| |
| |
| |
Haadstik sân
In swiere winter
Bytiden reint it slim en dan sitte wy mar wat byinoar. Wy ha neat te dwaan. Boppedat, wat minder't wy bewege, wat minder iten as wy ferbrûke. André, Micha en Sjan sitte trijeresom yn in hoeke. No en dan prate se, mar ik begryp der net folle fan. Jeanine sit neist my, se sjucht mei har dom snútsje fan de iene op 'e oare. Ilse hinget tsjin Claus oan. It wurdt alle dagen dúdliker dat se Ineke har plak ynnommen hat. Se wurdt bazich, no en dan hat se fan dat praat fan 'Claus hat sein fan sa' en 'jim wit wol wat Claus sein hat'. Se wol partsje yn syn gesach. It is noch mar in koart skoft lyn dat wy frijd hawwe, tink ik. Sa'n moaie dei komt noait werom. It wie doe noch in heel oare Ilse.
Ik sjuch tsjin 'e lange winter oan as wy hjir dei út dei yn meiinoar sitte moatte. It komt fêst ta in botsing tusken Claus en my. Ik bin de iennige dy't him wjerstean kin, teminsten mei de mûle. Ilse hat syn partij al keazen en Jochen is in sûch. Mar no sit er noch yn syn hoekje en stumet. Hy liket net te merken dat Ilse op him om hinget, mar fansels fernimt er it wol. Hy doar har noch net iepentlik oan te heljen en ús dêr mei dúdlik te meitsjen dat sy no it plak fan Ineke beset. Mar dat komt skielk wol.
Soms fljucht it my oan en dan rin ik derút. Nei de fierste
| |
| |
skuorre ta dêr't wy in stik of tolve golfplaten ôf helle ha en dy't no foar waar en wyn leit. De sydmuorren fan 'e skuorre binne makke fan taaie modder. Tusken steande balken stanne stokken dy't mei kramtried oaninoar fêst set binne, en dy stokken binne fan bûten en fan binnen beklaaid mei skiere modder dêr't reid of strie trochhinne mjukse is. Hjir en dêr misse der hoeken modder út en sa kinst sjen hoe't it makke is. It is in wûnder dat soks it sa lang úthâlde kin yn waar en wyn. De foar- en eftergevel binne makke fan rûge planken. Mei in ein peal stomp ik dy planken los. It wol net altiten likegoed, de planken binne soms taai en de spikers noch geef en dan moat ik se loswrikke. Mei de bile huf ik it hout yn stikken en bring it dan nei de neiste skuorre ta om te droegjen. Ik steapelje it sa op, dat der wat lucht tuskentroch spylje kin. Ik fiel even oan 'e klean dy't hingje te droegjen fan ús lêste sneuptocht. Mar it is yn 'e skuorre like wiet as bûtendoarren, it droeget gjin sprút.
Jeanine keutelt my alles efternei. En noch faker rint se my foar de fuotten. Ik moat har warskôgje foar de bile en it fuotspattende hout. Ik skrabje my de harsens om alle Frânsk byinoar te krijen dat ik kin, en lis it har út: dêr stean bliuwe, gefaarlik, ôfbliuwe! Mar ik koe it likegoed skite. Se begrypt it net, se sjucht my mei har dom snútsje oan en as ik wat te lûd rop, dan wurdt se bang. Se rint lang net lyk, se is der noch folle slimmer oan ta as Hanny.
Ik piel leafst wat om, sjuch hjir even, doch dêr in hantaast. Yn 'e hûs hâld ik it bytiden net út. Der hinget in swiere stilte. As Claus al ris wat seit, dan is dat tsjin Ilse of Jochen. Tsjin my hat er neat mear sein sûnt wy wurden hân ha oer Jeanine. Hy beart as bestan ik net en hy hellet
| |
| |
Jochen nei foaren ta. It is alwer it âlde spultsje fan Claus, earst hat er Borg en my tsjininoar opset, no besiket er Jochen op syn hân te krijen om my tebek te setten. En Ilse docht osa út 'e hichte, se begjint de manearkes fan Ineke oer te nimmen. Ik ha myn nocht. As ik allinne wie, dan gyng ik fuort, ek al stiet de winter foar de doar. Mar ik ha in bongel oan 'e poat. Hie ik Jeanine dan lizze litte moatten? Se wie wol deagien en dan hie se der mar ôf west. It hie miskien better west. Mar ik koe har net oan har lot oerlitte, ik woe besykje om har yn libben te hâlden. Der binne dingen dy binne stom, mar moatst se lykwols dwaan, kinst net oars.
As ik op in neidei wer yn 'e hûs kom, nei't ik wat ompield en omgnúske ha, dan is der wat dat doocht net. Jeanine, sa dom as se is, se merkt it ek. Se pakt myn hân beet. Ik gon sitten dêr't ik altyd sit. 'Houtsjes kappe?' freget Jochen. Hy seit oars noait wat út himsels. Ik knik. Claus stjoert Ilse en Jochen fuort om wat blikken te heljen. Sels stekt er it fjoer oan mei in oanstekker. Earst wat droech gers, dan fine prikjes, it rikket earst slim, mar strak as it hout goed baarnt, bekomt it wol.
Ilse siert noedels. Dêr sil se aansent in pear blikken fruchten trochhinne riere. It fruit is miskien bedoarn, mar noch wol te iten. Claus set de boarden en koppen út. It is in byinoar socht spultsje, wy hawwe fan alles mar in pear dingen. Elkenien sjucht dernei, dat is alle jûnen sa. Iten is it alderbelangrykste. Ik sjuch dat der mar njoggen dingen del set wurde, en ik haw it eigentlik fuort wol troch. Foaral ek om't gjinien wat seit. Allegear sjugge wy dernei en allegearre witte wy dat der ien te min is. Mar gjinien seit wat. Dan set Ilse de panne op 'e grûn en lit der in pear blikken
| |
| |
fruchten yn sakje. Claus skept de boel trochinoar en dan begjint er om te partsjen. Hy skoot de boarden en koppen oer de planken flier nei elk ta. Jochen, Micha, Hanny, my, André en sa it rûntsje om. Mar hy slacht Jeanine oer. As er sels syn poarsje ek nei him ta helle hat en begjint te iten, freegje ik: 'En wat sil dit? Wêrom krijt Jeanine gjin iten?' It wurdt deastil, se hâlde allegearre op fan iten. 'Do hiest dy opfretter dêr mar bliuwe litte moatten,' seit Claus. 'Do hast har oanhelle, do moatst der ek mar foar soargje.' 'Ik sei ek noch: lit dat bern mar lizze,' seit Jochen. 'Wy hawwe André-en-dy net oan har lot oerlitten,' sis ik. 'En wy hawwe Henk en Martha meisleept doe't se siik wienen.' Ik sko myn poarsje iten nei Jeanine ta en betsjut har dat se ite moat. 'Wy sille der oer stimme,' seit Claus. 'Wa seit dat dat bern iten ha moat, hin?' Ik stek de hân op, de twa Frânske famkes ek, mar dy litte him wer sakje as se sjugge dat Claus it ek net docht. Ik krij allinne stipe fan Lize, dy dappere Lize. Se hie it better net dwaan kinnen, want no leit sy der ek út. 'Hast it sjoen?' grommelt Claus. Ik haw it sjoen, en no begryp ik ek wêr't se oer praat hawwe doe't ik bûtendoar om gnúske. 'Kinst wol poddestuollen sykje,' seit Ilse. 'It wurdt moarn moai waar.'
Ik drink in soad wetter om de ratteljende mage ta swijen te bringen en ik gon ier nei boppen ta. Jeanine komt daliks efter my oan.
De dagen dêrnei gonne Jeanine en ik op sneuptocht as it waar it mar in bytsje ta lit. Eigentlik lit it waar it helendal net ta, it is gekkewurk, mar ik kin net sûnder iten. Ik woe wol dat Jeanine thús bleau, dan koe ik hurder avensearje, mar dat kin 'k har dochs net oan 't ferstân krije. Ik moat
| |
| |
har meilûke, de heuvels op en dan wer werom nei hûs. Ik krij de mage wol fol, ek al is der net sa folle mear yn 't fjild. Alles wat te iten is, dat yt ik. Claus moat net miene dat ik belies jou. Mar ik sit yn noed oer Jeanine, dy kjeld en wiette is net goed foar har. Se rochelt en hoastet en as wy even stil stanne, dan sjuch ik har triljen. By de kachel sil se jûn wol wer opwaarmje en myn poarsje iten sil har goed dwaan, mar ik bin bang dat se net sterk genôch is foar dit omswalkjen yn waar en wyn.
Op ús swalktochten ha wy ek wer yn dat doarpke hegerop oan 'e rivier west. Der stiet eigentlik neat mear oerein, mar ik soe wol in skûlplak meitsje kinne fan âlde planken. Sels sûnder hammer en spikers soe ik dat wol rêde kinne. As ik allinne wie, dan die ik it. Mar dan moat Jeanine ek libje fan wat it fjild opsmyt en hjir nachts kjeldlije, en dat kin net. Ik gon alle jûnen wer nei hûs om har. Sa woe Claus my dus lytsman meitsje, net streekrjocht, mar oer de rêch fan it famke. It fâlt my fan him ôf dat er net rjocht troch see giet. As er my slite woe, hie er dat sizze kinnen. Ik wol sels ek net langer by de groep bliuwe. As de winter net foar de doar stie, gyng ik daliks op reis. Dat altyd baaswêze wollen fan Claus, dêr hat er him by einsluten sels mei te pakken. Borg hat er fuortpest en no my.
Op in middei dat wy dêr wienen yn dat buorrentsje, reinde it sa ôfgryslik dat wy net werom koenen. Doe haw ik in foech ôfdakje makke en dêr hawwe wy de hele nacht ûnder sitten. Ik haw Jeanine fuorre mei wat ik opfandele hie, en dat wie net in grut soad. Doe't wy werom kamen, de oare deis, die Claus wakker ferheard: 'Ik tocht dat jim ôfset wienen.' De jûns wurdt der net in wurd sein, der wurdt swijend iten en as Jeanine harres behimmele hat, gon ik
| |
| |
daliks mei har nei boppen ta. Ik haw der ek al oer prakkesearre om him foar te slaan dat er my myn part fan it iten jout, dan soal ik wol op. Mar dat docht er fêst net. Hy lit der fansels oer stimme, en dan krij ik neat. Ik mei wol gean, mar ik krij neat mei.
Wy hawwe twa nachten yn ús skûlplak sitten. Sa bot reinde it oars net, mar Jeanine wie net ynoarder. Se koe dat ein net rinne en sjouwe koe ik har ek net. Dat wie fierstefier. Tusken de buien troch haw ik it fjild yn west om iten op te fandeljen, mar se hat der net folle fan nommen. Ik tink dat Jeanine it earder goed fan iten en drinken hân hat, doe't se noch by dy frou en dy manlju wie. No't se fan poddestuollen en ynblikte fruchten libje moat, ferswakket se. Se is der net oan wend lykas wy.
Ik sil werom moatte, dan kin se wer opknappe yn 'e waarmte en mei wat iten. De moarns sette wy ôf, de dyk del, dat rint it noflikst. En minsken binne hjir dochs net. Der waait in kâlde westewyn en wy skowe der foaroerbûgd yn op. No en dan bliuwe wy even stean, dan moat Jeanine bekomme. Se himet en dan begjint se ek wer te hoastjen. Ik trún har oan om troch te setten, it is in oere of wat rinnen en ik wol leafst op 'e tiid thús wêze, yn alle gefallen foar't it wer begjint te spielen. Ik bin bliid as wy einliken de skuorren sjugge, no binne wy der hast. Jeanine moat droege klean oan ha en dan yn 'e waarmte.
As wy yn 'e skuorre komme, fine wy André. Hy is dea. Claus! tink ik earst. Mar sa gek sil Claus net wêze, hy hat ommers fan André gjin sprút lêst. It bloed oan 'e holle is bedroege, hy leit hjir al even. Ik betsjut Jeanine dat se wachtsje moat en ik gon de hûs yn. It is stil, der is gjinien
| |
| |
yn 'e keamer. Ik rin de trep op nei boppen ta, dêr is ek gjinien. Binne se allegearre fuort op André nei? Ik gon de trep del en rin nei bûten ta in slach om it hûs hinne. Fuortendaliks sjuch ik se lizzen, op ús tún, Claus en Jochen, beide dea. Se binne deastutsen of deasketten, dat kin ik net sjen. Ik êgje om my hinne en harkje, mar der is neat te fernimmen. Dy't dit útheefd ha, binne al wer fuort. Ik rin in rûntsje om ús hûs en de skuorren hinne, en dan noch in widere rûnte oant by de rivier lâns en de foet fan 'e heuvels, mar ik fyn de oaren net. De fammen binne fuort, de jonges dea.
Ik helje Jeanine op en wy gonne de keamer yn. Ik fiel oan it hurdstee. It is kâld, der hat juster al gjin fjoer mear yn baarnd. Ik sykje in oanstekker en meitsje fjoer. Ik wol wat iten meitsje en dan prakkesearje wat ik dwaan moat. Dy kearels dy't Claus-en-dy deamakke ha, dy moatte fan Besançon kommen wêze. As se fan 'e oare kânt kommen wienen, dan hie ik se fernimme moatten, dan wienen se by ús skûlplak lâns kommen. Miskien binne se hjir tafallich hinne rûn of riden en ha se ien fan 'e groep bûtendoar omspanen sjoen. Of de reek út 'e skoarstien hat it him dien. Ik helje hout út 'e skuorre en in pak spagetty. De blikken en pakken binne der allegearre noch, sa te sjen. Dêr hat it har net om te rêden west. Ik set wetter op it fjoer en dan helje ik droege klean foar Jeanine en my. Se sille net daliks werom komme, mar likegoed is it hjir net mear fertroud. Wy moatte fuort.
As Jeanine it iten op hat, fâlt se yn 'e sliep. Ik lit har lizze. Wêrom sille wy nei boppen gean no't wy it ryk allinne ha? Ik ha gjin sliepen yn 't sin, it is drok yn myn holle.
| |
| |
Hawwe it deselden west dy't wy yn Besançon sjoen hawwe? Dat wienen net sokke noflike lju. Se lieten in frou en in famke foar dea lizze. En miskien binne se dêrnei op syk gien nei oare froulju. Kearels fan itselde slach as dy't ús fort doe oerfâlen hawwe, dy wie it ek om famkes te rêden. De manlju skeaten se dea. As ik goed rekkenje, dan moat dat no al mear as fjouwer jier lyn wêze dat de soldaten ús oer it mad kamen. Ik hie doe twa jier by de Dútsers ferkeard.
Efterôf tink ik dat it gjin echte soldaten wienen, se sille wol in kaserne plondere hawwe. Wy hearden de auto's oankommen en guodden rûnen ta de poarte út. Swier brommend kamen de auto's de heuvel op. Der hie noch wol tiid west om út te naaien, it fjild yn. Se hienen ús mei de auto's net nei komme kinnen want dy soenen fuortsakke wêze yn 'e wêke modder. Mar wy sêgen dy manlju net sitten yn 'e laadbak fan 'e auto's. Wy wisten ek net dat se kwea yn 't sin hienen. Se wienen al heel ticht by ús foar't wy se sêgen en ek dat se gewearen hienen. Doe stode elkenien it fort yn, mar dat joech neat, dat wie it domste wat wy dwaan koenen want doe sieten wy opsletten. De doar dêr't de poarte mei sletten wurde moast, dy wie noait makke. Se kamen ús efternei en begûnen daliks te sjitten. Se praten net, se fregen neat, se skeaten daliks. Se koenen wol sjen dat wy gjin kwea yn 't sin hienen. Wy hienen ek helendal gjin wapens. Mar se hienen aardichheid oan moardzjen, dat wie daliks de earste deis dúdlik. Se kamen mei in man of fjouwer troch de poarte en skeaten op alles wat beweegde. De measten fan ús wienen al fuort dûkt yn 'e keamers, mar dêr wie fierders ek neat dêr'tst dy efter ferskûlje koest. De soldaten gyngen yn 'e doarsgatten stean en skeaten yn
| |
| |
it healtsjuster op 'e lju dy't yn in hoekje krûpt wienen. Doe hold it sjitten op, mar oeral heardest geskriem en gekjirm fan minsken dy't ferwûne wienen. Der kamen mear soldaten de poarte troch. Se begûnen de minsken dy't noch libben út 'e keamers te driuwen it binnenplak op. Se setten de manlju op in rige en skeaten se dea. Dêrnei wienen de froulju oan bar. Twa froulju dy't in bern ha moasten, skeaten se ek dea. De oare trije swiere froulju wienen tink al earder dea rekke. In stik of fiif soldaten pakten froulju beet en smieten har oer de grûn en neukten mei har. De oare soldaten holden ús mei it gewear yn betwang. Dêrnei neukten de oare soldaten. Doe't se allegearre neukt hienen, skeaten se de âldere froulju dea. De jongere froulju en de bern bleauwen oer. It wie mar in lyts ploechje fan fyftjin of tweintich. Mark wie der net by, ik haw him noait werom sjoen. Hy sil wol dea yn ien fan 'e keamers lein ha. Se namen ús fiif bisten mei en brachten se nei de auto's ta. Se bûnen de bisten de poaten fêst en tilden se manmachtich op 'e auto's. Dêrnei moasten de bern en de froulju op 'e auto klimme en wy waarden ek fêstbûn. De soldaten klommen yn 'e laadbak en wy gyngen fuort.
Wy rieden de fjilden troch dêr't wy in jier earder om planten socht hienen. Ik rekkene dat wy it suden yn gyngen. Ik miende dat ik it doarp sêch dêr't wy sliept hienen, mar wis wie ik net, it like allegearre opinoar. It wie in hele lange rit en wy hotsten yn dy bak hinne en wer. Der sieten froulju en bern om my hinne te snokkerjen. Ik wie eigentlik net sa bang. As se ús ek deameitsje woenen, dan hienen se dat daliks wol dien. Se hienen tink in oar doel mei ús. De soldaten dronken út flessen, it sil wol drank west hawwe. Se sieten te sjongen, ik koe it net ferstean, mar it hearde wol fleurich.
| |
| |
Tsjin 'e jûntyd rieden wy in kamp yn. Der wienen in stik of trije grutte tinten en in lytse healrûne barak fan golfplaten en in pear karavans. En der wienen in heel soad auto's, frachtauto's mei in iepen bak lykas uzes en jeeps. En der wienen in heel soad soldaten. Se skeaten yn 'e loft doe't wy it terrein op rieden. Guodden fan ús begûnen al wer te moartsjen, mar dat hoegde net, se skeaten net op ús. De fuotten waarden ús losmakke en wy moasten fan 'e auto ôf klimme. Jonges en fammen waarden útinoar helle. Ik moast mei noch in stik of acht jonges nei de barak ta rinne. Dêr waarden wy op 'e grûn treaun en de fuotten waarden ús wer fêstbûn. Wy hearden bûten hyltiten roppen en razen en soms ek laitsjen. Soms like der in âljend frouljuslûd tusken te wêzen. Doe't wy dêr in pear oeren lein hienen, kamen der in pear soldaten mei bakken iten en in hânfol leppels. Se makken ús de hannen los en wy krigen elk in leppel. Ik wist net wat it wie, it like wol fynpaaide jerappel mei stikjes fleis der troch. It wie skimerich yn dy barak en ik koe it net goed sjen. Mar it smakke goed, better as wat wy de lêste tiid hân hienen.
It waard ús de dagen dêrnei dúdlik wêrom't se ús meinommen hienen. Wy waarden brûkt foar it wurk en foar it neuken. Ik moast mei de oare jonges helpe om skjin te meitsjen. De karavans, de tinten, de auto's en de klean fan 'e soldaten. Wy waarden gewoanlik yn ploechjes fan trije of fjouwer yndeeld, en der wie altyd in soldaat by ús mei it gewear yn 'e hannen. As wy oan 't feien en poetsen wienen, hong de soldaat by ús om of hy gyng op in stoel sitten en smookte in sigaret. Se rôpen tsjininoar en makken wille. Ik koe it net ferstean, it wie wer in oare taal as de groep prate dêr't ik earst by west hie. It is my letter dúdlik
| |
| |
wurden dat it Frânsk wie. Se makken in hele bulte wille en se liken in bêst sin te hawwen, mar se wienen net te fertrouwen. Samar koenen se lilk wurde en dan raasden en balten se en skeaten yn 'e loft. Wy moasten persys dwaan wat se woenen, oars waarden se razende lilk en leinen it gewear op ús oan. Doe't in soldaat op in kear in frou by de hûd pakte en de frou begûn te razen en tsjin te akseljen, doe sloech er har mei de kolf fan it gewear foar de kop dat se dea del foel.
Wy wienen doe by it waskplak oan 'e rivier. In lyts eintsje rinnen fan it kamp ôf wie dy rivier. Hy wie ferskriklik breed, koest de oare kânt net iens sjen. Eigentlik like it wol in see, mar it wetter wie swiet, dat it moast in rivier wêze. By de rivier stienen grutte bakken, dêr moasten wy wetter yn skeppe mei amers en dan de klean dêr yn op en del dwaan en der yn om knipe. De smoarchste plakken moasten wy mei in bjinder en sjippe skjinmeitsje. De klean wienen faak fetgoar, de soldaten sieten altiten oan dy auto's te prutsen en de klean sieten fol swarte oaljeflekken. It wie swier wurk, de rêch begûn sear te dwaan en de earms waarden wurch, mar even ophâlde mocht net, dan stie de soldaat daliks efter dy mei it gewear en hy rôp en raasde. It wie net te ferstean, mar wol te begripen. Koest wol heare oft se lilk wienen of as se wille makken. Mar beide kearen wienen se net te fertrouwen. As wy de wask polske en bjindere hienen, dan moast der nij wetter yn 'e bakken en dan moasten wy spiele. Dêrnei moasten wy it wetter derút knipe. Dan kamen de útwosken klean yn 'e auto en dy ried efter ús oan werom nei it kamp ta. As it droech waar wie, hongen wy de wask bûten te droegjen. Reinde it, dan kaam de wask yn 'e tinte dêr't it iten klear makke waard.
| |
| |
Dêr baarnde in kachel en dêr wie it waarm en droech.
De auto's makken wy ek skjin by de rivier. Mei amers wetter en in bjinder wienen wy dan oan 't skrobjen. De auto's wienen altiten smoarch, want de soldaten hienen der nocht oan om troch de modder en de wetterplassen te jakkerjen dat de kluten omheechskeaten en it wetter oer de moterkap en de ruten spatte.
Nee, it soenen gjin echte soldaten wêze. Echte soldaten fochten tsjin 'e fijân en dy skeaten gjin gewoane minsken dea, lykas dizzen dienen. It wienen fêst manlju dy't klean en auto's en gewearen út in kaserne helle hienen. Noait mear as de helte fan 'e soldaten wie yn 't kamp, de oare helte wie fuort mei de auto's. Se sille de hele omkriten wol troch riden wêze om dingen te sykjen dy't se brûke koenen. Foaral iten en drinken en besine. Ik tink dat se besinepompen fûn hienen dy't noch wurken of dat se sels besine út in tenk pompten. Se wienen helendal net sunich mei de besine, se jakkeren altyd yn dy auto's om, dat se ha fêst foarried genôch hân. Se bleauwen soms in pear nachten wei en dan kamen se thús mei in auto fol guod. Blikiten, plestik flessen mei wetter, flessen wyn, drank, sigaretten, blikjes bier, kofje. Wy moasten helpe mei útladen en de foarried waard opburgen yn 'e itensierderstinte. Soms kamen se ek thús mei nij bêdeguod, matrassen en tekkens, of bulten sokken en ûnderguod. Wat se sels net hoegden, mochten wy dan wol wat fan útsykje.
As der in auto werom kaam, gyng it fêst op 'en sûpen. Dan wienen se gefaarlik, want se wienen sa gek as idioaten en sieten hieltyd mei de wapens te donderjeien. As se gek yn 'e kop wienen, dan heefden se fan alles út. De lege drankflessen omheech goaie en dy stikken sjitte. Ek wol
| |
| |
lieten se ien fan ús doansje. Dan mikten se op de fuotten en dy jonge moast dan hinne en wer springe om de kûgels te ûntwiken. Op in kear waard ien razende lilk op 'e oaren. Wêrom, dat wit ik net. Hy pakte it gewear en skeat twa oare soldaten dea. Wy kroepen allegear yn in hoekje en besochten efter de blikken mei iten te skûljen. Doe gyng er nei bûten ta en it sjitten begûn op 'e nij. Wat der fierder bard is, wit ik net. Ik doarst net út it skûlplak te kommen. De oare deis wienen der trije soldaten dea, ek dy kearel dy't begûn wie te sjitten. Twa oaren wienen tink rekke troch kûgels, dy leinen op in tafel en jammeren no en dan. Ien derfan is nei in pear dagen deagien, de oare is wer better wurden, mar dy koe net goed mear rinne, hy kreupele wat. Wy moasten de deade soldaten op in frachtauto hise en doe ried dy nei de rivier ta. Dêr moasten wy de deaden yn it wetter smite.
It foardeel wie, as se goed dronken wienen, dan koenen se net mear neuke. Se pakten de famkes wol beet en skuorden har de klean út, mar de kul koenen se neat mei wurde. Se wienen sa dronken, dat se koenen net iens mear goed prate en se nukten samar om en leinen op 't lêst oer de grûn te koarjen. Ik ha der wol oer prakkesearre om dan út te naaien, want as se dronken wienen, dan fergeaten se soms om ús fêst te binen of se dienen it net goed. Mar ik doarst net. By nacht soe ik ferdwale kinne. Ik hie allinne mar oan 'e rivier ta west en dêr rûn it dea. Ik soe earst it paad better witte moatte. Boppedat koest net witte oft se allegearre wol goed dronken wienen. Soms hienen se nachts wachtposten, mar net altiten. Ik ha der ek wol oer tocht om in mes te pakken en dat yn myn skoech te triuwen, dan koe ik my lossnije. Mar dat like my te
| |
| |
gefaarlik. As se dat by my fûnen, skeaten se my fêst dea.
It is al wer sútrich waar as ik moarns wekker wurd. Jeanine snoarket noch troch en ik lit har lizze. Ik gon nei bûten ta en êgje om my hinne. Der is neat te sjen. Ik sykje in skeppe en ik dol in gat yn it tún tusken Claus en Jochen yn, dan hoech ik har aansent net sa fier te ferslepen. It graven wol net bêst, de grûn is tichtslein fan it fûle reinen. Ik meitsje in gat fan twa meter lang en ien meter breed, dan kinne se der wol neistinoar yn. It gat hoecht net sa djip, in heale meter is mear as genôch. Jeanine komt by my en se sjucht nei wat ik doch. Ik wit net oft se begrypt dat de deaden yn dat gat moatte. Ik stek de bats yn 'e grûn en gon mei har yn 'e hûs. Ik helje in blik fruchten op en jou har de helte derfan. Sels haw ik ek al wer honger krigen. Ik doch it my net lang oan tiid. Eigentlik wol ik jûn noch fuort.
It kostet my folle mear tiid as ik ferwachte hie. It dollen is swier wurk. Twa meter lang hoecht ek net, tink ik. En in heale meter djip is ek net nedich. Ik lis de bats oan 'e kânt en pak Claus by de ankels. Hy is swier, it is in hele hys. Hy leit mei de earmen fansiden en nimt sa daliks de hele kûle yn beslach. Ik besykje om de earmen rjocht te bûgen, mar dat wol net. Dan mar net. Ik lûk Jochen nei it gat ta en lis him neist Claus. En dan André. Ik merk no hoe'n licht fintsje dat west hat. Sa, en no de modder der wer oerhinne. Ik sljochtsje it heuveltsje wat.
It wurdt al skimerich as wy ôfstekke. Ik ha in bernewein fol lûge mei blikken en pakken en der in bulte klean boppe op lein. Jeanine haw ik in pear tekkens om 'e rêch bûn. Dy moat se wol tille kinne. En sa bliuwt se droech en waarm.
It is nearenacht as wy yn it doarpke oan komme. Ik triuw
| |
| |
de bernewein ûnder it ôfdakje en dan krûpe wy der tegearre neist. Ik helje de tekkens fan har rêch ôf en tear ús beide ien om 'e lea. Sa sille wy fannacht wol sliepe kinne.
Ik meitsje noch trije kear in loop nei ús âld hûs ta. Jeanine haw ik net mei, dêr haw ik mear lêst as help fan. Ik helje alle iten op en noch mear tekkens. En ek in sêge, hammer, knyptange en spikers. Ik wol besykje om it skûlplak helendal wyn- en wetterticht te meitsjen foar de winter. It is in heel gesjou. Ik reizgje op en del mei twa berneweinen. De iene sko ik en de oare lûk ik. Ik haw in ein tou om 'e mul slein en dat oan it hânsel fêstset.
As ik thús kom en Jeanine sjucht my oan, dan liket it dochs wol dat se bliid is dat ik wer by har bin.
Sûnt Mark der net mear wie, socht ik kontakt mei de oare bern. As de soldaten ús jûns fêstbûn hienen, sêgen se net mear nei ús om en dan koenen wy wol wat meiinoar prate. Nei twa jier koe ik dat bargedútsk wol aardich neikomme. Mar ik wie net te gemiensum, ik besocht myn eigen paad te finen. Ik woe net meisleept wurde yn dy oare bern har aventoeren. Se hienen plannen om út te naaien. Se wisten noch net krekt hoe. It koe bygelyks as wy by de rivier wienen. As der dan mar ien soldaat wie, soenen wy dy mei ús allen pakke kinne en him deasjitte en dan fuortrinne. Gauris wienen wy mei in ploechje fan seis of acht oan it waskjen, as wy dan tagelyk op him oanfoelen, koe er neat begjinne. It like my net goed ta. Dy soldaten wienen meastal op har iepenst, útsein as se smoardronken wienen. En dy oare soldaten soenen ús fêst efternei komme as se har maat dea fûnen. Yn 'e auto's hellen se ús samar yn. En se koenen tûk sjitte, dat hie ik faak genôch sjoen as se oan 't oefenjen
| |
| |
wienen. Ik woe ek net mei in groep útnaaie, ik woe allinnich. As ien útnaaide, dy soenen se fêst net mei in auto efternei gean, dat wie de skyt net wurdich.
Op in jûn sieten wy bûtendoar te wachtsjen oant wy op bêd moasten. In stik of fjouwer soldaten rûnen by ús om. De soldaten ieten altiten earst, yn twa ploegen om't se ôs fansels net fertrouden. Wat oerbleau fan it iten wie foar de froulju en de bern. As dat dien wie, waarden de jonges fêstbûn yn 'e barak. Wy hearden dan yn 'e jûntyd soms in frou of in famke gûlen, dat wie al gewoan wurden.
Doe't it iten dien wie, pakte in soldaat my by de earm en loek my oerein. Hy naam my mei nei in karavan ta. Hy prate tsjin my, ik koe him net ferstean, mar it klonk freonlik. Dochs wie ik bang. Wat woe er fan my? Yn 'e karavan die er my de broek del en begûn oan myn liif en kont te fielen. Doe moast ik krûm stean gean oer in tafel en hy treau syn grouwe kul yn myn kont. Ik raasde fan pine, it die ferrekte sear. Mar hy knypte my de mûle ticht en gyng troch. Ik fielde hoe't syn kul yn myn kont hinne en wer gyng, hyltyd djipper. Doe hâlde er einliken op. Ik koe de broek wer omheech dwaan en ik moast sitten gean, betsjutte er my. Hy stiek twa sigaretten oan en joech my der ien fan. Ik moast smoke. Ik sûgde oan 'e sigaret en moast ferskriklik hoastje. Hy lake my út. Ynienen striek er my troch it hier en joech my in tút. It wie jierren lyn dat ik in tút hân hie en ik fûn it net aardich. Hy brocht my nei de barak en bûn my fêst. De kont die my ferskriklike sear en de oare moarns siet der stront yn myn ûnderbroek. Dat is noait wer goed kommen al is it wol wat better wurden. Ik moat der osa om tinke dat ik op 'e tiid skyt.
Letter pikte dy soldaat my faker út 'e groep wei. It wie
| |
| |
net altiten om te neuken, soms woe er my gewoan by him ha. Hy socht aparte putsjes foar my, lykas it skjinmeitsjen fan 'e kabine fan 'e auto. Hy joech my in doek en ik moast alles glêd wriuwe. Hy stie dan by my te sjen. As hy der by wie, dan hoegde ik ek net it alderswierste wurk te dwaan. It skjinmeitsjen fan 'e skytgrippel of sa, dêr joech er my frij fan. As de oaren yn 'e stront stienen te skeppen, liet er my mei in pear famkes de ôfwask dwaan. Ik fûn soks net noflik. Ik woe der net út rinne. Ik hie altyd besocht om krekt te dwaan as de oaren en net op te fâlen. Opfâle is altyd ferkeard, dan wurdst derút pikt en krijst op 'e kop. Ik wie bang dat de oare jonges my as in ferrieder sjen soenen en my dea meitsje, of my in streek leverje.
Ik tink dat de soldaat it die om't er graach freonen mei my wurde woe. Ik hie dêr gjin belang by, it die my allinnich mar sear. No en dan pakte er my. Altiten as der gjin oare soldaten by wienen. Miskien wie er bang dat de oaren him útgnize soenen om't er it mei in jonge die. Hy wie soms aardich foar my. As er mei my neukt hie, dan draaide er in blik fruit op en liet my dat opite. Hy hat my ek in haloazje jûn. Dat haw ik sa gau as 't koe yn 'e modder fâle litten en fuort trape. As ien dat haloazje sjoen hienen, dan hie er tocht dat ik in dief wie of in ferrieder.
Op in kear hat er my meinommen doe't se mei twa frachtauto's op streuptocht gyngen. It wie djip yn 'e hjerst en it reinde no en dan fûl. Ik siet yn 'e kabine neist him, lekker droech en waarm. De soldaten hienen in brún kleed oer de iepene bak spand. Op elke bak sieten fjouwer man. Wy rieden nei de rivier ta en gyngen doe loftsôf, by it wetter lâns. Doe gyngen wy fan it wetter ôf de heuvels yn. It kamp lei yn 'e djipte. Hjirwei like it mar lyts. Ik besocht
| |
| |
de omkriten goed yn my op te nimmen, want ik wie fêst fan doel om út te naaien. Mar it foel net ta, it like allegearre opinoar yn dy skiere rein. De iene heuvel kaam nei de oare en de dyk gyng slingerjend op en del en alles wie keal en sljocht. Der woeksen gjin beammen, der stienen gjin huzen. Stroompeallen leinen tsjin 'e flakte. No en dan kamen wy foarby de oerbliuwsels fan in pleats of in kloft huzen. Grutte doarpen of stêden liken der net te wêzen. De soldaat sei soms wat tsjin my, mar ik begriep him net. Se praten sa'n bytsje mei ús, dat wy de taal net leare koenen. Mei de loop fan it gewear betsjutten se ús wat wy dwaan moasten en as wy it net goed dienen of net hurd genôch, dan rachten en skolden se. 'Merde!' of 'Mon dieu!' rôpen se wittefaak. Ik sei mar fan 'Oui' as ik tocht dat it 'ja' wêze moast. En oars sei ik 'Non.' Ik tink dat ik heel faak it ferkearde antwurd joech. Hy gniisde wat nei my en dan wie it wer in heel skoft stil. Hy smookte oan ien tried wei en hy bea my ek in sigaret oan. Mar ik woe net smoke, it die sear yn 'e strôt. Soms siet er te sjongen, hy hie tink in goed sin. Dat makke my ûngerêst. As er in bêst sin hie, dan woe er my fêst wer brûke.
It foel my op dat it yn 'e dellingen wer wat griener wurden wie yn 'e foarbye simmer, der wie wer gers kommen en oar planteguod. En oan 'e kant fan 'e rivierkes dêr't wy bylâns rieden woeksen snilen. De natoer begûn wer te libjen. Der kaam no yn alle gefallen wer iten foar de bisten. Dat wie foar ús kij te let. De soldaten hienen se de iene nei de oare deasketten en slachte. Se hienen it fleis roastere en opiten. Wy hienen der ek wat fan hân, it smakke wol lekker, mar it wie osa taai.
Wy kamen nei in hele dei riden by in ruïne fan in stêd
| |
| |
oan. De auto's bleauwen oan 'e râne stean. De soldaten sprongen fan 'e bak mei har gewearen. De sjefeurs bleauwen by de auto's. Se gyngen op 'e moterkap sitten mei it gewear yn 'e oanslach en sêgen alle kânten út. Ik moast ek bliuwe. Utnaaien hoegde ik net oan te tinken. Se skeaten my yn 'e rêch as ik it besocht. Ik hie miskien better mei de oaren de stêd yn kinnen, yn 'e ruïnes hie ik my skûlhâlde kinnen en yn 'e nacht fuortrinne. Mar it wie net de goede tiid, de winter stie op kommen en dan wie it net gaadlik om einen te swalkjen, it moast earst wer waarmer wurde, dat ik bûten sliepe koe.
Ik wie begûn te groeien de foarbye simmer. Dat kaam fêst fan it goede iten dat wy krigen. De soldaten wienen net sunich, as it iten op wie, hellen se nij. En al wienen se oars nochal wreed tsjin ús, iten krigen wy genôch. De klean wienen my krap wurden, ik hie se al mear as in jier oan. Se wienen ek oant op 'e tried fersliten. Ik hie se it jier dêrfoar krigen fan in Dútse jonge dy't deagien wie.
Nei in pear oeren kamen de soldaten werom. Fjouwer droegen sekken fol guod op 'e rêch, de oaren sjouden kratten mei flessen. Se legen de sekken mei blikken yn 'e bak. De kratten kamen der ek yn. Doe rieden wy fuort. Op in stil plak setten se de auto's del en se makken wat blikken iepen. Der wie in blik by, dat stonk ferskriklik. It fleis dat deryn siet, wie bedoarn. Wy ieten in stik of wat blikken leech en de soldaten dronken wyn. Mar net safolle as oars wol, se doarsten fêst net dronken te wurden. Se sliepten yn ploegen, fiif wachthâlde en fiif sliepe. My lieten se de hele nacht lizze en dy iene soldaat foel my ek net lestich.
De oare deis gyngen wy wer fierder. No gyng dy iene soldaat ek mei op stap en ik mocht mei. Ik wist der neat
| |
| |
fan wêr't wy wienen. Neffens my wienen wy yn 't begjin it easten yn riden, mar dêrnei hienen wy heel faak in bocht makke. Se sochten wer om iten, mar ek om oare dingen. Wy fûnen in winkel mei autoûnderdelen en dêr hellen wy akkús wei. Ik moast ek ien sjouwe, dy dingen wienen swier. Se namen ek skroevedraaiers en moerkaaien mei. En fansels moast der wer drank mei, dêr krigen se noait genôch fan. Doe't beide auto's fol wienen, binne wy werom gien. Wy hienen in dei of seis op stap west. Der wie no wer foar wiken iten genôch, en drank ek.
Op in winterjûn doe't it slim sniestoarme, helle de soldaat my op út 'e sliepbarak. Hy stonk nei drank. Hy naam my mei nei de karavan ta. Hy die in lampke oan. Op 'e tafel stie wyn en drank. Hy geat my wyn yn en betsjutte dat ik drinke moast. Ik die it, ik hie wol earder wat wyn fan him hân. It wie soer, mar wol lekker. Ik moast alle klean útdwaan. Hy betaaste my fan boppen oant ûnderen. Doe tute er my. Ik liet it gewurde. Hy die de skuon út, dy swiere soldatekistkes. Hy gaspe de rym los mei it grutte bajonetmes en lei dat op 'e klean. Ik begriep dat er net fluch even mei my neuke woe lykas oars, mar de hele nacht. Oare kearen die er de klean noait út. Doe't er de broek del dien hie en de bokse oer de foet lûke woe, foel er om. Hy flokte. Hy loek sittende de broek en de ûnderbroek út en kaam wer oerein. Doe helle er de kile oer de kop. It himd kaam mei omheech. Hy koe it spul net oer de kop krije en ik hearde syn smûgend flokken. Syn grutte kul hong slop en slingere hinne en wer. Ik pakte it bajonetmes en stiek him yn it grouwe liif. Ik loek it mei beide hannen werom en stiek nochris en nochris. Ik hie ferwachte dat er raze soe, mar hy krimmenearre allinnich mar wat en doe sakke
| |
| |
er efteroer. Ik soe myn klean wer oan dwaan, mar ik tocht dat sines better wienen, dy wienen grutter en waarmer. Ik ha him it himd en de kile fan 'e kop skuord en dy oandien en syn ûnderbroek en de sterke boppebroek. De kistkes wienen my te grut, mar ik soe der better op rinne kinne as op myn eigen fersliten skuon. Ik gaspe de bajonet om en bûn syn pionierskeppe oan 'e riem. Dy wie handich om woartels út te graven. De jas lei op it bêd. Dy die ik ek oan. En ik sette syn pet op en loek him djip yn 'e êgen. Ik sêch der no út as in soldaat. As der bûten ien wie en my sêch, dan soe er tinke dat ik ien fan har wie. Mar der wie gjinien. Ik rûn de kânt út fan 'e rivier en doe sloech ik loftsôf, it easten yn. Ik rûn oer de dyk. Dat koe no wol. As se my al neikamen, sêch ik de koplampen wol en ik soe de moters brommen heare.
Ik haw dochs in nij ûnderkommen socht foar de winter. Earst haw ik mei it ôfdakje oan it pielen west, mar ik wie bang dat ik it net goed ticht krije kinne soe. Ik soe it ôfbrekke moatte en helendal op 'e nij opsette, en dêr hie ik net genôch hout foar. Ik wie ek bang dat dy kearels dy't Claus-en-dy oerfâlen hawwe, werom komme soenen. Dat doe haw ik om in oar skûlplak sjoen.
Ik miende my yn 't sin bringe te kinnen dat Borg ferteld hie der wienen twa fan dy útbuorrens. Hy hie, as it my goed foarstiet, oan it begjin fan it rivierke ta west. Ik haw Jeanine betsjut dat se har deljaan moast en sitten bliuwe. Dat hat se no wol troch, se wit wol dat ik nei in skoft werom kom.
Dat it rivierke echt smelder wurdt, kin ik eigentlik net sjen. Mar dat komt tink om't it no hjerst is en it hast alle
| |
| |
dagen reint. Doe't Borg hjir omswalke, doe wie it simmer. Ik freegje my ôf, sit Borg hjir ek earne mei Monika? Mar dat leit net foar de hân. Borg wie bang fan Claus en hy sil wol in heel ein út 'e reek gien wêze. De dyk wurdt smelder, mar hy is goed te begean en te beriden. Ik wol noch fierder.
Ik kom troch krekt sa'n útbuorren as dêr't wy no sitte. It is hjir neat better, alles leit plat. Ik sneup even yn 'e púnbulten om. As wy mei in groepke wienen, dan soenen wy wol wat opbouwe kinne, krekt as doe mei de Dútsers. Mar allinnich rêd ik dat net. En it is ek te let yn 'e tiid. Ik moat wat fine dêr't net folle oan dien hoecht te wurden om der in ûnderdak fan te meitsjen. Ik gon fierder. Mar eigentlik wit ik net oft der noch mear komt. Sa goed stanne de ferhalen fan Borg my net mear foar de geast. It rivierke rint noch altiten rjochts fan my, en it wurdt no werklik smelder. It bochtet troch it lân hinne dat hjir en dêr mei gers begroeid is.
De dyk hâldt op, of teminsten it asfalt. Hy giet fierder as in púnreed. Wat moat ik? Wie dy reed allinnich mar foar de boeren dy't der mei de trekker oerhinne rieden of hawwe dêr ek noch minsken wenne? Ik beslút om troch te gean. De reed rint by in heuvel op en as ik dy opklommen bin, sjuch ik yn 'e bedelte in hok. Ik rin derhinne. It is in plat hok fan hout en mei golfplaten dutsen. Miskien hat it in skûlplak west foar skiep by 't winter as de sniebuien oer it lân jachten. It stiet mei de tichte kânt nei it easten ta. Dit moat it ús wol dwaan kinne. Ik rin werom de heuvel wer op. It is hjirwei in aardich eintsje rinnen nei it rivierke ta. Mar it hoecht mar ien of twa kear deis. Better plak fyn ik fêst net. Ik gon nei it hok ta en jou my del.
| |
| |
Ik haw alles nei ús nij skûlplak ta brocht. Twa kear op en del, doe wie it te plak. Gjin mins fynt ús hjir, dêr bin ik wol wis fan.
|
|