De reade bwarre
(1993)–Trinus Riemersma– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 33]
| |
Gjin ko óm 'e holsRoeden roedzje en spitten vurre slain, mar vaans roede rekket de fjoerdóbbe en vaans spit hôrt? Têke Módderklauer skôge êgen, noas, earen, kin, hier, honnen en fwótten fon ut bên, mar koe de gelykenis mai himsels net óntdekke. Vól vie ur bliid os oaren fon ut bên sainen: ‘Krekt syn hait!’ Mar, en dêrmai stiek de twivel de kop ver óp, sóks vurt oltyten en sónder bijbedoelingen fon elk monlek bên sain. Sóks sait mun ómt mun sóks jert te sezen, ek ol lyket ut bên mear óp ut smûgende ôdhynder dot Hille fwar de molkvain hat. Krekt syn hait? Don mwasten jo dur vól even bij seze vaat jo mai dy hait bedoelden, vont óp Têke lyke ur net un sprút. En Têke vist net ot ur de easte vest hie bij Eelkje. Hienen oaren har ol jedder oan ut spit reon, roede of trêde? Fon fammeghyd en fluezen hie Têke ollinnech bij gerófte heard. Vot koe ur him letter yn 't sin bringe oer vjerstôn ynjesten en don un tróchbrek, oer skrúttenens en pynlekhyd fon Eelkje? Hij hie dur net óm tocht ómt ur ut net telde, fwar un genier mat olles vyke en tróch neat lit ur him fon 'e vize bringe. Rint ut mis, don jaut ur him vrokjend ûnder ut lot del. De hele vrôd spont no ienrus tsjin 'e genier gear, dot hat oltyt sa vest, en ek juns aigen viif kin mun net óp oan, mar mun mat mar stil tróchpiele, de rjappels matte yn 'e grûn, en ut simmerveet mat yn 'e grûn, en dur is safólle dot de genier dwaande hôrt fon ier oant let. Lykemin os Têke ómtinken hie fwar de braid en har fammesteat, dût ur ut metros yn ut bedsteed saaide, óp ut metros de pel plotte, dêr Eelkje óp útmeat en fêstnagele, lykemin hie ur ear fwar ut ferhaal dot súntsjes risseljend ómgyng. Ut ferhaal vie ôkómsteg fon 'e rûkken dyt ut te Hôlem óphainden en tróchferteld hienen oan 'e bjemmen út 'e montel fon ut Nijtsjerkster tsjerkhôf. Os de vyn de biêden risselje liet, koe mun ut ferhaal heare, en os de vyn fûûl út see bloes, vie ut oer hele Marem te ferstean. Mar bij froasteg vaar os de grûn hud vie en ut hoar vie oer ut fjild, don gyng ut ferhaal bij stive eastevyn oer hele Nijtsjerk, Maremerbósk en Hôlemerhûkke, ja oan Fiifhúzzen ta. Mar mun mwast dur ear fwar ha, en út risseljen en lispeljen lûden en vudden haine kinne. Tsjin Krysttyd, yn 'e tsjustere kwatte dagen, kören un pear Hôlemer fainten de Dúnvai út nai de Hôlemerhûkke ta en stieken dû | |
[pagina 34]
| |
de kônt út fon Nijtsjerk. Se hienen kwat nai Sinteklaas dien krygen, dur vie gjin vurk mear bij de boer. Se hienen tús ómhóngen, óp 'e bwórren ómdangele, rútspielende frôlje fon 't vurk ôhoden, un pear kear te piksjitten vest, yn 't braakhok sitten - heal mai ut doel óm vurk te freegjen, mar dot siet dur net yn, de plûg vie kómpleet, en ains vienen se bliid ta - ienkear un middy oan 't beljetten vest, mar dot vaar te djoer, un dai nai Ljauet vest, mar vot soe mun dêr útfrette os mun neat fertarre koe, en jetrus dangele, ómhóngen en har ferfeeld. De middys fon 'e 22ste desimber 1919 vienen se daleks nai yten ut dwarp útstutsen, sónder duroer te praten en sónder un doel te stellen. Dangeljendervize vienen se de Dúnvai óp rón en njónkenlytsen foelen se yn 'e stap. Dot rinnen óp himsels jûûg ol ferdyvedaasje en don vie dur rûnóm vól vot te sjen dot oanlieding jûûg ta praat. Dur vaar don ek net lang oer redendeeld ot se fjidder soenen of veróm. ‘Dut mar út?’ ‘Ja.’ De vainmakkerij óp 'e Hôlemerhûkke vie gjin fólk yn te sjen, ek ol dien vurk grif. Un inkele arbaider stie noch te heapbeslaan. Va syn lôn vie dot? Va vie dêr sa dúvelse let? Dur hie ómmes ol un pear kear knap nachtfroast vest, en os dot tróch gyng mócht ut hauiel dur aanst vól bij. Bij ut Maremerbósk koenen se ôslaan nai Marem, mar se gienen ljevver oer Nijtsjerk dêrt húzzen en minsken vienen os dot keale ain dyk nai de Maremer griffemeade tsjerke, en bóppedot, vêróm soenen se ut kwatste paad kieze os se fwar 't selde un langeren nimme koenen? Tús vienen se ómmes ol ver tús. Efter óp ut hiem fon ien fon 'e geniersspultsjes sêgen se un frómmeske. ‘Hin!’ sai de iene faint. ‘Kensto dy?’ ‘Eelkje Westra. Kóm, vij matte rus un praatsje mai har maitsje.’ Eelkje stie mai ien hôn yn 'e syde de fainten ô te vachtsjen. ‘Middy,’ sainen dy freonlek. Eelkje sêg har óp en del oan, de iene en de oare. ‘Hienen jim bwadskip?’ ‘No, Eelkje, dot sit sa... Is dur ek honnel?’ ‘Vot honnel?’ ‘No, knynen, skiep, bargen. Kij ek vól, no Vibe? Faitlek olles vól.’ ‘Olles vól, jer,’ sai Vibe. ‘Us hait is net tús,’ sai Eelkje. ‘En vij ferkeapje nammes gjin fee mear, vij ha fretten genôch.’ ‘O ja?’ frege Durk mai un úthaal. ‘No, don binne jim grif de jinnegen. De kij binne ier óp kómmen en de helte fon 'e byten en 'e | |
[pagina 35]
| |
rjappels is óp 't lôn sitten bleon.’ ‘Hûfólle fee havve jimme?’ frege Vibe, en hij die de bwóthúsdoar iepen en rón nai binnen. Eelkje stapte efter him oan en Durk lûûk de doar ver efter harren ta. Ut vie smûk dêre. Vibe telde de kij: njóggens stiks. Net ol te grau en net ol te glônzeg: geniersfee. ‘Hûfólle fregest no fwar dy ko, dy tredde fon bóppen?’ ‘Neat. Vij ferkeapje neat.’ ‘No nee,’ sai Durk, ‘mar bij vize fon sprekken.’ Hij gyng óp 'e bwóthúsbank sitten. ‘Kóm dur rus bij en neam rus un priis.’ ‘Javis, vij kinne dur doch vólrus oer prate?’ sai Vibe. ‘Vij gónne dur bij sitten.’ Hij late Eelkje oan 'e earem nai de bank en gyng sels ek sitten. ‘Os vij norus sainen fon njóggenteg gûnne, Eelkje. Hû soe dot lykje?’ frege Durk. Hij skode tichter tsjin har oan en lai un hôn óp har knibbel. ‘Njóggenteg?’ frege Eelkje. ‘Jo matte dy hôn dêr vai dwan. Sa kin ik net prakkesjerje. ‘Durk kloppe har sêft tsjin 'e binnenkônt fon ut bil. ‘Njóggenteg sai ik, ja. No, Eelkje?’ ‘Njóggenteg? No, ús hait soe grif hûndet freegje. Meskjin ek vól mear.’ ‘Fonsels,’ glimke Vibe. Hij streake Eelkje oer de rêg en kniep fwarsichteg yn har heupe. ‘Fonsels, dot soe ur freegje. Honnel is honnel. Mar vot is dy ko vurch? Dêr gjit ut óm.’ ‘No ja,’ sai Eelkje. Se voe de hôn fon har heupe ôtrjowe, mar de hôn dyt har bil streake siet har dêrbij yn 't paad. ‘Jimme matte fon mij ôbljowe, oas kin ik net prate.’ ‘Dot let súver neat,’ sai Durk. ‘Vij havve ut vól oan tiid.’ ‘Eê ja vól, de hele dai vól.’ ‘No, hûndet gûnne, tocht ik.’ ‘Ja, dot saisie ol,’ sai Vibe, vylst ur har oer syde en bwast aaide, ‘mar do vitst sels ek vól, Eelkje, dot dy ko dot net vurch is.’ ‘Va makket dot út!’ frege Eelkje oan dot lêbege lûûd. ‘Va? No, ik soe seze...’ Hij hekke, vont hij sêg dot Durk him fwaroerbûûgd hie en ûnder de rokken Eelkje har kútten streake. ‘Ik soe seze: vij jirre mai ús trijen. Dot maitsje vij út.’ ‘Vij dot útmaitsje?’ frege Durk. Hij siet no ver oerain, de hôn óp Eelkje har knibbel. ‘Dot soe 'k net seze. Vij kin 't vól iens vurre, visvól, mar de priis fon 't fee yn 't olgemeen, dot maitsje vij net út.’ Eelkje fóng de hôn óp har knibbel, mar rekke him ek daleks ver kwyt, vont de hôn glied fjidder oer har bil, en de aigner lai út: ‘De priis fon 't fee, dy hinget ô fon 'e fraag en ut oanbod. Netvier? | |
[pagina 36]
| |
Is dur un soad fee oan 'e merk, don sakket de priis. En bóppedot...’ ‘Javis!’ sai Vibe. Hij kniep even fûûlder yn har heupe - ôliedingsmeneuvel - en lai tagelyk de hôn yn har lófterhokse, dyt tróch ut gehaister fan Durk bleatkómmen vie. ‘Osto dêr stjist freeds, mai un monnech rúddege kij, mar do bist ien fon 'e inkelen, en dur is vól fraag, don kinst lykegoed un bêste priis maitsje. Mar ut kin ek beteare...’ ‘Hôr no óp!’ sai Eelkje. Dur vie un hôn dyt de binnenkônt fon har rjóchterbil streake, oer de hoas hinne, en oer ut bleate stik bil tusken hoas en brûk, en un hôn dyt, vól sa ferriederlek, oer de ûnderkônt fon har lófterbil glied, fon 'e hókse oan ut ylestyk fon 'e brûksbókse ta, en un hôn óm har rjóchterbwast of rjóchterheupe, don jir, don dêr, en un hôn oer har rêg en nekke, en ja kaam honnen tekwat óm se óp te kearen. ‘Jimme matte net hyltyten... Vij havve ut oer de kij!’ ‘Javis!’ sainen de baasmonnen tagelyk. En Durk gyng fjidder: ‘En don hinget ut dur ek noch fon ô: hûfólle kij kinst vinters oerhôre. Dot hinget jirfon ô. Punt ien’ - de milfinger glûûp ûnder ut ylestyk tróch - ‘hasto genôch rûmte yn 't bwóthús. Punt twa’ - de viisfinger gyng ek ta de bókse yn - ‘hûfólle fretten hasto yn 'e skwórre...’ ‘Dêr gjit ut óm!’ rôp Vibe. ‘En no lyket mij ta... Sjugrus’ - óm ut goed dúdlek te maitsjen mwasten ringfinger en pink dur ek noch bij - ‘un viete jest, ut fee ier óp. No kinst dot lêste gês fonsels meane en stôlfwórje, en dot sille jim tink ek vól dien ha, Eelkje?’ ‘Ja,’ sai Eelkje benaud, vont fjauer fingers kamen naier. ‘Mar dot is oltyt naideleg. Vont do hast yn un viete jest de honnen fól mai oar vurk.’ - streakje, aaie, fiele - ‘Do hast un hûûdfól vurk oan 'e rjappels en byten, en ost don ek noch meane silst...’ ‘Dot bljoot dur don faak bij!’ sai Vibe. Hij hie Durk syn knokkels fernómmen en begón fon 'e oare kônt. Dur vie vot temin rûmte fwar har baiden vinleken. ‘Dot voe 'k mar seze! Stôlfwórje soe bêst kinne, en ek vól út kinne, os ut oare vurk dur net vie!’ Hij gyng heal fwar Eelkje sitten en twóng har mai ut skauder tsjin 'e bwóthúsmwórre oan. ‘Mar ut oare vurk fret dyn tiid op!’ sai Vibe driigjend. Ut vie him slagge óm har bil fonsyden te lûkken en dû lai ur syn knibbel óm har knibbel: rûmte. ‘En fongefólgen begjinst jedder mai hea en kuil. Jedder ost fon | |
[pagina 37]
| |
doel vest hiest. En dus...’ ‘Ja mar...’ sai Eelkje. Dur vienen no twa knibbels dyt har knibbels oan kônt vrikten en twa nonnen dyt har skauders tsjin 'e mwórre trjoden en twa lichems dyt heal oer har hinne hóngen en twa hyte mwóllen bij har earen en twa honnen dyt elts tróch un bókse naier kamen. Se hie gjin fervar, mar dy skoandere ko... en os hait durf on hearde... ‘Hûndet, hûndet op syn minst.’ ‘Och, kóm, Eelkje. Va sil dij hûndet biere? Tink dur mar óm: de priis sil aanst knap sakje. Dot kin elkenien oankómmen sjen. En de keaplju biere no ol minder os ferlyne ier óm dustyd. Vont, do hast safólle hea von. En do hast safólle kuil. En do rekkenst óp safólle bytekrûden. Moai!’ Jano, ot ut moai gyng! Twa honnen fermakken har óp dot iene plakje, elk oan un kônt, of de iene óp 'e berg en de oare yn 'e fóchtege delte, of de iene oer ut tsjûkker vurrend glêde knóbbeltsje en de oare út en yn ut viete gotsje. ‘Mar, do bist jedder begón mai hea en kuil. De bytekrûden, dot is dij ôfôlen. De rjappels, ien stik bûnte, en fwarol de lêste tiid, don gjit ut hud. Dot hast mai san viete jest. En dêróm...’ Mar Eelkje voe de ko net kwyt fwar njóggenteg, ek ol hellen se dur fonolles bij, ol praten se noch sa óp har yn. Se hienen ryklek yn 'e skwórre, en oas koenen se bij 't maityd oltyt noch foer keapje, voe se seze, mar ‘ik vól him net misse’ koe se ollinnech mar flústerje, vont se vaar dwyl, ut vie ot har ferstôn en gefoel nai dot plakje lûken dêrt dy twa dwaande vienen. ‘Mar dot hûgt ek net, Eelkje. Vij vólle dij ollinne mar oan 't ferstôn bringe dot dur takkem maityd temin fretten fwar de bisten is. Bij jim net, meskjin, mar bij de measten vól. En dot betsjut don: un ko durút, of un pear kij durút. En os un hele bulte dot dwaan matte, don sakket de priis. Gjin mis óp. En dot jild don net fwar dy boeren ollinnech dyt gjin fretten...’ ‘Ja... ja...’ hyme Eelkje. Ut kaam, ut slimme, ut fijne, dot oltyt kaam os ien sa mai har die. Se trjode de rêg stiver tsjin 'e mwórre oan en de fwótten stiver yn 'e klómpen en kniep de knibbels naienwar ta, en dêr vie ut, dêr vie ut... ‘... en don kin jim hait vól seze: ik ha genôch fretten, os jo gjin hûndet jaan vólle, don gjit ut mar oer, don sait de keapmon: no, don gjit ut oer. En don stapt ur nai de fólgjende pleats en keapet un ko fwar tachteg. Sa gjit dot Eelkje,’ besleat Vibe. Mar Eelkje vie oer de syde siigd yn 'e jermen fon Durk en lai en siet heal óp 'e bank mai de skónken rjóchtút en 'e rôk oan 'e mul ta ómheeg. Vibe gyng oerain, Vibe sêg ut vyte brûkgefol, strûpte ut del | |
[pagina 38]
| |
en vie net mear te hôren. Hij knibbele fwar har, makke de gulp los en skode yn har. ‘Vij vólle jim de kij net óntfytmonje fwar un pear sinten, Eelkje,’ lústere Durk har ta. ‘Vij bedónderje de boel net, earlek net. Mar ut lôn lait dur no ienkear sa hinne. De measte boeren ha gôns fee óp, mar ut fretten is dur net neffens.’ ‘Ja,’ suchte Eelkje. Se slûg de êgen óp, sêg un prûk hier óp har bwast en die de êgen ver ta. ‘Mar sit dur un keal yn?’ ‘Ja, ja,’ lústere Eelkje. ‘Sit dur un keal yn dy ko, Eelkje?’ frege Durk jetrus. ‘Ik ljo ut ol.’ ‘No, dot feroaret de saak. Meskjin soenen vij dur don fiif gûnne bij dwaan kinne. Ut is óp 't lêst mar un gekhydsje, vier? Goed, vij ferheegje ut bod. Fivennjóggenteg gûnne! No matst taslaan, Eelkje.’ ‘Fivennjóggenteg? Ik ljo net dot ús hait ut dêrfwar dwaan soe.’ ‘Jim hait die ut grif. Jim hait is tûk genôch óm te vitten dot san bod him net ver dien vurt. No, Eelkje, ston net tsjin dijsels. Vij binne fiif gûnne ómheeg gien, sakje do no fiif gûnne, don binne vij durút. Jir, jau lók, fivennjóggenteg gûnne!’ ‘Nee,’ lústere Eelkje, ‘nee...’ ‘Vot saisto dêr?’ Vibe kaam oerain en knope de brûk ticht. ‘Njóggenteg hienen vij ôpraat, net?’ ‘Dur sit un keal yn.’ ‘Dy ko sit nóit un kear un keal yn!’ Hij rón nai de tredde stôl en besêg ut beest. ‘Dur sit neat yn. Sjug sels mar. Do hast dij ferneuke litten!’ Durk trjode Eelkje yn Vibe' jerrems en besêg ut kobist. Hij kaam veróm en streake Eelkje oer ut krús. ‘Sit dur vier un keal yn, ju?’ ‘Hij hat ûnder de bólle vest.’ ‘Javól!’ sai Vibe. ‘Under de bólle! Mar dot sait net olles. Ut kin vól ópbruisen vêze.’ Hij lûûk Eelkje' rôk óp dot Durk syn góng gean koe. Eelkje óntfóng him triljend. ‘Net mear dwaan,’ sai se, mar lytse Durk siet dur ol óp kop en earen yn en fermakke him skoan. En Vibe sai: ‘Kóm no, Eelkje, honnel is honnel! Do matst de kónt dur no net út skwórre. Durk hat dur fiif gûnne óp talain, dot no matst taknipe. Fivennjóggenteg gûnne, don hasto un bêste priis en vij un strop.’ Eelkje vist ut net mear. Hûndet voe se havve, en ljest mear. Hait soe grif mear frege ha, mar lytse Durk die ut sa môl en Vibe syn finger siet bóppe yn 't naadsje te kyteljen. Se vaar ver dwyl yn 'e hólle. | |
[pagina 39]
| |
‘Hûndet,’ lústere se. ‘Hûndet, bliksem! Hûndet!’ hyme Durk. ‘Gjin gedónder! Vij gónne dur tuskenyn: sônennjóggenteg en un heal,’ sai Vibe. ‘Jir, jau lók.’ En hij helle de hôn bij ut naadsje vai. Mar ut vie ol te fier kómmen mai Eelkje, se koe net mear tinke, ollinnech mar lústerje: ‘Hûndet, hûndet, hûndet.’ En Durk rôp: ‘Hûndet don, ferdómme. Hûndet don, ferdómme.’ Eelkje lústere ‘hûndet’ en Durk rôp ‘hûndet’ en tagelyk kamen se klear. Durk knope de klean ticht en hólp Eelkje yn 'e brûk. Se lûken har de rôk ver oan 'e ankels ta en setten har oerain óp 'e bank mai de rêg tsjin 'e bwóthúsmwórre. ‘No ha vij ut doch bêst mai dij makke, net Eelkje? Hûndet gûnne fwar san mêger kring. Vij havve dij net bij de poat hôn.’ Vibe nokkere: ‘Nee, vij havve dij net bij de poat hôn. Dot kinst nóit oas seze.’ ‘Mar ut vie fonsels mar un gekhydsje,’ sai Durk. ‘Ja,’ sai Eelkje. ‘Us hait soe him ek net kwyt vólle fwar hûndet.’ Se rón mai de fainten del nai de bwóthúsdoar en sêg se nai dût se ut hiem ôstieken en de dyk útstapten. Dy keaplju oltyt mai har praatsjes en fratsen, en dot se no krekt kómme mwasten os hait fon hûûs vie... Mar se hie de ko noch! De keaplju huften enwar óp 't skauder en laken en sainen graue vudden en flybken yn 'e berm. ‘Visto dot dy mókkel...?’ ‘Nee, ferdeold! Va hie dot tinke kinnen. Mar ferdoarje noch ta...’ Se slûggen de hûkke óm en besleaten óm mar net mear bij de tsjerke lôns te gean, mar dwasoer te stekken nai Marem ut Lang Paad del. Oan ut begjin fon dot paad stie ut lege hûûs vêrynt krekt njóggen mwanne letter un jónkje benne vurre soe oan Têke en Eelkje Módderklauer. Dot is ut ferhaal sat de rûkken ut ferhelje. Vie ien fon dy Hôlemers de oansetter fon Harrem? Dot seze de rûkken net, dot kinne se net viermaitsje. De kopijskrjower sait: De posysje fon Eelkje, heal sittend óp 'e bwóthúsbank, vie net gaadlek fwar kónsepsje. En bóppedot, sait de kopijskrjower, ut soe vól ôgryslek tafolleg vêze os un bên óp 'e kop ô njóggen mwanne nai ut sjidzjen benne vaar. Dot bart súver nóit, vêróm soe ut jir krekt vól barre? Vont un regel gjit tróchstrings ollinnech mar óp yn syn útsón- | |
[pagina 40]
| |
deringen. Kloppet eat fólslain, don kloppet ut grif net. |
|