| |
| |
| |
Haadstik njoggen
Ryk en Rak
De reis duorret lang en ik sit te triljen fan 'e kjeld dêr efter yn dy iepene auto. Ik meitsje in tekken los en tear him Jeanine en my oer de rêch hinne. Sa út it kâlde wetter wei yn sa'n sigerige auto, ik woe net graach dat se siik waard.
Dan ride wy troch in heech stek fan stikeltried en wy komme op in grut plein dat helendal fan asfalt is. By it sket lizze in bult frachtauto's, mei griene dekkleden deroer. Dit moat in soldatekamp west ha, rekkenje ik. Der moatte ferskillende bouwurken stien ha, dy lizze no foar 't meastepart tsjin 'e wrâld. Mar der binne ek in stikmannich platte hûskes, sawat in meter boppe de grûn en dêr mankearret neat oan, dêr hat de stoarm tink gjin fet op krije kinnen. Se hawwe lytse rútsjes fan tsjûk glês, daliks boppe de grûn. Rak riidt de auto nei in loads ta dêr't it foarste stik noch fan oerein stiet. De froulju stappe út en Jeanine en ik ek. Se rinne nei ien fan dy platte hûskes ta. Der giet in trep nei ûnderen ta, de grûn yn en dan komst foar in doar. Ryk hat in bosk kaaien en se siket even om de goeie. Dan makket se de doar los en wy gonne deryn. Ryk docht de doar wer op slot. Wy komme yn in skimerige gong, dy't mar smel is. Oan wjerskânten binne it allegearre izeren doarren. Oan
| |
| |
'e ein fan 'e gong is in portealtsje en dêr fâlt wat ljocht yn troch ien fan 'e lytse rútsjes hinne. Ryk docht de doar oan 'e ein fan 'e gong fan 't slot. Der giet in trep nei ûnderen ta, mar dêr is it helendal ierdetsjuster. Rak stapt de trep del en dan moatte wy. Ryk komt ús nei en docht de doar wer op slot. Ik taast mei de teannen nei de kommende tree en ik hâld Jeanine by de hân beet. De muorre dêr't ik stipe oan sykje, fielt kâld oan. Ik fernim dat Jeanine tsjin my oantreaun wurdt, it giet Ryk fêst allegearre fierste stadich. Mar ik doar net hurder. Sy binne hjir bekend, mar wy net.
Wy binne fêst oan 'e ein fan 'e gong kommen, want ik bots tsjin Rak oan, en dan wrot Ryk my foarby en ik hear hoe't se wer mei de kaaien oan 't wurk giet. Wer in doar op, mar no hâldt ien fan 'e froulju ús tsjin. Wy heare wat geskaai en dan is der ljocht. Ryk hat in lampe oanstutsen. It kin in oaljelampe wêze of in gaslampe. Se set him del op in tafel en Rak triuwt Jeanine en my nei dy tafel ta. Wy moatte sitten gean. Ryk stekt noch twa lampen oan en set dy hjir en dêr del.
It docht bliken, wy binne yn in frij grutte seal kommen. Hy is wol acht by tweintich meter grut. Der stanne noch mear tafels en tsjin de fierste muorre binne twa bêden. Efter my is in oanrjocht mei pannen en potten derop. It is fêst in keuken of in ytseal, mar hy is fierste lyts foar al dy soldaten dy't ienris yn dizze kaserne wenne ha. En wêrom ûnder de grûn? Wie dit it skûlplak foar needgefallen en dan allinnich foar in stikmannich hege mannen om de oarloch fuort te setten as boppe de grûn alles yn diggels lei?
Ik gon foar Rak stean en wiis op 'e wiete klean. 'Wiet. Kâld,' sis ik. Ik meitsje meneuvels fan huverjen. Se begrypt it leau 'k, se knikt teminsten. Se giet in doar troch, neist de
| |
| |
bêden en in skoft letter komt se werom mei klean en dy smyt se op 'e tafel, foar Jeanine en my elk in bondeltsje. Ik sjuch nei wat se meinommen hat en dan begjin ik my út te klaaien. As ik de wiete ûnderbroek útstrûp, hat Rak alle wille. 'Ha-ha,' docht se. Se ropt Ryk en wiist nei myn kul. Ryk komt der by. 'Hi-hi,' laket se, 'in mantsje!' Se sille dochs wolris earder in man sjoen ha, tink, se binne aardich âlder as Ineke, wol tritich, rûs ik. Rak stekt de hân út en pakt myn kul beet. It is suver oangenaam, dy waarme hân, want hy is yn en ynkâld. No moat Ryk ek noch oan myn kul fiele, en dan mei ik in droege ûnderbroek oandwaan. Dy froulju binne wol wat nuver, mar oant no ta net kwea. As ik har wat gewurde lit, komt it miskien wol goed.
Ik merk op 'e nij hoe skou as Jeanine is. Se doar de klean net út te dwaan. Se sit op 'e stoel en se sjucht wol wat ik doch en se hat de droege klean ek wol sjoen, mar se komt net yn aksje. Miskien is it de baas om har mar gewurde te litten. As se allinnich is, docht se de droege klean miskien wol oan. Ryk hellet in pear grutte donkergriene blikken op en dêr draait se ien fan iepen. Der sitte hurde, droege koekjes yn. Se jout Jeanine en my in stik of wat en ik begjin der daliks oan. It is lekker en it is ek heel goed iten, tink ik. Dy soldaten hienen goed spul. Ik triuw Jeanine sa'n koekje yn 'e hân en betsjut har fan opite. Stadich bringt se de hân nei de mûle ta en yt. Dan makket Ryk fjoer op it oanrjocht. Ik tink dat se dêr gasflessen hat. Oar gas as yn flessen kin der net mear wêze, de gasliedingen binne fansels allegearre stikken. Mar hjirre, djip ûnder de grûn, hat it tink sa hyt net west en is in hele bulte bewarre bleaun. Ryk draait it oare blik ek iepen en leget it yn in panne. Dy set se op it fjoer en se skept der yn om mei in
| |
| |
sleef. As it guod begjint te dampen, set Ryk it op 'e tafel en se jout ús allegearre in leppel. Om bar stekke wy de leppel yn 'e panne en helje der wat út. Ik priuw allinnich mar tomatesaus, it sil wol ien of oare pasta wêze, nim ik oan. 'Lekker!' seit Rak, 'Ha-ha.' Ik trún Jeanine oan om mei ús op te iten, se lit iderkear har bar foarbygean, dy suffert.
As wy iten hawwe, set Ryk de lege panne op it oanrjocht en Rak hellet in pear flessen en bekers op. Rak jit in snjit yn fjouwer stiennen koppen en jout ús elk ien. 'Snaps!' seit Ryk. De froulju drinke en it skynt har wakker goed te smeitsjen. It sil wol wyn of sa wêze. 'Drinke!' seit Rak. Jeanine set daliks de kop oan 'e mûle en drinkt in slok. Se begjint te hoastjen en te kokhalzjen. Ik hie har noch warskôgje wollen, mar se wie my te fluch ôf. De froulju gnize har slop, hi-ha en ha-ha. Ik nim foarsichtich in slokje. It is gjin wyn, dit is folle sterker spul. It baarnt my yn 'e mûle. Ik slok it troch en dan fielt it hearlik waarm yn myn mage. Miskien is it wol goed guod om de kjeld út it liif te krijen. Rak pjutsket al wer in snjit drank yn 'e koppen fan harsels en Ryk. Mar ik kin sa hurd net en ik wol it ek net. Ik bin net wend oan drank en ik haw by de soldaten wol sjoen hoe gek ast der fan wurde kinst ast der tefolle fan nimst. Mar in lyts bytsje kin gjin kwea. Ik trún Jeanine oan om it te perbearjen, miskien wurdt se dan dochs wat waarm. Se hat noch altiten har wiete krous oan.
As de flesse leech is, begjinne Ryk en Rak har út te klaaien. Se hawwe beide in griene ûnderbroek oan en in griene bh om, fâlt my op, deselde kleur as de boppeklean. Soenen sy dan echte frouljussoldaten wêze? 'Sliepe!' seit Rak. Se wiist nei it bêd. Wol se Jeanine en my op dat iene bêd hawwe? Ik doch de klean út oan it ûnderguod ta. Mar Rak
| |
| |
lûkt my de ûnderbroek út en nimt my mei nei it bêd ta. Se lûkt my oer har hinne en begjint mei myn kul te pielen. Hy wol net hurd wurde, ik tink dat ik te wurch bin of it komt fan 'e drank. Dan triuwt se my fuort.
Ryk lit ien lampe baarne op 'e hoeke fan 'e tafel. Se giet by Rak lizzen. De froulju tútsje wakker opinoar om en streakje inoar oer de kont. Ik gon nei Jeanine ta. Ik sis dat se de klean út dwaan moat en droege oan en dan op bêd. Ik wol har sa net by my ha mei de wiete brod. Se docht it net, se bliuwt stil sitten. Ik jou my del en besykje te sliepen, de froulju lizze súntsjes te gnizen.
It is al folle letter as ik Jeanine skaaien hear. Ik tink dat se har ferstrûpt. Even letter komt se by my op bêd.
Ryk en Rak troaie my mei de ûnderierdske gongen troch. Der komt gjin ein fan, sa grut is it hjir, en út en troch kinst wer by in trep op omheech en dan komst yn sa'n plat gebou mei lytse rútsjes krekt boppe de grûn. Se litte my alles sjen, alle keammerkes. Der binne guodden mei klean, ûnderguod, boppeklean, sokken, jassen, petten, moffen, helms. Alles is netsjes opsteapele yn fekken by de muorre lâns. In oar keammerke stiet fol mei skuon, learzens, reinpakken, gasmaskers. Der is ien mei leppels, foarken, messen, fjouwerkante blikken bakjes, fjildflessen. Ien mei rêchtassen, plunjesekken, tinten, sliepsekken, tekkens. Dêrnei komme de wapens: gewearen en pistoalen, doaskes mei kûgels, bajonetten, hângernaten.
Ryk en Rak ha oan alles in bulte aardichheid. Se wolle dat ik dat ek haw. Ik moat it net allinne sjen, mar ek yn 'e hannen nimme, befiele. Ik moat in helm opsette, moffen passe. Ik moat in pistoal beet pakke en der mei hinne en
| |
| |
wer swaaie. Ik wol it net, ik ha noait earder sa'n ding yn 'e hannen hân, mar ik wit wol wat de soldaten der mei útheefden. Of soenen hjir miskien gjin kûgels yn sitte? Ryk en Rak binne yn alle gefallen net bang as ik dat pistoal yn 'e hannen haw. Of kin it har allegearre neat skille wat der bart? It ge-hi-hi en ge-ha-ha is net fan 'e loft, se ha al wer in soad wille. Ik lis it ding del en kear my om. Wer in gong troch en wer in oare keamer. Der komt gjin ein fan.
Mar dêr't wy no belânje, dêr fyn ik it wol nijsgjirrich. It is in grutte seal fol mei aparaten. In heel soad kompjûters, dy haw ik faakgenôch sjoen, foarhinne. En hele rigen tillefoans oan 'e muorre. Mar der binne ek nijsgjirrige tafels fol mei knopkes mei sifers en letters derop. Ik druk hjir en dêr op, mar der bart neat. 'Kapot,' seit Ryk, 'alles kapot.' Tsjin in muorre oan hingje rôlen mei lânkaarten. Dy kinst stik foar stik sakje litte. Ik lûk oan in toutsje en helje in kaart nei ûnderen ta. Ik soe witte wolle wêr't ik wie, mar ik begryp it net. Dit haw ik op skoalle noait leard. Ryk en Rak begjinne oan te wizen en se snetterje as einen, mar ik begryp der neat fan. Ik soe witte wolle wúr't ik no bin, it moat oan 'e eastkânt fan de Ryn wêze. Mar ik fyn him net, it binne allegearre fan dy kronkels, blauwe en reade. Ik hoech de froulju net te freegjen, dy witte der ek neat fan. Se triuwe inoars hân fuort en wize wer nei in oar plak en se eamelje drok.
Ynienen ha se har nocht en se gonne wer fierder. Wy komme no yn in seal om te spultsjedwaan. Yn 'e midden stiet in biljert. Dat haw ik wolris yn in kafee sjoen as wy in dei út te riden wienen en dan ûnderweis oanstieken. Ryk en Rak nimme elk in stôk en begjinne tsjin de ballen oan te stompen. Ik wit net hoe't dat spultsje giet en ik ha der
| |
| |
gjin niget oan. Ik sjuch om my hinne. Der binne glêzen kasten mei kleurige platen deryn en derboppe. Ast oan in fear lûkst, kinst in izeren kûgel fuortsjitte en mei knoppen kinst dy kûgel dan hinne en wer sjitte. Mar de knoppen dogge neat en de kûgel rôlet yn it bakje. Der binne in pear tillefyzje- en fideotastellen. Der is in kast mei allegear fideobannen, ik besjuch de doaskes. De wurden kin ik net lêze, it sil wol Dútsk wêze. Mar der stanne ek plaatsjes op fan manlju mei helms en izeren pakken, guodden mei nêkene froulju en oaren mei manlju op hynders.
Jeanine is net meigien om de boel te besjen. Se leit op bêd en ik tink dat se siik is. Se hat it iten dat wy de earste jûns krigen ha wer útspuid. It wie oars wol lekker. Mar miskien wie it te swier foar har, of miskien wie se doe al siik. Se hie earder droege klean oan dwaan moatten. Se is fansels ferklûme. Ik jou har no en dan in bytsje wetter en dat drinkt se wol op. Mar se komt amper fan 't bêd ôf, eigentlik allinnich om nei 't húske ta. Dat dogge wy bûtendoar yn in ynsakke loads. It pisjen meie wy jûns en nachts yn in amer dwaan, dat dogge Ryk en Rak ek. Moarns moat dy amer lege wurde. Dat is krekt in putsje foar my, fine se. Ik moat de amer sjouwe en Ryk of Rak docht de doarren iepen en ticht. Allinnich soe ik it ek net kinne, ik soe ferdwale yn al dy gongen.
Ik piel even oan 'e knoppen fan 'e tillefyzje, mar der bart neat. 'De generator is kapot,' seit Ryk. Ik tink dat der neat stikken is, mar der is fansels gjin stroom. De stroomfabriken wurkje net mear en de mêsten mei triedden binne omwaaid. De froulju smite de biljertstokken del en wy gonne wer fierder. Nei in heel ein troch in gong komme wy yn 'e foarriedkeamers. Teminsten, it binne hjir allegear fan dy
| |
| |
blikken lykas wy jûns ien leech ite. It is ôfgryslik safolle. De soldaten hawwe in hele foarried oanlein foar as it oarloch wurde soe. Mar se hawwe gjin gelegenheid hân om it op te iten. Wat der yn sit, wit ik net, der stanne gjin plaatsje op lykas op 'e blikken yn 'e supermerk, mar letters en sifers. Hele rigen blikken hawwe allegear deselde tekens. Ik tink dat Ryk en Rak wol witte wat deryn sit. Dat sille se wol útfûn hawwe. Der binne ek in heel soad plestik flessen mei drinkwetter en oaren flessen mei drank, tink ik.
Rak pakt in blik en jout it my oer. Wy gonne werom nei de keamer ta dêr't wy ite en sliepe.
Jeanine knapt neat op. Se leit dêr't se leit en as ik har net wat wetter en hurde koekjes bring, dan krijt se neat. Se komt oars net fan 't bêd ôf as om te pisjen. Nei 't húske giet se mar ienkear yn 'e twa of trije dagen. Dan moat ik mei har nei boppen ta, want se is sa slop as in dweil.
Se giet dea, tink ik, en miskien is dat wol it bêste. Ast lizzen giest en net mear ytst, dan giest dea. Dat haw ik sa faak meimakke. En kinst der neat oan dwaan. Mark en ik hawwe wittefaak besocht om Sjonny wat ta te krijen, dy earste winters dat wy by de Dútsers wienen. Der wie wol iten, dêr hienen de manlju foar soarge, se hienen mei in karavan nei Amiens west en kamen mei in hele lading werom. Mar Sjonny hie gjin nocht mear, of hy koe net mear. Ik leau net dat Mark en ik him bot mist ha, der wie doe safolle oars dat ús dwaande hold. Mar no mis ik him wol. Dat komt om't ik op it stuit mear efterom sjuch as foarút. Dat is net goed, moatst ferjitte en fierder libje. Dat haw ik altyd wol kinnen, mar op 't heden wol it net.
Dy tiid by de Dútsers hat de bêste tiid foar my west. En
| |
| |
ik hie doe noch echt hoop dat alles goed komme soe. Foaral doe't it slagge om in hûs te bouwen, doe wie ik tige optein, want dat fûn ik ferrekte knap. Ik hie noait tocht dat de bouploech dat foarinoar krije soe. De túnploech, dy soe it wol slagje hie ik ferwachte: triuwst sied yn 'e grûn en dan waakst it as in wyld, krekt as by pake. Mar it kaam krekt oarsom út. It slagge de bouploech better as de túnploech. Miskien hie ik yn 'e grûn fan 'e saak wol gelyk hân, in hûs bouwe wie folle dreger wurk as wat sied siedzje. Mar de bouploech hie it helendal sels yn 'e macht wylst de túnploech fan 'e natoer ôf hong. En dy wurke net mei. De jerappels kamen wol op, mar it bleauwen skiterige plantsjes en der sieten inkeld wat krieltsjes oan 'e woartels. It weet waard neat. De earte en beane kaam ek suver neat fan. De grûn like wol fergiftige te wêzen. Kaam it fan dy ferrekte hitens dy't der west hie? Of wie it de smoargens dy't delkommen wie mei snie en rein? De snie hie dy maityds brún west, krekt as siet der jiske of modder yn 'e loft. De mannen fan 'e túnploech seinen, it soe wol komme om't wat se yn 'e grûn treaun hienen al twa jier âld wie en dêrom net waakse woe.
De lieder sei it kaam fan heel wat oars. It wie de straf fan god om't de lju alles ferkeard dienen. Se lygden en flokten en wienen lui en makken rúzje meiinoar en se wienen eigenwiis. Se tochten dat sy dy muorre boud hienen, mar dat wie net sa. God hie him boud. Dat wie net wier, ik hie dy manlju en froulju sels oan it wurk sjoen. Se hienen stiennen opinoar steapele en dêr hienen se taaie modder tusken dien. Dy modder hellen se by de rivier wei. Se hienen dei út dei yn oan it slepen west. Mar gjinien sei tsjin 'e lieder dat er mis wie, se seinen helendal neat. Alles wat dy man
| |
| |
sei, dat leauden se. De lieder sei se hienen folle mear bidde moatten, dan wienen de jerappels wol opkommen. It wie no dúdlik dat se net doogden en it moast fan no ôf helendal oars. Tenei soenen wy minder iten krije as straf en wy soenen net allinne jûns, mar ek moarns en middeis bidde moatte. As wy mar goed beaen, dan hienen wy gjin honger en dan soe god der foar soargje dat it hûs klear kaam en dat de fruchten woeksen op it lân.
It waard op 'e nij hjerst en it reinde soms dagen efterinoar. Binnen de muorre wie it in modderpoel. De keamers dy't boud wurde soenen, wie noch suver neat oan dien en mei al dy bidderij skeat it ek neat op. Der kaam sa stadichoan ien keamer ôf en dy wie foar de lieder. Wy allegearre moasten noch yn tinten sliepe. Dat gyng no noch, mar strak soe it winter wêze en dan stoaren wy fan 'e kjeld. Op in jûntyd wienen der guodden, dy seinen tsjin 'e lieder dat der moasten guodden nei de stêd om iten te heljen. Strak waard it waar miskien noch minder en dan wie it hast net mear te dwaan. De lieder waard ferrekte lilk en begûn te rachen en te skellen: se fertrouden net op god, se wienen eigenwiis, se mienden dat se foar harsels soargje koenen. Mar dat wie skyt, god soarge wol foar har, sy moasten bidde. De oare deis is der in keppel fan goed tsien minsken fuort gien en dy binne noait wer werom kommen.
In goed wike letter sei de lieder dat god hie sein der moasten no minsken nei de stêd ta gean om iten te heljen foar de winter. En der moast ek fûl avensearre wurde mei it bouwen fan 'e keamers. Ferline wike hie it noch te betiid west, dy minsken dy't fuortgien wienen, dy wienen eigenwiis en woenen har eigen sin dwaan. Mar god hie se straft,
| |
| |
se wienen no allegearre dea. De lieder wiisde sels de minsken oan dy't op reis moasten om iten. De oare deis gyngen se fuort mei in karavan.
Wy setten meiinoar fûl útein mei it bouwen fan 'e keamers. It hie folle earder moatten, it wie no hieltiten sútrich waar en it waard in grutte griemerij. De modder dy't wy as speesje brûkten wie sa wêk as skyt. En waardst ek oan it fel ta trochwiet mei dat gebongel nei de rivier ta om modder. My tocht dat it dochs net in goeie lieder wie, hoewol't ik earst wol fertrouwen yn him hân hie.
In dei of fiif hienen de itenhellers wurk hân. Ik hearde letter dat se dy oaren, dy't earder fuortgien wienen, yn 'e stêd troffen hienen. Dy wienen dus helendal net dea. Se hienen in skûlplak makke yn Amiens en dêr woenen se bliuwe.
Tsjin 'e winter hienen wy in stik of fiif keamers klear. As wy ticht opinoar kroepen, koenen wy der allegear meiinoar yn. Manlju en froulju mochten net byinoar sliepe, jonges en famkes likemin. God fûn dat net goed, sei de lieder. Mar sels hie er nachts wol faak in frou by him en ek wol famkes. Elkenien wist dat wol, mar gjinien sei der wat fan.
Wy hawwe in swiere winter hân yn ús fort. Wy hienen ûnderdak, mar dat wie dan ek alles. Om't alles sa hurd en hastich moatten hie, wienen der gjin hurdsteden mei skoarstiens boud, dat wy koenen gjin fjoer stoke, dan smoarden wy fan 'e reek. Iten hienen wy fierstemin. Wat yn 'e hjerst ophelle wie, moasten wy heel sunich fan ite oars hellen wy de maityd net. Dat wy krigen alle dagen fierste min. Wy wienen te slop om te rinnen dat wy leinen sawat de hele dei yn 'e sliepsek. It begûn freeslik te stjonken yn 'e keamers, want ússels waskje by de rivier, dêr wie
| |
| |
it fierste kâld foar en de klean dy krigest hast net wer droech ast dy útwoskst. No en dan moasten wy der út om te skiten. Dat moast bûten it fort, want oars waard it helendal in stjonkerij. En dan leinen wy mar wer plat. De lieder sei wy koenen noch mei folle minder ta, as wy mar yn god leauden. Hy soe it goede foarbyld jaan en deis mar ienkear in lyts bytsje ite. God soe wol op him passe. Ik tink dat er de boel fet belazere hat, want as er noch minder iten krige as wy, dan hie er deagien. Hy sil wol stikum wat iten tatreaun krigen hawwe fan 'e froulju dy't er nachts by him hie. Foaral inkele froulju wienen poergek mei de lieder.
Doe't de winter foarby wie, wienen der fiif minsken deagien, ek twa bern dy't jonger wienen as ik. De manlju wienen hast te slop om de liken te fersjouwen en in grêf te dollen. Yn in fleanende sniestoarm begroeven wy de deaden. De lieder hold noait wer op fan bidden en wy stoaren sawat fan 'e kjeld. Einliken sloech it waar om. In stik of seis manlju dy't noch aardich by 't spul wienen hawwe it lêste iten krigen en dy binne mei in karavan op reis gien nei Amiens. Doe't se werom kamen wie it feest.
Op in dei sjouwe Ryk en Rak fan alles nei de auto ta. Se wolle fuort te riden. Der moatte in stikmannich gewearen en pistoalen mei en in blik mei koekjes en plastik flessen mei wetter. Gjin drank gelokkich, mar wol in heel soad lege drankflessen. Se dogge grouwe jassen oan en sette in helm op. Se sjugge der no krekt sa út as de earste kear dat wy har sjoen hawwe, Jeanine en ik. Ik moat ek in helm op 'e holle sette, sizze se. As alles efter yn 'e auto leit, ride wy fuort. It is gelokkich droech waar en ik bin net kâld.
As wy troch it stek ride, binne wy ek daliks yn it frije
| |
| |
fjild. De kaserne leit net by in stêd, mar helendal op 'e rûmte. It is let yn 'e maityd en oeral wurdt it wer grien. Noch even, dan is it simmer. Dan soe it waarm wêze moatte en alles soe yn 'e bloei stean moatte, mar dat sil fêst net barre, likemin as de foarbye jierren. Simmers is it folle minder kâld as winters, dat wol, mar waarm is it net. De sinne komt net troch de wolken hinne. Der sille hjir en dêr wat blommen bloeie en ek in stikmannich strûken, mar dat is it dan ek. Eigentlik soe ik fleurich wêze moatte, want it is dan dochs de moaiste tiid fan it jier en it is in aardich ritsje, sa mei dy iepene auto troch it fjild. Oan Ryk en Rak leit it ek net, dy hawwe altiten likefolle wille. Meastal om neat fansels, dy froulju gnize om alles.
De auto hâldt stil by de oerbliuwsels fan in doarp. De froulju wolle sa't it liket earst ite. Rak makket it blik mei koekjes iepen en partet om. No't de moter út is, is it deastil. Der stiet gjin wyn en oare lûden binne der net. Ik harkje oft der miskien ek fûgels binne, mar ik hear allinnich it knappen fan 'e koekjes en it smakken fan Ryk en Rak. Dan stappe se út en besjugge de delsabele huzen. Ik wit net oft se wat sykje of dat se samar wat om har hinne sjugge. Dan fynt Ryk in ein peal en dy sleept se mei. De peal moat rjochtop stean, begryp ik. Se besiket him yn 'e grûn te triuwen, mar dat wol net. Dan moatte Rak en ik der stiennen omhinne steapelje, safolle dat de peal stean bliuwt. It slagget. Ryk seit dat ik de doaze mei lege flessen by de peal bringe moat en der ien op sette. Ik wit net wat se wolle, mar ik doch it. Ryk en Rak pakke elk in pistoal út 'e auto en rinne in ein fuort. Dan bliuwe se stean en draaie har nei my ta. 'Klear?' ropt Rak. Se tilt de earm op en ik hear in knal. Ik dûk fansiden oer de grûn. Kloatkanker! Dy fet- | |
| |
goare teef sjit op my! tink ik. Mar dat is in fersin, se sjit op 'e flesse fansels. Dêrom moast ik dy op 'e peal sette. No mei Ryk. Dy sjit ek mis. Rak wer, en dan spat de flesse yn diggels. Rak ropt en laket. 'Nije flesse!' ropt Rak. Ik begryp wat se fan my wolle en ik set in oare flesse op 'e peal. En dan naai ik út. Krekt op 'e tiid, want dêr sjitte se al wer.
Letter sjitte se mei de gewearen en dat slagget folle better. De iene flesse nei de oare springt stikken. As de flessen op binne, gonne se wer yn 'e auto sitten. Se ite de lêste koekjes op en jouwe my der ek in pear fan. Dan start Rak de auto en wy ride werom. Teminsten dat nim ik oan. Mar witte dy froulju it paad wol? It docht bliken fan al, op in stuit sjuch ik it kamp lizzen. Rak jakkert it terrein op en set de auto ûnder it skeanhingjende dak.
Jeanine leit op bêd en sykhellet flau. Se fielt waarm oan, eigentlik te waarm en ik wit net oft dat wol goed is. Ik haw Ryk en Rak frege oft se har helpe koenen, se is siik. Mar de froulju kin 't neat skille, leau 'k. 'Siik! Siik. Hi-hi!' ropt Ryk, mar se docht neat. Ha se hjir gjin pillen tsjin sykte? Soldaten moatte dochs op alles klear wêze? Ik besykje it nochris: 'Ryk helpe,' sis ik en ik wiis nei it bêd. 'Siik,' seit se. Ja, dat wit ik ek wol. Se giet fuort en se komt werom mei in pear griene blikken en in pear flessen wetter. Se docht in blik iepen en lit it my sjen. Der sit gele poeier yn. Se docht wat yn in skaal en pjutsket der wetter by. Mei in foarke mjukset se de boel trochinoar. Dan docht se in gasstel oan en set in platte panne op it fjoer. Se jit it skaaltsje der yn leech en draait it fjoer leech. De boel begjint te stjurjen. It rûkt wol lekker, lykas fleis. Mar fleis is der net yn poeierfoarm. Dit is in soarte fan pankoeksmoal,
| |
| |
tink. As de pankoek droech is, lit Ryk him op in board glide en se snijt him yn stikken. Se stekt in stik oan in foarke en hâldt it Jeanine foar de mûle. Mar Jeanine hat fêst gjin ferlet, of se is al te swak om te iten. Ryk triuwt my it board yn 'e hannen. Ik yt in stik fan 'e pankoek op. Hy is heel lekker. Ik besykje my yn 't sin te bringen wêr't er nei smakket en ik tink it is aai, bakt aai. 'Jeanine, ite,' sis ik. Ik triuw har mei de fingers in stikje yn 'e mûle. Mar se kôget net en se slokt net. Ik wol har wat drinke litte, mar dat slagget likemin. Dan jou ik it oer.
Ryk bakt al it poeier op en wy frette ús propsêd.
Wat de Dútsers de earste simmers mislearre wie, soe it twadde jier op 'e nij besocht wurde: sels iten ferbouwe. Mar net wer mei âld sied, want dêr siet no helendal gjin krêft mear yn, mar mei planten dy't de klap oerlibbe hienen. Der hienen yn 'e omkriten túnkerijen west en dêr woeks miskien noch wol it ien en oar. Dat moast ophelle wurde en yn it eigen tún plante. Doe't it waar wat mylder waard en do oannimme mochtst dat de planten wer begûnen út te spruten, waarden twa ploegen fan elk in man of acht op 'en paad stjoerd om planteguod te sykjen. De thúsbliuwers soenen fierder gean mei it bouwen fan keamers.
Mark en ik wienen by deselde groep yndeeld. Dat fûn ik noflik, ik wist wat ik oan Mark hie. Dy oare bern wienen wat nuver. Sjonny wie dy winters siik wurden, hy rochele en kochele en kaam amper fan 't bêd ôf. Mark tocht dat er wol deagean soe en dat tocht ik ek. Ast siik waardst, gyngst dea.
Wy hienen skeppen en gripen mei en in steal plestik tassen om planten út te graven as wy dy fine soenen. En
| |
| |
wy hienen ek wat iten mei. Mar dat wie net folle. De lieder hie sein dat de ploegen dy't der op út gyngen, dy koenen ûnderweis wol iten fine. Mar de thúsbliuwers hienen oars neat as de foarrieden, dat dy moasten it measte hâlde. Wy swalken de fjilden troch. Wêr't wy hinne moasten, wist ik net. Ik twivele deroan oft de grutte minsken it wol wisten. In lânkaart hienen se net, oars, dêr hie dochs net op stien wat der earder ferboud wie op it lân.
Wy binne de kânt fan 'e silo's út rûn, want dêr wie teminsten boulân. Miskien wie der ek wol túnkerij. Wy hawwe tiden omswalke. Us bytsje iten wie samar op en doe begûn it hongerlapjen. Soms woeks der wat gers of wat túch, mar noch wer minder as it foargeande jier. De beammen siet gjin libben mear yn. Se spruten net mear út. Der wienen wol poddestuollen, lytskes, mar soms in heel fjild. Dêr loegen wy it liif mei fol. De magen en de têrms rekken ús oerstjoer, wy moasten om it hurtsje út 'e broek. Mar weromgean woenen de grutten net. As wy it libben rêde woenen, dan moasten wy perfoarst planten fine dy't wy ite koenen.
Yn de ruïne fan in doarp fûnen wy in winkel dêr't noch wat foarrieden wienen. Blikken mei beantsjes en fruchten. Dêr ha wy ús oan te gast dien. Doe waarden de grutten ek wer moediger, it soe allegearre wol goed komme. Wy ha beskutting socht foar de nacht en de oare moarns nochris goed iten en fierder gyng it wer. Al dy lange heuvels oer en dan wer nei de bedelten. Iderkear hopen wy dat der efter dy heuvels wol wat te finen wêze soe, mar der wie neat. Miskien hie it der wol west, mar dan wie it allegearre weiwurden. De ierde lei der keal en bleat hinne, op wat túch en gers nei. Wy binne op 't lêst mar werom gien, it
| |
| |
hie gjin doel om noch fierder te swalkjen.
Nei tritich of fjirtich dagen wienen wy wer thús. De teloarstelling wie grut by de thúsbliuwers en de lieder wie lilk. By it jûnsiten tanke er god dat wy werom kommen wienen, mar hy klage ek tsjin god dat wy mannen fan neat wienen dêr'tst net op fertrouwe koest. En by it praatsje dat er nei it iten hold krigen wy nochris op 'e kop. Dy oare ploech, dat wienen teminsten trochsetters, dy kamen net mei lege hannen thús, dy sochten troch oant se wat fûn hienen, sei er. Mar wy hawwe fergees op dy oare groep fan acht wachte, se binne noait werom kommen. Hienen se har nocht of wienen se ferdwaald?
Sjonny wie dea, sa't Mark en ik wol ferwachte hienen. It bollekeal wie ek deagien, dat wie slimmer, want dêr hienen wy mei fokke wollen as er grut west hie. No hienen wy allinnich mar kij en kokeallen oer. Wêr fûnst in nije bolle? Wy hienen op ús syktocht gjin bisten sjoen.
It wie dúdlik, it besykjen om hjir te buorkjen wie mislearre. Al waard de lieder stadichoan healwizer, hy hie it ynearsten dochs wol goed yn 'e holle hân hoe't it soe en moast. It fort dat er tekene hie, dat wie wol knap wurk. Der waarden no hurdsteden mei skoarstiens boud, dat wy de kommende winter stoke koenen. En yn 'e midden fan 'e iepen rûmte kaam in spielplak. Dêr soe in izeren tenk stean moatte dat wy in wetterfoarried oanlizze koenen. Mear keamers waarden der net boud. Oan minsken dy't fuortrûn wienen of ferdwaald of stoarn, wienen wy al tritich kwytrekke. Jongfee soe der ynearsten ek net komme. Dat wy hienen genôch oan 'e keamers dy't der no wienen.
Wat wy sels yn 'e macht hienen, dat slagge wol. Mar foar it ferbouwen fan iten hongen wy fan 'e natoer ôf. En dy
| |
| |
liet it sitte. De lieder sei dat god wie noch altyd lilk op ús, dêrom woe der neat waakse. Hy fûn no wat nijs út. De grutte minsken moasten safolle mooglik lytse bern meitsje, want der stoaren wol guodden, mar der kamen gjin nije minsken by. Dat gyng dus ferkeard. Ut dit fort wei moasten skielk de minsken yn grutte kloften wer oer de hele ierde útswalkje. Takom jier moasten alle froulju in lytse poppe krije. It hindere neat dat se net troud wienen en se hoegden it ek net hieltyd mei deselde man of frou te dwaan, want ast diest wat god woe, dan wie it gjin kwea.
De manlju fûnen it wol aardich, leau ik, mar de froulju hienen der net folle nocht oan. Se sêgen der tink ek tsjin oan om in bern te krijen. Der wie ommers net in dokter dy't har helpe koe. Der wie ek gjin poppe-iten en gjin poppeklean. Koe in lytse poppe wol libje sa't wy no dienen? Der wienen ommers al safolle minsken stoarn? Mar de lieder sei dat god foar alles soargje soe en de froulju mochten net dwars wêze.
De grutte minsken sliepten tenei meiinoar yn in pear keamers en de bern yn in oaren. Wy fernamen der sadwaande net folle fan, útsein as se lûd rôpen of as se rúzje hienen. Dat barde noch alris. Slimmer wie dat de manlju deis ek net fan 'e froulju ôfbliuwe koenen. Der wienen guodden, die dienen oars net as neuke en it wurk lieten se lizze.
It foardeel wie dat de bern ek minder oan 't wurk set waarden. Wy hienen soms hele dagen neat te dwaan. Dan swalken Mark en ik troch de omkriten. Wy sochten poddestuollen en ieten dy op. Wy hienen hast altiten honger, want wy krigen mar in bytsje. Wy ha der wol oer praat om fuort te rinnen, mar dat doarsten wy dochs net rjocht oan.
| |
| |
Wy wienen no mar mear tegearre en as ien siik waard, dan koe de oare noait op him passe. Allinnich yn in gruttere groep koest oerlibje.
Arbeide waard der net mear. Der wie noch genôch hout en stien, mar de lieder joech gjin opdracht en dus barde der neat. De lieder prate der ek net mear oer hoe't it no moast mei it tún. Sa stadichoan wie it dúdlik wurden dat dy oare ploech fan plantesikers helendal net werom kaam. Se hienen no de hele maityd al fuort west, wol twakear sa lang as ús groep. De lieder hie der in praatsje oer holden, it wienen grutte ferrekkelingen en god soe har yn 'e hel skoppe. Mar mei sok praat skeaten wy neat op. No en dan gyng der in groep nei Amiens ta om foarrieden út 'e winkels op te heljen en dêr koenen wy dan wer in skoft op tarre. De bern waarden der op út stjoerd om gers te sykjen foar de kij. Dat foel net ta, want der wie omtrint gjin gers mear. Mar farens wienen der wol en dy mochten de kij gelokkich ek wol. No ja, se moasten ek wol, oars krigen se neat. Der wienen noch mar fiif oer, der wie noch in ko deagien. Wat hienen wy ek oan dy kij? Se soenen noait gjin keallen mear krije en molke joegen se ek net, of in pear teekopkes fol. It iten dat se krigen wie fierste beroerd.
It waard wer maityd, of de winter gyng teminsten foarby. De hagel- en sniebuien hienen plak makke foar wiete snjitters út it westen wei en no en dan wie it in pear oeren droech. De dagen lingen wer. Mar maityd waard it net echt, likemin as it jier dêrfoar en it foarfoarige jier. De loft bleau altiten like skier en igaal. Der wie gjin roppend fûgelguod, der wienen gjin planten en blommen dy't spruten en bloeiden. De natoer wie sa goed as helendal dea. It hie al wer in winter west fan kjeldlijen en hongerlapjen.
| |
| |
Der wienen acht minsken deagien.
Wy hienen no krekt twa jier by dy groep west en wy hienen ús nocht, Mark en ik. De oarder en regel dy't der earst west hie, dêr wie neat fan oer. En dêr sûnder koenen wy net oerlibje. De lieder hold jûns noch al syn praatsje, mar hy begûn der nuver yn om te eameljen, krekt as doogde him de holle net. Miskien wie dat ek wol sa, hoe krige er it yn 'e kop om te sizzen dat de grutte minsken lytse bern meitsje moasten. Dy gyngen ommers dochs dea. Der rûnen in stik of fiif froulju om mei grouwe liven.
Wy wienen fan doel om tegearre te gean. Dy Dútse bern fertrouden wy net. Twaresom wie wol gefaarlik, mar hjir bliuwe hie gjin doel. It wie in ôfrinnende boel. Ik hie wol hope dat de oare manlju de lieder oan kânt sette soenen en in oarenien kieze, bygelyks de man dy't baas west hie by it bouwen fan 'e muorre en de keamers. Mar soks barde net. De manlju liken allegearre goed te finen wat de lieder die. Se koenen dochs sels ek wol sjen dat it net goed kaam?
Mark en ik ha lang wachte yn 'e hoop dat it better waar wurde soe. En doe wie it te let. Doe kamen de soldaten.
Op in moarntyd leit Jeanine dea neist my. Se fielt noch wol waarm oan, mar miskien is dat myn waarmte. Ik rop Ryk en Rak en dy rekkenje ek dat se dea is. Wy tille har fan 't bêd ôf en lizze har op 'e grún. Ik harkje mei it ear deun boppe har mûle, mar ik hear neat. Rak lûkt in êchlid omheech en ljochtet by mei in lampe. 'Dea,' seit se. 'Ik sil har aansent begrave,' sis ik. 'Se kin wol yn 't likehok,' seit Ryk, 'hi-hi.' It likehok? Ryk pakt in lampe en de bosk kaaien en makket de doar op dy't nei de foarriedkeamer giet. Mar safier gonne wy diskear net. Se giet in sydgong
| |
| |
yn dy't heel lang is en dan komme wy wer by allegearre izeren doarren. Se docht in doar fan 't slot en lûkt him op. In fetgoare stank komt my temjitte. Ryk tilt de lampe omheech om by te ljochtsjen. Der lizze wol in stik of tsien deade minsken. Ik moat koarje fan 'e lucht en ik slach de hân foar de mûle. Ik rin by har wei de gong del. Ryk docht de doar wer ta. 'Mantsjes,' seit se. 'Deade mantsjes. Dy woenen baasspylje, mar no bin se dea. Hi-hi.' 'Ha jim dy deamakke, do en Rak?' 'Ja-a!' seit se. 'Soldaten?' freegje ik. 'Ja,' seit se. 'Deade soldaten.'
Wy rinne werom nei de wenseal ta. Ik tink dat Ryk en Rak ek soldaten binne, want frouljussoldaten bestanne wol. Miskien wienen dy kearels wol ferfelend tsjin har, altyd neuke wolle en sa, want dat wolle alle kearels, haw ik murken. Ik freegje Ryk oft se de doarren nei bûten ta foar my iepen dwaan wol, want ik wol Jeanine net yn dat likehok opbergje. Se docht it. Jeanine is mar licht, ik kin har maklik tille.
It fâlt net ta om grûn te finen, it is hjir allegearre asfalt. Ik sjou Jeanine mar nei bûten it stek, dêr is wol gewoane modder. Mei de pionierskeppe dol ik in gat en dêr lis ik har yn. Ik tink oan ús reis út Fryslân wei, no acht jier lyn. As der dan ien stoar, dan waard dy oan 'e kânt fan 'e dyk lein en in âld man sei fan: 'Hearegod, wy jouwe him oan jo oer.' Sokssawat soe ik no ek wol sizze wolle. Ofskied nimme fan Jeanine. Mar eigentlik is dat flauwekul, se is dea en se heart niks mear. Ik rûgelje wat modder oer har hinne en dan begjin ik fûl te skeppen. No bin ik helendal poerallinne.
As ik werom kom, is de doar ticht. Dat hie 'k ek wol tinke kinnen, it is Ryk fansels allang út it ûnthâld dat se my
| |
| |
derút litten hat. Ik bûnzje op 'e doar, mar der komt gjinien. Nee, se heare my fansels net, de wenseal is folle fierder. Ik gon op it trepke sitten te wachtsjen.
Ryk en Rak ha oan it prutsen west mei in masine dy't stroom meitsje kin. De generator neame se dat ding. Der moat besine of oalje yn en dan draait er lykas in automoter. In automoter makket ek stroom, fansels, oars koenen de ljochten net baarne. Ik freegje my ôf wêrom't se dat ding net folle earder ynoarder makke ha, dan hienen se ommers de kompjûters brûke kinnen en de radio. Ik freegje it oan Rak. 'Kapot,' seit se. 'Allegeduerigen wer kapot.' Se krije it foarinoar, ynienen rint de moter. It moat in goed ding wêze, hy makket suver gjin lawaai. De útlaat giet nei boppen ta, dy sil wol earne boppe de grûn út komme. Mar wêr komt de oalje wei? Ik tink dat der ûnder de flier in grutte oaljetenk sit, dat moat hast wol.
Ryk en Rak perbearje de ljochten yn 'e gong en de sealen. Se dogge it allegearre. Ik set in kompjûter oan. Hy docht it, it byldskerm ljochtet op. Mar fierder kom ik net. Op hokker toetsen ik ek druk, hy docht neat. Ik perbearje alle kompjûters, mar it is oeral itselde. Ik tink dat ik in wurd yntikje moat, dat wie by ús heit syn laptop ek sa, mar dat wurd wit ik fansels net. Spitich, ik woe in spultsje dwaan. Ik druk ek wer op dy knopkes dêr't in hele tafel mei bedutsen is. Der bart neat. Miskien koest dêr earder wol doarren mei iepen en ticht dwaan. Of soest der bommen mei fuortsjitte kinne? Ynienen komt my wat yn 't sin, ik gon nei Ryk en Rak ta. 'Dy klap acht jier lyn, wat wie dat?' 'Boem!' seit Rak. 'Ha-ha.' Ryk komt by my, se pakt myn hân beet en drukt mei myn wiisfinger op in
| |
| |
knop. 'Boem,' seit se. 'Hi-hi.' 'Ha jim dat dien?' 'Ja-a,' seit Ryk. Ik leau der neat fan, se binne gek.
Se ha de tillefyzje oan 'e praat krigen. Der komme allinnich wat strepen en snieflokken op it skerm. Der binne gjin tillefyzjestjoerders mear. Mar dan sette se de recorder oan en triuwe der in bân yn. Dy docht it wol! Ryk en Rak slepe elk in stoel oan en gonne foar it tastel sitten. De film giet oer manlju op hynders dy't oars net dogge as sjitte, op inoar en op oare minsken. Se ha huodden op 'e kop en lange jassen oan. It binne gjin soldaten, ik wit it al wer, it binne cowboys. Dy skeaten altyd. Sjuch, no set ien buskes en flessen op it stek en sjit se der mei it pistoal ôf. Dêr hawwe Ryk en Rak it dus fan ôfsjoen. Se dogge gewoan de film nei.
Letter draaie se in film mei in stik of wat manlju en froulju dy't meiinoar neuke, dan dy mei dy en dan wer oaren tegearre, en soms binne se allegear tagelyk meiinoar dwaande. Ryk en Rak fine it prachtich. Se wolle itselde dwaan as dy minsken yn 'e film. Se gonne werom nei de wenseal en gonne nêken op bêd lizzen. Ik moat de klean út dwaan en myn kul yn Ryk har prûm stekke. En dan moat ik har neuke. Mar Rak wol ek. Rak telt oan fiifentweintich ta en dan moat ik op hàr lizzen gean. En dan wer op Ryk. En dan moat ik op 'e rêch lizzen gean en Rak giet op my sitten te hynderjen, en dan Ryk in set. En dan giet Rak op 'e knibbels lizzen en ik moat har fan efteren neuke. En dan Ryk. Mar dan is it dien, want it guod spat út de kul wei en hy wurdt slop. Rak is lilk, Rak wol dat ik troch gean, mar it wol net mear. Rak seit dat ik stom bin, yn 'e film koenen manlju it heel lang.
Ryk hellet in blik op en makket iten waarm. It is stamp- | |
| |
pot mei fleis. Dêr wurd ik sterk fan, seit se, en dan kin ik wer skoften neuke. It is wier, letter wol er wer hurd wurde. Ryk en Rak binne no heel foarsichtich, ik mei mar in kear of fiif hinne en wer, en dan moat ik wachtsje. Se fermeitsje har de hele jûn mei my. Op 't lêst ha se dochs har nocht, Rak lûkt krekt sa lang oan 'e kul oant it guod derút komt en dan bin ik frij.
|
|