| |
| |
| |
Haadstik trije
Yn 'e delling
No binne wy al tweintich dagen ûnderweis. Alle moarnen as wy op stap gonne, docht Claus in stientsje yn 'e bûse. Jûns telt er se. Wy ha no twatredde fan 'e reis hân, want it wie Claus syn doel om tritich dagen te rinnen. As wy deis 20 km rûnen, dan soenen wy in heel ein it suden yn komme kinne. Teminsten sa ha wy rekkene. Mar wy witte neat fan 'e distânsjes ôf. Wy witte net hoe grut Frankryk is en hoefier't it suden eigentlik is. Nei alle gedachten komme wy net iens sa hele fier want wy ha in ombocht makke. Yn 't begjin hawwe wy tefolle eastlik oanholden en doe moasten wy letter wer mear súdwestlik. Hoefolle kilometer of hoefolle dagen ús dy omdwalerij koste hat, witte wy net. It jout ek al neat mear en wy koenen der ek net foar. Wy witte neat fan Frankryk ôf. Dy Frânske bern ek net, dy binne te jong, dy ha noait op skoalle west. Ik wit allinnich noch wat dy man mei it grize burd destiids sein hat: yn it easten binne hege bergen, mar nei it suden ta leit de wei iepen om fierder te reizgjen. Hy hat net sein hoefolle dagen dat rinnen is, of dat heucht my net mear.
It is noch altyd kâld. It friest net mear, mar dêr is it ek mei sein. Foaral de nachten binne kâld. Wy besykje meastal
| |
| |
om oan 'e ein fan 'e dei in hûs te finen of in skuorre of in ruïne dêrfan, mar 't is in keal lânskip, wy fine soks net alle dagen. In inkelde kear komme wy op 'e neidei by in doarp of in útbuorren oan, dan sykje wy in gaadlik plak en krûpe sa ticht as 't kin byinoar. Mar lykwols, waarm kinne wy net wurde. En foaral net as wy deis wietreind binne, dan kinne wy fan kjeld faak net sliepe. Deis giet it wol, wy kinne ús wol waarm rinne.
Wy ha in pôle iten mei, trije berneweinen fol, mar likegoed moatte wy sunich. Wy moatte der tritich dagen mei ta! Dat mear as in blik of trije mei swiete of soere fruchten en wat sûker of hunich kin it net lije. It fierdere ferlet moatte wy befredigje mei wat oan 'e dyk te finen is. En dat is in ferrekt lyts bytsje. Nei de winter fynst hast neat, it moat earst maityd wurde, dan is der wer jong plantespul. Dy't gjin bernewein hoecht te skowen, hat tiid en gelegenheid om de berms troch te sneupen op snilen en krûden. It is âld en taai en der sit net folle help yn. Mar de mage gnoarret teminsten sa slim net.
Wy skowe mei ús achten om bar de weinen. Wy mjitte yn 't foar út hoefier't in ploech skowe moat. Dy heuvel dêr of dy bocht en dan ruilje wy. Ineke en Lize binne frijsteld en de twa Frânske famkes ek. Dy hawwe te min krêft om de karren te skowen, Lize is kreupel en Ineke hat genôch oan harsels. Se seit, se mei gjin swier wurk dwaan, want dan kin se it bern kwytreitsje. Ik wit net oft it wier is, miskien is se ek wol te lui. Mar se is de frou fan Claus, dat wy hâlde ús stil.
Yn 't earstoan rûn de dyk moai rjochtút it suden yn en hy gyng op en del mei de heuvels. No en dan wienen der
| |
| |
dwarsdykjes, smel meastal. Miskien rûnen dy foarhinne nei doarpen of pleatsen ta. Soms stie der noch in betonnen hantwizer mei in pear letters derop, ek wolris in heel wurd. Mar it sei ús neat. Fan pleatsen of doarpen sêgen wy net folle. Dit soe wol in trochgeande dyk west ha dy't net oer de doarpen gyng, mar rjochtút-rjochtoan troch de boulannen. Teminsten, dit soenen wol boulannen west ha. No woeks der net folle, pôlen túch en gers, oars neat. De grûn wie ljocht fan kleur, griis-eftich, en soms hast wyt. It wie gjin sân mar ek gjin klaai.
Op 'e fjirde dei kamen wy by in stêd lâns. Der rûn in rûnwei omhinne en dy holden wy oan. Wy hienen gjin sin om yn 'e púnheappen te ferdwalen. Wy hopen dat der súdlik fan 'e stêd buorden wienen dy't oanjoegen wêr't de wegen hinne rûnnen. Noardlik fan 'e stêd wie gjin boerd, dat wy wisten ek net hoe't de stêd hiet. Claus sei, hy wist in pear nammen fan stêden yn it suden fan Frankryk: Marseille en Nice, dat wienen beide havenstêden. As ien fan dy nammen op in boerd stie, dan sieten wy goed. Lykwols, ek súdlik fan 'e stêd wienen gjin buorden.
Fan dy stêd ôf rûn de dyk mear súdeastlik oan. Dat murken wy wol, want wy wisten wol sawat wêr't de sinne stie. Mar wat moasten wy oars as de dyk folgje? It wie fierste gefaarlik om in dwarsdyk yn te slaan, want dan ferdwaalden wy wis.
In dei of sân letter kamen wy by in oar stêdsje oan. It hiet fan Epinal. Wy hienen der omhinne kinnen, mar Claus besleat dat wy der troch gean soenen. As de strjitten net troch te kommen wienen fanwegen púnbulten, soenen wy werom moatte, mar dat soe ús net in soad tiid kostje. Hy woe sjen oft der iten te beseften wie. Us foarrieden minde- | |
| |
ren al aardich, en mei dat gebongel de hele dei koenen wy wol wat ekstra iten brûke. Claus joech Borg en my opdracht om foarút te gean. Wy rûnen elk oan in kânt fan 'e strjitte, by de huzen lâns, of wat dêr fan oer wie. Mar ek wer net te ticht, want út in rút of in doar koe in fijân te foarskyn springe. Op in distânsje fan sa'n tritich meter folgen de oaren, de fjouwer skowers mei de berneweinen deun byinoar, midden op 'e dyk. Claus rûn mei Ineke efteroan. Se sêgen hyltiten om, want de fijân koe ek fan efteren komme. Mar der barde neat. It wie helendal útstoarn. Midden yn it stedsje wie in plein, dêr wachten Borg en ik op 'e oaren. Oan in plein wienen gauris winkels, dat soe hjir ek wol sa west ha. Mar de hele boel wie ynstoart en wy soenen in berch pún fersjouwe moatte om by it guod te kommen dat der miskien ûnder lei. It koste ús dagen om dat pún te ferplakken en dan wisten wy net iens yn 't foar oft wy wol wat fûnen dat wy brûke koenen. Claus besleat fan trochrinne.
In dei of wat rinnen foarby Epinal rûn de dyk hast pal east, en hy begûn te klimmen. Wy sieten ferkeard, mar Claus sei wy soenen dochs mar trochrinne. Wy koenen wol werom gean, mar wat hie dat foar doel? Wy hienen ommers net in fatsoenlike ôfslach nei rjochts sjoen. It wie bêst mooglik dat der noch ien kaam. De dyk slingere en der wienen skerpe bochten. Foaral dêre skoden de berneweinen swier. Wy rûnen der hjirre mei twa man efter. En wy klommen mar troch, en wy slingeren oan ien tried wei. De dyk wie yn 'e skeante fan 'e heuvels lein, oan 'e iene kânt riisde de rotsmuorre omheech en oan 'e oare kânt gyng it like steil nei ûnderen ta. Wy bleauwen sa fier mooglik fan dy djippe skeante ôf.
| |
| |
Doe liken wy de klimmerij hân te hawwen en wy wienen op in plato oankommen. De dyk lei no wer rjocht en sljocht foar ús. Hjir wie it ek keal, gjin beam te sjen, mar al wer wat strûken. Wie de lucht hjir klearder as dêr't wy weikommen wienen? Yn alle gefallen wie de loft helderder, it bleau wol skier, mar it sicht wie better. Yn 'e fierte wienen donkere banken oan 'e loft, teminsten, dat tochten wy earst. Mar doe't wy better sêgen, liken it earder hege heuvels te wêzen. Kutshit! Wy sieten hartstikke ferkeard! Wy hienen fierste eastlik oanholden, wy kamen sa yn Switserlân! It wie te hoopjen dat Claus gelyk hie en dat der noch in ôfslach kaam. Wy hienen yn Metz wol om in kaart socht, mar wy koenen gjint fine, en wy koenen de Frânske bern net oan 't ferstân bringe wêr't wy om sochten.
Claus hat gelokkich gelyk krigen. Yn wat in behindich doarp west hie, begûn in dyk nei it suden ta. Wy sieten goed! Mar it duorre mar even, doe hold dy dyk op. Hy kaam út op in brede dyk dy sawat east-west rûn. Wy keazen foar west, dat koe net oars, mar it betsjutte dat wy no wer werom gyngen. Dy hele klimmerij hie om 'e nocht west. Wy hienen folle better in stik ôfsnije kinnen.
Tweintich dagen hawwe wy no rûn, it lêste skoft it westen yn. Nei in dei of wat ha wy de sneldyk krúst en no binne wy oankommen yn in stêd dy't fan Besançon hiten hat. De stêd liket minder stikken te wêzen as de oaren dêr't wy troch kommen binne. Claus seit dat wy oan 'e râne fan 'e stêd oernachtsje sille. In stêd dy't net folslein yn pún leit, dêr kinne miskien noch minsken húsmanje. En kinst noait witte wat dy yn 't sin hawwe. Lize en ik krije de earste wacht. As wy de êgen net mear iepen hâlde kinne, sille wy
| |
| |
Borg en Ilse wekje. Mar it is sa kâld, wy hoege daliks net bang te wêzen om yn 'e sliep te fâlen.
It is stil, lykas gewoanlik. Allinnich de wyn hearst soms, as dy wat fûlder blaast. Al dy lûden fan foarhinne, dy binne der net mear. Foarhinne wie it noait stil, nachts ek net. Der ried altiten wol in auto of der skreaude in fûgel of heardest in klok slaan. Deis wie de wrâld fol fan lûden, fan fleanmasines, auto's, radio of tillefyzje, pratende minsken, roppende fûgels, in blaffende hûn, risseljende blêden fan in beam. En altiten timmerlju of strjitmakkers mei in âld radio yn in kroade, dat jengele de hele strjitte oer. Nei de klap is dat allegearre weiwurden. De wyn is bleaun en it rûzen fan 'e rein. Mar it is no droech en fierhinne wynstil. Wy heare allinnich it sykheljen fan 'e minsken efter ús. Soms rochelt ien of smûcht djip. Dat binne fertroude lûden. Wy besykje der oerhinne te hearen en ús earen iepen te hâlden foar ûngewoane lûden.
Op in stuit jout Lize my in dúst. Ik skrilje op. De holle wie my op it boarst sakke, ik wie hast yn 'e sliep fâlen. Se wiist yn it tsjuster op en leit de hân efter it ear. Ik span my ek yn om te harkjen, mar ik hear neat. Dochs! Der klikte in stientsje, krekt as skopte ien der tsjinoan. Mar dan is it ek wer stil. As dêr in minske omskarrele, dan soenen wy him dochs heare moatte. Sa sêft kin ien net slûpe. It leit ek net foar de hân dat er dêr tiden stil stean bliuwt. Is it wol in minske? Is der samar in stientsje ferrôle? Mar Lize hat al earder wat heard, dat der moat wol wat wêze. Ynienen is der wat by myn foet, ik fiel dat der wat tsjinoan strykt. Ik bliuw deastil sitten en span my op it uterste yn om wat gewaar te wurden yn it tsjuster. Kutshit! In rôt! Wol twa of trije! Ik jou in klap mei de bajonet neist myn skonk. Ik
| |
| |
hear piipjen en dan risselt de hele troep fuort. Rotten, sis ik sunich tsjin Lize. Se jout gjin antwurd. Wy sille Borg en Ilse no dochs mar wekker meitsje. Yn 'e sliep fâle kin net lije. Wy moatte fannacht no en dan mar wat lawaai meitsje om de rotten te ferjeien. Hongerige rotten fâle sliepende minsken oan. En foaral as se manmachtich binne, dan doare se alles oan.
It is in toer om Borg wekker te krijen. It giet him lykas ús allegear, earst fanwegen de kjeld net sliepe kinne, mar dan fan 'e deawrede wurgens op 't lêst dochs yn 'e sliep trûzelje en hast bûten wêsten wêze. 'Rotten,' sis ik, 'moatst wekker wurde.' Hy grommelt wat en keelskrabet. Mar hy is wekker. Foarsichtich ferskikt er wat en rekt earmen en skonken. No doar ik my wat del te jaan, mar sliepe sil ik net. No en dan wat licht slûmerje.
Lykas alle moarntiden, ik bin bliid as einliken de dage oan 'e loft komt. As wy flink op stap binne, kinne wy de waarmte beskrippe. It is ynearsten wer in slim gerochel en gestin as elkenien oereinklaut. Wy binne allegear ferkâlden wurden en de kop sit ús fol snotte. Claus freget Borg oft der fannacht noch wat bysûnders west hat. Borg fertelt him dat ik rotten fernommen haw. Dat fynt Claus de skyt net wurch en hy jout oarder dat wy de stêd yn moatte. Deselde formaasje as yn dat oare stedsje, Borg en ik foarop, elk oan in kânt, de oaren midden op 'e strjitte ticht byinoar.
It komt út wat wy juster al tocht hawwe, de stêd is sa slim net stikken as oare doarpen en stêden dêr't wy troch kommen binne. Hjir en dêr binne huzen dêr't sa te sjen neat oan mankearret. De ruten binne der fansels út en hast oeral hat brân west. Mar de muorren binne noch geef, net
| |
| |
bryksakke en gjin skuorren deryn. It moat hjir sa mâl net gien wêze as op oare plakken. Soe it nei it suden ta hieltiten better wurde? Soest maklik in hûs opknappe kinne en dy der nei weinjen sette, lykas yn Metz. Mar is der wat te iten? Der binne genôch winkels, mar dy lykje leechhelle te wêzen. En dat hâldt yn dat hjir al minsken west hawwe om de boel nei te sjen. Fierder is it itselde as oeral: ruostige auto's en frachtauto's, de measten útbaarnd, brommerkes, fytsen, rotsjende beammen, omfâlen lantearnepeallen en hantwizers, soms bulten rommel. Ut en troch sjit in rôt foar ús fuotten wei, fierder is der gjin libbene siel.
Op in stuit mien ik yn 'e modder de print fan in autobân te sjen. Ik rop Claus. Hy giet op 'e knibbels lizzen en fielt oan 'e modder. 'Hjir is in auto lânskommen,' seit er. 'En noch net sa lang lyn.' Dat hâldt yn dat wy op ús iepenst wêze moatte. Net prate, no en dan even stilstean en harkje. Alhoewol't hjir net folle mear te heljen liket te wêzen, dy lju mei dy auto kinne werom komme. En witst noait wat se yn 't sin ha. Wat ik meimakke ha: net folle goeds.
Mar wy heare neat en wy sjugge neat. Nei in pear oeren rinnen binne wy de stêd út. Wy beslute om no wat mear lofts oan te hâlden, want oars dwale wy te fier it westen yn. Boppedat, Claus fertrout it net om noch langer oer dy brede dyk te gean. Dy auto dy't yn Besançon west hat, sil wol oer de grutte dyk kommen wêze. Wy kieze in smeldere dyk. Dat hâldt yn dat wy no wer mear nei it easten ta gonne, in dyk streekrjocht nei it suden ta is der net. Wy hâlde skoft en ite earst wat. Ek al bliuwt de sinne efter de wolken, wy kinne sa njonkelytsen al fernimme dat er mear macht krijt, it is suver oangenaam waar.
| |
| |
Nei in dei of fiif rinnen fan Besançon ôf binne wy yn dizze delling bedarre. Al rillegau begûn de dyk wer te slingerjen en te klimmen, it wie dúdlik dat wy wer op 'e bergen fan Switserlân ta gyngen. Mar wat moasten wy oars? Op in stuit begûn der in streamke neist de dyk te rinnen. Wy besleaten dat wy de stream folgje soenen omheech, want skjin wetter kinst net sûnder. Op in stuit gyngen wy lykwols by it wetter wei, de stream gyng tusken steile rotsmuorren troch en it paad klom omheech mei in pear skerpe bochten. Oan 'e oare kânt de heuvels sakke de wei wer nei ûnderen ta. En doe sêgen wy it streamke ek wer. It wie no in heel rêstich wetterke. Rjochts foar ús stie in kloft huzen, miskien in ferlitten útbuorren. Wy besleaten om dêr te oernachtsjen, want it waard ek al wer letter. Der rûn in dwarsdyk nei de kloft huzen ta. It wie in min paad, mar dat makke ús neat út. It wie mar in fiifhûndert meter, mear net. It ferwûndere ús dat de huzen der sa geef út sêgen, krekt as wie de klap hjir net oan ta kommen. Der wienen sels noch hele ruten. Wienen hjir minsken? Claus stjoerde Borg en my foarút om poalshichte te nimmen. Wy fûnen gjin minsken, mar dy hienen der fêst wol west, en net sân jier lyn, mar koartby. Oars hie de boel folle oerkommener wêze moatten. Wy dienen in doar op en gyngen in hûs yn. Yn in keamer stie in tafel mei seis stuollen. Der stienen stiennene kopkes op 'e tafel. Neist de ruten hongen kleden oan stokken, dy koest foar de ruten skowe. Ik pakte ien beet en skodde deroan. Der kaam wol wat stof út, mar gjin stof fan sân jier. Ek oan 'e tafel en de kopkeboel koest sjen dat hjir in jier lyn of in healjier lyn noch minsken west hienen. Wy hellen de oaren op en wy joegen ús del yn dy keamer. De stuollen oan 'e kânt, dan koenen
| |
| |
wy allegear wol lizze. It wie feiliger om byinoar te wêzen.
Wy binne hjir no al in wike as wat. Wy ha besletten om de hele simmer en de kommende winter te bliuwen. Der binne hjirre in pear huzen en skuorren, der is wetter fuortby en der is túngrûn. Sa'n goed plak fine wy daliks net wer. Takom jier kinne wy dan fierder reizgje, as wy allegear sûn en goed de winter trochkommen binne. Wy moatte derfoar soargje dat wy allegearre oansterke binne as wy wer op stap gonne, net allinne om it reizgjen sels, mar ek as wy minsken moete dy't kwea yn 't sin ha. Foar Claus komt dêr tink ek noch by, dat Ineke in bern ha moat. As se dat ûnderweis krijt, dan sitte wy oanklaud, dan moatte wy dagen en miskien wol wiken op har wachtsje foar't se wer rinne kin. Mar bûtendat, de measten fan ús hawwe har nocht en wolle leafst net fierder swalkje.
Ast de reed del rinst fan 'e dyk ôf, dan hast lofts earst twa skuorren, de twadde is in hûs oan fêst boud, dan krijst rjochts in grutte skuorre en dêrneist in lyts hûs en dan in heel grut hûs, in kasteeltsje suver. Dat hûs weinje wy yn. Tusken de huzen en de rivier is in stik túngrûn. De minsken dy't hjir earder wenne ha, hawwe fêst har eigen iten ferboud. Wy hienen eigentlik tocht dat soks net koe, want der waakst ûnderweis hast neat. Poddestuollen, snilen, gers en túch. En by it wetter waakse wer strûken. Mar wy hawwe 't ek noait besocht. It probleem is dat wy fan iten groeie litten eigentlik gjin ferstân hawwe. Claus ek net, dy is wol folle âlder, mar dy komt út 'e stêd. Griente kaam by de grienteman wei en bôle by de bakker. Ik wit datst jerappels yn 'e grûn triuwe moatst, dy begjinne te waaksen en dan komme der nije jerappels. De Dútsers hawwe it ek
| |
| |
besocht, mar dat is doe mislearre. Mar ik wit dat pake ek jerappels en fan alles ferboude, dy hie in stik túngrûn. En by pake woe it bêst.
Wy wennen yn in stêd, dy hiet fan Drachten, yn in hûs oan 'e râne. Der wienen yn ús strjitte gjin winkels. As mem boadskipje woe, dan krige se de fyts. Soms gyng ik mei yn it sitsje, letter moast ik nei skoalle ta en dan gyng myn suske soms mei, want dy koe net allinne thús bliuwe. Us heit wie hele dagen fan hûs, hy wie al fuort as ik fan 't bêd ôf kaam en jûns tsjin iterstiid kaam er werom. Hy ried de auto op 'e oprit en drukte op 'e toeter. 'Dêr 's heit al wer,' sei mem alle kearen. Heit kaam ta de auto út mei in swart kofferke, dat mocht ik sjouwe, en sels sjoude er de laptop. 'Grutte feint!' sei heit. Hy die de auto op slot en rûn efter my oan de hûs yn.
Neist de oprit wie in stikje grûn, dêr siet in plat stekje omhinne en dêr groeiden wat blommen yn. Oan 'e oare kant fan it stikje grûn wie it tegelpaad nei de foardoar ta. Dy foardoar brûkten wy net folle. Wy gyngen oer de oprit nei de syddoar ta, dat wie folle makliker. Dêr wie in bykoken dêr't mem har waskmasine stie en dêr koest de smoarge learzens ek útdwaan. Oan 'e ein fan 'e oprit wie in hok. Dêr koe de auto yn, mar heit hie der in wurkbank yn timmere dy't er noait brûkte en fierder stie it hok fol mei fytsen en rommel. Efter it hok en de bykoken wie noch in lytse blikke mei gers. Heit hie dêr in sânbak makke foar my en myn suske. Yn dy blikke sieten wy simmerdeis wol te teedrinken. Mem lei der ek wolris op in stretsjer om brún te wurden. Dan moast se de stretsjer hyltyd ferskowe, want de sinne draaide en dan lei se wer yn 't skâd. Der siet oan
| |
| |
'e sydkânt in houten skud en oan 'e efterkânt wie in hege hage. Heit koe der net iens oerhinne sjen, sa heech wie dy. Wy ferbouden niks yn dy blikke, wy kochten alles yn 'e winkel. Mar pake hie wol in tún, en as wy nei pake en beppe gyngen, dan krigen wy wolris wat mei fan pake syn tún. Dêrom wit ik dat it wol kin, dyn eigen iten groeie litte.
Simmers gyngen wy sneintemiddeis gauris nei pake en beppe ta. Dat wie in heel ein riden. Heit sei, it wie mar in healoerke, ik moast net sa seure. Ik siet efteryn, yn 'e riemen. Ik fûn dat ferfelend, dan moast ik stil en stiif sitte, mar mem sei, it moast. Myn suske siet yn in stuoltsjes neist my. Dy koe helendal gjin finger bewege, mar dy fûn dat leau 'k net slim. As heit de auto oansette, begûn se daliks te sjongen fan hm-hm-hm. 'Hâld dy stil!' rôp ik dan. Mar it joech neat, se gyng gewoan troch. Wy hienen mar in lytse auto, neffens oaren yn ús strjitte, mar ik hie op 'e efterbank in see fan rûmte. As wy Drachten út wienen, dan gyngen wy earst in lyts eintsje oer in grutte dyk, dat wie mar in skyteintsje, en dan rieden wy oer in slingerdyk en dat duorre lang. Der wienen in soad beammen oan 'e kânt fan 'e dyk en dêrtusken troch koest it fee yn 'e greiden sjen. Swartbûnte kij, ek wolris in keppel skiep en soms in pear hynders. Earst rieden wy oer in asfaltdyk en dan oer in ein klinkertdyk, dat stompte en skokte altiten slim. En dan wienen wy by pake en beppe.
Eigentlik wie it gjin doarp dêr't se wennen, it wie in rige huzen by de dyk lâns. Dy huzen stienen net tsjininoar oan, lykas by ús yn 'e strjitte, mar se stienen fier fan inoar, mei grutte hiemen deromhinne en soms lei der ek noch in sleatsje tusken de hiemen, lykas ek by pake-en-dy. Ik mocht
| |
| |
net by dy sleat komme, want dan makke ik my smoarch. It wie mar in ûndjip sleatsje en it wetter wie goar, brunich, tsjin it swarte oan. Ast der mei de foet yn gliedst, hiest in swarte sok. Der sieten ek gjin fisken of kikkerts yn, it wie gewoan in goar grippeltsje. Foar it hûs wie ek in grippel en dan in hage. Dêrefter wie in gersfjildsje mei in blomperk. Lang n't sa moai as mem harres. Mar de grutte tún wie efter it hûs. Dêr wie pake syn grientetún. It wie werklik heel grut, mei allegearre smelle paadsjes dertusken. Dy paadsjes, dêr moast ik op bliuwe. Dêr boude pake jerappels en griente. De jerappelloffen kamen my oan 'e mul ta. Der wienen ek stokken, dy hie pake skean tsjininoar oan set, dêr klommen beantsjes by op. Pake neamde se tusearten en mem ek. Mem prate lykas pake en beppe, mar heit prate oars, en ik fansels ek. En der wie slaad, en der wienen sipels en woartels. As de woartels grut wienen, dan skuorde pake ien út 'e grûn en joech him oan my. 'Dat meist wol, net? Moatst him even ôfspiele ûnder de kraan.' Dat die ik dan mar en dan gyng ik wer nei bûten ta. 'No, opite! Lekker!' sei pake. Ik biet der in stik ôf en kôge der op om. It smakke net raar, mar wa die dat no? In woartel út 'e grûn skuorre en samar opite! Mem kocht de griente altiten yn 'e winkel. Heit stie der dan mar wat by en gniisde wat. Heit fûn neat oan pake syn tún. As pake fertelde oer de slakken en de rûpen dy't alles opfrieten, dan sei heit fan 'tsjong' en 'och heden' en as er syn nocht hie, dan sei er 'ja, 't is wat te sizzen' en dan gyng er wer yn 'e hûs. Mem hie wol aardichheid oan pake syn tún en mem hie der ek ferstân fan. Mem frege fan 'Hat heit fan 't jier gjin snijbyt?' of 'Heit mei wol om dat slaad
tinke!' Dan socht pake in plestik pûde en snijde in pear kroppen slaad
| |
| |
ôf en treau se deryn. Mei in bosk woartels of wat beantsjes. As wy dan op 'e neidei weromrieden, sei heit: 'De grienteman hat fan 'e wike wer net in bêste klant oan dy!' Heit fûn it healwiis om dyn eigen griente te bouwen, krekt as ik. Mar no woe ik wol dat ik better nei pake en mem harke hie as se oer de griente praten, dan hie 'k der teminsten wat fan ôf witten.
As wy by pake en beppe kamen, dan krigen wy earst altiten tee mei in koekje. Dan praten de grutte minsken en ik siet wat by de tafel te sjen. Mem en beppe praten tegearre en heit en pake. Mar dy wienen ek hele skoften stil. Pake en heit koenen net sa goed prate. Pake prate oer it waar en it tún. Us heit koe it waar neat skille, want hy siet altiten yn 'e auto en it tún koe him ek neat skille. Heit prate oer kompjûters en oer fuotbaljen, en dat koe pake neat skille. Pake hie ek net in kompjûter lykas wy. Se hienen allinnich mar in tillefyzje. As pake wolris by ús kaam, dan koe er der net by dat ik my mei de kompjûter rêde koe. Ik die der spultsjes op mei popkes dy't inoar efternei sieten. En ik koe der ek mei tekenje. 'Hoe betinke se it sa!' sei pake.
As ik my ferfeelde, en dat wie meastal sa, dan gyng ik nei it tún ta. 'Net by de sleat komme!' sei mem dan. En pake sei: 'Net bûten de fuorgen komme, hear!' Letter kamen pake en heit of pake en mem ek bûtendoar en besêgen it tún. Dêrnei krigen pake en heit in fleske bier en dan rieden wy wer nei hûs ta.
De twadde deis dat wy hjir wienen, binne wy oars al kjel wurden. Wy fûnen op it hiem nei de rivier ta in dea minske, dy lei der tink ek al even, want hy wie al heal
| |
| |
fergien. En fuortdernei fûnen wy ek noch ien yn de earste skuorre. Wy ha in gat makke en de liken bedobbe. Deade minsken komme sykten fan, dy moatte sa gau as 't kin ûnder de grûn. Dat joech eigentlik fuortendaliks in domper op ús freugde. Hoe't dy minsken ek dearekke wienen, it wie net in goed teken. Of se wienen troch sykte stoarn, en dan sêch it der foar ús ek net sa bêst út, of se wienen deaslein troch fijannen, en dat wie noch slimmer, dan sieten wy hjir helendal net feilich. Wy ha der oeren oer praat oft wy dan dochs mar net fierder reizgje soenen, mar op 't lêst hawwe wy besletten om te bliuwen. Der binne safolle minsken deagien, foaral yn 't begjin. Nei de klap wienen mear as njoggen fan 'e tsien lju dea en de dagen en wiken dêrnei gyng it stjerren troch. In healjier letter wie der fan ús grutte kloft noch mar in skiterich ploechje oer. En sa sil dat Claus en Borg en Ilse ek wol gien wêze. Wy prate der net oer, wy prate noait oer it ferline, mar it sil oeral wol itselde west ha. De dea wie heel gewoan. No sjuchst net folle deade minsken mear, mar dat komt om't der noch mar sa'n bytsje binne dy't deagean kinne. Der binne hast gjin minsken mear. Miskien yn 't suden, mar hjir net.
Der wienen oars gjin spoaren dy't op deaslach wiisden, it like derop dat dy lju der samar by del fâlen wienen. Miskien troch sykte, of om't se âld wienen. Alde minsken gyngen dea, sa wie dat no ienkear. It hoegde net te betsjutten dat der foar ús ek daliks gefaar fan deagean wie. Wy hawwe it fan alle einen en kânten besjoen, en wy binne ta it beslút kommen dat it gjin sin hat om fierder te swalkjen inkeld om in pear deade minsken. Wy ha se ûnder de modder set, en dêrmei út.
| |
| |
Doe die fuortendaliks al bliken dat wy foar buorkjen net it gaadlike ark by ús ha. Wy hawwe in soad messen en allegear in bile om ús te ferdigenjen, en timmerark ha wy ek, mar in pear batsen en gripen hawwe wy net. It ferwûndere ús dat wy ek suver gjin ark fûnen. Dat hienen dy lju dochs nedich hân om yn de grûn te graven? Hienen der dan dochs fijannen west dy't dy beide minsken deamakke hienen en it ark stellen? Mar as hjir mar twa minsken wenne hienen, dan hienen se oan dy iene âld bats dy't wy yn in skuorke fûnen miskien ek wol genôch hân.
No, mei dy âld bats ha wy in gat makke, in ein neist it paad tsjin de heuvel oan. It woe net bêst, it wie allegear stiennen. Wy hawwe safolle mooglik losse grûn byinoar klaud en dat oer de liken smiten. En doe koenen wy begjinne mei de fierdere ynspeksje. It tún is miskien in heel skoft neat oan dien, it liket wol oft de fruchten fan it foargeande jier der net iens ôfhelle binne. As wy mei in stôk yn 'e grûn pjukke, fine wy jerappels. Se binne meastepart ferrotte. Mar hjir en dêr is ien dy't de winter oerlibbe hat en dêr komme no de loffen fan boppe. It is bêst mooglik dat it hjir de foarbye winter ferzen hat, wy sitte ommers ticht by Switserlân en dêr is it op 'e bergen altiten snie en iis. En jerappels kinne net oer froast, dat wit ik fan ús pake. Wat der mear boud is op dat tún is slim nei te gean. Hjir en dêr komt wol in sprútsje boppe, mar it kin ek bêst túch wêze. Fan in soarte fan yndeling fan it tún is neat werom te finen, it is ien glêde, swarte hoeke grûn, dy't fan 'e huzen ôf stadich ôfrint nei it wetter ta. It liket derop dat it slim reind hat, want yn 'e grûn binne spoaren fan wetterfuorgen. Miskien is, wat der earder boud is, ek wol fuortspield.
| |
| |
Yn 'e lytse skuorre fine wy mear jerappels, de measten ferrotte, mar der binne ek guodden mei lange spruten deroan. Dy moatte wy mar gau yn 'e grûn triuwe. Der binne ek in pear ruostige blikken mei glêde wite beane deryn. As ik ien yn 'e mûle stek, docht bliken hy is spikerhurd. Dy beane binne dus net sean en dy soenen wy miskien ek plantsje kinne. En der binne ek rûne, gele kerlen. Ineke seit it is mais, dat joegen se foarhinne oan 'e hinnen. Mar minsken sille it ek wol ite kinne. En dan fine wy ek noch pitten, wat dat foar dingen binne, witte wy net.
Ik begjin mei Lize en Monika daliks mei it ynoarder meitsjen fan it tún. Claus hat my de lieding jûn want ik wit der navenant noch it measte fan ôf. Ik haw him ferteld fan 'e Dútsers. Net fan pake, dat giet him net oan. Mar ik wit ek mar in skytbytsje. Hoe djip moatst dy beane yn 'e grûn triuwe? Tsien sintimeter, of djipper? Ik kin my net yn 't sin bringe hoe't pake dat die en gjinien fan 'e oaren wit it. En moatte dy lange spruten fan 'e jerappels ek yn 'e grûn, of der boppe? It kin wêze dat it woartels binne en it kin ek wêze dat it loffen wurde moatte. Wy ha der gjin idee fan en wy beslute om it mar heal om heal te dwaan, guodden fan dy lange teisters yn 'e grûn en oaren derboppe, dan moat de plant him mar rêde. As wy by it dollen yn 'e grûn op oare woartels of planten stuitsje, dan litte wy dy stean, want dat kin griente wêze dy't te iten is. En wy triuwe de maiskerlen yn 'e grûn en dy grize pitten.
Claus en Ineke en de trije Frânske bern binne dwaande it hûs op oarder te bringen. Eigentlik is de keamer te lyts om dêr meiinoar te sliepen. En it freget ek alle jûnen in heel gesleep mei de tafel en stuollen. Op solder is rûmte by
| |
| |
't soad, dêr soe de helte fan ús ploech wol lizze kinne. Der binne twa problemen: de trep is ferrekte gammel en it dak is net bêst. De ruten binne ek stikken, mar dy soest mei wat planken wol ticht sette kinne. Dat is it slimste net. Mar in lekkend dak is neat gedaan. As de reinige tiid komt, dan wurdt it op solder sa wiet as in sompe. En as it mâl giet, dan lekt it ek noch yn 'e keamer. It is in pannendak, dêr't in heel soad fan ôf waaid binne. Nije pannen binne miskien wol earne te besetten, mar om dy allegearre te ferslepen yn in bernewein, dat is gjin dwaan. Der moatte frachten komme om alle gatten ticht te meitsjen. Boppedat wit gjinien fan ús hoe't er pannen lizze moatte. It is makliker om de pannen der allegear mar ôf te smiten en golfplaten oer de juffers te lizzen. Claus tinkt der oer om fan 'e earste skuorre lofts en byneed ek fan 'e skuorre dêrneist de golfplaten ôf te heljen en dy foar ús hûs te brûken. Dy beide skuorren ha wy dochs gjin ferlet fan. Wy ha ommers flakby ús in hele grutten. En dy is goed geef. Mar it is net sa'n ienfâldige put. Se sille by it dak op moatte mei in ljedder. Der leit al ien yn 'e skuorre, mar dêr sit de môge yn. Claus sil him earst reparearje moatte. De hammers en knyptangen dy't wy meinommen hawwe, komme no goed fan pas, mar wy hienen folle mear en folle langere spikers hawwe moatten. En in sêge ha wy ek net. Claus set mei it meitsjen fan 'e ljedder út ein, mar hy seit, hy hat ús help der by nedich, dy trije Frânske bern kin er neat mei. Dy wol er it dak net op stjoere om de platen los te meitsjen, se binne net sterk genôch. Mar ik ha it drok mei it tún en Borg is mei Ilse, Hanny en Jochen de heuvels yn om iten te sykjen, alle dagen fan moarns ier oant jûns let.
Claus seit op in jûn as wy it iten dien hawwe, dat wy sille
| |
| |
noch in kear werom moatte nei dy stêd Besançon ta. Wy moatte mear ark ha, foaral batsen en sêgen. Ek spikers. En as 't kin moatte wy sjen om ruten dy't wy tepas meitsje kinne foar ús hûs. Wy ha ek ferlet fan in kachel en fan in grutte bile dêr't wy hout mei kapje kinne. Dat hâlde wy noait yn in bernewein, tink ik, en ik sis dat tsjin Claus. Hy seit, wy sille miskien wol in karre fine kinne. Wy moatte ek sjen om iten.
Ja, it iten is noch altyd in probleem. Yn it tún komt noch neat op, mar miskien kin dat sa gau ek net. En dan noch, dêr ha wy pas wat oan as de simmer foarby is. It moat earst waakse. Borg-en-dy binne hele dagen op 'e sneup, mar it smyt net folle op. Poddestuollen, woartels fan planten, griene sprútsjes fan nij opsketten túch. It begjint rûnom wol op 'e nij op te kommen, fertelt Borg, mar ynearsten ha wy dêr noch net folle oan. Dochs is Borg fol moed. De natoer is hjir sa slim dea net as om de poel hinne dêr't wy ferline jier sitten hawwe. De grûn libbet hjir mear. Beammen binne allegearre dea, mar hjir en dêr binne wol libbene strûken, en oeral stekke sprútsjes grien ta de swarte grûn út. Hy tinkt dat it mei myn tún ek bêst wol foarinoar komme sil. Sels bin ik sa moedich net, mar dat hâld ik foar my.
Borg-en-dy swalkje hele dagen om en se hawwe de omkriten al aardich yn har opnommen. Ast by stream lâns giest nei it easten ta, komst by in pear doarpkes lâns, allebeide ferlitten en útstoarn. En de measte huzen lizze yn pún. De dyk rint flak by de stream lâns en it klimt dêr stadichoan omheech. De stream wurdt al smeller oant er op 't lêst noch mar in foech grippeltsje is. Fisk ha se net sjoen, mar it sil ek wol te ûndjip wêze. Miskien dat de oare
| |
| |
kânt út, de stream del, wol fisk te finen is.
Borg tinkt dat wy in ridlik goed plakje hawwe. Yn 'e oare doarpkes binne amper geve huzen te finen. Boppedat sitst dan fuortendaliks oan 'e dyk en as der guodden lâns komme, dy hawwe dy daliks op 'e kuer. Hjir sitte wy in ein fan 'e dyk ôf, dat is feiliger. Borg-en-dy hawwe ek even sjoen om ark, om't Claus dat neamd hie, mar se hawwe neat gaadliks fûn. Winkels ha der yn dy doarpkes fêst noait west, no miskien in bakker en in grientewinkel, mar oars net. De skuorren dy't se trochsneupt hawwe, wienen wol wat âlde heafoarken, mar helendal fan hout en dus fermôge. Der stienen ek wol lanboumasines en karren, trekkers sels, mar allegear stikken en net te brûken. Boppedat, wat silst mei in trekker? Besine is der dochs net. Oan itensspullen wie yn dy doarpkes neat te besetten. As it der west hat, dan hawwe de lju it meinommen, of it is weiwurden. Der leinen gjin deade minsken, dat dy binne tink noch begroeven nei de klap. Mar de libbenen binne fêst dochs ôfset.
Nei it suden en it noarden ta komst yn 'e heuvels. Foarhinne sille dêr wol bosken west hawwe en miskien wie hjir en dêr in stikje greide op 'e minder steile plakken. Mar fan 'e bosk is neat oerbleaun as rotsjend hout. Soms stiet der noch in inkele beam oerein, of in pear binne tsjininoar oan fâlen en hâlde inoar oerein. De measte tûken binne der al ôf fâlen en de stammen binne swart. Mar der waakse in soad poddestuollen op dat rotsjend hout, dat wol. Spitigernôch sit der net folle help yn poddestuollen, dat ha wy al lang fernommen. Krijst de mage fol, mar dat is ek sawat alles. Mar it begjint dochs wer mear te libjen, seit Borg. Hjir en dêr binne houteftige planten dy't wer opkomme, strûkjeboel of heide miskien. It is mar plat guod, mar it
| |
| |
libbet. Miskien komme der oer in tiid ek wol wer beammen, seit Borg, apel- en parrebeammen. Dan ha wy wer iten by 't soad!
Yn it noarden ha se op in heuvel in heel soad bonkerakken lizzen sjoen. Hoe't dy dêr telâne kommen binne, begrypt er net. Wol in fjirtich. Dy moatte dêr allegearre tagelyk stoarn wêze. Of se binne der hinne brocht. Mar wa sleept no deade minsken by de heuvels op? Ilse fertelt, der wienen ek lytse bonkerakken by, fan bern dus. Se leinen ticht byinoar en yn allegear ferskillende hâldingen, guodden op 'e rêch, guodden op it liif. Wer oaren op 'e side mei de skonken oplutsen of mei de skonken en earmen wiid útinoar. As wienen se samar dea delfâlen. Miskien wienen se destiids mei har allen de heuvels yn set op 'e dei dat de klap kaam. De bonkerakken wienen helendal keal, dat se leinen der fêst al heel lang.
Libbene minsken ha Borg-en-dy net sjoen. En se ha ek neat heard. No, Jochen mient al dat er roppen fan minsken heard hat, mar de oare trije hawwe neat fernommen. Se hawwe har doe in heel skoft skûlholden tusken de grutte stienklompen, mar se hawwe neat wer heard. Jochen sil him wol fersind ha. Of hy hat in bist heard. Se hawwe nammentlik in bist rinnen sjoen. Earst tochten se fan in hûn, mar it bist wie te grut foar in hûn en it hobbele ek frjemd op syn poaten, net lykas in hûn rint. Borg tinkt, it kin in lytse ko west hawwe, in keal dus.
Claus leaut der neat fan. Kij binne der net mear, likemin as skiep en hynders. Dy binne allegearre daliks dea rekke. Ik tink der ek sa oer: op reis nei it suden ta wienen de greiden fol deade bisten. De Dútsers hienen in stikmannich kij, mar dy stoaren ek de iene nei de oare. De rotten, dy
| |
| |
hawwe it oerlibbe, en bisten dy't yn 't wetter of yn 'e grûn libje, lykas fisken en slakken en wjirms en krobben, al dat lytsguod, dat is der noch. Mar alle grutte bisten en fûgels binne weiwurden. Fansels, der kin noch wolris ien omswalkje. Ferline jier ha wy ek noch in kat sjoen. Mar it binne de lêsten.
Jûns as Borg-en-dy werom kommen binne, hâlde wy op fan arbeidzjen. It rint dan tsjin 'e jûntyd. Borg soarget der wol foar dat er foar tsjuster op 'e pôle is, oars soe er ferdwale kinne. Stjerren en moanne binne noait mear te sjen. Boppedat, deis kin it ek sa skier wêze, dat it net út te meitsjen is wêr't de sinne stiet. Dan moatst it lânskip goed yn dy opnimme en ûnthâlde wêr'tst lânskommen bist. Dêr binne wy allegearre wol in bytsje yn treend en Borg seker wol. Borg is no al wiken op sjou.
Borg en Hanny en Ilse en Jochen skodzje jûns de sekken leech op 'e tafel. Dat is it moaiste momint fan 'e dei: iterstiid. Wy hawwe altiten honger en dat went ek noait. Alle kearen hoopje wy dat Borg-en-dy noris wat bysûnders fûn ha, mar meastal is it itselde fan altyd: poddestuollen, griene sprútsjes túch en gers, soms wat slakjes. Mar selden dat se wat oars fûn hawwe, lykas in pear jerappels. Dy hat Claus yn stikken snijd en earlik ferparte. Se wienen osa wilich, mar net ferrotte, se wienen de winter goed trochkommen. Miskien binne dit ferwyldere jerappels dy't it no al in jier of sân lang útholden hawwe en alle jierren wer op 'e nij begjinne te groeien. Dat jout hoop dat it mei ús tún ek wol wat wurdt. Dan ite wy yn stilte, want it is suver in plechtich momint. Dêrnei fertelt Borg wat se belibbe hawwe. Mar dat wie foaral yn 't begjin. No witte wy út syn
| |
| |
ferhalen sa stadichoan al hoe't it lân der hjir sawat hinne leit.
Wy sitte gewoanlik net sa lang mear. Wy binne wurch, wy krije temin iten, dat is 't him. Wurch en hongerich en altiten kâld. Dan skowe wy de tafel en stuollen oan 'e kânt en jouwe ús del. Claus en Ineke sliepe yn 'e keamer. Borg, Jochen en ik ek. De oaren gonne nei boppen ta. It siicht dêr as de neten, mar se hawwe wol wat tekkens. Dan wurdt it stil, allinnich André gûlt wolris, hy mist syn mem. Sjan besiket him del te bêdzjen en as dat net slagget praat Monika mei him: stil, oars komt Claus en dan krijt er in pak op 'e soademiter. Claus hâldt net fan giynders.
It tún kinne wy ynearsten neat mear oan dwaan. Wy hawwe alles yn 'e grûn treaun dat wy fûn hawwe. Ik haw ek grippeltsjes makke lykas pake die, dan kin it wetter fuortspiele as der in bui komt. It hat de lêste wiken oars meast droech west. Wolris wat storein, in grize muorre fan wetter dy't in hele dei hingjen bleau, mar echt reine hat it net dien. It wurdt stadichoan waarmer, dat kinst dochs merke, it is no echt maityd.
Claus kin op it stuit neat mear oan it hûs dwaan. Hy hat it goede ark net. Hy praat der no en dan oer dat wy op 'e nij op reis moatte nei Besançon ta en dan neamt er op wat der komme moat. Ik kin it sa stadichoan wol dreame. Mar echt ferfelend fyn ik it net. Ik mei der wol oer dat der praat wurdt. Mei Ilse kin ik wol prate, mar dy is hele dagen mei Borg op stap. Monika kin wol prate, mar se docht it hast noait. Hanny jeuzelt de hele dei mar har wurden slane nearne op, de kop doocht net. Jochen is ek sa'n stille jonge. Miskien ha wy it praten ek wol ferleard. Der is sa'n bytsje
| |
| |
om oer te praten. Ja, foarhinne, dêr soenen wy oer prate kinne, mar dat is net goed, dan wurde wy ûnwennich en fertrietlik, en Claus wol it ek abslút net lije. De kop derby en foarút sjen.
Ineke krijt no echt in puntliif, en se begjint efteroer te rinnen om it lykwicht te hâlden, mar spuie docht se net mear. Arbeidzje oars ek net. Se sit mar wat op 'e stoel of rint wat om. Ik wit net oft Claus him soargen makket. Ik earlik sein wol, ik haw it earder belibbe dat in frou in bern krige en dat wie in heel oheden. Ik wist doe net hoe't ik der mei oan moast, ik wie noch mar alve. Mar no soe 'k it noch net witte en ik tink dat Claus it ek net wit. Foarhinne hienen se dêr dokters foar, mar dy binne der net mear. Ast net witst watst dwaan moatst, dan giet in bern dea, en soms de frou ek, lykas Lotsy. Makket Claus him dêr drok om? Ik doar him net te freegjen.
|
|