| |
| |
| |
Haadstik twa
Tusken de púnbulten
Fjouwer nachten hawwe wy yn dat doarpke sitten, wy ha alles opfandele wat der te finen wie en doe binne wy fierder set. Fjouwer nachten ha wy lekker sliept. Der wie fanalles te finen dêr't wy in bêd fan meitsje koenen: lege sekken, gerdinen, kleden en sels noch in pear echte tekkens. De earste dagen ha wy suver oars net dien as sliepe, no ja, der moasten fansels wol iderkear in pear de wacht hâlde. Ite en sliepe. Wy ha de klean droegje litten en de klean opknapt. Ineke fûn nullen yn it winkeltsje en se hat ús allegearre leard hoe't wy dêr mei naaie kinne. It is heel maklik, allinnich do moatst tried hawwe en de tried dy't wy fûnen wie meastepart fergien. Oant no ta ha wy ús om stikkene klean net folle bekroade. Meastal kinst yn in stêd noch wol wat kleanspul fine en dan smytst de âlde gewoan fuort. Mar as skielk alle klean op binne, hoe moat it dan? Ik ha my der eigentlik noait drok om makke, en dat wol ik no ek net. Net fierder tinke as hjoed en moarn.
De tredde deis ha wy it hele doarp troch west. Alle púnheappen ha wy ûndersocht, mar der wie neat fan ús gading. Yn 'e tsjerketoer, dy't foar it grutste part noch oerein stie, leinen in stikmannich bonkerakken fan minsken. Dy lju ha tink besocht om te oerlibjen, mar se binne
| |
| |
siik wurden of ferhongere. Se hienen in tafel timmere en brede banken dêr't se op sliepe koenen, mar it bêdeguod wie fergien. It stonk der fetgoar. Oan goed ark ha wy fierders neat fûn, no ja, dat naaiark dan, dat kin nochris fan pas komme. Wy ha alle blikiten út it winkeltsje helle en nei ús hoale tôge. Yn 'e kassa siet in soad jild, mar dat hat syn wearde ferlern. It wie Dútsk jild, sei Claus, dat dan wienen wy miskien noch yn wat foarhinne Dútslân wie. Der wienen ek blikken mei tee en kofje, mar dy ha wy stean litten. Ik ha jierren lyn noch wolris kofje dronken, mar ik fûn 't net lekker. Wy ha al in pear flessen wyn meinommen en dy ha wy de lêste jûns opdronken. It wie skriklik soer guod en it baarnde ús yn 'e mage. Mar 't wie werris wat oars as wetter.
Ik woe wol dat ik myn bernewein noch hie, mar dy ha wy fan 't maityd yn 'e sompe treaun. Wy hienen him doe net mear nedich. No soenen wy him skoan brûke kinne foar it sekje moal en de blikken. Dy kinne wy hjir net lizze litte. Dat wurdt dus sjouwen. It is net oars. Wy binne allegearre wer aardich by sûp en stút. De rêst hat ús goed dien en it iten. En foaral dat wy droech sieten. Dy kloatkanker wiette giest kapot oan. Mar no stekt in oare kwaal de kop wer op: it jûkjen. Wy ha der allegearre lêst fan, it fel wurdt read en dan springe der barsten yn. As it waar klam is, hast der net folle lêst fan, mar by droech waar is it mis. Winters as it friest, is it slim. En it jûket ferrekt. Wy sitte allegearre te skeuken en te klauwen.
Wy gonne wer op reis. It skûlplak is poerbêst, mar mei in pear dagen is it iten op en it is de fraach oft hjir yn 'e omkriten iten te finen is. De fjilden lizze der keal by. Der
| |
| |
waakst wol wat gers hjir en dêr en túch, en de strûken begjinne ek wer út te rinnen, mar dêr hâlde wy it libben net op. Dit is it plattelân, hjir moat weet woeksen ha en jerappels en biten en earte en beane miskien, mar it is allegearre weiwurden. It spul hie himsels dochs útsiedzje moatten, mar dat is net bard, it is allegearre dea. En de bisten dy't miskien ek yn dizze fjilden weide ha, binne ek allegearre dea, of fuort.
De loft is skier, lykas altyd, mar oan in wat ljochter plak oan 'e loft kinne wy gauris wol sjen wêr't de sinne stiet. Dat sadwaande witte wy ek likernôch wêr't it suden is. Mar op dit stuit gonne wy nei it súdwesten. Sa rint de dyk no ienkear, en it is gekkewurk om troch it lân te sjouwen as der in dyk leit. Kinst ek noch foar rivieren komme te stean.
Wy sjitte goed op no't wy gjin siken mear by ús ha. En wy ha iten hân en binne útrêst. Op 'e neidei komme wy by in doarpke oan. Om 'e tiid soenen wy noch wol fierder kinne, mar Claus beslút dat wy hjirre oernachtsje sille. It is mar in gehucht, in tsjerke hat der net iens west. Der streamt in rivierke trochhinne mei sa't it liket skjin wetter. De brêge is noch helendal yn wêzen, mar de huzen net. Alle dakken binne fuort, de ruten stikken en troch de gatten sjugge wy dat hjir en dêr de solders ynsakke binne. In winkel sil hjir wol noait west ha, dêr hoege wy net om te sykjen. Mar wy hawwe noch wat by ús, dat wy kinne ús rêde. Claus wol net te ticht oan 'e dyk sitte, der kin mear folk op 'en paad wêze. Efter in ynstoart hûs fine wy in hok dat noch helendal geef is. Sels it rútsje is noch heel. Dêr sille wy oernachtsje. Claus jout opdracht om in panfol wetter út 'e rivier te heljen, dan ha wy wat te drinken.
As Jochen en Borg werom binne en wy allegearre dron- | |
| |
ken hawwe, wol Claus it doarp troch om te sjen oft der wat fan ús gading is. Wy slagge mei in stik hout it glês út 'e spannings en gonne de huzen yn. Mar wat moatte wy hjir fine? Dizze huzen hawwe mear as seis jier foar waar en wyn lein, alles is ferrotte en fergien. De spegel en de klok binne fan 'e muorre fâlen, de stuollen lizze útinoar, de kleden oer de flier binne gear as bûter. Ast in kastdoar iepen lûkst, brekt de doar fan 'e knieren en komt dy temjitte. Teekopkes, wynglêzen, wat moatst dermei? Gimmelearden mokken soenen wy wol brûke kinne, mar stien- en glêsguod ha wy neat oan, fierste brekber. It neistlizzende hûs dan mar. Fansels, dêr is it wakker itselde. Wat ferwachtsje wy eigentlik? Dy lju dy't hjir yndertiid wenne ha, hienen in folslein oar libben as wy no. Wy hawwe neat oan har guod. Yn wat de koken west hat fine wy in heap itensark, messen, foarken, leppels, in stamper foar jerappels, in rasp. Troep dêr't wy gjin ferlet fan ha. It is wol twa jier lyn dat ik mei in leppel iten ha, en 't is de fraach oft it wol wer barre sil. Wy sykje om blikkene mokken, mar dy binne der net. Al in pear pannen, en Claus beslút dat wy dy meinimme sille. Miskien allinnich mar foar fannacht, dan ha wy in ekstra panfol wetter.
Nei fjirtjin dagen rinnen komme wy yn 'e stêd Metz. Dat dy stêd sa hyt, komme wy earst letter efter. En fan dat stuit ôf witte wy sadwaande ek dat wy no yn Frankryk binne. Metz is in Frânske stêd, seit Claus, dat hat er op skoalle leard. Ik ha mar in jier op skoalle sitten, mar ik wit it likegoed ek wol. Ik moat hjir earder west ha, jierren lyn. Wy binne yndertiid fan Brussel op Charleroi reizge en dêrwei op Charleville-Mézières en Verdun. En dêrnei Metz. Ik wie
| |
| |
noch mar in lytse jonge, mar de man dy't doe op ús paste, hat ús fan alles leard. Hy hie in kaart fan Frankryk en dêr wiisde er op oan wêr't wy lâns gyngen. By Verdun is er dea gien, en wêr't dy kaart doe bedarrre is, dat wit ik net.
Metz is in stêd lykas Trier, allegear ynstoarte en foar in grut part útbaarnde huzen. Wy rinne ticht opinoar midden op 'e strjitte. As der fijannen út 'e púnfallen komme, dan ha wy se fernommen ear't se oan ús ta binne. Wy rinne mei de hân oan 't mes. Salang't ik by Claus-en-dy bin, al mear as in jier, haw ik gjin oare minsken mear sjoen, of allinnich deade, mar it is ûnmooglik dat wy de iennigen binne. Der moatte folle mear kloften minsken omswalkje. Mar wy sjugge gjinien. As wy tinke dat it feilich is, gonne wy in hûs yn dat noch ridlik oerein stiet en rjochtsje ús yn foar de nacht. Wy ha allegear honger. De lêste dagen ha wy ús yn libben holden mei wat wy by de dyk fûnen, blêden en woartels en soms allinnich gers. Mar hjoed ha wy neat hân. Yn 'e stêd waakst neat en wy doarsten de winkels net yn. Earst moatte wy witte dat it hjir fertroud is.
Jierren lyn haw ik mei Mark en Sjonny yn Metz west. Ik moat altiten rekkenje, doe siet ik dêr en doe dêr. It is seis jier lyn, doe wie ik krekt acht jier, dusse hjerst wurd ik fjirtjin. Nei wiken fan swalkjen wienen wy yn Metz oankommen, in hele grutte stêd, mar doe meast pún. It healwize wie, der wie in tsjerketoer stean bleaun en dy riisde omheech út 'e púnheappen wei. Mar de muorren wienen ek mear as in meter tsjûk, dat hy sil wol aardich sterk west hawwe. Yn Metz begûnen wy te sykjen om winkels, lykas wy dat de simmers dien hienen doe't de grutte minsken der noch wienen. Wy fûnen in hele grutte winkel dêr't fan alles
| |
| |
te heljen wie. In supermerk fansels, sokken wienen yn Drachten ek, mar dan lang sa grut n't. Hjir wie wier alles: klean, iten, radio's, skuon, boartersguod, bêdeguod, amers, skeppen, tinten, boeken en neam mar op. Wy besleaten om mar yn dy winkel te bliuwen, want hjir wie iten by de rûs en wêrom soenen wy dan in oar plak sykje? Mar wy woenen dy deade minsken der wol út ha, want dy stonken fetgoar en it wie ek in rotgesicht. Wy hawwe se nei bûten sleept. Mar doe stonk it eigentlik noch likefolle, want in heel soad dingen yn dy winkel wienen begûn te rotsjen. Fansels de griente, mar dat stonk net bot. Folle slimmer wie in lange glêzen bak foar in toanbank lâns. Dy glêsbak siet fol mei spul dat ûnder de griene skimmel siet. Oan 'e platen op 'e muorre koenen wy sjen dat dit de fleisôfdieling wie. No, al dat fleis wie fansels ferrotte. En ticht by de grientehoeke wie in bak mei rotsjende fisk, dat stonk sa mooglik noch slimmer. Der wie gjin begjinnen oan om dat allegearre op te rêden, dat wy hawwe in sliephoeke makke safier mooglik fan dy stjonkerij ôf. Matrassen en sliepsekken wienen der by 't soad, dat wy leinen hearlik. Einliken nei safolle moannen fan omswalkjen wer in goed bêd. En iten en drinken wie der yn oerfloed. Wy ieten fleis út blik en fruit út blik of as wy der sin oan hienen in blik mei stamppot. En fierders boarten wy wat yn dy winkel om. Mei winkelkarkes ride, op trijetsjellerkes ride of op tsjeltsjeredens of op fytsen. Der wie fanalles om mei te boartsjen en wy jakkeren om de stellaazjes hinne. Wat wy ek moai fûnen, dat wie ús ferklaaie yn deftige klean. Wy dienen pakken klean foar grutte manlju oan en setten in hoed op 'e holle en praten dan heel deftich. En ek wol ferklaaiden wy ús yn jurken en besochten op hege hakken te rinnen.
| |
| |
Wy hienen in hele bulte wille mei ús trijen. Spitigernôch, de radio's dienen niks, en de batterijen wienen dochs wol goed, dy hienen wy útperbearre mei bûslampen, dêr dienen se it wol yn. Mar wat wy ek besochten, der kaam gjin lûd út 'e radio's. Der wienen gelokkich wol cd-spylders en dy krigen wy op 't lêst oan 'e praat. De muzyk fûnen wy net folle oan, mar wat wy wol aardich fûnen, dat wie in stik of trije apperaten tagelyk oan en se dan trochinoar hinne balte litte. Dat is ús ûngelok oars ek wurden, al dat lawaai. Wy wienen fansels fan fierôf te hearen. Nei't wy salang yn 'e ellinde sitten hienen en honger en kjeld lit hienen, wienen wy yn 'e wielde bedarre en dy koenen wy net oan. Wy wienen noch mar lytse jonges, en wy woenen ús grut hâlde. Mei healwiis dwaan en mei lawaai en drokte.
Op in kear kamen moarnsier twa kearels de winkel yn. Nei alle gedachten hienen se ús al earder beloerd en hienen se in gaadlik momint útsocht om ús oer 't mad te kommen. Wy waarden yn 'e sliep ferrast. Utnaaie hoegden wy net oer te prakkesearjen, wy leinen oan 'e noas ta yn 'e sliepsek en koenen net in fin ferwege. Se begûnen der fuortendaliks yn te houwen. Se huften ús mei einen latte op 'e hûd en wy wienen bang dat se ús deameitsje woenen. Wy kroepen sa fier mooglik yn 'e sliepsek en beskermen it gesicht mei de hannen. Mar deaslaan wie it doel net, se woenen ús tink allinnich mar bang meitsje.
Se praten in taal dy't ik net ferstean koe. Mark sei letter dat it Frânsk wie. Mark hie in omke dy't Frânsk prate, en hy koe in pear wurden ferstean. Mar wat dy kearels fan ús woenen, dat koe hy ek mar amper begripe. Mark tocht dat se witte woenen oft hjir noch mear minsken wienen. Wy moasten út 'e sliepsek komme en de klean oandwaan. Doe
| |
| |
bûnen se ús de hannen en de fuotten fêst mei stroomtried, heel stiif, it knypte om de ankels en polsen. Se gyngen de hele supermerk troch. Sochten se om oare minsken of woenen se witte wat der allegearre te finen wie? Wy wisten it net, mar wy wienen skitende benaud fan dy kearels. Se sêgen mâl út 'e êgen en de iene die oars net as smûge en rochelje en op 'e grûn flybkje. In fize, mâle kearel mei de êgen djip yn 'e kassen.
Ien fan dy manlju gyng fuort en de fliber bleau by ús stean mei in ein stôk yn 'e hân. De oare kaam in set letter werom mei in karre. Hy loege de karre fol mei iten, foaral blikken mei fleis en stamppotten, mar ek sûkelade, sûker, kofje, flessen mei drinken. Kampeargasstellen en in soad gastenkjes ek noch. De karre kaam ôfloege fol. Doe sochten se nije klean foar harsels, gjin moaie klean, mar sterke wurkklean. Se klaaiden har nêken út en dienen nije klean oan en nije skuon. En by einsluten klauden se in grutte tinte fan in stelling en fiif sliepsekken. Fiif! Wat wienen se fan doel? Dat waard al gau dúdlik. Se bûnen ús touwen om 'e rêch en dêrnei waarden de fuotten los makke. Wy moasten oerein komme en foar de karre stean gean. Dat wie it doel, wy moasten de karre lûke!
It gyng de stêd út en it westen yn. De kânt dêr't wy weikommen wienen. De iene man rûn achter de karre te stjoeren, de oare, dy smûger en fliber, hie it hânsel ek beet, mar hy treau net mei, hy liet him lûke! Wy krigen it al gau yn 'e rekken, hy wie siik. Tsjin 'e jûntyd sochten se in plak om te sliepen. Se bûnen us de fuotten fêst en setten de tinte op. De sike man gyng yn 'e sliepsek lizzen. De oare makke wat iten klear en joech dat oan 'e sike man. Hy makke Sjonny de hannen los, en doe krige dy wat iten, dêrnei bûn er him
| |
| |
de hannen wer fêst. Dêrnei ikke en doe Mark. Mei de hannen en de fuotten fêstbûn moasten wy yn 'e sliepsek. Hy ritste se oan boppen ta ticht, en bûn ek noch in ein tou om 'e sliepsek hinne, dat wy koenen net in lid bewege.
Wy wienen hongerich, wy hienen fierste min hân. Oare dagen ieten wy ús altyd sêd. Se woenen fansels it measte iten foar harsels hâlde. Se brûkten ús allinnich as lûkhûnen en as se te plak wienen, dan jagen se ús fuort. Of se sloegen ús dea. Wêrom dienen se sa stom? Se hienen wol by ús yn 'e winkel bliuwe kinnen, dêr wie iten genôch. Wy moasten op in kâns wachtsje om út te naaien. Dy kâns kaam de fjirde of de fyfte dei. De moarns doe't wy krekt op stap wienen, waard de loft inketswart en it begûn te sniestoarmjen. De wyn helle oan út it westen wei en jage ús de grouwe flokken yn 't gesicht. Wy sêgen neat mear. It wie gjin wite snie, mar brún en goar, tsjin it swarte oan. Soks hie gjinien fan ús earder meimakke en wy waarden der suver bang fan. De kearel efter ús raasde fan: 'Allez!' Mar wy koenen neat sjen en wy wisten net wêr't wy de fuotten delplantsje moasten. Even letter rôp er fan: 'Stop!' Wy holden stil en sêgen om. Troch it gekriuwel fan 'e snieflokken hinne sêgen wy dat de sike man op 'e grûn lei en de oare bûgde him oer him hinne. Hy hie de karre los litten. Dat wie ús kâns! 'Rinne!' sei Sjonny, of Mark, dat wit ik net mear. Wy setten fan ein en besochten te draven. Wy hienen de êgen stiif op 'e grûn om it paad te finen. Wy moasten net fan 'e dyk reitsje! De kearel efter ús rôp en rächte, mar wy setten troch. Doe't wy op in stuit hymjend steanbleauwen, koenen wy neat mear fan har sjen. Dat sy ús ek net. De sniestoarm benaam har likegoed it sicht as ús. En de spoaren fan 'e karre waarden daliks wer ûnder de snie
| |
| |
bedobbe. Even pûsten wy út en doe gyngen wy wer fierder. Op in stuit wie der in dwarspaad, heel smel mar, en dat binne wy ynslein. Wy hawwe miskien noch wol in oere trochrûn. Doe mindere de bui en wy êgen om ús hinne. Dy kearels wienen nearne te sjen.
Doe't de snie begûn te teien, bleau der in fetlike smoarge laach efter. Alles siet der ûnder, ús gesicht, de klean en alles wat op 'e karre lei. It like wol wiete jiske.
As wy in dei of acht yn 'e stêd west hawwe en lykas alle dagen dêrfoar op 'e sneup binne om iten, sjucht Jochen dat der earne reek út in skoarstien kringelt. Hy ropt en wiist. Claus betsjut ús daliks om stil te wêzen. En dan winkt er ús nei him ta. Wy sille even tiiddwaan, seit er, en as der gjinien út dat hûs komt, dan sille wy poalshichte nimme. Wy bliuwe deastil stean en loere omheech nei it rút. Der beweecht neat. 'Jochen, Ilse, Ake en Monyk. Meikomme! Borg bliuwt hjir mei de oaren. As wy net weromkomme, dan moatte jim hjir daliks wei. Borg is dan de lieder.' Claus makket de bile los fan 'e riem en nimt de foarstap. Ik folgje him. Ilse rint efter my. Op Ilse fertrou ik wol. Der giet in stiennene trep omheech. Hy is eigentlik te smel foar twa man neistinoar, mar ik besykje dochs om Claus safolle as 't kin op 'e side te bliuwen. Twa kinne mear as ien. Oan 'e ein fan 'e trep is in foech porteal en dêr komme in stik of trije doarren op út. Ja, wat no? Claus en ik spanne ús yn om te harkjen. Wy miene gerochel en gekochel te hearen. Ik knik nei in doar. Claus skodhollet. Wy harkje wer en hy knikt: it komt dochs efter dy doar wei. Hy telt mei de lippen, lûdleas: ien, twa, trije. Dan slacht er de kruk fan 'e doar del en suver tagelyk springe wy de keamer yn mei de bile
| |
| |
boppe de holle. Kutshit, wêr binne wy no bedarre? Wy wurde kjel fan wat wy sjugge: in húskeamer lykas foarhinne, mei in tafel en stuollen en in kachel. Krekt as binne wy seis jier werom yn 'e tiid. Mar dat is mar in flits fan tinzen, want suver daliks begjint in frommes te roppen fan 'Non! Non! Non!' It is in âldeftich frommes en se leit op in bank of in bêd. Wy litte de bilen sakje, want dat âldwiif hoege wy net bang fan te wêzen. 'Rop Borg,' seit Claus. 'Allegear hjir komme!' Ilse giet de trep del. Claus krijt in stoel en giet foar it minske sitten. 'Hoe hytsto?' freget er. 'Non, non!' seit se wer, sêfter no. De êgen stanne wyld yn 'e kop, se liket skitende bang te wêzen. Healwiis minske, wy ha de bilen ommers sakje litten. Claus wiist op himsels en seit: 'Claus,' en dan wiist er ús stik foar stik oan: 'Ake, Jochen, Monyk.' En dan wiist er wer op har. 'Namme?' freget er. Se liket it te begripen. 'Therèse,' seit se, en fuortendaliks begjint se wer te jammerjen: 'Mes enfants, mes enfants!' 'Wêr hat se it oer?' freget Claus. 'Bern,' seit Monika. Ik wurd der suver kjel fan, want Monika seit noait wat as se net direkt frege wurdt. 'Bern?' Monika knikt mei har keale kop.
De hele troep komt no de trep op en it minske begjint wer te mâlbearen. Miskien is se bang dat it har bern binne en dat wy dy wat dwaan wolle. Claus rint de doar út en heint de troep op. Ferskûlje, hear ik him sizzen. Ik gon op Claus syn stoel sitten en besjuch it minske. Se is folle âlder as Claus, ek âlder as Lotsy tink, mar ik soe net sizze kinne hoe âld. Se is siik, de êgen lizze hol en de wangen binne ynfallen, en dat sil net fan 'e honger komme. It hier falt har ek út, krekt as by Monika. Ik stek in hân nei har út en se skrillet tebek. Heel stadich gon ik fierder en taast nei har
| |
| |
hân. Dy is gleonhyt. It gesicht ek. Se trillet as ik har oanreitsje. Se is siik en se giet dea.
Claus komt werom. 'Dat âldwiif hat it goed foarinoar,' seit er. 'Wy nimme de boel hjir oer.' 'Dat minske giet dea,' sis ik. 'Namstebetter, in opfretter minder. Mar dy bern kinne wy brûke. Dy lykje hjir it paad goed te witten. Verdammt noch mal! Bêden en in kachel! Wy ferskûlje ús en as dy bern komme, dan oerfâle wy har.' Wy gonne nei de oare keamers ta dêr't it fol leit mei klean, skuon, hout en blikken iten. Claus giet sels op wacht stean, bûten it hûs, ticht by de yngong.
Oan 'e ein fan 'e middei heare wy lûden, stimmen en fuotstappen. It moatte de bern wêze. Se gonne de doar fan 'e keamer yn. Fuortendaliks begjint it âldwiif te jammerjen. Mar dan is Claus ek al boppe. 'Hjir komme!' ropt er. Borg is as earste op it porteal, dan Jochen, dan ikke. Borg raamt de doar op en springt de keamer yn. Wy allegear. De bern stanne foar it bêd, mar se draaie har om en begjinne te razen. Borg lit de bile sakje. Wy ek. Claus komt de doar troch. Hy stekt de hân omheech, lykas er in jier lyn tsjin my die. 'Gjin oarloch!' seit er. Ik wit noch hoe skitende bang ik doe wie, mar ik begriep teminsten wat Claus sei, en dizze bern lykje der neat fan te begripen. 'Frede,' seit Claus, en: 'Freonen.' Hy koe 't likegoed skite. 'Helje Monyk,' seit er tsjin my. 'Kinsto mei dy bern prate?' freget er har as wy weromkommen binne. Monika knikt. 'No, toe dan, trut!' Ynienen begjint Monika rêd te praten yn it Frânsk. Safolle wurden hat se yn in heel jier net sein. Ik tocht dat se simpel wie, mar dat is net sa. De bern lykje wat te bekommen. Se sjugge sa bang net mear. Monika neamt ús nammen en dan
| |
| |
neame de bern harres ek. Ik bin der net helendal wis fan, mar der lykje twa famkes te wêzen en ien jonge. Se moatte in jier of tsien-alve wêze. Se sjugge der better út as wy. It hier is koartknipt en útkjimd, de klean binne ridlik skjin. It liket derop dat it har slagge is om in goed bestean op te bouwen. Mar dan moat der yn dizze stêd iten genôch wêze, oars kin dat net.
Claus wol witte wat se bepraat ha. Monika fertelt it, no ynienen wer sober mei har wurden: Wy wolle hjir bliuwe, wy wolle freonen wêze. Wy sille foar har fjuchtsje tsjin fijannen en wy sille har helpe om iten te sykjen. Claus knikt.
Claus en Ineke sliepe dy nachts mei ien fan 'e bern yn 'e keamer by it âldwiif. De oare beide bern nimme wy mei nei in oare keamer. Wy doare se net byinoar te litten, dan naaie se miskien út.
It wie tafal dat Sjonny en Mark en ik yn Metz kamen. Wy hienen de hele hjerst nochal doelleas omswalke. Yn Verdun hienen wy ús fan 'e groep ôfspjalte en wy wienen mei ús trijen op stap gien. It wie ús sa stadichoan dúdlik wurden dat wy better foar ússels soargje koenen. De lêste dei dat wy by de groep wienen, soenen wy ús slach slaan yn in winkel dy't noch minofmear heel wie. It wie in winkel foar wyn en tsiis en lekkere hapkes. It iten wie bedoarn en wy woenen fierder want wy hienen honger. Mar de grutte minsken fûnen wyn en se bedronken har. Se wienen wakker fleurich en songen en balten. Ien fan 'e froulju wie stomdronken en die alle klean út. De manlju doansen der omhinne en hienen de measte lol. En wy stienen mar te wachtsjen. Wy woenen iten sykje, mar de grutte minsken harken net. Doe binne wy mei ús trijen fuort gien. Wy
| |
| |
fûnen in lytse supermerk. Der wie sider en hurde tsiis dy't allinnich fan bûten skimmelich wie. En der wienen pakjes mei droege fruchten, mei in grauwe pit deryn. Dadels wienen it, sei Mark. Dy wienen lekker swiet. Wy ha iten en dronken en doe ha wy ús deljûn. De oare moarns binne wy fierder gien mei in pear plestik taskes mei iten en drinken.
Verdun lei helendal yn pún, krekt as Den Antwerp. Wy wienen gelokkich op in brede strjitte, dat der wie wol paad oerbleaun om te rinnen. De smeldere strjitten, dy wienen meastal helendal fuort, bedutsen ûnder it pún fan 'e ynstoarte huzen. De brede strjitte dêr't wy troch rûnen hie fêst in winkelstrjitte west. Oan 'e kant stienen beammen, no keale stammen sûnder krún. En dêrneist stie in lange rige fan auto's, se wienen allegear stikken. Brokken stien fan 'e ynstoarte huzen wienen soms dwars troch it dak hinne slein. Yn guodden sieten noch minsken, it wie in aaklich gesicht, it fleis rotte har fan it gesicht ôf.
Wy hienen better net dwars troch de stêd gean kinnen, mar wy wienen der no ienkear. Werom woenen wy net, dan kamen wy de lju fan ús groep miskien wer tsjin. Wy woenen net mei har fierder en wy wienen tagelyk bang dat se lilk op ús wêze soenen om't wy fuortgien wienen. Dat wy holden de strjitte oan yn 'e hoop dat wy sa de stêd wol wer út kamen. Dat wie ek sa, op 'e neidei mindere it pún en wy kamen oan 'e râne fan 'e stêd. Dêr ha wy ús doe noch in set koest holden, want wy sêgen minsken omskarreljen. It wienen bern, mar âlder as wy. Wat se dienen, wisten wy net, it like wol oft se tusken it pún om it ien of oar sochten. Mar wat soe dêr no te finen wêze? Wy doarsten net nei har ta te gean. Se wienen grutter as wy en machtiger. Wy ha ús ferskûle efter in púnbult en no en dan ris nei har loerd. Nei
| |
| |
in heel set joegen se har ôf en doe koenen wy fierder. Sjonny tocht dat se miskien gouden ringen en haloazjes fan 'e deaden ôf pakten, dat hienen de grutte minsken ommers ûnderweis ek dien? Mar wat moast dêr dan mei?
Yn it frije fjild fertrouden wy ús folle better. Koest in heel ein om dy hinne sjen en op 'e tiid fuortkrûpe as der gefaar wie. Der wie yn 't earstoan ek noch wol wat iten te finen. Op it lân stie weet, it hie noch net ryp west doe't de klap kaam en neityd wie it ek nochris stikken makke troch de hitens en de buien, mar it wie iten. Wy plôken ieren en wreauwen se tusken de hannen fyn en kôgen de wêke kerlen op. Wy fûnen ek wolris in hoekje jerappels, dy hienen net iens folle te lijen hân mei't se yn 'e grûn sieten. De loffen wienen meastepart wol dea, mar de jerappels noch aardich geef. It wienen meast mar lytskes, want de planten wienen midden yn 'e groei ôfstoarn. Yn in doarp fûnen wy wolris túntsjes by de huzen, dêr't wy dan alles ôfsochten om griente en fruit. Soms wienen der tomaten, dy hienen wol slim te lijen hân, mar wy ieten der dochs lekker fan. Ienkear ha wy ierdbeien fûn, in bytsje soer mar dochs wol lekker, al haw ik se leaver út blik, dan binne se folle swieter. Apels en parren wienen net ryp wurden. As se noch al oan 'e beam hongen, dan wienen se spikerhurd, mar as wy oars neat hienen, ieten wy dy ek. En fierders wie der wol slaad op dy túntsjes en beantsjes en koarte grouwe komkommers en prei. Oan alle griente en fruit sieten rottige plakken, mar wy kamen dochs wol sêd. Dy earste simmer en hjerst wie der eigentlik noch genôch te iten, teminsten foar dy pear minsken dy't oerbleaun wienen. Mar it twadde jier wiest al oanwiisd op foarrieden yn 'e winkels. Planten kamen net mear op en beammen begûnen dea te gean. Sa stadichoan
| |
| |
waard de ierde swart en keal. It hat jierren duorre foar't der wer wat griens begûn te spruten.
Wy sliepten meastal yn in hûs of in hok dat noch oerein stie en as alles plat lei, dan bouden wy fan planken en doarren in skûlplak foar de nacht. Tekkens en matrassen wienen gauris noch wol te finen, net oeral wie de boel yn 'e fik gien. Wy hawwe it mar ienkear meimakke dat der noch minsken yn in doarp wennen. Se wienen âld en siik, se hienen inoar yn 'e earm en ien rûn mei in stôk. Doe't se ús yn 't êch krigen, begûnen se te balten en mei de stôk te driigjen. Wy hoegden net bang te wêzen dat se ús benei kamen, se koenen hast net mear rinne. Ien fan dy beide wie in âlde frou. Dat wit ik om't se in rôk oan hie. De froulju dy't ik neityd moete haw, hienen altiten broeken oan. Dat is ek folle better fansels.
In stik of trije, fjouwer kear ha wy oar folk sjoen dat dêr ek omswalke. It wienen mar ploechjes fan twa oant seis minsken. Wy sêgen se doe foar âlde minsken oan, mar dat sil wol kommen wêze om't wysels noch sa lyts wienen. En fansels hienen alle manlju no in burd, dat makke dat se der âldsk út sêgen. Efterôf tink ik dat se net folle âlder wienen as Claus no, sa'n tweintich jier. Jonger as ús heit en mem tink. Ien ploech hie in auto, sa'n bestelbuske, in readen. Dy ha se noch oan 'e praat krigen en se ha besine fûn. Dat koe ek bêst. In hele bult auto's sille der wol goed foarwei kommen wêze en der wienen fansels ek wol garaazjes mei ûnderdelen. En destiids wienen der genôch minsken dy't wisten hoe't in auto yninoar siet en hoe'tst him reparearje moast. Wy hearden him fan fierôf al oankommen, want oare lûden as de wyn wienen der net. Wy kroepen fansiden en wy sêgen hoe't se foarby jakkeren. Ik wit net oft se om
| |
| |
iten sochten, miskien wienen se ek wol op trochreis earne hinne. In oare ploech hie in karre, in soarte fan bakje op twa fytstsjellen. Dy lju sochten wol iten. En krekt op 'e selde plakken dêr't wy ek al west hienen, yn in tún efter in grut hûs. Wy wienen bang dat se merke soenen dat oaren har foar west hienen en dat se om ús sykje soenen, mar dat dienen se net. Se hawwe it ien en oar op har karke loege en binne doe wer ôf set. En doe noch ien of twa groepen dy't omswalken lykas wy. Dy lju gyngen allegearre de kant fan Verdun út, dêr't wy weikommen wienen. Wat sochten se dêr? Hopen se dat dêr mear iten wie of dat dêr minder stikken gien wie?
It waard lette hjerst en wat op it fjild en yn 'e tunen stie, begûn te rotsjen. En it waard nachts kâld. Wy moasten besykje om in stêd mei winkels te finen, dêr soe noch wol foarried wêze. Yn Utert en letter by Den Antwerp en oare stêden yn België hienen wy ommers ek noch te kust en te keur gean kinnen. Sa waarden wy fan need dochs wer nei de stêd ta dreaun. It hie ús doel net west, mar it koe net oars. Doe't wy dat beslút nommen hienen, binne wy ek daliks op stap gien, en eigentlik dochs al oan 'e lette kânt, wy hienen op reis gean moatten doe't der noch iten yn 't fjild te finen wie. No moasten wy ús ûnderweis rêde mei rottige jerappels en ôffâlen apels en parren. Foar it earst haw ik doe poddestuollen iten. Dy binne nuvergenôch noait deagien, mar woeksen noch folle machtiger as foar de klap.
De oare deis gonne wy mei de Frânske bern op rôftocht. It docht bliken, dy bern binne goed thús yn dizze púnheappen. Se witte oeral gongen en gloppen dêr't se trochhinne
| |
| |
glûpe kinne om fan 't iene plak nei 't oare te kommen. Op dy manear hoege se har net folle bleat te jaan. Flak tsjinoer it hûs dêr't se mei har mem libje, dûke se in hoale yn en dan giet it ûnder planken en balken troch nei in garaazje ta, of wat dêr fan oer is. Der is in izeren trep omheech en ast dy opklimt, hast in goed útsjuch oer dit part fan 'e ruïnes. Op oare plakken ha se ek sokke útsjuchpunten. Mocht der frjemdfolk yn 'e stêd omswalkje, dan ha se dy earder yn 'e rekken as dy frjemden hàr.
Se witte ek krekt wêr't noch wat te heljen is. Der binne in heel soad lytse winkeltsjes en in stik of wat supermerken dêr't se it paad hinne fûn ha. Alles wêr't in soad sûker of in soad sâlt yn sit, bliuwt heel lang goed. Sjim, hunich, ynleine fruchten, fisk en soks. It is wol iensidich iten, mar se hawwe oan no ta it libben der op holden. Bûter en margarine binne bedoarn. Oalje is rânzich wurden, mar dat drinke se noch wolris. It jout krêft. Wetter is gjin probleem, der stanne noch palets fol mei plestikflessen boarnewetter.
Ineke, Lize, Borg en Jochen binne by de sike frou bleaun. Claus, Monika, Hanny, Ilse en ik binne mei de trije bern op stap. Monika rint mei de bern foarop, want sy kin mei har prate. Ik bliuw deun efter har, want ik wol besykje om har taal in bytsje te learen. Fan Lotsy haw ik wol wat leard, mar net genôch. Wurden as ite, drinke, sliepe, rinne, sitte, fijân, hûs, bile, mês, skûlplak, siik, dea, skite, pisje, wetter, bouwe, meitsje, sokke wurden. Mar wat se no allegear bejeuzelje, dêr kin ik kop noch sturt oan fine. Ik ha oant no ta amper de kâns hân om Frânsk te learen, ik ha earst mei bern út Hollân en Flaanderen op stap west, en letter sieten wy tusken de Dútsers. Dat koe ik nei in skoftsje wol sawat neikomme.
| |
| |
Hyltiten sjitte ús rotten foar de fuotten wei. It tilt der fan op. Dy bisten binne der destiids goed foarwei kommen, miskien binne se wol sterker as de oaren. Oare bisten sjuchst hast noait mear, ek fûgels komselden. De lêste dy't ik sjoen ha wie in roek, twa jier lyn. Slakken binne der noch wol en wjirms. Wêr't rotten binne, moat ek iten wêze, al is it de fraach oft it gaadlik iten is foar ús.
De bern bliuwe stean, se harkje. Ik stek de hân op tsjin de efterkommers. Ha se gefaar fernommen? Ien fan 'e famkes klimt omheech by in stik muorre op. Se loert alle kânten út. Dan komt se wer nei ûnderen ta. It hat neat west, of de rotten ha it sa mâl dien dat der wat om fâlen is miskien. De jonge giet no foarop en bringt ús nei in supermerk. Hy is net sa grut, it fâlt my ôf. Neffens myn ûnthâld wie de supermerk dêr't wy yndertiid sitten hawwe folle grutter. It kin fansels wêze dat dy bern ús har bêste foarriedplak net ferriede wolle. Miskien hoopje se dat wy wer fuort gonne. Hjir ha de rotten ek al bêst húshâlden, alle pepieren pakken binne oanfretten, sels oan 'e waskpoeier ta. Ik wit dat it om waskpoeier giet, want der stiet 'Ariël' op, dat hie ús mem foarhinne ek. Plestik flessen mei oalje binne ek stikken gnaud en de oalje is oer de grûn rûn. Der binne in heel soad blikken noch, meast mei fruchten, mar ek guodden mei fleis, liket my ta. 'Tripes de Caen' stiet der op. Ik freegje Monika. 'Kowepânse,' seit se. 'Mar dat is allang ferrotte.' De Frânske jonge makket mei de earms it teken fan 'net oankomme'. 'Non-non!' seit er. 'Pas manger.' Ik wit net wat 'kowepânse' is, mar ast it dochs net ite kinst, kin 't my ek neat skille. Wy skarrelje by de rekken en skappen lâns dy't foar in part ommitere binne. Der is in lang skap mei alderhande tubes en potsjes. Us mem hie der ek in hele rige
| |
| |
fan stean yn 'e dûs. Der is ek toskpoetsersguod fan allegear ferskillende merken. Dan fyn ik in potsje fet, en dêr bin 'k wiis mei. Ik draai it deksel derôf en rûk. It stjonkt fetgoar, mar ik hoech it ek net op te iten. Ik stek de finger deryn en smaar in klute op 'e barsten yn myn fingers. It pimpert in bytsje. Ik besykje te lêzen wat op it potsje stiet, mar dat kin ik net.
Claus ropt ús. Wy moatte ús tiid net ferdonderje, mar om iten sykje, seit er. Foaral blikken moatte wy om sjen. Wat net yn blik of glês sit, is oanfretten, of op. Dy ferrekte rotten hawwe ek alle sûkeladerepen opfretten, de papierkes lizze der noch, en alle marskes en snickers en hoe't dy dingen mar hite meie. It is kankerwreed lekker, en it fuorret ek osa, op in pear fan dy reepkes kinst in dei libje. Neat dus. Blikken, seit Claus. Der binne blikken mei koekjes, mar dat binne blikken mei in deksel en de ynhâld is sadwaande fergien. Wy moatte blikken ha dy't finaal ticht binne, wat dêr yn sit bliuwt folle langer goed. Sokke blikken binne der amper. Ik tink wer: dy bern bringe ús nei in winkel dy't se allang leechrôve ha. Der binne wol glêzen potten mei lytse komkommers en griene baltsjes. Ik triuw in pear yn 'e rêchpûde. Wêr't wy it measte ferlet fan hawwe, binne pakken mei rys, of noedels of spagetty, mar dat is der net mear. It hat de tiid net iens krigen om te fergean: de rotten hawwe soks allegearre opfretten.
Claus ropt: wy moatte hjirwei. It begjint te tsjusterjen en hy wol gjin ûngemakken op 'e weromreis. Dy bern witte it paad hjir wol, mar wy net, en wy kinne maklik ferdwale yn 'e púnheappen.
Troch in heel soad gloppen en gongen ûnder de púnbulten troch komme wy wer by it hûs werom. Borg-en-dy
| |
| |
wachtsje ús op mei de bilen yn 'e hân. Kinst noait witte.
It âldminske is dea. Se sjucht der noch mâlder út as by har libben. Doe baarnde der noch fjoer yn dy êgen en siet der beweging yn 'e kaken. No leit alles strak en ynfallen. De kop is fan boppen keal, oan 'e sydkanten fan 'e holle hingje noch lange plukken. Yn 't lêstoan begûn se bloed te spuien, iten koe se der net mear yn hâlde, allinnich wat wetter.
Har dochter hat de lêste wiken op har past. Se hyt fan Sjan, se is alve jier. Har broer is tolve, hy hyt fan André. Dat oare famke is gjin famylje. Thérèse hat har fûn en har meinommen. Se is tsien-tolve jier en wurdt Micha neamd. André is wakker oerstjoer as er heart dat syn mem dea is. Hy sit súntsjes te jammerjen. Sjan nimt it lykwichtiger op en Micha makket it sa't it liket neat út. Mar dat fanke fernimst gewoanlik dochs al neat oan. It gesicht stiet altiten gelyk, net ûnferskillich, mar dea. Krekt as Hanny. Wy moatte Thérèse fuort bringe en in moai ein ek. Nei in pear dagen begjint in lyk fetgoar te stjonken en dan kinne wy hjir sels net mear ferkeare. Claus jout opdracht om har yn in tekken te rôljen en de trep ôf te sjouwen. Wy dogge it mei ús fjouweren, Claus, Jochen, Borg en ik. Monika en Ineke sille it bêdeguod nei ûnderen bringe, want dat moat ek fuort, it is helendal bespuid mei bloed. Claus wit net oft it besmetlik is, mar kinst noait witte. André begjint lûder te jammerjen as wy it lyk fan syn mem opnimme. Wy binne allegear ús mem kwytrekke, mar dat is salang lyn, dat heucht ús amper. Hy moat no ophâlde fan grinen, seit Claus, en ús in gaadlik plak wize dêr't wy it lyk delsoale kinne. Fansels op in plak dêr't wy net alle dagen lâns hoege om iten. Hy wit dochs wol in hoale earne tusken it pún?
| |
| |
Monika eamelt in skoft mei him om en dan hellet er de mouwe oer de êgen en de snotterige noas en hy komt efter ús oan de trep del. In pear hûndert meter fan ús hûs ôf fine wy in gloppe dêr't wy it lyk kwyt kinne. Wy bedobje it únder de stiennen, dat gjinien it sjen kin. De rotten sille it likegoed wol fine, mar dy ferklappe ús net. It bêdeguod bedobje wy op in oar plak ûnder de stiennen.
As wy wer op 'e keamer sitte, binne wy allegearre wat stil. Deaden binne wy wol oan wend, mar in echte begraffenis ha de measten fan ús tink noait meimakke. Ik noch wolris, doe't ik by de Dútsers wie, mar dat is lang lyn. As ûnderweis ien stjert, hoechst net te begraven, sa'n lyk hast gjin lêst fan. Allinnich ast earne langer bliuwe wolst, dan moat in lyk út 'e wei. Claus is wol aardich op 't skik. Dy bongel oan 'e poat is er kwyt en ús groep is fersterke mei trije jonge leden dy't goed sûn en sterk binne. Wy binne no mei ús tolven, fiif manlju en sân froulju. Syn grutste noed op it stuit is Ineke nei alle gedachten. Se moat wol in bern ha, it is al te sjen dat se grou wurdt. Op 't stuit is se aardich sûn en se liket nearne gjin lêst fan te hawwen, mar likegoed, dat bern komt in kear en hoe moatte wy dêr mei oan? Ineke sil wol in pear jier lang foar dat bern soargje moatte en dan hawwe wy dus neat oan har, oarsom, wy sille op har passe moatte.
Claus hat de groep yn trijen spjalt, hysels, Borg en ik binne elk baas oer trije oaren. Ik tink dat Claus dat foaral dien hat om de trije nije bern byinoarwei te hâlden. It hie snoader west om de ploech yn twaen te spjalten, ien om op it hûs te passen en ien om op rôftocht te gean. Ik tink, hy is bang dat dy bern oars plannen útbriede kinne om út te naaien. It
| |
| |
is mar sa't it is, mar wy ite har foarrieden mei op dêr't se oars miskien noch jierren mei foarút koenen. Oars, mei har trijen ha se minder kâns om te oerlibjen as yn in gruttere groep, dêr't de measten ek noch wat âlder binne. Ik ha Micha, Lize en Jochen by my, Borg hat André, Ilse en Hanny, Ineke is fansels by Claus en fierders Monika en Sjan noch.
Op 'e neidei gonne der twa ploegen op stap om iten te heljen. Soms tôgje wy safolle mei dat wy in dei oerslaan kinne, mar gewoanlik moatte wy alle dagen. Claus is foarsichtich, hy wol net dat wy de strjitte op gonne as it op 't ljochtst is. Wy witte no allegearre it paad wol sawat, en oars ha wy altiten noch dy twa Frânske bern by ús, dat wy kinne better fan hûs gean as it al wat skimerich wurdt. Deis wurdt de kachel ek net stookt, de reek soe ús ferriede. Sa ha wy dit plak ommers ek fûn! As it tsjuster is, wurdt de kachel oan set. Dan waarmje wy wat iten op en dan ite wy. Wy hâlde alles potticht dat de waarmte der goed yn bliuwt. Moarns is de kachel al lang wer út, mar it is noch ridlik waarm yn 'e keamer. Wy binne moarns meastal let. Wy kinne dochs neat. As der iten is, ite wy wat en oars bliuwe wy lizzen. Wachtsje oant de dei foarby giet en it wer skimerich wurdt. It is in ferfeelsum bestean. Wy hawwe it hjir goed, droech, waarm en genôch te iten, mar hast neat te dwaan. Ik woe wol dat de maityd kaam. Ik wol nei it suden ta.
It begjint Claus op 't lêst ek oan te gean. Wy binne allinnich mar yn Metz om te oerwinterjen, net om der te bliuwen. De dagen wurde al wer aardich lang, dat de reis kin hast oangean. Claus bepraat mei Borg en my wat wy nedich hawwe. Iten, fansels, iten en drinken, want fuort nei de winter fynst op it fjild net folle. Ekstra klean moatte der
| |
| |
komme. De Frânske bern sitte goed yn 'e klean mar by de oaren is it sober. Nije skuon moatte wy hawwe, en leafst elk twa pear. Al ús ark moat mei, mar ek: hammers, knyptangen, spikers, skroeven, tou. Claus en Borg en ik neame mei ús trijen op wat ús mar ynfâlt. Mar it is safolle, dat is hast net te sjouwen. Teminsten net wiken efterinoar. Wy sille in karre ha moatte. In bernewein, gniist Claus. Mar in bernewein is te slop. Winkelkarkes, sis ik. Dy hienen wy sân jier lyn ek. Mar Claus seit, de tsjeltsjes binne te lyts. Op in glêde flier ride dy karkes ridlik, mar net op in dyk dy't ûnsljocht is. En fêst net op in modderreed, dêr smoare de tsjellen yn.
Wy lizze ús problemen oan 'e Frânske bern foar en freegje har oft se winkels witte dêr't wy de dingen besette kinne dy't wy hawwe wolle. Se sjugge ús mar nuver oan as Monika Claus syn wurden fertaald hat. Wat wolle wy dan? 'It suden,' seit Claus, en dat lykje se te begripen. It hat derfan dat se net sa mei ús plannen ynnommen binne, mar se sjugge sels fêst ek wol yn dat se hjir net mei har trijen efterbliuwe kinne. Se helpe ús om alles oan te rieden dat wy nedich ha. In fatsoenlik karke fine wy net, it draait dochs wer út op in bernewein. Wy nimme fuort mar fjouwer mei, dan ha wy ek ien foar 't brekken.
No is it fierder wachtsjen oant de slimste kjeld foarby is. It iene jier duorret de winter langer as it oare jier, ha wy ûnderfûn. En soms komt der nei de winter noch in lange reinige rite. Mar net altyd, en soms is 't waar hast krekt oarsom, dan hast in winter sûnder snie en iis en dan fâle der heilstiennen yn 'e simmer. Mar op in dei snúft Claus de lucht op en hy skôget de loft en it liket him oan te stean. 'Moarn gonne wy op stap,' seit er.
|
|