De reade bwarre
(1993)–Trinus Riemersma– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 53]
| |
Vot gyselen de vynviisdersHee, do, kopijskrjower, sait Tilly, do sitst knap yn 'e Frieske lyteratuer, net? Beskrjo do mij rus de bette fon Harrem Bosma yn 'e styl fon 'e Frieske boereromon. Och hea, sait de kopijskrjower, soenen jo dot vól vólle? Dot is ómmes sa ôkôge os vot. Krekt dêróm, ontvuddet Tilly, Frieske lêzers binne eang fon vot nijs en lêze ljest oltyt utselde. Utselde, en dot krekt even oas, dot frette se - en vij matte óm 'e ferkeap tinke, hôrst dêr vól rekken mai? Mar dur is net fólle oan óm sóks te skrjowen, sangert de kopijskrjower. Kóm, kop óp, do vurst durfwar betelle, en bóppedot, do kinst dij rus lekker útlibje. Do hûkst de stro net óm un aai te bedjerren, tarje ut mar flink óp, vot mear emoasjes vot mwaier. Dur hûgge fwót gjin deaden te fôlen, mar... no, do begrypst mij vól, do sitst fólle better yn dy matearje os ik. Maitsje dur vot smaakleks fon. Akkoat? Kin 't mai fjitjen dagen klear? Moaisa. Têke Módderklauer vrótte nacht en dai. Ut ier '19 hie net brocht vot ut ónthyten hie mait un viete jest de frucht bedoar, en no mwast dot oerhelle vurre. Dur varen vól prizen makke fwar ut gemaak, dot vaat voe koe syn slag slaan. Ol ier yn 'e maityd begónnen Têke en syn hait te plûien. Se soenen dut ier ryklek rjappels baue, vont dêr siet de vinst yn. Vaat dy bij 't jest lykvóls ollegjer ta de grûn úthelje mwast, hie ôde Harrem un swiere mwóts oer óp, mar Têke net, dot rette him vól, vurkfólk genôch. Se mwasten dur east marrus ynsitte, durútheljen kaam letter. Ut vachtsjen vie óp drûgte en varemte. Hij fytere de ôdmon oan óm fon 'e vyke dut noch te dwaan en os ut heal koe dot joet dien te krijen. Ut gyng syn mem te stûf: ‘Do matst jim hait net sa drjowe,’ sai se, ‘hij is de jóngste net mear.’ ‘Hn!’ sai Têke. ‘En do kinst ek vól stikken. Do soest dij vot mije.’ Mar Têke vie twaentwinteg, yn 'e krêft fon ut libben, en hij koe stikken noch dea, tocht ur. Eelkje klage net, hûvólt se Têke mar un pear oeren dais sêg. Mwaans fjauer oere gyng ur fon 't bêd ô, drónk un pear swólgen kôde tee fon 'e fwarrege jûûns oerbleon, en stiek don ô, de Ferveterdyk út en don bij Reinaldas pleats ut Klaailôn yn de Keepmaloane | |
[pagina 54]
| |
del. Fwar sônen vie ur net tús. Don varemyte, noch un kópke tee, en njóggen oere achter de bedsdwarren. Tiid óm de dingen fon 'e dai te bepraten vie dur amper. Os Eelkje ut ôvoskjen dien hie en mai ut teegwód óp 'e tafel kaam, vienen Têke de lea ol gaurus befôlen. ‘Tee, Têke. Têke? Tee!’ mwast Eelkje don ienrus en twarus mwanje. ‘Fertel rus vot, Têke?’ ‘Vot mat ik fertelle?’ ‘Vot ha jim joet dien?’ ‘Och, it vurk...’ Nai twa kópkes tee drige Têke net langer, hij hóng de bóppeklean oer de dimterstoel, de sokken kreas oer de spêken en stûûp oer de bedsplanke. Eelkje bloes ut teeljochtsje út, mar liet de poat stean en Têke syn kópke ek, hûvólt se vól vist dot ur mwaans oltyt út 'e tútte drónk. Don óntdie se har fon har oerstollegheden en jûûg har naist Têke del. Ut en tróch kryge dy don nochrus un ópstiging fon naisteleafde en skode ut bleatmakke beswitte ûnderlichem óp Eelkjes graue, glêde billen. ‘Dóg dot rus del, ju!’ Eelkje fóldie swijend oan ut fersyk, liet har de skónken tróch synen oan kônt vrikke en ópstervjerre dot dur un drûgge, hudde kul yn har óptreon vaar, dyt un pear kear skokte en don stillai. Dy mon koe sa ômêde net vêze, of hij kaam ta syn gerak os ur un bleat frómmes fielde. Hij liet him fon har ôglide en sij hólp de brûk ver óp, en don lai se ver os fwarhinne mai de jerrems slop naist ut lichem. Ut koste minder os twa menútten. Mun koe net seze dot se un soad hinder fon him hie. Hark, hij vie ol ûnder sail. Dot hie ollegjer sa healviis net hûgd, fonsels! Vêróm mwast hij de hele dai óp un stik libje ynstee fon gevoan jelve olven tús te kómmen fwar ut varemyten? Ut hiet dot ur don tefólle tiid ferspyle mai hinne en ver fytsen, mar ut koste him ómmes mar twarus un ketier. Ut prótsje varemyten hie ur yn twainteg menútten behimmele, dot os ur dot voe, koe ur yn un oere fon ut vurk en bij ut vurk vêze. Dur vienen arbaiders dyt fólle fjidder fytse mwasten, gwódden vól un lyts jeloere. En dy vienen un oere fólút tús, vont se fytsten yn 'e boer syn tiid. Têke vie sels boer, mwast hij ut don minder ha os un arbaider? Eelkje hie him dut ienrus ûnder êgen brocht, mar ut hie neat úthelle en no hood se har stil. Ode frau Bosma voe havve, os ut him don óm 'e tiid begrutte óm nai hûûs te fytsen, don soe ur bij har varemyte. Mar dot fersmiet Têke fûûl. Bij mem yte, tink! Hij vie traud mon, vist se dot vól? Hij hie un viif óm ut yten fwar him te sieren! ‘No jónge, gón dêr don hinne,’ hie syn mem nwatleg sain. ‘Vot is dur fwar Eelkje ek oan, dot se dij noait sjugt.’ Os syn hait nai de pleats rón óm varemyten, vrótte Têke tróch. Vot letter helle ur don un monnech timpen bôle mai tsiis en spek fwar ut ljocht en behimmele dy yn 'e sljetsvôl, nóflek út 'e vyn. Hij | |
[pagina 55]
| |
nóm un swólg kôd drinken en gunde himsels don even lins. Mar nea net lang. Os ur bang vie dot de sliep him oerfôle soe, gyng ur oerain en ver oan 't vurk. Os tiden letter syn hait veróm kaam, hie Têke ol ver un hele raam dien. Sóms koe ur ut net litte syn hait un stykel te stekken - ‘ver un dreeg miei, grif’ of sókssavot -, mar ôde Harrem vie un moai evenredeg mon dyt him de naismaak fon ut miel net bedjerre liet fon un bluisterege jónge. Ja, vie ut vól bluisteregens, of dot ollinnech? Vis, Têke voe grif jildmaitsje. Se neamden de húzzing oltyten pleats, mar dot vie ut vinlek net, net iens un ‘spultsje’ - ut vie un hûûs mai oanbaude hokkeboel. En Têke voe dêr un echt pleatske fwar yn 't plak ha, un kreas stjelpke mai un grutte boerekoken en un snainze keamer foar, sljipkeamers bóppe, en achter rûmte fwar un tsien kij, twa hiinstestôlen, plak fwar lytsfee en navenont rûmte fwar de heaópslag en fwar ut rjo. Tsien ier merakels goed fertsjinje, en besykje óm un skapleke hypteek te krijen, don mwast sóks kinne, tocht Têke. En óp ‘un doer soenen se ek erve kinne fon Eelkje’ ôden, ol vist mun útsoate net hûfólle. Hij skotte Jurjen net yn os un tûkke boer, mar dur soe grif vot oerbljowe. Mar dot koe fonsels noch vól fiventwainteg ier dwórje. Têke hie net berekkene hûfolle vinst se jirleks maitsje mwasten óm mai tsien ier genôch ree jild fwar un nije stjelp te havven, mar fon tinken koe mun vól havve dot ur gjin menút ónnut ferdwaan mócht, voe him dut slagje, en dot ur gjin tsjinslag havve mócht. Mar dot vie ut grif net ollinnech vêrómt Têke ut ferpófte óm middys nai Eelkje te fytsen óm varemyten of óm bij syn mem bij de tafel un bwad óp te hôren. Hûvólt sóks nea te bevizen vie, hûvólt Têke ut himsels faaks net ienrus bevust vie, dur siet achter Têke syn dwaan ek un fervyt oan syn ôden dot sij óp ut stee vennen dot him takaam. Dût ur mai skwanmem iggevjerre oer hókker bêd nai Nijtsjerk ferfean vurre soe, synes of Eelkje harres, skymere dot ol tróch: Nijtsjerk vie tydlek, Têke voe óp 'e pleats en syn ôden en syn suster mwasten plak maitsje. Dot vie net ollinnech ónreedlek fon Têke, ut vie ek dóm. Vont Têke koe fytse, mar syn hait net, en os syn hait en dy nai ut dwarp ferfoeren - en don soenen se nai Fervet vólle, vont dêr hienen se tsjerkleke byningen mai - soe syn hait olle dagen óp en del bókselje matte. Têke koe vól miene dot os hij boer vie en syn hait arbaider bij him dur fólle mear jild útsúnnege vurre koe os no ut gefol vie, mar dot vie mar san ydee. Dur mwasten twa húshôringen fon ut bedrjo bestean ynstee fon jedder ien, en os dy baide húshôringen un arbaiderslean ha soenen, don bljode dur ek ol | |
[pagina 56]
| |
net fólle mear oer fon 'e vinst. Mar Têke vie net san rekkender, en grif net ien dyt de kosten en de baten sekuer óp pepier sette en mai de syfers meneuvele. Têke rekkene út 'un rûgen, dot safólle, dêr safólle fwar, dut noch en dot noch, en don koe mun de rest fon tinken vól havve. Dot mun de leankosten fon syn suster Hinke yn faite ek rekkenje mwast, hie Têke noch nóit óp sind. Ut fanke vie dur en se hólp oltyten mai, dot vie de gevoanste saak fon 'e vrôd. Mar os se skielek traude, soe se net nêken en bleat út 'e hûûs kinne. En os se mai de ôldelju nai ut dwarp ferhúzze en ut lônvurk oanhood, soe ur har sneons ut lean útbetelje matte. Os Têke rekkenje kinnen en vóllen hie, hie ur ta de óntdekking kómmen dot ut sa óp ut fwardelegst regele vie. Mar Têke syn sóm sêg dur oas út: de ôdelju nai de bwórren, hij óp ut spul en don soe dur jild makke vurre. Havar, sa sette Têke dy easte simmers fonain, mai olle krêft fon syn jóng lichem en mai un greot doel fwar êgen. Hij arbaide en hij sljipte, en ut yten gyng dur tuskentróch. Dût de simmer yn fólle blûi vie en ut vurk har ómtrint oer de fûst rón, voe Têke Eelkje dur ek mai fwarsponne. Ut stik lôn bij Nijtsjerk dêrt se dut ier byten bauden, soe sij vól vot frij fon túg hôre kinne. Mar Eelkje glimke vot skealek, dot mwast mar net, dot vie net sa goed fwar har yn har ómstondegheden. Se vie doch fwar dun dónder net siik vól? No, nee, ut vie un gesûnne sykte, mar sêg ur net dot se grûid vie? Hij vie doch ek net fon har ôbleon óp bêd? Têke kryge un reade kop en stammere vot fon ‘sók spul.’ No vie ut Eelkje ek noch net oan te sjen, nammes, se vie vól oankómmen, mar net fon ut bên, dêr vie ut noch te ier ta, ut kaam grif mear fon ut stilsitten. Ut hie fwar Eelkje net sa ferkead vest óm ut bytlôn vot óp en del te köörjen, don vie se meskjin vot fon ut oerstollege fet kwytrekke. Mar Eelkje soe mem vurre, en dêr mwast olles fwar vyke. Se vie nai olle gedachten ol swier dût se de 18e jonnevares mai Têke en de ôden fon vjeskônten de rais nai Fervet dien hie. Se hie yn har trauen de regels net ver hôn. Têke vie har dy vyks fwar ut trauen grif fwótendaleks tenai kómmen. Se vist dur vinlek neat fon ô hûfólle ut lije koe. Har mem hie oltyt vaskôge: ‘Tink duróm, dot se dij net yn 'e klean kómme!’ Mar dot vie ol bard. Op 'e traudai hie lókkeg nimmen dêr veet fon hôn. Ut hie un sobere dai vest, en ut vaar hie dur ek net un blide glôns oan jaan kinnen. Viete snie en rain vikselen enwar ô dy dais. Se vienen dy 18e jonnevares trijeresóm nai Fervet köre, en bij Reinaldas pleats hienen se selskip krygen fon Têke, syn ôden en syn suster. Mai har sônen hienen se yn 'e | |
[pagina 57]
| |
trauseal sitten, en dêrnai vienen se de verómtocht oangien nai ut Maremerbósk dêrt se brulloft hôre soenen. Mai de vyn yn 'e rêg rón ut ol nófleker. Ut praat ûndervais gyng bij de mônlje oer lôn, frucht en prizen, bij de frôlje oer ut sweeslaan fon 'e grutte boerinnen en har dochters en oer ut krús óm de verkplunje fon 'e mônlje skjin en heel te hôren. Frau Westra hie kófje set en stikken yten snien. Se soenen mar óp 'e tiid vot ta har nimme, vont ol saks kamen dur jûn noch gwódden del fon Eelkje har kammeraatskes, en faaks ek noch femylje. Nammes, se vienen ek roppeg vurren fon dot ain poatsjen. Têke en Eelkje smakken de ear óm oan ut haad fon 'e tafel te sitten, en Jurjen Westra hood savier un taspraak vêryn't ur Eelkje un ‘blûiende blóm’ neamde, dyt skielek ut hele Klaailôn ópsiere soe. De Bosmas visten net vêrt se de êgen bringe mwasten bij sók praat, dot vie har fjiste útvrydsk en stedsk. Bij Módderklauers vie sóks gjin vysônsje. Dur kamen yndied noch un pear kammeraatskes del en un ómke en mwóike fon Eelkje út Marem. Sa vaar ut ómsittend laag grutternôch óm praat en verpraat te krijen. Jurjen sette de brondevynflesse óp tafel fwar de mônlje en de frôlje krygen suetsjevetter. De mon twa, trije, mear nómmen se ek ol net, vont se mwasten ier ver óp hûûs oan, de oare dais vie ut vurk dur ver. Têke en Eelkje keutelen fon ut Maremerbósk nai Nijtsjerk mai hait en mem en Hinke yn har sok. Bij ut nije hûûs vaar net fólle mear sain os: ‘No, nacht, jimme.’ En hait en mem en Hinke stapten fjidder, óp nai ut Klaailôn. De brondevyn hie yn Têke safólle losmakke dot ur fon 't bil mwast, mar dot vie Eelkje vólkóm - sóks jerde bij un traudai. De simmer rekke oer syn hichtepunt hinne en ferglied yn naisimmer, mar oan ut vaar vie dot amper te merkbyten, ut bljode olmaroan prachteg moai vaar. De fruchten stienen skoan, mar ek ut túg voe vaakse, dot dur vie un soad vurk te fersetten. Ut kaam safier dot mun ut Eelkje vól oansjen koe dot se vot ûnder de skelk hie. De bwórfrôlje vienen dur ol mai óp 'e hichte en de baide memmen ek. Frau Westra vie no oates en toates yn Nijtsjerk óm Eelkje goede ried te jaan en óm har te helpen bij ut maitsjen fon kleantsjes fwar de lytse póp óp kómmende vai. Jurjen hie Eelkje fwótendaleks ópeaske dût se fon skwalle kaam, en ut fanke hie dot nammes sels ek vóllen, hait vie har destiids olles, mar ut hie doch mis vest dot se ut fanke net vot mear bijbrocht hie fon naaien en fersetten. Se hood de nulle yn 'e hôn os un heafwarke. ‘Tû, fanke,’ sai frau Westra, ‘do matst vot mear mai ferdrach, net sa rimpen. Matst vot krekter, en net sa fûûl skwórre oan dot gwód.’ Mar ut kaam sa njónkenlytsen doch | |
[pagina 58]
| |
ollegjerre fwarenwar. De ôd vidze dêrt Eelkje sels yn lain hie, vie dur noch, mar dur mwast nij gwód ómhinne. Ruften soenen nij kocht vurre matte, dy hie Jurjen ollegjerre ópbrûkt oan smaarlapen, ferflapen en switfaaierslapen. Têke soe ta de bwósse matte. Ek de fwaste helte fon septimber hood ut simmervaar oan. Vis, de sinne baande sa hyt net mear os yn júlje, en mun koe fernimme dot de dagen kwatten, mar oas, ut vie ol bysónder, san lange, fêste simmer. Mar ynienen, yn 'e twadde helte fon septimber, slûg ut vaar óm. Op 'e naidai kamen dur tóngerkoppen oan 'e lóft en de jûûns acht oere hinne briek ut swier vaar los mai stjolpege buien en swiere vynflêgen. Têke en Eelkje sêgen de bjemmen yn 'e montel fon 'e pleats fwar har oer bûgen ûnder ut geveld fon 'e vyn en de rain klettere tsjin ut rút yn 'e achtergevel fon ut hûûs. Va hie jir no óp sind? Nai san tiid fon fêst vaar? En ut hie joet ómmes helendol net varem of brûisk vest? Se kamen noch let óp bêd, ómt se net rjócht lezen gean dwasten mai ut needwaar. En Eelkje sêg dur ek óm oare reden tsjinoan óm lezen te gean: ut vie hast safier mai har, en se voe ut noch vól even fon har ôskowe. Mar tsjin tsienen jûgen se har del. De bui vie ôsakke. Ut vie ôgeand vetter, dot de see soe him vól nómmen havve. Ut vaar vie no fergoed bedoan. De oare dais vie de lóft leadgriis en út en tróch miggele ut dêr súntsjes út. Ut vurk koe dur vól óm tróchgean, mar un soad areghyd vie dur net oan óm yn ut fjild te ferkearen. Eelkje vósk noch vot dingen út dyt vól skjin vienen, mar tróch ut lezen geel vurren vienen. Drûg kryge se ut gwód net, ut hie gjin sin óm ut óp 'e lyne te hingjen. Ut soe bij de kachel druie matte. En ynienen begón ut har oan te gean: de kachel mwast set vurre, vont aansent vie ut safier mai har! En don yn dot kôde, viete en sigerege hûûs! Se koe de kachel net fon bóppen helje, mar de pipen helle se ol ûnder, en yn ut achterhûûs helle se de kronten durút. Os Têke aansent túskaam, mwast ur east de kachel ûnder helje en sette. Nee, hij soe east yten ha vólle, hij hie de hele dai beolege. Se mwast east yten siere. Vot soe se siere? En tusken de kachelspipen siigde se óp un stoel del en begón te moatsjen. Se mwast fonolles en se koe neat. Un bwórfrau fûn har yn ut achterhûûs, tusken de pipen en jerremtakken. ‘Vot ha vij no, Eelkje?’ Mar Eelkje koe ollinne mar moatsje. Bwórfrau vie net sa dóm, se hie ut vól tróch. Se troaide Eelkje nai de keamer en sette har óp un stoel fwar ut rút. Se brocht har ut bakje mai rjappels en un ponne. ‘Jo matte vot dwaan, Eelkje, net stilsitte.’ Ut fetpontsje stelde net fólle mear foar, mar dot mwast | |
[pagina 59]
| |
don duskear sa mar. Dur lainen noch un steal bjentsjes óp kronten yn 'e kelder. Dêr die bwórfrau un goede taast yn en se gie naist Eelkje sitten te puntsjen. ‘Dy mônlje matte vot yn 'e hûûd ha, Eelkje, oas binne se net te brûkken. En jo matte ek yte. Ut yten kómt oltyten east, vot dur ek bart, dêr matte jo óm tinke. En no sil ik jo aanst un kópke kófje sette.’ Dût Têke túskaam lang óm let fûn ur ut yten klear. Mar Eelkje gunde him amper tiid óm ut óp te kôgjen. De kachel mwatst set vurre, en de vidze mwast yn 'e hûkke fon 'e keamer, en hij mwast mem vaskôgje dot se moanier kaam, vont se dwast net mear ollinnech te vêzen. En hij koe moan better ek bij hónk bij owe, va mwast oas dokter helje en de baakster? Têke abbeljerre east tsjin, mar die letter ut swijen durta. Hij sjaude ut swier kring fon un kachel fersichteg bij de trep del en sette him fwar de boazem. De nije pipen voenen vól posse. Eelkje voe him fwótendaleks perbjerje, oas hienen se moan dot lijen. Even letter sette de ôd kachel de hele keamer yn 'e gloede. ‘No voe 'k doch vól un kóp tee ha,’ sai Têke lankmoedeg, mar dêr hie Eelkje amper tiid ta. Vist Têke no vól sekuer vot ur moan ollegjer dwaan mwast? Têke sette sels mar un tsjetteltsje vetter óp ut trijepitsstel, en helle dû de vidze ek noch ûnder. Hij stiek un piip óp en foel even óp un stoel del. Vot ur ek dwaan voe óm ut ónhail ô te kearen, dusse drinkbeker koe him net fwarbijgean, dot vie vis, en dut vie noch fólle slimmer os trauen. De mwaans gyng Têke gevoan nai ut vurk, dur vie ómmes noch neat te rêden mai Eelkje, en dur vie vól un bwórfanke dot dot ôd viif yn ut Bósk vaskôgje koe. No, en dur vie ek samar ien óp 'e fyts yn 't Klaailôn, os sóks don perfwast net bwótten him óm gean koe. Eelkje moate vot en slûgge vot, mar dût se óm un oere of acht ut óngemakleke lichem oer de bedsplanke avvensjerre, spegele mem ek ol fwar de glêzen óm. ‘Ut lai mij sa bij, ik mwast nai dij ta,’ sai ut ôdminske. Se vie moai óp 'e tiid, vont justjes letter klettere de rain ol ver tsjin 'e rútten oan, ut vie skier oer ut fjild, oerol vêrt mun sêg. Se setten tegjerre de kachel oan en hóngen ut viete gwód dur óp un rekje ómhinne. Se mwasten un spin oan un ketrol oan 'e solder ha, ónjerre frau Westra, dêr koe se un heel soad óp hôre, en don vie ut gwód fon 'e grûn. En se soe skielk olle dagen viete vosk ha. Hienen se bij Têke-en-dy net mear un ôd spin? Eelkje vist ut net en se koe dur net oer naitinke, se hie de honnen mear os fól oan dot graue liif en oan olle nije en ónbekende dingen dyt óp har ta kamen. ‘Do matst yn beveging bljowe,’ sai frau Westra. ‘Maitsje de vidze ynwadder, set de krûkken klear. Dóg vot!’ Bwórfrau kaam ek noch | |
[pagina 60]
| |
even tróch de doar. Vie ut ol oan 'e góng? Mar frau Westra ónjerre fon net, ut koe óm 'e tiid vinlek ek noch net, se vienen noch mar acht mwanne traud, no? - Eelkje reägjerre net, vot voe mem dêr no mai seze? - Mar mun vist ut fonsels nóit, mai sôn mwanne koe ut vól. Nee, os sij har sin sai, don koe ut noch vól un vyke oanhôre. Mar dû golme Eelkje: ‘Ik vól sa net un vyke mear, ik vól ut kwyt!’ ‘Ja fanke, mar dêr gjit ut net bij út,’ sai bwórfrau. Vylst se fredeg trijeresóm sieten te kófjedrinken, ferlear Eelkje ut fruchtvetter, en dû vie ut vól vis dot ut gjin vyke mear dwórje soe. De frede fon ut kófjedrinken kaam hookstrooks un ain oan. Bwórfrau skeat oerain en sai se soe un grutfanke fon 'e streek ópskarrelje óm Têke te vaskôgjen en bijneed gyng se sels hinne. Frau Westra striek de skwattels óp 'e dwarren en hólp Eelkje óp bêd. Ut trijepitsstel en ut twapitsstel kaam baide un grutte ponne mai vetter óp, en de tsjettel mai vetter kaam óp 'e kachel. Frau Westra tóffele nai bóppen óm te sjen ot de dakfinsters goed ticht vienen en se kóntroljerre ek ut keldersrútsje, vont sigen koenen mun no perfwast net brûkke. ‘Dokter, dokter mat kómme!’ klage Eelkje. ‘Ja fanke,’ sai Westra, ‘os Têke túskómt, mat ur him daleks helje.’ Mai un goed jeloere vie Têke dur ol. Bwórfrau hie sa ferstondeg vest óm sels te gean. Ut vienen óp 't lêst ek gjin bennebwadskippen, en mun vist ek net ot san Têke vól kaam os un bên him vaskôge. Ut vienen ielshûden, dy Módderklauers. Mar bwórfrau koe him vól oan. ‘Jo matte daleks maikómme, Têke, ut is safier. Mon, dónderje dot ark durhinne, en maitsje avvensaasje. Jo matte óm dokter en de baakster, alla.’ En tsjin frau Bosma, dyt de dyk óprón vie óm te freegjen vot dur vie: ‘Dur is ónvaar, dot is dur, en hij mat ópslag túskomme. Dot praat mij fon sa net út ut vurk brekke kinne. Soe mun san kearel net!’ Se sette de kónt ver óp 'e fyts en jakkere nai Nijtsjerk. Têke fage de honnen ô oan ut viete gês en helle dû de fyts fon ut hiem. Op syn memme geëamel gyng ur net yn. Ja, se krygen vól berjócht. Mar Têke mwast óp rútten en dwarren boanzje fwart ur duryn litten vaar. Bwótten juns aigen hûûs keard vurre, dot vie doch vól ut slimste vot jun oerkómme koe! Vie hij net de hait fon ut bên? ‘Hè jónge, do viest mij óntkómmen,’ ferhimmele frau Westra dusse sneue bejegening. ‘Do matst dij mar gau vot ferstrûppe en don nai Marem. En sjug noch even bij Eelkje.’ Ut vie ek gjin vónder dot skwanmem him net oankómmen sjoen hie, se hie de gedynen oan 'e dykskônt pwatticht. Ut vie skymereg yn 'e keamer en varem en ut stónk dur nai viete vosk. Eelkje hie net fólle te keap. ‘Sa benaud!’ | |
[pagina 61]
| |
sai se ollinne mar. ‘Ut is jir ek óm te stjerren!’ sai Têke, ‘dóg don ut rút óp!’ Mar dot mócht net heal fon frau Westra: gjin sigen! Têke kaam mai dokter veróm en mai ut berjócht dot de baakster har reemakke. Dokter voe ljocht ha, dot de gedynen mwasten iepen, en frau Westra mwast de viete vosk durútsette, ut vie jir fjiste benaud fwar de jónge frau Bosma, en don yn san near bedstee. Vie dur gjin fentylaasjemooglekhyd? Dot vie dur net, sai frau Westra, apslút net. Om ut libben fon har dochter voe se vól plonút lige! Vot miende san nijmwadrege dokter, dot sij har dochter jir fersige litte voe! Dokter ónjerre, ut vie safier noch net. Ja, ut vetter ol fwót. Mar dur vie noch neat te merkbyten. Hij soe óm trije oere verkómme. Trije oere? Ja, trije oere, jedder hie gjin sin. Têke ónjerre, don koe hij ek noch vól un skealek skóft oan 't vurk, vot mwast ur jir te ómhingjen. Mar skwanmem voe dêr gjin praat fon heare. Hij soe rjappelskyle, en don nai de slachter, don soenen se varemyte, ut vie ol oer tólven. Of better noch, hij gyng east nai de slachter óm un pear pûn viete vwast, don koe dot olfêst bret vurre. De ponnen mai vetter koenen salang vól fon ut fjoer. Frau Westra tôge de viete vosk de keamer ver yn. Dot gwód mwast drûg, vot miende san mon vól, en votfwar ôvaaid praat vie dot oer benaude lucht? Os un frau un bên kryge, don hie mun sóks. Se ieten, en vachten. De baakster kaam en sêg ot de vidze ynwadder vie en ot olles klear lai fwar de befolling. Goed trije oere kaam dokter ver. Dur vie vot feroaring, kónstatjerre ur, mar te min, dur siet gjin skot yn. Hienen dur ol flêgen vest? Frau Westra skódhólle: nee, neat. Don soe ur har mar un spuitsje jaan. Om fiif oere kaam ur ver, en os ur jedder nedeg vie, mwasten se him mar helje. En ver vachtsje. Eelkje lai te suchtsjen en te smûgen óp bêd en rôp no en don óm mem. Têke hie ut gedyn vot iepenskood en stwarre mistreasteg nai de Nijtsjerkster tsjerke. Hij smookte en de reek fon 'e piip kringele him bóppe de kop út. Ut rainde no ygaal tróch en no en don vie dur un fûle vynpûst. Ut moai vaar vie óp. Sónde vie ut, vont se hienen noch un soad fruchten óp ut lôn en ut vie oant no ta sa bêst gien. De pwódde mai bôle mwast noch óp 'e fwareker leze, mar faaks hie hait dy vól mai nai hûûs nómmen, koe ur dy moan vól ópyte. Skwanmem steorde him yn 'e prakkesaasjes: ‘Têke, ópslag óm dokter! Ut gjit oan!’ Mar sóks hie Têke fon 'e moan óm tsien oere ek ol heard, en hij hie vól nai hûûs ta krûppe kinnen, don hie ur noch yntiids vest. Dy frôlje bearden tefólle en kómmondearden mar, mar dot syn oeren ek jild kosten, dêr hoden se gjin rekken mai. Eelkje fergriemde un godgônske dai mai dut | |
[pagina 62]
| |
gepiel. Hij lûûk de jos oan, sette de pet yn 'e êgen en gyng fwar de twadde kear óm dokter. Dût Têke verómkaam mai dokter, vie syn suster Hinke dur ek. Mem siet yn tûzen noeden en mwast vitte vot dur te rêden vie. Mar Hinke vaar troch frau Westra en de baakster te jóng achte fwar sóks, se vie noch mar sekstjen. Se mócht Eelkje dachseze, en don nai ut efterhûûs. En dêr mwast Têke ek mar bljowe, hij rón har doch mar yn 'e vai. Têke hie noch nóit mai syn suster praat, en dot die ur no ek net. Se sieten eikmes óp un stoel en harken nai de lûden fon bwótten en dy út 'e keamer. De vyn helle ol mear oan en gûûlde bijtiden tróch de bjemmen fon Rinsmas pleats. Ut 'e keamer kaam út en tróch un frjemd gjolpereg lûûd, ut hearde meast óp skwanmem har mjekkerjen, mar ut soe Eelkje vól vêze. Os ien fon 'e frôlje yn ut achterhûûs kaam, frege Têke ot dur ol vot skot yn 't spul kaam, mar ‘Ut mat fier vaikómme, jónge, en swier helle vurre!’ bearden skwanmem en baakster. ‘Do matst nai hûûs, Hinke, ik sil dij un aintsje bringe.’ Têke voe dur sels ek vól even út. Ut vie Hinke goed, mem hie har jir hinne stjoerd, mar se fielde har lang net óp har gemak. Tegjerre fytsten se de dyk út. Ut vie óppossen mai dy skwórvynen achter de húzzen vai. Bij ut spoar gyngen se binnentróch nei de Ferveterdyk. Don vie ut mar un wannestap mear oan Reinaldas pleats ta. Mai tsien menútten vie Hinke tús. ‘Nai njóggenen kóm ik net mear, matst tús mar seze, don heare se ut moan vól.’ Ut vie Hinke goed. De blêden stoden fon 'e bjemmen os vie ut novimber en no en don kailde dur un deade prikke de vrôd oer. De vynviisder óp 'e toer gysele olle kônten út. Têke stapte ô en rón ut lêste ain, mun koe ut stjoer amper rjócht hôre. Ut skwastjenboed fon Rinsma vappere môl hinne en ver. Voe dot delkómme? Mwast ur vaskôgje? Mar se fernómmen ut fonsels vól, en vot hie ur ek mai dy grutte boeren oan 'e klep? Un bwórmon skode un fyts yn 't hok en ôle: ‘Needvaar, Têke!’ ‘Sees dot vól,’ pwólmwólke Têke. Dût ur yn 't achterhûûs kaam, stie skwanmem yn ponnen en amers óm te slaan mai un dracht blwódreg gwód ûnder de earem. ‘Ut is un jónge!’ rôp se. ‘Nee, do kinst dur net yn!’ Mar Têke vie ol yn 'e keamer, vot deole soenen se him bij syn bên vai keare! ‘Hû is 't Eelkje?’ frege ur skrútten. Mar Eelkje hie net fólle te keap. Se glimke en lyke bliid te vêzen. De baakster tearde ut bên yn 'e ruften. Ut vie un skoane jónge sai se, grif vól acht pûn. Vylst se ut bên stienen te bevónderien, rinkinkele dur un graue preuvel tróch ut achterrút. Se varen glûppende kjel en dokter liet him | |
[pagina 63]
| |
un flókvud óntkómme. Ut gedyn vyndere aaklek óp en del. Têke soe mar gau hinnegean en sykje un planke en vot spykers óm ut euvel te ferhelpen. ‘Sigen!’ rôp beppe Westra oerstjoer, ‘sigen!’ Se vie har ried tenain. Mar de baakster ónjerre, se koe ut no fjidder ollinnech vól ô, óm har koe frau Westra vól nai hûûs ta gean. Dot die se, nai oankundege te havven dot se de oare mwaans ver kaam. Têke spykere un planke fwar 't rút en trjode vot krontepier fwar de slimste siiggotten. Sa hienen se yn olle gefollen vot frisse lucht. Dût Eelkje slûmmere en hij en de baakster oan 'e tee sieten, skrjode Têke óp ut skutblêd foar yn 'e traubibel ‘Geboren Harmen 22 September 1920.’ Mar dy fiif vudden fregen heel vot tarrissing en oerlees. Dur gyng un jeloere mai hinne fwart ut inketpwatsje óp 'e tafel stie, un pinne fûn vie en de letters ien fwar ien mai puntege halen yn 'e bibel skrost vienen. Fonsels soe de jónge nai Têke syn hait hyte, ut kaam net iens yn Têke óp óm dêroer mai Eelkje te akkoatsjen. |
|