| |
| |
| |
Haadstik seis
Libben en dea
Earder as wy hope hawwe, fâlt de hjerst yn. De loft is noch skierder as gewoanlik en it storeint no en dan. Wy binne alle dagen op stap om iten te sykjen. Dat is der no yn oerfloed en dus moatte wy der by wêze. Wat mear't wy fan it fjild opskarrelje kinne, wat langer't wy de blikken en pakken sparje kinne. Dy sille dochs al gauwernôch op wêze. Alle jûnen komme wy wiet en smoarch thús en wy lûke de klean oan dy't de hele dei yn 'e skuorre hongen ha te droegjen, mar meastal noch klam oanfiele. Claus is net folle mei op stap, hy bliuwt by Ineke dy't har net goed fielt en har net goed rêde kin. It bern moat hast komme.
Op in jûn seit Claus, it is de baas dat der nochris in loop nei Besançon makke wurdt. It waar is noch net sa beroerd dat in reis ûnmooglik is. En wy witte it allegearre wol, dy lytse foarried dy't wy meinimme koenen, sil gau op wêze. De oare kear moasten wy ek timmerark ferfiere, mar dat sil no net hoege. Alle berneweinen kinne fol iten loege wurde. 'Ik jou dy de lieding, Ake,' seit er. 'Sels wol ik thús bliuwe, en Ilse moat hjir ek bliuwe, foar as it safier komt mei Ineke.' Dat heart reedlik, ek al sil er oan Ilse net folle hawwe, likemin as oan wa ek fan ús. Fan bernkrijen hawwe wy gjin ferstân. Iksels ha der ienkear by stien te sjen, en dat
| |
| |
is noch mear as de measten fan ús sizze kinne, tink. Mar Ilse is wol handich, miskien ret se har der mei. Wy sille dus mei ús sânen op stap. Om my mocht Lize ek wol thúsbliuwe, wy rêde it wol sûnder har. Mar ik sis it net, en se sil it sels ek net wolle.
De oare deis is it waar like beroerd as de foarbye dagen, mar wachtsjen hat gjin sin. It wurdt no allinnich hyltiten mar minder. Wy stekke ôf. Jochen, Hanny, André en ik skowe elk in wein. Lize en de Frânske famkes, Micha en Sjan, rinne efter ús oan. Claus hat my oanwiisd as lieder en dat leit foar de hân. Ik bin de âldste en ik ha de measte ûnderfining. Mar ik bin net gelokkich mei de opdracht. Hoe skuor ik dit groepke der troch as der wat bart of as der gefaar driget? Jochen en Hanny binne deadelingen dêr'tst gjin hichte fan krigest. Jochen brûkt gjin twa wurden as er mei ien ta kin, Hanny seit helendal neat, dy jeuzelt wat yn harsels. Wat dogge dy beide as it mis rint? Kin ik op har oan? Dy Frânske bern binne jong en André is wat in grynder. Lize fertrou ik, dy is flink. Har mankemint hat har fûl makke.
Ik jou de Frânske famkes en Lize de opdracht om poddestuollen te sykjen en dy yn in bernewein te mikken. Dan ha wy wat te iten. Hjir en dêr binne ek strûken mei beien deroan, lyts en hurd, mar se smeitsje bêst.
Nei fjouwer dagen rinnen binne wy yn Besançon. Ik beslút om te oernachtsjen op itselde plak dêr't wy de oare kears sitten ha, oan 'e râne fan 'e stêd. Ik ha in heel skoft prakkesearre hoe't ik it mei it wachthâlden hawwe sil. Eigentlik fertrou ik allinnich Lize folslein, dy sil net yn 'e sliep fâle. Ik beslút om sels de earste wacht te nimmen mei André, en
| |
| |
dan moat Lize mei Jochen de twadde wacht op 'e noed nimme. Fansels, der bart neat, mar dat kinst yn 't foar net witte.
Wy gonne de oare moarns troch de bûtenwiken nei it suden ta dêr't wy dy supermerk fûn ha. As wy in moai ein op stap binne, lûkt Micha my ynienen oan 'e mouwe en wiist. Dêr rinne twa manlju. 'Ut 'e wei!' sis ik sunich. 'Jochen, Hanny! Hjirhinne!' De famkes binne al fuortstood, wy ride har nei mei de weinen, nei sa'n púnbult op in heuveltsje en dêr ferskûlje wy ús. As wy earst mar út it sicht binne. Nei in skoftke stjoer ik Jochen fuort op ûndersyk. Hy moat de strjitte net del te gean, mar efter dy púnbulten lâns. In heel set letter komt er werom en hy seit der slagge in stik of wat minsken om by de supermerk dêr't wy ek hinne soenen. Dat is goed mis.
Letter op 'e dei heare wy it lûd fan in auto. Hy sil wol by de supermerk wêze. Se lade spullen op en dan ride se fuort, hoopje ik. Mar wis is dat net en se kinne op 'e neidei ek weromkomme om noch in fracht te heljen. Ik bin bang dat wy hjoed neat dwaan kinne, en dat betsjut dat wy likegoed fuortendaliks in plak sykje kinne om te oernachtsjen. Hjir kin dat net, wy sitte wol út sicht, mar lang net droech. Ik wol werom nei dy garaazje dêr't wy de oare kears mei Claus sitten hawwe. Dy wie net fier fan it parkearterrein ôf en dêrwei kinne wy de boel yn 'e rekken hâlde. Ik jou opdracht om op te brekken en my te folgjen.
Jochen rint neist my, hy tsjut út wêr't er niis lâns gien is. It binne hjirre allegearre fan dy heuveltsjes mei in bult pún der op. Grutte púnbulten binne it en grutte hiemen, hjir hawwe fêst rike minsken wenne. Foarhinne sille it allegear- | |
| |
re beamkes en strûkjes west ha om dy hiemen hinne, mar no is it keal en likegoed as wy tusken dy heuveltsjes troch sjen kinne, kin in oar ús ek rinnen sjen. Dat wy binne heel foarsichtich en wy bliuwe safolle as 't mar kin beskûl efter de púnbulten.
Wy fine wer sa'n garaazje dy't heal yn 'e grûn útgrûven is. It is leau 'k net deselde fan in moanne lyn, mar dat hindert neat, dit plak is ek goed. Wy sitte droech. Wy skowe de berneweinen yn 'e hoale en ik sis dat dy stienbult foar de yngong noch wat heger makke wurde moat, dan kin gjinien ús sjen fan 'e strjitte ôf.
As wy in skoft sitten hawwe, miskien in pear oeren, gon ik mei Jochen nochris op ferkenning út. Wy ha al in hele tiid neat fernommen, mar dat seit net alles, wy sitte yn dy garaazje dochs heal yn 'e grûn en de lûden berikke ús miskien net. Mar no't wy bûten binne, is it likegoed stil. Se binne fêst ôfset, dy manlju. Mar foargoed?
Wy komme oant fuort by it parkearterrein en de supermerk, mar ik doar net fierder te gean. Op dy iepen flakte kin elk ús sjen. Wy sille in slach om it terrein hinne meitsje en de grûn neisykje op spoaren fan bannen. De wegen bûten wurde skjinspield troch de fûle buien, mar op 'e strjitten yn 'e stêd hat him in tsjûke laach smoargens fêst set. Jiske en modder. As wy bannespoaren sjugge, kinne wy miskien útfine wêr't dy manlju hinne riden binne.
Jochen sjucht it leau 'k it earst en dan ik ek: der leit in dea minske op 'e strjitte. Wy bliuwe stil sitten en sjugge stiif nei it lichem. Der sit gjin beweging yn. As wy neat heare en neat fernimme, rinne wy de strjitte op nei de man ta. Hy hat bloed oan 'e holle. Ik gon mei it ear sa ticht mooglik by syn mûle, mar ik hear gjin sykheljen. Hy is dea. Mar no fâlt
| |
| |
my wat oars op, de man hat helendal gjin burd, en ek net in ôfskeard burd. It moat in frou wêze. 'It is in frommes,' sis ik tsjin Jochen. Hy knikt. 'Sjuch,' wiist er. Bannespoaren. Hjir is dy auto lâns riden. Ha se dy deade frou fan 'e auto ôf goaid? Of is se derôf mitere en doe dea fâlen? Wy rinne fierder en dan fine wy in bern. It leit oan 'e kânt fan 'e strjitte, tsjin it pún oan. It liket in famke te wêzen, it hat lang hier. It hat ek bloed oan it gesicht en de hannen, mar it sykhellet al. Ik lûk it oerein en skodzje it trochinoar. 'Hee, hee!' rop ik sunich, mar it seit neat en it docht de êgen ek net op. 'Dy giet ek dea,' seit Jochen. Ik til it famke fan 'e grûn, it is net swier. 'It is no noch net dea,' sis ik.
Wy rinne fierder om it parkearterrein hinne. De bannespoaren lykje nei it sintrum fan 'e stêd te gean. Dan soenen se dus út it noarden wei komme. Ik lis it famke op 'e grûn, ik moat even bekomme, de earmen wurde my lam. Dan til ik it bern wer op en wy gonne fierder. 'Smyt it mar fuort,' seit Jochen, 'it giet dochs dea.' Wy komme werom by it skûlplak. Ik leau se binne allegearre bang as wy oer de stiennen hinne klatterje en bliid dat wy it binne, en gjin frjemde kearels. Ik jou it bern oan Lize en hyt har om it wat drinken te jaan. Lize moat hjir bliuwe en wy sille in reis dwaan nei de supermerk. Om't se dy frou en dat famke dêr delsmiten hawwe, ferwachtsje ik har hjoed net mear werom. Jochen, Hanny en ik sille op wacht stean om de supermerk hinne, en de trije Frânske bern moatte op 'e sneup. Wy nimme mar ien bernewein mei. Mear krije wy hjoed dochs net mear fol.
As wy wer yn 'e hoale komme, is Lize oerstjoer. Net om it bern, dat leit te sliepen en sykhellet rêstich. Mar om harsels. Se hat niis pisse en dat wie helendal read. Se is bang
| |
| |
dat se siik is. Pisje dan noch ris, sis ik. Se giet mei my nei bûten ta en pisset op 'e stiennen. It is gewoane pis, neat net read. Mar de broek is wol read, dêr sit bloed yn. Se gûlt net, mar se is osa oerstjoer. 'Do bist net siik, do kinst no bern krije,' sis ik. Ilse hie it ferline maityd ek, en doe hat Ineke it har útlein. 'Do moatst thús Ineke mar freegje, of Ilse. It hyt fan de regels.' Se leaut my gelokkich en ik wit net iens oft ik wol gelyk ha. Eigentlik hie ik tocht dat Lize sa âld noch net wie. Dat komt fansels fan har mankemint, sjuchst har net foar fol oan.
It is ús fjirde jûn hjirre. Noch twa hele dagen ha wy oan it sykjen west yn 'e bulten. Allinnich Jochen hat op wacht stien en Hanny en ik ha meiholpen om stikken fan it ynstoarte dak te ferslepen en sa yngongen te meitsjen nei de winkel ta. Dy manlju mei de auto hawwe net folle foar ús oerbliuwe litten. It is in skeamel bytsje dat wy garje kinne. De berneweinen komme mar foar sa'n trije kwart fol. En dan ha wy alles en alles ôf socht. Wy kinne wol ophâlde en wy hoege hjir noait wer hinne.
Lize hat dizze dagen op it famke past. It is wol wer aardich bekommen, mar prate docht it net. Lize hat mei lijen har namme derút krigen, se hyt fan Jeanine. Utsein bloed oan 'e holle liket har neat te mankearjen. Der is neat stikken. Mar der kin wol wat kniesd wêze en de holle is miskien yn 'e war fan it fâlen. As se teminsten fan dy auto fâlen of smiten is. Miskien fertelt se ús letter noch wolris wat der krekt bard is. Ik lit yn my omgean oft it soms dy soldaten west hawwe dy't ús doe ek oerfâlen binne. Mar eigentlik wol my dat net oan. Dy sieten hjir in ferskriklik ein ôf.
| |
| |
As Lize, dy't de twadde wacht hân hat, my de moarns wekker makket, reint it dat it spielt. Dat giet al in heel skoft sa, seit se. Ik krûp út 'e hoale wei en skôgje de loft. It is oeral like griis, noch grizer as oars. It kin wêze dat it mei in pear oeren wat lichtet, mar it kin likegoed in wikelang sa trochreine. 'Opbrekke,' sis ik. Wy rûmje it pún foar de yngong wei dat de weinen der lâns kinne. En dan stekke wy ôf, troch de streamende rein. It sil net lang duorje, dan binne wy oan it fel ta en rinne wy te sopjen yn 'e skuon. Mar salang't wy yn beweging binne, is der neat te rêden. Wy sille net al te kâld wurde. Mar trije nachten yn 'e wiete klean sliepe, dat is kloatkanker.
Wy komme op 'e dyk nei ús hûs ta en sette ta. Ik rin foarop om de faasje oan te jaan. De oaren moatte mar soargje dat se my byhâlde. It reint mar troch, wy kinne mar in lyts eintsje foar ús út sjen. Mar it paad bjuster reitsje sille wy net, wy hawwe dit no al sa faak rûn, wy kinne it wol dreame. Lize hat Jeanine by de hân en lûkt har mei. Se hawwe tegearre klauwen om ús by te hâlden. De fjirde deis set ik Jeanine yn myn bernewein boppe op 'e blikken. Se is dea-ynein en Lize derby.
Wiet en smoarch komme wy yn 'e neimiddei op 'e pôle oan. Ik bin deawurch en it sil de oaren neat better fergean. Ik sis dat de berneweinen kinne wol yn 'e skuorre skood wurde. Dy fine wy moarn wol. No earst mear sjen oft der wat droege klean binne. Claus komt by ús as wy ús ferstrûpe. Hy knikt, mar seit neat. 'Dêr binne wy wer,' sis ik. 'Wa is dat?' freget er. 'Dat is Jeanine, dy ha wy fûn,' sis ik.
Yn 'e keamer is allinnich Ilse. Ik sjuch om my hinne en ik sjuch Ilse oan. 'Ineke is dea,' seit se.
| |
| |
De oare deis fertelt se it my. Wy wienen ien, twa dagen fuort, doe krige Ineke pine yn 't liif. Se tocht dat it bern komme woe en se is lizzen gien te wachtsjen. Doe waard se helendal wiet en Claus en sy hienen Ineke de klean út dien. Nei it wetter kaam der bloed út har prûm. Ineke krige mear pine en se hope dat it bern nei bûten komme soe. Mar it kaam net. Sa hawwe se twa dagen en nachten mei har ompield. Om bar ha se wacht holden, Claus en Ilse. Ineke hoegde gjin iten mear, allinnich mar wat wetter. Se waard stadichoan swakker. De pine bekaam, mar dat wie gjin goed teken, dat wist Ilse wol. As in bern nei bûten wol, dan krijst pine en dan moatst goed stinne, dan komt it derút. Krekt as mei skiten. It like wol dat it bern fan Ineke der helendal net út woe. Doe hawwe Claus en Ilse har oerein lutsen en mei har op en del rûn, de keamer troch. Se tochten dat as se yn beweging kaam, it bern miskien wol nei ûnderen sakje soe. Mar Ineke wie sa slop as in dweil en se koe net mear rinne, as se har loslieten, dan foel se om. Se hawwe har doe mar wer dellein en binne by har sitten gien. Se wisten net wat se fierder noch dwaan koenen. Doe is Ineke dea gien.
Claus wie freeslik oerstjoer, seit se. Hy flokte om mâlens en skopte de stuollen de keamer troch en sloech mei de fûsten op 'e muorren om. En doe begûn er tsjin Ineke te skellen, stomme teef, fette hoer, en mear fan soks. Ilse hie skitende benaud west, se doarst net in wurd te sizzen en wie op 'e grûn sitten bleaun neist it lyk fan Ineke. Doe hie Claus alle berneklean en doeken pakt en die hie er mei it mes yn repen snijd en dêrnei yn lytse hoekjes skuord. En dêrnei hie er âle as in beest. Hy hie oeren oer de grûn lein te moartsjen. Doe't Claus himsels wer yn 'e macht hie,
| |
| |
hawwe se Ineke nei bûten sjoud en begroeven.
Ilse is fan 'e wize as se it my fertelt. Se snottert in bytsje. Ik wit net oft se Ineke graach lije mocht. Eigentlik haw ik altyd oannommen dat elkenien in hekel oan Ineke hie, se wie bazich en se behandele ús as lytse bern. Fansels wienen wy ek folle jonger, mar dat hoegde se net altyd merke te litten. Mar miskien wie se tsjin 'e fammen wol aardiger, dat wit ik net.
Miskien is Ilse ek wol bang om harsels. Sy kin ek wol in bern krije. 'It like sa ferrekte mâl,' seit se. 'Al dat bloed!' Ik knik, ik haw it sels ek meimakke, mar dat sis ik net.
Ik hie der wol rekken mei holden dat it misgean koe mei Ineke. Ineke sels net, haw ik it idee, en Claus helendal net. Claus rekkent net op tsjinslaggen en hy kin der ek helendal net mei omgean. Ik hie har wol warskôgje kinnen, mar dat soenen se miskien opfette hawwe as bangpraten. En dêr sit gjinien op te wachtsjen. De moed deryn hâlde, dat is ús regel. Dat ik haw noait ferteld dat ik earder meimakke haw dat in frou in bern krige en dat dat helendal mis gyng. Dat is no trije jier lyn.
Nei in lange tocht wie ik by Jean en Lotsy kommen. Yn 'e neiwinter wie ik flechte út it soldatekamp wei. As ik dat net dien hie, hienen se my fêst deasketten. Se soenen daliks begrepen hawwe dat dy deade soldaat myn wurk wie. Se wisten ommers wol dat dy soldaat mei my omsloech. Dyselde nachts, fuortendaliks noch, bin ik útnaaid. De hele nacht bin ik troch rûn om safier mooglik út 'e reek te wêzen as se dy deade soldaat fûnen yn 'e karavan. Ik woe werom nei de omkriten fan Metz, want ik tocht dat de soldaten safier net kamen op har rôftochten. Nei it suden
| |
| |
ta koe ik net, dêr wie de rivier. Nei it westen ta soe ik by de see komme. Ik moast nei it noarden of nei it easten ta. Ik keas foar it easten. Ik tink dat ik deselde dyk nommen ha as dêr't ik de hjerstmis lâns riden wie mei de soldaten. Dat betsjutte dus ek dat ik de oare deis fan dy dyk ôf moast. Utnaaie dat wie oant safier, mar ik hie ien deamakke. Doe't it de moarns wat ljochter waard, bin ik fan 'e dyk ôfgien. Ik bin sa rûn, dat ik it ljochte plak oan 'e loft earst foar hie en letter neist my, dan moast ik it easten yn gean. Ik hie gjin haloazje, mar ast salang yn 'e natoer ferkeard hast, witst wol oft it moarn of middei of jûn is. Ik koe foar in rivier komme, mar dat risiko moast ik nimme. Doe't ik fier genôch fan 'e dyk ôf wie, haw ik my deljûn en in pear oeren sliept. Ik wie wiis mei myn nije klean. Likegoed wie it kâld om op 'e grûn te lizzen.
Ik fielde my in dwerch-soldaat yn dat unifoarm en mei dy grutte soldateskuon. Se wienen my fierste grut en de fuotten glieden deryn hinne en wer. Ik die der wat droech gers by yn, dan sieten se my stiver om 'e fuotten. Ik die ek in toppe gers yn 'e ûnderbroek. Fan it grien dat ik iet, rekke ik oan 'e skiterij en ik fernaam noch minder as oars dat it my ta de kont út rûn. Ik libbe fan snilen en krûden dy't yn 'e dellingen woeksen op sompige plakken.
Nei in pear dagen rinnen kaam ik by in rivier. Ik dronk wat en spielde de ûnderbroek út. Ik wrong him út en lei him te droegjen. In heel skoft siet ik nei it wetter te sjen. It wie helder en ik sêch hele lytse fiskjes. Dy kamen dus ek werom. Mar se wienen noch te lyts om te iten, soest der wol in fyftich fan ha moatte foar in miel. Der woeksen grutte bosken snilen oan 'e kânt. Ik loek se fan 'e boom los en spielde de woartels skjin. Mei de bajonet skrabbe ik de
| |
| |
rommel der ôf. Ik snie de woartels yn stikjes en kôge se op. Se wienen osa bitter, mar it soe wol goed iten wêze, tocht ik. Ik treau de jasbûsen fol mei stikken woartel en dêrnei loek ik de broeken wer oan. De ûnderbroek wie noch wiet, mar hy soe oan 'e kont wol droegje. Op in stuit waard de rivier breed en ûndjip. Hy streamde oer in stiennich plak hinne. Ik haw de boppebroek en skuon útdien en bin der trochhinne baaid. Ik moast wol, oars soe ik te fier nei it noarden ta gean.
In inkele kear krúste ik in dyk en dan wie ik op myn iepenst, mar de soldaten kamen my tink net nei. Nei in dei of tsien waard ik dryster en ik rûn einen oer in dyk as dy de goede kânt út gyng. Ik kaam foarby ruïnes fan pleatsen en troch útbuorrens en doarpen. Alles lei plat, alles wie dea, mar tusken it pún woeks hjir en dêr túch. Dat wie in goed teken. Op in middei sêch ik in roek, hy rôp en dat bearde mâl yn 'e stilte. Dochs wie ik wol bliid wer ris in fûgel te sjen. Dat wie jierren lyn.
Tiden haw ik rûn. Ik haw de dagen net teld, mar ik tink dat ik wol fjirtich dagen rûn haw. Yn 't earstoan rûn ik hele dagen en doe moat ik flink opsketten wêze. Mar dat koe ik net folhâlde. It iten dat ik krige, siet temin help yn. In ko en in skiep koenen der oars ek op libje, soest sizze. Wêrom in minske dan net? Ik rûn in ein en dan moast ik rêst nimme. Ik rêste deis wol tsien kear, dat doe skeat ik net safolle mear op. Eigentlik soe ik in pear dagen of miskien wol in wike rêst nimme moatte en dan wer fierder. Mar dan moast ik in plak ha dêr't ik droech lizze koe en dêr't ek genôch iten wie, as wie it mar poddestuollen en woartels fan planten. Mar ik rûn mar troch, ik fûn sa'n plakje net. Ik murk dat ik net fier mear koe, de holle waard my nuver, ik
| |
| |
hearde minsken praten, ik sêch auto's riden, ik sêch huzen baarnen.
Op in dei sêch ik reek kringeljen boppe de heuvel út. Ik wist net oft it echt wie of dat it fan myn oerstjoere holle kaam. Mar it wie wol echt, ik kaam by in doarp of in stêd. Fan 'e hichte ôf sêch ik dat it in grut plak west hie. Ik rûn op 'e reek ta en gyng sitten te sjen. Der beweegde neat, mar hjir moasten minsken wêze. Dat wie ek sa. Nei in heel skoft kaam der út it pún in frou te foarskyn. It moast in frou wêze, want se hie in doek oer it hier bûn. In frou soe my neat dwaan, tocht ik, en ik bin nei har ta rûn. Se bleau stokstiif stean doe't se my yn 't êch krige. Ik wie hast oan har ta, doe koe ik net mear, ik sakke yninoar en wist neat mear.
Ik wit net hoelang't se mei my ompield hat, mar ik nim oan fan wol in dei of fiif. Ik lei op in bêd yn in tsjustere keamer. Hy wie plat ûnder de balken en tsjin 'e solder oan sieten lytse rútsjes. Der wienen twa minsken, neist dy frou ek noch in man. Hy wie lang en hy rûn krûm ûnder de balken troch. De frou liet my drinke en se treau my in leppel mei iten yn 'e mûle. Se prate tsjin my, mar ik ferstie it net en ik wie ek te slop om antwurd te jaan. Dêrnei prate se tsjin de man. It wienen Frânske lûden, tocht ik.
Ik bin ridlik gau wer op krêften kommen en doe koe ik ek wer fan 't bêd ôf. De frou hie myn klean útwosken, dat wie aardich fan har. Ik skatte har op in jier of tritich. De man like folle âlder, mar dat kaam miskien ek om't er net goed sûn wie. Hy rûn net goed, en hy sêch ek min. Hy skopte tsjin dingen oan en taaste om him hinne as er op 'e stoel sitten gean woe. Hy hiet Jean, sy fan Lotsy, teminsten, dat ferstie ik. Se wennen yn 'e kelders fan wat in grut
| |
| |
hearehûs west hawwe moast. It wienen allegear gongen en gloppen dêr. Ien stie in rek yn mei wol in healtûzen wynflessen. Oan 'e ein fan 'e grutte gong gyng in stiennen trep omheech en sa kaamst bûtendoar. De man en de frou hienen wat planken oer it gat lein tsjin it ynreinen. Ast der bylâns rûn, sêchst net dat hjir in kelder wie, de rútsjes krekt boppe de grûn foelen amper op. It wie in goed skûlplak. Allinnich stoke joech in probleem, dat koe eigentlik net.
De man wie stil, mar de frou wie in prater. Se jeuzele de hele dei tsjin my. Sadwaande learde ik wat Frânsk. Nei in skoft koe ik har in bytsje neikomme. Ik begriep, se hienen earst mei in folle gruttere groep west, mar de oaren wienen allegear 'fuort'. Ik wist net krekt wat se bedoelde, fuortgien of dea? Se wienen tegearre oerbleaun. Oare minsken bûten de eigen groep hienen se noait wer sjoen. Ik wie de earste. Dêrom wienen se ek net sa bot op har hoede, deis wienen se bûtendoar as it goed waar wie. Dan sochten se iten en se dienen de wask. Op in kilometer rinnen wie in mar, dêr gyngen se hinne om wetter. It wie goar wetter, koest it sa net drinke. Dêrom searen se it altiten earst.
Doe't se tegearre oerbleaun wienen, hienen se der wol oer tocht om fuort te gean, mar se wisten net wêrhinne, en sa'n goed plak as hjir fûnen se fêst net wer. Jean wie ek net goed sûn, dat hie ik wol sjoen, tink. Jean koe noait in lange reis dwaan. En mei har koe it no ek net mear. Se moast in bern ha. Miskien oer in pear jier, as it jongste fan it bern ôf wie, en as Jean wat oansterke wie. En wat woe ik, Ake? Wêr woe ik hinne?
Ik fertelde har fan 'e groep Dútsers dêr't ik by libbe hie en fan Mark en Sjonny. Dat wie doe al wer twa jier lyn. Mar ik prate net oer de soldaten. Ik sei dat ik allinne
| |
| |
oerbleaun wie en dat ik socht hie om oare minsken. Se leaude my, tink ik. Sy wienen op 't lêst ek tegearre oerbleaun.
Ik holp Jean mei it sykjen fan iten en it heljen fan wetter. Midden yn it doarp wie in rûne poel, der hie foarhinne tink in park omhinne west, der stienen noch betonnen bankjes. De beammen dy't der stien hienen, leinen te rotsjen op 'e grûn. Der woeksen poddestuollen op. Ik skuorde der in mannich ôf en iet se op. Jean bearde lûd, ik moast dat net dwaan, it wie net goed. Mar ik hie sa faak poddestuollen iten en der wie my noait wat fan oer kommen. De huzen om de fiver hinne leinen fansels ek plat. Der hienen winkels stien en miskien ek wol kafees en restaurâns. Der wie in lange tafel mei in bierkraan derop en der lei in heap diggels fan glêzen en flessen. Wy skepten elk in amer fol wetter en sjouden werom nei it skûlplak ta. Of wy klauden yn 'e heapen pún om op siik nei iten.
Claus hat in min sin en docht ferfelend tsjin ús. Hy kin it tink net hawwe dat Ineke dea is. Mar dêr moat er ús de skuld net fan jaan, hy hat sels in bern by har makke. Hy misseit ús noch neat, mar kinst wol fiele dat er fol lilkens sit. Hy wrokket en stumet en dat duorret oan in tiid ta, dan hat er himsels net mear yn 'e macht. Krekt as doe't er Borg tsjin 'e hûd oan skopte. Ynienen brekt it troch by Claus en dan is er net mear te kearen.
It bliuwt earst by wat klierich praat. 'Do hast net in grut soad meinommen.' Ik lis it him noch ris út: Der hienen ús lju foar west, dat der wie hast neat mear te finen. It soe al stomtafallich wêze dat dy manlju der krekt foar de earste kear wienen doe't wy der ferline wike ek kamen. Miskien
| |
| |
ha se al ferskillende kearen op rôftocht west. En dan leit it ommers foar de hân dat it measte al fuort wie. Boppedat doarsten wy net mei man en macht te sykjen, der moasten hyltyd troch guodden op 'e wacht stean. Tink dy mar ris yn wat der bard wie as wy allegear yn dy rotsoai omslein hienen en dy kearels wienen ús oer 't mad kommen. Dan wienen wy net iens mei neat werom kommen, dan wienen wy helendal net werom kommen. Ik fertel nochris dat it net sokke fatsoenlike minsken wienen. Se hawwe dat frommis en dat bern ek foar dea lizze litten. Hy jout my gjin antwurd. Hy seit net: Ja, do hast gelyk, of: Nee, dat ferhaal fan dy doocht net. Hy seit neat, hy stumet. En dan wer: 'As jim dat bern net meinommen hienen, hienen jim mear hâlde kinnen.' Jochen moat him ferteld ha dat Jeanine in skoft yn myn bernewein meiriden is. Mar net fan 't begjin ôf, it wie earst de lêste dei. En 't is ek net sa, dat wy meisin minder blikken yn myn bernewein smiten ha om plak foar Jeanine te hâlden. Der wie deagewoan neat mear te finen, teminsten net mei de middels dy't wy hienen. Ast mei in graafmasine dat hele dak fuorthelje kinnen hiest, miskien hiest dan noch wat fûn. Mar wy koenen wier net mear fine. Dat lis ik him ek noch allegear in kear helendal út. Mar ik sjuch wol oan syn gesicht dat it neat jout wat ik sis, hy wol my net begripe en gjin reden ferstean. 'Wer in opfretter derby,' seit er. 'Hie dat bern mar deagean litten.' No wurd ik nidich, ik sis: 'Se yt safolle net as Ineke.' Hy sjucht my fol haat oan. Mar hy seit neat, hy fljucht my ek net oan. Safier is er noch net, it buorlet en brûst yn syn brein, mar hy hat himsels noch wol yn 'e hân. Hy keart him om en rint fuort.
Ik hie dat net sizze moatten, it is beroerd genôch foar
| |
| |
Ineke, en ek foar him, mar hy hoecht ek net sa tsjin my oan te migen. Wy ha ús bêst dien om safolle mooglik mei te nimmen. Dat it net mear is, dat hat syn reden. Dat hy gjin reden ferstean wol, is myn saak net, mar syn saak.
Mei Jeanine giet it wol aardich. Se yt net grotte protten, mar wol genôch om it libben der op te hâlden. Prate docht se noch altiten net, dat wat der krekt bard is mei har en mei dy frou, dêr kom ik net efter. Ik nim oan dat it har mem wie, mar dat hoecht net. Se hat in dom gesicht en ik tink wolris: doocht se wol? Ik tink dat se in jier of acht âld is, en dan soe se dochs wol prate kinne moatte. Se rint my alle stappen efternei en nachts krûpt se tsjin my oan. Ik tink dat se har allinnich by my feilich fielt, en dêr is wol reden ta.
It waard foar Jean en my hieltyd dreger om iten te finen. De ynhâld fan 'e blikken bedoar. Foaral dy mei fleis deryn. Koest se noch wol ite as se in healjier of in jier soms oer de datum wienen. Mar fiif jier bleauwen se net goed. Itselde jilde foar de stamppotten. Blikken mei fruchten bleauwen aardich goed, foaral as der in soad sûker yn siet. Wat wy ek gauris meinamen, wie molke mei sûker deryn, dat bedoar net. Wêrom't se soks makke hienen, begriep ik net, mar it kaam ús goed fan pas. Hunich koe fansels ek jierren duorje. Al mei al krigen wy de mage wol fol, mar it wie almeast mei swiet guod, it wie iensidich. Dêrom namen wy wolris flessen oalje mei, dy wie bedoarn, mar dat hindere neat. Sa krigen wy alteast noch wat fetten binnen.
Jean en ik wienen alle dagen op 'e sneup. Hy koe ek net allinnich mear. Hy wie slim slop en hy hie der muoite mei om him op 'e púnbulten yn 't lykwicht te hâlden. Boppedat
| |
| |
gyngen de êgen hurd efterút. Hy gyng dea. Ik tink dat er it sels ek wol wist. Lotsy gyng noait mear mei. Se krige in grou liif en waard ûngemaklik. Se stinde as se wat fersette of fertille moast en dan switte se as in gek. Tusken it pún begûnen wer alderhande soarten túch te waaksen. Strûken en beammen noch net, mar ik hie hoop dat dy skielk ek werom komme soenen. Dan waard it allegearre wer goed. Op in kear fûn ik in blom, hy like op in hynsteblom. Ik plukte him ôf en naam him mei nei hûs ta. Ik joech him oan Lotsy. Se krige him fan my oan en lei him op 'e tafel. Se sloech de earms om my hinne en loek my tsjin har grou liif oan. 'Myn lytse soldaat,' sei se. Sa neamde se my wol faker as se aardich wêze woe. Ik woe eigentlik wol gûle en my in lytse jonge fiele. Mar dat koe noait wer. Ik die har earms fan my ôf en rûn by har wei. Ik soe noait wer in lytse jonge wêze kinne. Ik soe noait wer útgûle by ús mem. Ik rûn nei bûten ta en gyng op in bult stien sitten.
Ik hie my dusse simmer oerjûn oan dreamen dy't net útkomme koenen. Ik hie my opnimme litten yn in húshâlding en ik hie mysels wiismakke dat ik in nij soarte fan heit en mem hie. Mar it wie ûnwerklik, it koe net. Sa't Jean en Lotsy libben, dat wie wachtsjen op 'e dea. Se libben fan de oerbliuwsels fan de âlde wrâld. Mar dat koe net goed komme, moast besykje om dy oan te passen oan 'e nije omstandichheden. Dat foel net ta, ik hie fan 't maityd libbe fan snilen en planten en ik koe it libben der amper op hâlde. Mar it soe alle jierren better wurde en de sterksten soenen oerlibje. En de sterksten dat wienen de bern. Ik moast foar mysels opkomme en myn eigen paad sykje. Ik wie ommers ek fierste grut om de lytsjonge te boartsjen. Fan 't hjerst waard ik tolve, ik wie al hast in man.
| |
| |
Ik tink dat ik doe myn krêft ûntdutsen haw. It wie al fjouwer jier nei de klap en ik wie noch altyd yn libben. Sjonny en Mark wienen dea en safolle oare bern dy't ik kennen hie en noch folle mear grutte minsken. It koe net inkeld tafal wêze dat ik noch libbe. Ik koe my rêde. Us heit soe it noait ret hawwe, ús heit dy't griisde fan in woartel dy't pake út 'e grûn loek en dy't ik op iet. Us heit soe ferhongere wêze as er libje moast lykas ik. Us heit koe him allinne mar rêde mei in laptop. Ik wie sterker as ús heit. Ik hie in man deastutsen om myn frijheid werom te krijen. Ik wie gjin lytse jonge, ik soe my wol rêde.
Mar ik koe it net goedkrije om no mar hals oer de kop fuort te gean. Dy minsken, foaral Lotsy, hienen my yn 'e iere maityd opnommen en fersoarge. As sy der net west hienen, hie ik moai wis deagien. Ik koe har no net oan har lot oerlitte. As Jean helendal blyn waard of as er dea gyng, stie Lotsy der allinnich foar. Ik soe wachtsje oant it bern der wie en dan gyng ik wer op reis. Miskien woe se wol mei.
De simmer wie mar koart, lykas dat de foarbye jierren it gefal west hie. Nei de winter mei snie en heil kaam in reinige rite. Dan einliken waard it wat waarmer. Gers en túch en snilen begûnen te waaksen. De loft wie helderder as yn 'e winter en it like oft de laach wolken wat minder tsjûk wie. Mar de sinne krigen wy lykwols net te sjen. Noait. Dan, al wer fierste gau, kamen de hjerststoarmen oer it lân.
Jean en ik wienen alle dagen op 'e sneup om iten. Wy sjouden ek hout yn 'e kelder om stoke te kinnen as it winter waard. Houtkapjen soe myn wurk wurde. Ik hie in moaie skerpe bile fan Jean krigen. Hysels sêch sa min, en
| |
| |
foaral yn dy skimerige kelder, dat hy koe dat wurk net dwaan. Jean prate hast net. Ek net tsjin Lotsy. Hy sei allinne mar wat as it echt nedich wie. Oer dat er blyn waard en siik wie, hat er noait wat sein. As er soms stroffele op syn sloppe skonken en delkwakte en hast net wer oerein komme koe, dan sei er neat, krekt as hearde dat der no ienris by. Miskien tocht er der sa ek wol oer. Lotsy wie soms wol ûngerêst. Mar dat sei se net tsjin Jean, allinnich mar tsjin my. Tsjin Jean die se as wie der neat te rêden, krekt lykas hysels ek. Ik wit net oft Jean en Lotsy troud wienen of ferkearing hienen. Miskien wienen se tegearre oerbleaun doe't de oaren fuortgien of dea gien wienen. Oft hy dat bern makke hie, wit ik net. Ik tink it wol, want wa hie it oars dwaan moatten? Mar hy frijde noait mei Lotsy.
Op in dei wie Jean dea. Ik murk dat er net mear efter my oan rûn en ik gyng werom. Hy lei rûngear op 'e grûn, hy wie mei de holle op 'e stiennen fâlen en der rûn bloed oer it gesicht. Ik hie net heard dat er foel, hy moast der heel súntsjes hinne rûgele wêze. Ik socht syn blikken fan 'e grûn en brocht alles nei de kelder ta. 'Jean is dea,' sei ik tsjin Lotsy. Se knikte. Ik haw him in ein fersleept en in gat groeven. Ik haw in bult stiennen op it grêf loege. Letter sêch ik dat Lotsy gûld hie. Se hie Jean tink wol lije mocht.
It waard hjerst, swiere buien giselen oer it lân. Wy sieten ridlik smûk yn 'e kelder en Jean en ik hienen in knappe foarried oanlein, wy koenen ús moannen rêde. Mar ik moast wol om 'e dei wetter helje, sa'n ammerfol wie samar leech. It begûn my oan te gean, ik krige myn nocht. Ik woe wer op 'e swalk. Hjir hienen wy op 'en doer gjin takomst. Mar Lotsy waggele hinne en wer en koe amper op bêd en fan 't bêd of komme. Kutshit, wat waard dat minske grou!
| |
| |
Op 't lêst koe se hast net mear de kelderstrep op komme as se nei bûten moast om te skiten. Ik moast har helpe by it treprinnen.
Op in dei sei se dat it bern komme moast. Ik moast wetter siere en har helpe. Ik moast doeken klear lizze om it bern yn te tearen. Se die de broek út en gyng op it bêd lizzen. Se die de skonken wiid faninoar. Kloatkanker, wat hie dat minske dêr in fette bak hier, soks hie ik noch noait sjoen. Doe begûn se te stinnen en te krimmenearjen. Der kaam bloed út har prûm wei, ik tocht dat se dea gean soe. Mar doe kaam der in kop út en Lotsy raasde en dêr kaam it beolichje ek. Ik moast it beetpakke mei in doek en derút lûke. Ik fûn it fiis, mar ik die wat se sei. It bern siet fêst oan in slang. Se stiek de hannen út en ik joech har it bern oer. Ik socht in lape en fage de hannen ôf. Doe gûlde Lotsy lûd en se sei dat it bern dea wie. Ik sêch der nei. It bern beweegde net, it lei sleau op har liif. Doe kaam der noch folle mear bloed. Ik wist net wat ik dwaan moast. Lotsy sei neat, se lei stil mei de hannen om it deade bern hinne. Ik ha frege oft se wat iten of drinken ha woe, mar se joech gjin antwurd. Se sykhelle heel swak. Ik bin op 't lêst mar lizzen gien te sliepen. De oare moarns wie Lotsy ek dea. Ik haw wat iten ynpakt en de bile en de pionierskeppe oan 'e riem bûn en in pear gasoanstekkers yn 'e bûse treaun om fjoer te meitsjen en doe bin ik fuortgien.
Ik haw deselde koerts oanholden as dy maityds, it easten. Dêr wie ik in jier of wat lyn wei kommen en ik woe dêr wer hinne. It waard in barre tocht.
Ik bin no twa jier by Claus-en-dy, in jier nei't ik by Lotsy weigien bin, haw ik har moete. Ik wie doe mear op 't skik
| |
| |
as no. Mei sa'n grutte groep soenen wy it rêde, ferwachte ik. Sûnt binne Henk en Martha stoarn, Ineke is stoarn en Monika en Borg binne fuort. Dêr foar yn 't plak binne fjouwer jonge en swakke bern kommen. Ik bin bang, dêr rêde wy it net mei. En tinkt Claus der sa ek net oer? Wêrom oars seit er fan Jeanine fan 'al wer in opfretter'? Martha, dêr't wy mear lijen as help fan hienen, hat er dochs ek troch de tiid skuord? Ik tink dat Claus sa moedich ek net mear is as er earder wol west hat. Hy mist Ineke, mar hy mist Borg noch mear, tink. En dat kin syn eigen skuld wol ris wêze. Makket dat mei dat er sa stúmsk is? Hy sit yn 'e hûs en stoarret foar him út.
Wy ha de blikken mei iten yn 'e skuorre brocht by de oaren. It liket in moai grutte foarried, mar it sil gauwernôch op wêze. Jûns krije wy waarm iten, noedels mei wat sûker of sjem. Fan losse stienen is ûnder de skoarstien in soarte fan kachel boud en dêr makket Ilse in panne mei wetter op waarm. As it waar net te beroerd is, dan gonne wy der op út om iten te sykjen. Der is no in oerfloed oan poddestuollen en oan guon strûken sitte beien. Moatst wol einen sjouwe en wol tweintich strûken bylâns foar'tst in aardich mieltsje hast, mar wy hawwe it wol oan tiid. Claus hat de groep wer yn trijen spjalte, mei himsels, Jochen en my as lieders. Der gonne almeast twa ploegen op stap om iten te sykjen en ien bliuwt thús om op it hûs te passen. Ik haw Jeanine en Hanny by my, Jochen hat de twa Frânske famkes en Claus hat Ilse, Lize en André yn 'e groep. Dat hat er net sa min útsocht.
Hanny hat earder mei Borg oan 't itensykjen west, fan 't maityd doe't wy hjir goed en wol wienen. Se soe de goede plakjes sadwaande witte moatte. Mar Hanny seit neat en
| |
| |
nimt de foarstap ek net. Se bongelt wat skean efter my oan en sjucht nei de grûn. Jeanine wol my iderkear by de hân pakke, mar dat kin net, dan kin ik net itensykje.
Wy rinne by de rivier op nei it easten ta. By it wetter wol gewoanlik wol wat waakse. It is ek sa. Wy fine fan dy snilen dêr't wy ferline jier ek wol fan iten hawwe. Bêest guod is it net, mar better as neat. It komt my yn 't sin dat ik ûnderweis nei Jean en Lotsy de woartels fan dy wetterplanten iten ha. Binne it deselden? Hanny en ik besykje se út 'e grûn te skuorren, mar se sitte as in hûs sa fêst.
Sa swalkjend bedarje wy by in gehucht dat oan it wetter leit. Dat hat Borg ommers ek ferteld. Der leit in smel brechje oer it wetter, foarhinne hat dit mar in behindich rivierke west, mar no brûst en kolket it wetter ûnder de brêge troch. Wy sjugge even by de ruïnes. It measte leit plat, sa't Borg ek al sein hie. Wy gonne werom oer de brêge en folgje de rivier noch in eintsje. Ik skôgje de loft ris en rekkenje, it sil sawat op 'e helte fan 'e dei wêze, dat wy moatte werom. Wy gonne wat mear fan 'e rivier ôf nei de foet fan 'e heuvels ta. Miskien is dêr wat te finen. As wy derom tinke dat wy de rivier yn 't êch hâlde, kinne wy net ferdwale.
Hjir op 'e hegere grûn fine wy wat poddestuollen, mar mâl is it net. Miskien moatte wy moarn in oar plak kieze.
Claus syn groep komt mei in pôle poddestuollen thús. Ilse siert se diskear en wy ha der in lekker miel oan. Myn hantsjefol stekt dêr raar by ôf. En de snilen skopt Claus oan 'e kânt. 'Fret dy sels mar op,' seit er.
|
|