| |
| |
| |
| |
| |
| |
Haadstik ien
Yn 'e sompe
It hat fannacht wer ferrekte kâld west. Ik koe noait sliepe. Huverje en skeuke, en ast dan wat yn 'e sliep sukkele bist, wurdst iderkear wekker om't ien der ôf moat. Hy knoffelt oer de oaren hinne en giet nei bûten ta. Sels ha 'k der twa kear ôf west, dat komt ek mei fan dy soldaat dy't my de kont fernield hat, ik kin 't skiten net goed ynhâlde. Mar de oaren lykje der like folle lêst fan te hawwen. Wy skite deis seis-sân kear. Miskien komt it fan it iten dat wy krije, woartels fan planten, snilen, poddestuollen, slakken, soms in fisk. Wy binne altyd troch oan 'e skiterij. Deis hindert dat net folle, fielst it wol oankommen, mar nachts, ast krekt wat goed leist, is 't in grut lêst. Ik tink dat Henk yn 'e broek skiten hat. It stjonkt hjir fetgoar en hy is de iennige dy't der net ôf west hat.
Ik lis oan 'e kant, dat is in kâld plak. Neist my leit Martha, dat is noch mar in bern. Se snokkert wolris yn 'e sliep, mar dan lis ik har de hân oer de mûle, want as Claus it heart, dan wurdt er hellige duvels. 'Foar lyppotten is hjir gjin plak!' raast er dan. 'Moat ik dy fersûpe! Verdammt noch mal!' Neist Martha leit Ineke, dat is al in frou, it is Claus syn frou. Se leit altiten neist Claus en soms neuke se. Dan meie wy net yn 'e hut komme. Henk en Borg en
| |
| |
Jochen en ik teminsten net. 'Woest sturthâlde, kloatsek? Soal op do!' Mar as ien fan 'e famkes by ûngelok de hut yn komt, dat fynt er net slim. Dan kinne se fêst leare hoe't it moat, seit er. As se grut binne, sil er har ek snippe. Martha is safier noch lang n't, mar Ilse wurdt al grut. Dat ha 'k sjoen doe't se fan 't simmer de klean út wosk. It wie in aardich droege dei en de dize wie wat oplutsen, wy koenen de heuvels yn 'e fierte sjen. Ilse krige wat tsjûkere boarsten, it wienen gjin spieren, dêr wienen se te puntich ta. En se hie ek in pear lange, swarte hierren op har prûm. Se sêch dat ik har opnaam. 'Hâldst dy stil, no Ake?' sei se. 'Claus hoecht it net te witten.' Ik hyt eigentlik fan Auke, mar Mark fûn dat leau 'k te slim of te nuver en hy makke der Ake fan. Ik ha 't sa mar litten, it wie my wol goed. Auke, dat wie it jonkje út Drachten, en dat is der al lang net mear.
No wurdt Claus wekker en hy komt oerein. It giet net sa foarsichtich, Ineke krijt in dúst en stoot tsjin Martha oan. Ilse, dy't oan 'e oare kant fan Claus leit begjint yn 'e sliep te eameljen. 'Verdammt noch mal!' ropt Claus, 'wat stjonkt it hjir aldergodferfloktst! Wa hat hjir yn 'e broek skiten?' Hy krûpt op hannen en fuotten ta de hut út. Ik hear him gapjen. No sil er him útrekke en om him hinne êgje yn 'e dize op oft er ek wat sjucht. Mar der is tink neat te sjen, it is op 't heden moarns noch tsjuster. En hy sil op it uterste harkje oft der ek ûngewoane lûden binne. Wy moatte altiten wach wêze, kinst noait witte wannear't der in fijân komt. Mar der liket neat bysûnders te wêzen. Hy lit him wat troch de knibbels sakje en begjint wer te âljen: 'Kom ferdomme út dy stjonkhoale wei! Wa hat my hjir godfergeemje de keet beskiten?' Wy komme allegear
| |
| |
oerein en krûpe de hut út. Ineke earst. Se mei dan Claus syn frou wêze, se is like skitende benaud fan him as de oaren. Ineke moat it foarbyld wêze, seit Claus, it foarbyld dêr't de jongere fammen fan leare kinne. As se net persys docht wat er seit, dan slacht er har mei de flakke hân yn 't gesicht, of hy stompt har fûl op 'e boarsten. Dat skynt ferrekte sear te dwaan, want dan springe de triennen har yn 'e êgen. Gûle docht se net, want dan slacht er har noch fûlder. Gjinien mei gûle. Gjinien mei fertriet ha. Dan wurdst slop en dan giest nei de kloaten, seit Claus.
Wy krûpe efter Ineke oan ta de hut út en stelle ús op, sa't Claus dat wol. It is noch skimerich en ferhipte kâld. Wy moatte allegear de broek sakje litte en Claus bûcht him wat foaroer en sjucht en rûkt. It is Henk, dat hie 'k wol tocht. Claus jout him in dúst dat er fan 'e pôle ôf stroffelt en yn 't wetter dondert. 'Waskje dyn kont en klean, goarlak!' Henk giet kopke ûnder. Hy baait nei de wâl ta en wasket de broek en de kont. Mei in toppe snilen behimmelt er him. Dan lûkt er him omheech op 'e wâl. De lippe trillet him, mar hy sil net gûle. As er dat docht, dan trapet Claus him wer it wetter yn, dat wit er wol. Foar sloppelingen is hjir gjin plak, seit Claus altiten. Hy stiet no gnyskjend te sjen hoe't Henk de klean út docht en se útwringt. De ûnder- en boppebroek en dan himd en trui. De jas hie er gelokkich net oan, dy kin er aanst oer de wiete boel hinne dwaan. As it hjoed net al te kâld wurdt, dan sille de klean him oan it liif wol droegje. Wy hawwe wol wat ekstra klean, mar dy binne foar needgefallen. En dat is dit net, dit is in stomme kloatestreek fan Henk. Elkenien moat der nachts út te skiten, dat witst dochs?
| |
| |
De hut stiet op in pôle yn 'e sompe. Dy pôle is net grut, in meter of tsien by fyftjin. Doe't wy hjir fan 't maityd kamen, wie er helendal bewoeksen mei lange snilen en strûken. Wy ha yn 'e midden ús hut boud, mar sa min mooglik fernield. Dat fan fierôf sjucht gjinien wat. It is hjir eigentlik altiten dizich. En tichteby komme kin in frjemd net. Dan moatst it paad troch it moeras witte, en dat witte wy allinnich.
Wy hienen in lange, kâlde winter trochbrocht yn Trier, mar Claus sei, wy moasten nei it plattelân, dêr wie mear iten te finen. Dit plakje is net persys wat Claus woe, mar feilich is it hjir wol. En wy ha altyd wetter. Op 'e hegere grûn fynst mar selden wetter en yn 'e stêd is it wetter bedoarn.
Wy kamen oer de heuvels en fûnen dizze grutte poel mei snilen. Wy dronken wat wetter en doe sêgen wy ek fisken swimmen. Dat like net sa beroerd! Wy sêgen dat der midden yn 'e poel in eilantsje wêze moast, want der woeksen strûken. Mar koest dêr komme? Borg fûn doe dat paadsje, it rûn net helendal oan it eilantsje ta troch, mar mei dea hout út 'e bosk ha wy it lêste ein paad makke en doe hienen wy in prachtich plak. It paad is likegoed gefaarlik. Moatst krekt witte wêr'tst rinne moat, oars gliidst by it paad del de sompe yn. Wy gonne ek noait allinne op stap, altiten mei trije man of mear. En wy ha tou en stokken mei om ien út 'e sompe te skuorren. As in frjemd hjir komme soe en hy fûn it paad àl, dan fersûpte er fêst.
Claus jout opdrachten. Henk, Borg, Jochen en Ilse moatte fiskersark meinimme en besykje om wat te fangen. Fan it paad ôf en dan rjochts om 'e poel hinne, sit fisk. Hy nimt sels de oare famkes mei om yn 'e bosk te sykjen om iten.
| |
| |
Poddestuollen, en woartels of blêden fan planten. Ik moat mei Ineke thúsbliuwe om it dak fan 'e hut ticht te meitsjen. Claus hat fannacht drippen op 'e kop krigen. Ik ha net fernommen dat it reinde, mar hy kin gelyk ha. It is hjir ek sa fochtich yn 'e sompe, it dript altiten yn 'e hut, en foaral no't it kâlder wurdt.
Claus is in goeie lieder, hy wit wat elkenien wurdich is. Hy nimt sels de famkes mei dy't har net goed rêde kinne, de lytse Martha, mar Hanny ek, dy doocht net mei de harsens en eamelt altiten wat yn harsels. Prate docht se noait. Lize dy kreupelt, ik tink dat har poat brutsen west hat. Dom is se oars net, mar om't se sa ûngelokkich rint, wurdt se net foar fol oansjoen. En dan Monika, dy is sechstjin en ek wol aardich snoad, mar se is net om oan te sjen, se hat in keale kop. Claus sil Monika opdracht jaan om op Lize te passen en dan hâldt er sels Martha en Hanny by him.
Ilse hat er by de jonges set, want Ilse is de iennige dy't troch de jonges foar fol oansjoen wurdt. En Ineke fansels, mar dat is om't se Claus syn frou is. Henk en Jochen binne net sokke grutte ljochten. Wat is dat no fan sa'n Henk om yn 'e broek te skiten! Borg sit in goede kop op, mar Borg docht soms dingen dêr't er net goed oer neitocht hat. Hy brûst der samar yn op. Dat kin him noch wolris mei Claus yn botsing bringe. Ek al om't Borg soms de êgen net fan Ineke ôfhâlde kin. Ik tink dat Borg in pear jier âlder is as ik, hy kin it teminsten al helje. Ik ha him in kear sjoen, doe siet er tusken de snilen oan 'e kul te lûken en hy sei fan: 'Ineke, Ineke, Ineke!' En doe skeaten der in pear snotbongels ta syn kul út. 'Kinsto it al helje?' frege er doe't er my yn 't êch krige. 'Nee,' sei ik.
| |
| |
Ik tink dat Claus my wol fertrout, hy lit my by Ineke bliuwe. Mar hy wit fansels ek wol dat ik noch neat kin. Of fertrout er my dochs net en hopet er dat ik my tsjin Ineke ferprate sil? Claus sjucht Borg en my as in bedriging fan syn macht. No noch net, mar op 'en doer wol. As wy sterker wurden binne. Dat 's stom fan him, ik sil Claus net ôffâle. As ik Claus mei syn groep ferline jier net moete hie, hie 'k fêst al dea west. Claus is in goeie lieder, dat wit Borg ek wol, dat wit elkenien. Claus set ús oan 't wurk en hy wol net lije dat wy slop wurde. Net grine, net seure, net oer foarhinne prate, allinnich tinke oan hjoed en moarn. Soms is er wat wreed, dat is sa.
Claus bynt Martha oan Hanny fêst en dy oan himsels, dan komme Monika en Lize oan it tou. De swiersten yn 'e midden, hat Claus útfûn. As dan de earsten of de lêsten by it paad delglide, kinne de grutsten har der wer út lûke. Borg, Henk, Jochen en Ilse sette harsels ek oan in tou. In meter of twa dertusken, oars kin de iene de oare meilûke as er fâlt. 'Bilen!' ropt Claus, en dêrnei: 'Messen!' Elk moat syn ark omheech hâlde. Wy ha fan 't winter in izerwinkel fûn en wy ha in hele foarried oan messen, bilen, blikiepeners en skjirren. Ik woe wol dat wy ek in haachskjirre by ús hienen om snilen te knippen, mar dy ha wy no krekt net, en in snoeiskjirre hie ek ferrekte handich west. 'Okee, fuort!' Claus giet earst mei syn groep en dan Ilse mei de trije jonges. Se binne al gau yn 'e dize weiwurden. It wol hjoed ferrekte min ljocht wurde, en dan sil it ek wol kâld bliuwe.
'Wêr lekt it?' freegje ik Ineke. Se seit neat, se sjucht oer it paad út. Ik gon de hut yn en fiel oan it tek. It fielt wiet,
| |
| |
mar dat is gewoan. It hat fannacht kâld west en wy ha hjir mei ús allen lein te sykheljen en te wasemjen. Ik sjuch gjin ljocht troch it tek, mar it is bûten fansels ek noch te tsjuster. Ik fiel ek net dat der in gat of in kier yn sit. Mar dêrom kin it fansels wol lekke. 'Ineke, wêr lekt it?' freegje ik nochris. Se jout gjin antwurd. Ik krûp út 'e hoale wei. Se stiet noch te sjen, en der is allang neat mear te sjen. 'Ineke!' rop ik. 'Wy moatte oan 't wurk!' Se keart de holle om en sjucht my eigenwiis oan. Wat soesto, pjut, liket se te tinken. Se wol sels seze wat wy dwaan moatte tink, no, doch dat dan! As wy strak it wurk net dien ha, krije wy op ús kop! Ik skep wat wetter op en drink. Eigentlik ha ik mear honger as toarst, mar der is neat te iten. Snilen binne bêst te iten as se jong binne, mar it is no djip yn 'e hjerst, se binne taai as lear. Ik pluk wat snilen en stek se yn 'e mûle. Ik bied Ineke ek in pear oan. Se skuort se yn lytse hoekjes en triuwt se stadich yn 'e mûle. Mar se komt net fan 't plak. 'It lekt helendal net,' seit se. 'Hy lult mar wat.' 'Kutshit!' sis ik. 'Mar wy sille dochs wat dwaan moatte, hy rint de boel strak nei.' Se knikt, mar se docht neat.
Ik kin net boppe-op it tek sjen, dêr bin ik te lyts ta. Ineke soe it wol kinne, mar dy docht neat. Ik krûp de hut wer yn en fiel oan it tek. Wy hawwe stamkes út 'e bosk helle en dêr dwarsstokken op lein en der twigen trochhinne flochten. Dêr ha wy de snilen op fêstset. Dat hat it de hele simmer holden en wy koenen droech sliepe, ek al ha der in pear bêste buien west. Mar wy sitte no al in ein yn 'e hjerst op en it waar kin wolris minder wurde. Dy snilen binne ek ferwylge en yninoar skronfele, se keare it reinwetter net mear lykas earst. Wat moat ik? Ik kin wol nije snilen snije,
| |
| |
mar dy binne like min. It sil dochs wol moatte, ik kin net neat dwaan. 'Ik sil snilen snije,' sis ik tsjin Ineke. Se stiet mei de rêch nei my ta mei de hân oan it tek en makket rare lûden. Se koarret fynkôge snilen en slimen út. 'Bist mislik?' freegje ik. Dan sil 'k it wurk dus allinnich dwaan moatte. Kutshit! 'Ik tink dat 'k in bern ha moat,' seit se. 'Fan koarjen krijst gjin bern,' sis ik. 'Hâld dyn freet!' seit se. 'Alde pake prûm, wat soesto dêr fan witte?' Dêr fersint se har mei, ik haw it alris meimakke dat in frou in bern krige, ik wit ek wol dat it net fan 't koarjen komt. Mar ik bin nidich om't ik der allinnich foar opdraai, en ik bin eigentlik noch it aldernidichst dat ik noch sa lyts bin, ik kin fan bûten ôf de midden fan it tek net rikke.
Ik byn mysels in tou om 'e mul en set de ein fêst oan ien fan 'e dragende stammen fan 'e hut. As ik al yn it wetter trûzelje, kin ik mysels teminsten wer omheech lûke. It mês haw ik mei in toutsje om de pols bûn. In stik ark weitôgje, dat betsjut twa dagen foarby fan iten, sa binne de regels. Ik kin net tefolle snilen fuort by de hut wei snije, dan komt er te iepen te stean, ik moat besykje safolle mooglik oan 'e râne fan 'e pôle te snijen, hjir en dêr wat, dat der gjin grutte gatten komme. Ik meitsje it tou wer los en doch de klean út. Ik kin der noch sa om tinke, ik donderje fêst in kear by de wâl del en dan sit ik fierder mei wiete klean. Ineke sjucht nei myn kul. Dy is mar lyts en der sit noch gjin hier om. Ik fiel my ûngelokkich om't se my noch in lyts pyst fynt. Ik ha my dochs in heel jier allinnich ret. Mar ik doch krekt of haw ik gjin erch yn har sjen. Ik lis my it tou wer om 'e mul en begjin te snijen.
It moat no sawat midden op 'e dei wêze. De tichte dize is
| |
| |
stadichoan oplutsen en ljochter as no wurdt it fêst net mear. Ineke is útkoarre en se helpt my. Se hellet de snilen by my wei en leit se oer it tek hinne. Se hyt my om wat tûken te snijen, dy moatte der oerhinne, oars waaie de snilen fuort. Mar eigentlik moatte wy hjir net tefolle yn 'e wylgen omsnoeie, dy jouwe krekt wat beskûl. Tsjin 'e wyn en tsjin frjemde êgen. Wy soenen prikken út 'e bosk ha moatte, mar dat kin no net. Wy meie net beide by de hut wei en ien allinne oer it paad, dat is te gefaarlik. Ik sis it tsjin har: wy moatte oant moarn wachtsje, dan kinne wy prikken út 'e bosk helje. 'Is er bang dat er fersûpt?' freget se. Ik jou gjin antwurd. Se is de frou fan 'e lieder en se stiet op it twadde plak. Mar op harsels stelt se neat foar. In pear dikke titten hat se, no ja, mar lang n't sa grou as ús mem harres. Ik wit noch wol dat ik ús mem gauris sjoen ha op in sneintemoarn as se let fan 't bêd ôf kaam. Se hie in swarte broek oan en in swarte bh om. Us mem hie grouwe titten en in grouwe kont! Ineke koe wol yn ús mem fersûpe, sa'n mêgere spiker is it. Mar wy binne allegear mêger, dat is sa. Wy krije temin iten, en wat wy ite sit te min yn. Jierrenlyn doe't der noch genôch blikken wie, doe wie it goed. Mar ik moat dêr net oan tinke, net oan ús mem en net oan blikken mei iten, want dan wurd ik slop.
Ik snij noch mear snilen en strui se yn 'e hut út. Wy soenen rûchte ha moatte om oer de flier te dwaan, dy snilen jouwe net waarm op. Mar rûchte is hjir hast net. Dan doch ik de klean oan, want ik bin stjerrende kâld.
Ineke hat de koarre ophimmele. Ik mei der net oer prate, hat se sein.
It wurdt op 'e nij skimerich, en dan komme de oaren
| |
| |
werom. Krektsa efterinoar as op 'e hinnereis. Der bongelt har no wat op 'e rêch, dat der is aansent iten. Ik hoopje dat der fisk is, dat helpt tsjin 'e honger. Lytse Martha teantet heel foarsichtich oer it paad. De skuon dy't se oan hat binne har fierste grut, mar der wie oars neat te finen. Wy ha fan 't winter allegear in pear nije skuon út in winkel socht. Hege, want dy binne it bêste, mar foar de lytse poatsjes fan Martha wie neat te finen. Harres binne like grut as mines.
'Wurk dien?' freget Claus. 'Ja,' sis ik, 'dat is te sizzen, dy snilen droegje út, dy keare it wetter net as der aansent kloate rotwaar komt. En wy moatte deade prikken út 'e bosk helje om oer de snilen te lizzen, oars waaie se fuort.' Hy seit neat, hy sjucht nei it tek en dat liket him nei 't sin te wêzen. 'Sitten gean,' seit er. 'Sekken leegje.' Ik bin it meast benijd nei de fangst fan Borg-en-dy. Dat fâlt net ôf, se ha in stik of acht fiskjes fongen. It binne mar lytse, mar it koe minder. Se ha ek kikkerts en wat slakken. De fisken hawwe se yn kuorkes fongen, dy binne fan wylgeteannen flochten. Dat is in heel wurk, it duorret wol twa dagen foar'tst ien klear hast. Mar se dogge it wol. It punt is allinnich dat der sa'n stomme fisk yn swimme moat. Dêr moatst soms oeren op wachtsje. De groep fan Claus hat poddestuollen en woartels fan planten. Se ha ek noch in pear hânfol beien.
Claus makket alve heapkes fan wat syn ploech opfandele hat. De heapkes binne ûngelike grut. Hy en Ineke en Monika krije wat mear, se binne âlder en grutter, dat se moatte mear iten ha. Dan krijt Claus it mes en snijt de fisken en kikkerts yn moaten. Elk wachtet geduldich oant Claus him syn protsje oanwiist. Gjinien is sa dryst om mar
| |
| |
ta te taasten, want dan jout Claus him in haal mei it mês oer de hannen, en dat is flymskerp.
It is no sawat in jier lyn dat ik Claus-en-dy moete haw. It wie lykas no djip yn 'e hjerst. De winter soe gau ynfâle en ik wie bang dat ik dy net trochkomme soe. De oare winters hie ik poer allinnich troch brocht, mar ik sêch der tsjin oan om dat nochris te dwaan. Twa jier lyn hie ik de simmers by Jean en Lotsy taholden. Mar se wienen beide dea gien en ik hold it dêr net mear út. Stom miskien, want ik hie dêr in bêst plak en der wie winterfoarried. Ik hie Lotsy nei bûten ta slepe moatten en har earne bedobje en dan de maityd ôfwachtsje. Mar dat hele tahâlden by Lotsy-en-dy, dat wie healwiis en ûnecht, ik woe net bliuwe. Ek net doe't se dea wienen. Se makken dat ik my in lytse jonge fielde en dat woe 'k net. Ik woe grut en sterk wêze. Dat ik bin fierder reizge, it easten yn lykas de iere maityds dêrfoar. De winter oerfoel my en ik hie suver neat te iten. De natoer wie wol dwaande te betterjen, mar winters wie der sa goed as neat. It wie in gelok dat ik dy hele simmer goed iten hân hie, ik koe in stomp ferneare, mar oan 'e ein fan 'e winter wie ik sa rûpsk as in kat en sa slop as in dweil. It wie gekkewurk om der allinne op út te gean. Allinne koest net oerlibje, ast siik rekkest, of in wûne oprûnst of ast gjin iten mear hiest. Boppedat moast altiten op fijannen betocht wêze, dat sliepe doarst eigentlik net.
Nei de winter reizge ik fierder en ik kaam yn 'e heuvels tusken Lúksemboarch en Trier. Der wie genôch iten te finen, ik hie wol in winterfoarried oanlizze kinnen, mar ik doarst it net oan om wer in winter troch te bringen op it plattelân. Ik moast in skûlplak sykje dat ik yn alle gefallen
| |
| |
beskutting hie tsjin 'e wiette en de kjeld. Doe bin ik nei Trier gien, of wat dêr fan oer wie. As hienen se in fleanmasine fol bommen op 'e stêd fâle litten, sa sêch it der út. It ferwûndere my oars net. Breda, Den Antwerp, Philipville... Platsmiten en útbaarnd, sa lei it derhinne, al dy stêden. Mar slimmer wie dat de stêd ek fierhinne leechhelle wie. De minsken dy't net dearekke wienen, hienen safolle mooglik meinommen en wienen fuortset, nei it plattelân ta. En neityd sille der noch wol oare kloften folk troch de stêden gien wêze om nochris alle leechhelle winkels troch te sneupen. Dat ha wy ek dien, destiids.
Ik fûn yn Trier in bernewein en dêr mitere ik myn hawwen en hâlden yn: blikken mei fruit foaral dy't ik yn in winkeltsje fûn hie, in pear ekstra skuon, in reinjas, in broek en in trui. Ik socht om in gaadlik plak yn in efterôfstrjitte, dêr't ik oerwinterje koe. Mar it mocht net te fier fan it wetter ôf wêze, want ik soe út en troch in amer wetter helje moatte. En ik woe sjen oft ik wat tekkens fine koe. Want de winters wienen ferrekte kâld. Stoke koest net, al dy huzen hienen sintrale ferwaarming en dy wie allang sprongen, en alle gasliedingen wienen sprongen. Dan soest al in hûs mei in iepen hurd fine moatte en hout stoke.
Doe't ik in pear dagen yn Trier omswalke hie, stie ik op in middei ynienen foar Claus en syn groep. Se wienen mei har tolven, in oermacht. Mar se wienen der min oan ta. Se stroffelen foarút. Ik wie mar in lyts fintsje, ik wie hast trettjin of krekt trettjin - myn jierdei fâlt yn novimber -, mar ik hie wol leard om foar mysels op te kommen. Ik tocht, ik moat se oerdonderje, miskien kin ik se kwyt reitsje. Dat ik sette de bernewein stil en gyng der foar stean om myn spullen te beskermjen en ik rôp: 'Kutshit, kloatkanker!
| |
| |
Wat wolle jim dan, hin? Wat wolle jim?' Ik hie twa messen oan 'e broeksriem te hingjen, in flymskerp fleismes en in bajonet, dy't ik meinommen hie fan dy soldaat dy't my de kont kapot makke hat. Ik wachte ôf. As der in messesmiter by wie, dan wie ik de lul, mar as se it liif oan liif útfjochtsje woenen, dan koe ik wol twa dea ha foar't it oan my ta wie. Wienen der twa dy't har opofferje woenen? It like in gammel en úthongere soadsje. Doe stapte de grutste fan it stel nei foaren, dat wie Claus, sa't ik letter hearde. Hy hie in bern op 'e earm. Dat lei er foar syn fuotten del en doe stiek er in hân op. 'Gjin oarloch! Verdammt noch mal!' sei er. Hy prate sa likernôch as de Dútsers dêr't ik twa jier mei libbe hie. Ik stiek de hân ek op. 'Earewurd?' rôp ik. 'Earewurd!' rôp er werom. Doe bin ik op him tastapt en ik haw him de hân jûn. En dêrnei de oaren. It wie in gok, foar 't selde wienen se my fan efteren oanfâlen, mar ik moast de gok nimme.
Ik frege wat se woenen, en it die bliken dat wie itselde as ik: in wyn- en wetterticht skûlplak foar de winter. Se hienen twa by har dy't der echt min oan ta wienen, dy soenen sa-wy-sa wol deagean, mar foar de oaren wie der noch hoop. Ik krige betrouwen yn 'e takomst. Mei in ploech minsken koenen wy oerlibje, de helte op it hûs passe en de oare helte op rôftocht út. Wy fûnen in skûlplak foar de nacht en ik lei har myn plannen foar. Doe die bliken datst dy Claus wat omsichtich oankomme moast. Doe't er murk dat guodden fan syn folk mei omtinken nei my harken en miskien tochten dat ik it goed foar 't snotsje hie, waard er poernidich. 'Ik bin de lieder!' raasde er. 'Sûnder my hienen jim allegear al dea west!' Hy sei it tsjin syn eigen minsken, mar it boadskip wie dúdlik foar my bedoeld. As
| |
| |
ik yn 'e groep bliuwe woe, dan moast ik gjin grutte bek ha. Dy jonges fûnen my miskien wol in hele held, mar as hy har opdracht joech om my fannacht de strôt út te snijen, dan dienen se dat fêst. En ik tink mei rjocht, dy Claus wie wol in jier of fiif âlder as de measten en hy hie har troch de tiid skuord. Ik sei: 'Wy dogge fansels sa't Claus wol.'
De oare deis lei Claus ús syn plannen foar: wy soenen in skûlplak sykje earne op in hoeke dêr't wy in goed útsjuch hienen en dat net tefier fan 'e rivier lei. Wy soenen om bar op it hûs passe en om bar op rôftocht útgean. Krekt sa't ik it útsteld hie, mar hy brocht it as syn eigen plan. De iene helte fan 'e ploech kaam ûnder lieding fan Borg, fan 'e oare helte wie Claus sels de baas. Ik kaam by Claus yn 'e groep. Hy wie tink bang dat ik my oars baasmeitsje soe, hy woe my by him ha. Mar hy hoegde net bang te wêzen, ik hie der gjin ferlet fan om baas te spyljen. Ik woe oerlibje.
Wy fûnen in ridlik goed hûs, net fier fan 'e rivier ôf. Wy rjochten ús yn op 'e earste etaazje, dat wie handich want fijannen soenen earst de trep op moatte foar't se by ús wienen. En it hûs hie in eftertúntsje, dêr koenen wy ús stront kwyt.
Dat bern dat Claus yn 'e earms hie doe't ik mei de groep yn 'e kunde kaam, is al gau stoarn. Claus hat opdracht jûn om it bern in moai ein fuort te bringen en der wat planken en stiennen oerhinne te smiten. Letter is der noch in jonge stoarn, ik leau dat dy fan Kwark hiet, mar dat kin ek wol in skelnamme west ha. De oaren binne de winter allegearre goed trochkommen. Wy hawwe dien sa't Claus útsteld hie. Ik bin gjin haatdragend man. Claus pikte myn ideeën, mar hy fierde se better út as ik kinnen hie. Wy hawwe alle winkels troch west om foarried. Oan messen, tekkens, klean en
| |
| |
skuon wie noch genôch te finen, mar iten wie der in ferrekt lyts bytsje mear. Blikken mei fruchten wienen faak noch wol te iten, ek al stienen se bol, mar blikken mei fleis wienen bedoarn.
Claus wie in apart man, dêr wie ik fuortendaliks al efter kommen. Hy hold dat ploechje bern dy't sawat like âld wienen as ik byinoar en soarge derfoar dat se yn libben bleauwen, mar hy koe der perfoarst net oer dat der oan syn gesach twivele waard. Dan koe er raar om him hinne ramaaie, en it wie dan te hoopjen dat er net tafallich in mês of in ein hout yn 'e hân hie. Syn frou, Ineke, tichele er soms ek ûngenedich ôf en op in kear doe't er har echt op it sear komme woe, moast se krûm stean oer de tafel en doe neukte er har fan efteren. Wy wienen der allegear by en dat makke it foar Ineke fernederjend. Mar dat net allinnich, hy koe har wol ferniele. Ik raasde: 'Net dwaan! Do makkest har kont stikken!' Want dat wie my ek oerkommen by dy soldaat. Hy gniisde my út: 'Ik stek him net yn har kont, kloatsek, sjuch mar.' Ja, doe sêch ik it wol, it skytgatsje siet heger. Mar ik wist net dat it by in frou ek fan efteren koe, dat hie ik noch noait sjoen. Ik skamme my foar myn stommens.
Wy hawwe ús bêst dien op it tek, Ineke en ik, mar it hat neat jûn, it begjint no oan alle einen en kanten te lekken. Wy sille hjirwei moatte. Neffens Borg komt it wetter ek heger. As er gelyk hat, dan kinne wy aansent net mear mei droege fuotten oer it paad komme. Mar wat slimmer is, de hele pôle kin ûnder wetter komme. En dan is it dien. As wy nachts yn 'e wiette lizze, wurde wy sa siik as in hûn. Dan binne wy meikoarten allegearre dea.
| |
| |
Mei Henk komt it net goed, liket my ta, hy skyt him útinoar, it rint him as wetter ta de kont út en hy kin de broek sa gau net iens delkrije. Hy hat in toppe rûchte yn 'e broek treaun sa't ik him oanret ha en dy ferfarsket er út en troch, mar it is behelpen en it komt sa net klear. Hy hâldt der gjin iten yn. Moatst goed drinke, hat Claus sein, en dat is wier, mar likegoed, as alles wat der fan boppen yn giet der fan ûnderen like hurd wer út rint, dan hâldt er gjin krêft oer en wurdt er siik. En siik is itselde as dea. Dat ha 'k al sa faak meimakke, in sikenien ret it net. Ja, yn 't earstoan koe dat noch, yn in grutte groep, en as der noch in dokter of in ferpleechster wie. Mar no kin it net mear, al dy âlde lju binne dea. Der is gjinien dy't noch ferstân fan sykten hat. It iennige dat wy witte is: ast siik wurdst, giest dea.
Hjoed hat Claus Borg en my elk mei in groep om iten útstjoerd. Ik ha Monika, Ilse en Lize by my. Dat binne de bêste froulju dy't wy yn 'e groep ha. No, Lize is kreupel, mar se hat in goed ferstân. En mei it fiskjen makket it net út dat se kreupel is, dat is meast sittend wurk. Monika, dy docht alles watst tsjin har seist, persys sa, net mear en net minder. Se is helendal keal, sels op har prûm hat se gjin hier en se moat dochs wol sechstjin wêze. Nei alle gedachten hat se in sykte, of hat se slim siik west. Ut harsels seit se noait wat, no, altiten better as Hanny dy't de godgânske dei eamelt. Gjinien fan 'e jonges hat aardichheid oan Monika, Claus ek net. Elkenien griist fan dy keale kop.
Ik helje de wylgeteannen fûken út 'e sek en partsje se om. Elk twa. No moatte de klean út want wy moatte it wetter yn baaie om de fûken te plak te setten. It bêste plak is in smelle trochgong tusken de snilen of modderwâlen. Wy
| |
| |
sykje stokken om de fûken mei fêst te setten en dan klaaie wy ús út. Ik skamje my tsjinoer dizze froulju net om myn keale sek, oars as tsjinoer Ineke. Dy docht krekt as bin ik noch in lyts bern. Ik sjuch wer hoe bryk de iene poat fan Lize stiet, it is dochs noch in wûnder dat se sa goed foarút komt. Se is mêger, in kont hat se hast net en de ribben stekke troch it fel hinne. Mar se sil gjin belies jaan. Ik hâld in êch op har as se har yn it wetter glide lit. Om har mankemint docht Lize har bêst om de earste en de fluchste te wêzen, bang dat se oars yn 'e steek litten wurdt, tink. Se set de fûke fêst en lûkt har by de wâl op. Ik stek in hân út, mar se skodhollet. Se hellet de fuotten nochris troch it wetter om de dridze derôf te spielen en dan slacht se har mei de hannen it wetter fan it liif. Ilse is it wetter ek al yn gien en no giet Monika ek. Ik gon de oare kânt in eintsje út en sykje in gaadlik plak. As wy ús fûken te plak ha, drave wy in eintsje om waarm te wurden en dan strûpe wy de klean wer oan. Lize rost har de lea droech mei in toppe rûchte, se kin net drave. No is it fierder ôfwachtsjen. Wy ha in toutsje oan 'e fûke mei in stikje hout deroan as driuwer. It toutsje stiet strak. As de fûke beweecht, kinst dat oan 'e driuwer sjen. Dan sit der in fisk yn 'e fûke, mar soms hat in fisk allinnich mar mei de sturt tsjin 'e fûke oanslein en is er fierder swommen. Dan moatst om 'e nocht it kâlde wetter yn. It kin ek wêze dat der in kikkert yn sit, mar dan moat it al in grouwen wêze, sil de driuwer bewege.
Monika en Lize sille earst wacht hâlde en Ilse en ik begjinne te slakfiskjen. Dat dogge wy mei in skepnet dat ek makke is fan wylgeteannen. Wy helje de skepnetten tusken de snilen lâns, want dêr sitte se gauris. De slakken dogge wy yn in panne. Yn dy panne ha wy fan 't winter wol iten
| |
| |
sean, mar no ite wy altiten kâld. It is te gefaarlik om fjoer te meitsje op 'e pôle, de hele hut kin de loft wol yngean. Boppedat, as wy fjoer meitsje fan rûchte, dat rikket sa ferrekt en dy reek kin ús ferriede. Ik sjuch no en dan ris om nei Lize-en-dy. Se binne beide op 'e grûn sitten gien, mar se hâlde de boel goed yn 'e rekken, liket my ta. Dat moat fansels ek. As der ûnried is, moatte se ús daliks warskôgje. Wy ha hjir de hele simmer noch gjin mins sjoen, mar kinst noait witte. It iennige wat wy fernommen hawwe, wie in wylde kat, mar dy wie like bang fan ús as wy fan him. No en dan rint ien fan ús by de driuwers lâns, mar oant no ta is der neat te rêden.
Lize ropt, se wolle ruilje. Se binne kâld wurden fan it lange sitten en wurch fan it koekeloeren. 't Is ek better om ôf te wikseljen, want op 'en doer fersloppet dyn omtinken dochs. Ilse en ik lizze it ark del en wy gonne op 'e grûn sitten mei de rêgen tsjininoar oan. Ik fiel har skouderblêden tsjin mines oan stekken. Wy binne allegearre rûpsk. Wy binne de stêd út gien om't wy tochten op it lân mear iten te finen, mar dat is smoarch ôffâlen. Miskien hienen wy dochs mear nei it suden ta moatten. Elkenien woe destiids nei it plattelân en nei it suden. Dêr wie it waarmer, seinen se. Ik ha in ein it súdwesten yn west, mar dêr wie it like kâld. Miskien haw ik net fier genôch west.
Claus is hjoed wer op 'e pôle bleaun, lykas de lêste dagen al. Hy hat fernommen dat Ineke hyltiten spuie moat en no doar er net by har wei. Ik wit net oft se him al ferteld hat dat se in bern ha moat. Dat wurdt noch in grutte ellinde, as wy in lyts bern meislepe moatte. Mar miskien giet it wol gau dea.
Lize ropt, der liket wat te rêden te wêzen. Monika strûpt
| |
| |
de klean út en lit har yn 't wetter sakje. Se makket de fûke los en tilt him omheech. Ja, se hat in fisk, en ek noch in aardige grutten. Se jout him oan Lize en dan set se de fûke wer te plak. Monika komt by de wâl op en docht de klean wer oan.
Ik fiel Ilse har bonken tsjin my oan skeuken. Se is kâld tink. Wy moatte aansent mar werris ruilje. Nee, it is net de kjeld, se hat ferlet fan wat oars. Se pakt myn hân en triuwt him by har broek yn. Se docht de skonken faninoar. Ik ha dit noch noait dien by in frou. Ik fiel har waarme prûm en ik kniip der wat yn om. Se fynt it noflik leau 'k, se begjint te stinnen. Mar ik wit eigentlik net sa goed wat ik dwaan moat by in frou. Neuke kin ik noch net, en dat soe ek fierste gefaarlik wêze, wy moatte wachthâlde. En wat wol se dan dat ik mei myn hân doch? Ik skamje my, om't ik noch lyts bin. Ik lûk de hân út har broek wei. 'Wy moatte oplette,' sis ik. Se seit neat, mar ik fiel dat har rêch no heel hurd tsjin mines oan stompt. Dan giet se oerein. 'Wy wer,' seit se. Ik moat earst pisje, en dan nimme wy it slakfiskjen wer oer.
Oan 'e ein fan 'e middei ha wy seis fisken en in fyftich slakken. Kikkerts ha wy net fongen. Binne dy al yn 'e modder krûpt?
Wy moatte hjirwei. Borg hat gelyk, it wetter komt hyltyd heger en it paad wurdt minder betroud. Mar ús pôle wurdt ek lytser, dat is noch it alderslimste. Wy lizze noch wol in tsien sintimeter boppe it wetteroerflak, mar it wetter krûpt omheech tusken it snileguod troch en it lûkt ús yn 'e klean. Op in moarntyd binne wy allegear wiet oan ien kânt. 'Fette stront,' seit Borg, 'wy moatte hjirwei!' Ik fâl him
| |
| |
daliks by: 'Kutshit! Claus, wy fersûpe hjir op dy fukpôle.' As wy it allebeide sizze, leaut Claus it miskien. Mar Claus wol 't net leauwe. 'Wy bliuwe hjir,' seit er. 'Wy helje ekstra rûchte, dan lizze wy wer droech.'
Wy dogge wat er seit, mar it helpt net. It wetter komt heger en heger en de rûchte driuwt yn 'e hut. As wy nachten lang yn 't wetter sliepe en deis net wer opdroegje, dan wurde wy siik. Ik prakkesearje deroer om mei Borg út te naaien. Mar twa is te min om te oerlibjen. Wy soenen Ilse mei ha moatte en Jochen en Lize. Mar ik doar it net oan. Borg witst net goed watst oan hast, hy sil him baasmeitsje wolle, mar hy is gjin goeie lieder. Ik wit net oft ik it sels oan kin. Claus hat it foardiel dat er âlder en sterker is, hy is in natuerlike lieder.
As wy op in moarntyd wer dweiltrochwiet wekker wurde en Martha neist my leit te rochjeljen, raas ik him ta: 'Kutshit! Wy moatte hjirwei! Wy ferrotsje hjirre! Claus, wy moatte fuort!' Hy begjint oars altiten fuortendaliks te flokken, mar no is er even stil. Hy sjucht nei Martha, dy't hast yn it hoastjen smoart. 'Wekker wurde,' seit er rêstich. 'Opbrekke en alles ynpakke, wy gonne fuort.' Hy is ynienen de lieder wer.
Wy hawwe de klean útdien mar de skuon oanholden. De klean binne yn sekken treaun en de sterksten moatte dy drage en boppe wetter hâlde. Elk moat syn mes en bile sels sjouwe en noch wat oar ark. De daam is hast helendal ûnder wetter ferdwûn. Claus hat te lang wachte, mar it hat gjin doel om dêr oer te seuren. Wy hawwe ús yn trije groepkes fêstbûn oan touwen. Claus hat my opdracht jûn om de beide siken, Martha en Henk nei de wâl te bringen.
| |
| |
Ik bin frijsteld fan sjouwen. Hy en Borg drage alle droege klean. De rêst fan ús besittingen is ferparte, mar Lize hat neat, dy hat genôch oan har poat. Ik fiel my fol moed, Claus hat de saken wer goed foarinoar.
Ik ha hâlden en kearen om Henk op it paad te hâlden, hy hat gjin bestjoer oer de fuotten. Ik hie der gjin erch yn hân dat it sa slim mei him wie. Op in stuit stapt er mis, ferliest it lykwicht en ploft it wetter yn. Ik kin him net hâlde en donderje ek om en Martha folget. Ik besykje Martha omheech te krijen, mar it slagget my net. 'Rinne!' rop ik tsjin Henk. Wy kinne de boom bedjipje en wy kinne likegoed fierder baaie. Hy sjucht my mei syn wylde êgen oan. 'Kutshit! Rinne!' rop ik nochris. Hy begrypt it en baait foar my út. It til Martha safier op, dat de holle boppe wetter bliuwt.
Op 'e wâl ros ik Martha droech mei wat rûchte en dan dogge wy allegearre wat droege reserveklean oan. En dêr it wiete guod oerhinne. Miskien droeget it ús oan 'e liif.
Wy rinne dagen troch de bosk, omheech en omleech. It is hjir osa heuvelich. Wy hawwe fan 't simmer eastlik fan Trier sitten, en wy gonne no it suden yn. Claus hat sa besletten en ik tink dat er gelyk hat. Alle minsken woenen destiids nei it suden. Mar hoefier is it suden?
It is gjin maklik paad, want in soad beammen binne omdonderde en wy moatte iderkear omrinne. Mar ek de beammen dy't noch oerein stanne, binne dea. Selden is der ien mei in grien twiichje. Mar op 'e grûn waakst wol wat, poddestuollen, moas, gers en ferskillende soarten túch en farens. Claus hat opdracht jûn, dat de sterksten moatte ûnderweis iten sykje en de oaren ek meipartsje litte. Ik jou
| |
| |
Monika wat poddestuollen en se triuwt se Martha en Henk yn 'e mûle. Der binne lokkich in heel soad poddestuollen. Miskien binne der ek wol fergiftige by, mar dat merke wy dan wol.
Nachts sykje wy in delling op en dan krûpe wy stiif opinoar tsjin 'e kjeld. Martha rochelt oan ien tried wei. Henk is stil, mar syn sykheljen doocht net. Ik ha soks earder meimakke, hy giet fêst dea.
Op in middei begjint it te snijen, fûl út it easten wei. It is noch gjin echte wintertiid, mar it waar is al jierren yn 'e war. Wy krûpe yn 'e lijte fan in steile rotsmuorre by in rivierke lâns en dûke yninoar. Foar ús êgen ferdwynt it lânskip ûnder de snie. It wurdt helendal wyt om ús hinne, en it rivierke stekt dêr donker tsjin ôf.
De oare moarns is it droech, de loft is wer gewoan griis, der sil fêst net mear komme hjoed. No, der leit ek wol genôch, wol tweintich sintimeter. Dat betsjut wiete en kâlde fuotten. Wy rekke ús út en hanbûtse om waarm te wurden. It is troch de snie noch kâlder wurden as it de foarbye wiken al wie. Monika hat Henk oereinlutsen en se wriuwt syn hannen en se seit dat er mei de fuotten stampe moat. Martha is dea. Doe't de oaren oerein gyngen, hie se gjin stipe mear en wipte om. 't Is ek sa, wy ha har fannacht net mear rocheljen heard. 'Op mars, allee. Verdammt noch mal!' ropt Claus. 'En Martha dan?' freget Ineke. 'Martha? Woest dy meinimme? Wêrhinne en hoefier?' Hy hat fansels gelyk, ik ha myn suske doe noch in skoft meisleept, mar op in stuit moast ik har dochs lizze litte. Ik wie doe in lytse jonge en ik wist net better.
| |
| |
Monika hat no in lêst minder, mar Henk is in dûbele lêst wurden. Hy hinget har swier yn 'e earm en moat hast sleept wurde. Ineke springt by en tegearre tôgje se him mei. Mar Henk is gjin lyts ding as Martha, hy is langliddich en no sa slop as in dweil. Dat it is hast net te dwaan. Ilse en ik nimme it in skoft oer, mar it is beoligjen. Claus jout in momint rêst. Hy ropt Borg en my by him. 'Wy kinne sa net fierder mei Henk,' seit er. 'Wy moatte him ôfmeitsje. Mei iens, Ake?' Ik knik en sis: 'Ja.' 'Mei iens, Borg?' ''k Wit net,' seit er. 'Wolsto it dwaan, Ake?' 'Jawol,' sis ik. Ik ha earder in kearel deastutsen. 'Wolsto it dwaan, Borg?' 'Nee! Dat doch ik net! Helstront! Wy moatte hjiroer stimme. Allegear!' 'Goed,' seit Claus. Ik hie 't wol tocht, Borg is net in goeie lieder, hy is slop. Kinst elkenien net rêde, dat moat er dochs hast in kear begripe? Mar ik snap Claus ek net mei dy stimmerij. Hy jout op sa'n menier syn liederskip út hannen. Fansels wurdt it útstel ôfstimd en dus moat Claus dwaan wat de measten wolle. Dat is gesichtsferlies, dat is stom.
Wy slepe Henk de hele dei noch mei. Op 'en doer wurdt it echt slepen, dan ferset er gjin poat mear. Borg en Jochen en Monika en ik krije him by in earm en in skonk en sjouwe him oan 'e jûn ta fierder. Hy hat de lêste oeren neat mear sein, miskien is er al net mear by sinnen. Yn 'e jûntyd giet er dea. Ik bin der bliid om, wy koenen him net noch in dei meislepe.
Nei in wike rinnen komme wy by de ruïnes fan in doarp oan. Wy lizze earst in pear oeren op 'e loer, mar der is gjin minske of bist te fernimmen. Dan wêgje wy it derop en gonne it doarp yn. Sawat alle huzen lizze fansels plat, mar
| |
| |
wy kinne miskien wol in skûlplak meitsje mei planken en stiennen. It foarnaamste is dat wy iten fine. Wy binne fan 't maityd nei it plattelân ta gien om't wy tochten dêr iten te finen. Mar dat is ús net tafâlen, wy binne no noch mêgerder as fan 't winter yn Trier.
Wy skarrelje it doarp troch om te sjen oft der sokssawat as in winkel west hat. Dat is al it gefal, mar it helpt ús net in soad. Fierwei it measte is al earder meinommen. Wy fine noch wat blikken mei fruchten en in sekje moal. It is in stjonkende klute, mar mei wat fruchten der troch kinne wy it miskien wol ite. Claus beslút dat wy hjir yn alle gefallen trije nachten bliuwe sille om op krêftten te kommen. En dan sille wy fierder moatte om in goed skûlplak te finen. En iten.
Ik sjuch tsjin 'e winter oan. Mar sa beroerd as twa jier lyn sil it dochs net wurde.
|
|