De reade bwarre
(1993)–Trinus Riemersma– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 29]
| |
De easte vónderdied fon GrimboldFon ôder óp ôder sil de ywen tróch ferteld vurre hût de Reade Bwarre Boldgrim - de haadletters kryget ur sónt 1640 steefêst - syn ferswarger, ut namleaze, brainleaze en vólleaze kreätuer, de namme Grimbold jûûg en him ta syn apostel beneamde en syn Geast óp him lai. Ut libben fon Grimbold kryget jirmai un fólslain oar ferrin. Mun kin seze: syn libben begjint don jest, en mai ut lichem, ut byologysk mekanyk oanvêzeg vest ha, ut kryget jest mai ut vud fon Boldgrim sin en doel. Un creatio ex nihilo vie ut matryeel sjoen net, mar spyrytúeel sjoen perfwast ol. Vij sille de trubbels tusken de enwar fûûl bestridende saneamde ‘bóppegeastdrjowers’ en ‘ûndergeastdrjowers’ yn ut fjiddere noch vól tsjinkómme. De kwesje vaar pos bijlain dût ut ynsjug tróchbriek dot de skepping fon Grimbold net un histoarysk fait, mar un hailsfait is. Mar vij rinne ol te fier óp ut ferhaal fwarút en vij keare veróm nai ut stuit dot Grimbold mai syn jinnegst stik ark de bwarre Boldgrim deaslain hat. Fwart ut het ut bejûûg hat Boldgrim noch róppen: ‘Mar myn geast gjit mai dij!’ Bóppe yn 'e deade tûkken fon 'e ikebeam sitte twa rûkken, mar dy hat Grimbold noch net ópmurken. Fwar de twadde kear vaar ur fwar un probleem steld. Hij voe de vinsk fon 'e ferstoane, óm dy syn ‘geast’ mai te nimmen, earbiedegje, mar hij vist net vot un ‘geast’ krekt vie. Ut siet eane oan of yn dot beest fonsels, mar óm dot hele kottelyk mai te tôgjen, dêr sêg ur tsjinoan. Dêróm gyng Grimbold jert ur ôraizge yn ut griene gês sitten njónken ut lyk fon 'e reade bwarre Boldgrim en tocht nai. Ynstee fon no de gek te havven mai ut behypleke tinkfermogen fon Grimbold dyt noch mar ienkear jedder yn syn libben naitocht hie, of ut risseltaat fon syn geprakkesear leeg te lezen, vól de kopijskrjower krekt oasóm mai tige fólle klam vize óp 'e knappe probleemstelling fon syn klyent, un probleemstelling dyt lyke simpel os tûk is. Grimbold gyng net te vurk neffens de offysjele ‘metoaden’ fon húsdieren en pepierfretters dyt har teöretysk-teölogysk-teleölogysk besinne óp doel en vurkvize fon godnochta dot vitte se sels ollang net mear, mar hij | |
[pagina 30]
| |
stelde heel ienfôdeg dutte: dot vot Boldgrim syn ‘geast’ neamde, is grif ut meast veadefólle en vichtegste pat fon him, vont ut lait fwar de hôn dot, noot ur sels net helendol mai koe, hij ut meast belangryke deel mai mij raizgje litte voe. Vot is ut belangrykste pat fon un bwarre? Syn kloaten! Dêr lait de kopijskrjower de pinne fwar del! Mar hij nimt him daleks ver óp óm te beskrjowen hût Grimbold mai ut sútrege stikje iisder oan 'e ain fon syn stôk de bwarre lóbbe, de bollen fwarsichteg fon 'e siedlieders snie - earbied fwar de geast - en se naistenwar yn 't gês lai. Ut stuite him dôch tsjin ut bwast óm syn traue freon óp ut hiem leze te litten, dot dêrom sleepte ur ut lyk oan 'e stut efter him oan en bedóbbe ut yn 'e fwórge naist de bjentsjes, óp utselde plak dêrt Boldgrim profetjerre hie. Posier kaam Grimbold veróm. Twa swatte rûkken sylden út 'e ikebeam vai en soenen elk un kloat snippe, dût Grimbold syn kneppel oer ut hiem slingere en lûûd ‘hûrra!’ rôp. Hij draafde nai ut plak dêrt ur de bwarre kastrjerre hie, de boltsjes lainen dur noch. Bliid nóm ur yn elke hôn ien, en vylst ur de krossende rûkken naiêge dyt gremytege rûntsjes bóppe him draaiden, spriek ur syn twadde spreuk: De geast is rôversgwód. Dû vie dur neat mear dot Grimbold noch oan hûûs bûn. Hij knypte de stôk ûnder de earem en gyng mai yn elke hôn un bol de vrôd yn. De vrôd - keal en nêken lait ur noch fwar de êgen fon 'e kopijskrjower. Vot sil ur duróp tsjoene? Bjemmen, marren, bósken, bergen? Nee, gjin bergen. Rûmte vól de kopijskrjower, rûmte fwar Grimbold, dyt ur hatet noch bemint, mar dyt syn klyent is, dyt ur sóms bevóndert en sóms ferachtet, mar vaans libben hij beskrjowe sil. Rûmte fwar Grimbold! Fwót jimme bergen! Fwót, driigjende bósken dyt ut sicht óp 'e kymen yn 'e vai stonne. Ut 'e vai, jimme. Jau Grimbold de vide, kleare lóften mai twa krossende rûkken. Ja, hear se krossen óm de ferlenne bút dyt Grimbold yn 'e fûsten maifiert. Jau Grimbold de fiere kymen en ut vide êgvaid. Rûgge haidefjilden mai un inkele bjirk meskjin. Mai ut sa vêze, Grimbold? Vij dógge dus sa: un inkele bjirk. Fjidderóp un tropke vylgen óm un poel. Net tefólle sómpen en slinken, sait Grimbold, en de kopijskrjower skrjoot: dur vienen gjin sómpen en slinken. De maudege holle sônreed bóchtet tróch ut haidefjild, sa bóchteg os Grimbold him ha vól. En oan 'e kônt blûie reade klaver en gele skwóntsjes, de blómmen dyt Grimbold lije mai. Vont God skûûp de vrôd en dû de minske, mar kopijskrjower skept east de minske en freget him hût ur de vrôd havve vól: un blóm mear of minder, un streamke óm dyn toast | |
[pagina 31]
| |
te ferslaan? O, sjug him rinnen oer ut haidefjild mai de stap fon un oervinder. Mar de kopijskrjower sjugt dot Grimbold stean bljoot en fervóndere de fûsten iependógt. De bollen fon Boldgrim tintelje en bane him yn 'e honnen. Grimbold knypt de fûsten ver ta en rint hasteg fjidder. En noch hasteger set de kopijskrjower him dur ta óm ut lônskip te feroarjen. Vot sil ur ópkómme litte út ut haidefjild? Un hoederin mai un keppel skiep, un hoederin mai brúnferbaand oantlit en jerrems, mar mai ynvyte bwasten? Mai blanke skónken ûnder de lange, fervósken rokken? Of un ferdwaalde merketintster? Of un krûdesykjende nón? Of mooglek un frómmes dot beskuldege fon tsjoenderij de haide yn flechte is? Mar de kopijskrjower ferliest him net langer yn détails, vont vot soe Grimbold male óm skiep of krûderijen? Ut gjit him óm de frau! En soe ut Grimbold vot útmaitsje ot ja fervósken rokken of ut vijde klaad draagt? Vont sónder mis sjugt ur de frau ljest sónder rokken. En soe Grimbold him drók maitsje óm ol of net vyte bwasten en ol of net blanke skónken? Vont bwasten túttet mun en moaie skónken streaket mun, mar bij ainslútten lit mun bwasten gevurre en moaie skónken skoot mun fonsyden óm dot iene, dot ivege, dot bóppe olle mjitte moaie - mar jir swijt de kopijskrjower óm de tsjoen net te brekken. Hij nipt fon syn glês en sait: un glês vyn is goed en un sygret is goed, mar ut tredde dot goed is, better os ut fwargeande, ja better os ol ut goede fon 'e vrôd, dot is de Venusberg fon un moaie jónge frau. En dêróm tsjoent de kopijskrjower yn ut gês oan 'e kônt fon 'e sônreed un sontjenjirreg fanke, dot blómmen plôket en nai de flinters sjugt en dot net vit dot har sykheljen de lytse bwasten óp en del tilt, óp en del... Mar de kopijskrjower hôrt de kop koel en dógt un stap efterút, hij mat rûmte maitsje fwar Grimbold dyt duroanrinnen kómt mai yn 'e fûsten de geast fon Boldgrim dyt him oantrúnt en fytert. Leönoar sêg óp dût se stappen efter har fernóm. Se gyng stean en slûg de rokken del. Benijd en tagelyk benaud nóm se de mon óp en sai skrútten: ‘Dach.’ Grimbold bljode lyk fwar har stean, trjode syn fûsten tsjin har bwasten en lústere: ‘Leönoar!’ ‘Vot vólle jo!’ Grimbold brocht de fûsten bijenwar en sai: ‘Yn dut teken sille vij oervinne.’ ‘Vot havvejo dêr?’ Grimbold die de fûsten iepen en liet de synege boltsjes óp 'e pollems rôlje. ‘Kottekloaten.’ | |
[pagina 32]
| |
Ut fanke die de mwólle óp, de êgen ta, en soe efteroer siigd vêze os Grimbold net hasteg de bollen yn ien hôn gearbrocht en har mai de oare fêstpakt hie. Fwarsichteg lai ur har yn ut gês en streake har oer de fwarhólle en sliepen. Se sykhelle flau. Grimbold vie kjel vurren fon 'e macht fon 'e geast. Hij kryge ut anakronistyske plestikpwódsje dot ur bij him stutsen hie en burg de kloaten duryn. En jirbij spriek ur syn tredde spreuk: Va ken de vurken fon de Geast? Hij fernedert de iene en de oare rjóchtet ur óp. Vont dût ut fanke efteroer siigde, vie dur vot oan syn lichem oerainkómmen, en olsa vie Grimbold - de stôk maiteld - lykos jedder de bwarre Boldgrim fon trijepoater fjauerpoater vurren. Leönoar slûg de êgen óp en suchte. Grimbold liet har oerain sitte. ‘Gjit ut sa better?’ Mar se sêg bij him lôns mai grutte, dreamerege êgen. De tónge glied oer de lippen en ut lyke os voe se vot seze, mar dur kaam gjin lûûd. ‘Leönoar, Leönoar,’ lústere Grimbold. ‘O Hear, vot mai dut doch betsjutte?’ ‘Leönoar!’ sóng Grimbold oan har ear. Hij streake sêft har skauders en har bwasten. ‘Ik bin mar un sljóchtvai fanke, en ús hait en mem binne earem.’ ‘Mar dyn bwasten!’ sai Grimbold. Os jónge rapen lainen se yn syn hôn. ‘Vot vólle jo aigentlek?’ ‘Net tefólle freegje,’ sai Grimbold. Hij tearde har efteroer en slûg har rokken óp. ‘O Hear, juns geast is oerveldeg óp mij!’ skrjode se. Mar Grimbold biet har de mwólle ta en ferkrêfte har. Fredeg siet ur dû naist har te bekómmen. Leönoar lai óp 'e rêg mai de êgen ta, sljo en sûzereg. Mar se kaam ynienen ta besleor en gyng oerain sitten. ‘Jo ha myn eare nómmen! Ik bin gjin faam mear! Ik vól skeafergoeding!’ ‘Stel dij net oan,’ sai Grimbold. ‘Do bist ryklek beljenne, en ik haf un skónk ferlen.’ ‘Us hait soe mij oan 'e barón jaan fwar fiif kij! Mar no hûgt de barón mij net mear! En no kryt ús hait neat! Us hait slagt mij dea os ik sa túskóm! Ik vól skeafergoeding! Oas slagt ur mij dea!’ ‘Ik ljo dot jim hait gelyk hat,’ sai Grimbold. ‘Jir kin ollinnech de dea útkómst bringe.’ Hij nóm de stôk en slûg har mai ut iisderen beslag durf on de kop yn. |
|