De reade bwarre
(1993)–Trinus Riemersma– Auteursrechtelijk beschermdDe lapen gearDe seedyk bóppe Marem, Fervet en Blije mat yn jedder tiden súdleker lain havve. Kwatte dwasaintsjes yn 'e loanen nai de seedyk vize ut plak fon 'e jeddere dyk oan, ut binne ôde abberellen. No noch kin mun ut steal fon 'e ôde seedyk verómfyne yn lange, smelle en vot hegere ekers, yn vetterkearingen en tige ôde reden en paden dyt ollegjerre óp ien streek leze. Nwadvestlek fon Fervet lait san hege eker, en ien fon 'e loanen dyt fon Fervet nai de seedyk rinne, ut is | |
[pagina 18]
| |
de Mûndersloane, stjit óp dy hege eker en rint dur un heale kylometer mai lykóp. Hij kómt don út óp 'e loane dyt fon Ter Sted ô nai de seedyk rint. Fon Ter Sted ô hyt dy loane east fon de Keepmaloane, ut lêste ain, fwarbij de Mûndersloane, hyt fon Lytse Loane. Oan dot dwasaintsje en óp dy eker stonne (stienen... ) un monnech spultsjes. Fon Fervet ô rekkene kryge mun tenjesten fwót óp 'e hûkke un út ryklek haut óplutsen hûûs dot ‘ut Hauten Hemeltsje’ hiet. Ut vaar un ier of vot lyn lyk mai de grûn makke. Ut óp twa nai lêste pleatske - un hûûs, un stjinnen hok durefter en noch un hauten en golfplaten hok dêr ver efter - stjit ol jirren leeg en sil ut net lang mear maitsje, nai olle gedachten. Mar yn dot langvizege bauvurk, hûûs-hok-hok, vennen ienrus, en dû noch sónder golfplaten mar mai ponstrutsen ponnen, de Módderklauers, en ja neamden ut iene hok stôl en ut oare hok neamden ja skwórre. Un hok hienen ja vól, of vól hôn, dot vie un planken gefol eane óp ut hiem dêrt hinnen, bargen, knynen en rotten yn vennen, mar dot ja óp un rûzerege jestmoan ómraind fûnnen en net ver ópbauden. Ut vie oarlog dû, en ja hienen mear ferlet fon banhaut os fon un leeg hok. Se hieten vinleken Bosma, mar dy namme vie ollinne fwar offysjeel gebrûk. Dur vie un Têke Bosma, noch krekt yn 'e 19e yw benne, un Harrem Bosma, un deade Têke Bosma I en un noch deadere Harrem Bosma I, de stamhait fon ut laag nai olle gedachten. Hût Harrem I oan syn fon kómmen vie, mwast mun nai riere. De libbene Têke Bosma vie, lykos ek syn hait dyt dû oan 'e Mûndersloane bwórke, sa mai de grûn ferbûn dot dut mwast vól un krupsje vêze dyt ja yn bloed en bónken oerurven hienen, en mun koe sadwaande min oannimme dot de stamfaar fon 'e sôngrûn kaam dêrt bósken óp vaakse dyt graag ferneamd vurre vólle. Gwódden voenen havve, de namme soe óntliend vêze oan ut Maremer Bósk, en dot vie un ferkljerring dyt reedlek vie en fwar de hôn lai, vont ut Maremer Bósk lai deunbij. Sónt kwat vie dur un nije Bosma, un Harrem, benne yn 1920, oanset yn 1919 of 1920. Dot is nea dúdlek vurren, en faaks vie dot ek mar better... Havar: Têke Bosma traude 18 jonnevares 1920 mai Eelkje Westra. De lytse Harrem vaar benne 22 septimber fon dotselde ier, dus acht mwanne en fjauer dagen letter. Dot is yn 'e bwargerleke stôn nai te sjen. Dêr is gjin spjelde tusken te krijen. Vij litte de teöryen, praatsjes, oertsjûgingen en stille eangsten fwar dut pos vêze en sette de faiten óp un rychje: Têke Bosma learde Eelkje kennen dût ur un ier of achtjen vie. Un stik lôn dot Bosma hierd hie en dot óngaadleke fier ut vesten yn lai, nwadlek fon Nij- | |
[pagina 19]
| |
tsjerk, lai njónken un stik fon ôde Jurjen Westra, dot sadwaande praten ja oltemets. Ut spjuchtege fanke, dêrt letter twa bultsjes oan vûksen, hólp Jurjen gaurus, vont jónges vienen dur bij him net kómmen. Yn 'e simmer fon 1917, midden yn 'e oarlog, mar ver un jedderen os dêrt niis óp doeld vaar, slûg Têke dyt rjappelvjoerde ut fanke dot oan 'e oare kônt de sleat de stykels út 'e jauer lûûk mai bóppe de grûn vûksen griene rjappeltsjes. Ja murk dur neat fon, of liet ut net skyne, oant se ien lyk fwar de freet kryge. Dû sêg se de nokkerjende vjoerder oan en begón te bolten fon: ‘Healvize blost! Grutte óngelók!’ Dêrmai vie ut iis brutsen en kófjetiid stapte Têke ut sljetsje oer óm syn brochje naist ut fanke te behimmeljen. En naityd praten se oer hûfólle kij har hait hie, en dot de fruchten aigentlek te min sinne oer de beoleg krygen. En dot mun nóit fûûl genôch óp ut túg vêze koe. En dot bargefoer langer. En dot ut regear. Mar mai dy frekte oarlog. En dot strónt doch better. En Têke fwar himsels dot dur un geniersviif. En dot dur gjin swannen vienen, dot os skielek de ôdehear. Dot har pepieren stienen, dot os se sels ek. En Têke begón har te betûmkjen: ut skauder, de earem, de knibbel, ut bil, ut dûbbele krûs fon 'e mesjesteren brûk, ien fon har hait en fjiste viid. Mar Eelkje sai sêft: ‘Matst mij net oan 'e hûûd sitte, Têke.’ Dot hearde os un ónthyt. De ôden frijden mai, de kij frijden mai, de rjappels frijden, de veten frijden, de sinten frijden, de hynders frijden, de vainen frijden, de plûgen frijden, de aiden frijden, de gloednije fyoele frijde, sels de hinnen frijden tusken ut lezen tróch, en de baarg frijde, en de rúskjinne frijde, en de jidkarre frijde óp trije tsjellen, en de byten frijden, en de skiep frijden óp un distônsje, vont se rónnen óp ut Nwadderleeg, en de knynestjelp frijde, en de bult ôd haut frijde, en ut rjappelheapssteal dêrt koal yn stie frijde, en de stikkene mjukskroade frijde, en olle oare kroaden, pipegalen en skytkretten frijden, en vjirskynlek frijde dur ek un bwarre mai. Ut vaar die dur synes ta mai duróp te vjirjen. De jóngelju frijden net. Dy praten oer ôden, kij, rjappels, noat, sinten, hynders, vainen, plûgen, aiden, de nije fyoele, de hinnen dyt ver oan 'e lees vienen, oer de baarg, de rúskjinne, de jidkarre, de byten, de skiep dyt óp ut Nwadderleeg rónnen, de knynestjelp, de bult ôd haut, de koal yn ut rjappelheapssteal, de stikkene mjukskroade en oare kroaden, kretten en galen en oer ut vaar dot vjirre. De bwarre repten ja net fon. Yn 'e jest fon dûbbelnjóggentjen kaam dur un hûûs leeg te Nijtsjerk. Mun hat dêr san dwasaintsje fon un fjitteg meter yn 't fer- | |
[pagina 20]
| |
lingde fon 't Lang Paad, dot fon 't Maremer kefee nai Nijtsjerk rint. Dêr vie ut, dot streekje, en don ut hûûs dot tikst oan Marem stjit. Faaks hienen se ek vól bij Têke syn ôden yn kinnen, mar ôde Westra stie dur tige óp oan dot se ut Nijtsjerkster hûûs hierden. Meskjin óm ut fanke vot tichter bij hûûs te havven. (Jaja! sainen kweade tóngen, en kweade êgen knypêgen). Of ómt ur ut fanke doch net rjócht yn Módderklauersklauen betraude. (En dêr vie reden ta, sainen oare tóngen). Mar dot trauen kaam neat fon yn dy viete jest. De kij mwasten ier óp vont se frieten mai fiif bekken en ut gês mwast olle dagen meand en óp stôl brocht vurre. Dur vie óp ut lôn net te ferkearen, mar elk drûg skóft mwast mun vaarnimme. De rjappels stónken ta de grûn út en de byten vienen dur net ô te krijen. Twa hynders fwar de vain en oan elk tsjel un mon en don de swipe duroer fwart ut kring út 'e sûgende blabze los rekke. Vurk fon 't vurk en noed en skea. Pos heal desimber, dût de rjappels oan 'e heap sieten en de bûnte fwar feefoer yn 'e skwórre lainen, en de byten mai un pear permjit tarra nai de Elingafeat riden vienen en dêrvai mai 't skip nai Grins fean vienen, en de baarg ferkocht en de jauer ferkocht en de setters degradjerre, en de ôde Bosma stinde en krimmenjerre, en de kij drûg vienen, en de loane drûg vie en de lóft ek, sette ut spon stap nai 't Ferveter grytenijhûûs óm de geboadens oan te jaan. Fwar en nai de jeldagen binzgen en klinzgen ja ut hûûs. Rottege en rûpstekkerege planken varen ferfóngen tróch gevere planken út 'e Módderklauerske hautbult. Krukken fon dwarren varen smaard, knieren varen naisjoen, rútten varen mai stopferve fêstset, ponnen varen lain, skwastjens varen rêge, en de keamersflier vaar bij ut levont lôns read ferve en yn 'e midden mai un Syneeske motte belain. Un jelslyten kachel fon 'e Westras vaar set en kreas befûn. Un piip fon 'e Westras voe net posse, en un piip fon 'e Módderklauerske bwóthússolder vie fergien. Dur vaar bestek ópmakke fon un nije kachelspiip en priisópjefte frege bij de Maremer smid en besletten ta ut maitsje litten fon un bóppetróchse kachelspiip fon olve sintymeter tróchsneed mai twa jerremtakken, un steunder fon jinnenseksteg sintymeter heeg, en un lidsje fwar ut bóppetróchse got fwar vonneart bij 't simmer de pipen fól krontepepier en yn ôde sekken bevwólle óp solder leze soenen en mun yn 'e boazem ut lege bóppetróchse got oerhood. Dur varen rjappels yn 'e kelder tôge en vekpotten, en bóppe de kelder vaar un bedstee ynwadder makke. Dur soe noch strideraasje oer ut bêd kómme, vont frau Westra voe Eelkje' bêd túshôre fwar ut | |
[pagina 21]
| |
gefol dot. Dêrt Têke lilk óp ondere ot se meskjin tocht dot hij Eelkje. Vêrópt ut ôdminske klage dot se dot ómmes net. Mar Têke ver dot mun har vudden ómmes oas. En frau Westra dot ut har ollinne óm ut ydee. En Têke dot sóks flauekul. En Eelkje dyt prót. En Westra dyt. En Têke yn reedlekhyd. Dot ut ómmes te gek óm los. Vont dot se skielek doch nai. En dot ut tefólle gedónder óm east syn bêd jirhinne en don skielek os se óp ut spul kamen ver. En ut ôdminske dot belies. En sai fon no ja, no ja. Vêrnait de strideraasje oerbettere en Eelkje net mear sa. Ut bêd, besteande út twa Striemetrossen, ien pel, twa kessens, twa lekkens (móltónnen), twa slopen, twa tekkens en ien oerklaaide tekken, vaar óp ut molkbuskarke fon 'e Westras dyt jelvy Nijtsjerk en ut Maremerbósk vennen nai ut nije hûûs riden. Têke kypte de bród yn 'e góng en flwórre east de baide Striemetrossen óp 'e ûnderlegers, sljóchte de pel duróp, hifke de twa kessens, mar befûn se te licht, sêg de tekkens óp en del oan, mar se koenen gjin genede fyne yn syn êgen, skópte twa slopen, twa lekkens en de oerklaaide tekken fonsyden en stûûp óp Eelkje ta dyt vurg en ômêde nai ut bedsteed lwórke mai de vudden ‘Mun soe dur súver sin oan krije,’ tocht tusken ut skóppen tsjin slopen en tekkens en de easte stap nai Eelkje dot har ynbring taksjerre vie mar dot ur harsels noch nóit túge litten hie en dot ur yn ien mwóite tróch - vont geniersoeren binne djoer - ut nije bêd en tagelyk Eelkje perbjerje koe, pakte har bij kop en kónt en plotte har óp 'e pel. Hij gyng óp har fwótten sitten, hood har mai ien fûst óp 'e strôt yn betwang en watte mai de oare oan 'e ketoenen sek dêrt mai ylestyk besocht vie fetsoen yn te bringen. ‘Têke!’ Neat gjin Têke. Ut klamme prótsje heakleoreg hier rûûk sa brondereg dot dur vie gjin mis óp: jir mwast roede vurre. Hij hammere ut ark duryn en lûûk dû Eelkjesloof jurk en ûnderjurk en bwastrok en himd fon ut liif: os un keal dot krekt fon 'e ko ô lutsen is, sa lai se dêr. Eelkje dyt him óp ut vang sóbbe, Eelkje dyt mai de êgen rôle, Eelkje dyt stinde, Eelkje dyt bolte, Eelkje dyt de tónge yn 'e nwasters stiek, Eelkje dyt oangyng os hie se skerp yn, Eelkje dyt vjerkôge, Eelkje dyt oan 't spit siet en vrótte, mar Eelkje dyt net loskaam, noch klearkaam, vont Têke kaam east klear en lûûk de roede veróm, skode him ynenwar, burg him óp yn ut fûdraal, knope de gulp ticht en stapte óp 'e keamersflier. De pel lai goed en Eelkje ek. Mar Eelkje dyt vrót hie óm ut spit kwyt te vurren, vist net vot se duroan hie dût ut spit ynienen út 'e grûn skeat. Sêg ferslain, vontraueg en kjelleg nai ut spit, sêg nai de knopende fingers dêrt ut spit efter ferdwûn vie, sêg os un grynend keal nai ut plak dêrt ut spit | |
[pagina 22]
| |
noch even langer sitte matten hie, bediek dot mai un tróch ylestyk fatsûnjerre ketoenen sek en gyng stinnend os un stôlfól lytsfee oerain sitten. Dur hie faaks mear oanstrûpt, glêdstrutsen en suchte vurre sillen, dût un nearingdwaande ut Marem net sasear óp 'e rook fon brondereg hea, ol vaar dur grútte dot ur gaurus yn oarmons góllen roede, mar simpelvai óp ut karke ô kaam yn ut fermoeden dot de jóngelju bij hónk vienen. Têke feegde de te licht befûnne kessens en de ónêchleke tekkens mai lekkens, slopen en oerklaaide tekken bij de healnêkene Eelkje óp bêd en fierde de bedsdwarren ta. Dû stie de mon ek ol yn 'e keamer vont hij vie mar fjidder rón sat ur sai ómt de doar óp stie en hij vie bakker te Marem en kaam sa te sezen óm 'e gunst. Flak tsjinoer ut kefee venne ur, oan ut Lang Paad. Javis, ja vienen vinlek bwórlju, sai ur mai bakkersliepens. Hij kaam olle dagen lôns, voe ek olle dagen jir vól oankómme. Mar de oansteande vie net bij hónk? Nee, de oansteande vie eh... hum! Mar him, Têke, tocht dot, vis, de bakker koe de gunst krije en un bôle en un brea soenen dur dais vól tróchgean. Un bôle en un brea, knikte de bakker. Mar út ut bedsteed vaar róppen: ‘Un healen is genôch, jer!’ De bakker nokkere efter de hôn en de klont frege kjelleg, vont sóks sljipt oer: ‘Un healen?’ ‘Ik kóm duroan,’ sai de stim út ut bedsteed, en fwart Têke ut behinderje koe gyngen de bedsdwẇarren iepen en dêr rûggele Eelkje oanklaaid en vól, fwar Têke un stien fon 't het vont se soe net de easte vêze dyt óm un heale bôle harsels fergeat, oer de flier en sai: ‘Javis, un healen. Vij hû' dur gjin fretpartij fon te maitsjen.’ ‘Om mij gjin bôle,’ lake Têke, vot fwar de bakkende bwórmon ut sain vie óm lók te jan: ‘Un healen dais. Goed, sat jo vólle.’ Eelkje fierde de bedsdwarren jetrus óp en jetrus ta en voe havve, ut soe dêr vól goed sliepe. En dyt mai har ûnder de geboadens stie, sai mai de vissens fon 'e eptege genier: ‘O ja, dot bêd lait bêst.’ ‘Vitsto dot no ol?’ frege se bits. Mar un genier vit olles fan vaar, vetter, vyn, kealfersmytende kij en laamferstjittende skiep, fon minne grûn en swiere grûn. Nai ienkear daukjen vit ur hûfólle kwórfól rjappels ur fon 'e trije helje sil en mai ien êg taksjerret ur ut koan en mai ien hôn strykt ur de ko oer 't krús en vit de priis en mai ien nwasfól rook vit ur de tigens fon ut nije hea. Va nimt ut de genier kwea dot ur nai ienkear roedzjen mient de fjoerdóbbe fûn te havven? Vij net, nimmen net, Eelkje, geniersdochter, ek net. Kryge ollinne fwar ut ferstôn dot kij, sinten, bargen, knynestjelpen, hautbulten, ôhondeg rinnende skiep en de nije fyoele vól frijd hienen, mar sijsels | |
[pagina 23]
| |
net, dot dur no neat mear te frijen foel en dus, neffens de ekonomyske prinsypes fon 'e genier, ek net mear frijd vurre soe, vont vot fwar doel soe dot havve, tiidfergriemen en oas neat, de poaters matte yn 'e grûn, en ut veet mat yn 'e grûn en ut spit mat yn 'e grûn, en suchte nochrus en oerlai dot ut efter de óp- en ver tafierde bedsdwarren ek vól hasteg geniersvurk vurre soe, en dot se de roede en ut spit vól fernimme soe, mar ónfakkundeg en aigensinneg óp syn geniersk en dot ut vól spitsroeden rinnen vurre soe mai spitten en roeden en roeden en spitten, dot hij him útspêkje soe en dot sij har gerak net krije soe en dot ut lykvóls net spêkrinne soe, vont ut gjit óm de ópbringst: kokjellen, lammen, poaters, sûkkerbyten, noat en bên. Ut lytse bóllekjeltsje kaam 22 septimber 1920. Têke rekkene út dot de jónge oer saizenheal ier nai skwalle koe, en don mai un pear ier ol vot hontaasten dwaan koe, en os ur fon skwalle kaam mai nai 't lôn koe, hij vie don tólve, trettjen, en hait, mócht mun oannimme, vie don ut bêste ô, dot ut plak stie fwar de jónge iepen maidertiid. En Têke rekkene ek efterút nai de 18e jonnevares dot se traud vienen. Ut bên hie mar acht mwanne sitten en vie lykvóls acht pûn en neat net lijereg. En ut hie nailen en hier. Mar mun mwast dêr óm earlek te vêzen noch un vyke bijtelle, vont ut vie de tsiende of olfde jonnevares dot se ut bêd ferfean hienen en Têke ut metros óp 'e ûnderlegers flwórre en dêr de pel óp sljóchte en óp 'e pel Eelkje mitsele en yn Eelkje de easte peal slûg. |
|