De reade bwarre
(1993)–Trinus Riemersma– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 9]
| |
KopijskrjowersswargenVa skrjoot ut bûk? Vaans vudden stonne? Vaans vurk bedarret yn 'e koer? Va lêze jo? Lêze jo mij of lêze jo him? Va fon ús fiven, kopijskrjowers dyt óp solderkeamers stinne en tikje, skrjoot ut bûk? Va skrjoot ut bûk oer de geast fan Boldgrim? En de bult fon Floar? En de vellen fon 'e Ferveter iisbaan? En de nónnen fon Fosvet, ut hilleg stee, dêrt ywen letter un lytse jónge...? Va skrjoot ut bûk oer de nazifreonen, de lit-mar-gevurders, de neat-mai-oan-'e-kleppers, de vot-is-'t-langer-votters, de-east-ik-en-myn-vivers, de ribbe-út-skwórders, de marsjondearders, de ollevôlen-fretters, de grutbekken, de nasjonalisten, de Slag-bij-Vaanzers, en de lytse jónge dyt greot vaar en...? Va skrjoot ut bûk oer de stimpelders, de slaven fon 'e vurkfer-skaffing, de neat bedijenden, en dyt de iisbaan grûven te Fervet fwar ƒ11,86 vyks en dyt de oare vyks ƒ6,40 útkearing barden, en hût ien fon harren un soan vón dyt yn 'e ôdens fon fiif ier óp un histoarysk en teffens hilleg stee...? Va skrjoot ut bûk oer de Módderklauers? En oer de naaiende kotten óp 'e pakjedrager fan un rwóstege fyts fon ut merk Union? Va snijt de reade bwarre Boldgrim de bollen fon ut liif? Va fon 'e fiif? Of binne ut mear? Hûfólle hat ur oan ut vurk? Va ollegjerre krygen de ópdracht: skrjo ut bûk? Vot lit ur stean? Vot is syn doel? Va is de mon dyt dût ur fiif ier vie...? Dut vie de ópdracht: skrjo ut bûk oer de geast fon Boldgrim. Bwótten dij binne noch fjauer oan ut vurk. Elk haadstik nai mij tróchskilje, ienrus yn 'e mwanne. Do skillest mij net, ik skilje dij. Myn nûmmer kryst net. Ik skilje dij út un públyke tillefoansel, olle kearen un oaren. Lês stareg en dúdlek dyn kopij. Ik lees ut fêst mai un bônópnimmer. Daleks nai ut lêzen dyn kopij ferneategje. Ik ferlykje dyn haadstik mai de oaren harres. Vot goed is, nim ik óp, ut oare dóg ik vai. Ut honoraryem kómt skielek. Ut sil yn dyn brievebus leze. Fraag: Vêr óntliene jo ut rjócht oan óm mij dut óp te dragen? Va binne jo? Ik vie fiif ier, dû sóng ik, fiif ier vie ik, ut Friesk Fólksliet, nait ik krekt yn 'e brûk skyten hie, fon un histoarysk stee, dêrt ienrus de nónnen... Genôch! Twadde fraag: Va is jo hait? | |
[pagina 10]
| |
Us hait grûûf de Ferveter iisbaan en barde de iene vyks ƒ11,86 en gûûlde ómt ur dur net fon kómme koe, en de oare vyks rón ur yn 'e steun en... Genôch! Tredde fraag: Va is jo mem? Us mem vie dûmnysfaam óp 'e Geast. Begón mwaans sais oere nije tiid. Os se jûûns tsien oere óphôre voe, sai mefrau: Het is in het dorp nog maar kwart over negen. God mai har lean... Genôch! Ik skrjo dot bûk. Fjidde fraag: Vólle jo de ópdracht spesyfysjerje? Nee, ik betrau óp dyn kreätyvytijt. Fyfte fraag: Va is Boldgrim? Boldgrim is de easte reade bwarre, de stamhait fon olle reade bwarren. Yn ut lêst fon 'e fyftjende yw hood ur jir óp iede yn beestefteg stôl ta, keas immen ta syn leading en foer óp nai de hymel. Vólle jo vitte vaat Boldgrim is, sjug don nai de easte de bêste reade bwarre. Sjug hût ur ut pûske beslûpt. Hij vrót him ûnder de hage tróch, ljept tróch de stege. Ut pûske lûkt him stareg tebek, deun bij de gaudsjeblómmen lôns. De bwarre rint óp fervielen poatsjes, deunerbij, deunerbij. Un spróng! Sjug ut sierleke lichem, de poaten útrutsen, de beoleg slank en spond. Op ut hudde, jirrege sekje krónkelt ut tapsk tarinnende rûpke. Mis! De gaudsjeblómmen slagge plot. Ut pûske ljept bij ut stegesket óp, hekket de nailen yn 'e bolke, hyst him óp en köret oer de bolke nai de hoksgwatte en klottert don nai de naal fon 't hok. Hij gjit sitten, fatsûnjerret de stut óm 'e fwarpoaten hinne. Pûsmoai. Mjau! De bwarre slikket him de flybe fon 'e bek, lûkt jert ur de spróng vêget ut útstekkende en vynfangende rûpke veróm, lait ut rêgehier plot en springt. Vylst de bwarre springt, draaft de pûs bij de ponnen del en lit him út 'e gwatte vai yn 'e rjappelloffen fóle. De bwarre stoot oer de bóppebolke fon ut sket, bij de ponnen óp, oer de naai, bij de ponnen del en springt yn 'e rjappels. Ut pûske is de fwórge delhuppele en stekt don tusken de sjalotten en simmervwattels tróch de eker oer nai de stokbjentsjes. De bwarre hellet yn maidot ur de eker skean oerstekt tusken de grutte beane tróch, dyt him teffens oan ut êg fon ut pûske óntlûkke. Flakbij spot er ynienen óp him ta. Ut rûpke is ol ver tapsk. De felle nailen hekje ut pûske yn ut rêgfel. Un skril gejank, ut pûske springt yn 'e stokken, mar mist en fólt de bwarre bóppe óp 'e beoleg. De bwarre sakket tróch de poaten mar fjerret daleks ver oerain óm ut pûske nai te setten, dot no mai grutte spróngen dwas oer de ekers útnaait. Hasteg, te hasteg óm un kunstvurk te skeppen ljept de bwarre mai un stylleaze spróng oer ut mai lapkes fersierd ain tried | |
[pagina 11]
| |
en stómpt ut tapsk tarinnende rûpke. De pyne makket him feller, de êgen vurre griener os grien. Vêr is dot kring? Under de stegedoar tróch. Hij is yn un heale sirkel rón, de bwarre nimt de striel. Under de doar tróch, dêr sit ur, óp 'e pakjedrager fon un rwóstege ôd fyts. Mai un spróng fan lykernôch fjauer meter sit ur him bóppe óp 'e beoleg. De pûs jankt en krôlet, de bwarre klaut, byt en vrót mai ut tapsk tarinnende rûpke. Raak! Jir do, dêr do, rotsak, mispunt, hoer, hoer, hu-hoer-hu-hoer-hu-hû-hu-hû-hu-hû-tsjyjyjyjyt. Ut pûske skwórt him los út 'e machteleaze klauen en springt oer seal en stjoer. De bwarre mytert fon 'e pakjedrager ô, bij fytstos en kettingkost del, en sjugt fwart ur moai óp 'e poatsjes telône kómt dot ut rwóstege ôd kring fon un fyts ien fon ut merk Union is. Sekste fraag: Is de grûn dêrt de Módderklauers yn klaue swat? Sa swat os de siel fon God. Sônde fraag... Gjin fragen mear. Myn dûbbeltsjes binne óp. Ik brek ôf. Skrjo ut bûk... |
|