| |
| |
| |
Haadstik fiif
It pertret fan mem
Mei ús tsienen stekke wy de moarns ôf. Claus en Ineke foarop. Ineke rint min, mar se wol mei om doeken en klean foar it bern te sykjen. Koe Ilse dat allinnich net ôf? Dy is snoad genôch. Dêrefter rinne Hanny, Jochen, Ilse en ik elk mei in bernewein, twa by twa. Dan komme Sjan, André en Micha, de trije Frânske bern. Lize kreupelt helendal efteroan. Claus wol gjin bernewein skowe, dêr skammet er him foar. Hy koe oars moai oefenje, hy sil it skielk ek wol moatte.
De hinnereis hawwe wy in dei of fjouwer, fiif wurk hân om hjir te kommen fan Besançon ôf. Claus hopet dat wy it no yn trije dagen dwaan kinne. De berneweinen binne leech, dy skowe licht, en wy kinne rjocht op it doel oan gean. It sil him oan ús net lizze, en ek net oan Lize. Mar ik wit net oft Ineke sa hurd kin. Claus hat har no by de earm beet en skoot har sa'n bytsje foar him út. Wy klimme omheech en dan komme wy wer oer in smel paad tusken de rotsmuorren troch. It rivierke rint om de rotsen hinne, mar dêr wie fêst gjin plak foar in paad. Even letter, as wy wer nei ûnderen sakje, heare wy him al wer brûzen. Hy is sa wyld en oerstjoer net mear as in dei of wat lyn. Mar it is wol te sjen dat it mâl gien is, oeral binne stikken út 'e wâl
| |
| |
slein en troch it wetter meifierd, foaral yn 'e bochten. De dyk leit gelokkich aardich heech, dy is net fernield.
Wy sliepe de nachts yn it iepen fjild, in moai ein út it sicht. Doarpen binne hjir net, ek gjin losse huzen, dat witte wy noch fan 'e hinnereis. It sil hjir wol meast ûnfruchtbre grûn wêze dy't net beboud wie. No is it foar it meastepart keal heuvellân. Mar hjir en dêr waakse strûken en oeral sjitte planten omheech. De natoer moast fier wei komme, mar hy liket de slach te boppen te kommen. Allinnich ferrekte spitich fan dat needwaar, dat hat wer safolle bedoarn. Kin dat foar de hjerst noch wer goedkomme? De grûn moat earst helendal bedutsen wêze mei planten en strûken, dan hat sa'n bui der minder fet op.
Wy ha 't net ret yn trije dagen, it waarden fjouwer. Oan 'e râne fan 'e stêd ha wy in skoft op 'e loer en op 'e hark sitten. Doe't it begûn te skimerjen, binne wy de stêd yn gien. Wy hawwe in skûlplak foar de nacht socht en ús deljûn.
De nachten binne op 't stuit net kâld, mar ik huverje dochs as Claus my wekker makket. Ik ha mei Ilse de twadde wacht, Claus en Jochen ha de earste helte fan 'e nacht wekke. Ilse en ik gonne mei de rêch tsjininoar oan sitten. Sa bliuwe de rêgen waarm, mar belangriker is noch, troch it skeuken dat wy dogge, sille wy inoar wekker hâlde. Lykas altyd as ik nachts wachthâlde moat, dan komme de prakkesaasjes. Deis kin ik se wol fuorttriuwe, mar nachts giet my fan alles troch de holle. Ik tink wer oan it tún, dat wy in pear moanne lyn ynoarder makke hawwe en dat no folslein rampoai is. Kin it dan noait in kear slagje? Ik tink oan 'e Dútsers dy't ek besochten om sels iten te ferbouwen, dêr is doe ek neat fan telâne kommen. It mislearret hielti- | |
| |
ten wer. En it moat in kear goed komme, oars gonne wy deroan.
It is no al mear as seis jier lyn dat wy de Dútsers moeten, Sjonny, Mark en ik. Westlik fan Metz wienen wy útnaaid, by dy kearels wei dy't ús as lûkhynders brûkten. Oan in lânreed hienen wy de tinte opset en dêr hienen wy ús yn del jûn. Wy hawwe it in heel set útholden. Iten en drinken hienen wy genôch. Boppedat, nei dy sniestoarm wie it waar beroerd bleaun, dat wy sêgen der ek tsjinoan om fierder te reizgjen. En wêr soenen wy hinne? Dat wisten wy ek net. Wy hawwe inoar wol wylde plannen foarlein, mar dat wie lytsjongespraat, wy hienen der gjin idee fan wat wy moasten. Wy wienen op grutte minsken oanwiisd, mar dy koenen wy net altiten fertrouwe, dat wie it probleem. Op in stuit wie it iten fierhinne op en wy hienen ús nocht fan dy tinte, dat wy binne wer op stap gien. Wy binne weromrûn nei de grutte dyk ta en doe fierder it westen yn. Werom nei Metz doarsten wy net, dy kearels koenen dêr noch omslaan. Folle kâns wie dêr fansels net op, dy sike kearel soe yn alle gefallen wol deagien wêze, mar wy namen gjin risiko. Wy hienen ús in sliepsek op 'e rêch bûn en de lêste blikken mei iten en flessen mei drinken hienen wy oer in stikmannich tassen ferparte.
Net fier foar Verdun kaam ús op in moarntyd in keppel bern oer it mad. Wy hienen dy nachts oan 'e kânt fan 'e dyk sliept, wol wat út it sicht, mar dochs net fier genôch. Doe't wy de bern roppen hearden, wie it al te let om noch fuort te krûpen. Wy wienen oars ek mear nijsgjirrich as bang. De bern hienen allegear in tas mei gers by har, dat fûnen wy mar gek. Se begûnen te roppen en te razen en
| |
| |
der kamen in stik of wat manlju nei ús ta. Doe waarden wy al wat bang, want se hienen allegear grutte burden om 'e kop. Se sprieken ús oan, mar wy koenen har net sa goed ferstean. Mar it hearde wol freonlik en se begûnen teminsten net te skoppen en te slaan. Se namen ús mei nei de dyk ta. Dêr wienen noch folle mear, wol in hûndert! It wie noch folle grutter kloft as dêr't wy it jiers dêrfoar mei troch België reizge wienen. Manlju, froulju en bern. Se hienen fjouwer karavans en dy loeken en skoden se meiinoar. En dêrefter rûnen manlju mei kij en keallen oan it tou. Doe't wy mei de grutte minsken nei de dyk ta kamen, bleau de hele optocht stean. Se namen ús freonlik op en se betsjutten ús dat wy de sliepsekken wol yn de tredde karavan triuwe koenen. Dy siet oars al barstende fol mei klean. Wy krigen wat iten en drinken fan har en se besêgen ús fan boppen oant ûnderen, foaral ek ús skuon. Alles sêch der goed út, wy koenen de reis wol dwaan. En dêr gyng it wer hinne. Wy besochten mei de bern oan 'e praat te kommen, mar dat foel net ta. Soms ferstie ik in wurd of sels in pear wurden, mar dan wie it wer bargedútsk foar my. Letter haw ik begrepen dat it gjin bargedútsk wie, mar echt Dútsk mei Frânsk der trochhinne. Dy lju wienen út it easten fan Frankryk wei, dêr't se dy beide talen prate.
Se wikselen inoar ôf by it lûken en triuwen fan 'e karavans. Dat gyng allegearre heel fatsoenlik om en ta, sûnder striid en geseur. Foar rûnen in stikmannich te lûken en fan efteren skoden se. Swier like it net te gean. As de dyk omheech rûn, dan holpen in pear minsken mear om te triuwen. En as de dyk slim nei ûnderen gyng, dan hongen se oan touwen efter de karavan om him tsjin te hâlden. De bern hienen as taak om gers te sykjen foar de kij. Dizze
| |
| |
minsken hienen de saken folle better foarinoar as de groep dêr't wy it jiers derfoar mei reizge wienen. Se wienen der helendal op klear. Twa karavans sieten fol mei iten en drinken, ien sieten klean yn en tinten en ien siet ark yn, timmerark en ark om de grûn te bewurkjen.
Jûns gyng it tige oarderlik om en ta. Se sochten in gaadlik fjildsje en dan waarden de fjouwer karavans op 'e hoeken fan it fjildsje set. De tinten kamen yn it fjouwerkant te stean. De bern moasten dêr de manlju by helpe. De froulju makken ûndertusken it iten klear en dan waard dat omparte. Wy, Mark en Sjonny en ik, soenen der fuort op oan fâle, mar dat mocht net, wy moasten earst bidde. De oare bern betsjutten it ús: de hannen gear dwaan en de êgen ta. Ik hie dat leau 'k ienkear earder meimakke, doe't ik ris by buorlju iten hie. Heit en mem wienen doe nei 't sikehûs ta mei myn suske, ik wit net mear hoe en wat. Thús dienen wy de hannen net gear foar it iten. Ien fan 'e mannen begûn te praten en dêrnei mochten wy begjinne. It iten wie net lekker, ús eigen blikken hienen folle better west. Doe't it iten dien wie, lies dyselde man in stik út in boek en prate in heel set. Sa gyng dat alle jûnen. De bern waarden dan daliks op bêd stjoerd en as dy leinen, dan joegen de grutten har ek del. Mar in stik of acht man bleauwen wekker, dy stienen by de karavans en holden de wacht.
Wat ik ek bysûnder fûn, wie hoe't se mei de deade minsken omgyngen. It jiers dêrfoar doe't wy ûnderweis wienen, hienen wy de deaden mar gewoan oan 'e kânt fan 'e dyk lein. Fansels, wy hienen gjin skeppe by ús om se te begraven, mar der wie ek gjinien dy't it wat skille koe. Dizze minsken groeven in kûle en dêr waard de deade
| |
| |
ynlein. Dan waard der út dat boek lêzen, ik learde letter dat dat boek fan 'bibel' hiet, en dan waard der bidden en songen. Dêr namen se de tiid foar, ek al wie it midden op 'e dei en moasten wy eigentlik fierder rinne.
Wy hawwe wikenlang rûn. De lju wienen fan doel om nei it westen fan Frankryk te gean, net nei it suden, lykas de groep woe dêr't ik mei út Nederlân kommen wie. Yn 't westen wie fruchtbere bougrûn. Dêr waard in heel soad weet ferboud en der wienen ek in túnkerijen. Dêr woenen dy lju besykje om te buorkjen en sa har eigen iten te ferbouwen. It iten yn 'e winkels, dat soe ommers in kear opreitsje. Ja, mei in pear jier wie it measte fansels ek bedoarn.
Yn Reims ha wy noch in kear iten ynslein by in grutte supermerk. It dak wie ynstoart en se moasten de platen en it daklear fuortskuorre om by it iten te kinnen. It measte wie stikken of bedoarn. De hele hjerst en winter hie it der op snijd en reind, dat alle spul yn papieren pûden wie wei. Allinnich blikguod wie noch brûkber. It stonk dêr ferskriklik seinen de mannen. Se hienen harsels in doek foar de noas bûn by it sykjen. Se sochten net allinnich om iten foar no, mar ek om sied datst yn 'e grûn triuwe koest. Dat wie der hast net, it wienen allegear kant en kleare produkten yn potten en blikken. Mar der waarden dochs ek plestik pûden mei jerappels fûn.
Wy kamen nei in lange reis yn 'e omkriten fan Amiens oan. Dy namme stie wittefaak op betonnen hantwizers. It wie dêr in sêft wêgjend lânskip mei op 'e leechste plakken beken en wetterpuollen. Wy sêgen grutte pleatsen of de oerbliuwsels derfan en op ferskillende plakken midden yn it lân ûnbidige izeren tuorren, wol fjouwer of seis op in rige. Dat wienen weetsilo's haw ik letter begrepen. As se
| |
| |
mei masines it weet meand en terske hienen, dan brochten de boeren it weet nei dy izeren tuorren ta om it dêr te bewarjen. Op dizze fruchtbere bougrûn woenen de lju buorkje.
Mar it like net sa fleurich oant no ta, de natoer hie in bêste opdonder hân mei de stoarm en de hite en dêrnei mei swiere heilbuien. Alles wie plat slein, huzen en beammen, hjir likegoed as op oare plakken. Yn 'e neisimmer en hjerst hie it noch wat like, en doe hiest ek noch hoopje kinnen dat it nei de winter allegear wol wer begjinne soe te groeien. Mar it wie hjirre like dea as oeral dêr't wy lâns kommen wienen. It gers waard nei de winter net op 'e nij grien, mar bleau geel. De beammen kamen al wat bledsjes oan, mar it wie osa skiterich. In hele bulte tûken bleauwen keal. Dy beammen soenen wol deagean. De fruchten dy't ferline jier allegearre op it lân stean bleaun wienen, rotten yn en op 'e grûn. Der kaam wolris in jerappellof ta de grûn út en in inkele weetkerl sprute út, mar dêr soenen gjin bulten minsken har sêd oan ite kinne. It alderslimste wie miskien noch, dat it gjin maityd waard, lykas oars. De winter wie foarby, der wienen gjin sniebuien mear en de dagen waarden wer langer. Mar de sinne bleau wei, de loft wie alle dagen bewolke. Of eigentlik koest net iens wolken sjen, it wie dêrboppe oeral like skier. Koest wol sawat gewaar wurde wêr't de sinne stean moast, mar hy briek net troch de wolken hinne. En sûnder sinneskyn woe dochs neat groeie?
Dy minsken liken dochs wol aardich moedich te wêzen. Se begûnen daliks mei it sykjen fan in gaadlik wenplak mei fruchtber lân der omhinne. Wy fûnen in lyts doarpke dat tsjin in heuvel oanboud wie. Yn 'e bedelte rûn in beekje. It
| |
| |
wetter wie moai helder en fêst wol te drinken. Der hienen in stik of tolve huzen en pleatsen stien. Safolle púnbulten koest telle. Op in inkeld stik muorre nei lei alles tsjin 'e flakte. Hjir soenen wy op 'e nij begjinne, wie it doel. De huzen soenen wer opboud wurde, it fjild soe wer beboud wurde, en de wrâld soe wer fol minksen wurde. Dat sei de man dy't jûns altiten bea en prate. De lju wienen fleurich en klapten yn 'e hannen en rôpen fan: 'Halleluja!' Ik fûn dat in moai wurd en ik brûkte it ek wolris, mar dan waarden de grutte minsken lilk. Lytse bern mochten soks net sizze.
Earst sille wy de saak opnimme en dan ynslaan, is it doel. Wy moatte ark, klean en iten ha, seit Claus, mar dat kin elkenien no wol dreame.
Dy earste deis keutelje wy de binnenstêd troch en loere yn 'e púnbulten op. Fan 't maityd is 't ús al opfâlen, de huzen binne der aardich foarwei kommen, en de winkels ek. Mar dat betsjut tagelyk dat it foar oaren ek maklik west hat om hjir de boel leech te heljen. En dat liket ek bard te wêzen. Mar miskien is der wol wat oerbleaun, wy moatte mar oan 't wurk. Claus bliuwt sels mei Ineke op wacht stean en Jochen en ik nimme elk in ploech mei om de winkels te besjen.
De earste winkel dy't ik mei de Frânske bern yngon, hat sa'n saak west dêr'tst alles krije koest datst alle dagen nedich hiest. Griente, jerappels, mar ek sûker, moal, sjippoeier. Der is net folle mear te besetten. Ik perbearje om it lid fan in sjimpot te draaien, mar it wol net. Troch it glês hinne sjuch ik gjin skimmel, dat miskien is it noch te iten. Ik lit André de sek ophâlde en triuw der in pear potten yn.
| |
| |
Dat is it dan wol. Wy gonne wer nei bûten ta.
Jochen liket it better troffen te hawwen. Hy is noch net werom. Wy rinne nei him ta om te sjen wat er fûn hat. Se binne drok dwaande yn in bult papier en rommel om te slaan. 'In rubberen kul!' ropt Jochen. Hy hat in ding yn 'e hân, dat liket echt wier krekt in kul. Ik moat der om gnize. Ilse en Lize sitte printeboeken te besjen mei allegear bleate froulju deryn. Ik pak ek in bledsje en sjuch it troch. De measte froulju binne bleat, en inkelden hawwe lytse broekjes oan. Se hawwe allegear hele grutte boarsten. Der binne ek platen fan lju dy't oan 't neuken binne. Soks haw ik noch noait earder sjoen. Ik rop Claus en Ineke. 'Seksboekjes,' seit Claus. 'Dy ha 'k foarhinne ek wol hân.' Hy pakt ek ien en besjucht de plaatsjes. 'Smyt dat ding fuort!' seit Ineke tsjin Jochen. Mar Jochen wol him hâlde, hy fynt it in moai boartersding. Ik fyn in foto fan in frou yn in swarte broek en bh. Se hat ljocht hier en se liket op ús mem. 'Lit dy rotsoai lizze,' seit Claus no ek. 'Kom, oan 't wurk.' Ik stek it boekje yn 'e bûse.
Mar it is hjir in earmoedich soadsje. Wy sneupe noch heel wat winkels troch, mar wy fine hast neat. Alles dêr't maklik by te kommen is, is al lang fuort helle.
Mei kleanspul ha wy mear gelok, of foaral Ineke dan. De ploech fan Jochen fynt in kleanwinkel en dêr binne ek berneklean. Eigentlik binne dy foar bern dy't al in jier of seis binne, mar Ineke tinkt dat se har der wol mei rêde kin. Se nimt in heel soad ûnderbroeken en himden mei, dan kin se it bern waarm hâlde. Claus en ik sneupe yn 'e truien en jassen om. Wy ha noch wol reserveklean thús, mar it is wol noflik om wat mear te hawwen. As it dagen suterich is, dan is op 't lêst alles wiet.
| |
| |
Dan treft Ineke it nochris. Se sjucht in winkel dêr't foarhinne sjampoo en lippestift, sinnebrânkrêm en sjippe ferkocht waard. Dy hat ek alderhande spul foar lytse poppen. It is der in ôfgryslike rotsoai, want de stellingen binne omfâlen en in heel soad potten binne iepen barst. Ineke nimt pakken pepierene ruften mei en sjippe en oalje. Se wiist it mar oan en wy triuwe it yn in sek. As se net ophâldt, ha wy aansen ien bernewein fol, en dat allinnich foar sa'n lyts bern. Se jout Ilse ek in pear pakken oer. Dêr sitte dingen yn, dy kin se brûke as se de regels hat, seit Ineke. Ilse skuort it pak iepen en besjucht it spul. It liket har fêst neat, se mitert it fuort.
Claus mient, wy sitte hjirre ferkeard, wy moatte nei de râne fan 'e stêd ta. Dy grutte supermerken binne altiten bûten de stêd want dêr allinnich wie rûmte foar in grut parkearterrein. Op 'e hinnereis ha wy gjint sjoen en oan 'e eastkant dêr't de dyk nei ús hûs begjint, is likemin ien. Wy sille it oan 'e súdkânt perbearje moatte. Wy sette daliks dy kant út. Wy bliuwe foarsichtich, want yn dizze stêd ha wy in pear moanne lyn spoaren sjoen fan in autobân. Ik haw Claus en de oaren noait wat ferteld oer de soldaten, eigentlik is it sa, gjinien fan ús fertelt oer wat er belibbe hat, mar ik tink dat Claus en Ilse en Ineke sels ek wol witte hokker gefaren der driigje. Ast salang omswalke hat, dan witst wol wat der barre kin.
Wy rinne de brede strjitte del mei syn ruostkjende auto's en rotsjende beammen. De huzen gapje ús swart oan. De ruten binne oeral stikken, en wy sjugge yn 'e swartblêkere hoalen op, as de boel teminsten oerein bleaun is en it dak en de solder net fan boppen del kommen binne. Dan binne
| |
| |
it púnbulten dêr't soms healwiis in ledikant of in kastke boppe op stiet.
Wy komme yn 'e bûtenwiken fan 'e stêd. Hjirre sille wy sykje moatte, mar wêre krekt? Buorden en hantwizers binne rampoai, wy moatte op goed gelok rinne. Nei oeren omsneupen fine wy in grut parkeartterrein. Der midden op stanne ruostige winkelweintsje oan in keatling. Der hat fêst ek in besinepomp west, mar dy leit plat. Dat leit de supermerk oars ek. It is net iens te sjen wêr't er west ha. Hjir ha ferskillende bouwurken stien om it parkearterrein hinne en se binne allegearre lyk mei de grûn. Der sit oars neat op, wy sille in gat grave moatte en besykje om ûnder de dakplaten te kommen om te sjen oft wy de goede winkel te pakken ha. Claus set Jochen en Ilse op wacht. Hy sil sels meihelpe want hy is de sterkste. Claus kiest op goed gelok in púnbult út en wy begjinne te dollen. Hy hat goed ret, it is in supermerk. Mar der is hast net by it guod te kommen, der is te min rûmte ûnder it ynstoarte dak. Claus ropt Micha en André, dat binne de lytsten fan ús en dy wol er yn it gat ha. Se snappe wat de bedoeling is en se krûpe daliks yn it gat dat wy makke ha. Soks ha se alle dagen by de ein hân yn Metz, doe't se dêr mei har mem wennen en se binne it noch net ferleard. Mar yn it skimertsjuster kinne se amper sjen wat se oandrage. Blikken en nochris blikken, mar it measte is fansels allang bedoarn. Dochs helje se ek wol wat op dat noch te iten is.
It wurdt te tsjuster om noch fierder te sykjen. No, bûten is it noch aardich ljocht, mar yn dy ynstoarte supermerk is neat mear te sjen. Om fannacht op dit iepene terrein te bliuwen, is Claus te gefaarlik, dat wy gonne in ein derwei
| |
| |
en sykje beskûl yn wat nei alle gedachten in garaazje heal yn 'e grûn west hat. Hjirre sitte wy tink wol feilich. Wy ite wat sjim, wat sûker, wat fruchten en dan jouwe wy ús del. It is noch betiid mar wy kinne oars dochs neat, en moarn wol Claus op 'e tiid wer los.
Ik helje it boekje dat ik yn 'e bûse stutsen ha foar it ljocht en sykje it plaatsje fan ús mem. It is fansels ús mem net, mar se soe it bêst wêze kinne. Eigentlik komt dat fan dy swarte broek en bh. Dêr haw ik ús mem wolris yn sjoen, sneintemoarns, as se útsliepten, heit en mem, en as mem dan einliken út 'e dûs kaam, dan hie se in swarte broek oan en in swarte bh om. Dat fûn ik osa deftich. Ik hie sels in wite ûnderbroek en ús heit ek. Us mem hie in bytsje in grou liif, net lykas de frou op it plaatsje, dy is plat. Mar se hie deselde grouwe boarsten. Dêr mocht ik graach nei sjen. Ik wit eigentlik net oft ús mem har gesicht ek sa wie as dy frou op it plaatsje harres. Ik kin my amper yn 't sin bringe hoe't ús mem der út sêch, it is te lang lyn. Se hie ljocht hier, krekt as ik, en gjin krollen. Soms hie se der in toutsje om, mar meastal los. Ik stek it boekje wer yn 'e bûse.
De twadde deis yn Besançon skuorre wy hast de hele supermerk oer de kop. Dat is te sizzen, wy meitsje op ferskillende plakken gatten yn it ynstoarte dak om te sjen wat der ûnder te finen is. Alle winkels binne yndield neffens groepen produkten, dat wit ik noch wol fan dy supermerk yn Metz. Dêr hongen en leinen de klean byinoar, de itenswaren, de dranken en alles. It is de keunst om de goede groep te finen. Of keunst is it eigentlik net, it is dom sykjen en gelok hawwe. Ast lang genôch sikest, dan hast in kear gelok, en sa giet it ús ek. André, Sjan en Micha dy't
| |
| |
har yn 'e gatten sakje litte en ûnder de foar in part noch oereinsteande stellingen troch wrotte, komme op in stuit boppe mei knyptangen en hammers. Se sitte goed, no moatte se fierder sykje om in pear sêgen en lange spikers. In healoere, in oere letter hat Claus mear spikers yn 'e sek as er yn syn libben ferspikerje kin. Hy is der wiis mei.
As se dêrnei ek noch mei pakken pasta en noedels oankomme en blikken ananas en perziken, beslút Claus dat wy ophâlde sille fan sykjen. Wy ha de berneweinen mear as fol, it kin der lang allegearre net iens yn. Boppedat, hy wol noch sjen om in pear hele ruten. Yn 'e binnenstêd ha wy dy net sjoen en hjir ek net. Claus wol eastlik om 'e stêd hinne nei it noarden ta, nei it skûlplak dêr't wy twa dagen lyn west ha, dan binne wy moarn daliks by de dyk dy't nei ús hûs rint. Hy hopet dat der yn 'e bûtenwiken in pear hele ruten te finen binne.
Wy stekke ôf. It spul fan Ineke komt yn in pear sekken en dy sille sjoud wurde moatte. It swiere guod moat yn 'e berneweinen. Wy gonne nei it noarden ta troch de bûtenwyk. Hjir hawwe tink in heel soad moaie huzen stien, huzen op in heuveltsje mei in garaazje heal yn 'e grûn. Mar no is alles rampoai. Wy fine ús skûlplak werom, mar in heel rút is net te besetten.
Ik stel Claus út dat ik de earste helte fan 'e nacht oppasse sil, ik bin wol wurch, mar de holle stiet my net nei sliepen. It is drok en jachtich yn myn kop. Dat pertret fan mem kin ik net kwyt wurde. Ik hie dat boekje miskien net meinimme moatten, it hellet dingen omheech dy't ik better ferjitte kin. Sneintemoarns as ik der ôf woe en ús heit en mem mar noait kamen. Ik rûn op 'e solder om en ik makke wol safolle lawaai, dat se my heare moasten. Se wienen ek wol
| |
| |
wekker. Soms hearde ik ús mem gycheljen en dan waard it stil en dan in gjalpke. Se wienen wer oan 't frijen. Dat hie 'k wol troch. Mar ik woe dat ús mem der ôf kaam en tee sette. Dan kaam se op 't lêst yn dy swarte broek en bh, en ik wist dat se krekt mei heit frijd hie, dat makke it noch spannender.
Ik moat it fuort triuwe, ik moat oan oare dingen tinke, oan Sjonny en Mark doe't wy by de Dútsers wienen, dat wie dochs wol in moaie tiid.
De man dy't altiten bea en út 'e bibel lies by it iten jûns, dy wie eigentlik de lieder fan alles, begriep ik sa stadichoan. Doe't it plak útkeazen wie dêr't wy bliuwe soenen, doe ferdeelde hy de taken ûnder de minsken. Der kaam in túnploech en in bouploech en in feeploech. De túnploech moast in goed stik lân útsykje en dat omgrave en dêr de jerappels yn sette dy't wy meinommen hienen. Dy ploech moast ek sykje om oare planten of oar sied. De feeploech moast in stik gerslân sykje foar de kij en keallen en der in sket of in muorke omhinne meitsje. De bouploech wie fierwei de grutste ploech, want dêr kaam it measte wurk foar op. De púnbulten moasten opret wurde, de stiennen skjinmakke en opsteapele en it houtwurk en de balken moasten skifte wurde. Dan wie der ek noch in itensierdersgroep, dat wienen allegearre froulju. Mar dy hoegden mar twa kear deis oan 't wurk, moarns en jûns. As der nij iten helle wurde moast of materiaal of ark, dan soe der in riidploech komme moatte. Mar dat koe letter regele wurde.
Ik tocht dat de lieder it goed foarinoar hie. Ik wie eigentlik wol bliid dat wy ús by dizze groep minsken oansletten hienen. Ik waard yndeeld by de bouploech, ik moast mei- | |
| |
helpe om stiennen te fersjouwen. It wie aaklich wurk, want de hannen gyngen dy der stikken fan. En it wie ek swier wurk. De bern hoegden de grutste stiennen net te tillen, mar de lytskes wienen ek swier. De stiennen moasten skifte wurde en opsteapele. It hout, planken en balken, kaam op in oare heap. It ark dat dy lju meinommen hienen, kaam goed fan pas. Alle geve planken waarden spikerfrij makke en it minne hout waard mei de bile ta kachelhout slein. No en dan fûnen wy deade minsken ûnder it pún, der wienen ek bern by. As wy in lyk fûnen, dan stjoerden de grutte minsken ús fuort, se groeven dan sels fierder oant it lyk frij lei. Dat leinen se dan op in doar of in brede planke en sjouden it fuort. In ein fan ús ôf by de heuvel op waarden de liken begroeven. Der kaam in krúske op it grêf. Wy hawwe in tweintich liken fûn.
In oare ploech folk wie yntusken dwaande om in stik greide om te graven, dat moast boulân wurde. It foel net ta, sei Mark, der siet in soad stien yn 'e grûn. Hy en oare bern moasten de stiennen fuortbringe en op in bult smite. Soms wienen der sokke grouwe by, dy koe er allinnich net iens tille. It wie in gelok dat der in pear minsken by wienen dy't ferstân fan it wurk hienen. Ik haw teminsten oannommen dat dat it gefal wie. Ien wie de baas by it bouwen fan 'e huzen, en in oarenien sei hoe't it mei it tún moast. De iene sil wol timmerman west ha en dy oare boer of túnman. De man dy't eigentlik de baas oer elkenien wie, hie gjin ferstân fan it wurk. Hy holp wolris in setsje mei, mar hy makke der net folle fan. Gauris siet er yn dy bibel te lêzen of yn in bloknota te skriuwen.
Jûns wienen wy allegearre bekôf. Ik hope dat de lieder net tefolle bea en prate, want ik woe ite en sliepe. Wy
| |
| |
sliepten noch yn tinten salang't der gjin hûs klear wie. Se stienen by de karavans, op nei it tsjerkhôf ta. Wy moasten allegearre yn in rûnte op 'e grûn sitten gean en dan krigen wy iten. No ja, earst bidde fansels. En dat koe soms lang duorje. As it iten op wie, en dat wie it samar, dan mochten wy net fuort, mar moasten harkje nei de lieder. Sa stadichoan begriep ik dat der twa fêste ûnderdelen wienen fan de lieder syn taspraak: in ferhaal út dy bibel en in wurkbesprek. Fan dat bibelferhaal begriep ik neat, ek letter net doe't ik de taal dochs wat better koe. Dat kaam foar in part fan 'e frjemde wurden dy't de lieder brûkte. Ik wist nei in skoftsje de wurden foar 'stien', 'hout', 'planke', 'iten', 'pisje', 'tinte' en sa fierder, al dy gewoane dingen dêr'tst alle dagen mei te krijen hast. Mar hy brûkte wurden dy't ik deis net hearde en net learde. It wurd 'god' kaam faak foar, en ik wie no net sa dom mear as it jier dêrfoar, ik wist no dat god de man wie dy't boppe yn 'e loft wenne. Mark hie my dat ferteld. God wie de baas oer alles en ast dea wiest, dan gyngst nei god ta. It twadde part fan de lieder syn ferhaal koe ik gewoanlik wol aardich neikomme, dat gyng oer it wurk. Hy beprate wat der dy deis dien wie en wat der de oare dei barre moast. Ja, dat wie fansels hast alle dagen itselde ferhaaltsje. Sa hurd skeat it wurk net op. Wy wienen dei út dei yn oan it púnrûmjen, en it soe noch tiden duorje foar't der mei bouwen begûn wurde koe.
Soms wie der noch in tredde ûnderdeel fan 'e lieder syn praatsje, dan krige ien op syn donder om't er wat ferkeard dien hie. It koe wêze dat ien lui west hie of dat er rúzje makke hie, of hy hie midden op 'e dei in wurd sein datst net sizze mochst, lykas 'god' of 'halleluja'. Soks mochst allinnich jûns nei iten mar sizze. Ien dy't straf krige, moast
| |
| |
altiten nei foaren ta komme en foar de lieder op 'e knibbels lizzen gean. Dan waard der in praatsje tsjin him holden en hy moast sizze dat er it net wer dwaan soe. Op in kear moasten in man en in frou nei foaren komme. Mark sei se hienen neukt. Mark hie mei oare bern nei de rivier west om amers wetter te heljen en doe hienen se sjoen dat in man boppe op in frou lei. Ien fan 'e bern dy't holp mei wettersjouwen, hie it oan 'e lieder ferklapt. Dy bern wienen allegear smoarge klikkers. Ien hat Mark ekris ferklappe wollen doe't dy fan 'god' sei. Mark rôp dat wittefaak. Mark en ik ha dat fanke by de hûd pakt en wy ha har goed bang makke: ast it ferklapst, dan slagge wy dy hartstikke dea! Doe hat se it net dien. Oars waard der allinnich mar praat tsjin minsken dy't wat ferkeards dien hienen, mar dizze man en frou krigen klappen mei in stôk. Se raasden fan pine.
Doe't wy dêr goed en wol wienen, krigen wy ien dei yn 'e wike frij fan it wurk. Foarhinne, foar de klap, hienen dat twa dagen west, sneon en snein. Us heit hie dan ek frij en elkenien yn 'e strjitte. No waard allinnich de snein in frije dei. Ik wie der dochs wol bliid mei, dan koest teminsten útrêste fan it swiere wurk. Boartsje mochten wy oars net. Ik hie graach wat omstrune wollen mei Mark en Sjonny. Even by de rivier sjen of sa. Mar dat mocht net, wy moast alwer op 'e grûn sitte en harkje nei wat de lieder te fertellen hie en wy moasten sjonge. Ik koe dy ferskes fansels net, mar ik bromde dochs mar wat mei. Ast net songst, krigest straf. Sneons holden wy wat earder op mei arbeidzjen. Dan gyngen wy nei de rivier om ús te waskjen, earst alle froulju en dan alle manlju. Dan krigen wy skjinne klean en wy moasten de smoarge ynleverje. Moandeis wosk de itensier- | |
| |
dersploech alles út yn 'e rivier.
Op in jûntyd sei de lieder dat der moasten minsken op reis nei in doarp of stêd ta om iten op te heljen, mar ek om sied te sykjen dat yn 'e grûn treaun wurde koe. Ik hie wol graach mei wollen, want de hele dei stiennen sjouwe, dêr hie ik skjin myn nocht fan. Mar se namen gjin bern mei, dy wienen net sterk genôch om de karavan te lûken. Se binne op in moandei ôfset mei in karavan en mear as in wike letter werom kommen.
Letter bin ik by de túnploech kommen en doe haw ik dochs nochris mei de grutte minsken op stap west. Se woenen nei dy silo's ta om weet te heljen. Fan fierôf wienen dat al bakbeesten, mar tichteby helendal. Se leinen foar in grut part tsjin 'e wrâld. Mei hammers en brekizers krigen de mannen in doar fan sa'n silo iepen, mar it die bliken, hy wie skjinleech. Dat hienen se ek net oars ferwachte, leau 'k. Dy silo's wienen foar tydlike opslach. Se waarden yn 'e neisimmer fol loege en dêrnei waard it weet ferfierd nei de moalfabriken. Yn 'e maityd wienen se leech en dan wie it wachtsjen op 'e neikommende rispinge. Mar dy wie ferline jier net kommen, en as der al hjir of dêr noch wat weet ripe wie, der hienen gjin minsken west om it fan 't lân te heljen. Dochs foel it de lju ôf, se hienen miskien hope tsjin better witten yn. Under yn dy silo sieten noch wol wat restkes weet, mar it wie mar in bytsje. Boppedat wie it twa jier âld, it wie de fraach oft dat noch útsprute woe. Ik moast meihelpe by it opsykjen fan 'e weetkerlen. Wy mochten neat lizze litte. Noch twa silo's waarden iepenbrutsen en dêr wie it krekt itselde, leech op wat restkes nei. Dochs binne wy in pear dagen letter nochris op reis gien nei in oare kloft silo's ta. Alle bytsjes holpen en koest neat
| |
| |
lizze litte. Wy hienen dizkear in pear leppels mei om it weet út 'e hoeken en naden te heljen. Twa dagen reizgjen en in hele dei wurk foar in pear skaaltsjes mei weet. Mar it wie in begjin, sei de lieder de jûns doe't wy werom wienen. As it weet sechstich kear ferdûbele, of tachtich kear, of as god it woe sels hûndert kear, dan soe der it oare jier genôch wêze om fjilden fol te bouwen en der soe oer twa jier bôle wêze foar de hele groep. Mar sa moai as hy it ús foarrekkene, is it net wurden. Net iens de helte fan it weet kaam op en it woe net groeie. It waarden koarte raaien mei lytse ieren deroan dy't meastepart leech bleauwen. Der waard amper mear fan it lân helle as deryn treaun wie.
De bouploech hie yntusken alle pún op heappen set en de grûn keal makke. It bouwen koe begjinne. It doel wie om in muorre yn 't fjouwerkant te bouwen mei ien iepening dy't mei in doar sletten wurde koe. Yn dat fjouwerkant soenen dêrnei allegear aparte keamers tsjin de muorre oan set wurde. Yn 'e muorre kamen gjin ruten. Dat wie foar de feilichheid, sa soest wylde bisten, as dy noch earne omswalken, of minsken dy't ferkeard woenen, bûten keare kinne. Sa hie de lieder it betocht. Hy neamde it 'it fort fan god'. Hjir soenen wy feilich weinje kinne en bewarre bliuwe foar alderhande gefaar. It fjouwerkant waard fjirtich by fjirtich meter grut. De aparte keamers soenen acht by acht meter wêze. Der kamen fyftjin fan sokke keamers, want op ien plak yn 'e muorre koe gjin keamer, dêr kaam de poarte nei bûten ta. Ien of twa keamers soenen foar it fee wêze winters, in pear foar opslach fan hea en iten en de oaren wienen om te weinjen en te sliepen. De baas fan 'e bouploech hie it fort helendal úttekene sa't de lieder it hawwe woe en hy liet my en de oare bern de tekening sjen.
| |
| |
Wy koenen dêr fan leare, want skielk soenen wy soks allegearre sels dwaan moatte. De grutte minsken waarden âld en gyngen dea.
Se hoegden oars net iens âld te wêzen. Underweis hjir hinne wienen twa minsken stoarn, en sûnt wy hjir sieten al wer trije. Dy wienen net iens sa âld, net lykas ús pake en beppe. Se holden op fan wurkjen, leinen dagen lang yn in tinte en wienen dan op in stuit dea. Se waarden begroeven tsjin 'e heuvel oan by de minsken dy't wy ûnder it pún fûn hienen. Der kaam in houten krúske op it grêf mei de namme der op. Wy hienen dan in pear oeren frij fan arbeidzjen en der waard bidden en songen.
Borg en Monika binne net by honk as wy oan ein fan 'e dei op 'e pôle komme. Se komme dy jûns ek net thús, wat wy ek wachtsje. Wurch fan 'e reis jouwe wy ús del en wy beprate dat se sille moarn wol komme. Miskien binne se op 'e siik nei iten wat fier fan hûs dwaald en kinne se foar tsjuster net thús komme. Dat wie oars net ôfpraat, se soenen op it hûs passe. Mar goed, se sille wol komme.
Se komme net, de oare deis net, twa dagen neityd net. It liket der op dat se helendal net werom komme. Claus seit, se kinne in ûngemak hân ha, of se binne oerfâlen troch oare minsken. Gjinien fan ús jout andert. Se kinne ek tegearre op stap gien wêze, tink ik. Ik sjuch Ilse oan. Dy tinkt itselde as ik, ik bin der wis fan. Dy skop tsjin de beolich dy't Claus him jûn hat, dy hat Borg net fergetten. En miskien hat Borg ek wol tocht: as ik Ilse dochs net krij, dan nim ik Monyk. Want it sil wol om Ilse west ha, dat Claus sa hellige duvels waard. Borg hat allang sin oan in frou, al wol mear as in jier. It alderleafste hie er Ineke hân.
| |
| |
Monika hat in mâle harsens en se seit net in wurd, mar se is wol betrouber. No binne wy noch mei ús tsienen, fjouwer jonges en seis fammen. Mar wy binne in stik swakker wurden.
Claus stjoert Ilse mei alle froulju fuort om iten te sykjen. De blikken sille safolle mooglik sparre wurde. Ineke bliuwt thús, dy is noch deaynein fan 'e reis.
Wy sette út ein mei it opknappen fan it hûs. Earst wurdt de ljedder makke en dan gonne Jochen en ik by it dak fan 'e fierste skuorre op om dêr de golfplaten ôf te heljen. Wy knippe de ruostige spikers troch en dan litte wy de platen oan in ein tou nei ûnderen ta sakje. As wy ienkear in pear platen dien ha, krije wy it foar de slach en dan giet it hieltyd better. Wy helje der in stik of tsien ôf, dat moat genôch wêze foar ús lek dak.
No moatte de platen omheech en te plak en dat is in folle slimmer kerwei. Us hûs hat lokkich in solder, dat wy hoege net alles fan bûtenôf te dwaan, mar likegoed is it net ienfâldich. Wy ha in tou oer de naal smiten en oan 'e iene ein in plaat fêst set. Jochen en ik stanne dernei te sjen as it tou spant en de plaat in lyts eintsje fan 'e grûn tild wurdt. Dan hekket it. Wy rinne om it hûs hinne om te sjen wat der mis is. Claus en André lûke wat se kinne, mar it komt eigentlik foar Claus allinnich op, André is mar in licht fintsje. Dy grouwe Ineke koe der better oan hingjen gean. It is gjin swier wurk, se hoecht allinnich har kont mar sakje te litten. Claus stjoert Jochen nei de solder ta en ik moat helpe mei lûken. Wy krije it foarinoar, de plaat komt te plak. Jochen hâldt him beet en ik set him fêst mei in pear spikers. It begjin is der, en dêrnei giet it better. Nei trije dagen is it dak ticht. Wy bringe it bêdeguod nei boppen ta en de ekstra
| |
| |
klean dy't salang yn 'e grutste skuorre hongen ha te droegjen. It docht bliken, der misse klean en tekkens. Borg-en-dy binne net oerfâlen of ferûngemakke. Se binne fuortgien.
Op in moarntyd wurd ik wekker fan roppen en razen. Ik sjit oerein en doch de skuon oan. Ik ha my fêst fersliept, de oaren binne der al ôf. As ik by de trep del gon, merk ik dat it folle ljochter is as oars. Ik kom bûten en slach daliks de hân foar de êgen. It is blinkend ljocht oeral. De sinne skynt! De sinne! It is sân jier lyn dat ik de sinne foar 't lêst sjoen ha. No wurd ik de oaren gewaar, Claus, Ineke, Jochen, Lize en Ilse. Se rinne yn in optocht om it hûs en de skuorre hinne en laitsje en roppe. Hanny stiet dom om har hinne te sjen, as moat se har yn 't sin bringe wat dit no ek al wer wie. 'De sinne!' ropt Ilse. En ik rop werom: 'De sinne!'
Mar de trije Frânske bern binne yn 'e skuorre krûpt, se binne bang. Se witte tink net mear dat foarhinne de sinne wittefaak skynde, it is nij foar har. Of ha se dochs dat felle ljocht fan sân jier lyn yn 't ûnthâld en binne se dêrom sa bang? Ik gon nei har ta en praat in pear wurden tsjin har. Mar myn Frânsk is net sa bêst. Se sille aanst wol bûten komme as se merke dat wy net bang fan 'e sinne binne.
'No komt it wer goed!' seit Claus. Hy is ek tige optein. Hy hellet Ineke nei him ta en jout har in tút. 'Verdammt noch mal!' ropt er. Wy sjugge dat in walm fan 'e heuvels slacht, de sinne bakt de grûn droech. No sil alles wer groeie wolle! No is der aansent wer iten yn oerfloed. Ik wurd hast oerstjoer. 'Wy sille iten sykje!' rop ik. Claus knikt. Wy stekke mei ús fiven ôf, Ilse, Hanny, Jochen, Lize
| |
| |
en ik. De Frânske bern litte wy gewurde, dy binne fierste bang.
Wy nimme pûden mei en gonne de heuvels yn. Ilse hat in bêst sin, se sjongt. It heart moai, ik wurd der hast raar fan. It is lang lyn dat ik sa sjongen heard ha. As de soldaten songen, waard ik bang, want dat betsjutte meastal net folle goeds. En de Dútsers songen healwize lieten dêr't neat oan wie. Mar sa't Ilse sjongt, dat is moai. Sa song ús mem ek. Ik moat ek wol sjonge kinne, ik ha op 't lêst op skoalle west, mar ik wit neat, of ik wol it net mear witte. It is sa lang lyn dat it sa'n fleurige dei wie, en no kin ik it hast net oan.
Ilse lûkt my mei, by de oaren wei. Wy sykje in skoft tegearre om planten en poddestuollen. Dan komt se by my. Se smyt de pûde op 'e grûn en begjint de klean út te dwaan. Se hat bleek fel en wat is se mêger. Se draait har om en om yn 'e sinne. Har boarsten binne grutter wurden en se hat folle mear hier op de prûm as ferline jier. 'Doch dyn klean ek út,' seit se. Ik doch it. Se pakt myn kul beet en knypt der yn. Samar wurdt er hurd yn har hân. 'En no wol ik neuke,' seit se. Se makket in bêd fan 'e klean en giet der op lizzen, de skonken útinoar. Ik gon op har lizzen en besykje om him yn har te stekken, mar it wol net goed. Ilse pakt de kul en triuwt him yn 'e prûm. Ik fiel hoe't er yn in waarm en sêft gat komt. No begjin ik fûl te stompen, mar dat wol Ilse net. 'Net sa hurd!' seit se. Ik doch even suniger, mar it fielt wreed en ik begjin wer fûl te stompen. 'Net sa hurd, kloatsek!' seit se wer. Se jout my in slach foar de kop. Ik wurd kjel en hâld op fan op en del gean. 'Stadich,' seit se. 'Héél stadich.' Ik perbearje it en Ilse hat gelyk, dat is fetwreed. Se hat de êgen ticht dien en suchtet
| |
| |
djip. 'No mar wat hurder,' seit se. Ik doch it en ik fiel dat Ilse de skonken om mines hinne docht. 'Ja! Ja!' ropt se. It guod spat út myn kul wei en it moat wol heel djip yn Ilse har prûm delkomme. Se suchtet. Dan lûkt se myn holle nei har ta en jout my in tút. Ik bin der bliid mei. Dit is heel oars as mei dy soldaat, en dit is ek oars as mei Lotsy. Dit is myn eigen faam dêr't ik mei frij.
Ynienen is it foarby. Se triuwt my fan har ôf en docht de klean wer oan. 'Wy moatte iten sykje,' seit se.
Wy fine net folle. Fan ien moarnsskoft sinne groeie de planten net. Der sille folle mear dagen mei sinne komme moatte. Mar dat bart net. De oare deis is it donker waar en it storeint.
|
|