch kennen leard: ut vie un raar bussy, rûg, vreed en sónder fólle ómtinken. Dot vie nammes ek de róp dyt fon him gyng. Ut Bósk, Nijtsjerk, Marem, Fervet, ut vienen mar lytse mienskippen en mun koe de persoanen en de lagen. Se vist vól vêrt se oan begón. Lykvóls hie se him ha vóllen. Ut vie gjin needspróng fon har kônt, se vie noch jóng en se hie grif noch vól oare fainten krije kinnen. Mar Têke vie yn har êgen un mon dêrt mun jun os frau oan tabetraue koe. Hij vie sa vis fon himsels, hij twivele net, hij hie oerol un oardeel oer. Hij vie vot kwatsichteg, dot sêg se vól, mar os se ienrus traud vienen, don soe se him vól liede kinne, hie se ónjerre. Mai sêftens en sedegens soe se him fwarremje kinne ta un mon dyt net net ollinnech un kearel útmakke, mar ek gefoeleg en tear en ópmerksum vêze koe. Mar dot vie har misljerre, ut hie gjin sin óm dêr langer ómhinne te heljen. Tróch har vudden noch tróch har hôren en dragen hie se ynfloed óp Têke. Hij harke net nai har en hij sêg har net. Se vie gevoan un pat fon ut bedrjo. Se swarge fwar ut yten, hood de klean skjin en heel en brocht ut hûûs óp wadder. En salangt se dot nai tefredenhyd fon Têke die, makke ur him net drók óm har. Inkeld os se út stel rekke, of un dai fwót voe, don króng ut ta Têke tróch dot ur un viif hie dyt oltyten fwar him en de bên klear stie. En jûûns óp bêd fonsels, os ur har brûkke voe, don vist ur har vól te fynen, har lichem teminsten. Se hie hope, os de hytste haai dur vot ô vie, don soe ur vot mear noed fon har stean en vot mear ómtinken fwar har krije. Mar de hyte haai gyng net oer bij Têke, ut bljode un kwat en ferhefteg geklau en gevrót. Hij knûide har mai dy vrede honnen óp har bwasten of yn ut vêk fon har liif. Hij ferplettere har mai syn swier lichem. Hij sette un bónkege knibbel óp har billen | |
[pagina 135]
| |
en vrikte se fonsyden. Hij gunde har sóms de tiid net óm de klean del te dwaan en roppe har de brûk fon 't got. Hij pjukte mai syn hudde monlekhyd tsjin 'e teare fôden fon har ûnderliif en króng don mai geveld yn har, dot har sóms de trjinnen yn 'e êgen spotten en se helendol stiif vaar fon pyne en eangst. Hij bónkte en droande óp har óm en liet him don fon har ô rôlje. Un hûn hie noch mear swarg fwar un teef, tocht se vólrus. Ut lai him net oan har, dêr vie se vól vis fon. Os se sóms sels de honnen dêr dwale liet, don vaar se viet en glêd en don skrynde ut net. Don begónnen olle spieren te sponnen en don óp 't lêst baste de sponning yn har liif en slûgen de vêgen har tróch ut hele lichem en un heel skóft lang fielde se har loom en sûzereg. Os Têke vot mear ómtinken fwar har hie, don soe ut heel oas vêze kinne. Mar se soe grif gjin útsóndering vêze, ut soe de measte frôlje vól gean os har. Mun prate dur amper oer os frôlje ûnderenwar, mar mun liet jun vólrus vot óntfôle. De frau mwast de mon teville vêze, dot vie no ienrus ut lot fon de frau. Mar de measte frôlje sêgen út nai de tiid dot se óp jirren kamen en de mônlje mai goed fetsoen ôstegerje koenen. Se mwast gnyskje óm dy gekke tutte dyt ferlyne maaie jir kómmen vie te vainjen, Vytske, dyt vól graag voe dot Jon teetyd ek túskaam, san ferlet hie se fon him. Se vie sljo genôch óm ut yn georen en kleoren oan 'e bwórfrôlje te fertellen: middys ieten se yn sôn hasten de rjappels óp en don vipten se even óp bêd, en jûûns hienen se gjin teedrinken oan tiid mar skeaten fwar achten ol ver achter de bedsdwarren. ‘Ik kin dur net genôch fon krije,’ sai Vytske, ‘en Jon lykemin!’ Dur vienen dus ol frôlje dyt dur graach oer móchten, mar ja, doogde san Vytske vól? En ver kamen har tinzen bij Harrem út. Se frege har ô ot se de jónge fon 't begjin ô ferkead oanpakt hie. Mar se hie him doch krekt sa behondele os de famkes? Hij vie net bedoan, jedder oasóm. Of hie se him te string oanpakt? Dot voe har ek net oan, se hie him nóit slimme straffen jûn, vont dot helle doch neat út. Mar de jónge koe noch mar krekt rinne en prate, dû óppenjerre him dy dwassens ol, dot vie ut aad grif en sij hie ut net feroarje kinnen. Ut vienen nammes net ollinnech mar ferkeade berjóchten dyt se oer Harrem kryge, se hie lêsten mai Gwaitsens Ytsje praat yn 'e lapkevinkel fon Melle en dû sai Ytsje dot Harrem vie san arege en fetsoenleke jónge. Hij bwatte gaurus mai har Durk, hie Harrem dot net ferteld? Nee, Harrem, fertelde nóit vot fon skwalle, mar dot voe Eelkje sa net seze. Ja, dur stie har vól vot fon foar dot Harrem ut oer Durk hôn hie. Ut diig har goed dot Harrem him don grif ek vólrus ta deugd | |
[pagina 136]
| |
oanstelde. Mar ut makke har tagelyk ek vot erchtinkend: bespyle Harrem de minsken, diig ur him moai foar bij lju dyt ur brûkke koe? Krektlykos bij har hait en skwanmem? Vont beppe-Richt vie ûsa viis mai Harrem en Harrem mai har, mar ûndertusken stiek ur syn lytse suske yn óm te sezen fon ‘Beppe Módderklauer.’ Tús en fwar aigen un meubel vêze en bij un oar de moaie menhear spylje, vie Harrem sanien? Harrem bûkkele de klossen tróch sónder fólle swirregheden mar ek sónder fólle óp te stekken. Gefaar fon sittenbljowen vie dur vinlek nea, nammes juffer Twiinstra voe him ek ljevver net un ier langer hôre os needsaaklek vie. Mai saizen en saizenhealen, mai no en don naibljowen ómt ur ut vurk oerdwaan mwast of ómt ur óndogens vest hie, siet Harrem syn tiid bij ‘de pólkeprûk’ út. Hij skikte him en poste him oan en diig vot de juffer voe, vont naibljowen hie ur un dúvelzen hekel oan. Hij voe mai de jónges út Marem bwatsje of nai ut Bósk, nai pake, don mócht ur ut hynder stjoere. Bij hait mócht dot nóit, hait drûûg him oltyten kervaikes óp. ‘Harrem,’ sai ur don, ‘hait hat un putsje.’ En os ur ‘putsje’ sai don tútte ur de lippen os bij fluitsjen. Harrem hie rillegau sljócht syn nócht fon hait mai syn ‘putsjes’, en dêróm gyng ur út himsels net faak nai ut Klaailôn. Os ur vist dot hait net bij hónk vie, don gyng ur vólrus nai pake en beppe. Beppe hie oltyt vól vot yn 'e trómp, en hij kryge vólrus un sint fon mwóike Hinke. Pake vie net fólle oan, dy vie hast oltyten stil, mar hij vie vól gwódlek en freonlek, heel oas os hait dyt oltyten vot te gebieden en te ferbieden hie. Bij hait die mun ut oltyt ferkead, of mun die te min, of te stareg, of te hud, ut vie nóit goed. Bij master vaar ut learen dreger. Se mwasten vól fjitteg plakken yn Fryslôn út 'e kop kenne. No gyng dot noch, vont fon Fryslôn vist mun vól vot. De olve stêden dy koe mun fonsels, en olle dwarpen fon Marem oan Ljauet ta, en un pear dwarpen achter Fervet hie mun vól fon heard. Dur kaam vólrus un fiskauto fon Bedaad, dot vie ol ver un dwarp. En hait hie lêsten nai Odsyl vest mai oare boeren dyt skiep óp ut Nwadderleeg hienen. Sa kaam mun vól óp fjitteg plakken, mar dot vienen don ver net oltyt de gûien, vont Marem en Hôlem hûgde mun net te kennen, mar vól Fervet en Stiens, en gwódden dêrt se noch nóit fon heard hienen os Vólvegea, Kaudem, De Lemmer. Vot un ónsin, dêr hie mun ómmes helendol gjin kunde. En dû mwasten se fon 'e oare provinsjes ek vól fjitteg plakken kenne. Se koenen har vól dealeare. En jirtollen mwasten se út 'e kop leare, dot vie ol san straf. Dy frekte ôde ‘Jopy Drup’ koe vól gek vêze, vot hie mun dêr no oan? | |
[pagina 137]
| |
Ut fwardeel fon ut sitten bij master vie dot mun no net mear ta de lytskes jerde. Mun vie no greot, mun hie gesach, mun telde fwar fól. Mun ferovere jun sa stadegoan un fêste en ónoantaastbere pesysje óp ut skwalleplain. Mun kryge ut fûûg saken te regeljen, en dot vie krekt vot fwar Harrem: mids un klóft grutte en lytse jónges stean en plonnen útenwar teare en òpdrachten jaan. ‘Vij dógge potsjeroven en Jimke en Sybren binne de oanfierders, dy maie kieze ut 'e grutten en de lytse dónders ferdele vij gevoan yn twa helten vont dy dógge doch mar fwar spek en brea mai.’ Of: ‘Olle fammen matte achter dusse streek bljowe,’ hij lûûk mai de snút fon 'e klómp un streek tróch ut fyne grint, ‘dusse helte is fwar de jónges. Vij vólle gjin lêst ha fon dy stómme viven.’ Of: ‘Vij sille sóldaatsjebwatsje. Twa bij twa stean gean, ik bin de kaptain en os ik sees fon ien-twa don matte jim marsjeare, en os ik halt róp mat jim steanbljowe.’ De grutte jónges pikten Harrem syn heaskippij net oltyten, sóms krygen se har nócht fon syn bazeghyd en kamen yn ferset. ‘Vêróm matsto ut oltyten te sezen ha, Nijtsjerkster brûkskyter!’ Dot koenen se noch mai goed fetsoen seze sónder dot dur dalje óp kaam. Ut vie gefaarlek óm him út te skellen fwar ‘Módderklauer’, dot koe mun aigentlek ollinne vêgje os mun de klómpen ol yn 'e hôn hie óm út te naaien. Harrem vaar dûm os se dot tsjin him sainen. Hij neamde syn hait en syn pake en beppe vól sa, mar sels voe ur dy bijnamme net drage. De Módderklauers, dot vienen syn hait-en-dy, mar hìj net. Os de oare jónges him rus lekker piere voenen sónder ut gefaar te rinnen fon un stómp of un skóp te krijen, don stieken se de lytskes út 'e easte klos yn om te sezen fon ‘Harrem-stwarrem, de vyn vaait óm.’ Don stie Harrem mai óprôle fûsten fervoeden fon 'e iene óp 'e oare te sjen óm út te fynen vaat dot de pjutten ynlústere hie. Vont dy lytse bên ôtichelje, dot dwast ur yn 'e iepenbierens fon ut skwalleplain net goed oan, dot soe him óp 'e ferachting fon syn maten kómme te stean. Tróf ur san pjut letter en vist ur dot gjinien him sêg, don vie ur net te beroed óm san lytse stumpet un lûûg ô te sjen. Harrem vaar akseptjerre en net-akseptjerre. Os ur gevoan mai de jónges bwatte, don vie ut goed. Hij vie net benaud óm de fwarstap te nimmen bij óndogenske streken, en dêr vaar ur óm vedjerre. Mar hij vie bijtiden sa stjónkende aigenviis, hij sai oltyten dot syn hait boer vie, en dy vie mar gevoan arbaider bij Harrem syn pake oan 'e Mûndersloane. En dot vie dêr ómmers ek mar un neazege bedoening. Harrem sai dot syn pake óp un pleats venne, mar ut vie un ôd rottekleaster, ollinne vot hokken, net iens un skwórre. Dot ópgeswets fon him oltyten, dêr hienen de jónges ut mier oan. ‘Vij krije skielek | |
[pagina 138]
| |
krekt san stjelp os Minne Poatsje,’ sai Harrem. Syn hait hie him dot ferteld dût ur noch mar un ier of fjauer vie, en Harrem ljode fêst dot syn hait vud hôre soe. Mar de jónges gniisden: ‘Ja, os jim pake syn hynder gauden figen skyt, don krije jim un nije stjelp!’ |
|