De reade bwarre
(1993)–Trinus Riemersma– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 101]
| |
MódderdoopHarrem vie ómtrint fiif jier dût syn hait him fwar ut east foar óp 'e stange mainóm nai ut Klaailôn. Têke voe rjappeldólle, de easte trije meter fon 'e rêchjes, don koe ur nije vyke de lichter durfwar smyte en jaai de boel ta de grûn út. Se hienen ver un moai knwarre rjappels baud fon 't ier, vont rjappels dêr siet fertsjinst yn. De ôdsuffet eamele ol jirren dot mun de fruchten sa kieze mwast dot mun de rispinge mai aigen fólk berêde koe. ‘Jónge,’ sai ur don, ‘votst dur net mai aigen honnen ô en út krije kinst, dot kinst ómtrint lykegoed óp ut lôn bljowe litte, vont os un oar ut fwar dij dwaan mat, don gjit de vinst mear os fwót.’ En don begón ur ferhalen oer ‘de viete jest fon 1903 dûsto noch un lytsjónge viest,’ dût Ealse Pwatdiggel him hólpen hie de byten fon ut lôn te krijen. ‘Jónge, Têke, ik hie se better sitte litte kinnen, vont vot ik Ealse betelje mwast, grau, grau! Hij rekkene himsels en hij rekkene ut hynder! Vot ik fwar de byten barde, dot koe ik dy ôdiersdais hast ollegjer nai Ealse tôgje. Begrutlek jild, vont fwar mijsels bljoden dur vot dûbbeltsjes en kwatsjes oer, dêr hie ik fwar arbaide. De vinst, dêr striek Ealse mai út. Sóks kin net, jónge.’ En don ver: ‘Ik ha ut dij ferlyne ier ek ol sain en ut fwarfoarege ier dot ut sa net kin. Do rekkenst mar de helte, Têke, do rekkenst vot vij barre, mar net vot durô gjit oan kosten. Do matst net miene dot Hinke fergees óp ut lôn ómkrûppe kin. Os ut fanke bij un oar tsjinne, don soe se jild barre en kostjild jaan kinne en un útset garje. No gjit olles fergees, tinksto, mar sa is ut net en sa kin ut net, ut fanke mat no ek yten en klaaiing ha en os se skielek oan 'e mon vól don mat ik har un kaptaal óp honnen jaan óm har te húsfêsjen. Ik kin har dur net nêken en bleat útjaaie!’ Mar ol sóksoate praat vie oan dôvemonsearen sain. Hinke oan 'e mon! Dot mwast vól un moai mon vêze dyt óm Hinke kaam! Ut fanke vie ómmes amper kauster, dot vie no ol greot twinteg en se hie neane oardeel oer en neane besleor fon. Mai un skytkret bij de mjuksplanke ópkroadzje, dot koe se vont dy lai rjóchtút rjóchtoan, melke koe se ek en raidsnije. Mar olle vurk dêrt de kop bij brûkt vurre mwast dot fergriemde se. Ut boerevurk lyke vól dóm, mar bij | |
[pagina 102]
| |
ainslútten vie olle vurk hassenvurk. Os mun de hassens dur net goed bij hie, don makke mun heal vurk en fwót vie ut fertsjinst. ‘Harrem!’ ûnderbriek ur syn prakkesaasjes, ‘do matst de klauen net sa stiif óm ut stjoer knipe, don kin hait net stjoere.’ ‘Ik ha un seare pûppet, hait.’ ‘Do matst net seore, do bist hait syn grutte faint ómmes.’ No ja, grutte faint... mun koe se dur nea te jóng fwarsponne, mar un fiifjirrege koe mun fonsels net ut measte fon fervachtsje. Bliksems dot de ôdsuffet ut sa sitte liet de lêste jirren. Maityds skóften ómgammelje, nai dokter rinne en óp ut lêst mai termogenevotten ûnder ut himd ver oan ut vurk. En hij kaam sa min ver óp krêften, of aigentlek helendol net. Sónt syn trauen no lyts sais ier lyn hie de ôdsuffet net ver mai de hele beoleg yn ut fólle vurk stien. Hij arbaide vól, mar krekt dot bytsje ekstra dot de genier noareg hat óm de striid te vinnen, dot óntbriek de ôdmon, hij hie neat oer. Os de lóft drige, koe ur net noch even fûûlder tasette óm ut vurk dien te krijen. En bij 't simmer noch un jûûnsskóft oan 't vurk oan njóggenen ta nai un pear stikken bôle en un hap kófje behimmele te havven óm un oere of sais, dêr gniisde de ôdsuffet langer môl tsjinoan. En os Têke ut ol tróchsette, don vie de ôdkearel de oare dais út 'e lyken, en don ferlearen se san dai vot se de fwarrege jûûns beskript hienen. Têke hie berekkeningen makke dût ur mai Eelkje óp trauen stie: mai har fjaueren de beoleg duróp, hij, Eelkje, de ôdkearel en Hinke, en sjen dot se un kaptaal út 'e grûn skwórden óm don maidertiid un knappe stjelp te bauen ynstee fon ut ôd rottekleaster. Mar dot vie oas beteard. Eelkje hie olrus even oan ut vjoeren vest, mar vaar ol gau ónredsum en voe om ut bên dêrt se swier fon vie net mear nai 't lôn. Un smwarge loop dot se fwótendaleks un bên ha mwast dot easte ier ol, mar ja, ut vie sa, mun hûgde mar nai Eelkje te vizen en dêr rón se ver mai 't grauliif. De ôdmon hie ut raar sitte litten. Ut hie doch un drege vrótter vest, goed fyftjen ier lyn dût Têke sels fwargoed óp 'e klútten kaam en tróch de móster fytere vaar. Dúveltsje, vot hie de ôdkearel beolegje kinnen, net gysten en brainroer, mar evenredeg, sa óp ut êg mai hast lome bevegingen, mar ol mar tróch, olmaroan, sónder óphôren, oeren lang. En os ur even lins nóm óm de piip te stopjen, don keuvele ur fleoreg oer don aansent dot en don kinne vij óm sais oere..., vylst Têke de hûûd stikken vie en hij te sljo vie óm de ôdmon vervud te jaan. En don vie ut: ‘Kóm, jónge, vij matte noch mar un setsje.’ En de rêg krûmme him ver en de jermen mjelden ver yn ut ôde tempo fjidder. En Têke krûmme de pynleke rêg en besocht de ôdmon bij te bljowen. Ja, deole, de ôdkearel hie | |
[pagina 103]
| |
un drege vrótter vest. Twa sókken, hij en syn hait, vot hienen dy net út 'e vai sette kinnen! En hie mun Hinke don óp un gaadlek plak set, dot net tefólle kopvurk frege, don hie dy un arbaider út ut stee keard. En don Eelkje óm bij te springen os ut brôndrók vie, sa hie ut matten. Mar dur vie neat fon telône kómmen. Berekkeningen hie ur makke - of hie ur dreamen dreamd? Vie ut ea ien slagge jir yn 'e ómkryten óm fon genier boer te vurren? Koe mun vier fwarútkómme tróch ut úiterste te fergjen fon ut aigen lichem en fon dot fon viif en bên? Sa vienen de boeren gjin boer vurren. Se vienen boer vurren tróchdot se ut besit oererfd hienen en se bljoden boer tróchdot un stik trije, fjauer arbaiders ut fwar har fertsjinnen. Mar tróch fiventwinteg ier of langer te beolegjen kaam de genier net fwarút, lykemin os un arbaider fwarút kaam tróch syn libben lang bij un boer te arbaidzjen. Dyt jild hie, dy kaam fwarút, mar dyt ut fertsjinje mwasten dy bljoden vot se vienen. En don mwast mun lykvóls noch óp 'e slag posse, vont os mun ut os genier even óp un sêft sin sette, of even net tûk genôch vie, don bwórke mun achterút. Ut doel fon 'e striid vie óm te bljowen vot mun vie, oer fwarútbwórkjen hûgde mun net te prakkesjerjen. Ol voe ur ut himsels noch net helendol tajaan, Têke hie vinlek ollang yn 'e rekken dot syn dream gjin verklekhyd vurre soe. Mar hij koe noch gjin ôskied nimme fon 'e dream. Hij vie noch gjin tryteg - mwast ur de hólle no ol yn 'e skette leze en him fermoedsoenje mai de gedachte dot ur un libbenlang vróttend neat of amper mear os neat bedije soe? Mar sa gysten os ut easte ier fon har trauen arbaide ur net mear. Ut twadde ier fytste ur middys nai hûûs óm un miel varemyten en sa vie dot bleon. Ut koste tiid, mar ut mwast don mar. Os mun de hele dai yn ut fólle vurk stie, don koe mun oerdais net óp un trómpke fól bôle tarre, don mwast mun de mage fól rjappels mai un bêste sleef fet en un hûkke koflêsk lûûgje en dêr noch un bwad sûppenbrij oerhinne. Ut vie sa, de bwórlju hienen dot easte iers ek vot fyntsjes gnyske óm Têke en gnúúfd dot ur grif yn ien ier boer vurre voe. Mar Têke soe nea tajaan dot ur him fon ut ôvaaide praat fon syn bwórminsken vot oanlûûk. Syn hait en syn mem noch mear, en yn 't eastoan Eelkje ek, hienen him vaskôge dot ur him un krupsje vrótte os ur sa trôchgyng, dot gjin minskelichem sóks fôlhôre koe. Dêr varen fwarbylden fon neamd: ‘Nim dij Bront Brôndrók fwar êgen - hij hat syn bijnamme net óm 'e nócht krygen -, hij is noch gjin fivenfyfteg, en sjug hût ur durhinne strampelt, un stakket is ut, hij kin gjin slag mear dwaan!’ Ut ôdvivepraat fon syn mem hie Têke him net oan steord. Mar ut vie mar sat ut vie, os | |
[pagina 104]
| |
mun de hele dai óp ut fjild stie, don mwast mun middys un dreeg miel yten yn 'e hûûd ha, oas hood mun ut net óp fwótten. Se vienen dur. Têke tilde de lytsjónge fon 'e stange en skode de fyts yn 'e berm. De ôdsuffet vie fonsels noch yn gjin fjilden en vegen te bekennen. ‘Ik vól nai beppe-pleats,’ sai Harrem. ‘Nee, jónge, vij binne jir net óp besyte, vij matte oan ut vurk. Sjug, no mat Harrem dut brûkje mar oer de kwatte brûk hinne strûppe.’ Hij hólp ut bên en bûn de brûk mai un tautsje ticht: un lyts arbaiderke. Hij kryge de grype en dólde dur un pear plonten út. ‘Sjug, no mat Harrem de rjappels yn ut bakje sykje. Net te hasteg, en de grûn goed tróchklaue.’ De beuker die vot syn hait him hyte. En maidot ur syn swantsje fwar ut vurk sponde, kamen him de vudden yn ut sin dyt syn hait tsjin him sprutsen hie dût ur jóng vie. Vienen ut net deselde oantreastingen en fermwanningen dyt olle haiten tsjin har swantsjes sprieken? ‘Vij binne net yn 'e vrôd útfonhûûs,’ en: ‘De snainze klean matte yn 'e daize fertsjinne vurre,’ en: ‘Ut stjit ús yn 'e honnen skreon: wij mensen moeten werken,’ en: ‘Vaat net arbaidet, sil net yte.’ Dur gyng even un flêg fon begrutsjen tróch Têke hinne dût ur de lytsjónge de knûstkes yn 'e vrede klútten stekken sêg. De grutste rjappels koe ur mai de fingerkes net ómklamme. Mar begrutsjen poste de genier net. Os mun fwarútkómme voe yn 'e vrôd, don mwast mun dur jóng fwarspond vurre en arbaidzjen leare. Hû ôd hie ur sels vest dût syn hait him fwar ut east óp 'e knibbels twóng en ut vurk hyte? Ek net fólle ôder os Harrem no. ‘Kóm Harrem, net bwatsje jónge, ut bakje mat fól.’ Vêr bljode dy frekte ôdkearel no? Hij rjóchte de rêg en krôke. De beoleg fól yten en don krûm oer de grype, dot vie oltyten min dwaan. Hij êge de loane ô dot út nai de pleats ta. Hij helle ut heloazje út ut fesjebwóske: ketier fwar tólven ol! Hóng ur ver yn un lang bibelhaadstik? Ut hie him yn 't foarege ol argevaasje genôch jûn dot hait oltyten hele haadstikken lies, dur kaam gjin ain fon, en don mai dot stammerjende en staverjende getsjônsel fon 'e ôdmon - hij hie ek amper lêzen leard. Of hie ut ôdminske de rjappels ver net gear hôn of de brij sa hyt dot dy net te daaien vie? Vot dot oanbelange hie ur oer Eelkje net te klaaien. Snains hie se vólrus vot liflafkes, fon dot stedske yten, mar alla, snains hûgde mun de lea ek net te brûkken. Tróch de vyke hie se deegleke kost, olles goed nôg en net te hyt, dot mun ut sa nai binnen skowe koe. ‘Vonnear hôre vij óp, hait?’ Têke stiek fersteord de grype yn 'e grûn. ‘Och jónkje, binne vij ol dwaande?’ Hij smiet de plont bóppe de grûn en knibbele bij de lytsjónge del. Hij mwast de ôdsuffet út 'e | |
[pagina 105]
| |
kop sette, dy gyng fon him ô. De lytsjónge, dy kaam óp him ta en dy mwast ur ut vurk goed leare. ‘Sjug, Harrem, no matst rus nai hait sjen, sjug, do matst net de fingers yn 'e grûn stekke, don kinst óp un rjappel klaue en dot dógt sear. Do matst de honnen sa yn 'e grûn sette, óp 'e syde, en don de grûn nai dy tahelje. Sjug, en no sykest olles yn ut bakje... Ja, hait kin vól twa, trije rjappels yn 'e hôn hôre, mar dot hûksto net. Sjug Harrem, en no de grûn noch even tróchklaue, vont dur kin jir of dêr noch un rjappeltsje sitte. Sjukst vól, dêr hat hait ol ien.’ ‘Dot is un skyteregenien, no hait?’ ‘Ja jónge, mar de lytskes binne ek jild vurch. No, no hat hait ut dij fwardien, no matsto marrus. Nee, ho, dêr hat hait ol vest, matst un aintsje fwarútkrûppe.’ Têke bljode óp 'e knibbels lezen te sjen hût de lytsjónge de grûn nai him ta besocht te heljen. De lytse klaukes skampten oer de skerpe klútten hinne. ‘Matst net safier fwarút, fwar de knibbels matst sykje, oas krûpst duroerhinne en bljowe se sitten.’ Hij klaude achter de jónge de grûn tróch. 't Vie ol sa, hij liet de helt sitte. Hij kryge de grype en pjukte de grûn achter Harrem tróch. Vel deole, dêr stiek ur un rjappel midstwa, dot hie mun mai naisykjen. ‘Kóm, jim vienen ol los.’ No, dêr vie de ôdkearel ynienen, vêr kaam dy no sa hud vai? ‘Ja, vij vienen ol even los,’ sai Têke. ‘En vól 't vot, Harrem?’ ‘Javól, pake. Kómt beppe ek?’ ‘Nee, jónge, hû krijst ut yn 'e plosse. Beppe mat tús oan 't vurk, dy kómt jir net.’ Hij lai de jos mai de termoflesse yn 'e binnenbwós fwarsichteg del óp 'e fwareker en liet him dû naist syn genamt óp 'e knibbels fôle. ‘No Harrem, no matsto mar oan dy kônt, en ut bakje tusken ús yn. Sa hongert ut pake ut bêste.’ Tegjerre klauden de baide Harrems no yn 'e hurde klútten en hellen de gauden frucht út 'e grûn. Ode Harrem hie syn langste ain óp 'e klútten hôn. Fonsels, hij rón tsjin 'e seksteg, mar hij fielde ut de lêste jirren ek olle dagen ver dot ut bêste durô vie. Lyts fyfteg ier hie ur syn krêften oan 'e grûn jûn. Ut skwallegean, och dêr vie net fólle fon kómmen, sadreet ut koe, vie ur nai de boer stjoerd. Mwaans fjauer oere durô óm de kij mai óp te heljen en don melke, hij vie noch mar tólve ier dû. Se hienen him net mijd, en hij hie himsels net mijd. Mar de ain kaam yn sicht, dot fielde ur. Hij koe lang n't mear vot ur kinnen hie. Têke smiet de rjappelplonten bóppe de grûn. De jónge vie fjiste gysten. Sjug norus hókke hûkken grûn ur óp 'e grype nóm. Mar ut hie gjin sin sóks te sezen, en ut koe ek net mear, hij vie bij de tryteg, don koe mun ien ut vurk net mear ferdútse. Hij hie ut nammes fwarhinne faak genôch sain, ol fon ut stuit ô dot Têke mai nai ut lôn gyng: | |
[pagina 106]
| |
‘Do hûkst sa hud net os hait en safólle net, do matst dwaan votst kinste en net mear. Ut is net fwar un oerke, do matst de hele dai. Kollemoan begjinne.’ Mar Têke hie nóit harkje vóllen. Hij gyng syn aigen góng en sette tróch vot ur yn 'e kop hie. Hij liet him net fon 't paad stjoere. De lytsjónge mai, dot vie óm him fonsels. Yn Têke syn êgen makke ur syn plak lang n't skjin en de lytsjónge mwatst oanfólje vot hij tekwat skeat. Twa heale Harrems makken tegjerre ien fólslaine arbaider. Dot ur mai sók dwaan syn ôde hait óp ut sear kaam, ergere Têke him grif net. Têke vie no ienrus net bótte fynfielend. Dot hie ur tsjin him nóit vest, mar tsjin syn mem en suster lykemin. Tsjinoer Eelkje vie ur ut grif ek net. Têke vie net kwea, mar dôfhûdeg. De lytsjónge mai, ut hie ómmes gjin doel, hij makke dur noch neat fon. En hij hie dur ek noch gjin areghyd oan. Têke mwast ópposse dot ur de lytsjónge ut lônvurk net tsjinmakke, don soe dur nóit un goede arbaider út vaakse. De nócht mwast dur vól bijkómme, oas vie ut lônvurk un straf. Dur vienen no ol genôch fon dy ópslûppen jónges dyt bearden fon ‘Aardewerk is paardewerk en paardewerk verdom ik’ en sókken koe mun óp ut lôn better kwyt os ryk vêze. Lytse Harrem hie ol un mieltsje rjappels fwar himsels en fwar syn baide suskes út 'e módder socht, dot vie samar klear, en dû un pôle rjappels fwar hait, dot vie un hele bats, vól trije hônfól, en dû noch twa hônfól, vont hait skepte oltyten twa kear óp. En dû hie ur fwar mem socht, east twa hônfól en dû noch ien. Mar hait sai noch net fon klear, dot Harrem mwast grif noch mear sykje. No, don ek noch mar fwar pake-pleats en beppe-pleats. Hûfólle soenen dy yte? Lykefólle tink os hait en mem. Of soenen se mear yte? Se vienen fonsels vól ôder, en vot ôder, vot meart mun op koe. Hij iet ek fólle mear os syn suskes, en hait iet fólle en fólle mear os him. No, don soe ur fwar pake fiif graue rjappels sykje, hele graue. Mar no vienen dur gjin graue rjappels, ollinnech mar lytskes. Vacht, don die ur east fwar beppe-pleats, dy voe de lytskes fêst vól ha. Hûfólle fon dy lytskes soe ur beppe jaan. Tsien? Safólle fingers hie ur, dot hie mem him leard. Hij telde se: ien twa trije fjauer fiif, en de oare hôn: sais sôn acht njóggen tsien. Safólle fwar beppe. Moai, en no mwast ur doch fwar pake oan 't sykjen. Don mwast pake dur ek mar un pear lytskes bij havve, oas kaam pake net sêd. Twa grutte fûn ur, en dêr noch un stik of sais lytskes bij, dot vie genôch fwar pake. No vie ur klear. O nee! Mwóike Hinke! Dot vie dóm fon Harrem, soe ur dy ferjitte. Dy kryge lykefólle os beppe. Hij rêge yn 'e módder óm en fûn noch un monnech. Fwar him hie hait un heel soad bóppe de grûn | |
[pagina 107]
| |
smyten, mar hait sai hij mwast de grûn tróchklaue en dur net oerhinne krûppe. Gwant noch ta, hij hie ut bakje ol heal fól. Dêr koenen se ollegjer vól fon yte! Mar hait dólde gevoan tróch. Vêróm die hait dot? Dy koenen se ómmes nóit ollegjer óp, don koenen se vól baste! Of mwast ur ek fwar pake-en-beppe-Bósk sykje? Dy hienen oas sels vól lôn, pake-Bósk hie sels rjappels genôch. Mar meskjin hie pake-Bósk vól seare knibbels, en dêróm mwast Harrem joet fwar pake sykje. No, dot voe Harrem vól, vont pake-Bósk vie un bêste pake. Dy hie oltyt grapkes. En hij mócht vólrus even óp ut ôdhynder sitte, os se fon ut lôn kamen, en hij hie ek vólrus oan pake syn piip sûûgd. Fwar pake-Bósk voe Harrem bêst un mieltsje rjappels sykje, en don mwast beppe-Bósk ek vot ha, ol vie dy nóit leaf. Beppe hie oltyten un min sin, oltyten os pake grapkes makke, vie beppe nydeg. En os Harrem fertelde fon beppe ik ha mai pake dut en dot dien, don stúnde se ollinnech mar, don sai se: ‘Hun!’ Hij voe vól dot beppe-Bósk dea vie, don koe ur mai pake ville maitsje. Mar beppe gie net dea, en dêróm mwast se doch mar vot rjappels fon Harrem havve, oas vie ut ek sneu, os pake vól gwódden kryge en sij neat. Mar no hie ur don ek fwar elkenien genôch. ‘Vonnear hôre vij óp, hait?’ Hait grómmele vot, lykos sa faak. Sêg hait net dot ur ut bakje ol healfól hie? Vot besielde hait vinlek, hij dólde gevoan tróch en ol dy rjappels koenen lang ende lang net yn ut bakje. Se hûgden doch net fwar hele Nijtsjerk te sykjen? Mai pake-pleats durbij vie ut vól mwaier. Pake-pleats vie net sa grappeg os pake-Bósk, mar hij vie vól areg. Spyteg dot beppe net kaam, vont beppe-pleats vie heel leaf, lyke leaf os mem, mar se hie fólle mear kûkjes. Mem hie hast nóit kûkjes, ollinnech snains mar. Os Harrem bij beppe-pleats kaam, don kryge ur oltyten un kûkje, koe neat skele vot fwar dai ut vie. Ut soe vól kómme ómdot pake fólle mear sinten hie os hait. Pake hie un pleats en sij hienen mar un gevoan hûs en dêr vie ek mar un skyttúntsje bij, dêr koenen je aigentlek neat óp ferbaue. No vie ut bakje samar fól, en Harrem tocht ol: no kin hait de oare rjappels mar ver ûnder de módder trjowe, vêróm is hait ek sa stóm? Mar pake gyng oerain en kryge un sek, en Harrem mwast de sek óphôre en pake lege ut bakje duryn. En dû koenen se ver fonnijs begjinne. Dot fûn Harrem flau fon pake, vont sa kamen je ómmes nóit klear, os pake ut bakje hyltyt ver lege yn un sek. En hij sêg ut no vól, dur lainen un hele bats sekken bij pake syn jos. Dêr hie ur niis gjin erch yn hôn. Mwasten se ol dy sekken fólsykje? Dot mwast pake don mar dwaan, dêr hie Harrem gjin sin oan. Hij rierde vot yn 'e grûn óm, hij hie hatstikke smwarge | |
[pagina 108]
| |
honnen, krammele. Sjug, un núver beest mai vól hûndet poaten. Ajakkes, dot beest voe him byte! Pake lûûk ut bakje oan, ut stómpte Harrem tsjin 'e kónt oan. Ja, hij soe vól tróchsykje matte, oas lai ur aansent un heel ain achter. Pake lûûk no un hele plont fwar him vai, dot vie vól leaf fon pake. Ut vie pake syn skuld fonsels ek net, ol dy rjappels. Hait vie sa gek yn 'e kop, dy dólde dur ol mar mear rjappels út en hij en pake koenen mar sykje! Os se ver un streekje socht hienen, don gyng pake oerain, tilde ut bakje nai de fwareker en dêr gyng ut ver hinne, oltyt mar tróch. Harrem snapte net dot hait en pake dut moai vurk fûnnen. Ut vie ómmes stómferfelend. En je krygen ek seare knibbels en seare fingers fon dy smwarge hudde klútten. Harrem voe letter vól boer vurre, mar don lykos boer Rinsma. Boer Rinsma dy krûpte nóit óp 'e grûn óm, en dy stiek ek net stikken strónt fon 'e rúskjinne ô óm dy óp 'e vain te lûûgjen. Boer Rinsma siet óp 'e vain en stjoerde ut hynder. Of hij ried mai de vain mai molkbussen. Of hij rón achter de aide of de ópstryker. Mar boer Rinsma krûpte nóit óp 'e grûn óm, dot dienen syn arrebaiders. San boer voe Harrem ek vól vurre. Mar net lykos pake-pleats, dot vie ómmes neat, pake lyke vól un arrebaider! Pake-Bósk, dot vie aigentlek ek vól un echte boer, ol hie ur don gjin arrebaiders. Pake-Bósk vie ek oltyten mai ut hynder óp en út. Pake sai oltyten: ‘Ut hynder mat ut fwar mij fertsjinje, Harrem.’ Pake syn hynder koe fonsels net rjappelsykje, mar pake hie dêr vól un mesyne fwar, en dy koe ut hynder lûkke en don koe pake de rjappels samar óppakke. Vêróm hie pake-pleats net san mesyne? Vie pake-pleats doch net san ryke boer? Pake syn pleats, dot vie fonsels ek gjin echte pleats, dur vie ómmes net iens un grutte skwórre bij, ut vie mar un skythok. Hait sêg óp ut heloazje en sai: ‘East mar tee, net?’ Pake rierde de grûn noch even tróch en kaam stinnend oerain. Pake en hait gyngen óp 'e fwareker sitten mai de skónken bij de vôl del. Pake kryge de termoflesse út 'e josbwósse en hait ek. Se dienen baide de jos oan. Pake tearde Harrem un sek oer de rêg. ‘Hast ek swit Harrem? Do matst net beklûmje.’ Dut fûn Harrem no geselleg! Sa mai har trijen sitte, krekt os vie hij ek un grutte mon! Pake en hait skrûûfden de dop fon 'e termoflesse en plonten dy steveg yn ut gês. Dû geaten se dur vot tee yn. Hait die syn dop healfól. Hait sai: ‘Dut is fwar dij, Harrem, mar do matst even geduld ha, oas baansty de mwólle.’ En pake en hait hellen un pwódde mai bôle út 'e josbwósse, en Harrem kryge un stik bôle mai tsiis fon hait, un dûbbeld stik en don heal tróchsnijd. Don mwasten je de mwólle heel viid óp | |
[pagina 109]
| |
dwaan en don un hap durútnimme, krekt os un echte mon. Pake prate oer un jónkje út Fervet, dy hiet fon Lytse Kaimpe, dy vie mei ut hynder óp 'e rin gien. Hû koe dot no? Hij voe ut freegje, mar pake prate tróch en hait sai fon ‘aigen stómme skuld.’ Sjug, dêr hipte un graue kikket fon 'e vôl ô yn 'e sleat, hij riek de lange achterpoaten út en bljode dû stil lezen. ‘Ut is oltyten óppossen mai ut rjo,’ sai pake. Spyteg dot de grutte monnen ut yten samar óp hienen, en de tee hienen se ek samar óp, vont dy kwólle hud bwóttendoar, en dû mwasten se ver oan 't vurk. Harrem hie fólle ljevver sitten bljowe vóllen en harkje nai ut praat fon hait en pake. Hij begriep neat fon dot praat, mar ut vie geselleg. Se burgen de lege termoflessen en pwódden ver óp, en hait hólp Harrem mai pisjen en dû koe ut ver vurre. Mar pake sêg óm him hinne en sai: ‘Ik vit n't Têke, ik ston de lóft net.’ Hait sai ol vot veróm, mar dot koenen je net ferstean. Hait prate faak sa, dot je net heare koenen vot ur sai. Teminsten Harrem ferstie ut net, mem meskjin vól, en meskjin pake ek vól. ‘Vot is dur mai de lóft, pake?’ ‘Vetter, jónge, ik tink dot vij un stower krije.’ ‘Ut is no noch drûg!’ sai hait. ‘Ja,’ sai pake, ‘ut is no noch drûg. Kóm Harrem, vij sille noch un haal dwaan.’ En dêr gyng ut ver hinne. Harrem hie vól sjoen, dur vienen noch un heel soad sekken, se vienen noch lang n't klear. Hait dólde mar tróch, dy rekke hieltyt fjidder fon har ô. Hait koe har better helpe te sykjen, oas hienen hij en pake de hele dai vól vurk. Se hienen noch mar trije bakjes fól socht, dû foelen dur vot fyne spotsjes. ‘Ut raint, pake!’ ‘Ja, jónge,’ sai pake, mar hij socht gevoan tróch. O, no, don die Harrem dot ek mar. Mem sai oltyten: ‘Do litsty net vietraine, jer, ik vit net hût ik de boel ver drûgkrije mat.’ Mar pake vie mem fonsels net. Ut varen no vól un heel soad fyne dripkes, ajakkes, vot fielde dot aakleke kôd tsjin syn vang oan. Pake gyng oerain en diig de jos oan. Hij tearde fon un lege sek un puntmwóts en lai dy Harrem oer hólle en rêg en pake kryge un tautsje en bûn Harrem de sek óm 'e mul fêst. No vie Harrem un jidmontsje. Hij spróng oerain en draafde nai hait. ‘Hait, hait, pake hat un jidmontsje fon mij makke.’ Hait grómmele vot. Vêróm sai hait nóit dúdlek ‘ja’ en ‘nee’ en ‘goed’, mar oltyten dot gegrómmel? Hij gyng ver naist pake óp 'e knibbels lezen en klaude ver yn 'e grûn óm. Ajakkes bah, de módder begón oan 'e honnen te plakken en ek oan 'e brûk. Dut vie gjin dwaan, dut vie fize griemerij! Os mem dut sêg, don soe se lilk vurre en Harrem un klets fwar de kónt jaan. Móchten grutte minsken har vól begrieme? Pake begón dur | |
[pagina 110]
| |
ómmes ek út te sjen os un beest! Mwasten je pake syn brûk sjen bij de knibbels. Pake gyng oerain en rón mai ut fólle bakje nai de sek ta. Hij hûgde Harrem no fonsels net mear te vaskôgjen, dy vist dot ollang! Hij stode oerain en hood de sek fwar pake óp. Hait rón no ek nai de fwareker óm de jos oan te dwaan. ‘Ut mat don ferdómme ek oltyten treffe!’ sai ur. ‘Ja, jónge,’ sai pake, ‘vaar en vyn kin mun net twinge.’ Hij sette ut lege bakje te plak en skôge de lóft nochrus. ‘Soesto de lytsjónge mar net nai de loane stjoere, vont dy ferharret jir.’ Hait stiek achter de kraag fon 'e jos de piip oan, hij sai neat. ‘Lit pake dyn hontsjes rus fiele? Bist ek kôd, Harrem?’ ‘De knibbels, pake.’ ‘Gón mar gau nai beppe ta. Hait hellet dij dêr jûn vól ver vai. Nee, hôr dy sek mar oer de rêg, don bljoost noch vot drûg teminsten. Matst mar drave, don bist dur gau.’ ‘Ja pake, no gûie pake.’ Hy bóksele de fwareker del en sette ut óp 'e loane óp 'un draven. Mar vot hie ur no ónfetsoenlek vest, hij hie hait gjin gûie sain. ‘Hait, gûie hait!’ rôp ur. Mar hait hearde grif neat. Beppe bearde slim dût ur yn 't achterhûûs kaam. ‘Och myn leave jónge, vot sjuksto durút! Vêr kómsto vai, hasto bij de mônlje óp ut lôn vest? Hat jim hait dij mai hôn nai ut lôn? Mwasto rjappelsykje? Jim hait is n't viis, hû kryt ur ut yn 'e hassens! Do bist ferdoarje noch mar fiif ier, en mai dut vaar.’ Se makke ut tautsje los en die Harrem de sek ô en se die him de smwarge krûpbrûk ek út. ‘Matst de sokken ek mar útdwaan, beppe hat noch vól un pear lytse fon mwóike Hinke.’ Harrem fielde him no un hele lytse jónge, sa yn 'e kwatte brûk en óp bleate fwótten en bij beppe dyt mai him ómtroaide, no vie ur helendol gjin grutte arrebaider mear. Mar hij fûn ut doch vól nóflek. ‘Pake sai ik mwast mar nai hûûs gean,’ sai ur. ‘Ja,’ sai beppe, ‘ut is goed dot pake noch vot óp dij post.’ Beppe vósk him ut gesicht, vont dêr hie Harrem mai de smwarge módderhonnen oan sitten en de knibbels en de honnen fonsels ek. Hy kryge un pear sokken fon mwóike Hinke oan, dy koe ur hast vól oan 'e knibbels talûkke. En dû mócht ur yn 'e keuken sitte bij beppe. Beppe hie ut peteroaljestel oan en dêr stie un grutte blaue ponne óp mai un kronte duroerhinne. Ut vie dêr lekker varem. ‘Hast tee en yten fon jim hait hôn?’ ‘Ja, beppe.’ ‘Ot mwóike Hinke strak fon ut melken túskómt, sil beppe dij un beker molke hyt maitsje, don kinst ver varem vurre.’ Harrem gie ticht bij ut peteroaljestel bij de tafel sitten. Beppe hie noch un ôd printsjekronte, dy hie Harrem ol vittefaak besjoen, mar hij vie oltyt ver moai. Sa sieten se fredeg bijenwar, beppe mai un kwórkefól sokken naist har, dêrt se no en don ien úthelle óm de gotten te stopjen en Harrem mai syn kronte. | |
[pagina 111]
| |
‘Ik fyn rjappelsykjen net moai, beppe,’ sai ur. ‘Nee, jónge, mar ut sil dyn fwarlôn vól vêze. Havar, do matst skielek east noch un ier of sais, sôn nai skwalle fwardotst fergoed óp 'e klútten kómst. Do matst no noch mar fon ut libben genietsje, Harrem.’ |
|