De reade bwarre
(1993)–Trinus Riemersma– Auteursrechtelijk beschermdDe noeden fon beppe-FervetDur bljoot gjin moad ferhoalen, ol sille de rûkken ut útbringe, sainen de ôden ol, en vij vólle de vjirhyd dêrfon graach ûnderstreekje. Rûkken krosse olles oer de bwórren; un wanne mai dur net nai kraaie, de rûk bringt ut út. Mar, mun mat net hinnegean en kear dot sprekvud óm: vot de rûkken útbringe, slagt óp un moad, vont dot hûgt net vier te vêzen. Mun kin fon tinken vól ha dot de rûkken, sónt se tróch de ôden óp ut stwóltsje set en mai un sprekvud eare varen, noch mear har bêst dien havve óm olles út te bringen vot, hû ferhoalen ek, óp un moadgefol vize koe en dot se, bang ut yn har stelde betrauen te beskamjen en un ferhoalen moad ferhoalen bljowe te litten, út un hege ópfetting fon plicht en mai fwarbyldege iver olles oer de bwórren krost havve vot ek mar yn 'e fjitte óp un moad lyke en ol moad en brôn krosten os dur mar inkele drippen bloed flûid binne. Olles vot de rûkken útbringe is noch gjin moad. De Fiifhústers dyt bij friezereg vaar en eastevyn os de grûn hud vie en ut hoar vie oer ut fjild sainen: ‘No kómt de moad út!’ ómt se yn ut risseljen fon 'e deade blêden óp ut Nijtsjerkster tsjerkhôf ut heas kroste bwadskip fon 'e rûkken hearden, hienen dêróm har oardeel te gau klear. Ut koe, ómt de rûkken sónt de sprekvuddesamling fon Bogermon jun de earen fon 'e kop krosten, lykegoed loas alarrem vêze. Ut gyng lykvóls de Fiifhústers, noch Hôlemerhûksters, Maremerbósksters of Nijtsjerksters óm de vjirhyd, mar óm de smautste ferzje dêrfon. Mar vot ut ómvenjend laag dur fwar oardeel óp nai hood vie óp himsels net vichteg, ut soe vichteg vest havve os dot oardeel un beskate bejegening fon Têke en Eelkje en letter fon 'e lytse Harrem Módderklauer ta gefólg hôn hie. Mar dot vie net sa: ut vienen gjin krúddenieren dyt dêre te Nijtsjerk vennen, mar genieren, en dy telle de risping en net de sjidding. En vie Harrem net un skoan jónkje? Va soe don noch brykbekje of skeangnyskje óm syn kómô? | |
[pagina 94]
| |
Vichteger vie vot Têke tocht oer ut bên, dot meskjin út un kûkútsaai bret vie. Mar ut mat sain vurre, de twivel plêge him ollinne bij ryten, te sezen os de jónge ut yn 'e kônt sette of de boel ferbruide, of, letter, fwar ut vurk vairón, of mai twa lófterhonnen mar de bek óp 't rjóchte stee tróch Têke bij de lóft lôns segene vaar: dot stik fon un blostege óngelók koe net fon him vêze! Mar os dy buien oerdreon vienen en de lóft ópskjinne, mwast Têke him vot langer vot faker bekenne dot de jónge krekt sa frekte dwas en ónbrûksem vie os hijsels yn syn jónge jirren. Vot tocht de jónge sels? Hij hat oan syn tólfde ier ta net oas vitten os hij vie ien fon syn hait en mem. Dot je yn 'e regel ien fon je mem binne mar dot dur ûnder de haiten ramplesonten fwarkómme, vie him dû noch net bekend. De ienhyd fon hait en mem nóm ur fonsels oan. Hait, un domynjerjende fyguer dyt de fwótten óp 'e tafel lai en him efter kronten, of snains un bûk, ferskûlle, dyt hytingen die oer dut en dot, en do matst tenai sa en sa, en no hie 'k dij noch sa sain, en dot lykefólle tsjin mem os tsjin him. Mem jerde bij hait os de sok bij de foet, jerde ek bij him, Harrem, mar doch mear bij hait. Hij fûn har tsjin him oer ynstee fon naist him os hait him ut monnevaar óp sai. Mem lûûk ien lyne mai hait en ferhefte har stim net os hait fon 't bóppeste bwódsje begón te segenjen en hefte gjin earem óp os hait de riem losgospe en him un pak bruien jûûg. Hait en mem vienen ien, hait en mem skieten yn ien poat, mar hait en mem posten ek óp him en vienen ien yn har swarg oer him. Beppe-Fervet brocht him oan ut twiveljen. Ja venne sónt de dea fon ôde Harrem, dyt hómmels vairekke yn 'e maityd fon '33, ver te Fervet, har betteplak, en tagelyk mai de ferhúzzing vie har namme feroare, east beppe-pleats, no beppe-Fervet. Beppe-Fervet fertelde de jónge Harrem ut ien en oar, of mat mun seze dot se har inkele dingen óntfôle liet? Vont de jónge ynljochtsje of fwarljochtsje of vaskôgje, dot vie ut doel net. Harrem tochte, ut vie ver san ferhaal dêrt kop noch stut oan te fynen vie, ien sat beppe se de lêste tiid vól faker ferteld hie, en dêrt ur ains mar un hekel oan hie. Vont beppe vie don streakereg en leaf, bij ut skriemerege óm en ô, en fertelde út un skier ferlyne oer dingen dyt Harrem him amper of net fwarstelle koe en dêrt lykvóls syn oardeel oer frege vaar. Os beppe san ûnderverp oansnie, vynde Harrem óp 'e stoel óm en foelen him ollegjerre bwadskippen yn dyt hait him ópdrûgen hie en vaskôgingen fon mem dot ur óp 'e tiid tús vêze mwast. Ienkear hie ur tús sain dot beppe sókke healvize ferhalen hie dêrt ur neat fon snapte en dot se har oanstelde, mar dû hie Têke bij dut en bij dot | |
[pagina 95]
| |
ferkundege dot, snotnoas dysto bist, hij sók praat oer syn mem en de jónge syn bloedaigen beppe yn 'e hûûs net heare voe, do smwarg aigenviis stik strónt dotst biste. Dot sadwaande swijde Harrem tenai oer de kluchten fon beppe en brocht ollinne de groetnis oer en syn aigen betinken dot ut vól goed mai beppe vie en út en tróch ut fersyk oan hait óm un bakfól rjappels. Mar óp un kear sjidde beppe twivel oangeande ut bloedaigene fon har beppeskip. Se fertelde un langtrjiddereg ferhaal of prate lûûdóp yn harsels oer ‘jim pake Jurjen’ - vêrt, sat Harrem ónjerre, pake-Bósk mai bedoeld vêze soe, vont hij hie un pake te vainjen yn ut Maremerbósk en dy vaar tróch beppe-Bósk ‘Jurjen’ neamd - en oer jim pake Jurjen syn ‘streken’ mai lônferhierderij, en jim pake Jurjen syn ‘smearlapperij’ mai túg en fyter dyt ur oer de sleat bij un oar óp 'e fwareker dóndere, ynstee fon ut druie te litten en te ferbanen, en dot jim pake Jurjen rus bij jûntyd nai Vôtse-Aukje-en-dys heap riden vie en dêr un heal vainfól rjappels stellen hie, en dot jim pake Jurjen un fuillak vest hie en noch vie faaks en oltyten de bek fól smwarg praat en dot ur de frôlje net mai rêst litte koe en dot ur syn aigen dochter tenai kómmen vie, en mun vist ferdeold net iens osto vól ien fon jim hait bist. Sjug mij rus oan, jónge! Mun soe ut bêste dur mar fon hoopje. Do lykest oas vól óp jim hait. Ja, súver krekt jim hait dût dot san jónge vie. Mar - en dû klaude se un pear sûkkerkellen fon ut plússen taffelkleed, en dot voe net vont se spróngen hieltyt efterút - ik kin mij jir better oer stilhôre. Do matst no mar nai hûûs gean, Harrem. Ut vurt beppe te drók. Ut healevize geklets fon beppe bljode bij Harrem hingjen, faaks ut meast tróch dot núvere beslút: beppe hie dur aigentlek net oer prate vóllen, hij mócht ut vinlek net vitte. Hij prakkesjerre duroer nai en voe east havve, beppe hie har fersind, se hie net óp pake-Bósk doeld mar óp har aigen mon, pake-pleats. Vont ut heugde Harrem dot, dût ur jirren lyn rus mai mem efter óp 'e fyts nai ut Klaailôn vest hie, dot dû pake mem bij de lea hôn hie, en dot mem fjoerread óm 'e kop vurren vie, en dot hijsels mem hólpen hie tróch pake mai un bwattersding, un hauten hynderke óp tsjellen, fwar de kónt te bûtsen. Aigentlek hie ur dû óp ut stuit tocht dot ut net echt fjuchtsjen vie, ek ol hie er gremyteg óp pake ynhuft, mar dy jûûns tús hie mem savot lilk tsjin hait sain: ‘Jim hait kin syn honnen ek net iens túshôre. Ferdeold noch ta! Hij kryge mij bij de hûûd en os de lytsjónge dur net vest hie, dû mwast ur him ynhôre, mar oas, ik vit net vot dur bard vie.’ Harrem soe dû olles noch gevoan fûn ha, vont hij híe mem ómmes hólpen te fjuchtsjen, os hait sókssavot sain hie | |
[pagina 96]
| |
os: do bist un grutte faint, do matst mar goed óp mem posse. Mar hait kryge un reade kop en rón durút en slûg de doar efter him ta. Dêr tocht Harrem oan veróm, mar ut slagge him net dur vot oas en vot fjidders bij te fontasjerjen. Pake-pleats hie un stûffe en stive ôdkearel vest. Pake-Bósk vie góller en freonleker, bij pake-Bósk hie ur oltyt óp 'e knibbel mócht en pake-Bósk hie him feskes leard dyt ur tús net sjónge mócht fon mem. Vinlek koe ur him fon paken helendol net yntinke dot se vot mai frôlje dienen. Yn 'e ferhalen fon ut skwalplain en de bwórren gyng ut oltyten oer ‘de faint en de faam’. Dy dienen sóks, vont ut vie grutjóngesgedóg. Fon haiten en memmen mwast mun oannimme dot se ut nai ut trauen noch un pear kear dien hienen, vont oas hie mun dur sels ómmes net vest, mar don vie ut út. Don kearden se har fon 'e fiislakkerij ô, en paken en beppen, no dy vie ut ollang fergetten dot dur sókssavot bestie. Ut vie un bennespul, sa benneg dot je dur ollinne mai jónges fon je aigen jirren oer prate koenen, en ek noch ollinne mar os je je ferfeelden en oas neat te dwaan hienen. Doch, sait de kopijskrjower, hie beppe-Fervet net helendol óngelyk. Pake Jurjen hie, mar dot vie sa njónkenlytsen ek ol ver fyftjen, twinteg ier lyn, en Jurjen vie dû noch gjin pake, mar stie yn 'e krêft fon ut libben, syn dochter Eelkje vól vot ónfûûg behondele. Ut vie ol un greotfanke, don siet se noch faak bij him óp 'e knibbel en hait streake har oer de billen en de jónge bwastkes. En os se nai bóppen gien vie kaam hait even letter te sjen ot se dur vól goed ûnder lai. En don begón ut streakjen fonnijs. Ut kaam duróp del dot Jurjen Westra syn dochter fon dût se tólve, tretjen vie oant dût se un ier of achtjen vie geregeld vai klearmakke. Sónder ópsetsin lykegoed, vont Jurjen vist net dot sóks koe bij un frau, hij hie dur bij syn aigen nea vot fon fernómmen, dy bljode kôd ûnder ol syn streakerijen. En faaks, va vit, dot ur dêróm syn talinten yn tsjinst fon syn dochter stelde. Dy liet har streakje en sêfte knypkes jaan en hóng stil tsjin him oan en vaar dur loom fon. Hait en dochter frijden un bytsje, un gevoane saak yn monnech húshôring, en ut vie ek noch syn jinnegst bên, mócht ur dêr vot ekstra viis mai vêze? Beppe-Fervet, dyt ut yn un fertrauleke ryte fon Eelkje-sels heard hie, mócht ut don smearlapperij neame, Eelkje hood dur neat fon oer en ut die har gjin skea. Krektoasóm, se kryge letter un bulte perfyt fon 'e ûnderfyningen dyt se tús ópdien hie, vont fon 'e hastege Têke bljode se sa kôd os un stien. Os hij sljipte, swarge sij fwar harsels. Javis, beppe-Fervet hie vól vot gelyk, vont dût Eelkje un ier of achtjen vie en ut mai Jurjen yn 't bedsteed net fólle mear vaar - | |
[pagina 97]
| |
grauen en snauen kryge ur en ‘ôde bók’ vaar ur neamd - en dût dy ópslûppen snotbóngel fon Harrem Módderklauer óm Eelkje styke, faaks dêróm noch ut meast, hij voe har net misse, hie ur besocht de bôn tusken ut fanke en him naier oan te heljen mai har syn reafollege en glônzege monlekhyd sjen te litten, óp un oerdai yn 't rjappellôn dût ut súver te varem vie óm te arbaidzjen en se vot langer pypskóften. Mar Eelkje hie mar vot fus sjoen en ónjerre dot hait dot ding mar ver bestopje mwast, en se hie de vjoerder pakt dût hait oanheldereg vaar, vont dur begón har un ferbôn te skymerjen tusken dot ding fon hait en ut streakjen fon hait oer har billen en liif. Se hie dot oltyten fijn fûn, se vaar dur rûzereg en sûzereg fon yn 'e hólle en se die ut sels ek vól sóms os se net daleks yn 'e sliep kómme koe, mar se hie nea yn 'e gaten hôn dot ut ‘dot’ vie, dêrt mun net oer prate os fanke en dêrt mun net oan tocht, mar dêrt jónges en mônlje oltyt vól oer tochten en praten. Fon dû ô ontvynde se de oanhelderege honnen fon hait. En fongefólgen fielde dy him tebekset en lai ut dur dêróm mear óp oan, mar mwast yn 'e rekken krije dot syn dochter net langer haite póp vie, mar fólvûksen vaar, en un faint hie óm har streakje te litten. En Jurjen gyng de striid óm syn dochter mai Têke net oan: frjemd gjit oltyten foar bij aigen. Hij swarge dot de jóngelju tiid en plak hienen óm te frijen. Dot se ut net dienen vie syn skuld net. En jetrus: beppe-Fervet roaide net helendol mis. Mar har gelyk lai óp un plak dêrt se ut net socht. Dur vie sibskip, naier os fon pake en pakesezer tusken Jurjen Westra en Harrem Módderklauer. Vaat ek syn hait vest havve mai, mar nai olle gedachten vie dot gevoan syn aigen hait, hij vûûks óp os un Módderklauer, vaar ynvijd yn 'e gehaimen fon módder en dóng, fon kij en hynders, fon rjappels en byten, hij nóm de stap fon syn hait en de hôring fon syn hait oer, hij snaude tsjin syn mem lykos syn hait ut die, en hij kaffere óp syn suskes lykos hait óp him ketterminte. Ol of net út Módderklauerssied tyle - mar vjirskynlek vól - hij vaar tróch de ópfieding en ut byld fon syn hait dot him bij dai en bij nacht hytfólge un echte, yngrevene Módderklauer. En tagelyk vie ur oas en mear os un Módderklauer, vont Módderklauers klauden ollinne yn 'e swiere, kliemske grûn fon ut Klaailôn, mar Harrem stiek syn klauen ek yn oarmons bwóssen, yn swatte hondel en yn Joadinnebrûkken. De Módderklauers hienen sónt geslachten lyn oltyt kankere oer hege prizen fwar vot se ynslaan mwasten en lege prizen fwar ut gemaak, oer ut regear dot har stikke liet oltyt en iveg ver en oer de poletyk, dot se fwar harsels fertaalden | |
[pagina 98]
| |
os: smearlapperij. En Harrem skóld ek óp noatkeaplju en feekwônslers, ek Harrem hie ut grau óp De Haag en neamde poletyk un smwarge boel. Mar Harrem liet ut net bij kankerjen en skellen, hij die ek vot. Olle Módderklauers hienen, lykos nammes vinlek olle geniers, mar ien doel yn 't libben: genier vêze en genier bljowe. Un sober stik brea fertsjinje fwar un beolegfól vurk, en safólle sparje kinne dot dur krekt genôch vie óm de iene kear un nije ko te keapjen os dur un bist skerp ynkrygen hie en nai de slachter mwast, of un oare kear un nij dak fon twaddehôns ponnen óp 'e skwórre te lezen os ut ôde fon vonmoed ynenwar nukt vie. En bij ainslútten: ut lôn en ut besit, de húzzing en ut beslag oan 'e ôdste soan oer te dragen mai lykefólle skulden, mai lykefólle hypteek en mai lykefólle kônsen óm de boel drjowende en de kop bóppe vetter te hôren, en mai krekt deselde, safaak herhelle fermwanning ‘nóit bij un oar’ lykos se ut spul sels un fiventwinteg, tryteg ier lyn tebek fon hàr hait oerkrygen hienen. Mar Harrem Módderklauer besocht fwarút te kómmen en sinde óp middels óm fwar de ôd baaiet - dyt ur os bóike ‘pleats’ neamd hie - un echte pleats yn 't plak te setten, un machtege kop-hols-rómp dyt ut hele Klaailôn beheaskje soe. Vont heaskje voe Harrem, net lykos syn hait en paken oer un stikmonnech rûpske hinnen en blostege kjellen, oer erflek stikkene skytkretten en rjappelbakken dyt och sa hoeden óptild vurre mwasten vont oas dóndere de gazen boom durút, mar oer twinteg kij voe ur heaskje en oer nije mesynen en oer un mon of fjauer fólk. En salangt dy dream net verklekhyd vaar, ûffene Harrem him yn ut heaskjen oer syn suskes, oer skwallematen, en letter, oer ôde ljutsjes en Joadinnen. Ut klauerege en ynklauerege hie Harrem fon syn hait en pake. Mar vot ur beklaue en ynklaue voe, dot vie oant dû ta bwótten Módderklauersk êgvaid fôlen. Módderklauers varen yn módder oanset en yn módder benne. Módderklauers rónnen erflek en oant har dea ta, os se fwargoed yn 'e módder kamen te lezen, mai módder ûnder de nailen, módder yn 'e earen, módder tusken de kjizzen, módder yn 'e mage en módder yn 'e êgen. Mar Harrem fage de módder út 'e êgen en sêg de vrôd yn. Dur vie mar ien dêrt Harrem dot fon oerkrygen havve koe, en dot vie pake-Bósk. Pake-Bósk hie, os ur steande óp 'e jidkarre nai ut lôn ried en mai de kop yn 'e nekke oer ut fótteljende hynder hinne sêg, vot fon un grandseigneur oer him. Pake-Bósk vie net krintereg en sêg net óp oarmons jild. Pake-Bósk mócht vól un sûpke en sóng feskes dyt ains net tróch de mesken koenen. Pake-Bósk fûn un oar | |
[pagina 99]
| |
syn rjappels lyke bêst os syn aigen en helle un healvainfól út bwórmons heap. Pake-Bósk hie de tsjoen fon ut frjemde en bwóttenvênstege oer him, vont hij drûûg oan un tautsje óm 'e hols un pwódsje óp ut bwast dêrt vot ynsiet dot pake hólp óm nóit siik te vurren en gjin óngemakken te krijen. Harrem hie ut rus sjoen dût pake un oare strûpper oan lûûk. Mar pake hie him besward: hij mócht dur mai nimmen oer prate, hait net en mem net en beppe?... dy perfwast net! Ut vie un gehaim dot gjinien vitte mócht. Hait mwast ur belykje, vont hait vie un ópstakel en hait koe ur ollinne oan kônt krije tróch lyke sterk en lyke dwas en lyke blosteg te vurren. Mar pake-Bósk fereare ur en bij pake sêg ur óp. Vont pake-Bósk vie vot apats mai. Pake hat ut him nóit ferklapt, mar Harrem sil dur aan fon hôn ha of ut faaks vól ret havve dût ur deselde vai ópgyng os pake en de besibbens fon har baiden vot langer vot dúdleker vaar. Oasóm mat pake-Bósk fwarfield ha dot Harrem yn syn fwótleasten stappe soe - net óm 'e nócht liet ur bij syn stjerren Harrem dot pwódsje nai. Beppe-Fervet hie dur nea fon heard en koe dur net skriemend en suchtsjend oer beare. Dût Harrem ta syn ferstôn kaam vie de ôd mon ollang dea en begrûven. Pake-Bósk vie Bwarrist. |
|