De reade bwarre
(1993)–Trinus Riemersma– Auteursrechtelijk beschermdFloares mai de bultNo mat de kopijskrjower djip yn 'e histoarje dûkke. Nai de sekstjende yw mat ur, óm de skiednis te skrjowen fon Floares dyt ut efongeelje fon Boldgrim óp skrift steld hat. Dot ret ur net mai ynlibjen en fwarstellen, mai ut him ferdjipjen yn skiednisbûkken en ut lêzen fon ôde dokúminten. Sil de piip útkómst bringe? En hij stoppet de piip, mai safólle trjidden yn ut ferlingde fon 'e stôl en safólle dwasoer. En hij slagt de brôn yn 'e piip en sûûgt de reek yn en blaast dy dut út en dot út, en hij pwólmwólket: Ut jarre, reek en tarre
kómme vij foar:
bitterhyd, yllúzjes, dea
dwale en dwylje óm
en gónne ver teloar
yn jarre, reek en tarre.
De reek vôlet no óm de kopijskrjower hinne en benimt him ut sicht óp 'e betraude dingen. De kost, de tafel en de klok oan ut levont ferdwyne yn 'e dize. Staregoan lytser vurt ut bekende vrôdsje en de ónbekende vrôd nimt ut frijkómmen plak yn. Dur begjinne bjemmen te vaaksen út 'e keamersflier en dur brekke lûden tróch de mwórren, en ut begjint te sigen en te vaaien. Dur vynderje dingen bij him lôns, dur rint him vot oer de fwótten, en hij fielt dot ien him oanrekket. Hij vurt ópnómmen yn un frjemd skymerlônskip, dêrt neat fon 'e ôde vrôd yn bljoot os ollinne de tekstfervurker, dot net ut adekwate helpmiddel lyket óm him bij te stean tsjin 'e machten fon 'e tsjusternis. Ut binne gjin keningen, fwasten en oerheden dyt jir de septer swaaie, ut binne de geasten út ut twyljocht. Ferstoanen dyt net teplak rekke binne yn 'e vrôd oarekônt ut grêf en dyt no fergees óp 'e doar fon ut libben klopje en jammerjend easkje óm óp 'e nij talitten te vurren. Ontholzen en ferhóngenen en dyt óp ut rêd ut libben litten havve, ferdrónkenen en ferbaanden en dyt libben yn ut grêf staat binne. En geasten dyt óm vongedrach út hymel en hel skópt binne, | |
[pagina 212]
| |
fôlen ingels en ópstondege dúvels, dyt har heul no óp iede sykje en ut oanhôd fon minsken begeare. Rôvers, mwadners, heksen, trollen, bloedsûgers, lykeskainers, bennefretters, vjervólven en oar rosmos. Ja slepe har fwót oer de iede sat se út honnen fon 'e boal kómmen binne, mai de strûp óm 'e nekke of de hólle ûnder de earem of mai har óp ut rêd brutsen jerrems en skónken, mai har tróch ut vetter ópset lichem of har teskrûide lea. Of ja sitte os apen yn 'e bjemmen en vjukkelje fon tûkke nai tûkke, de ferskópte ingels en dúvels, no ientûtmêm. Of se fleane óp biezems tróch de lóft. Núvere vonskikken en rare fetsoenen binne oerol yn ut rûn, foar en achter, ûnder en bóppe. Kryte, skrieme, laitsje, róchelje en róppe. Olje, skrjowe, piipje, kroane en kriezeltóskje. Oerol binne lûden, oerol ferveegt ut, oerol loere de geasten óp har proai. Net de barónnen en greven hienen ut destiids fwar ut sezen, net de hartoggen en prinsen. Lykemin de biskoppen en tsjerkefwasten en har hele sleep fon mwóntsen, nónnen, apten en preesters. Har heaskippij behainde him ta vot bij dai tróch de sinne beskynd vaar en fwar ut kleare êg vaarnimber vie, har heaskippij gyng oer un monnech konte meters ôfrede grûn yn ut ónlôn fon de ónsjenberen. Dy-dêr-bwótten vienen de viere heaskers oer de vrôd. Ut mwóskopjende, tsjetterjende en skotterjende leger fon iedsk en hymelsk ôjet, dot vrymele en kryoelde yn 'e lóft en oer de iede. Ja-dêr-binnen libben yn eangst en freze ol har libbensdagen en makken harsels ut libben soer mai fêsjen en gyseljen, mai boete en berau, mai bidden en offerjen, óp hope fon stype en bijstôn fon 'e God fon ut kristendóm, dyt se te help rôpen tsjin 'e machten fon 'e tsjusternis. Mar de God fon ut kristendóm vie destiids un tólvekoppeg munster dot mear minsken slynde os ol ut rosmos út 'e tuskenvrôd maienwar. Tólvekoppeg en tólvesinneg vie ut munster dêrt se fwar knibbelen, en de iene kop snaaide de oare kop de tsjinners fwar de bek vai. Yn 'e namme fon 'e God fon ut kristendóm varen de beliders fon 'e God fon ut kristendóm pynege en matle, gysele en brônmarke, óntholze, óphóngen en ferbaand. De ienfôdege bevenners fon 'e dwarpen en stedsjes, de útbwórrens en de pôlen freesden de God fon ut kristendóm en syn swatrokkege travonten lyke slim os de minskefrettende reuzen en de fjoerspijende draken út 'e ferhalen dyt se enwar bij skymerjûn fertelden. De goede en de kweade machten skieten yn ien poat. Yn dy tiid libbe Floar. Yn dy tiid, dût de God fon ut kristendóm un munster út 'e hel vurren vie en de Dúvel un skaplek hearskip. Yn dy tiid, dût fwar simpele minsken ut tsjinjen fon God of Dúvel gûûl | |
[pagina 213]
| |
óm gwarre vie. Dy tiid, dût ollerhonde prekers óprôpen ta bekearing en ynkear, of ta delbrekken en ómskwórren, of ta fernijing en feroaring, of ta bevarjen en behôren. Vont hûndeten têgen de dwarpen en de stêden tróch mai har útienrinnende bwadskippen en remeedzjes. Mun mwast fêsje oant mun dur bij del foel, mun mwast junsels óntmonje, mun mwast de bylden yn 'e tsjerken ferniele, mun mwast nêkenrinne en junsels slaan dot ut bloed durnai rón, mun mwast mear frôlje nimme, mun mwast ol juns besit vaijaan, mun mwast un godsryk stiftsje, mun mwast minsken offerje, mun mwast ut vurk ut vurk litte en maienwar vachtsje óp 'e verkómst fon kristes. Elke preker kryge vól un plûchje simpele sielen achter him oan - vot mwasten de stakkets oas ek ol os har lêste hoop stelle óp 'e grutste gek? En ut roppege, tólvekoppege munster friet har ollegjer óp. Yn dy tiid en dy ómstondegheden vaar Floar benne. Nai olle gedachten tusken 1500 en 1510 - neffens de oerlevering begjint ur óm 1550 hinne mai ut óp skrift stellen fon ut efongeelje fon Boldgrim, en hij soe dû goed fjitteg ier vest havve. Os betteplak vurt Swains neamd, mar dot is ek net helendol vis. Ek Pains, Ried, Skolsem, Dwainjem, Boer, Kaimptille, Skingen en Sloppeterp easkje de profeet os ien út har dwarp ôkómsteg óp. Oer syn bennetiid is neat bekend, vól binne dur un pear annekdoaten, bijgelyks dot ur fûggeltsjes fon klaai makke en dy don fleane liet, of dot ur oer ut vetter rón, of dot ur deade minsken ver libben makke, mar sókke kluchten vurre fon olle profeten yn spee ferteld. Oer syn faintejirren binne vij vot better ynljochte. Os ur un ier of achtjen is, vurket ur os skwónmakkersfaint bij Master Hylke yn 'e Fóksegotstege te Frjentsjer. Lykos dûdestiids vênst vie bij gesellen dyt un fak learden, lait ur bij Master Hylke yn 'e kost en is yn ol syn dwaan en litten oan him ûnderjerreg. Master Hylke lyket un mon mai un grutte poletyke en teölogyske belangstelling vest te havven, en ûnder ut soalspykerjen hat ur syn fainten - vont dur vie naist Floares óp 'un minsten noch ien ynvainjende leading - grif syn betinken oer ollerhonde saken bekend makke. Hijsels lyket tróch de stjolpfloed fon nije ópfettingen en ynsjóggen yn 'e easte helte fon 'e sekstjende yw net fon ut stik brocht te vêzen. Oan syn dea ta bljoot ur de Roomske tsjerke trau. Mar hókker yndruk havve ol dy fernijings- en feroaringsbevegingen óp 'e jónge Floar makke? Frjentsjer vie un lytse stêd, mar vól un sintrem fon honnel en bestjoer. Dur gyng un bulte óm, dur kamen un soad raizgers, en dur vie fonolles te sjen en benammen te hearen. Ek Frjentsjer mat tróch prekers oandien vêze, en ek dêr havve har grûpkes ôskaat fon 'e | |
[pagina 214]
| |
Roomske tsjerke. De kleares vie ynderlek ferdeeld, ol bljode dot ynjesten noch bedutsen. Vij vitte dot dur yn Frjentsjer ek ketters eksekútjerre binne óp ut Riedhúsplain. Hû hat Floar dot ollegjerre ûndergien? Is ur net maisleept tróch de vieling fon 'e tiid? Havve de dúvels en demoanen him mai rêst litten yn dy neare en tsjustere Fóksegotstege? Dur is fwar ut útterleke neat fon te fernimmen dot Floares dy vôljende, ónúttiesbere bród fon ljowe en bijljowe, fon vyshyd en vaanvizens yn him ópsûûgd hat. Ut lyket os gliid ut him, jóngemon dyt doch fetber vest havve mat fwar ut nije elôn fon dy tiid, ollegjerre bij de klean del. Hût de geasten óm him en yn him tsierd en moate havve, bljoot bedutsen. Ut neat dógt blyken dot ur distônsje nimt fon ut katolyke ljowe, hij raizget trau nai de misse, bychtet óp 'e lêste dai fon 'e mwanne syn ópgarre sónden óp en rint mai yn 'e prosesjes os lid fon ut skwónmakkersgilde. Faaks hat ur yn ut otterdokse katolyke ljowe en benammen yn 'e fólkloare dêrómhinne vól un befredeging fûn fon syn langstme nai burgenhyd. Os ur os jinnentwintegjirrege de masterstytel hellet, vurt dur yn 'e akten fon ut gilde oantekene dot ur vees is. Ut soe vêze kinne dot ur syn hait en mem ol jóng ferlen hat, en dot ur os veesjónge tróch Master Hylke yn 'e hûûs helle is. Hat ur yn 'e tsjerke socht vot ur os bên nea hôn hie: un hait en mem, un faileg nêst? Floares hat no ut rjócht óm un aigen saak te begjinnen. Hij mat un gaadlek hûûs hiere, mai foare rûmte fwar de vinkel en achter vengelegenhyd. Hij mai hoopje dot un pat fon 'e klonten dyt ur bij Master Hylke betsjinne hat, tenai him de gunst jaan sil. Master Hylke sil him grif net dwassitte bij ut besykjen óm him os selsstonneg skwónmakker te fêstegjen. Mar Floares dógt gjin vryten óm aigen baas te vurren, hij bljoot gevoan bij Master Hylke yn 'e saak. Dur binne gjin vetleke, fynonsjele en morele behinderingen óm him os lytse selsstonnege te fêstegjen, mar dur is ol un praktyske behindering: Floares hat gjin viif. En dot hie ur nedeg os ur gesellen yn 'e hûûs nimme voe; nammes, ut vie ek tsjin olle wadder en regel yn, un gildemaster dyt syn aigen pwatsje yten sear en ollinne húsmonne. Sóks jûûg gjin betrauen yn 'e fakkundegens fon 'e mon. Dot Floares gjin viif fyne kin, don net en letter net en ol syn libbensdagen frijfaint bljoot, sil vól te maitsjen ha mai syn misvûksenhyd. Os Floares de saak fon Master Hylke maidertiid oernimt - of vaarnimt? -, ut is don vól tsien ier letter, vurt ur oantsjut os ‘Floares mai de Bult, master skwónmakker yn 'e Fóksegotstege’. Fonsels lait ut tige yn 'e reden óm oan te nimmen dot ur dy bult óp 'e rêg hie, dot soe him ómmes óngeskikt makke havve fwar oller- | |
[pagina 215]
| |
honde vurk dêrt de lea bij brûkt vurre mwast, mar vól gaadlek os skwónmakker, vont dy sieten doch oltyten krûm. Mar nai olle gedachten hat ut sa net vest. Sjugt mun ôde rekkens nai fon 'e Master Snyder fon 'e Skilbanken, dêrt Floares syn klean maitsje en ópknappe liet, don blykt net dot ur jossen en skoaten fon un bwóttenvênsteg fetsoen hie, mar ol dot dur vot mai syn brûkken vie. Dur kómme óp dy rekkens oantsjuttingen foar os ‘broek uytgeleyt aen den voorzyde’ en ‘flap met eenigen banden versterckt’. Os mun don ek noch yn ôde mannúskripten gevaarvurt dot Floares un aigenarege, viidskónkege góng hie, en dot ur bij ut ôder vurren staregoan minder goed sitte koe, don is ut net slim te rieren vêrt dy bult sitten hat. Hij hat grif un sekbrek hôn, dyt dur oarsaak fon vest hat dot syn bolsek ónbidege greot vurren is. Hat him ollinnech fócht yn dy sek ópheape, of binne syn yngevonten duryn sakke? Dotlêste soe de pyne bij ut sitten ferkljerje kinne. En hû is ur duroan kómmen? Hat ur meskjin bij ut pólsstôkspringen oan ut kultsjebrekken vest? Hat ur syn mankemint óprón bij ien fon dy nijmwadrege wórren dyt yn 'e sekstjende yw ópkómme, sókken mai un amerykaanske klapkut? Of hat ur naks mai heksen ferkeard? Oer de oarsaak fon syn misvûksenhyd binne vij noch minder ynljochte os oer ut aad durfon. Mar os de bult sitten hat vêrt vij tinke, don soe dot un ôdwaande ferkljerring jaan fwar ut fait dot Floares nea traud is. Vont gevoane bultdragers trauden faak vól, och dur vienen safólle misvûksenen yn dy tiid, minsken mai klómpfwotten, hazzelippen, ketsknibbels, pykebwasten, hingelgotten, drjoliven, skauderblêdfersakking, earrot, kaakónthaistering, óm fon ut leger blynen, dôven, lammen en kreupelen mar net te praten. Hast elkenien hie vól un krupsje, mar dêr makken se de hele midsywen tróch gjin drókte óm, ut jerde durbij en ut vie gevoan. Lyts mankemint gjin beswier, hûûdskleor net vichteg en bên vólkóm, sa redenjerren se dû, en se trauden ollegjer - ja, os ollinnech de lju dyt rjócht fon liif en lea vienen, traud vienen, don vie ut minskdóm dûdestiids útstoan. Un bult, un gevoane bult, siet óp 'e rêg, en dot mócht lesteg vêze bij ollerhonde vurk, ut lezende vurk koe mun dur vól óm dwaan. Mar os Floares un sekfergrutting hôn hat, don sil ur net mai un frau ferkeare kinnen havve. Koe ur ut óm 'e pyne ol ferneare, dy sek mat him sa yn 'e vai sitten havve, dot ur un frau nóit un kear bedjipje koe. Mun kin jun nammes fwarstelle dot de measte frôlje fon san ónbidege pwódde griisd havve, ut mat durút sjoen havve os un gaizeg, ópset frôljesbwast mai un yngrûide spien. Un pear ier letter befetsje de gildebûkken un oantekening oer un Master Cornelis dyt de skwónmakkerij fon jertiids Master Hylke yn | |
[pagina 216]
| |
'e Fóksegotstege oernimt. Floares syn namme vurt net neamd. Hat Floares de saak salang óp namme fon syn ôde baas dreon, en vurt ut hûûs ferkocht noot Floares durút stapt? Of bljoot Floares os mastersfaint bij dusse Knilles hingjen? Vis kinne vij net vêze, mar nai olle gedachten is Floares út Frjentsjer vaigien. De geveldege godstsjinstege rebûljes dyt ur yn syn benne- en faintejirren maimakke hat, havve grif mear yn him losmakke os ut oerflakkeg lyke. Hat ur him ek net langer fertraud yn Frjentsjer? Hat ur faaks klonten ferlen tróch syn godstsjinstege ópfettingen? Vij vitte neat mai krektens. Jest óm 1550 hinne heare vij ver fon him, hij sit don eane yn 'e Bjirmen en hij vurt beskreon os un klûûzner en un sónderling. Gedoente mai ut fólk ûnderhôrt ur net of amper. Gwódden seze dot ur gek is, oaren neame him un greot gelearde, ver oaren seze hij is un hillege. Vaat him hôre fwar ien dyt syn libben oan God vijd hat, bringe him vólrus vot yten, dot ur net helendol ómkómt, en sókken haine vólrus un skimp fon him óp os ur bij de tafel sit te skrjowen yn un greot bûk. Mar nimmen doar gemiensem mai him te vurren, nimmen hat ut rjócht stean óp 'e frjemde mon mai syn banende êgen en syn rwóikjende góng. Naks kómt nimmen him benai, ut doogt dêr net, vurt sain, dur swolkje oltyten kotten oer ut hiem, en vêrt kotten ómstrúnne binne de heksen net fier. Vot nearder de nacht, vot drókker ut dêr óp 'e pôle is, don mjauket en moatet ut kotteleger, don gyselje de gaile viven nêken óp biezemstokken óm 'e skwastjen. Don bane dur oerol keasen yn ut rottekleaster en binne ut ollegjer minsken dyt óm Floares hinne sitte te skrjowen yn lyke tsjûkke bûkken os hij. Vot bart dêr naks, en mat mun dot gevurre litte? Mar vot dur bart ha se oltyten fon hearen en sezen, vaat ut mai aigen êgen sjoen havve, binne oltyten oaren. Nimmen vit ut krekte en nimmen doar fwar de vjirhyd ynstean. Mar dyt him hôre fwar un mon fon God begjinne te twiveljen, en ol grutter vurt de klyber dyt oannimt dot Floares syn siel oan 'e dúvel ferkocht hat. Floares skrjoot dêr ut efongeelje fon Boldgrim. Lyts tsien ier dógt ur duroer, don is ut fóltôge, en don hat ur syn libbenskrêft ek fólslain ópbrûkt. Hû en vêrómt ur nai de Bjirmen gien is, sil oltyt vól un riedling bljowe. Mar grif hat de geast him grepen yn Frjentsjer en him nai un ienseme oade dreon, dêrt ur ónbehindere fon 'e minsken ut vurk útfiere koe dot him óplain vaar. Hat ien fon dy hûndeten prekers en profeten dyt dû tróch de geaen swolken faaks ferteld fon Grimbold, de fon Boldgrim róppene, de easte tsjûge fon 'e olderheegste God? Hat sanien faaks Frjentsjer oandien en vie Floares ûnder syn gehoar? Dot dur yn dusse nwadleke hûkke dû ol | |
[pagina 217]
| |
fólgelingen fon Grimbold vennen, lyket net sa vjirskynlek, vont Grimbold hood him yn ut súdden fon Fryslôn óp, en de lju vienen dû fólle hónkfêster os no. Mar un preker út dy kryten dyt oer Bólsert nai Frjentsjer raizge is, dot is net ónoannimlek. Dy preker hat him fonsels nea safólle fertelle kinnen dot Floares stof genôch hie fwar syn grau bûk. Vij matte oannimme dot dy preker un lyts sjidsje struid hat yn 'e fruchtbre geast fon Floares, en dot út dot sjidsje un ryke plont vûksen is. Floares mat óntsettend dreon vest havve ta ut skrjowen fon ut efongeelje, oas hie ur dot yn tsien ier net fóltôgje kinnen. De vudden en sinnen matte him oanstreamd vêze, net un momint grif hat ut hekke, hat ur ferlegen vest óm un fwótsetting. Ollinnech dot iene hat noch teld yn syn libben, ut skrjowen fon Boldgrim syn bwadskip, en dêr hat ur olles fwar oan kônt set en himsels oan ópoffere. De ferhalen fon 'e Bjirmers vize dy kônt ek vól út: Floares syn banende êgen, ut fait dot ur net óm yten en drinken maalt en de ómgóng mai minsken mijt, tekenje him os un besetene. Un hillege gekkens mat besit fon him nómmen havve, un hillege geast hat him riden. De Bjirmers tinke vot langer vot mear dot ut de dúvel is dyt Floares yn 'e macht hat. De kotten en heksen ferbyne se mai de macht fon ut Kwea. Hû hienen se ek vitte kinnen dot ut bwarristyske bwarren vienen dyt ut selskip fon de hillege sochten? En heksen? Heksen ferviist ut Bwarrisme nai de fólkloare. Faaks havve de nêkene viven dyt óm 'e skwastjen gyselen vinskdreamen vest fon Floares, dyt nea bij un frau lain hie, en vaans ópgarre langsten bij ainslútten flaislek stôl oannómmen. Of faaks havve ut fersykingen vest fon 'e Antybwarrist, dyt ut vurk fon Boldgrim ferdjerre voe. Lykos ienrus de Snitsers nai Toppentwel raizgen óm Grimbold te bynen en te fersûppen, sa sette un yw letter un steal fette papen út Frjentsjer, beselskippe fon rúttersfólk nai de Bjirmen óm un ain te maitsjen oan ut dúvelsvurk fon Floares. Gwódden út 'e Bjirmen hienen nai Frjentsjer vest óm Floares oan te jaan en se hienen ollerhonde smwarge streken fon him ferteld. Dur soenen feesten hôden vêze dêrt nêkene dúvels en heksen oan mondeleg vienen, dur soenen bên offere en ferslynd vêze. En de hele Bjirmen vienen betsjoend, frôlje vienen ónfruchtber en fee stoar sónder oarsaak, saden jûgen ynienen gjin vetter mear, en klokken rónnen achterút. Dot ollegjerre koe de niget fon 'e papen mar amper geande maitsje, ut vênstege dúvelsvurk, och ja, un heap vijreek en un monnech spreuken, don vie dot ver út 'e vai. Mar de bûkken dêrt fon ferteld vaar, of olteast dot iene bûk dêrt Floares yn skrjode, dot makke har | |
[pagina 218]
| |
fûûl en belust óm nai de Bjirmen te gean. Un ferdómde ketter dyt de skrjokunst machteg vie, dot vie un gefaar fwar de kristenhyd, grutter os ut gefaar fon olle dúvels út 'e hel. Se kamen te let óm har moadplonnen út te fieren, Floares vie ol dea. Hij lai oer de flier, en ut lyke vól, hij hie dur ol jirren lain. Fólslain útdrûgge vie ut lichem, en ut siet ûnder stof en spinrêg. Dût se ut lichem oantaaste voenen, foel ut útenwar. De Bjirmers hoden bij heeg en bij leeg fól, se hienen him ferlyne vyke noch sjoen, jerjuster noch, justerjûn noch, dû hienen dur keasen baand. Mar dur vie yn ut hele kjemmerke net un keas te fynen, noch un oaljepitsje. Fon yten en drinken vie ek gjin spoar. De mon mwast úthóngere en stoan vêze, jirren lyn ol, hij sêg dur ómmes út os un twarre mummy. Se skódhóllen oer de ónnoazele Bjirmers, en sochten fwar de sjeu noch even óm ut bûk. Mar vêr mwast mun sykje? Ollinnech un tafel en un stoel stienen dur, kosten vienen dur net, skrjo-ark vie ek net oanvêzeg. Se lainen de Bjirmers un hudde boete óp ómt dy har fwar de kot syn kloaten nai de Bjirmen raizgje litten hienen, sat se gremyteg sainen. Hû ticht os se dêrmai bij de vjirhyd vienen, beseften se net. Ut efongeelje fon Boldgrim hie Floares de jûûns dêrfwar de lêste hôn oan lain. Dû vie syn krêft ferbrûkt, en neat koe ut lichem noch twinge óm yn vêzen te bljowen. Dy naks hienen de Goede Geasten ut lêste pat nochrus olve kear oerskreon, en ut bij de fwargeande patten óp fersyde brocht. Os skielek de godstsjinstege rebûljes delbêde vienen en dur ver rêsteger tiden oanbrieken, soe ut bûk óp tólve ferskillende plakken yn Fryslôn ópdûkke en sa ut hail ferspriede. |
|