De reade bwarre
(1993)–Trinus Riemersma– Auteursrechtelijk beschermdVêrt de kot skyt fynt mun AaienVij ferlieze Harrem Módderklauer net út ut êg. Gjin noed! Syn libben sille vij fon a oant j - vont hij stoar óp jelvy - beskrjowe. En de swatte klútten dêrt ur óp vrótte, en dyt ur hate, en dêrt ur no ûnder rêst, net helendol namleas, mar doch... Mar dot kómt noch vól, vij sille syn apestreken ollegjerre óp skrift stelle. Op dut pos litte vij him kraaie yn 'e vidze, bwatsje oan memme rokken en bókselje óp ut Langpaad en de dyk út nai de tsjerke. Tilly jaut ut vud oan syn byologyske vurknimmer dyt de ópdracht krygen hat óm un stik te skrjowen oer de bwarre dyt vjirskynlek maifrijde dût mjuksplanken, spykerbakken, fersmyten kjellen, hinnen dyt de lech út hienen, de nije fyoele, ensfh, frijden, dût Têke en Eelkje jerden te frijen, mar ut net dienen ómt se ut jild frije lieten en olles vot yn jild ómrekkene vurre koe: kuilbulten, jepsteden, tróchrwóste, mar neffens Módderklauerske mjitstêven noch net ta vaismyten kearde kachelspipen fon olve nije tûmmen tróchsneed, vaitónnen, setstokken, stróntbiezems, ensfh. Va vipte yn ut finsterbank dût Têke ut metros óp 'e ûnderlegers botste, óp ut metros de pel roaide, lekkens, kessens, tekkens en oerklaaide tekken oan kônt rêge, óp de pel Eelkje útmeat en yn Eelkje de easte fwórge lûûk? Va spotte út ut finsterbank flak fwar de nainokkerjende Maremer bakker lôns, dyt ut ópsette oantlit fon Eelkjesloof en de sloppe knibbels fon Têke genôch sain hienen? De bakker súttele fjidder en makke syn brea oan jild, of oan bil - vont hij hie syn adreskes. Hij kryge syn gerak vól, de bakker dyt him os bwórmon prissentjerre hie, de klonten krygen harres ek, ut gerak, elk nai syn smaak, de iene voe se healgear ha, fwar un oar bakte ur se brún. Te brún? Och kóm, hij vie vot ol te viis mai stútten, mar va dyt net rus tróch oarmons ûnne sketten is vól jir de bakker óp syn brea fêstbyne? Of mai un bakker gjin nearing drjowe mai ien dyt blyne nearing drjoot, en net óm jild, de deole, mar óm un fjiddepatsje brea en un bôle? Vaat dot vie yn dot finsterbank? Kóm, kóm, vot tróch rûkken, en | |
[pagina 70]
| |
kaen langer ek - vont net ollinnech de gûnne defalúerret - iepenbiere en oer ferlitten en noch brûkte tsjerkhôven krost en bekke vurt, bljoot grif ferhoalen fwar vizen en ferstondegen? Vaat earen hat óm te hearen, mai heare vot de Geast ta syn gemeente lústert. En vaat net heare vól, mat net kjel vurre en him net beklaaie os de strûp him óm 'e nekke fôlt. Jo visten fon 'e prins gjin kwea? Jo hienen ut vitte kinnen. Ha jo nea un reade stut noch krekt ferdwynen sjoen óm 'e hússyde, en ha jo dêr net un kop, beoleg en poaten bij tocht? Ha jo ollinnech efkes tocht: hea, un ain stut? En fjidder neat? Gjin kónklúzjes lutsen? Dot is jo flater, dêrt jo fwar hingje matte. Jo vitte blinderse goed dot dur yn dusse vrôd net samar ainen stut ómsweve. Dêr jert un drager bij. Dot visten jo. Dot jo net fjidder kómmen binne os de vaarnimming fon dy stut, is net tafolleg, net un kwesje fon net óp sinnen, dur yn 'e gaueghyd net bij stilstien havven. Kletspraat, menhear! Dot jo net tróchtocht havve, berêst óp un vilsbeslissing. Yn prinsype olteast. Ut is mooglek dot jo jo oanwend havve óm automatysk jo tinzen yn oarevai te trjowen, mar ienrus havve jo de beslissing nómmen óm nea tróch te tinken os jo un skymerke merkbieten fon 'e ómgóngen en tróchtochten oer dusse iede fon 'e Grutte Ferneuker. Javól, vij sykje ut fier os ut mat. En dot mat ut! Vij, de byologyske kopijskrjower, litte gjin stien óp 'e oare, gjin inkeld kotteprótsje sljóchtsje vij oer en jo fwótleasten óp de slûpvegen, de paden fon 'e ónóprjóchthyd en achterbakshyd struie vij gjin sôn oer. Vij kenne jo, fon ut vyt fon jo genypege êgen oant de ferslyten jerremtakken fon jo vrótjoske. Sjug-neat, Vit-neat en Kop-yn-'t-sôn stienen faar oer jo, Dot-mar-óm, Slingerpaad en Achterdoar havve jo benne. Trije ha jo knipt en trije jo naaid, trijedûbbeld is ut fel fwar jo kop. Achtenjerre is jo namme en jo boad is vyt en himmel. Ut ljocht fon 'e kroanlampen vjerkeatst yn jo glêde plosse, jo kichje lústert de vijde stilte óp. Mar jo siel stjónkt mear os sôn bedoane aaien stjónke kinne. Nee, vij binne Jezus net, noch mear os Elya, noch benne út un faam, noch út 'e hólle fon Zeus brutsen. Vij binne de byologyske kopijskrjower, sónder autorytijt, tytels en oare drókten. Javól, vij vitte vot jo gedachten binne, achte hear Knipmes! Autorytijten krôlje en krûppe jo fwar! Vij beróppe ús óp gjin inkele autorytijt. Vij seze vot sain vurre mat. Dot jo, Krûp-yn-'e-kónt-en-slikje-strónt, dot jo iveg en erflek sitte te pûppen, of te nailplúzjen, of te nwasdripsnúven os dur oarlog yn | |
[pagina 71]
| |
't pykefoer is, mar dot jo, Skwónleppeloanrikker-en-doarópdógger, oltyten os ut tredde siktareske en Professer-yn-'t-ear-lústerder oanvêzeg binne óm nije grinzen te lûkken en de bút te ferdelen. Dot jo oltyten mai ut kóntsje yn 't stevege stwóltsje sitte. Vij kenne jo, dyt gjin oast sjugge en gjin byle hontjerje vólle. Vij kenne jo liepe steksjuggens. Vij kenne ut vud dot óp de boom fon jo siel skreon stjit: Ik sil net kómme oan de stut, noch eat dêrbij betinke! Mar visvier, visvier seze vij - de byologyske kopijskrjower -, ut sil jo durnai fergean. Mear os un stut voenen jo net sjen? Mear os un stut sil dur fon jo net oerbljowe: un sloppe kul. Jirmai aineget de kopijskrjower syn fermwanning oan ut adres fon harren dyt nai syn fermwanning net heare sille en keart him ta de reevillege lêzers mai ut ontvud óp de fraag: va vie dot yn dot finsterbank? Tijen kómme, tijen gónne, spiele oer de slykfjilden, tróch rieden en óm slykdammen. Fruchtbere slykdeeltsjes sinke achter ut riis. Ut lôn vint oan. Os ut leegtij is krûppe de slykvurkers oer de seedyk, de simmerseedyk en ut stee dêrt de tredde seedyk ienrus lain hat en huffe pjellen yn ut slyk. Rysdammen vaakse en stekke har swatte koppen ol nwadleker bóppe deatij út. Mai vot doel? Freegje ut de slykvurkers, ja sille ontvudzje: óm te fertsjinjen fonsels! En gónne jo don nai de dyreksje en freegje utselde, don sil dy ontvudzje: óm de vurkleaze arbaiders vot fertsjinje te litten fonsels! Freegje dêróm de kopijskrjower net vaat yn dot finsterbank siet. Ut ontvud dot jo havve vólle, krije jo net. Vêrómt dur pjellen yn ut slyk slain vurre, vitte jo noch net. Jo tinzen vienen: sók vurk hat amper doel, fwar elke meter grûn dyt vón vurt, stonne safólle monoeren, kear dot en dot oerlean is safólle, mar sókke grûn kin nóit djoerder ferkocht vurre os safólle de are, dot vinleken fertsjinje dy monnen ien sint yn 'e oere, ol barre se twa dûbbeltsjes. Dot hienen jo heare vóllen, en don hienen jo seze vóllen: Dus ut kómt dur óp del dy monnen fertsjinje ien sint en jim leze dur njóggentjen óp ta? No, jau dy monnen don njóggentjen sinten steun en lit se piksjitte, dot kómt de skotkiste ómmes óp utselde del. Dot hienen jo seze vóllen. Mar hienen jo dot seze dwast tsjin 'e drûgkloaten dyt destiids óm Villemyn hinne tjenten? Os jo dot sain hienen, hienen jo yn 'e maaiedagen fon fjitteg noch fijn fjauer dagen mai anargisten en bolsevyken yn un ynternjerringskamp kinnen. Gjin skonde? Och nee, mar ut gjit ús jir mar óm: jo ópmerking soe jo diskwalyfysjerre havve os petearpartner en jo soenen daleks yn 'e hûkke fon revolúsjonêren en rebûljeskóppers treon vêze. Mar jo makken doch un | |
[pagina 72]
| |
reedleke ópmerking? Nee, menhear, freegje ut mar oan Kónt-óp-'e-stoel, hij sil ontvudzje: Jo ha oltyd vot te seoren, jo miene ut oltyt better te vitten! Vot ut Regear dógt is bij jo bij fwarried ferkead! Jo ha ollinnech mear ferstôm grif os hûndetachtentryteg amtners! Mon, vês bliid dot dur vurk is! En vês bliid dot ut Regear sa goed is óm njóggentjen sinten bij ut oerlean te dwaan! Dêróm menhear, bejau jo net yn soasjale fraagstikken, mar skrjo un bûk. Ut jaut fólle mear befredeging en ferheget jo maatskipleke states. En lykegoed kinne jo jo argevaasje kwyt. Súblymjerre, dot vól. Vij hekje net ol te dyrekt yn óp loeren en lûgen dyt X en Y draaid, respektyvelek ôsjoen havve, vij nimme distônsje. Vot mear distônsje, vot mear lêzers, vot mear vedjerring, vot mear jild. Ja menhear, jo matte jo krytyk sa bemontelje, dot sels de pómmeronten jo vurk priizgje, don ha jo mai rjócht de ferneukers ferneukt. Ja kollega, dyn grutste ville sil vêze os Dy-en-dy óp dij tastapt, dyn vurk priizget en kraait: dy passaazje oer dot knypkûkje, hût jo dy mon dêr úttekene havve, yn ien vud: geveldeg! En sees don, vylst de mage dij ómdraait, sees don freonlek: Tanke, ut stjit mij oan dot jo ut moai fûnnen. Vês net sa dwaas óm te sezen: do bist dot knypkûkje! Vont do bist Nathan net en faaks is hij ol út 'e naiteam fon David (ol san sekreet!). Do en ik kinne net sweeslaan, vij binne net tróch God stjoerd. Vij kinne ús neane óp beróppe. Do vól? Ikke net. Ik skrjo un stik, os dur ver un stik kómme mat. Don bellet ur. Mar va is hij? Ik kin mij net óp him verómlûkke, ik vit syn namme net iens. Ik skrjo vinlek óp aigen monneboet, ol hôr ik fwar vier dot ien of eat mij drjoot. En sa sil ut dij ek vól gean. Vij binne gjin Nathans, gjin profeten. Dot dêróm matte vij fersichteg vêze, en ut minskdóm heel temûk femeuke. Mar vij maie vitte en ljowe dot de Grutte Ferneuker syn lytse ferneukerkes har lytse freugden net ónthôre sil. En dêróm, kollega, ferneuk ik de lêzers mai de reade bwarre dyt yn 't finsterbank siet dût Têke Módderklauer de bedsteedwarren óp fierde, de metrossen óp 'e ûnderlegers saaide, óp de metrossen de pel plotte, tekkens, lekkens, kessens en oerklaaide tekken ónveadeg achte, óp de pel Eelkjesloof útrôle en yn Eelkje de easte goal skoarde. Vont dur siet fonsels helendol gjin kot yn ut finsterbank. Jir striid vjirhyd tsjin vjirhyd en verklekhyd tsjin verklekhyd. Lit mij ut sa seze: os ien dêr stien hie fwar ut finsterbank, don hie ur neat sjoen. Sels un fjildbyoloog mai gôns skwalling en praktyk soe neat sjoen havve. Dus dur vie neat? Dur fwarme him olteast gjin byld óp ut netflues dot de ômjittingen, fwarrem en kleor fon un reade bwarre hie. Olsa, dur vie neat? | |
[pagina 73]
| |
Dur siet útsoate vól un reade bwarre yn ut finsterbank! Hij vie te sjen mai ut êg fon 'e siel en te fielen mai de honnen fon ut ljowe! Vaat fjidder sjen voe os syn êgen him tastienen, sêg de bwarre sitten. Hat ien him sjoen? Nee, vont dur vie ollinne un bakker bij hónk en dot vie gjin Bwarrist. Lykegoed mat dy bwarre dur vest ha, vont de penalty dêrt Têke Módderklauer un goal út skoarde, ut jónkje Harrem, vie Bwarrist óp en út, sat letter blyken die, en dy mat oanset vêze ûnder ut teken en tafersjug fon Boldgrim yn syn iedsk stôl. Vot jir fólget oer him (Him sat jo vólle) is ónjerre fwar ljowegen. Ljowegen, dot binne net dy lju dyt de kop yn ut sôn stekke en de Hymel rainegje, sainegje en ainegje litte. Ljoweg vól seze: vach, twiveljend oan aigen en oarmons miening, net betrauend óp 'e easte yndruk, eftertinkend, dur jimmer óp fertocht de Ferneuker óp 'e stut te traapjen. Vólno, Bwarristen, dût Têke Módderklauer, skielek boer oan 'e Mûndersloane, hússittend vaar te Nijtsjerk, dêr un hûûs ynrjóchte, óp ut molkkarke fon 'e Westras, syn viifs ôden, un kómpleet bêd ferfoer, dot bêd yn syn ûnderskate ûnderdelen en mai tabejer yn 'e keamer soalde, bedsteedwarren iepenstate, achterenwar twa striemetrossen, un pel, syn oansteand viif en himsels óp 'e ûnderlegers steapele en tusken himsels en syn oansteand viif rûmte makke fwar un lytse mon, dû lai yn ut finsterbank un mônske reade bwarre. De apostolyske suksesje kenne vij Bwarristen net. Bij ús jaut de stjerrende net twa delen fon syn geast oan syn ópfólger. De Geast vaait dêrt ur vól, en vêrt de kot skyt fynt mun Aaien, sa is ut bij ús. Mar eltse kot bedóbbet syn aai yn 'e grûn, en sa dógt Boldgrim. Vaat syn êgen net brûkke vól, hûgt neat te sjen. Mar 11 jonnevares fon ut ier 1920 lai un reade bwarre un aai yn ut finsterbank fon un spontsje dot ûnder de geboadens stie en fwar 't east achter de bedsteedwarren lai. Ut hókker oade kaam ur? Ut is te lang lyn, de ómgóngen en tróchtochten en de easte maatske ryten fon 'e easte reade bwarre, fon Boldgrim, dot vij noch naigean kinne hûfier syn naiteam útvraide en fermonnechfôdege is. Hûfólle reade bwarren binne durút mendele, sónt, tsjin olle evolúsjeteöryen fon dûmny Darwin yn, óp un rainege oerdai, ut vie yn oktober, un sútreg jóng bwarke, un strjitkot mai bloed en skaaimerken fon angora, sypetske, bjem- en steppekot hookstrooks en sónder fwarôgeande vaskôging mútjerre yn un glônzgjend read kotachteg rôfdier mai freedseme bedoelingen? Ut tol reade bwarren is óp dut stuit gjin slaan mai de mwóts nai. Ut kinne tûzenen vêze, tsientûzenen, meljoenen. | |
[pagina 74]
| |
De kopijskrjower lient ut skepke, ut toske en de kyker fon syn fjildbyologyske kollega en skwarret mai dy ónfertocht vittenskipleke atrybútten syn bij de gotten óm tient ferhaal. Jirsa: yn ut ier 1918, ut vie verrus frede vurren, vont os jo nóit frede slútte, kinne jo ek nóit ver fonnijs de oarlog ferkljerje, dot sadwaande vie ut frede vurren, yn 1918 dus, de pûpen hienen ut ferlen en draaiden fwar de kosten óp, krekt os bij un proses, os jo ut ferlieze, matte jo de kosten fergoedzje, en se besuchten dur echt un rjóchtsaak fon te maitsjen, mar de pûpen ha fon dy hele bats jild dyt de allyeaden har ôlúzje voenen mar un bevyske betelle, yn dy snwórje, dût de reade bwarren ver un skóft lins krygen en dur yn ut nimmenslôn neat mear te ferhakstûkjen vie, noch te ferklapbóssen, têg un reade bwarre skeanoer út Nwadeast-Frankryk vai tróch Lúksembwarg, Belgye en Vynhapperslôn, ollinnech bij de Maas en de Vaal mwast ur syn koets vot ferleze en bij Swól nochrus, mar fjidders streekrjócht skeanoer óp syn bazes oan, te vitten Marem yn 'e grytenij Ferveterdeel. En dût ur dêr faileg oanlône vie en tróch olle Maremer kotten mai gemjauk en jûghai ynhelle vie, en un skóft rjemmeslynd, mwózzefretten en óp 'e hûûd lain hie, en syn facht ver glônzeg vurren vie, en olle ynsponningen en ellinde fon 'e fwarbije tiid him út ut sin gien vienen, dû fûn de bwarre dot ut libben tusken de Maremer kotten vie vinlek stómferfelend en fwar un kriigshaftege bwarre lykos hij gau sa ômêdzjend os ut hinne en ver slûppen fon rinfwórge nai rinfwórge en fon 'e iene gernaattrachter nai de oare. De bwarre ónjerre hij mwast, os ur net un pryvee-oarlochje óp tau sette koe, yn olle gefollen vot ferdyvedaasje en teminsten vot lichemsbeveging ha. Sa jûûg ur him, mai de rinteniers, oer oan 'e eale sport fon ut köörjen. Net dot ur mai dy rinteniers óp en út gyng, nee hij sêg har de kunst ollinnech mar ô. Sa sêg mun de bwarre middys nai ut varemyten de dyk útsetten, nai ut Maremerbósk en don oer de Jerrevai nai Nijtsjerk en sa ver óp hûûs yn. Ut die him goed óm de seevyn tróch ut hier te fielen. Sa mat him ut spontsje Têke en Eelkje ópfôlen vêze dot dû, begjin '19, dwaande vie de lapen gear te tellen, lapen grûn, vól te ferstean, en dêr hat ur niget oan krygen, en út nócht oan ónnócht, dot vól seze: út plichtsbesef, is ur begón te yntrygjerjen en te frijen en hat ur besocht óm syn kûkútsaai, of kotteaai óm krekt te vêzen, yn Eelkje' bêd te lezen. Vij vitte dot ut slagge is. Mar de reade bwarre vist net ot syn besykjen risseltaat ha soe. Hij stie durfwar en net lykos vij dur fyfteg ier achter. Hij vaar hinne en ver slingere tusken hoop en vonhoop, | |
[pagina 75]
| |
en tjente hinne en ver tusken Mûndersloane en Maremerbósk. Hij frede mai lytse mieltsjes tsjin hikkepjellen, jepsteden, sljetsvôlhekkelhûûdbulten, seedyk en lonteanepeal ut fjild ô vêrbinnen de slag slain, ut bwask sletten en ut jóng bret vurre soe. Jir hat de bwarre, jirre yn ut Klaailôn, dêrt lytse Hedzer ienrus bwatte, en dêrt stagen arbaiders har de knibbels kepot krûpt havve óp dy ferdómde klaaiklútten, dot Klaailôn, dêrt mun de Ferveter toer sónt 1168 vai sjen koe, mar de tsjerke net, vont dy vaar un fiventwinteg ier letter baud, en stie lykos olle tsjerken eastlek fon 'e toer, dot dût ur dur stie, koe mun him út ut Klaailôn vai noch net sjen, vól de toer dus, mar dot vie genôch vont tsjerks vienen se sasear net, mear toersk - dot is helendol gjin grapke: dy toer siet un klok yn, sais oere lette dot kring en don móchten se óphôre -, yn dot Klaailôn dus hat de bwarre syn mieljende rûnten lutsen óm Têke en Eelkje, hat ur sljipt yn ut Módderklauerske koosyten ôdhea en yn 'e planken fon 'e Módderklauerske hautbult hat ur de nailen skerpe, hij is krûpt tróch de 11 nije tûmmen vide ferrwóstke kachelspiip mai jerremtakke óp 'e Módderklauerske bwóthússolder en yn 'e fólrainde Módderklauerske jarrebak fon tarre haut hat ur un kikket fóngen - gunsteg teken. Fon 'e mjuksplanke oer de pykestjelp, fon 'e ómtwarkjende stróntbiezem oer de nije fyoele - de nailen ynlutsen, sêft, vach en vis, is de bwarre tjente. Jimmeroan mieljende en bwarristyske sirkels beskrjowend, oer de Hege Eker oan 'e Mûndersloane oan ut Hauten Hemeltsje ta, don hêks ôslaand de Griene Loane del nai de seedyk, óp 'e krún lôns, bij de folling del, ut Nwadderleeg yn nai de ôhondeg rinnende skiep dyt achte varen mai te frijen en dot ek stómvai dienen óp fwarbyld fon ien ôd raam, vont sa binne skiep, ver veróm nai de Hôlemerhûkke, de Lege Jerrevai del nai ut Bósk, yn 't fwarbijgean twa köörjende Hôlemer fainten oer de klómpen migend en rûtsdy de vôl yn en de sleat oer, mai strategysk útbolónsjerre ómlûkkende bevegingen óp ut stjelpke fon Jurjen Westra oan, de vjirjende melkbrûk fon Eelkje beslikjend, un kotaai bedóbjend ûnder ut sydfinster yn ut streekje grûn bij de mwórre lôns dêrt frau Westra sónt har trauen olle jirren fonnijs besocht gaudsjeblómmen blûie te litten, de daam út, de dyk oer, tusken pleats en vent lôns ut fjild tróch nai ut Langpaad, dêrt ut hûûs leeg stie, mai noch fwar un pat stikkene ponnen, ynvaaide rútten, slepende dwarren, drippende boazems, bóngeljende dwarskrukken, fjerjende fljirren, fermôge soldersplanken, óntbrekkende en net yn 'e kelder noch yn 't achterhûûs veróm te fynen bedsplanken, en ien ferrotte drómpel, dy fon 'e fwardoar, dêrt de bwarre de blaas óp lege mai un krêftege striel, | |
[pagina 76]
| |
ómtrint os stie ur ver, yn 'e krêft fon ut libben, mai un pear maten fon ut ynternasjonale readebwarrelegyoen te fierpisjen oer de rinfwórgen fon ut Vestfrónt. Jir kryge de reade bwarre ut krap, koe ut ómtrint net goedhôre, vaar mwóilek, en jûûg him óp fjauer steuterjende poaten oer oan selsbeklach. Steuterjend sette de bwarre ut Langpaad del óm him tróch de Maremer kotten treaste te litten, mar oan 'e ain fon ut paad, oan 'e oare kônt ut kefee, venne un swiete bakker, vaans affearen, vaans bij-affearen de bwarre de stille villen fon ut plottelônslibben yn ut sin brochten, en ut stille fertriet, ut stille lijen, de stille haat en ut stille heltedóm. Noch jert ur de haadstrjitte berikt hie vie de bwarre bekeard, hij sette ut dwarp net yn, mar slûg lóftsô de Ferveter kônt út, oant dêrt de feat ut súdden ynstekt (ynstiek, vont se havve him tichtsmyten) en dêrt letter ut bwótterfebryk baud vaar dot no ek ol kasjevijlen is, dêre gyng de bwarre óp 'e nij lóftsô nai Nijtsjerk ta, de spoarvai oer, nai de Nijtsjerkster tsjerke óm yn 'e montel un skoat te dwaan óp un ôd rûk dyt sónt ut akkefytsje fon dy twa Hôlemers óp 'e hark siet, mar ver net sa yn tinzen vai dot ur de boldgrimytyske bwarre net krekt ûnder de nailen vaispotte koe. Sa kómt ut praat yn 'e vrôd dot de lju dyt noed stonne fon un ópjektyve nijsfwarsjenning oltyten yn libbensgefaar ferkeare. Rûkken en sjoernalisten kinne gôns oan aigen ymago dwaan. Mar vie de bwarre jir te let, hij kaam posier bij ut ynrjóchte en ópkallefatere hûûs óm te sjen hût un kómpleet bêd óp ut molkkarke fon 'e Westras ferfean vaar. Hij sêg út 'e griene spleetêgen ut ómkypen en delbruien fon ut bêdark, ut ómsoalen en ferslepen fon metrossen en pel. Hij merkbiet de vurgens fon ut Eelkjesloof en de nea útdwêste vurkdrjo fon 'e ivege genier bij skelnamme Têke Módderklauer. Hij hipte yn ut finsterbank en stie dur óp kop en earen bij dût metros, pel en Eelkjesloof óp 'e ûnderlegers efter de iepenraamde bedsteedwarren plonte varen, dût immen de kop ópstiek dyt óp ien skónk vól gean koe, en dût de genier de boar yn 'e grûn stiek en de rjappel sette. Hij siet yn ut finsterbank en haude tafersjug. Javól, gwódden seze hij is de keamer ynrón en bij Eelkje en Têke yn ut bedstee spróngen en hat dêr un kotaai lain. Va sil seze vot vier is? Ut is langer os fyfteg ier lyn en jo krije óp 'e lange doer fon ien fwarfol oltyten ferskillende en sóms tsjinstridege lêzingen. De frjemdste lêzing, mar sadwaande nochol góngber, is dot de bwarre mai Eelkje kohabytjerre hat. Mar dy lêzing viist de byologyske kopijskrjower ô: vij matte ut lônlibben ek ver net ydeälysjerje. |
|