De reade bwarre
(1993)–Trinus Riemersma– Auteursrechtelijk beschermdKlink don en daverjeVa soe ut de kopijskrjower oansjen dot ur sóms de brûksbóksen bóppe de knibbels ópstrûpt, ien tûmme yn 'e mwólle stekt, un klam fingerke oer ut tûtseboed fon 'e mesyne strykt en ‘ai-tai-ai, ytytyty’ rópt? Va ljoot dot de eptege kopijskrjower mai knikkets rôlet en mai hauten hammerkes slagt en mai trije stwóllen efterenwar traintsjebwattet? Doch dógt de kopijskrjower sókke dingen en mear. Fon hetten? Och, dur binne tiden dot ur syn beróp ferflókt, en de mon ferflókt dyt him tillefoanysk ópdrachten jaut en de kweageast mai namme Boldgrim dêrt de ónbekende tillefoanist fon riden lyket te vêzen en dyt ek staregoan himsels, de kopijskrjower, yn 'e besnijing lyket te | |
[pagina 24]
| |
krijen. Boldgrim - mar no net fjidder oer him. De kopijskrjower vól noch seze dot ur un brjifke fon hûndet yn un blanko slûf óp 'e góngsmotte fûn hat. Mar hij bedoelt net dot ut honoraryem him oer de depresjes hinne helpt. De freugde fon ut skrjowen is ut vraaknimmen óp 'e mon dyt de ópdracht jaut, vraak óp 'e skrjower dyt him net fwar skrjowen vaivyne kin. De freugde fon ut ‘potferdómme os dur don skreon vurre mat, don sil dur potferdómme ek skreon vurre.’ En no fielt de kopijskrjower him, tanksij óptearde brûksbóksen, finkjesóbjen, knikkets, hauten hammerkes, iepenbiere belidenissen en un dûbbeld potferdómme ree óm de skiednis te skrjowen fon de ónbekende tillefoanist yn fiifjirrege ôdens, dût ur noch net tillefonjerre, mar vól dingen die dyt lyke bót stónken en dû ol oan stjónkende saken kultúrele mannyfestaasjes ferbûn. De fiifjirrege tillefoanist dyt vij Tilly neame sille, vie readjirreg, skjinsprútteg, net oermjitte greot en un skyter. Syn hait - vij óntliene dot oan ut tillefoanyske petear - grûûf de Ferveter iisbaan, fertsjinne dêrmai ƒ11,86 vyks, mar mócht mar óm 'e vyke verke ómt dur mear mônlje oan vurk hólpen vurre mwasten, en barde de oare vyks ƒ6,40 steun, mar sette nettsjinsteande dot yn ut ier 1937 ut bên Tilly oan, dot benne vaar yn 'e lette maityd fon '38. Letter slagge dusse hait oan vurk yn ut Kleaster: twa pleatsen tusken Fervet en Vônsvet óp un fwar un pat ôgrûven terp dêrt ienrus ut Kleaster Fosvet stie. Hij vaar dêre fêstarbaider, dot vól seze - vont va hat noch heugenis oan dy tiid, va vit joetdedai vot un fêstarbaider is - olle dagen twarus melke, mwaans fjauer oere fon 't bêd ô, middys un oere tús, jûûns sais oere de put durút. Ienkear yn 'e trije vyke un frije snain. Mwaansier melke, mwaans en middys ut gevoane vurk, en swargje dot de fingers lyneg bljoden, ut oerdaiskóft ver melke. Dusse hait nóm Tilly dût ur un ier of fjauer-fiif vie gaurus óp 'e fyts mai nai ut Kleaster. Ut jónkje venne yn 'e bwórren, mar hie dêre gjin bwatters, vie ek vot ienselveg. Havar, sóks is yn olle resinte bûkken beskreon. Vólno, de kopijskrjower libbet him yn syn rol yn, rôlet brûksbóksen óp, knikkert, traintsjebwattet, dógt dut en dot, fervikselt de jarjende, rikjende en tarjende piip fwar un trijekoppege bwóltsjebla-zerspiip en ut tebaksfetsje fwar un seepkóp. Bellen en bwóllen en bollen, grien mai read, en blau mai grien, en read mai blau. Kleoreg en fleoreg. Kleoreg en treoreg. Bollen bwólje, bollen spotte. Fleoreg, treoreg. Sepe bwóllet, sepe spot. De kopijskrjower sjugt ta, ferienselveget him en sait: | |
[pagina 25]
| |
Ik vit net vêrómt ik oltyt mai ús hait voe. Ik hie dêr neat te sykjen. Ut oare arbaidersjónkje bwatte ik net fólle mai, de bên fon 'e boer gyngen lang n't oltyt mai nai ut lôn. Vienen se dur ol, arbaidersbên en boerebên, don siet ik doch noch meast ollinne tusken fesjes, Jossen, kylen sóms en termoflessen. Fwar de tinzen en gefoel-svrôd fon ut fintsje ferviist de kopijskrjower nai olle oare bûkken. Tilly hie os olle bên syn natuerleke behûften, hij mwast óp 'e tiid pisje en pûppe. Mar hait vie net oltyt bij hónk óm brûkken del te strûppen, kóntsjes te faaien mai toppen gês of hea - ol nai de tiid fon 't ier - en brûkken óp te hysen, en Tilly dwast of voe net fyfteg meter, of yn Tilly syn vize fon rekkenjen: sôn grippels, rinne nai hait ta. Hij bljode sitten te óphôren, vachte salang dot ur net mear oerain kómme koe, vont don soe de boel durútflutte, gyng mai de kónt óp 'e hakke fon 'e klómp sitten te knipen, stinde de ferkeade kônt út en mwast bij ainslútten de brut doch flutte litte. Vêróm die Tilly dot? Vont letter mwast ur tiden stil sitte dot de trûp him net ta de brûkbóksen útdrippe soe en ókwólje en kôd oan 'e kónt fiele. Vachtsje oant de mônlje óm kylen, jossen, fesjes of termoos kamen en fregen vêrómt ur net bwatte en ainleken de stank rûken. ‘Matst nai 't húske?’ ‘Ja.’ Ut heugt Tilly dot ur verrus nai san kniperij en stinderij tróch de hait redsem út ut haailon vai, tróch dammen hinne, óm tichte hikken hinne, oer batten, brêgen, ut kowepaadsje, de planke oer de sleat dyt óm 'e terp rón, bij de terp óp nai ut kólkshúske fierd vaar. Dêr die blyken dot de fleanderij oer brêgen, batten, hikken en sljetten óm 'e nócht vest hie: ut aai vie ol lain. De hait sai dur vot fon, mar vaar net lilk óp Tilly. Vêróm vaar de hait net lilk óp Tilly? De kopijskrjower vit ut net. Vêróm skiet Tilly yn 'e brûk? Vêróm vaar Tilly syn hait net lilk? Va beskrjoot de gefoelens fon 'e hait? Faaks mat mun pake vêze jert mun de gefoelens fon 'e hait beskrjowe kin. Mar don soe de hait de gefoelens fon syn bên beskrjowe kinne. Kin ur dot? Nee, mar hij akseptjerret ut bên, ómt ur ienrus sels bên vest hat. Flauekul ollegjer, sait de kopijskrjower, ôvaaid praat fon un hait dyt un stikmonnech bên óp 'e vrôd set hat, en dêrt vij ús net mai óphôre kinne. De hait fierde ut bên fon ut kólkshúske en tróf oldergelóks óp ut hiem de brinne dyt ek óp 'e stank ô kaam of tafolleg bwótten vie, va sil ut seze, en ut bên Tilly fon him oernóm. Tilly vaar oer ut hiem troaid, yn 'e keuken plonte en fon brûkken óntdien. De brinne nóm de tsjettel mai varem vetter fon ut petroaljestel en geat un tóbke heal fól en móng ut oan mai kôd pómpsvetter ta un fwar jerremtakken te | |
[pagina 26]
| |
fernearen en fwar fiifjirrege bennekóntsjes te daaien timperatuer. Tsjin vaat mient dot ut vól heel tafolleg vie dot de brinne krekt varem vetter ree hie en de kopijskrjower durfon fertinkt dot ur dot vetter fwót mar varem vêze litten hat óm ópsjitte te kinnen, mat de kopijskrjower ynleze dot dur neat tafollegs oan vie, ómt minsken yn 't foarege oltyt vetter óp ut stel hienen: teevetter, of kófjevetter, of ôvoskvetter, of vetter fwar de vosk, of vetter om ut gês tusken de stjinnen te bejitten, of vetter fwar un hônsem seepsopke óm kosten, dwarren, plinten of swilk ô te nimmen, of vetter fwar ónfwarsjoene ómstondegheden, vont dur vie oltyt vól vot en tsjin 'e tiid dot un tsjettelfól vetter óp ut petroaljestel oan 'e soad kómmen vie, vie ut ol vól fwar trije ûnderskate en útienrinnende doelen brûkber. Vie ut teevetter of voskvetter of vetter fwar akútte gefollen dot yn ut tóbke getten vaar en fwar Tilly út, dyt mar maikómme mwast jónkje, nai de keamer tóge en óp ut dreswaar plonte vaar? Tilly vit ut net. Hij wyfele bij de doar ómt ur efter de rôk fon 'e brinne un jóng frómmes óntdiek dot oan 'e tafel mai teegwód siet en dêrbij de twa jónges fon 'e brinne. Mar Tilly vaar oangrepen en yn ut tóbke set, mai sepe en vetter fon syn ôgóng rainege, ver óp 'e grûn tild, drûgge en yn ûnderbrûk en bóppebrûk fon 'e ôdste boeresoan klaaid. Tilly vie Tilly ver. Tilly sêg de boerebên en glimke selsbevust, en Tilly sêg nai ut frómmes dot jóng en kreas vie. Fiifjirregen havve un tige oardeel oer skjintme, dot hûgt net yn 'e kiif te stean. En Tilly sêg mear, mar Tilly dwast dur jest goed nai te sjen dût ut tóbke mai smwarg vetter nai de keuken tôge, lege en ómspield vie: Tilly sêg lekkere kûke. Oranjekûke, tocht Tilly, hearleke oranjekûke. Jir grypt de kopijskrjower yn en freget: oranjekûke yn 1943? Mar de kopijskrjower lûkt oan 'e skauders en sait: vêróm ek net? Yn 'e oarlog is olles mooglek, faaks vie ut oranjekûke. En Tilly lait de vissens fon fiif ier yn syn lûûd: javis en deole, ut vie oranjekûke. Hienen se net yn 'e gaten dot Tilly sin oan dy oranjekûke hie? O javól, vont vot de fiifjirrege net bestammerje en fynynklaaid ópmerke kin, dot makket ur lykegoed vól dúdlek troch strak en ferhearleke, stóm en brútaal nai ut begearde te stwarêgjen. De brinne snie de oranjekûke oan dêrt óp Tilly syn foarbyld ek de boerebên nai stienen te langholzjen, skode de moaie jónge frau un stik óp ut pontsje en sai: ‘Jim krije ek un stikje, mar jimme matte east un feske sjónge.’ De ôdste en de jóngste soan sóngen har sankje en varen beljenne fon 'e mem. Tilly sêg ut rút út en hie gjin ómtinken fwar ut gepreuvel naist him. Tilly stie fier bóppe dusse streupets en har ónnoazele bennevyskes. Tilly sêg oer de tafel hinne bij | |
[pagina 27]
| |
ut ljochte hier fon ut moaie frómmes, dot fól niget harke - ik hie jo viisder ha vóllen - lôns ut rút út yn fiere fjitten. Tilly stiigde, Tilly riisde bóppe dut beukerkloske út: Tilly sêg fon ut hege en hillege stee dêrt ienrus ut Kleaster Fosvet stie oer de lonnen en de mieden, en Tilly hearde de lieten fon 'e Benediktyner nónnen en mwóntsen sêft óm him hinne vynderjen en Tilly beglimke ut effekt dot syn liet jaan soe. De bên fon 'e brinne krygen har stik oranjekûke dût ut liet út vie, of dût se óphoden - va koe oan ut gepreuvel en gejeuzel fon 'e fiifjirrege en de trijejirrege kop of kónt fyne? ‘No hij!’ sai de brinne. En dêr sóng Tilly, ut jinnege liet dot ur koe, ut Friesk Fólksliet, vont beukerskwallen hie Tilly nea óp gien en snainskwallen lykemin, dot ut vênstege repertwaar koe ur net ôdraaie, mar ut Friesk Fólksliet dot koe ur, dot hienen syn brwórren en suster him leard, dot koe ur glêd ut 'e hólle fon begjin oant ain: Klink don en daverje. En dot sóng ur, mids oarlog en geveld, midden yn un boerekeamer dêrt faaks ienrus ut olter stien hie, fwar oarel frau, vont de bên telde ur net en de brinne telde ur mar heal, Klink don en daverje, nait ur krekt yn 'e brûk skyten hie en dur lainen noch spotten óp ut dreswaar, Klink don en daverje, sónder te hekjen, sónder mei de êglidden te knipperjen, fêst, krêfteg, mai oertsjûging, mai monlekhyd, Klink don en daverje. Ut Friesk Fólksliet dot sóngen vurre koe, ómt ut Wilhelmus net sóngen vurre mócht, noch sóngen vurre voe, vont Tilly vie os fiifjirrege ol Friesknasjonalist en ómt ut Dútske fólksliet net beheaske vaar fon Tilly en ómt ut pûûpsk vie, en Tilly ferachte en hate de pûpen os yngreven Friesknasjonalist, dyt ut ol yn fiifjirrege ôdens klinke en daverje liet en ómt pûûp tefólle lyke óp pûp, dêrt Tilly fon vêzge, en dêróm sóng ur, fiif ier vie ur, óm de stank kwyt te vurren, óm tóbkes mai smwarg vetter, spotten óp ut dreswaar en fize brûkken yn 'e koken kwyt te vurren, Klink don en daverje, os mwast ur net un stikje oranjekûke, mar doazenfól oranjekûke besjónge. En ut liet klónk en davere oer ut fiifjirrege en trijejirrege boerebên, dyt mai de mwólle iepen oranjekûke ieten en oer de tafel mai teegwód en oranjekûke en oer de honnen fon 'e moaie jónge frau en oer de oergunstege êgen fon 'e brinne, ut spróng óp en doanse óm 'e lampe, Klink don en daverje. Ut brûûsde en têg óp, bóppe de smetleke lieten fon nónnen en mwóntsen út, bóppe ut suchtsjen fon nónnen en ut hymjen fon mwóntsen út, vont yn nónnekleasters vurt suchte en yn mwóntsekleasters vurt hyme, mar yn dûbbelkleasters gjit ut hymjen lykóp mai ut suchtsjen, sij ut dot ut suchtsjen nai de ain ta ônimt en ut hymjen ta. De hymjende hymnen fon 'e mwóntsen dyt ut hymen ferslain havve, mar dêrbóppe-út liet | |
[pagina 28]
| |
Tilly ut klinke en daverje, ut Friesk Fólksliet, oer boerebên en boerefrôlje en suchtsjende en hymjende nónnen en mwóntsen, bóppe pûpen en papen út, Klink don en daverje. Ta dwarren en rútten út gyng ut liet, oer de terp en bij de staile konten fon 'e fergrûven terp del, vont vot mwóntsen mai kroaden en pipegalen bijenwar kroaden tsjin vetterfloeden, vaar ywen letter mai prjemmen fwótfean nai de lege midden óm ut minne lôn fon un laag goede grûn te fwarsjen. En oer de batte oer de terpsleat gyng ut liet, oer ut kowepaadsje ut súdden yn, tróch iepen dammen en oer tichte hikken, utselde paad dot Tilly gien vie oan 'e hôn fon syn hait, mar yn tsjinoerstelde rjóchting. Klink don en daverje, rjócht óp 'e dûbbele vent oan 'e feat oan, mar don krekt durfwar ôdraaiend nai lófts óp 'e fêste betónnen brêge neamd ut Set oan en dêr, klinkend en daverjend oerhinne, troch vudzen en opers, vynderjend en skwórrend, en de mônlje sainen: ‘Un twirre.’ Ut súdden yn, de Bóllehólle en de Kjellestut lófts leze littend, oer de minne miede neamd de Kwaaien, oer Vônsvet, Tegreft, de Ie, ut súdden yn. De stim fon Tilly, Klink don en daverje, Tilly dyt fiif ier vie en krekt yn 'e brûk skyten hie, gyng oer vegen en vetterkearingen, oer gemeente-, provinsje- en ryksgrinzen, oer de NAP-lyny, oer frónt-lynys en taalysoglossen. Klink don en daverje davere ut oant yn Normandye, dêrt de Amearikanen en Britten foet oan lôn setten un ier letter, Bloody Omaha, en ut liet ferklónk. Mar jetrus helle Tilly, de vaarme drûgge brûkken fon ut boereswantsje óm ut got, de syken óp, vont ut refrain fon ut Friesk Fólksliet mat nochrus oerdien vurre en dus sóng Tilly bis: Klink don en daverje. En de brinne en de moaie jónge frau sainen: ‘No, no.’ Dû kryge Tilly syn oranjekûke en hij die vot fon un fiifjirrege fervachte vurt, hij iet mai de mwólle óp en griemde óp syn kyltsje en óp ut flierkleed. |
|