| |
| |
| |
Haadstik acht
Yn 'e skûlhut
Hoefolle iten ik ek meitôge haw, op wol it wol. Dat wy sille sunich oan moatte en it ferpartsje oer de winter. Tegearre in heal blik deis, dan komme wy in heel ein de winter troch. En in hantsjefol noedels of spagetty. Ast dat guod in skoftke yn kâld wetter leist, wurdt it sêft en kinst it ite. Mar it is net genôch en ik sil der op út moatte it fjild yn.
Moarns helje ik earst wetter út it rivierke. Dan ite wy in bytsje. Dêrnei gonne wy op 'e sneup. Jeanine hat der gjin nocht oan, liket my ta, mar de hele dei yn dat hok sitte, dat kin ek net, dan wurdt se sa kâld as in bok. Kinst noch better yn 'e rein omsjouwe as de hele dei stil sitte. Oars, it siicht ek yn it hok, ik sil besykje om de naden en gatten ticht te krijen.
Wy rinne gewoanlik it noarden of it easten yn. Dêrwei ferwachtsje ik gjin minsken en boppedat wol ik takom maityd dy kânt út. Dat ik kin tagelyk de saak wat ferkenne. Wegen binne der net, útsein no en dan in weinpaad. Hjir binne tink boeren lâns riden om hea of om hout. Bosk op 'e hichten en gers yn 'e dellingen, sa sil it hjir ek wol west ha. No is it keal op wat strûken nei. Dy strûken besjuch ik allegearre, want der wolle wolris beien oan sitte. Mar ik
| |
| |
fyn net folle. Se binne miskien al ferrotte en ôffâlen. Ik tink net dat der fûgels by west ha, ik ha hjir noch gjin fûgel fernommen. In inkelde kear rinne wy tsjin in wat gruttere plant oan. Dy graaf ik dan út mei de pionierskeppe, want de woartel is goed te iten. Wy ha in pear pûden by ús en dêr goaie wy alles yn. Soms ha wy gelok en reitsje de beide pûden fol, dan hoege wy de oare deis net op stap. Mar it slagget net altiten likegoed.
As wy sa tegearre op 'e swalk binne, besykje ik Jeanine oan it praten te krijen. Ik freegje oer dy frou dy't by har wie. Wie dat har mem? En ik freegje nei dy kearels yn 'e auto. Mar se jout gjin antwurd, ik leau se hat net iens troch dat ik tsjin har praat. Miskien tinkt se dat ik yn mysels praat. Doch ik dat dan? Ik leau fan wol, soms, as ik lang allinne bin. Inkeld as ik 'Jeanine' sis, dan sjucht se my oan. Har eigen namme kin se, of teminsten, dat is it iennige dêr't se op reagearret. 'De mem fan Jeanine,' sis ik. Ik pak har by de earm en sis in pear kear fan: 'Maman, maman.' Se liket bang te wurden, mar miskien komt dat ek wol trochdat ik har beet pak. 'Sjampynjon!' sis ik. Ik lûk ien út 'e grûn en lit him har sjen. It seit har neat. In poddestoel hyt in sjampynjon yn it Frânsk. Dat wit ik tafallich, ús mem kocht wolris in bakje. Mar wy ieten se noait rou, mem snie se yn plakjes en bakte se.
As wy net hoege te itensykjen, bin ik dwaande mei it hok. Dêr't de golfplaten op it houten skud rêste, sitte allegear iepeningen. Dy moatte ticht, want it waait der troch. Ik triuw der fine tûkjes fan strûken tusken en dan smaar ik der modder op. Dy modder helje ik út 'e rivier wei, dat haw ik fan 'e Dútsers leard. It is wol in heel gesjou, mar better no wat mear wurk as fan 't winter lêst. De
| |
| |
eastewyn kin kankerfûl waaie.
As de winter foarby is wol ik werom nei it noarden ta. Der binne my hjir te folle fan dy rôvjende en moardzjende ploegen folk. It leafste wie ik daliks op reis gien doe't ik ûntdiek dat Claus-en-dy dea wienen. Mar dat wie net ferstandich. Winters moatst dy deljaan yn in skûlplak, reizgjen is dan hast net te dwaan. Trije jier lyn haw ik it besocht en dat is my min bekommen. Ik woe perfoarst fuort doe't Lotsy ek dea wie, ik hold it net mear út. Mar it hie my it libben kostje kinnen as dy nuvere âlde minsken my net holpen hienen. Ik ha der net faak mear oer prakkesearre, ik haw it fuorttreaun, it wie te healwiis om wier te wêzen. Mar it moat hast wol wier wêze, oars hie ik ommers dea west. Ik wie ferhongere as sy der net west hienen.
De winter foel ier yn, dat jiers. Ik wie noch mar in dei of fiif op stap by Lotsy wei, of it waar sloech om. Sniebuien giselen it lân en ik sêch bytiden gjin hân foar êgen. Werom gean woe ik net, hoewol't dat miskien it beste west hie. Ik hope, ik soe wol in skûlplak fine. En oars, it wie te ier foar winter, mei in pear dagen soe it waar wol wer opknappe. Dat die it ek, mar net foar lang, doe waard it echt winter. De grún befrear en de snie teide net mear fuort lykas earst, mar bleau lizzen en waard troch de wyn hjir en dêr ta hege dammen opjage. Ik moast der trochhinne baaie en mar hoopje dat ik oan 'e oare kant derfan de dyk werom fine soe.
Dêr't de snie fuortwiske wie, socht ik myn iten. Eigentlik socht ik hieltyd troch om iten en alles wat ik fûn oan planten, dat kôge ik op. De mage moast fol bliuwe, mei wat dan ek, nachts soe ik it wol fertarre. Ik wit net hoefier't
| |
| |
ik deis rûn, miskien in kilometer of fiifentweintich of tritich. Jûns socht ik wat lijte tsjin de kâlde wyn. In echt skûlplak fûn ik hast noait. Ik makke koarte nachten, want yn 'e iere moarntyd waard ik fan 'e kjeld wekker. Dan hanbûtste en stampfuotte ik in set om it bloed yn beweging te krijen. Ik moast wachtsje oant it ljochter waard en dan koe ik wer fierder. Ik krige te min sliep, te min rêst, en ek te min iten. Itselde fan in jier lyn barde, ik begûn te deidreamen en dingen waar te nimmen dy't der net wienen. Letter koe ik ek net mear útmeitsje oft ik echt belibbe hie wat ik miende. Ik koe dy bylden en yndrukken net skiede fan de werklikheid. Ik tink dat it measte fan wat my fan dy winter by stiet, net wier is. It kin hast net. Mar dan ha 'k knap yn 'e war west.
Op in dei sêch ik seis âlde minsken rinnen. Se hienen allegearre in stôk yn 'e hân en in sek op 'e rêch en se strampelen troch de snie. Wêr't se sa gau weikommen wienen, dat wist ik net. Se rûnen in ein foar my út, net op 'e dyk like my ta, mar in eintsje derneist. Der wienen ommers helendal gjin fuotstappen yn 'e snie te finen, en ik rûn no dochs al in hoart efter har oan. Ik koe har maklik ynhelje, want sy sloften heel stadich, mar ik hold de stap wat yn en bleau efter har. Ik wie eigentlik wol benijd wêr't se hinne soenen. Bang wie ik net. Se liken âld en wurch en miskien wienen se ek wol siik. Alle âlde minsken wienen ommers allang dea, it wie in wûnder dat sy noch libben. Se foelen my fêst net oan, ik hie in skerpe bile en in bajonetmes. Sy allinnich mar in stôk, en ik koe altyd noch útnaaie. Doe't ik wat tichter by har kaam, hearde ik har sjongen of preuveljen, ik wist net wat it wie, krekt of seinen se in rymke op. Praten wie it net. By praten seit ien wat en dan is er stil
| |
| |
en dan begjint in oarenien. Mar dit gyng allegearre tagelyk en trochinoar hinne.
It begûn al wer te tsjusterjen, de dagen wienen mar koart en ik moast in plak sykje om my del te jaan no't ik noch wat sjen koe. Mar dy nuvere optocht foar my wie sa apart dat ik tocht net om in rêstplak. Honger hie ik lykwols al, en slim ek. Bleau ik dy minsken om dy reden oan 'e sturt hingjen? Se hienen alle seis in sek op 'e rêch en wat siet der yn dy sek? Iten? Fansels iten! It iennige dat de muoite wurdich wie om mei te sjouwen. Wat mear't it begûn te skimerjen, wat tichter't ik it ploechje benei sloep. En doe ynienen mei in fûle, koarte draaf skeat ik op 'e efterste ta en skuorde him de sek fan 'e rêch. Hy draaide in heal slach om en trûzele yn 'e snie. Ik draafde dwars fan har ôf it lân yn en wachte in skoft. Se kamen my net nei. Ik taaste yn 'e sek en fielde wat hurds sa grut as in skoech. Ik helle it foar it ljocht en roek deroan. It wie bôle of koeke. Ik briek der in stik ôfen stiek it yn 'e mûle. It wie bôle, ik wist it sekuer. Ik hie yn gjin jierren bôle hân, mar ik fersinde my net. Daliks treau ik de bôle wer yn 'e sek en rûn hurd fierder. Dizze skat mochten se my net wer ôfpakke. Ik fûn in plakje tsjin in hege wâl oan en dêr iet ik in heale bôle op. De oare helte wie foar de moarns.
As ik de oare moarns wekker wurden wie en dy sek mei in heale bôle deryn hie der net lein, dan hie alles wer gewoan west. Ik hie tinke kinnen dat my fan honger en wurgens de sinnen yn ûnstjoer rekken wienen. In bôle! Dat moast ommers in dream wêze, bôlen waarden allang net mear bakt. In moaie dream dêr't de holle de hongerige mage mei foar de gek hâlde woe. Mar de sek lei der wol en der siet in heale bôle yn.
| |
| |
In pear tellen haw ik bang west. Of ik moast noch yn 'e sliep wêze en fierder dreame of ik wie wekker en ik sêch in bôle dy't der net wie. En ik kôge op 'e bôle om en liet it fynkôge yn 'e mûle hinne en wer gean om mysels wissichheid te jaan dat it wier bôle wie, sa't ik dy jierren en jierren lyn foar it lêst preaun hie. It wie wier de smaak fan bôle. Ik slokte it ken troch en naam in nije brok en ik waard sêd.
Lang haw ik oars net yn noed sitten. It koe bêst wêze dat ik dreamde, mar honger hie ik yn alle gefallen net mear. Miskien iet ik bôle dy't der net wie, mar dat wie op 't lêst better as gersspruten en plantewoartels dy't der wòl wienen. As ik my dreamende yn libben hâlde koe of mei dreamd iten, wêrom dan net? Ik soe wol wer ris wekker wurde. Oars, om yn dizze dream fierder te libjen, wie ek net slim.
Ik hie leare moatten om it libben te nimmen sa't it op my ta kaam. As ik my ôffrege hie wêrom't de dingen barden, dan hie ik it net útholden, dan wie ik gek wurden, lykas guon oare minsken, of ik wie fertrietlik wurden en stoarn. Koest allinnich oerlibje ast dy oan it libben oerjoechst. Moast net witte wolle wat net te witten wie, mar ite en sliepe en op dyn iepenst wêze. Ik wist net wat der mei my barde, mar wat wie ik der mei opsketten as ik it wol witten hie?
De lege sek haw ik meinommen, dy koe noch wolris fan pas komme, en ik bin werom gien nei de dyk ta. Ik wist wol wat ik út rûn wie, de foarige jûns, en nei miskien in oere hie ik de dyk wer te pakken. Dat hie ik fan 't begjin ôf apart fûn: alles wie stikken en dea en rampoai, mar de wegen slingeren troch it lân as altyd en der mankearde dit noch dat oan.
| |
| |
Ik koe net rjocht waarm wurde, it frear op dat stuit net bot, mar der waaide in kâlde wyn út it westen. De snie wie wêk en wiet en ik sakke der yn wei. Ik krige wiete fuotten en de kjeld loek my omheech nei de knibbels ta. Ik sette de stap deryn, ienris op 'e hurde dyk, om de waarmte te beskrippen. Itensykje die ik net, ik koe my wol op 'e nij iten dreame, rekkene ik. En oars sêch ik it wol.
Ik wit net hoefolle dagen der lizze tusken de earste moeting mei dy seis âlde lju en de twadde en de tredde. Barde it dei oan dei, of sieten der langere tiidrekken tusken? Foar de klap wie it wichtich om de dagen te witten. Sneons hie heit frij, sneins gyngen wy faak nei pake-en-beppe, woansdeitemiddeis hienen wy frij fan skoalle. De iene dei ferskilde fan de oare. Mar neityd rigen de dagen har sûnder ûnderskied oaninoar. Ite en sliepe en oppasse foar gefaar. Allinnich by de Dútsers wie der noch ien bysûndere dei, de snein. Mar dat hat ek mar oan it tiid ta duorre. Doe waarden alle dagen de snein allyk, arbeide waard der net mear.
Dat ik wit it net, ik ha der net om tocht. It kin in dei letter west ha of tsien dagen letter. It makket ek neat út. Op in dei sêch ik har wer rinnen, alle seis, en alle seis mei in sek op 'e rêch. Ik ha it net wer sa foarsichtich oanlein as de earste kear, ik bin har efternei gien en doe't ik by har wie, haw ik de efterste man de sek fan it skouder nommen. Hy liet him samar los en hy foel net om. Hy sêch ek net om. As wie er blyn en dôf en sûnder gefoel, sa strampele er fierder efter de oaren oan, al mar sêft preuveljend of núnderjend. Der siet in hurde bôle yn 'e sek en ik wie wol op 't skik.
En sa is dat noch in kear of wat gien. Miskien meiinoar
| |
| |
fiif kear, of tsien kear. Ik wit it net. It docht der net ta, de bôle rekke net op, dat wie it foarnaamste. Ik bleau yn libben. En it wie goed dat ik de sekken bewarre, want dy kamen fan pas. Ik snie ien ien repen en wynsele my dy om 'e fuotten hinne. Sa hold ik waarme fuotten en ik stie ek stevich yn dy grutminske skuon. Fan oare sekken makke ik in broek en in himd. Ik tocht soms: dit is allegearre ûnwier en te gek om los te rinnen. Mar ik wie tefreden mei myn folle mage en myn waarm liif.
Jeanine en ik sitte soms hele dagen yn it hok. It is lette hjerst en it reint sûnder ophâlden. As it even lichtet, gonne wy der út om te skiten en te pisjen. En ik set dan tagelyk alle lege blikken op in rychje efter it hok, dat de drippen fan 'e golfplaten deryn fâle. Dat skilt my in loop nei de rivier ta. Ik reizgje meastal net sa fier as ik út 'e broek moat, mar it fâlt my op dat Jeanine in heel ein fuort rint. Eigentlik wit ik dat al lang, mar ik ha der noait echt by stilstien. As wy ûnderweis binne en ik moat wat, dan doch ik dat. En dat die elkenien al salang as wy ûnderweis binne. Froulju ek. Earst fûn ik dat gek, mar do wendest deroan. Ik ha wittefaak sjoen dat Ilse en Monika sieten te pisjen. Se sakken troch de kont en lieten it rinne. Soms gyngen se net iens sitten, mar foaroer stean en dan mygden se in lange striel nei efteren ta. Mar Jeanine pisset en docht net as der oaren by binne. Wol se net hawwe dat oaren har bleate kont sjugge? Soe se misbrûkt wêze troch manlju, lykas dat in heel soad oer kommen is, mysels ommers ek? Is se bang dat ik it ek mei har dwaan sil as ik har nêken sjuch? Se moat dochs hast wol better witte. Wy sliepe al nachten byinoar, ticht tsjin inoar oan om waarm te bliuwen. It is
| |
| |
min te rieden wat yn Jeanine om giet en wêrom't se sa docht.
Ik besykje op 'e nij om har oan it praten te krijen. As se gjin wurden kin, dan moat se dochs wol guodden leare kinne? Ik besykje it mar mei it bargedútsk dat wy altiten praat ha. As se dochs alles noch leare moat, kin dat foar 't selde. En Frânsk is my te dreech. Ik sis har in wurd en wiis it tagelyk oan: hân. Ik wiis nei myn eigen en nei harres: 'hân.' Se seit neat, it is net iens te merken dat se troch hat wat ik wol. Ik wiis op mysels en sis: 'Ake.' En dan wiis ik op har en sjuch har oan. Mar neat. 'Jeanine,' sis ik. 'Ake, Jeanine.' 'Jeanine,' seit se heel sêft en se sjucht nei de grûn. It is it iennige wurd dat se oant no ta sein hat. Lize tocht dat it har namme wie en dat haw ik ek oannommen, mar is it wol sa? Of is it samar in wurd dat se ûntholden hat? Ik besykje it mei oare wurden: skoech, broek, hier, noas, ear, mar se seit net in sprek en harket net iens, liket it. Se sit en sjucht foardel lykas gewoanlik en de wrâld giet har foarby.
It is winter wurden. De wyn gûlt út it easten wei en feecht de snie yn in stoarm oer it lân. Dêr't in grouwe stien leit of in strûk stiet, waakst in snieheuvel. Sa ek om ús hok hinne. Op in moarntyd as ik út 'e broek moat, leit de snie fan efteren oan 'e golfplaten ta by ús hok op. Dat mei gjin kwea, it is lekker smûk. Ik bestopje Jeanine en krûp ticht tsjin har oan. Moast de hele winter sliepe kinne, dat wie fierwei it bêste. Der wienen foarhinne bisten dy dienen dat ek, dat haw ik teminsten heard. Kikkerts bygelyks, dy kroepen djip yn 'e modder en de oare maityds kamen se wer boppe. Stikelbargen ek, dy makken in hoale ûnder de
| |
| |
rûchte en joegen har del. Mar ik tink datst dy dan foar de winter earst goed grou ite moast, datst der op libje kinst. Dat hat der mei ús wol oan. Yn alle gefallen is it sa, as wy net bewege, dan ferbrûke wy net in soad iten, allinnich mar om te sykheljen. Dat al sliepe wy net echt, stil lizzen bliuwe is fierwei it bêste.
Oan ien kânt bin ik dochs wol bliid dat Jeanine by my is. Se hâldt my by de wurken en ik sil net sa maklik de kop ferlieze en begjinne te deidreamen lykas doe. Allinne wêze is net goed, dan fertiist yn nuvere tinzen en begjinst alles trochinoar te slaan. Wurklikheid en dream draaie yninoar om en wat wier is en ûnwier ferwikselje fan plak. Trije jier lyn siet ik yn 'e sniepoarte en it is makliker te leauwen dat ik dêr sûnt altiten yn sitten ha, as te leauwen dat ik Claus-en-dy moete haw. Twa jier lyn sieten wy yn Trier, dêr hie ik har de hjerstmis moete. Ferline winter wienen wy meiinoar yn Metz, doe makken wy plannen om nei it suden ta. En no, in jier letter, binne se allegearre fuort of dea. Dàt liket in dream. Mar it is wier. Jeanine helpt my om de wurklikheid beet te hâlden.
Se sliept it grutste part fan 'e dei en dêr bin ik mar bliid om. Se is net sterk en fan sliepen wurdst better. Dat sei ús mem teminsten. As ik heal wie, dan moast ik op bêd want dan knaptest op. Rêste en sliepe. Soms wurdt se wekker en dan giet se der út om te pisjen. Se kin no net fier fuort, it binne allegear sniedunen. As se snoad is, giet se yn 'e lijte fan it hok sitten. Oars krijst de ûnderbroek fol snie en dat is letter sa kâld oan 'e kont. It snijt noch altiten en ik bin bang dat it heel lang duorret foar't al dy snie fuortteid is en wy wer reizgje kinne.
Ik ha yn gjin tiden by de rivier west. Earst heinde ik
| |
| |
wetter yn blikken en no ite wy snie. Ik skep no en dan in panne fol en dêr ite wy hantsjesfol fan op. De snie teit net yn 'e hut, of teminsten, dat giet sa ferrekte stadich dat wy der net op wachtsje kinne. No't wy gjin wetter ha, kinne wy de pasta net te wêk sette. Dy kôgje wy yn lytse stikjes en dan slokke wy it troch. In soad krije wy likegoed net, wy ha net safolle ferlet en ik bin ek sunich. De winter is miskien mei in dei of tritich wol oer, mar dan is it noch lang gjin reisber waar. Dêr gonne dan noch wolris tritich dagen oerhinne.
Wachtsje oant it wer maityd wurdt, dat dogge wy alle jierren wer. Winters kinst neat. Wachtest, pielst wat om, prakkesearrest, ferfeelst dy. Fielst de honger en de kjeld om't neat de sinnen ferset.
Ik rûn mar troch, al mar troch, ridlik waarm yn myn fan jutesekken makke ûnderguod. Doe waard it echt winter. Dy iere sniebuien, dat hie mar in oanrin west, in oankundiging fan wat komme soe. De koartste dei wie al in hoart foarby en doe pakte de winter ta. It frear dat it knapte en de wyn bloes fûl út it noardeasten wei. Ik wraksele my der yn op, mar ik kaam net foarút. Sadwaande koe ik de waarmte ek net beskrippe, ik waard yn en yn kâld. Ik doarst my net del te jaan, want ik hie soarch ik soe dea frieze, dat ik slofte fierder yn dy snijende wyn op. Ynienen foel de wyn stil en der kaam in pak snie sa tsjûk, dat ik it reizgjen ferjitte koe. Dagen efter inoar warrelen grouwe flokken op 'e ierde del en it gedraai en gedoans makke my dwyl. Doe't de snie my oan 'e mul ta rikte, moast ik belies jaan. Ik koe net fierder.
Ik tocht oan myn bernejierren. Snie hie altyd feest west.
| |
| |
Inoar mei snieballen bekûgelje, op 'e slide glide, en ienris, doe't der in grou pak fâlen wie, hie heit in sniepoarte foar my makke. De snie fan 'e oprit hie er op in bult skood en dy bult hie er kant opset en plat slein en doe útholle. It wie in lyts hûske dêr't ik op 'e hûken yn sitte koe. Mem brocht my in kop poeier en in stik koeke. Heit fertelde, yn it noarden wienen minsken, dy wennen altyd yn sa'n sniepoarte. Dat koe bêst, snie wie net kâld. Mar it aldermoaiste fan snie, dat wie de snie sels, sa't dy oer de dakken lei en oer de foartúntsjes yn 'e strjitte. En foaral hoe't er de boerekoal fan pake in wyt petsje opsette.
Soe heit gelyk hân ha datst yn sa'n sniepoarte weinje koest? Ik koe it sachts besykje. Want as ik fan wurgens omfoel en ûndersnijde, dan stoar ik wis. Ik trape de snie om my hinne yninoar en dêrnei naam ik de pionierskeppe om mear snie op de bult te skeppen. It avensearre neat mei sa'n lyts skepke, mar dat koe my neat skille, ik wie dwaande en ik hie in doel. Doe't de bult like heech wie as ik sels, bin ik begûn mei útholjen. It gat koe net te grut wurde, dat begriep ik wol, want dan soenen de muorren it tek net hâlde kinne. Ik wie ek wol sa snoad om de útholling oan 'e súdwest kânt te meitsjen. Fan 'e snie dy't ik útgroef, sette ik in daam op foar de yngong. Sa koe ik de warreljende snie behinderje om yn myn hûs te kommen. Doe't it klear wie, bin ik yn 'e poarte krûpt. Ik wie tige op 't skik en bliid as in bern. Dêr skamme ik my net foar, krekt oarsom, it wie goed dat ik my as in bern fielde, want sa koe ik oerlibje. As grut minske soe ik stoarn wêze, mar as lytsjonge yn in sniepoarte soe ik de winter trochstean.
Ik hie gjin mem mear dy't my poeier en koeke brocht, mar ik krige dochs iten. Op in kear hearde ik wer dat ien- | |
| |
toanige preuveljen en doe't ik op hannen en fuotten ta de sniepoarte útkrûpt wie en om it muorke êge, sêch ik op 'e nij dy seis âlde minsken foarby kommen. Ynienen siigde de efterste yninoar en bleau lizzen. De oare fiif liken neat te fernimmen, se rûnen gewoan troch. Ik wachte in hoartsje en sloep doe nei de man ta. Earst fielde ik oan 'e sek, mar dy wie leech, en doe oan 'e man. Der siet gjin libben mear yn, hy wie kroandea.
De oare deis lei er der noch krekt sa, stiif beferzen no. Ik haw rekkene dat er net tafallich krekt foar myn sniepoarte dea delfâlen wie, mar dat soks in doel hie. Se hienen my der de hele winter trochskuord mei bôle. No't de bôle op wie, joegen se harsels as iten. Ik haw de man de broek út dien en in pear repen fleis fan 'e kont snien. Smaak siet der net oan, ek net doe't it my yn 'e mûle ûntteide. Mar fleis wie it alderbêste iten, wie my leard, it joech krêft. Neityd haw ik it fleis fan syn billen en boppeëarmen snien en oppluze.
Wikenlang haw ik yn myn snieën hûs sitten. Ik libbe fan snie en fleis. Einliken gyng de winter foarby. No en dan reinde it fûl en de sniepoarte begûn te teien. Slimmer wie dat ik it fleis net langer goed hâlde koe. It soe begjinne te rotsjen en fan bedoarn fleis waardst siik. Ik moast wer op reis. Ik haw nije wynsels foar de fuotten makke en ik bin ôf set.
De hele neiwinter en maityd bin ik troch rûn. Ik kaam op 'e nij yn 'e omkriten fan Metz, mar ik gyng noch fierder oant ik yn it heuvellân fan Lúksemboarch bedarre. Ik libbe fan wat ik yn it fjild fûn en nachts kroep ik safolle mooglik yn 'e lijte fan in rotsmuorre of de ruïne fan in hûs. Ik doarst my net goed del te jaan, om't ik oeral gefaar sêch.
| |
| |
Dat wie miskien net nedich, rotten wienen der amper yn it frije fjild en minsken? Ik hie leard om my foarsichtich en sûnder lûd te meitsjen te bewegen, dat as der minsken omswalken, hie ik har fêst earder yn 'e rekken as sy my. Boppedat, it koenen ek goede minsken wêze, ik hie ommers oan no ta mear goeden moete as ferkearden. Op 't lêst haw ik mysels oanpakt, ik moast dêr wei, ik moast nei in stêd ta. Nochris in winter yn it frije fjild soe ik fêst net oan kinne. Miskien it liif wol, mar de holle net.
Yn 'e hjerst kaam ik yn 'e stêd Trier. Dêr woe ik in skûlplak meitsje en in foarried iten oanlizze. Ik hie in bernewein pikt en dêr loege ik yn wat ik oan ytbers fine koe. Der wie noch sûker, hunich, sûkere molke, ynmakke fruchten. Doe't ik dêr omskarrele, stie ik ynienen foar Claus en syn troep.
Ik doch oars net as hinne en wer rinne. Fan Metz bin ik nei de omkriten fan Amiens gien mei de Dútsers. Doe hawwe de soldaten ús meinommen it suden yn. Dy grutte rivier moat de Seine west ha. Dêrwei bin ik it easten yn flechte oant ik by Jean en Lotsy kaam. Doe't dy dea wienen, bin ik fierder gien, oant ik yn 'e simmer yn Lúksemboarch of dy kriten bedarre. Mei Claus en dy bin ik op 'e nij it suden yngien en no gon ik wer werom. Jeanine is by my. Mar ik wit net wat ik mei har oan moat. It wie it bêste dat se mar dea gyng.
It is eigentlik te ier om te reizgjen. De nachten binne noch ferhipte kâld. Mar ús foarried is op, dat wy moatte der dochs op út om iten te sykjen, dat dan kinne wy ek foar 't selde trochrinne ynstee fan iderkear werom te gean nei de skûlhutte ta. Wy sille hjirwei it noarden yn gean. Ik
| |
| |
doar net oer Besançon te reizgjen. Wy gonne oer it heuvellân hinne en ik rekkenje derop dat wy wol op in dyk komme, op 'en doer. Der binne wegen genôch en it hoecht ek net in grutte dyk te wêzen, nee, leaver net.
Folle kinne wy net meinimme, in tas mei ekstra ûnderguod, in pear leppels, in skaaltsje om út te drinken, twa tekkens. En fansels it bajonetmes, de bile en de pionierskeppe. Dêr kin ik net sûnder. Mar ekstra boppeklean kinne wy net meisjouwe. Dat wurdt in te swiere bepakking foar sa'n lange reis. De bernewein kin net mei, dy is net te skowen yn 'e wêke modder.
Ik ha Jeanine net safolle op 'e lea plakt, se hat genôch oan harsels. Se is de winter net goed troch kommen en ik wit net wat it wurde moat.
Wy binne by in brede rivier kommen en dêr rinne wy bylâns nei it noarden ta. It wetter leit rjochts fan ús en der rint in brede dyk by lâns. It noflike is dat wy út 'e wyn rinne. Lofts is in hege rotsmuorre en dy jout ús skûl tsjin de kâlde westewyn dy't de maitydsbuien oer it lân jaget. Ik fiel my ridlik feilich, ek al kinne wy gjin kânt út as der wat bart. Mar hjir binne gjin doarpen of stêden. Dêr is deagewoan gjin plak foar oan it wetter. It hat al in toer west om der in dyk bylâns te krijen. Hjir en dêr ha se fan ûnderen stikken út 'e rots springe litten om plak foar de dyk te meitsjen. De doarpen lizze heger nim ik oan, want út en troch rint der in dyk skean by de rotsen op. Iten is hjir hast net te finen, allinnich wetterplanten. Mar op 'e hegere grûn is ek noch neat, safier is de tiid noch net.
Under in oerhingjende rots skûlje wy nachts. Wy slagge in tekken om ús hinne en besykje te sliepen. Ek al binne wy
| |
| |
net te sjen yn it tsjuster, my goed deljaan kin ik net. Iderkear skrilje ik op en dan harkje ik in set. Mar mear as it polskjende wetter hear ik net. Miskien bin ik dêr wekker fan wurden. Mar it kin ek wol komme fan 'e eangst dy't noait by dy wei is, ek yn 'e sliep net, de eangst foar fijannen. Se komme altiten ast der net op betocht bist.
Wy wienen sa'n tweintich dagen ûnderweis doe't wy by dy rivier kamen. Wy binne net bot opsketten. Ik ha in moai soadsje guod op 'e lea, dat ik fljuch net sa hurd. En om Jeanine kin dat ek net. As ik wat tefolle taset, dan rekket se samar in pear stappen efter en moat ik op har wachtsje. Se ropt net, se seit neat, mar ik hear op in stuit har stap net mear en as ik omsjuch, dan is it wer safier.
Mar it wierre ús ek net mei, it hat wol in wike duorre ear't wy in dyk fûnen dy't nei it noarden rûn. It earste skoft binne wy al mar troch it lân rûn, heuvel op en heuvel ôf. Wy koenen de dellingen net folgje, want dy rûnen ferkeard. Dan begjinst sa te slingerjen datst dûbeld sa lang rinne moatst. De grûn wie min te begean, sa koart nei de winter. Dridzich en sompich, sakkest der yn wei, en sûchst fêst. No avensearje wy wol wat hurder, mar noch net yn 't mâle. Ik bin ek net echt hastich, wy ha noch in hele simmer foar ús. En eigentlik wit ik net iens wêr't ik hinne wol. It noarden fansels, mar wat fyn ik yn it noarden?
Nei nochris in dei of tweintich komme wy by de oerbliuwsels fan in grutte stêd. Hy leit oan wjerskânten fan it wetter en wy sjugge him fan fierren al. Teminsten wat noch oerein stiet, hjir en dêr in stik muorre en in pear mêsten of tuorren. In oerke letter binne wy oan 'e râne fan it pún. Hjir wike de rotsen en it lân rint sêft ôf nei de rivier ta. De earste brêge dy't wy foarby komme is yn 'e midden
| |
| |
ynsakke. Miskien hat it wetter dat wol dien, want foaral de earste jierren hat it ferrekt reind en ik ha faker as ienris sjoen wat de krêft fan wetter útrjochtsje kin.
Alles plat, alles like treasteleas as oeral. Jeanine, dy't oars in eintsje efter my oan bongelt, bliuwt deun by my. Is se bang? Hat se wat meimakke yn sa'n stêd? Al wer in stikkene brêge. Ik tink dat dy rivier de Ryn is, dy leit tusken Frankryk en Dútslân. Dat haw ik fan Claus leard, dy kaam út dizze omkriten. Ik woe wol nei Dútslân ta, want Frankryk hat my net foldien.
Wy fernimme neat. Gjin minsken, gjin rotten, gjin rôffûgels. De wei dy't wy oant no ta oer gien binne, hâld samar op. De rivier hat in hap út it lân nommen en de dyk is fuortslein. Wy gonne in eintsje werom en klimme in strjitte op. No hawwe wy better útsjuch oer de stêd. Hy hat tige grut west, wol sa grut as Metz. Alle bouwurken binne delkommen en it houtwurk fan 'e huzen is foar in grut part fergien, mar der binne ek spoaren fan túch en gers tusken it pún en de rommel. Noch in moanne of in wike of seis, dan sil it op 'e nij útsprute. De wrâld wurdt stadichoan wer grien. Ienris sille al dy púnbulten bedutsen wêze ûnder strûken en beammen, dan is al it âlde fuort. Wat der ûnder leit oan húsrie, bêdeguod, boeken, potten en pannen, dat sil allegear fergean en weiwurde.
Auto's stanne readbrún fan 'e ruost oan 'e kant fan 'e strjitte. Op it rubber ûnder om 'e ruten hinne waakst moas. De bannen binne sa plat as in dûbeltsje. Ik klim op in bult pún om better om my hinne sjen te kinnen. Skean foar my sjuch ik de rivier streamen. Ik kin hjirwei fjouwer brêgen sjen. Dêr is fêst wol ien by dêr't wy noch oerhinne kinne, rekkenje ik. Ik gon werom nei Jeanine en rin dan fierder.
| |
| |
Wy moatte sjen dat wy in dwarsstrjitte fine om wer nei ûnderen te kommen.
De brede strjitte dy't wy nei in setsje oan ús rjochterhân krije, giet rjocht op in brêge oan. Mar fan boppen ôf is dúdlik te sjen dat dy brêge yn 'e midden ûnder wetter leit, of miskien wol helendal fuort is. Wy rinne dochs mar nei ûnderen ta, der komme mear brêgen. Nei alle gedachten ha der foarhinne ek wol lytsere en gruttere skippen oan 'e kaaien lein, mar no is der neat mear. Se binne tink losslein en fuortdreaun, of se binne sonken. No komme wy by de twadde brêge, en dy is better, mar dochs net sa geef as it niis fan boppen ôf like. Op twa plakken is er tusken de pylders brutsen en dûkt er in eintsje ûnder wetter. Mar net sa fier liket my ta. Miskien is er te bedjipjen. En oars, der sitte oan wjerskânten hege stekken bylâns, dêr'tst dy oan beethâlde en foarút lûke kinst. Wy moatte it mar besykje. Ik stap de brêge op en sjuch hoe't it der fan tichteby útsjucht. It liket net sa min, de ynklapte stikken sitte noch wol oaninoar fêst en se lizze net mear as in meter ûnder wetter. Deun by it sket lâns, dat oeral noch boppe it wetter útstiket, moat it te dwaan wêze. Ik moat Jeanine der earst mar oerhelpe. Ik sjuch om. Se stiet wol tweintich meter fan my ôf oan it begjin fan 'e brêge. Tinkt se dat ik wol werom kom of doar se de brêge net op? Ik rin werom en nim har by de hân. Se lit har meilûke, mar se is bang. It wetter brûst ek noch mâl, sa flak nei de maitydsbuien. Ik hie in tou ha moatten, dat hie feiliger west, mar it moat sa ek wol kinne. Ik nim Jeanine by de hân en pak de leuning beet. Ik betsjut har om de leuning ek beet te pakken. Dan stap ik it wetter yn en lûk har mei. Ik kin fiele en sjen hoe bang as se is, mar ik set troch. Ik gon fuotsje foar fuotsje fierder oant
| |
| |
ik oan 'e mul ta yn 't kâlde wetter stan. Dan fiel ik in gat foar myn foet. Ik lis Jeanine har hân op 'e leuning en gon allinnich fierder. Ja, dêr fiel ik in richel, it moat it oare stik fan it dek wêze. It is hjir brutsen, mar it leit noch ticht tsjininoar oan. Ik gon efter Jeanine stean en lis myn hannen op harres. Ik ferset har hannen stikje foar stikje en ik stomp mei de knibbel tsjin har skonken oan. Dy moat se ek fersette. Ik fiel hoe't de hannen har trilje. No moat se omheech stappe. Ik pak har by de kont en til har omheech, ik sko har by it oare part fan 'e brêge op. Se fielt grûn, se hat it begrepen. No ferset se de hannen heel hurd en klimt by de leuning lâns út it wetter wei. Ik nim in stap en kom har nei. Se hat it no foar it snotsje, by de twadde brek yn 'e brêge hoech ik har amper oan te trunen. Se baait it wetter yn en lûkt har oan 'e leuning foarút. Samar binne wy oan 'e oare kânt.
Ik doch de broek en de ûnderbroek út en wring se út. Dan doch ik se wer oan. Ik wol hawwe dat Jeanine itselde docht, mar se wol perfoarst net. Sels mar witte. Wy moatte mar flink trochstappe, dan kinne wy waarm wurde. Oan 'e oare kânt de brêge is it krekt sa'n rottige boel fan pún en rotsoai. Dêr rint krektsa in dyk by it wetter lâns. De huzen oan 'e dyk hawwe kelders, en dy stanne fol wetter. De rivier hat foarhinne tink noch folle heger stien as no.
Nei in skoft rinnen binne wy ta de stêd út en wy komme wer yn it frije fjild. Der is in grut ferkearsplein en wy kinne wol trije, fjouwer kânten út. Ik kies foar it easten. Wêrom, dat wit ik net. It liket my gewoan it bêste ta.
Ynienen is dêr dy auto. Wêr't er sa gau weikommen is, ik wit it net. Ik haw neat oankommen heard, of, doe wie it al te let, doe hienen se ús al sjoen. It is in auto sûnder
| |
| |
dak, grienferve, en der sitte twa soldaten yn mei in helm op. In jeep hyt sa'n auto. Ik taast nei de bajonet. As se gewearen ha, kin ik neat begjinne, mar oars, dan sil ik fjuchtsje. De auto bliuwt stean en de soldaat neist de sjefeur stapt út. Hy komt op ús ta. 'Hee, dêr, wat sille jim?' ropt er yn it Dútsk. Tagelyk haw ik troch dat it net in man is, it is in frouljuslûd. Ik sis neat, ik wit net wat in goed antwurd is. Se komt op ús ta en se besjucht Jeanine fan boppen oant ûnderen. Dan nimt se my op. Se docht my de mûts ôf en fielt oan myn hier. De soldaat efter it stjoer ropt wat, ik ferstan it net, mar ik tink op 'e nij dat it in frouljuslûd is. De soldaat pakt Jeanine en my by it skouder en triuwt ús nei de jeep ta. Wy moatte efteryn sitten gean. 'Namme?' freget se. 'Ake,' sis ik. Ik wiis op Jeanine en neam har namme. 'Wy binne Ryk en Rak,' seit it frommes. Se sjucht ús oan, de lippen ferlûke net ûnfreonlik. 'Hi-hi,' docht se.
|
|