De reade bwarre
(1993)–Trinus Riemersma– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 84]
| |
Grimbolds fjiddere avventoerenGrimbolds goede libben ûnder Dúnnegea kaam un ain oan dût un pestoarachteg persoan binnenfoel yn 'e hutte dêrt ur mai twa fette jónge frôlje húshôde. De pestoarachtege persoan drige mai hel en ferdómmenis en sainege de baide jónge frôlje bij de lóft lôns. Dot vie oas helendol net noareg, vont dy frôlje ferkearden ol yn sainege ómstondegheden. Grimbold vist neat betters te dwaan os de pestoarsmon dût dy neane óp fertocht vie mai ut plestikpwódsje oer de lea te stryken. De kearel begón oan syn brúnne jurk te watten en dûûk tusken de baide fette frôlje yn ut strie. Grimbold hie ynjesten gjin lêst mear fon dy ferfelende spultsjebrekker, mar de kaat vie lykvóls ferjûn. Grimbold nóm ut jurkachteg kleed dot de kearel himsels fon 'e lea roppe hie en striek súntsjes út. Dot kleed, sa hie ur begrepen, jûûg macht, en dot koe fon pos kómme. Hij kaam nai un hele nacht rinnen yn ut gehucht Twellegea, ûnder de rook fon Snits, vont se vienen yn Snits oan 't jeneverstoken en de vyn vie oan. Grimbold vaar fon 'e dwarpelingen earbiedeg groete, en hij frege harren freonlek, vont sa voe ut klaad dot ur drûûg, ot dur fwar un raizgjende mon Gods jir of dêr ek un miel yten te besetten vie. Hij vaar ynnûge en koe mai oansitte dût ut yterstyd vie. Dur vaar him frege ot ‘menhear’ út frjemde oaden kaam en hût ut lôn dur fjidderóp hinne lai, vont mun hearde sóms fon rûnswolkj end rap en rút dot him oan frôlje en drank tebwótten gyng en fwar vaat gjin minske noch dier faileg vie. Grimbold fertelde inkele ôgrysleke ferhalen fon vot te Sônbulten, Vainterp en Boanburgem fwarfôlen vie, hût un faam fon achtjen tróch sônentryteg rôvers misbrûkt vie, vêrnait de rôvers dyt hóngereg vurren vienen, har óntholze en boppe un hautfjoer oan ut spit bret en naityd mai pônse en têrms ópyten en de bónkjes yn 't dôvjende fjoer spijd hienen, en dêrnai mai mon en macht Vainterp ynfôlen vienen en de boeren mai spykers oan 'e skwórdwarren slain hienen en de frôlje fersopen yn 'e jarredóbbe en ol ut fee en inkele kreaze fammen maifierd hienen en dot ja de keppel nai Boanburgem drifke hienen en ópsletten yn 'e Boanburgemer tsjerke en de tsjerke yn 'e brôn stutsen en dot de kij libben ferbaand vienen en dot ja de maifierde Vainterpster fammen brûkt hienen oant se ónbrûkber vienen en dot se dy dû ek yn 'e banende tsjerke smyten hienen en naityd de kij dyt yn aigen fet bret vienen ópplúzzen, en dot dû de Sônbulster boeren kómmen vienen dyt oer | |
[pagina 85]
| |
Vainterp raizge vienen en de spykers út 'e skwórdwarren lutsen en dêrmai de fêstnagele boeren befrijd hienen, en monmachteg ut spoar fólge vienen en de flaisdrónkene en feestfierende rôvers oer ut mod kamen en ollegjerre finzen nómmen en oan 'e grêfpjeltsjes fêstbûnnen, se ollegjer stik fwar stik en ien fwar ien mai un byle olle fingers en olle tjennen ôslûggen, vêrnait se óp 'e swatblêkere Boanburgemer tsjerkemwórren de messen slypen en de rôvers de earen en de noas ôsnijden, de eagen útstieken en lóbben, en bij ainslútten de tónge út 'e hols fyken, sadot se ek net mear ôlje koenen, vont se smoarden heal yn ut bloed, en dot de Vainterpster en Sônbultster boeren dêrnai, mar dû sakke de frau ynenwar en glied sydlings bij de tafel lôns en kaam langút tusken de tafelspoaten en dy fon ut ómsittend laag telône, sónder ek mar ien kik te jaan en kenber te maitsjen vot har skeelde. Sadwaande kryge Grimbold gjin gelegenhyd óm ut ferhaal út te fertellen, vont aigen leed telt hûndet kear swidder os oarmons en ien flaufôlen frau yn ut aigen hûûs dêr mwasten 37 rôvers dyt óp ut Boanburgemer tsjerkhôf lóbbe, fon tjennen, fingers, earen, êgen, tónge en noas óntdien en vaat mai sêgen en messen de jermen en skónken un ain ynkwatte varen en dyt rócheljend deabletten, ut tsjinô leze. Grimbold lai de hôn óp ut pwódsje en lústere: ‘Lit ut libben yn har verómkeare.’ De frau slûg de êgen óp en kaam oerain, gyng sitten en stiek de leppel yn 'e brijponne. ‘Vêróm yte jimme net?’ frege se fervóndere. ‘God is greot!’ rôp de húsmon út, ‘en jo hear...?’ ‘Hear Grimbold,’ sai Grimbold minlek. ‘Jo, hear Grimbold, jo binne un verachteg tsjinstfaint fon God!’ ‘Dot sil ik jo net óntstride,’ sei Grimbold. De oerdais liet Grimbold him oantsjinje bij de pastoar dyt te Toppenhúzzen venne, en hij kryge ol gau yn 'e rekken dot dy mon un libben os un lúús óp un seare hólle hie. De pestoar liet him de vynkelder en de bierkelder sjen, fertelde dot de boeren him jestmes yn 'e slachttiid ut bêste fon baarg en ko yn 'e hûûs tôgen, dot hij ut jinnege stjinnen hûûs yn Top en Twel hie, óp God nai don, en lake dot syn grau liif skódde en slûg un krús. Grimbold begriep de mon vie hear en master oer de ónvittende boeren, hij kaam efter ol har gehaimen tróchdot ur harren de bycht ônóm, en koe oasóm elkenien óp straf fon ekskómmúnykaasje ta gehaimhôring ferplichtsje. Dêrby koe ur safólle jild os ur voe út ut offerblok helje, ónjerre Grimbold, en hie de beskikking oer un húshôrster fwar dai en nacht. En dût Grimbold durópyn frege vot mun ol sa kinne mwast óm fwar dut baantsje yn oanmerking te kómmen, ondere de pestoar dot mun ains | |
[pagina 86]
| |
olles kenne mwast, de bibel fon bwótten en 'e lyturgyske gesangen en mun mwast fon dopen en deagean vitte, fon gebeden en fermwanningen. Grimbold sai hij voe vól un setsje bij de pestoar útfonhûûzje en hij soe dur vól fwar betelje. De pestoar vie gau út 'e ried dût Grimbold inkele gaudgûnnen út ut plestikpwódsje óp 'e tafel skódde. Hij koe bljowe salang os ur voe, vont ja vienen brwórren yn ut ljowe en bên fon ien hait, sai ur vylst ur de gûnnen achteleas ópstriek. Grimbold rón de pestoar un monnech vyken óp hakken en tjennen nai, learde hût mun jun oan tafel hôre en drage mwast, sêg hût de pestoar mai ut fólk ómgyng, hearde him de bycht ônimmen, learde de latiinske gesangen dyt de pestoar yn tsjerke sóng, kaam yn 'e kunde mai de sakraminten fon dopen, trauen en kómmúnny, ûffene him yn ut sjóngen, stappen, praten, bidden en bychtônimmen en besleat dat de tiid ryp vie óm de pestoar oan kônt te setten en syn plak yn te nimmen. Hû geleard de mon ek vêze mócht, hij hie gjin ûnderfyning mai frôlje en fon dot swakke steed voe Grimbold gebrûk maitsje. Hij helle ut pwódsje mei de bollen fon Boldgrim tróch ut bedsteed fon 'e húshôrster en dêrnai tróch dot fon 'e pestoar, en vachte ô ta hókker nachtleke útspottingen de geast fon Boldgrim harren twinge soe. En jitrus kaam Grimbold ûnder de yndruk fon 'e macht fon 'e geast, vont dût ut bedgóngerstiid vie en Grimbold him os gost ut east ôjûn hie nai syn bêd óp 'e solder, dû hearde ur ûnder un ôgryslek kebaal, vont de pestoar en de húshôrster hienen mar amper mai ien bleate skónk ut bêd roerd of de hetstochten dyt jirren slûmme hienen en ol dea vaand vienen brûûsden ómheeg en 'e pestoar en 'e húshôrster lûken de bleate skónk veróm en stoden nai enwars sljipstee, tróffen enwar óp jelvy yn 'e góng, griepen enwar oan en rôlen stjittend, stómpend, klauend, bytend, hymjend en ôljend oer de flier óm en óm, don hij bóppe, don sij bóppe, en visten fon gjin óphôren en vienen de tiid fergetten en tochten óm gjin sliepen en voenen yn ienkear olles ynhelje vot se fersûmme hienen, vont noot se dochs oan 't sóndegjen vienen koenen se ut fwar 't selde goed dwaan, de kaat vie no doch ol ferjûn en ut helske fjoer koe sa ôgryslek net bane os jasels baanden en stjitten en stómpten óp 'e nij, oant óp un stuit de pestoar stillezen bljode en ta gjin beveging mear oan te trúnnen vie en mwasdea oer de stjinnen flier siigde. En fwart de húshôrster ta besleor kaam en ôlje koe, nóm Grimbold bóppe de honnen gear en tanke Boldgrim. Mar dû spotte ur ek ûnder de tekkens vai en ûnderfrege strang de húshôrster. Ut mins vie olheel fon 't sintrem en skriemde en rôp God en syn travonten oan en voe jammerjend havve de pestoar hie san goede mon vest, san goede | |
[pagina 87]
| |
mon, en no samar ynienen... Mar Grimbold makke un ain oan har kryten mai de kôde fraag ot ja faaks mai de pestoar ta flêsklek ferkear ferfôlen vie en ot ja de pestoar ferlaat hie óm syn selybatêre steat te besmótskjen mai ónrain sied? Ja bekende skriemend en klaaiend en Grimbold tekene har sóndege steat en har ferdjerlek libben breed út en neamde olle ôgrysleke straffen dêrt se mai straft vurre soe en brûkte dêrtuskentróch hyltyt ver de fjauer latiinske vudden dyt ur fon 'e pestoar leard hie dyt ek net mear kennen hie. De húshôrster fielde de pykel ol yn 'e vûnnen banen en vaar ol oan ut hier hinne en ver tautere bóppe de poel fon swevel en fernóm ol ut mes dêrt se libben mai strûpt vurre soe en vie de beswyming naibij, dût Grimbold har sai dot dur noch pardón fwar har vie, os ja, bwótten berau, belidenis en boete, durfwar swargje voe dot hij, Grimbold, ut plak fon 'e ferstoane ynnimme koe. De húshôrster griep de lêste kôns mai baide honnen oan en sai ta ja soe dur fwar stean. De oare mwaans liet Grimbold de klok fon Toppenhúzzen liede en hij stjoerde de húshorster nai Twel en gyng sels yn Top húskebijlôns óm ut leed óm te sezen. Trije dagen letter late Grimbold de útfeat en nóm tróch syn oangrypend sjóngen de lêste twivel bij de stimhavvende boeren vai: dût se de pestoar fólslein tun ónrjóchte yn vijde grûn sakje litten hienen, varen ja ut duroer iens dot Grimbold soe pestoar vêze. Ien fon 'e earste fernijingen dyt Hear Grimbold ynfierde vie ut ferpleatsen fon 'e bychtstoel fon 'e tsjerke nai syn vurkkeamer yn 'e pastorij. No vie dot vinleken bij vize fon sprekken: dur vaar neat út 'e tsjerke vaisjaud, net iens un gevoane stoel - dur vaar ol un bêd yn 'e vurkkeamer set, mar dêr repte Grimbold net fon -, mar ut betsjutte dot vaat vot misdien hie, en dot hienen ja erflek sai Grimbold, mwast tenai bij him oan hûûs kómme, en dot hûgde net óp fêste tiden mar ut koe oltyten de hele dai tróch en dyt dais gjin tiid hie koe naks kómme. Hear Grimbold kryge ut bonneg, vont elkenien voe vólrus vitte hûfólle ut mai de nije pestoar lije koe en ot ut, lykos bij de ôde, ek bij him mooglek vie ollinne de lytse sónden te fertellen en de grutte benefter te hôren - vot har yn 'e póng skilde. Mar dot foel smwarg ô, vont os ja nai ut klopjen fon 'e húshôrster nai binnen skood varen, sêgen ja menhear pestoar mai de rêg nai har ta stean en hij draaide him net óm, mar bljode stil stean en de besyker vachte en bljode ek stilstean en kichte óp 't lêst rus fersichteg óm menhear pestoar syn ómtinken te lûkken mar hear Grimbold hearde neat, en don ynienen os un tóngerslag kaam syn lûûd: ‘Vot hasto útheefd!’ De bychtling | |
[pagina 88]
| |
stammere don hasteg syn lytse bwóssónden en swai en vachte en tocht dot ut hie grif net genôch vest en socht yn syn ónthôd noch un pear ónskuldege sónden, mar hear Grimbold sai kôd, en noch oltyt mai de rêg nai de bychtling ta: ‘Dot binne ollegjer kotaaien! Fertel votst úthelle hast!’ En jest os hear Grimbold olle ôgrysleke sónden út 'e bychtling knypt hie, draaide ur him óm en viisde him ut got fon 'e doar en sai hij en God soenen har duroer beriere ot dur noch ferjauing mooglik vie. Hij mwast yn nije vyke marrus oankómme óm nai de útslag te fernimmen, en vee, os ur yn dyt tiid ver ta kwea ferfôle mócht. Mar vie de bychtling un frómmes tusken de sekstjen en de saizentryteg en net te óntsjep, don liet Grimbold har knibbelje en lai har de hôn en ut pwódsje mai de bollen óp, burg don ut pwódsje ver óp mar helle vot oas fwar ut ljocht, san toog vie doch ôgryslek hondeg, en nóm ut frómmes óp bêd en sai har sónden vienen ferjûn en God hie him ver mai har ferienege, ut flêskleke vie dêr ut teken fon, en ja mwast dur mai gjin vud fon reppe vont ut olderhillegste praat mun net oer. Sa nóm hear Grimbold harren de bycht ô, lai harren boete óp en ferjûûg ol of net, un elk nai de mjitte fon syn sónden en neffens sekse, ôdens en oansjen. Hij kryge de vyn dur goed ûnder en hûgde yn tsjerke immen marrus langer os un tel oan te sjen of dy flêg de oare dais hasteg en hómmels nai de pastorij óm olle sónden te bychtsjen dyt ur yn un sliepeleaze nacht bijenwar fondelje kinnen hie. En hij lai harren swiere boeten óp en kloppe harren de lêste sinten út 'e bwóssen en liet him bijneed yn natuera betelje, vont God vie net fiis fon un hûkke spek of un pear tsizen en de hymelingen móchten ek vól un flaubyt, mar dêrfwaroer stie ut vitten dot os hear Grimbold bij ainslútten de sónden ferjûn hie, don vie ut ek fon 'e baan, don koe sels God dur net óp verórnkómme. De frôlje, de begunstegen, kamen graag nai de pastorij, vont hû snijend de stim fon menhear pestoar ek vêze mócht en hû fernederjend ut vie tsjin syn ónbeveechleke rêg te praten, de ain vie swiet. Sels God koe de sónden net mwaier ferjaan. Naks vie dur net fólle flecht óp 'e koai. Nimmen skynde sókke ôfgrysleke sónden bedreon te havven dot ur dur naks noch óm fon 't bêd mwast. Kaam dur olrus ien, don vie ut fwar sperrenden, slim siken, fwar bênjende frôlju dyt ut net sónder un knap gebet óprêde koenen, ek gaurus fwar fee, vont dot vie noch kostberder os viif en bên. Mar Grimbold koe jûûns faken net yn 'e sliep kómme ómt ur lêst hie fon un kôde skónk, en hij ónjerre dur mwast un jóng fróm- | |
[pagina 89]
| |
mes yn 'e hûûs kómme dot dais de húshôrster hontlangje en naks him fwótvaremje koe, en vot langen ur duroer naitocht, vot gaadlekert ur dy óplossing fûn, vont de húshôrster vie sónt ut trammelont mai de pestoar de ôde net ver vurren en noch oltyten skril os se tróch de góng mwast, en sa redsum ek lang n't mear, en ja vaar un dai ôder. Grimbold spriek de oare dais syn swarg oer har sûnnens út en sai ja mwast har net ferskreppe en bij syn hoederleke rûngóng fertelde ur jir en dêr dot de húshôrster vaar minder, javis, de ôde dai, en dur soe yn fersjoen vurre matte, vont har dienjaan, dot koe ur net oer 't het krije: ja hie olrus útlitten ut vie har stille vinsk skielek út 'e pastorij útdrûgen te vurren. De stadege Top- en Twelster tinkers ónjerren un pear dagen letter dur mwast help óp 'e pastorij kómme, dur mwast un fiks frómmes hinne dot de húshôrster ut swirste vurk út honnen nóm. Ja dienen ut hear Grimbold oan 'e hôn en stienen dur ek bij de húshôrster óp oan en Grimbold sai hij soe ut óp beried hôre en die dot ek un twa vyke en helle dû un tsjep jóng frómmes dot ur faak de bycht ônómmen hie en dot osa happeg vie óp 'e ferjauing fon skulden yn 'e hûûs, hiet har ut daivurk en jûûg har naks ek nonnen fól vurk, mar ferbea har óm ea ver ien foet yn syn vurkkeamer te setten, sels net óm te bychtsjen - os dot perfwast mwast koe ut óp bêd vól -, vont hij voe gjin oergunst tusken de faam en de bychtsters dyt oerdais kamen, vont Grimbold vie net fon doel óm him bij ien te hôren. Dot koe ur nammes ek net, vont de frôlje dyt ur ienrus mai ut pwódsje beroerd hie, rekken ut bronderege en koatsege fielen net ver kwyt en mwasten óm ta rêst te kómmen ollegedueregen un mon brûkke en vie de aigen net bij hónk of vurg fon ut daivurk, don vaar dur ol gau ut plon ópmakke óm ien of oare skytsónde te bychtsjen oan hear Grimbold en fon him solve oan ut sear smaard te krijen. Sa ferkearde nócht yn plicht en hear Grimbold sêg ol gau yn hij soe durûndertróch strûppe en ut net óp fwótten, sels net óp 'e lytste, hôre os ur himsels en de bychtsters net óp rantsoen stelde. Dêróm makke ur de oare snains bekend dot tenai de Topsters ollinnech bychtsje móchten óp mandy, tiisdy en vaansdy, en de Twelsters óp toansdy, freed en sneon. Snains soe dur gjin gelegenhyd mear ta bychtsjen vêze en naks lykemin. De lju mwasten har sónden mar even ópsôtsje, vot safólle betsjutte os: de frôlje mwasten har de kónt mar rêde. De Topster en Twelster frôlje retten har visvier de kónt ek, mar net óp un vize dyt Grimbold vedjerje koe. Twelster frôlje raizgen de easte helte fon 'e vyke nai Top, en Topster frôlje de twadde helte fon 'e vyke nai Twel, óm dêr, mai útienrinnende geskinken os bwótter, | |
[pagina 90]
| |
skjippefluezen, turf, sôt, bier, nútmeskaat, raapoalje, bargesmoar, ljirre, pwatten en ponnen, sônglêzen, nachtspegels, kralen, ringen en jerrembonnen, vidzen, tafelrjo, klokken, peslain, tsjettels, hônskróbbers, kaatsjes stopjên, jeriisders, stoven, knottedûkken, ja mai olles vot los siet en sjaud vurre koe, te besykjen óm un bwórdwarpfrómmes te bevegen óm har bychtplak ô te stean. Dy ruil slagge ollinnech os ut un frómmes oangie dot net ta de begunstegen jerde en dot fwar un stik rjirreljirre, un reaf jên of un brijsleef har sónden vól rjókstreeks oan God bychtsje voe. Hear Grimbold liet dy ynsydintele roalhondel east ta, mar dût ut regel vaar en dût syn góng, keuken, perteal, stûppe en tún lykegoed noch stiiffól frôlje út baide dwarpen stienen, dû bónsjoerde ur olle frôlje dyt net oan bar vienen nai hûûs. Olle Topster frôlje - vont dy varen durútset - stoden dû nai Twel óm har keasen, skinken en tsizen ver óp te heljen, vot meast net slagge, vont de Twelster frôlje sainen: hondel is hondel, dêrt út blyken die dot de geast fon Boldgrim harren ol areg yn 'e besnijing hie. Lykvóls, de frôlje út Top en Twel mwasten har gerak ha en koenen net ta mai ut rantsoen dêrt hear Grimbold harren óp steld hie. Se hytfólgen aigen mônlje en trúnnen har ta heger frekwinsje oan en sochten har hail bij bwórmonnen en monleke femyljeleden. Frijfainten varen de dwarren plotrón en vidners krygen gjin vink mear yn 'e êgen. Ode mônlje, ja stokôden, dyt net mear fon 't bêd kamen en stean noch gean koenen, mar noch macht yn 'e lytse skónk hienen, varen tróch de frôlje dyt mai ut pwódsje fon hear Grimbold oanrekke vienen, oantaast en brûkt. Blynen varen leagen lain en fersylden yn 'e fûkke fon 'e begearege frôlje. Opslûppen jónges varen tróch de frôlje ynvijd en óplaat en gyngen dêrnai fon hôn ta hôn, vont de jónges koenen ut fólle faker os de mônlje. Heel Top en Twel rekke yn ónstjoer, en fonsels vienen ut de netbegunstige frôlje en de mônlje dyt nea ferkrêfte varen, dyt dur east temûk en letter iepentlek skonde fon sprieken en fya de húshôrster besochten óm menhear pestoar ta fol te bringen. De húshôrster die fonsels mai, vont dy hie vot goed te maitsjen, en dur gyng óp fwarslag fon 'e hûshôrster un ôfuddeging fon 'e Topster en Twelster beswirren nai de Krúsbrwórren yn 'e Kruizebroederstrjitte te Snits óm dêr de skondedieden fon hear Grimbold, dyt ut ferjaan fon sónden oan 'e jóngehear oerliet en bên doopte yn 'e namme fon Boldgrim - dot vie vier, mar Grimbold hie oltyten sa sêft lústere, dot hij tocht nimmen hie ut ferstien - en dyt ynstee fon de vijvetterkwaste ut pwódsje mai ‘gwód’ yn ut vijvetter dipte en durmai rûnspettere - | |
[pagina 91]
| |
dot vie ek vier, mar Grimbold hie sain dot hólp fólle mear en sparre un kwaste út - mai gôns ómhaal fon vudden, suchten, ynstimmingen en rôljen fon êgen út te mjitten. Ja krygen ut safier dot de Krúsbrwórren sainen ta ja soenen daleks delkómme mai mon en macht, mai fwótfólk, rútters, tauen en kjetlingen, en mócht de helte fon 'e oantigingen ek mar vier vêze, don soe hear Grimbold de deastraf tróch rêd, brônsteapel, spykerfet, fjauerspon hynders of ferdrinking yn 'e Vip net óntrinne. Mar de fjidde skónk hie net fergees arbaide. De begunstege frôlje dyt fon ut ferried fon har dwarpsgenoaten hearden, brochten ut Grimbold mai de vaarme hôn oer en smeken him dot ur flechtsje soe. Mar Grimbold flechte net, hij ferlai syn vurkterrain, dyselde naks noch. De Krúsbrwórren kamen te let mai har kjetlingen, tauen, lônsen, swudden, tarpotten en brôniisders: de pastorij vie leeg en Grimbolds bêd ónbesljipt. De frôlje fon Top en Twel, dyt gjin vink yn 'e êgen hôn hienen ómt menhear pestoar yn gefaar ferkearde en dyt net visten ot ur har ried ópfólge hie, dyt dêróm de godgônske nacht lain hienen te vynen en te suchtsjen, ja koenen de Krúshearen, dyt fwar kjetlingen, tauen, lônsen, swudden, tarpotten en brôniisders út un krússyfiks sjaue lieten, vont sa gjit ut ónares, east ut krús en don ut oare ark, neat mar don ek neat ferteile oer ut plak dêrt hear Grimbold ferkearde of him tydlek óphood. De Krúsbrwórren - se sainen ut vot earbiedeger - mwasten har de kónt mar rêde. De Topster en Twelster frôlje hienen drókte genôch mai har aigen noot dur gjin menhear pestoar mear ree stie óm solve oan 'e jûkjende plakken te smaren. Hear Grimbold hie har sa betsjoend mai de geast fon Boldgrim, dot ûnderskate frôlje un libbenlang lêst hoden fon bronderege en prykjende skinken en har óngemak oas net visten te ferhelpen os tróch fon en ta yn un tóbbefól koel Haukesleatster vetter sitten te gean. En noch, oant joet ta, stonne de Top- en Twelster frôlje os de gleonste fon Fryslôn bekend. De Krúsbrwórren kwóllen har gryme net mai Haukesleatster, mar mai Vipster vetter, nammentlek mai dêr de hûshôrster fon Grimbold, yn un sek benaaid, yn te bruien. Hiele Snits stie ómmes óp 'e eksekúsje te vachtsjen en ut hie te sneu vest óm de lju nai hûûs te stjoeren, en faaks vól hie dot ek noch oanlieding jûn ta óntefredenhyd en óproer. En ut vie better dot ien húshôrster ferlen gyng os dot de tsjerke óp un kweanamme kaam. Dot sadwaande - de sek vie ticht en vaat dêr ynsiet koe nimmen sjen. ‘Ze wipten hem in de Wip,’ skrjode de stedsargyfaryus letter, en sa vie óp pepier olteast olles ynwadder. | |
[pagina 92]
| |
Mar vêr vie Grimbold bedarre? Hij vie de jûûns let útstutsen en nai Langvar rón. Dêrvai raizge er nai Hústerhaide, Sint-Nyk, knypte him dêre os un ôd dief, flechte yn sôn hasten fjidder nai Tsjerkgaast, Sleat, Vykel, Nijemaddem, Odemaddem - vij fólgje him yn fûgelflecht - Riis, Galamadammen, liet de sônkop mai namme Kaudem rjóks leze, rón bij nacht, tsjuster en óngelók ut Haidenskip yn, kaam ta syn benijing tróch Brônbwórren en sêg yn 'e daagjende moan, de easte haidenen sieten ol ûnder de kij, lófts fon him un kleasterefteg bauvurk stean. Hij vie skjin ynain, en êge ut fjild ô ot dur mooglekervize ek jir of dêr un paad late nai dot bauvurk, dêrt fwar un raizgjende pestoar grif vól un miel yten en un bêd te beseiten vienen. Mar hij vie ol jelvy Varkum, fon Brônbwórren ô rekkene, en hij koe de toer fon 'e Sint Gertrudistsjerke ol skoan sjen, jert ur óp un módderreed stuite dyt nai ut súdden en nai dot kleaster gyng. Olle nónnen fon ut Sint-Ursúlakleaster vienen krekt ver yn 'e sliep sukkele nai de lange en ômêdzjende metten dût Grimbold de klopper óp 'e doar fôle liet. Hij hie gjin óngaadleker oere betinke kinnen. De Ursúlatitten varen ópslag vekker fon ut droanen óp 'e doar, flókten uifemistysk en draaiden har óp 'e oare syde. Mar ut pertierske mwast duró, en óp bleate fwótten - ut vienen dû noch gjin Roomsken-ópsokken - de lange, stjinnen góng tróch fon har sel nai de útdoar. De hillege Ursúla sels soe mwóite hôn ha óm de mwaanske, bêdsike en ferklûmme nón myld te stimmen, dot de vyldfrjemde monskearel Grimbold hie gjin grevel kôns. Ut lûkje gyng óp en slûg ver ta, dot vie olles en mear kaam dur net. Ol tocht Grimbold ynjesten dot ut óp en tadwaan fon ut lûkje un ûffening vie fwar ut óp en tadwaan fon 'e doar, de doar bljode óp 'e skwattels. Dû fielde Grimbold him sa mêd en ferrêde, nai dy teloarstelling, en sa ferneukt dot ur dot ain módderreed fergees delbónkele vie, dot hij vaar sa stjerrende lilk dot ur olle gryme fon Boldgrim en syn macht te help rôp om de goddeleaze ónbesljipte Ursúlatessen te straffen. Ja, fon ut kleaster ô oant de ein fon 'e reed, dêrt ur ver óp ut paad Brônbwórren-Varkum útkaam, nai Varkum stiek en un nij doel fwar êgen kryge, dêr oan ta, un trije ketier rinnen, die Grimbold oas net os flókke óp 'e Ursúlarya. Dû skódde ur lilkens en teloarstelling fon him ô en sêg nochrus oer ut skauder nai ut kleaster. Mar dur vie neat mear. Vaat dêr joet kómt, fynt óp ut stee dêrt ut kleaster stien hat un poel, de Ursúlapoel. Gwódden seze: os jo goed harkje, kinne jo noch ut klappen fon ut lûkje heare. Skeptysy beveare lykvóls dot ut klappende lûûd ôkómsteg is fon skytende kij. Hût ut vêze mai, ut Hai- | |
[pagina 93]
| |
denskip is gôns fon ut ferlies ópknapt. Net ollinne dot ut kleaster lônskiplek sjoen frij steorend vie, dy hystearyske nónnen makken mins en dier de kop gek. Kómme jo no yn ut Haidenskip, don moete jo gólle, freonleke minsken. |
|