De reade bwarre
(1993)–Trinus Riemersma– Auteursrechtelijk beschermdGrimbold bij de simpelen fon geastVot die Grimbold nait de fjidde poat ynienskrónfele vie ta un rúddymintêr oanhingsel en hij mai de tredde poat un ain makke hie oan rabberij oer syn persoan en oantaasting fon syn eare en goede namme? De trijepoater nóm ut anakronistyske plestikpwódsje mai de bollen fon Boldgrim en têg fjidder, tróch holle en oer bolle vegen, oer haidefjilden, sônflakten - dyt letter tróch Ut Frieske Gea oankocht varen - tróch sómpen en leegfeanen, oer vetterskiedingen, ainmorenen en plaistosene ûndergrûnnen. De lônskippen vikselen enwar ô, de grûnsoaten fólgen enwar óp bij elke oere dyt ferglied. Grimbold rón de vrôd temjitte en kaam nai fiif oeren gean oan yn un gehucht ûnder Dúnnegea. Vaat mient dot ur no útrekkenje kin vêrt Grimbold sa lykernôch syn tocht begón is, ómmes fiif oeren geans is savot tryteg kylometer en hij sil út ut easten kómmen vêze, ómmes dêr kómme olle vizen vai, tsjin sókken lait de kopijskrjower yn: javól, Grimbold kaam út ut easten, lykos ek de sinne yn ut easten ópgjit, mar dur is nea beveard dot Grimbold streekrjócht rón is. Ut lait sels fólle mear fwar de hôn dot ur yn un sirkel rón is, vont olle profeten rûntsjemjelle, en bóppedot hie Grimbold gjin kómpos. En de sinne, dy vie yn dy fiif | |
[pagina 64]
| |
oeren fon 'e iene vynstreek súver oan 'e oare taskood. Mar vól noch immen beveare dot ur oan 'e hôn fon marren, sómpen, leegfeanen en vetterskiedingen ut paad fon Grimbold fierhinne berekkenje kin, don lûkt de kopij skrjower olles vot ur skreon hat oer Grimbold syn tocht ver yn en set dêrfwar yn 't plak: Nait Grimbold ta de faam kómmen vie, nóm de Geast him óp en fierde him nai un gehucht ûnder Dúnnegea. Grimbold sêg rus óm him hinne en sette dû nai ut naiste hûûs ta, un needreg bauvurk fon sjedden en raid mai oan 'e sydkônt un hauten doar dyt óp learene knieren draaie koe en dot ek die dût Grimbold dur oan skwórde. Hij sai fwótendaleks mar ‘Middy’ ynstee fon ‘Fólk!’ te róppen sat ut doel vest hie, vont hij stie óp utselde stuit êg yn êg mai un himpen frómmes en fiif snústerege lytse bên dyt yn 'e strónt ómpankûkbakten dyt fjauer kij, dyt neffens ôdfriesk gebrûk mai de kop nai de mwórre en de kónt nai de mielgóng stienen, dêr delflatst hienen. Grimbold sêg nai ut swatjirrege frómmes en de readjirrege kij en oerlai dot ut fwar 't selde oasóm kinnen hie, en better, vont vot dógt swat hier óp un frómmes dot swat fon smwargens is en reabrún hier óp kij dyt oan hakken en jerremtakken ta yn 'e readbrúnne strónt stonne? Mar un bósk read hier hie oan dot grúzzege frómmes vot feestleks jaan kinnen en swat hier bóppe brúnne dóng bylket skoan. Ien fon 'e kij draaide de kop óm en slikke him oer de beoleg vêrbijt ur de êgen oer Grimbold gean liet. Hij ôle fertrjitlek ómt de mon yn 'e doar net de mon vie dyt him noch vólrus un toppe gês fwar de bek smyte voe. Mar Grimbold mwast him dot fertrjitleke ôljen mar vólgefôle litte, vont ut vie ut jinnege beskied dot ur kryge. Ut frómmes noch de bên sprieken un sprek. De bên bljowen óp 'e hûkken sitten en lieten de strónt fon 'e fingers drippe, ut frómmes streake óp klassyke vize oer ut bwast. Ut vaar tiid dot immen jirre de lieding nóm, ónjerre Grimbold, dot dêróm stapte ur nai binnen, lûûk de doar efter him ta en rón ut frómmes fwarbij nai de rûghauten tafel dêrt twa rûghauten bankjes bij stienen. Hij gyng sitten en viisde óp syn iepene mwólle. Ut frómmes nóm de hôn fon ut bwast, pakte un ieden skaal en rón durmai nai de kij. Se knypte yn un oer óm en hood de skaal durûnder. Dur kamen un pear drippen út. Ut fólgjende oer liet ek vot los en sa pjutske se út olle oeren vot. Se stapte nai de twadde ko en raamde dy ek yn ut jaar óm. De tredde ko dot un trijoer vie, liet navenont noch ut measte los, mar de fjidde ko jûûg har un rais mai de poat tsjin 'e earem oan, dot de skaal har út 'e honnen kypere en | |
[pagina 65]
| |
yn 'e strónt foel. Hij vie net stikken mar vól leeg en mai dy strónt duryn hie ur doch ol net mear oan un gost fwar te setten vest. De fiif strónt fon 'e fingersainen drippe littende bên sêgen benijd nai de strónt út 'e skaal drippe littende mem, mar Grimbold hie gau syn nócht fon de him mai stróntgedrip fermaitsjende húshôring en ónjerre dot de lieding strakker vurre mwast, vont dut koe sa langer gjin vegen út en gyng oer de hege skwón. Hij gyng nai ut frómmes ta en makke mai draaiende bevegingen fon syn hôn dúdlek dot se de skaal skjin maitsje mwast. Ut frómmes begriep ut grif, vont se socht ûnder de trijoer un toppe rûgte dyt nochol skjin lyke en fage dur de skaal mai út. Grimbold voe dur duskear mar tefreden mai vêze, vont os ur mear easke, jage ur ut minske meskjin oer ut útterste fon har kinnen hinne. En de ópdracht fon Boldgrim hood grif net yn ut ta fertwiveling en vonhoop bringen fon simpele frôljesfygueren mai fiif stróntferarbaidzjende bên. Dêróm pwónne Grimbold ut frómmes oan mai de skaal dyt fierhinne skjin vie óp 'e nij nai de easte ko te gean en ut jaar fonnijs oan te sprekken. Ut frómmes kaam net te hasteg út ut stee en mwast fon Grimbold bij un snústerege earem pakt vurre fwart se mai un bang gesicht ûnder de ko stapte en un oer begón te masearen. Dur kaam gjin drip, mar Grimbold dyt ut minske nai syn hôn set hie, ónjerre dot ur him gjin dwasse kneppels smyte litte koe fon un bist, dot ek noch vól ut stómste fon olle bisten vie, un ko. En Grimbold dyt ûnderfyning ópdien hie bij ut skiep en de gait en vist dot ut dier net fwar fermwanningen, oantreastegingen of bedrigingen tagónklek is, mar him ollinnech beynfloedzje lit tróch nófleke en ónnófleke gefoelens, kade de ko oer ut krús vylst ut frómmes mai un bang gesicht yn olle oeren achterenwar kniep en dû vêr bij nûmer ien begón en óp 'e nije ut hele fjauerkônt bijlôns, krekt os vie se oan 't kwarkjebraidzjen. De ko stinde fon tefredenhyd, trjode Grimbold mai de stut oan kônt en miigde un dampende striel bij Grimbold syn hautblokken lôns. En dût de blaas leeg vie en de ko fon tefredenhyd méár rinne litte voe, liet ur de molke sjitte. Ut spete krêfteg en ljochtblau yn ut kûmke en poste him, lykos ut nijkómmers fûget, daleks bij syn ómjauing oan tróch un brúnnege kleur oan te nimmen. Ut frómmes har gesicht ûndergyng ek un kleorferoaring, net fon ljochtblau nai brúnneg, mar fon snústereg feal nai goarrôzeg, en de útdrukking fon ut oantlit gyng fon eangst hoeden, mar doch fry hasteg, oer yn fervóndering. Om 'e ferkleoring fon 'e molke, of ómt de ko de molke sjitte liet tróch de oanraitsing fon 'e hôn fon un frjemdling? Grimbold plêge him net mai fragen dyt har faaks plêgen, mar nóm | |
[pagina 66]
| |
har ut kûmke molke út 'e honnen en drónk ut brúnne fócht. Hij drónk ut jelvy leeg en liet har dû drinke, net ómt ur sêd vie, óp gjin stikken nai, mar bij ienfôdege minsken dógge beljenningen vónders en ja hie neffens har behypleke fermogens un ôgryslek stik hassenvurk ferset, dot ut kaam har ta, en bóppedot, de measte strónt siet ûnderyn. Ut frómmes mjukse de skaal út en sêg Grimbold blier en trauhetteg oan, vont drinken út ien skaal, tsjelk, romer of beker jaut oltyten un gefoel fon ienzens. Dot vist Grimbold, vont faker os ienrus hienen hij en Boldgrim út 'e iene poat yten en se hienen ut iens vest. En maidot Grimbold oan syn freon tocht fielde ur de bollen fon Boldgrim dyt ur yn ut anakronistyske plestikpwódsje yn un tippe fon 'e kyle beknoopt hie, óp syn bil banen en tinteljen, mar Grimbold voe east syn aigen mage better en ek de fiif bên harres har gerak jaan. Ut frómmes liet har reevilleg ûnder de twadde ko skowe en kniep fergees yn 'e fjauer oeren oant Grimbold ek dusse reabûnte oer ut krús kade en him ta oare gedachten brocht. Ver rekke de kûm fól en ver drónk Grimbold de easte helte en liet de twadde helte oer fwar un pear fon 'e fiif bên, dêrt ur net fólle ûnderskied noch tusken hie ómt se ollegjerre lykefólle ûnder de smwargens en de strónt sieten. Ek yn 'e trije oeren fon 'e trijoer mwast ut frómmes óm 'e nócht knipe oant Grimbold syn kaadzjende hôn útkómst brocht en un hiele kûm molke tefwarskyn tsjoende fwar de oare trije módder- en dóngkleorege bên. En de lêste kûm molke fon 'e fjidde ko vie fwar de roppegen ûnder de bên en fwar de mem. Grimbold betoande him jirre un fwarrinder fon 'e tsjintvurge misjonaresen dyt east ek de simpele sielen fól fytemynen, searems en proteynen trjowe fwart se ut vud duryn huffe. En lykos dyen beskôge Grimbold ut vud os haadsaak en ut fwargeande os lok- en stuntvurk, dot lykvóls needsaaklek is en dêróm technysk perfekt útfierd vurre mat. Dot dêróm hie Grimbold ek bij elke ko, de trijoer net útsóndere, vachte oant ut frómmes un wat fergees oan ut jaar pjukt hie jert ur mai syn kaadzjende hôn ut bist óp syn gemak stelde. Vont ek de simpele siel, ja benammen dy fynt ut vónder ol te gau de gevoanste saak fon 'e vrôd. Mar nai de fjauerrus verhelle góng fon saken mócht mun oannimme dot ut frómmes ut kausale ferbôn tusken de kaadzjende hôn en ut sjitte litten fon 'e molke leze koe net ollinnech, mar leze mwast, vêrmait Grimbold yn har êgen yn vjirhyd un profeet en un tsjoender lykje soe. Of lit ús seze: vot bwóttenvênstegs dêrt gjin vudden fwar vienen, vont de vudden tsjoender en profeet sille grif net ta har vudfwarried jerd havve, mai mun oannimme, har taal sil him behaind havve ta un twa- of trijehûndet vudden Midfriesk. | |
[pagina 67]
| |
Kin jo seze dot 's oltyten noch mear os de tróchsneed Fries ken, mar dot 's flauekul fonsels vont ut frómmes libbe ain fyftjende yw en ut Midfriesk vie de gevoane ómgóngstaal yn dy tiden. En dêrfon hie se tinkt ús un twa- à trijhûndet vudden ta har fóldwaan, dot is te sezen passyf, vont har aktyve vudfwarried koe helendol gjin sprekken lije. Se hie óm kwat te kriemen salangt Grimbold ûnder har dak ferkearde noch gjin sprek sain. Grimbold koe fóldien vêze, hij hie ut frómmes yn 'e bon en ûnder beslag, se soe os vaaks yn syn hôn vêze en hij koe har óm 'e finger vyne. Net dot ur ut frómmes yn 'e hôn nimme voe of óm 'e finger draaie, vot nut soe dot ek hôn havve, mar hij ónjerre ut vaar tiid dot ur de tinteljende en prykjende bollen fon Boldgrim tefreden stelde en syn aigen har gerak jûûg, vont dy begónnen fon 'e verómstuit ek te veven en óm te vynen. Hij skode ut frómmes bij de bên vai, dyt har mai fólle maachjes vólfóldien yn strónt en strie deljûn hienen, fwar him út nai de rûghauten tafel, tearde har dur mai de bópperain oerhinne en makke rûmte fwar de fjidde skónk, dyt ûnder de bleke stútten fon ut frómmes lônsmarsjearde, de easte pwatte sletten fûn en heeghetteg fwarbijgyng, mar bij de twadde pwatte holt en frónt makke, him fiks yn 'e hontsjes spijde en kwatte, fûle skópkes tsjin 'e pwatte jûûg, oant de doar óp un kier iepengyng en hij duryn glied. Dêr socht ur yn hoalen en spelónken fon ut vaarme labyrint óm syn aigen vjerlûûd, vont ljo mar net dot ut heeghetteg en stjónkend aigenviis baaske ea vot oas syket os himsels en aigen fermaits. Vont se havve ollinne êg fwar harsels en ear fwar harsels en tinke oas neat os ik, ik, ik. Mar vie Grimbold dur net óm de fjidde skónk nai syn hôn te setten en duróp ta te sjen dot ek de gostfrau har lytse freugden belibbe oan 'e dettene útfonhûzer? De kopijskrjower viist duróp dot yn dusse pesysje de frau hû don ek bij de ville tróch rekket, olles mat kómme fon oanfóljend hontvurk, en dêr hie Grimbold gjin sin oan vont hij voe de fingers net fól splinters fon 'e rûghauten tafel krije. Mar earlek is earlek, Grimbold vist ek net dot un frau vot fiele koe en dot dusse frau óp dut stuit neat fielde, en hie ur ut vitten, don hie him dot grif neat skele kinnen. Mar Grimbold fernóm dot de fjidde skónk de put durút hie en net langer trjowe, skóppe of tjentsje voe, mar staf oer naf sliepe. Vont fjidde skónken binne fon 't iene úiterste yn 't oare, sa binne se drók en brainroer en sa fôle se yn 'e sliep, en de iene kear leze se sljo en futleas óp un rûngear prótsje te knikkeboljen en fon 't iene stuit yn 't oare fljugge se poergek mai un reade hólle oerain en skowe olle | |
[pagina 68]
| |
oare skónken fonsyden en easkje ut bêste plak óp. Grimbold rón nai de kij en lege de blaas tusken de kowepoaten. Ut frómmes rjóchte de rêg mar sêg net óm. Se bljode stil fwar de tafel stean oant Grimbold veróm kaam en har even óp 'e skriele stútten kloppe. Ut ontlit óntsponde him ta un soate fon glim en dur varen fiif of sais gelege tósken sichtber. Grimbold glimke veróm. Hij rón tusken tafel en bankje lôns nai de hûkke dêrt un heap strie en un monnech lapen lainen en gyng nóflek lezen, vont hij vie vurg fon ut ain poatsjen, mar syn fjidde skónk dyt mar un skóftsje óp fwótten vest hie, vie ut oldervurgst, vont fjidde skónken havve ut gau slim. De tredde skónk hie Grimbold bij de hôn, vont hij vist net ot dy jûn noch tsjinstdwaan mwast. Mar kampslaggen noch kriigstonelen spylen har ô yn 'e sobere boerehúzzing dût yn 'e skymerjûn de húsmon túskaam en olles yn frede en rêst fûn, de fiif bên en de fjauer kij yn strónt en strie, de frau en un monspersoan yn strie en lapen. Hij óntdiek dot net yn ien êgópslag, dêrfwar vie ut te tsjuster yn 'e hûûs. Hij óntdiek óp 'e taast vai fiif beolechjes yn 'e gróppe en efter de tafel fielde ur mai de foet syn frau. Dût ur socht óm un vwattel of un raap, vont hij hie noch hónger, fûn ur de mon. Mar ut vie him te let yn 'e jûn óm un soad spul en drókte út te heljen. Hij bestoppe syn frau en de mon en skode de rêg nóflek tsjin ut vêke liif fon 'e frau oan. De oare mwaans vaar Grimbold vekker fon ut gemjekker fon 'e bên en ut getsjótter fon ut frómmes. Hij gyng sitten en óntdiek naist him de mon. Fon dusse persoan foel gjin kwea te frezen, ónjerre Grimbold, mar hij besleat óm fon 't bêd ô te gean vont hij voe gjin lezende diskusje begjinne mai de mon, en bóppedot, dur east ô vêze jaut un seker gesach yn 'e hûûs. Ut frómmes siet ol ver mai de ieden skaal ûnder un jaar en pjukte dêr fergees oan. Ien nacht sliepe en olles vot se leard hie vie fwót. Grimbold voe ut dur mar even óp oankómme litte. Ut frómmes gyng nai de mon ta dyt noch ûnder de lapen lai, skódde him os un sek fódden en ôle: ‘Jehonnes!’ De mon kaam kjel oerain. Ut frómmes troaide him mai nai de kij en liet him sjen dot dur neat út 'e oeren kómme voe. De mon besocht ut ek, mar neat. No koe de fertoaning don ver begjinne, ónjerre Grimbold, mar hij hope ol dot de mon langer fon memoarje vie. Hij viisde de frau har plak ûnder de ko en begón ut beest oer de rêg te stryken. De mon sêg koweg ta. En ynienen, dêr brûûsde de molke hinne. Ut frómmes kaam ûnder de ko vai en begón drók tsjin har mon te tsjótterjen. De mon glimke en knikte. Dû nóm ur de klóts fon ut striekleorege hier | |
[pagina 69]
| |
en bûûgde him en trjode de frau ek fwaroer en sai: ‘Vólkóm, frjemdling!’ |
|