| |
| |
| |
Haadstik fjouwer
Needwaar
Wy ha ús derop klear makke om fuort, oer in dei of trije sil it wêze. Claus hat Monika en my en de trije Frânske bern meistjoerd op sneuptocht. Claus wol ha, wy sille ekstra iten sykje, dan ha wy wat foar ûnderweis nei Besançon ta. Ilse hat de lieding krigen, want Borg moat thúsbliuwe fan Claus. No, Ilse wit de plakjes sa stadichoan ek wol te finen.
De deis foar't wy fuort sille, slacht it waar om. It hie hieltyd min ofte mear droech west, mar dan begjint it ynienen te spielen, ferskriklik, it wetter fâlt by bakken út 'e loft. De nachts begjint it al, mar dêr fernimme wy ûnder neat fan. Wy binne djip yn 'e sliep. Mar ier yn 'e moarntyd komme de sliepers fan 'e solder ôf, dweiltrochwiet. It wetter rint mei grutte strielen tusken de pannen troch, sizze se. It is dêr sa lek as in gatsjepanne, kinst dêr net mear wêze.
Wy heukerje meiinoar in set yn 'e keamer om en wachtsje oant it wat ljochter wurdt. Mar dat bart net, it reint sa slim dat de loft fertsjustere is, it bliuwt de hiele moarntyd skier en kinst mar in meter of tweintich sjen. It begjint no yn 'e keamer ek te lekken. It wetter rint troch de naden tusken de planken. Earst is it drippen, mar dan streamt it yn strieltsjes fan 'e balken ôf. Wy ferskikke wat om net
| |
| |
krekt ûnder in wetterstriel te sitten, mar do kinst oan 't ferskikken bliuwe. 'Nei de skuorre!' ropt Claus. Efterinoar stowe wy ta de doar út nei de skuorre ta. Dêr is it droech, teminsten, no noch. De soldersliepers dogge de klean út en wringe it wetter der sa goed en sa kwea út en lûke se dan mar wer oan. Ekstra klean lizze op solder en dy binne ek allang wiet, en de tekkens binne wiet. It is noch tsjusterder yn 'e skuorre as yn 'e hûs, want der sitte mar in pear lytse rútsjes yn 'e muorre. Wy sitte ticht tsjininoar oan om waarm te bliuwen en wy harkje nei it geweld fan it wetter op it golfplaten dak. It is as in trochgeande fûle roffel op in tromme. It giet mar troch en it hâldt net op. As wy de skuordoar opdogge, sjugge wy dat de reed in modderstream wurden is. Hjir yn 'e delling komt alle wetter fan 'e heuvels oan wjerskânten telâne. 'Wat hjoed fâlt, fâlt moarn net,' seit Claus. Hy tinkt miskien dat it moarn wol oer wêze sil en dat wy dan dochs op reis kinne. Mar ik wit net. It hat wol earder skriklik spield, dagen efterinoar. Dan wie alles en alles trochwekke en de grûn wie in sompe, in modderpoel dêr'tst oan 'e knibbels ta yn weisakkest. Dagen hold it oan en noch langer duorre it foar't de wegen wer begeanber wienen.
Boppedat, wy sille jûn wol in part fan ús reisfoarried opite moatte en moarn en oaremoarn miskien ek, en dat betsjut dat wy earst op 'e nij itensykje moatte foar't wy fuort kinne. En wurdt it measte net fuortspield mei sa'n stoartbui dy't dagen oanhâldt? Ik bin bang dat wy noch wol in pear dagen fêstsitte en ik jou my del. Besykje wat te sliepen, dan fielst de mage ek net.
Twa dagen en twa nachten sitte wy no al yn 'e skuorre en
| |
| |
it reint mar troch. No en dan lichtet it wat en dan hoopje wy dat it no einliken ris ophâlde sil. Mar even letter slacht der wer in fûle roffel op it blikken dak en fâlt it wetter wer yn streamen nei ûnderen ta. It is net te begripen dat der safolle wetter yn 'e loft sit. It liket dat de see oer it lân giet, sa slim is it.
Earjusterjûn ha wy alle iten út 'e hûs wei helle en dat hat Claus yn trijen ferparte. Jûn ite wy it lêste op en dan wurdt it fierder hongerlapjen. Drinken genôch, wy hoege mar even in blikken bus of in panne bûtendoar te setten en wy kinne safolle drinke as wy wolle. Skiten en pisjen dogge wy yn in hoeke fan 'e skuorre. Wy smite der wat rûchte oerhinne, tsjin 'e stank. As de bui oer is, sille wy de boel wol útmjuksje.
Ik bin net sa moedich, ik bin bang om it tún, dat helendal fernield wurdt. It besykjen om earne in plakje te finen en in bestean op te bouwen is my al dy jierren troch mislearre, en no't ik my by de ploech fan Claus oansletten haw, wurdt it likemin wat, bin ik bang. Miskien hienen wy yn Metz bliuwe moatten, dêr wie noch iten. Oan 'e oare kânt, wy sille op 'en doer leare moatte om ús eigen iten te ferbouwen en dêr fan te libjen, want it iten yn 'e winkels rekket op en de grûn smyt alle jierren wer nij iten op. En dan moatst op it plattelân wêze, lykas no. Miskien hienen wy dochs fierder nei it suden moatten of yn alle gefallen net sa ticht by de bergen fan Switserlân dêr't it kâld is en dêr't de buien foar hingjen bliuwe, lykas no, en al it wetter op ús del kletse litte.
Sok skriklik needwaar haw ik wol faker meimakke. De earste kear wit ik noch it bêste, dat wie yn België. Efterôf
| |
| |
besjoen wie dat lang net it slimste ûnwaar dat ik belibbe ha, mar it hat wol de measte yndruk op my makke. Wy wienen doe in wike of wat ûnderweis, Friezen en Hollanders en Flamingen. It moat in healwiis gesicht west hawwe, al dy minsken mei winkelweintsjes oer de sneldyk. Mar gjinien hat it sjoen, der wienen gjin libbene minsken bûten ús.
Wy wienen net fier fan Brussel ôf, miskien in dei rinnen, doe briek it needwaar los. De loft dy't stiif-griis west hie, al dagen oars, waard no fetswart en it begûn ferrekt te reinen en te heiljen. En de wyn helle ynienen oan en it waard in heale stoarm. Oeral heardest bern en grutten âljen fan pine as se rekke waarden fan dy grouwe stiennen. Wy kroepen ticht tsjininoar oan en efter de karkes om skûl te finen. Wy wienen op in keale sneldyk sûnder beskutting hoe dan ek en wy koenen nearne hinne. En it gyng mar troch en it hold net op. Mear as in oere fêstwol raasde dy bui oer ús hinne en doe wie it ynienen dien. It reinde noch wol, mar de wyn gyng lizzen. It wie skier en tsjuster om ús hinne, as wie it let yn 'e jûntyd. Mar it wie noch mar middei, of wat nei de middei. Even wie it stil, nei't de bui útraasd wie, doe begûn it jammerjen en âljen oeral. Ien fan 'e poppen wie dea, dy wie mei bernewein en al it wetter yn blaasd, in jonkje sa âld as ik wie mei de holle tsjin in beamstobbe slein, dêr siet ek gjin libben mear yn. Oaren hienen smertplakken om't se fâlen wienen of har stompt hienen. En allegearre hienen wy seare hollen en hannen. Wy hienen de hannen oer it gesicht lein om dat te beskermjen, en it fielde as hie ien ús mei in hammer op 'e kop slein.
De lytskes wienen helendal fan 'e wize. Mar de grutte minsken likegoed. Of miskien noch slimmer. De lytskes
| |
| |
gûlden om't se pine hienen en sa bang west hienen. Mar de grutten, tink ik no, hawwe fêst op dat stuit al ynsjoen dat der fan har moaie plannen miskien neat komme koe. As sa'n bui oer it lân raasde, ek al duorre er folle koarter as no, dan soe alle gewaaks op it lân stikken slein wurde. Wy sêgen it no ommers wol, de twiichjes dy't noch oan 'e beamstobben sitten hienen, wienen derôf slein. Alle planteguod yn 'e bermen wie fynhaksele. Sa'n heilbui fernielde alles wat op it lân stie, en wêr moast dan fan ite? Soks sil de grutte minsken wol troch de holle gien wêze. Mar se praten der net oer. Se namen de skea op oan 'e foarried iten. De boppeste blikken mei stampotten sieten fol dûken, mar wienen noch heel. Pûden mei sûker, moal, kofje en thee wienen stikken slein en finaal trochwekke. De apels wienen appelsmots wurden. Ja, dy leinen fansels meast boppe-oan.
Wy wienen oan it fel ta. En de ekstra klean op 'e karren wienen like wiet. Wy moasten fierder, wy koenen hjir net bliuwe. Wy moasten in skûlplak sykje. Sa praten de grutte minsken. Se hawwe de beide deade bern yn 'e berm lein. De man dy't op 'e bern paste, dy sei dat ik moast twa lytse bern by de hân nimme en flak efter him bliuwe. Dêrefter kamen wer oare bern, hyltyd trije by trije. Wy soenen foarop en de grutte minsken mei de karkes efter ús oan, dan koenen wy net fan 't paad reitsje of efterbliuwe.
It waard nearenacht en it reinde mar troch, net fûl, mar likegoed rûn it wetter ús ta it hier út en by de klean yn, oer de rêch en de kont by de skonken del. Wy wienen as in sompe en de klean begûnen te skrinen en de fuotten dienen sear yn 'e skuon. Der wie nearne in skûlplak. Teminsten, wy ha neat fûn. Mar it wie ek sa ierdetsjuster, wy hienen al
| |
| |
by in hûs oprinne moatten, soenen wy it fûn ha. De bern dy't ik oan 'e hân hie, rûnen te snotterjen. Se wienen deaynein en ynkâld. Ik ha net gûld, ik hie gjin triennen. De hele nacht binne wy troch rûn, en doe waard it einliken wer ljocht. Wy koenen om ús hinne êgje en der waard besletten dat wy even rêst nimme soenen en wat ite en drinke. Doe die bliken, der misten twa minsken. Dy wienen tink efterop rekke. Wy wachten, mar se kamen net opsetten. Miskien wienen se by de dyk del rekke en yn 'e sleat bedarre, of gewoan fan wurgens omfâlen.
It kin ek wol wêze dat se besletten hawwe om net fierder mei te gean. Der wienen nei dy skriklike bui mear lju dy't der gjin nocht mear oan hienen. Wy hienen likegoed by Den Antwerp bliuwe kinnen, seinen se, dy Flamingen hienen gelyk, der wie genôch matriaal om huzen op te knappen. Dan hiest teminsten ûnderdak. En wat hiest no en wêr bedarrest? It koe fierderop noch wol beroerder wêze as hjirre. Der binne doe wol in tweintich minsken werom gien, ek bern, alle Flaamske bern sawat. Mar Mark net, dy hie gjin famylje en dy woe by ús bliuwe. Letter is Mark myn freon wurden, en Sjonny ek, dy kaam út Hollân.
No en dan rûzet de rein del, en wy hoopje dat it waar sa stadichoan betterje sil. Mar dan komt der wer in fûle roffel. Wy sitte en lizze stil byinoar. Claus hat Ineke de broek del dien en sit oan har bleate kont te pielen. Neuke wol se net, hat se sein, mar dat gepiel fyn 't se tink wol goed. Hy kin fansels ek net mear op har lizze, se hat in fierste grou liif. Hy kin der noait by, en it bern kin ek wol fynknypt wurde. Claus giet mei de hân hinne en wer tusken har billen, mar dan gnoarret Ineke en seit dat er ophâlde moat. It docht sear.
| |
| |
Claus giet oerein en rint nei de doar ta. Hy stiet in skoft yn 't waar te sjen. Dan komt er werom. Ynienen is er poer lilk. 'Scheiße,' ropt er, en 'Verdammt noch mal!' Hy rint op Borg ta en skopt him tsjin 'e hûd oan. Ik wit net wat Borg die, ik tink fan neat, hy sil wol lein ha te slûgjen, lykas wy allegear. Mar wêrom is Claus dan sa hellige duvels? Borg leit neist Ilse en oan 'e oare kênt fan him leit dat stille Frânske famke, Micha. Borg springt oerein. Hy raast fan: 'Kloatestront!' en hekket de bile fan 'e riem. Ilse rôlet har fansiden en komt op 'e knibbels oerein. Se âlet: 'Ophâlde! Ophâlde!' Claus hat it mes pakt. Se draaie om inoar hinne. Allegear binne wy no oerein kommen, op Hanny nei, dy kin it allegearre neat skille. Ik wol myn bile pakke, mar ik doch it dochs mar net. Net noch mear wapens, dan wurdt Claus helendal gek yn 'e harsens. Ik gon heal tusken Claus en Borg stean en rop lykas Ilse: 'Ophâlde, kutshit! Ophâlde!' It jout my neat. Claus is troch alles hinne. Borg sjucht bang, hy wit wol dat Claus sterker is. Ik moat Claus keare, dy is it gefaarlikst. 'Wy hawwe Borg nedich,' sis ik kalm. 'Borg is sterk en wy kinne Borg net misse.' Hy sjucht even nei my, it is net mear as in êchwink. Dan stekt er it mes fuort en giet neist Ineke sitten. Hy hellet de kul út 'e broek en begjint him ôf te lûken. Nei in hoartsje spat it guod derút, it komt yn 'e rûchte telâne tusken syn skuon. Elkenien hat syn plakje wer op socht en him deljûn.
Ik wit net wat Claus besiele. Wat die Borg? Neat tink, hy lei dêr gewoan. Of siet er oan Ilse te plúzjen en koe Claus dat net hawwe? Mar Claus hat Ineke ommers? Miskien is Claus de holle mâl om't syn plannen yn 'e war skopt wurde troch it waar. Claus is gau op ien ein, Claus wol dat it allegearre sa rint lykas hy it yn 'e holle hat. Miskien moast er
| |
| |
allinnich syn lilkens mar kwyt en hat er dêrom Borg skopt. Hy mei Borg net lije om't er fan Borg ôfhinget, lykas ek fan my en fan Ilse en fan Monika. Hy hat in sterke ploech nedich, oars ret hy it ek net op om te oerlibjen. Dat sil him wol dwars sitte. En no makket er himsels tink wiis dat Borg him oan 'e kânt sette wol. Claus is in goede lieder foar ús, mar hy is net baas oer himsels.
Wy ha it lêste iten op kôge en wy gonne de tredde nacht yn. Claus is no wer gewoan. Hy hellet Ineke oan en praat tsjin har.
Ik bin geil wurden fan Ineke har kont en fan Claus syn hân dy't dy kont betaaste. De kul is my spikerhurd. Dat is er op 't heden wittefaak. It feltsje dat der omhinne sit wurdt dan helendal weromlutsen en de ikel komt bleat. Dy is tige gefoelich. Ast dêr mei de fingers oerhinne giet, dat is kankerwreed. Ik meitsje de broek los en begjin oan 'e kul te lûken lykas Claus die. Earst bart der neat, mar dan krij ik it gefoel dat ik skriklik nedich pisje moat. Dat kin net sa wêze, ik haw koartby noch pisse. Ik hoopje net dat der aansens in striel mige út komt, dan soe ik my deaskamje. Ik bin al in bytsje bang, mar ik kin no net mear ophâlde. Ik moat troch gean, it fielt wreed. Ik gon oerein sitten en loek troch, sa hurd as ik kin. Ynienen, dêr is it, in lange striel wyt guod spat út 'e kul wei en komt in ein fierder del. Ik haw noch folle fierder sketten as Claus. It hert slacht my yn 'e strôt en ik hymje as hie ik in ein draafd. De hannen trilje my. Pine skuort my troch de kul. Hy is noch spikerhurd, mar stadichoan bekomt er no. Der komme noch wat dripkes út, kliemsk guod dat ik ôffei oan 'e broek. Ik bestopje him en lit my efteroer sakje. Dat is it dus, in fetgrou gefoel. Ik soe
| |
| |
no ek neuke kinne mei ien fan 'e fammen, krekt as Claus en Borg. Ik bin bliid.
Wy rûnen hele Nederlân troch en noch hold de reis net op. Breda kamen wy bylâns en doe wienen wy al gau yn België. Tusken Breda en Den Antwerp wienen it ek allegear ferûngemakke auto's. De berms leinen der fol mei. De liken begûnen al te fergean en ast ticht by in auto lâns gyngst, dan stonk it fetgoar. De grutte minsken seinen dat it mar goed wie dat in hele bulte auto's útbaarnd wienen. Liken wienen fergiftich en der koe sykte fan komme.
Wy kamen by Den Antwerp lâns oer in brede dyk. Dy dyk wie op betonnen peallen boud en lei heger as de huzen. Sadwaande koenen wy de hele stêd lizzen sjen. It like mâl, it wie ien grut fjild fan ynstoarte en útbaarnde huzen. Sa wie it yn Amsterdam krektlyk, seinen de Hollanders. De fangreel wie op guon plakken stikken en yn 'e djipte leinen auto's. Dy wienen tink fan dizze hege dyk ôf blaasd en nei ûnderen dondere. Den Antwerp hat in grutte yndruk op my makke. Ik hie wol earder yn in grutte stêd west, wy gyngen wolris nei Grins ta, dat wie noch gjin healoere riden. Mar ik hie noch noait sa'n ferrekte heap huzen byinoar sjoen, stikkene huzen dan, it wie ien grutte woastyn fan yninoar mitere huzen, mei hjir en dêr noch in stik muorre en soms sels in heel hûs rjochtoerein.
Op in stuit hold de hele dyk op, der wie in stik fan wol hûndert meter út wei slein. Wy moasten werom en in ôfrit del. Sa kamen wy dochs noch troch de stêd, al wienen it dan de bûtenwiken. Fan tichteby like it noch mâlder en wat sa gek wie, it aaklichst wie de oanblik fan huzen dy't noch oerein stienen. De ruten wienen allegear sprongen,
| |
| |
ek as der gjin brân west hie. As der gjin kleden of lûken foar de ruten wienen, dan koest de stuollen en kasten en tafels sjen, sa heel deagewoan, krekt as soenen dêr aansent wer minsken yn dy keamer komme. Mar dy kamen noait werom. Se leinen op 'e strjitte en tusken it pún. Guodden yn of by har auto, of neist har scooter of fyts. De klap wie de minsken oer 't mad kommen en dêr't se op dat stuit west hienen, dêr wienen se delfâlen en stoarn. Der wie gjinien om de liken op te rêden. Hoe hie it ek moatten? Koest hjir mei in auto amper komme, hiest earst mei in swiere trekker mei in skoboerd de auto's en it pún oan 'e kânt triuwe moatten. Mar om alle deade minsken te bergjen, dan moast de hele stêd oer de kop, want der leinen miskien in heel soad ûnder it pún bedobbe. En wer moast mei al dy deade minsken hinne? Op it plattelân koest in gat grave, mar hjir wie oars net as in inkeld park. Der wie gjin begjinnen oan.
Wy kamen dochs wer op 'e brede sneldyk út en dêr wie in ôfslach nei Brussel ta. It wie flak foar de tunnel ûnder de Skelde troch. Dêr ha wy in oerke rêst nommen en wat iten. In pear lju hawwe nei de tunnel ta west. Hy wie noch heel, seinen se, mar der wie hast net troch te kommen. Der wienen in heel soad auto's byinoar op knald en yn 'e hens flein. Mei in karre soest der amper bylâns kinne.
Op wei nei Brussel kamen wy troch in heel lang doarp. De huzen oan wjerskânten leinen allegearre plat, it hienen grutte huzen west mei moaie tunen derfoar. Dêr moeten wy in groep minsken, sa'n fiifentweintich. It wienen Flamingen. Se fertelden, se sieten dêr al in skoftke, want se wisten net rjocht wat se soenen. Guodden woenen hjir bliuwe en besykje om yn in doarp of stêd dêr't de boel net
| |
| |
al te stikken wie, wer wat huzen bewenber te meitsjen. Alles wie oan smots, dat wie sa, mar yn 'e winkels wie genôch matriaal om de saak wer op te bouwen. Der wie potlan, der wie sân, der wie hout, der wie ark. Moast it wol ûnder it pún wei helje, mar it koe. Oaren tochten dat se better op reis gean koenen om te sjen oft it fierderop wat tafâlen wie mei de klap. Net dat se dêr wis fan wienen, de Frânske radiostjoerders swijden ek en dat wie net in goed teken. Mar hokker beslút se ek namen, se moasten it iens wêze, want in grutte groep hie de measte kâns om te oerlibjen. Wy binne in nacht yn dat lange doarp bleaun en de grutte minsken hawwe meiinoar bepraat wat it bêste wie: bliuwe of fierder reizgje. De measten fan ús groep woenen fierder, fan 't begjin ôf hie dat it doel west: sa fier mooglik it suden yn. Nei de oanblik fan Den Antwerp wie dat wollen miskien noch sterker wurden. Safier mooglik hjirwei en in better plak sykje. De oare moarns die bliken dat se it net iens wurden wienen: guodden fan 'e Flamingen sleaten har by ús oan en fan ús âlde groep besleaten guodden om hjir te bliuwen. Ik wie te lyts om in beslút te nimmen, ik bin mei de grutste groep fierder reizge.
De Flamingen fûnen ús karkes bespotlik. Ast sa'n lang ein reizgje woest, dan moast auto's ha en karavans, en as dy der net wienen dan mar tinten, en moast ekstra klean en skuon ha, bêdeguod, iten en drinken, leppels en messen, medisinen, gasflessen en gasstellen, itensierderspannen. Fan alles moast der komme. En hjir wie genôch! Dat wie wier, yn 'e winkels wie fanalles te finen dat brûkber wie, mar in hele karavan waard net fûn. As se bûtendoar stien hienen, dan wienen dy lichte dingen oan spuonnen slein troch de stoarm. Hienen se yn in garaazje stien, dan wie- | |
| |
nen se platdrukt ûnder it ynstoarte dak. Der waard al in auto fûn dy't noch starte woe, mar nei hûndert of twahûndert kilometer wie de besine fansels op en nije wie fêst net te krijen. En wat joech ús ien auto ek, wy hienen tsien ha moatten. Dat de winkelweintsjes bleauwen yn gebrûk. De grutte minsken loegen se fol mei ytbere spullen en mei ekstra klean en skuon. Ek in pear kampeargasstellen en itensierderspannen kamen mei. Dan koe der jûns wat sop opwaarme wurde.
Dêr gyngen wy wer hinne. Op nei Brussel. Der wie in âldere man dy't op my en oare bern paste. Hy hie in griis burd, mar hy wie net âlder as ús heit, tocht ik. Ja, nei in skoftsje krigen alle manlju fansels in burd, want se koenen har net skeare, mar de measten knipten it koart. Der wienen in stik of tweintich bern, guodden noch jonger as ik, der wienen sels in pear poppen by, dy koenen noch net iens rinne, dy leinen de hele dei mar wat te kriten. Dy man mei it burd die molke yn in fleske en hy learde ús om dy bern drinken te jaan. Dat wie wol aardich, soks hienen wy fansels wolris op 'e tillefyzje sjoen. En no dienen wy it yn 't echt. De man woe dat wy sjonge soenen en hy learde ús ferskes. Ik ha goeie oantinkens oan dy tiid, ik tink dat ik my aardich goed oanpast ha oan 'e omstandichheden. Ik ha my oerjûn oan wat barde en noch komme soe, en ús heit en mem en myn suske en al dy oare deade minsken, dêr haw ik net mear oan tocht. Ik ha dat by ûngelok dien, mar it wie it bêste wat ik dwaan koe. It is sa't Claus altiten seit: Net omsjen! Net fierder prakkesearje as hjoed en moarn!
Ik tink dat de grutte minsken doe dochs net goed foar it ferstân hienen hoe't de wrâld derhinne lei. Se hopen earne yn it suden in plak te finen dêr't de klap net te slim oan- | |
| |
kommen wie en dêr woenen se in nij bestean opbouwe. Mar wienen sokke plakken der noch wol? Oant no ta like it slim. Alles wat mear as trije meter boppe de grûn útstiek, wie troch de stoarm omblaasd. Ferûngemakke minsken oeral. Allegear deade bisten yn 't fjild. Hoefier moasten wy noch rinne foar't wy teplak wienen? Hienen dy oaren dochs gelyk hân dat se mar bleaun wienen dêr't se wienen?
De man mei it grize burd sei ús dat wy as bern it alderbelangrykste wienen. Fan ús hong it ôf oft it slagje soe om op 'e nij te begjinnen. Wy soenen in heel soad leare moatte, foaral nuttige dingen: hoe reparear ik in auto, hoe spin ik jern, hoe set ik jerappels, hoe meitsje ik bôle fan moal, en sa fierder. As wy jûns in plakje sochten om te sliepen, dan joech er ús blêden út in boek, dy skuorde er der samar út en dan moasten wy lêze. Lêzen wie skriklik wichtich, út boeken koest in heel soad dingen leare en der wienen fêst boeken genôch oerbleaun. In pear dagen letter wie der fan dy hope op in nije takomst net folle oer. Dy deawrede heilbui dy't ús oerfoel op 'e keale dyk en de lange, tsjustere nacht dêrnei namen ús it betrouwen op in goede útslach ôf. De man mei it grize burd wie net fleurich mear. Oare grutte minsken wienen krekt folle healwizer as earst. Mar ik tink no dat se sa oerstjoer dienen om't se bang wienen.
Brussel ha wy net yn west, de sneldyk rint der omhinne en it soe yn 'e stêd fêst neat better wêze as yn Den Antwerp. Nei dagen rinnen binne wy yn Philipville kommen. Dêr binne wy in deimannich bleaun om wat út te rêsten. Libbene minsken ha wy dêr net fûn, wol in bult deade. Der wienen in soad rotten dy't yn troepen oer de strjitte flêgen. De grutte minsken ha in skûlplak makke yn in museum.
| |
| |
Dat hie sterke muorren en it ûnderste part wie noch helendal goed. De âlderen hawwe doe dagenlang op 'e sneup west om saken dy't wy brûke koenen. Se woenen ek blikkene bussen of houten kistkes ha dêr't de boel yn ferpakt wurde koe. Dan koe it iten net wer bedoarn wurde troch in bui.
Fan Philipville gyng it op Frankryk oan. De reis gyng al mar fierder, mar it wie dúdlik, wat fierder wy rûnen, wat moedeleazer as de grutte minsken waarden. Yn 't earstoan besochten se noch oan beskate regels fêst te hâlden. Wy moasten ús moarns waskje, wy moasten om 'e trije dagen skjin ûnderguod oandwaan, wy moasten jûns tinten opsette en dêr yn sliepe. Ienkear deis waard der in waarm miel makke. Mar nei in wike of fiif-seis koenen wy ús net mear oan dy regels hâlde. Der wie net altiten wetter om te waskjen. En as wy ús klean wosken, dan krigen wy se net wer droech. De blikken mei iten rekken op. It kaam safier, wy moasten it lân yn en sykje om jerappels, biten en rapen. Wy troffen it wat dat oangiet noch, it wie yn 'e simmer en der stienen fruchten op it lân. Dy wienen wol allegear dea en foar in part ferrotte, mar wy koenen de mage noch wol fol krije. Dochs wie dit libben foar guodden te swier. Tusken Brussel en Charleville-Mézières stoaren in fyftjin minsken, meast âlderen. De bern fan myn jierren sloegen har der better trochhinne. As it sa trochgyng, soenen skielk allinnich de bern oerbliuwe.
Ik wit net oft de man mei it grize burd soks ek yn him omgean liet. Hy die yn alle gefallen war om ús safolle mooglik by te bringen. Wy moasten de dagen fan 'e wike en de moannen fan it jier opsizze. Hy learde ús de tafels, wy moasten sommen útrekkenje. As wy even rêst namen,
| |
| |
sette er ús oan it lêzen. Ik hie hast in jier yn groep trije sitten, dat ik koe in lyts bytsje lêze, dat wie myn gelok, oars hie it fêst neat wurden mei dy slimme boeken dy't er ús foarlei. Hy learde ús ek ierdrykskunde. De grutte plakken dêr't wy troch of lâns kamen, moasten wy yn 'e goede folchoarder opneame kinne. Hy fertelde dat België frij flak wie, krekt as Nederlân. Frankryk wie wat ûneffener, foaral yn it easten, dêr wienen bergen, dêr koest net oerhinne klimme. Oan 'e oare kant de bergen lei Switserlân. Dêr moasten wy net hinne, dêr wie it allegear snie en iis. Yn it easten lei Dútslân, dêr soenen wy ek hinne kinne. Mar Frankryk wie better, dan lei de wei nei it suden helendal foar dy iepen. Koest nei Itaalje en nei de Balkan. Wy soenen nei it suden fan Frankryk moatte, takom maityd, dêr wie it waarmer, dêr soenen wy yn libben bliuwe kinne.
Safier is er noait kommen. Fan de oaren wit ik it net, mar ik ha 't net heech. By Verdun wienen de measten al dea. Sjonny, Mark en ik binne ek net folle fierder kommen. It soe no miskien kinne, mei dy nije bern der by binne wy mei ús tolven. As wy hjir de simmer en de winter goed troch komme, binne wy miskien takom maityd sterk genôch foar sa'n reis. Mar ik wit net, ik bin bang dat ús tún folslein fernield wurdt. En noch altiten reint it mar troch.
De tocht troch België makke ús net moediger. Wy kamen der sa stadichoan efter dat wy lang net de earsten wienen op 'e flecht nei it suden ta. Oan 'e kant fan 'e dyk fûnen wy deade minsken, guodden dy't dêr dellein wienen tink, de earmen oer it boarst teard. Mar oaren leinen samar rûngear yn 'e berm of op 'e dyk, delfallen neist de fyts of yninoarsakke foar har karke. It kaam safier mei ús, dat wy koenen de deaden net gewurde litte. Wy sneupten har
| |
| |
rêchpûden en fytstassen nei op iten. Guodden pikten ek pinnen, haloazjes, bûsmessen en ringen. De man mei it grize burd fûn soks heel slim. It kaam sa helendal ferkeard, sei er. De grutte minsken wienen fuortgien mei it doel om wat nijs op te bouwen. Mar wy wienen no al in hongerige dievebinde wurden dy't gjin fatsoen foar de deaden hie.
En der wie noch wat oars, dêr prate dy man net oer, mar it wie ús as bern dochs dúdlik, teminsten de âlderen ûnder ús. Der wie hieltyd rúzje tusken de grutte minsken, foaral jûns as it tsjuster waard en wy sliepe moasten. De manlju woenen wat mei de froulju en dan hearden wy de froulju roppen en razen, en soms hienen de manlju rúzje. Bliuw fan har ôf! Ik slach dy de kop yn! Soks rôpen se. 'Se wolle neuke,' lústere Mark tsjin my. Ik wist net wat dat wie en Mark lei it út: As in feint syn rûp yn in faam har prûm stekt, dat is neuken. Dan meitsje se lytse bern, witst dat net? Fansels wol, mar ús mem neamde dat 'frijen'. 'Justerjûn ha se it ek dien!' lústere Mark wer oan myn ear. Ik hie it wol heard, mar net witten wat it wie. Us heit en mem makken der gjin rúzje by as se it dienen. Ik waard ûngerêst en ik begriep noch better wêrom't de man mei it grize burd net bliid mear wie. As de grutte minsken rúzje makken, dan bleauwen se fêst net lang byinoar. En wa soe dan op ús passe? Ik leau net dat Mark en ik en Sjonny it ôfpraat hawwe, mar wy binne meisin byinoar bleaun. Mei ús trijen hienen wy in kâns.
De man mei it burd hat Verdun noch krekt helle, doe wie it dien. It koe him ek net folle skille om dea te gean, leau ik. Hy hie syn nocht. Ik ha de jûns noch by him sitten doe't er al amper mear sykhelle, no en dan in djip rocheljen en dan wer tiden stil. Doe't it ôfrûn wie mei him, bin ik
| |
| |
mei Mark en Sjonny fuortgien. It hie gjin doel om by de grutte minsken te bliuwen, dy joegen dochs neat om ús. Ynpleats dat sy op ús pasten, moasten wy om de lytskes tinke. It fûn it wol spitich foar dy lytse bern fan fjouwer en fiif jier. Mar as wy oerlibje woenen, dan moasten wy har yn 'e steek litte.
Seis dagen lang duorret it reinen, dan is de bui útraasd. Wy komme ta de skuorre út en sjugge om ús hinne. De grûn is fan 'e heuvel ôf spield en leit oer de reed. Ik rin om ús hûs hinne om nei it tún te sjen. Der is neat fan oer, wat wy siedde en plante hawwe is allegear fuort. De modderstream fan 'e heuvel ôf is oer it tún gien en alles meiinoar is yn 'e stream bedarre. Oeral djippe fuorgen dy't útslipe binne en slingerjend nei de bedelte rinne. De rivier is in kolkjende stream. Hjirwei kin ik him bolderjen heare en ik sjuch him brûzen en skûmjen. Alle wetter fan 'e heuvels komt hjir telâne, en alles tagelyk. De grûn hâldt it wetter net beet lykas foarhinne.
Claus is mei Ineke en Ilse yn 'e hûs gien en ik hear him flokken en tieren. Ik soe ek wol skelle kinne en wol skelle wolle, mar wat jout it? Fan 't jier sille wy net fan eigen tún ite. Ik kear my om en gon nei Claus ta. Miskien is dêr noch wat te rêden, hjirre net.
Alles is wiet en alles sit ûnder de smoargens. De drek leit oer de keamersflier. Der stiet in wetterplasse op 'e tafel en fan 'e balken ôf dript it noch hieltiten. De matrassen binne trochwekke, de âld stoel ek. Ik rin mei Ilse nei boppen ta. Ik ha gjin nocht om langer nei it gebalt fan Claus te hearen. It is dêr in like grutte troep. De klean, de tekkens, se lizze as dweilen op 'e solder. It hat der fan dat der ek noch
| |
| |
mear pannen ôf stood binne. De gatten yn it dak binne no sa grut, dat hjir kin sa net wer sliept wurde. En dat betsjut eigentlik dat it ûnder ek net mear kin. Wy sille noch wol in skoftsje yn 'e skuorre bliuwe moatte.
Claus ropt ús nei ûnderen ta en dan jout er opdrachten: Borg moat der op út om iten te sykjen. Dat sil no noch wol slimmer wêze as oars en dêrom krijt er de helte fan 'e ploech mei. De thúsbliuwers moatte it hûs úthimmelje. Ik sil wer mei Ilse by de trep op, mar dat is Claus net nei 't sin. Hy sil Ilse helpe en ik moat mei Hanny en Ineke ûnder oan 'e gong. Ek goed, mar wat makket dat no út? No ja, fansels safolle datst oan Hanny neat hast en oan Ineke noch minder. Hanny doocht net en Ineke kin niks mei har grouwe beolich.
Wy sjouwe tekkens en matrassen nei bûten ta. En de tafel en stuollen. De tekkens komme yn 'e skuorre, dy sille dêr nei in skoft wol opdroegje. Mar oft wy de matrassen wol wer droech krije, dat is de fraach. As de sinne der in pear dagen op baarne woe, dan wol, mar de sinne hat sûnt jierren net skynd. Claus en Ilse klappe de klean en tekkens by de trep del. Hy fynt út, de boel moat earst útspield wurde foar't wy it hingje te droegjen. Alles sit ommers ûnder de modder en smoargens. Bêst, mar wêr sille wy spiele? De rivier is in kolkjende stream dêr'tst dy net yn steande hâlde kinst. Boppedat is it wetter like smoarch as de tekkens of noch slimmer, it is in modderstream. Mar Claus wol gjin tsjinpraat fan ús heare: wy sille spiele, hoe dan ek. Hy seit, wy sille it guod oan in ein tou bine en dan yn 'e rivier smite. Mei in stôk kinne wy it wol op en del pompe en dan wurdt it wol skjin. Hanny en ik helje de tekkens wer út 'e skuorre wei, dêr't wy se krekt del hongen hienen. Claus is
| |
| |
de lieder. In ein tou is wol te finen en dan wâdzje wy nei it wetter ta. Oan 'e kuten ta troch de drek om der te kommen. Kutshit, dit is gekkewurk! Hoe krijt Claus it yn 'e harsens! Hanny hâldt it tou beet en ik sil mei de stôk pompe. Mar dat wurdt neat, Hanny kin it tou net hâlde en se fâlt earst op 'e knibbels en dan plat op 't liif yn 'e modder. Se jout in gjalp. Ik sjit op har ta en help har om de tekken op it droege te skuorren. No ja, droege? Op 'e wâl teminsten. De tekken sit noch slimmer ûnder de modder as earst. 'Dit moat oars,' sis ik. Mar ik wit net hoe dan. Hanny wit fansels neat, en as se al in plan hie, dan soe se it net fertelle. Ik prakkesearje in skoft en dan rin ik werom nei de fierste skuorre. Ik helje in pealtsje op mei in punt der oan. Dy peal triuw ik yn 'e wêke grûn en dêr set ik it tou oan fêst. Hanny hoecht no oars net te dwaan as de peal beet hâlde en nei har ta lûke. Sa giet it better. Mar oft de tekken skjin wurdt, ik ha 't net heech. No moatte wy him wer út it wetter lûke en nei de fierste skuorre bringe. It ding is net te tillen, sa swier. Ik wit mar ien ding te dwaan, dat is de útspielde tekken op in oaren lizze en him sa nei de skuorre slepe. Sa wurdt de ûnderste smoarch, mar dan spiele wy dy strak wol wer út. Wy binne der de hele middei mei dwaande en it helpt fansels net. Dy tekkens binne noch sa goar as wat. En wat heve Claus en Ilse winliken út? Dy sitte al in heel skoft op 'e solder.
Op 'e neidei komme Borg-en-dy werom, smoarch en wiet. Mar dat is it slimste net, slimmer is dat se omtrint neat fûn ha. Alles is ferreind en fuortspield. Ik bin benijd hoe't Claus dat opnimt, mar dat fâlt ta, hy makket der net folle fan. Hy hie Borg de hûd ek fol skelle kinnen, lykas oars syn wenst is as ien net oan syn ferwachtingen fol- | |
| |
docht. Borg fertelt dat de liken dy't wy in set lyn begroeven hawwe, dy binne bleat spield. Dy sille moarn op 'e nij begroeven wurde moatte. Wy ite in sober miel, en dat wylst wy yn dagen gjin iten hân ha.
Jochen en ik ha in nij grêf dold en in dracht stiennen op 'e liken steapele. Sa sille se wol yn goedens wolle. Wy binne mar tegearre thús, de oaren binne allegearre it fjild yn. Claus sil wol tocht ha, der giet neat foar de baas sels. Ineke is ek mei, mar dêr ha se mear lêst as foardiel fan. Se kin dat grouwe liif amper by de heuvels opsjouwe.
Ik bin al oardel jier by de groep, mar mei Jochen haw ik eigentlik noait in wurd praat. It is in stille jonge dy't elkenien út 'e wei liket te gean. As er op in dei dea giet, dan sille wy him net iens misse. Hy docht alles wat him opdroegen wurdt en akselt noait tsjin. Krekt en sekuer fiert er de opdrachten út en dêrmei dien. Dan sit er wer dêr't er sit. Ut himsels docht er neat en seit er neat. Henk foel teminsten noch op troch syn stommiteiten, mar Jochen is der gewoan. Krekt as hat dy ferrekte hitens fan destiids alle ferstân út syn kop wei baarnd. 'No, sa kin 't wol, net?' freegje ik him. Hy seit neat, hy rûgelt noch wat grûn oer it grêf hinne. As er sjucht dat ik neat mear doch, hâldt er ek op. Foar Jochen is in oar altyd de baas en hy skikt him. 'Kom,' sis ik.
Ik gon nei de neiste skuorre ta dêr't wy ús guod úthongen hawwe. It dript net langer út, mar it fielt noch slim klam oan. 'Moatst my helpe,' sis ik tsjin Jochen. 'Ik wol de klean bûten hingje.' It waait in bytsje en oan 'e modder kinst sjen dat it droegjend waar is. De tekkens kinne wy wol even sûnder, mar de reserveklean moatte sa gau as 't
| |
| |
kin droech, dêr kinne wy ferlet fan ha. Wy sykje tou en spanne dat oer de reed, fan 'e iene skuorre nei de oare. Dêr klappe wy de klean oerhinne. Hjir en dêr moat in stôk ûnder de line, oars sakket er tefolle troch. Jochen docht alles wat ik freegje, hy is net te traach, mar hy sjucht net wat der dien wurde moat.
Ik gon ús hûs yn. De keamer is leech, mar de flier is noch smoarch. Dêr hat Ineke juster tink neat oan dien. Mar Claus en Ilse ek net. Ik gon nei boppen ta en sjuch de solder oer. Klean en tekkens binne fuort fansels, mar it is oeral noch diggels fan stikkene dakpannen. Wylst Hanny en ik stienen te beoligjen by de rivier, hawwe sy dus har tiid fergriemd. No, ik begjin der ek net oan. Jochen is efter my oan rûn nei boppen ta, no rint er wer efter my oan nei ûnderen ta. Hy wachtet op in opdracht, mar ik sis neat.
Ik strún it tún oer. Kin ik dochs noch net wat fine? In pear jerappelplanten miskien? Mar neat, helendal neat. It is allegearre fuort. Dan strún ik nei de skuorre ta dêr't wy de lêste wike sliept ha en besjuch de berneweinen. Ik wit net oft Claus dy meinimme wol, mar it liket my wol ferstandich ta. 't Is altiten better as alles sjouwe moatte. Ik perbearje se, en se ride allegear noch goed.
Claus hat no allegearre wer plannen en hy fertelt dêr lang en breed oer. Der moatte grutte spikers komme en in pear sêgen. Ek in tange om dy blikkene golfplaten te knippen wie net ferkeard. Wy soenen ek sjen moatte oft der noch hele ruten te finen binne, dan kinne dy op solder yn 'e gevel set wurde. En iten fansels, wy moatte in soad iten meinimme, want nei it needwaar sil it wol in skoft duorje foar't de planten wer begjinne te groeien.
| |
| |
Ik harkje net bot, ik kin it boadskippelistke wol út 'e holle. Fjirtjin dagen lyn ommers hat er al opneamd wat der allegearre komme moat. Hy hat it oars net tsjin my, of sterker noch, hy hâldt my meisin bûten it praat. Hy sjucht net nei my, hy neamt net ienkear myn namme. Hy hat it foaral tsjin Borg, dêr is er it dizze foarbye dagen wer tige iens mei wurden. Muoit it him fan dy skop dy't er Borg jûn hat of is er bang dat Borg dat net ferjitte kin en wol er it wer goed meitsje? Dat soe kinne, mar dan hoegde er my net sa meisin bûten te sluten. Eigentlik tink ik dat it mear om my te rêden is as om Borg. Ik tink, hy wol my efterút triuwe, en dat docht er troch Borg ta syn maat te meitsjen.
Claus hat dat altiten dien, salang't ik by de groep bin, Borg en my tsjininoar útspylje. Dan ris nimt er my yn betrouwen en lit Borg fâle, dan wer, as er tinkt dat ik te folle praatsjes krij, bin ik wer neat en is Borg de man. Ik tink dat ik Claus op it sear kommen bin ferline wike doe't ik dertusken sprongen bin. Se stienen doe as healwizelingen foarinoar oer. Ik ha de frede bewarre, ik wie ferstandiger as Claus. Eigentlik wie ik op dat stuit de lieder. Ik bin bang, dat ferjout er my net. Hy soe my tankber wêze moatte, mar hy is wierskynlik duvels.
It doel is dat Borg en Monika thús bliuwe sille om op it hûs te passen. Dat fyn ik mar nuver. Borg en Monika is net in goed span. Borg fynt neat oan Monika, en dat fine Claus en ik ek net. Dy yslike keale kop as wie 't in âld kearel. En se seit hast noait wat, hast neat oan har. Wêrom lit er Ilse net by Borg bliuwe? Ilse hast wat oan, se is like sterk as in jonge, en se wit ek fuortendaliks wat der dien wurde moat. Ilse hoechst neat op te dragen, dy sjucht it wurk.
It komt my yn 't sin dat Claus lêsten ek net woe dat ik
| |
| |
mei Ilse de solder leech helle, dat moast hy doe sels sa nedich dwaan. Wol er Borg en my beide by Ilse wei hâlde? Is er bang dat wy ús tsjin him keare sille? Of wol er Ilse foar himsels hâlde? Hy hat dochs oan Ineke wol genôch?
Der komt my noch wat oars yn 't sin: doe't Claus lâsten sa útfoel tsjin Borg, doe lei Borg op dat stuit neist Ilse. Siet Borg oan Ilse te fielen, of koe Claus it al net iens hawwe dat se deagewoan neistinoar leinen? Ik wit net wat der yn Claus omgiet, it is in apartsma.
No, ik gun Borg de wille mei Monika en ik bin bliid dat wy moarn nei Besançon gonne. Ik hoopje dat wy noch wat blikken mei iten fine. Honger is noch altiten de grutste fijân.
|
|