De reade bwarre
(1993)–Trinus Riemersma– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 44]
| |
Lôns de vaifon sied en aaiSkrjo mij un stik oer de Bwarristen, sait de stim fon Tilly de tillefoanist os de kopijskrjower de hoan oan ut ear lain hat. Kosten kirme deklarjerre vurre tagelyk mai ut tróchskiljen fon dyn kopij. Jamar... eh..., sait de kopijskrjower. Mar hij praat tsjin un deade hoan. De kopijskrjower fret óp 'e nailen en klaut syn kop. Mistreasteg sjugt ur nai ut bwattersbrûkje en ut hauten hammerke. Bwóltsjeblazen sil net helpe, noch flaaikjen bij de pepieren-fûgel-dyt-olles-vit. Mar de kopijskrjower is doch vrychtech fwar ien got net te fangen! Vólnee, de kopijskrjower is fwar gjin inkeld got te fangen. Sels ut got dêrt ollemon traumatysk nai veróm langet mar oltyt fwar hingjen bljoot, dot gjit de kopijskrjower yn. Javól, ut mai tsjin ut sûn ferstôn yngean en strideg vêze mai de byologyske vetten, de kopijskrjower bringt himsels veróm ta de steat fon bên en póp en gjit ta de memmeskutte yn. Dêre hekket ur him fêst yn 'e útteres en vurt lytser, oant ur os iensellege him losmakket en verómgjit nai de aailieder dêrt ur him spjoltet yn aaisel en siedsel. En hij swimt fjidder, tróch siedlieders, prostaten, bijbollen, tylbollen, bloedbanen, limfekanalen, hierfetten, aörtas, ieren en spieren. Fwar gjin got is de kopijskrjower te fangen. Hij swimt veróm nai de achtjende-ywske fwarfaars dyt ollegjerre mondéleg vest havve oan syn óntstean. Hûfólle binne dot? Tel mar nai: mun hat ien hait en ien mem, twa paken en twa beppen, fjauer oerpaken en fjauer oerbeppen, acht betoerpaken en acht betoerbeppen. En rekkenje fwar elke generaasje rus fiventwinteg ier, hôfólle fwarôden hat ien dyt yn 'e tryteger jirren benne is don yn ut ier 1727? Mar tink óm ut fwarôderferlies, dot vól, vont os efternicht mai efterneef traut, havve ja un mienskipleke oerpake en -beppe, en vot dêr noch ver efter lait. Dot vól, vont yntylt vie yn 't foarege un goed middel óm 'e femyljesinten bijenwar te hôren, en bóppedot, de vegen vienen min begeanber, mun socht un viif bij hónk. Mar dêr stjit ver fwaroer, de haiten dyt óntbrekke maidot un faam un bên yn 't vyld kryge, dy haiten speort de kopijskrjower ollegjerre ver óp, vont hij syket syn fwarteam net óp bij de bwargerleke stôn - hij swimt de vai fon sied en aai. Yn ut ier 1727 stekt de 400- of 500-fôdeg spjolte kopijskrjower óp plusmynes 450 ûnderskate plakken en yn lykefólle ferskillende lichems de kop óp, hekket de piip efter de kjizzen, slagt fjoer yn 'e tebak en mómpelt út 450 baide monleke en frauleke kelen yn ut Mid- | |
[pagina 45]
| |
friesk uwt jarre, reek ind tarre. En hij sammelt de 450 panoramas, mai har beveeg fon sjammen, nammen, lústerpetearen en temûk bedrjo, ut pielen, skevielen, jerremtakgevrót, ut skónkdwassetten, sjerpstryken, ferneuken, bij de poat nimmen, mai de kloaten fwar 't blok setten, ut kónt durút skwórren, ut bedónderjen, bedúveljen, fear yn 'e brûk stekken en net te ferjitten - mar ut vaar vól gaurus fergetten! - ut óp 't fesje spuien. En va sil dot fersóm goedmaitsje nai hast twaenheale yw? Dot sil de 450 kear ópspjolte kopijskrjower. Dot sil hij dyt yn diggels lait en himsels net verómfynt. Dyt de oansetter is fon ut ónechte bên en de mem fon ut bên en ut bên sels en de naikómmeling, ja de godgônske naiteam fon ut bên is. Mar dyt net vit hókker pat ur krekt is fon dy en fon dy. Ut 225ste fon 'e ónechte hait, ut 225ste fon 'e echte mem, ut 112½ste fon ut ónechte bên, javól, mar va binne de oare 111½ dyt yn ut bên óp oansetten vachtsje? Jir lit de ópspjolte kopijskrjower olle pipen útgean, slagt de honnen oan 'e hólle en skrjoot fertwivele: va en vot bin ik? Innikinnik! golmet ut vjerlûûd. Sees ut don! Ton-ton! Mar 449/450 en 224/225 róppe os út ien mwólle: Frede sij dij! Eangje net! Acht generaasjes Bwarristen sjugge óp dij del! Vot laisto dêr yn strie en strónt, smwarg en óngedien? Vêróm hat óntsetting dij ta syn finzene makke? Vês monhafteg en ston óp dyn fwótten, kóm ta dijsels en vês krigel, vont sjug: Bwarristen fon twa ywen behoedzje dij. Nim de pinne óp en skrjo, kopijskrjower. De ópspjolte kopijskrjower kómt óp 'e knibbels oerain en freget yn 'e Vestjeropeeske bidhôring: Va binne jo, Heare? Mar 449/450 en 224/225 róppe: Gjinien is ús Hear os Boldgrim, en vij ollegjerre binne syn tsjinstfainten. Jirre stjit Floar, en jinsen Jon Melles, dot ôd vyfke fokt heksekotten, sjug, dêr is Harrem Módderklauer, en ik, ik bin Tilly. Fonsels, Tilly jert durbij, kopijskrjower! Mar eangje Tilly net en sjug him net nai de êgen. Tilly is súver neat. Vont Boldgrim is Hear en Grimbold is syn profeet, mar vij ollegjerre, Bwarristen, binne túchjes oan 'e skealjens dyt elk fwar oar en stik fwar stik neat vurch binne. Op ússels binne vij lytse, leffe ferneukers, ree ta grutspraak en ree ta ferried. Mar maielkwar, ynspyrjerre tróch ús Hear Boldgrim en stype tróch ut fwarbyld fon syn profeet en fon ús grutte fwargóngers, binne vij vot, binne vij un lesteg legyoen elkenien en ússels bemyterjende rotten. Stel dij net oan, kopijskrjower! Blaas dyn óntsetting net óp en berómje dij net óp dyn prenatale krústocht. Fwardotsto de pinne tille koest, skiet Tilly yn 'e brûk, en jersto ta de memmeskutte yngyngst en ut verómpaad fûûnst, venne Tilly yn 'e bollen fon syn hait en lai yn ien inkeld gromosoom fon syn healsel- | |
[pagina 46]
| |
leg vêzen vrôds bedrjo en ferneuk fêst. Mar Tilly rómmet net yn himsels, hij rómmet Boldgrim en slagt ut teken fon 'e bollen en swart bij ut tapsk tarinnende rûpke fon 'e Grutte Ferneuker. Stik fwar stik binne vij neat, kopijskrjower, do noch ik. Skrjo net oer mij, noch oer dijsels - elke skrjower dyt oer himsels lult is un lul - skrjo oer de Bwarristen. De kopijskrjower fynt himsels veróm óp ut behindege solderkjemmerke. Opjage ta vittenskiplek ónbesteanbere avventoeren, spjolte en fragmintjerre, oer maksymaal 512 persoanen ferdeeld, bij ut hier oerainlutsen, óp 'e fwótten set en útmakke fwar swetshols. De kopijskrjower dyt oantekent dot ur tróch Tilly de tillefoanist ta de antypartale en antykónsepsjonele tocht oanset vaar, en fon krekt deselde Tilly un fyguerleke mar net minder pynleke slinger oan 'e earen krygen hat, fielt him swier bij de pik nómmen en ferneukt. Mar de kopijskrjower sil net langer oer himsels seore. Hij fertelt: Yn ut ier 1749 vaar yn ut dwarp de Lytse Jauer bij Dokkem un viddo dea yn 'e stoel fûn. Mun mwast oannimme dot se yn 'e jûntyd stoan vie en de hele nacht, oant bwórlju har de oare mwaans fûnnen, dea yn 'e stoel sitten hie. Bótte stiif vie ut lyk net, dot foel de lju dyt ut ôdminske út 'e stoel en yn 't bedstee prakkesjerren ol óp, mar de lykskóger helle de skauders duroer óp. Hij hie sa syn aigen fermoedens: de strôt vie kniesd, dus se mwast fon kônt makke vêze. Grif smoard mai un ain tau, wantau of spontau, of byntau faaks. De lykskôger gyng nai de skelta, dyt oerlai mai de frana, en baide vize monnen varen ut duroer iens dot de viddo vie fermwadde. Ut ut fait dot ut ôdmins sa fwar 't êg rêsteg yn 'e stoel siet, en net jir of dêr oer de grûn lai en ek oas neat viisde óp un vrakselpartij, laten se ô dot de oanfoller un har bekend persoan vest havve mwast, dyt se betraud hie, en dêrt se faaks east noch mai praat hie jert ur har oanfoel. Ut úttinken fon dusse teöry koste de dievefangers safólle switdrippen, dot dût se him ienkear hienen, voenen se him ek fwar gjin jild ver kwyt. Fonsels vie de viddo fermwadde óm jild, vont de minsken binne nóit tefreden en vólle oltyt mear ha. Dur vie yn 'e hûûs gjin sint te fynen, no ja, un pear losse, mar dêr die dus út blyken dot ut jild dur vól vest hie, mar mainómmen vie. Va hie ut jild stellen en de viddo fon kônt makke? Dot vie fonsels de earemste mon fon 'e Lytse Jauer, vont dy hie dur ut meast ferlet fon hôn en bóppedot, de earmen stonne ek seedlek óp un leeg nyvo. De dievefangers lieten har olle ynvenners neame en beskrjowe, en se ónjerren dot un boerearbaider mai sais lytse bên vie de earemste mon fon ut gea en hij hie ut dus dien. Se hellen de mon óp, bûnnen him yn tauen, gjin wan-, | |
[pagina 47]
| |
spon- of byntau, mar echt mwadnerstau, en brochten him nai ut hûnnegot yn Ternaad. Dêr voe de mon nai twa dagen en nachten ollinnech óp vetter libbe te havven net bekenne. Se moedegen him oan mai un dracht stokslaggen, vot de mon vól óp 'e knibbels brocht en him smeekjen die óm óp te hôren, mar net ta ut tajaan fon syn fergryp late. Dû bûnnen se him un sekje sôn oan 'e fwótten, makken syn pólsen fêst en hysten him oan un ketrol ómheeg. De êgen pwóllen de mon út 'e kossen en hij skrjode, mar dût se him sakje lieten nait se him un pear kear óp en del swypke hienen, foel ur langút fwar har del en smeke him frij te litten en beswarde bij God dot ur ûnskuldeg vie. Hij voe grif net begrype vot dur fon him frege vaar. Se hólpen him óp gleed mai him ver óp te hysen en him un gleon iisder óp 'e rêch te setten. Dû skrjode de mon en flókte, vot un dúdlek beviis vie dot ut un minne kearel vie. Se makken ut iisder jetrus hyt, skwórden de hingjende mon de brûk fon 'e kónt en setten him ut iisder óp 'e gemachten. De mon skrjode net, de hólle foel fwaroer. Se lieten him sakje, mar hij sakke tróch en bljode óp un rûngear prótsje lezen. Sa vie dur net fólle areghyd oan. Se sleepten him veróm nai ut hûnnegot en lieten him leze. Yn 'e jûntyd kaam de mon bij, mai helske pynen, mar ómt ur bang vie dot se him helje soenen os ur lûûd jûûg, hood ur him stil. Mar hij vie vis se soenen him krekt salang pynegje oant ur sain hie vot se heare voenen, en os ur dot sain hie soenen se him óntholzje. Hij hie gjin kôns. Dût se him de oare mwaans helje voenen fwar un nij ferhear, hie ur ol skuld bekend, sat ut letter yn 'e akten kaam te stean: hij hie him ferhóngen. Se óntholzen him doch noch mar, vont rjócht vie rjócht, en de boal mwast ek yn kóndysje bljowe. Mar ut vie un bwarristestreek. De Jauster dûmny, iverder fwar ut Keninkryk Gods, dot vól seze fon Boldgrim, vont hij hóng ut kolvynisme ollinne mai de mwólle oan, fertrette ut dot ut gwódlek ôd vyfke, Jaantsje hiet se, neat fon 'e ferhoalen en yn 't ferburgene vurkjende krêften fon kottekloaten - dyt de ‘pistoar’ oltyten yn un learen sekje bij him drûûg - ha mwast, mar oasóm de hoeder en learaar behindeg, mar net mis te fetsjen óp ut Krús en ol dy dingen mear viisde, en yn ut gehucht un fwarbyld fon kristleke libbensvonnel vie. Koe ur Jaantsje nai ut kamp fon 'e Bwarristen oerhelje, don hie ur ut hele dwarpke vón, tocht him. Mar dût dot net slagje voe, en de dûmny óp 't lêst bang vaar dot se har meskjin rus óngunsteg oer him útlitte soe en him ferklaaie bij de klasses, besleat ur óm har nai de oare vrôd te helpen, dêrt oltyt fleor en ville is, dêrt gjin sykte en leed is, oltyten de sinne skynt en y ten yn oerfloed is, en dêrt ut fwar | |
[pagina 48]
| |
ollinnesteande ôde vyfkes dêróm fólle nófleker is. Op un mwantyd tige ier, tusken trijen en fjaueren, briek ur yn ut hûûs yn, makke ut ôdminske kôd, hyste har yn 'e klean en sette har yn 'e stoel bij de útte kachel. Fwart de sinne ópkaam en de melkers nai ut vurk gyngen, lai dûmny ver achter ut viif en ónjerre Boldgrim soe vól spinne fon ville. Yn ut ier 1834 hie de saneamde Oskieding pleats: ûnderskate beswirren dyt ut yn 'e Herfwarme Tsjerke net mear fyne koenen, skaten har ô en stiften un nije relygyeuze mienskip. Dur vie ollang, ol yn 'e sontjende yw, un spjolt begón te skwórren tusken fynen en grauen, persysen en rekleken, mar de tsjerke bljode heel, oant yn '34 dy de Cock verrus un bên út un oare gemeente doopte, sónder dêr tastimming fwar te havven. De Cock vaar ûnder de stoel set en skate him ô. Fonsels! Sa dógt un needreg kristen dot. 't Soenen jo doch ek dwaan? Os se jo óp 'e fingers tikken, don lainen jo doch ek de kop yn 'e nekke en sprieken un stail vud? Dot die de Cock ek. Nóit skuld bekenne, nóit de minste vêze vólle. Dur stjit oas yn 'e skiednisbûkjes dot de Cock un sêftsedeg mon vie, dyt net gau óp 'e efterste poaten stie. En doch: hud tsjin hud - de Oskieding. Yn dy snwórje makke ur ek un rais tróch Fryslôn verbijt ur spriek yn ûnder oaren Marem, Fervet, Vônsvet en Blije. Javis, ol fwar '34 hie de Cock snains un bulte tarin út Fryslôn vai, en dur vaar yn dot lôn tige gunsteg oer him tocht. Underskate persoanen dyt bij de Cock syn easte sindingsrais de herfwarme ôgoaden ôswarden, hienen him yn Ulrum vól ienkear of faker fon 'e preekstoel óljen heard. Hôlemer kûkefretters, Maremer kotten, Ferveter hiinstebyters, Blijer bellefleoren. Va vienen dy bedrukten en beswirren, dy sykers en fersmyters en fjiddersykjenden, dyt see en lôn ôraizgen en dyt ut ainlings yn Ulrum fûn mienden te havven, en ek yn aigen dwarp un lytse kemúnne stiften? Va vienen ut dyt haiten en memmen oansetten óm har bên te Ulrum dope te litten? Va bloes de Cock yn óm de tsjerkleke vetten te negjerjen? Va vienen dy stokelders dyt dómme dûmnys en dóm fólk ta de Oskieding drjoden? Ut vienen Bwarristen. Vêrt ut ienfôdege fólk bij de poat nómmen vurre kin, vêrt prachtege prinsypes har liene ta flage óp eltse stróntpream - os de prinsypes mar vapperje kinne -, dêr slagge Bwarristen har slag. Vaat ta jo kómt út kristleke, húmanistyske, etyske of olgemeen minskleke betinkingen, oanstriden, oertsjûgingen of oervagingen, helje him yn, lit jo bij de poat nimme, jau him jo het, jo gevisse en jo beos - hij is Bwarrist, hij tsjinnet de jinnege God, Boldgrim, de Reade Bwarre, dyt de ryken kopkes jaut en de earmen ferneukt. | |
[pagina 49]
| |
Va hienen de measte ville dût Pyter Jelles yn 1918 de revolúsje proklamjerre en Villemyn oan kônt sette voe? Va skwórden har de bwóssen út dût de ôd rôt yn 'e klearsette fôle trape en duryn stónk? Va hienen him de kop sa gek praat? Va vienen syn atfyseors? En va fûnnen út óm de oare dais mai mon en macht, un trainfól, nai De Haag te setten en de monargy te rêden? Bwarristen ollegjer! Mar vienen de Bwarristen ut óniens en yn kampen ferdeeld en bestried de iene helte de oare? Dot is un misfetting, sij ut un begrypleken. Bwarristen hingje un ydee ollinne oan ynsafiert en fwarsafiert en fwarsalangt dot har ta har doel liede kin. Bwarristen binne sytewasjonisten. Opportúnisten, neffens gwódden, mar dot binne lekskoaiers, dyt dot seze. Bwarristen brûkke de poletyk, de kunst, de godstsjinst óm har aigen doel mai te berikken, dot is de boel safólle mooglek yn 'e bulten jaaie en óp 'e nón rinne litte, of, relygyeus formúljerre: óm ut Keninkryk Boldgrims óp iede te fêstegjen. Bwarristen bestride enwar net, Bwarristen trúnne oaren oan óm enwar te bestriden en besykje óm partijskippen yn dailesskippen óm te setten. Bwarristen lûkke de lju oer de streek, skowe har un paadsje óp dêrt gjin veróm fon is. Bwarristen stonne óp 'e hûkke fon 'e strjitte, sprekke un stail vud óp 'e brêge of pwólmwólkje vot óp ut tsjerkepaad. Mar Bwarristen nimme de fwarstap en de naistap net. Oaren maie ut ópknappe. Ut kin lykvóls barre dot un Bwarrist dur te fier ynsyld is en dot ur him net mear verómlûkke kin en ut spul útspylje mat, en ut kin barre dot ur tsjinoer un oare Bwarrist kómt te stean. Mar is dot slim? Sa bljoot ut fait dot ja ien Hear tsjinje ómmes ut bêst ferhoalen en mócht ut bij ien fon baiden ol kwea bloed sette, soe Boldgrim dêr ien aai minder óm leze? Mun mai rêsteg oannimme dot Boldgrim ut ferlies fon un ljowege net achtslagt. Net ut lók en de vólfeat fon 'e minsken is ut haadmomint fon ut Bwarrisme, mar de gloarje fon Boldgrim en de ferhearleking fon Syn hege namme. Bwarristen binne spyónnen yn un fijonneg lôn, of saboteurs efter de lynys. Ja folle net óp en ûnderskiede har yn neat fon jo oerbwórmon dyt óp ut bwótterfebryk vurket en vaans bên de kronte rûnbringe. Jo kinne him en jo vitte vot ur dógt en hût ur libbet. Mar jo vitte net dot vot jo fon him sjugge, syn daistege beuzegheden, kammûflaazje is. Syn spesjale ópdracht, syn gehaim vurk, dêr vitte jo neat fon en nimmen net. En mócht ur tsjin 'e lampe rinne en óntmaskere vurre, maitsje jo net bliid, vit dot ut vurk tróch oaren fwótset vurt. De meterópnimmer bijgelyks, hij komt oerol en haint un bulte óp. Hij struit fonolles rûn, praatsjes dyt ur sebeore bij de streek | |
[pagina 50]
| |
óphaind hat, mar dyt úttocht binne yn ut haadketier fier fwót. Hij set oaren óp en makket stimming. Dot is syn ópdracht, dêrfwar libbet ur en hat ur syn libben oer. Vont os ur yn 'e fûkke rint, helpt nimmen him. Gjin Bwarrist sil ut fwar him ópnimme en besykje him te rêden. Bwarristen bestonne net fwarenwar. Ja kenne enwar net en havve gjin gedoente. De annonymytijt en ut gehaim fon ut Bwarrisme is un grutter goed os ut ferlies fon ien of mear Bwarristen. De Bwarrist dyt stróffelt vurt skrost. De kopijskrjower dógt un taast út 'e skiednis fon twa ywen Bwarrisme dyt ur óp syn prenatale krústocht fon z oant a maimakke hat. Dut bijgelyks: Om 1860 hinne venne dur te Vestergeast un ôdviif dot un trau lid vie fon 'e ónbekende gemeente fon Boldgrim. Ja vie frijfaam bleon óm yn har bêste jirren traude mônlje te ferlieden en dêrmai húsleke rúzjes en dailesskippen te stiftsjen, dyt fwar un pat oanlieding vienen ta skieding fon tafel en bêd (mear húsree hienen de lju nammes destiids ek net), moedvillege ferlitting en moad. Ienrus hie se un bên ha matten, mar dot hie se vaimaitsje litten en naityd kamen dur net ver fon dy óngemakjes. Se lai net óp un bêste namme. Se hiet un dwail, un hoer, un ljitske. Mai de jirren nóm har ferliedlekens ô - sa bwóttenvênsteg kreas hie se nea vest, mar neffens dwarpske mjitstêven vie se os jóngviif ut oansjen en oanraitsjen vurch. De nearing hood óp. Se hie begrype matten dot de tiid un ain makke hie oan har vurk ta eare fon Boldgrim en dot se fjidder jeljûn hôre koe. Mar dot die se net. Yn har bêste jirren hienen olle frôlje ut grau óp har hôn, vie se útskólden en fervinske. No vaar ut stil óm har hinne, nimmen rôp har óp strjitte noch vot nai of skrjode har behypleke driigbrieven. Se miste de haat, de oergunst, de kweasprekkerij. Se voe yn ut nijs bljowe. Se begón mai ut fokken fon kotten. Dur hienen har oltyt ol un pear óm 'e fwótten struisen, mar óp un stuit hood se durmai óp de jóngen te fersûppen en liet greot vurre vot vaakse voe. Dur vienen samar un stik of achtjen. Se kocht flaisôfol en ôde bôle fwar heal jild en sear ónbidege ponnen sop fwar de bisten. Se grûiden os koal. De Vestergeasters skódhóllen, mar och, ut minske lyke bij ut fólle ferstôn, en os se dêr no areghyd oan hie, en dot vie grif sa... en dut vie yn olle gefollen sa slim net os dût se... Un inkele nijskjirrege kaam olrus bij har oer de flier en besaude him oer de bisten dyt fóchten en oangyngen, enwar efternai sieten oer de tafel en enwar ut ljocht út 'e êgen klauden. Fredeg vie ut net. Ut ôdviif sette óp un stuit ut mes duryn. Op ien nai lóbbe se olle bwarren en trjode de boltsjes yn un vekflesse. De kastraten fóchten | |
[pagina 51]
| |
net mear, varen loai en grau en slûggen un gwódleke poat út os de jinnege potinte bwarre oan har ómsnúúfde en net vist hût ur soe. Mar ut ôdviif ferlear olle fwarsichtegens út ut êg dût se bên yn 'e hûûs helle, dy un pwódsje mai un pear boltsjes yn 'e honnen trjode en har ópdrûûg óm ut goed te bevarjen, ut oan nimmen sjen te litten en oltyt te dwaan vot Boldgrim voe. Fonsels praten dy bên dur tús vól oer, en tróch Vestergeast gyng ol gau ut praat dot ut ôdviif vie gek vurren - kottesykte, tink - en de bên vaar yndruid óm net ver bij ut mins binnendwarren te kómmen of vot fon har oan te nimmen. Dur venne noch un Bwarrist te Vestergeast en dy slûg de skrik óm ut het dût ur de ferhalen hearde. Ut ôdviif hie de namme fon Boldgrim oer de bwórren brocht en ut gehaim fon 'e bollen ferret, en faaks soe ja noch fjiddergean mai har kottekultes. Ut swijen mwast har óplain vurre. Hij brocht ut praatsje óp 'e bwórren dot ut mins vie un tsjoenster. Ja voe de bên yn 'e macht krije mai har kottekloaten te jan. Hij neamde un pat fon 'e vjirhyd, mar late behindeg ut ómtinken fon Boldgrim ô. Un heks, javis, dot voe de Vestergeasters vól oan. De Bwarrist ferdwûn ver achter de kûlyzen en liet ut nimmen fon stappen yn fól betrauen oan syn dwarpsgenoaten oer. Hekseprosessen vienen offysjeel út 'e tiid, dot se vaar net ferheard, óp 'e pynbank lain of oan 't ingster hóngen. Mar óp un nacht baande har hûûs ô en sij en de kotten blaasden nea ver. |
|