| |
| |
| |
Haadstik tsien
Nei hûs
Súntsjeswei kringt it ta my troch dat ik der gjin nocht mear oan ha. Ik ha genôch meimakke en it kin sa wol ta. Ik wol nei hûs. Ryk en Rak binne net ferkeard tsjin my, as ik har op bêd tefreden stel, kin 'k in goed libben ha. Iten is der genôch foar ús trijen. As wy gjin krupsjes krije, kinne wy it noch jierren úthâlde. Mar myn kriich is fuort, ik ha gjin moed mear.
Ik ha neat mear om foar te fjuchtsjen, is it dat? Utsein dy jierren by de Dútsers, doe't der ridlik goed op ús past waard, haw ik altiten foar mysels opkomme moatten en noed stean fan oaren. Altiten op dyn iepenst wêze, altiten soargje. En dêrby de honger, de kjeld, it ûngeriif. Dat haw ik útstien en wy allegearre, en klage hawwe wy net. Net omsjen, net prakkesearje, tapakke. Oerlibjen wie it doel, en ik haw oerlibbe. Ik haw har allegearre oerlibbe en ik bin allinnich oerbleaun. Ik haw myn taak folbrocht, mar wat sjit ik dêr mei op? Mark en Sjonny binne al jierren dea, de measten fan Claus syn groep sille wol dea wêze, Jeanine is dea. Ik haw gjinien dêr't ik foar yn libben bliuwe wol. In pear jier lyn, doe't ik by Jean en Lotsy wei gien wie, doe hie ik genôch oan mysels. Foar mysels woe ik libje en oerlibje. Mar dat is feroare, ik haw gjin aardichheid mear
| |
| |
oan myn eigen bestean, it seit my neat mear. Ik kin miskien noch wol fiif jier libje, miskien noch wol tsien jier, mar it hoecht om my net. Wat sil ik langer by dy gekke Ryk en Rak? Se jakkerje yn 'e jeep om, frette in blik leech, sûpe in flesse snaps op en wolle dan neuke. It kin noch jierren troch gean, mar ik wol der net by wêze. En wêr sil ik dan hinne? Ik wit mar ien plak dêr't ik hinne wol, dat is nei hûs ta.
Ik lis it Ryk en Rak foar, op in jûn ûnder it iten, dat ik wer op reis wol. 'En wêr wolst dan hinne? Hi-hi.' freget Ryk. 'Nei hûs ta,' sis ik koartôf. 'Ha-ha,' seit Rak, 'dyn hûs bestiet al lang net mear.' Dêr hat se gelyk oan, it dak fan ús hûs wie delkommen en in muorre wie nei bûten slein. Letter sil it wol helendal yninoar mitere wêze. Mar ik bedoel ek net it hûs dêr't ik as jonkje yn wenne ha, ik bedoel dat ik nei hûs wol. Gewoan nei hûs, lykas elk minske nei hûs ta wol. It wurdt let, ik gon nei hûs. Ik ha myn nocht hjir, ik gon nei hûs. Elk minske siket in plak dêr't er him noflik fiele kin, dat is syn hûs.
Se hawwe yn alle gefallen net tsjinaksele, dat is al heel wat. Ik tink eigentlik dat se my leaver by har hâlde woenen. Se hawwe ferlet fan in man. Mar dat is ek allinnich mar foar op bêd, oars ha se gjin belang by my. Se kinne it skoan tegearre fine en sitte hele dagen te gnizen. Se hâlde my as in hûntsje dat no en dan in keunstke dwaan moat. Doe't ik hjir noch net wie, sille se wol tegearre frijd hawwe. Dat dogge se no soms noch wol, dan is it har fêst helendal út it sin dat ik har wol gerive kin. Miskien kin it har net iens safolle skille as ik fuort gon.
Ik begjin der de oare jûns wer oer: ik wol nei hûs ta. No liket it dat se my dochs earnstich nimme. 'En wêr mei dyn
| |
| |
hûs dan wol wêze? Hi-hi,' freget Ryk. Ik lis it út, ik moat werom it westen yn, oer dy rivier de Ryn, en dan nei it noarden ta, dan kom ik earst yn België en dêrnei yn Nederlân. En dan moat ik helendal yn it noarden fan Nederlân wêze. 'Ha-ha,' laket Rak, 'dat is in ein! Do kinst dy wol dea rinne!' Ik tink dat ik no daliks mar trochpakke moat. 'Oer twa dagen wol ik fuort,' sis ik. Se harkje al net mear.
De oare deis sykje ik wat spullen byinoar. Ik nim oan dat se my de skuon hâlde litte dy't ik fan har krigen ha, ik ha noch noait sokke goeie hân. Sa'n rêchsek soe ik ek skoan brûke kinne en wat ekstra ûnderguod en in tekken. Soldaten hawwe altiten deeglik guod om mei bûtendoar te ferkearen.
Ryk en Rak sizze, se sille my mei de jeep oan 'e rivier ta bringe. Mar hoe wol ik nei de oare kânt komme? Ik fertel nochris dat der in brêge is, yn dy stêd dêr't se ús oppikt ha. Jeanine en ik binne dêr ek oer gien. Hy is wol stikken, mar rinnende kinst der oer. De rêchsek en de tekken meitsje se gjin drokte om, dat is fansels, der is ommers genôch. Wol ik ek in pistoal mei ha? Ik betankje.
De oare deis ride wy fuort. Rak stjoert it westen yn oant wy by de rivier komme, dêrwei gonne wy it suden yn. Dit is ek noch it maklikste paad, oars hienen wy dwars troch de púnbulten fan 'e stêd hinne moatten. Ferskillende brêgen lizze yn diggels, dat haw ik fan 't maityd wol sjoen, mar der moat in brêge wêze mei in hege, izeren opbou, en dy wie noch begeanber. It sykjen ferfeelt Rak, se bliuwt stean. 'Fynst it fierder wol, hin? Wy gonne werom, ha-ha.' Ik pak myn boeltsje en stap út. 'No, goeie,' sis ik. Rak seit
| |
| |
neat, Ryk ek net. Rak swaait de jeep en jakkert werom. Ik sjuch har nei salang't it kin. By de Ryn lâns rin ik fierder en ik fyn de brêge dy't ik ha moat. Maklik kom ik oan 'e oare kânt, ek al bin ik swier bepakt. Mar ik ha Jeanine no net op 'e noed.
Oan 'e kânt fan it wetter rin ik nei it noarden ta. Sa kom ik it maklikst ta de stêd ut, rekkenje ik. Oars ferdwaal ik miskien yn it pún. Ik set de stap deryn, ik moat hjirwei al mar nei it noarden ta, dan kom ik thús. As ik gelok ha, kin ik der fan 't hjerst wol wêze.
Hokker dei as it krekt wie, dat kin 'k my net mear yn 't sin bringe. It moat in dei troch de wike west hawwe, want ús heit wie net thús. It wie op 'e neidei, ik hie nei skoalle ta west. Myn suske sil wol nei it pjuttehonk west hawwe, dat wie net safier fan ús ôf. Mem brocht en helle har. Ik wie foar op 'e strjitte oan it boartsjen. Wy wennen op in wenhôf, der wienen hege drompels yn 'e strjitte makke en dêr moasten de auto's heel sunich oerhinne ride, oars makken se in klap. Sadwaande wie it net gefaarlik op 'e strjitte. Myn suske wie yn it lytse blikje efterhûs. Dat wit ik, want wy hienen tee hân en doe hie ús mem har nei bûten ta brocht en se wie sels nei boppen ta gien. Ik tink dat se strike moast of wask opteare. Dy dingen neamde se wittefaak want dêr hie se gjin nocht oan. Itensieren fûn ús mem wol moai, mar de wask dwaan net. Se wie dan op 'e sliepkeamer en sêch no en dan ris troch it rút nei myn suske yn 'e blikke. As se nei my sjen woe, dan moast se nei foaren ta rinne, nei myn sliepkeamer, dan koe se de strjitte oer sjen. Ik boarte mei oare bern, mar wa en hoefolle, dat wit ik net mear. It sille wol bern út ús strjitte west hawwe. Nammen
| |
| |
en gesichten heuge my net. Ek net wat wy útheefden.
It begûn dermei dat it fethel ljocht waard oan 'e loft. It wie sa ljocht datst it net oan 'e êgen ferneare koest. As skynde de sinne tsien kear sa fûl as oars. De êgen taknipe joech neat, it ljocht baarnde troch de êchlidden hinne. Ik die de earm foar it gesicht en it like wol dat it ljocht dêr ek noch trochhinne kaam. Guodden begûnen te roppen en te razen, sa wist ik dat de oare bern der ek noch wienen, mar sjen koe ik se net. Ik hie de êgen stiif ticht en de earm derfoar. Ik woe nei ús mem ta, mar ik sêch neat en ik stroffele en foel op 'e strjitte. Doe die ik even de êgen op om te sjen wêr't ik wie en ik kroep op 'e knibbels de strjitte oer nei ús oprit ta. Doe sêch ik om, de oare bern stienen der noch mei de hannen foar de êgen te moartsjen. Ik gyng oerein en draafde nei de garaazje ta. Dêr wie it oars skimerich, want der siet mar in lyts rútsje yn, mar no wie it as kaam it ljocht gewoan troch it dak hinne.
It twadde wie de stoarm. Dy wie der ynienen. Ik fielde hoe't it hok hinne en wer skodde en it gûlde bûtendoar sa't ik it noch noait heard hie. Boppe de wyn út hearde ik krêkjen en knappen en klappen en bolderjen. It rút fan 't hok sloech oan diggels en it glês flêch alle kanten út. Ik kroep ûnder de wurkbank dy't ús heit timmere hie, mar dy't er eigentlik noait brûkte. No't it rút stikken wie, koe de wyn syn gong gean. It hok krêke en knapte, it dak gyng de loft yn en de doar sprong út 'e knieren. Ik siet op 'e knibbels ûnder de wurkbank en makke my lyts. En it boldere en brulde mar troch. De muorre oan 'e oare kant wipte om en lei yn ienkear plat. Ik hearde stiennen op 'e wurkbank delfâlen en dan rûgelen se by my lâns. Ik wit net hoe lang as it duorre hat. Mar it like as kaam der noait in ein oan. Ik
| |
| |
wie ferrekte bang en ik siet te janken. Ik leau, ik ha yn 'e broek pisse, en dêr wie ik doe oars al fierste grut ta.
Doe't de stoarm lizzen gyng, bin ik ûnder de wurkbank weikommen. De garaazje wie finaal útinoar slein. Mar ús hûs ek. It dak lei yn 'e blikke en de sydmuorre wie nei bûten slein. Ik koe net efterom, ik moast foarom. Doe sêch ik dat de huzen tsjinoer uzes ek allegearre rampoai wienen. De dakken wienen fuortslein en de muorren omrêge. In auto lei op 'e kop tsjin in gevel oan. By de buorlju op it hiem lei ien fan 'e bern dêr't ik niiskrekt mei boarte hie. Ik woe nei ús mem ta, mar ik koe de foardoar net fiergenôch opkrije, der lei wat efter. Doe bin ik troch it rút gien, dat wie der helendal út waaid. Alles yn 'e keamer lei oer de kop, de stuollen om, de kast om, de boeken oer de grûn, de platen fan 'e muorren en oeral glês. Ik ha mei in stien út memme blomperkje de skerpe glêsdiggels stikken slein en stapte oer it finsterbank de keamer yn. De doar nei de keuken ta wie út 'e spannings slein. Doe hearde ik gûlen, it wie myn suske. Se lei heal yn 'e keuken, heal yn 'e hal. Us mem lei ûnder oan 'e trep, tsjin 'e foardoar oan. Ik tink dat se myn suske út 'e blikke helle hat doe't it sa begûn te waaien, of miskien al earder. Miskien hat se ek noch om my socht. Us mem wie dea, dat begriep ik daliks. De holle wie helendal stikken en it wie allegear bloed, oan 'e doarpost en oer de grûn en op 'e trep. Ik tink dat de stoarm har hinne en wer kinkele hat. Myn suske libbe, se gûlde ommers. Ik wist net oft it bloed dat se om 'e holle en oan 'e earm hie fan harsels wie of fan ús mem. Us mem lei dêr heel raar, de skonken frjemd bryk, de earms fansiden en de holle fier efteroer. De êgen wienen op en se hie de mûle yn 't wiidst iepen.
| |
| |
Ik ha myn suske oerein hysd en de keamer troch sleept. Doe wie der yn it hûs tsjinoer ús ynienen in grutte flam en in plof en wat noch oerein stie, spatte útinoar. It sil wol in gasûntploffing west hawwe. Wy hawwe it neityd noch wittefaak sjoen. Op 'e strjitte wie it frjemd stil. Der rieden gjin auto's, en dy heardest oars altyd. Efter ús wie de sneldyk, en dêr lei wol in lûdwâl foar, mar wy hearden de auto's dochs altiten wol brommen. No wie der neat. En yn ús strjitte wie it ek frjemd stil. Ik sêch noch ien fan 'e bern dêr't ik mei boarte hie, efter de auto. Ik ha tsjin myn suske sein dat se rinne moast, ik koe har net in heel ein sjouwe. Se snottere noch hyltyd, mar se die wat ik sei. Wy binne de strjitte út rûn. Alle huzen wienen stikken. Se wienen allegear deselde kant út treaun, dy tsjinoer ús leinen yn 'e foartúntsjes en dakpannen en harkenieltsjes leinen midden op 'e strjitte.
Op 'e hoeke fan 'e strjitte wie in frou, dy koe ik wol. Se stie midden op 'e strjitte te razen. Se pakte myn suske en my by de hân en sleepte ús mei en se raasde mar troch. Se naam ús mei de oare strjitte del de kânt út nei de grutte dyk ta. Dêr wie in besinepomp, dêr't it dak ôfslein wie en it baarnde as in fakkel. De frou liet ús los en rôp fan: 'It is oarloch, o god, o god!' Se rûn fuort en liet myn suske en my stean. Doe spuite der in grutte flam út it pompstasjon wei, it like wol as rôlen de flammen de strjitte oer. De frou sloech efteroer en kaam net wer oerein. Ik loek myn suske yn it grippeltsje neist de dyk en wy bleauwen plat lizzen.
Ik wit net wat my besiele, ik hie oars gjin tinken as: hjirwei, hjirwei. Mar wêr moast ik hinne? Ik wie mar in lytse jonge, ik wist net hoe't ik by ús pake en beppe komme moast. Earst in eintsje sneldyk en dan in dwarsdyk, mar
| |
| |
koe ik dat allinne wol fine? Ik wist ek net iens oft ik dêrhinne woe. Mar de stêd yn, dat koe ek net heal. Dêr soe ik fêst ferdwale. Ik wist it paad nei skoalle. Earst hie ús mem my altiten brocht en letter gyng ik allinnich. Mar ik woe net nei skoalle ta. De skoalle soe ek wol stikken wêze. Ik kaam út it grippeltsje wei en sêch om my hinne. De frou lei op 'e dyk, se beweegde net. Oare minsken wienen der net. Ik woe dat der grutte minsken kamen om op ús te passen. Moast ik dan dochs de stêd yn om minsken te sykjen? Ik wist it net. Ik loek myn suske fan 'e grûn en wy rûnen fierder troch it grippeltsje, efter it bushokje lâns. Doe wienen wy by de grutte dyk.
De dyk wie leech. Der rieden gjin auto's. Der leinen auto's tsjin 'e fangreel oan en der leinen guodden yn 'e sleat. Der sieten soms noch minsken yn en der leinen minsken neist, yn 'e berm en by de fangreel. Se wienen allegear dea. Myn suske die har bêst om my by te hâlden. Se gûlde net mear. Mar prate die se ek net. Dat wie nuver, want oars jeuzele se altyd, dêr waardst gek fan. Ik hope dat der in auto wie dy't noch ride woe en dat dy ús meinimme soe. Wy rûnen in ein en wy kamen by in fiadukt. In frachtauto wie tsjin 'e middenpylder oanskood en lei oer de side. It dekseil wie stikken skuord en alles lei oer de dyk. It wie allegearre jerappels en slaad en koal op 'e dyk, mar ek apels en bananen. Ik tocht, dit is gjin stellen, dit guod ferkeapje se dochs net wer. Se rêde it op en smite it wei. Ik pakte in pear bananen en loek myn suske mei omheech by de skeante op. Wy kroepen oant flak ûnder it beton en dêr ieten wy elk in pear bananen op. Myn suske wie gek op bananen.
Miskien wienen der op dat stuit noch in heel soad minsken yn libben en swalken dy ek yn en om Drachten hinne.
| |
| |
Mar doe kaam it tredde rare ding, en dêr sille ek noch wol in bulte by dea rekke wêze. It waard kankerhyt, it wie krekt as waaiden der wynflammen oer it lân dy't alles ferbaarnden. Ik ha dat sels amper murken. Wy hearden wol no en dan in knal en as wy dan om ús hinne êgen, sêgen wy in baarnende auto earne tsjin de fangreel oan. Letter koe ik begripe dat it heel slim west hie. Underweis nei it suden ta praten de grutte minsken der hyltyd wer oer. Huzen flêgen yn 'e brân, besinetenks ûntploften, minsken sprongen yn 'e greften en fivers en krûpen ûnder brêgen om te skûljen tsjin 'e hite. En dy't sa'n skûlplak net fûn, dy rekke dea. Alles baarnde as in lôge.
It wie stomtafallich dat wy even rêst nommen hienen om in banaan te iten. Oars hienen wy fêst ek dea west. Wy ha dêr miskien in oere of twa sitten. Ik ha noch mear bananen helle en ek in flesse mei frisdrank. It soe no sawat wol iterstiid wêze en ik hie honger. Ik wie allang út skoalle wei en wy wienen no al oeren fan hûs. Wêr moasten wy fannacht hinne? Ik woe my grut hâlde foar myn suske, mar ik moast dochs gûle. Ik fielde my ellindich, ik wist net wat ik dwaan moast. Hjir sitten bliuwe koe yn gjin gefal. Strak waard it tsjuster.
Ik bin wer op stap gien, de kânt út fan pake-en-dy. Myn suske moast ik suver meislepe, se wie wurch. Wy rûnen oan 'e kânt fan 'e sneldyk, en oeral leinen auto's. Op 'e side, op 'e kop, guodden helendal útbaarnd. Meast gewoane auto's, mar ek frachtauto's en in bus. By de bus wienen in heel soad minsken, se wienen allegear dea, se leinen yn 'e sleat efter de fangreel. Doe kaam der in auto oanriden mei in swaailjocht. Hy bleau by ús stean. In frou stapte út. 'Wêr sille jim hinne?' frege se. 'Pake en beppe,' sei ik.
| |
| |
'Wêr weinje dy?' Dat wist ik net. 'Kom hjir mar,' sei se. Wy stapten yn 'e auto en doe rieden wy werom nei Drachten ta. De auto bleau oan 'e râne fan 'e stêd stean. Dêr wienen folle mear minsken, ek bern. Der leinen ek guodden yn it gers. Wy stapten út. 'Gon mar nei de oare bern ta,' sei de frou.
De grutte minsken praten drok en rûnen hinne en wer. Se hienen it deroer, der moast plak foar de nacht socht wurde. It hûs efter ús koenen wy yn alle gefallen net yn, it lei lyk mei de grûn en it rikke hjir en dêr. De beammen wienen ôfknapt en de krunen leinen oer it hiem. It wie in grut hiem, in gersfjild mei in brede loane nei it hûs ta. Op in stiennen muorke stienen letters. Ik koe al wat lêze. 'Jûnsrêst' stie der. Dy namme koe ik wol, it wie in hûs foar âlde minsken. Ik hie der leau 'k alris west mei in jonge by ús út 'e strjitte wei. Dy syn beppe siet dêr.
De auto mei it swaailjocht kaam werom. De frou sei dat se wat fûn hienen. Wa't rinne koe, moast rinne, en de oaren moasten sjoud wurde. De grutte minsken sochten planken en doarren út 'e púnheap. Folle wie der net te finen. It measte wie ferbaarnd. Doe gyngen wy yn in optocht fierder. In grut fanke hat myn suske sjoud, want dy koe net mear rinne. Se wie sa slop as wat. Wy kamen by in soarte fan fabryk, grize muorren mei oan 'e bûtenkânt izeren treppen. Der stienen allegearre fetten en it terrein lei besiedde mei healferbaarnde palets. Wy gyngen de hal yn en dêr moasten wy bliuwe. De grutte minsken sjouden wat geve palets nei de hal ta, dan hoegden wy net op 'e kâlde betonnene grûn te sitten. Letter kamen se mei tekkens en kleden, dêr bestoppen se ús mei. Se stonken nei brân. Ik frege oan in man oft ús heit ek kaam, mar de man sei, ik
| |
| |
moast my mar deljaan. Mar ik koe noait sliepe, ik moast hyltyd oan heit en mem tinke en dan gûlde ik. Ik hearde oare bern ek gûlen. Myn suske sliepte gelokkich, eigentlik al fan it stuit ôf dat de frou mei de auto ús ophelle hie. De grutte minsken praten súntsjes, ik koe it net ferstean.
De oare moarns hat in frou ús wat behimmele mei in handoek en in amer wetter. Myn suske hie yn 'e broek poept, dy hat se helendal wosken. Se wie sa slop as in dweil en se sei neat. Se gûlde ek net. De man en de frou mei de auto en noch guon oaren hienen iten ophelle. Bôle en koekjes en pakken molke. De bôle wie helendal útdroege en do smoardest der sawat yn. Myn suske iet neat, se dronk al in bytsje.
De grutte minsken praten oer in auto. Se woenen in buske sykje en dat fol iten triuwe en dan soenen wy op reis. Ik frege oft ik wer nei hûs koe, want ús heit soe dochs wol thúskomme. Mar in man sei fan nee jong, jim heit komt net wer thús. En wy kinne hjir net bliuwe, der binne safolle deade minsken únder it pún, dat der kin wol in sykte útbrekke. Wy moatte hjir wei. Se sjouden in pear minsken op planken nei bûten ta, dy wienen dy nachts dea gien. Der wie ek in bern by. Se waarden gewoan dellein by de fetten en se tearden der in tekken oerhinne.
De middeis gyngen wy op stap. De auto ried foarop, it wie deselde, in buske hienen se tink net besette kinnen. De auto siet fol iten en drinken. Dêr efter hienen se in karke bûn, dêr leinen de minsken op dy't net mear rinne koenen. Wy rûnen allegear efter de auto. De bern moasten in tas of in rêchpûde drage mei iten deryn. De grutte minsken steunden oaren dy't net allinne rinne koenen. Guodden wienen miskien wol raar fâlen of wienen earne ûnder
| |
| |
beknypt rekke. Myn suske waard sjoud, se koe neat mear en ik wie bang dat se deagean soe. Wy gyngen oer de sneldyk dêr't ik de deis tefoaren ek west hie. De frachtauto lei der noch. Wy hellen noch wat fruit út 'e auto en ieten dat op. Dat wie better as droege bôle.
Al wiken en wiken bin ik op reis. Ik fiel my fleurich, mar it is in nuvere fleurigens. It is simmer, gers en túch stanne heech, der bloeie blommen, hjir en dêr binne strûken mei blêden deroan en al in pear kear haw ik in fûgel roppen heard. It liket derop dat de natoer him wer ûntjaan sil en dat skielk alles wer bedutsen wêze sil mei blommen en beammen. Der sille wer fûgels nestelje, der sille wer holders fan 'e iene blom nei de oare bromme. Flinters! Flinters sille der wêze yn bûnt ferskaat. Hazzen sille troch de greiden spatte. In hynder sil de efterpoaten opsmite en wrinzgje, in keal sil ûnnoazel foar him út stoarje en de tonge yn 'e noasters stekke. In kikkertsje sil fan 'e wâl ôf yn it wetter plûmpe en de ielreager sil stil yn 'e wâl stean.
Mar dat allegearre is it net dat my fleurich makket. Ik wit net iens oft it wol wer sa moai wurde sil as foarhinne, foar de klap. En as dat al sa wêze mocht, ik sil it net mear belibje. Ik wol dêr net op wachtsje, ik ha de put derút, ik gon nei hûs. Dàt makket my fleurich.
Fan dy stêd mei de brêge ôf bin ik al mar it noarden yn rûn. Earst by de Ryn lâns, mar dy bochte nei it easten ôf en ik bin in dyk ynslein dy't nei it noarden gyng. Acht jier lyn woe elkenien nei it suden ta, mar dat hat mis west, yn it suden wie neat te heljen. Moatst nei it noarden ta. It blik mei koekjes dat ik fan Ryk en Rak krigen haw, haw ik sunich mei west, mar no is it dochs leech. Ik libje fan wat
| |
| |
de natoer opsmyt, en dat is genôch. De simmers binne mar koart en de sinne komt der net by, mar de planten en strûken lykje har oan te passen, se waakse as hienen se noait oars wend west. De nachten binne net kâld, as ik my jûns yn 'e tekken berôlje en my del jou, fiel ik my like noflik as op in echt bêd.
It is hjir heuvellân, de dyk giet al mar op en del. Fan 'e hinnereis heucht my dat de dyk rjocht en sljocht lei. En dat er sa breed wie. Mar doe binne wy oer Brussel gien en ik tink dat ik no eastliker sit. Mar dit paad moat goed wêze. As ik op it noarden oanhâld, kom ik fêst te plak. Hjir hat, dat is noch te sjen, foarhinne bosk west. Yn 'e dellingen binne noch in soad beamstammen te sjen, keal en swart. Op 'e toppen fan 'e heuvels leit de hurde rots bleat, de grûn is fuortspield mei alles wat yn 'e grûn woartele hat. Dat komt noait wer goed, giet troch my hinne. Mar dat hoecht net sa te wêzen. Miskien sil op 'e keale rots skielk ek wer wat waakse wolle. Lytse plantsjes dy't net folle nedich hawwe. En dêrnei, as se it paad sljochte hawwe, gruttere planten, dan heide, strûken en letter beammen. Miskien oer hûndert jier. Ik wit net oft der dan noch minsken lykas ik wêze sille, ik tink fan net. De minsken dy't der no noch binne, dy gonne dea. En wat slimmer is, der komme gjin nijen by. De bern dy't nei de klap op 'e wrâld kommen binne, dy kinne net libje. Ik wit net wêrom, mar dat is sa, ik haw it twaris meimakke. Strak binne der noch mar in pear âlde minsken oer en by einsluten is it dien.
Ik wit net oft der dan wer nije minsken komme. Ik tink it wol. Miskien in heel oar soarte fan minsken. Der binne ek wer nije fûgels kommen. Sterke fûgels dy't oerlibje kinne. Mar hoe lang sil it duorje foar't de doarpen en stêden
| |
| |
op 'e nij opboud wurde? Wannear sille der wer auto's ride, wannear komt de tillefyzje werom? Sille se de laptop op 'e nij útfine? As der skielk wer nije minsken komme, dan sille se alle dingen op 'e nij úttinke moatte want alles sil fergien wêze, ek de boeken dêr't yn stiet hoe't it moat. Miskien duorret it wol tûzen jier foar't de minsken itselde meitsje kinne as foar de klap.
Mar ik haw der gjin sin oan om my de kop deroer te brekken, it is myn noed net. Dy't dan libbet, dy't dan soarget. Ik haw myn grande hân en it kin sa wol ta. Ik wol no fleurich wêze, ik gon nei hûs.
Ik wist net wêr't wy hinne gyngen. Net nei it streekje dêr't pake en beppe wennen, dy ôfslach wienen wy no fêst al lang foarby. Ik wist ek net wat it doel fan 'e reis wie. Wy koenen net yn Drachten bliuwe, dat begriep ik wol: alles wie stikken en ferbaarnd. En der koe sykte komme, hie dy iene man sein. Mar wat dan? Wêr moasten wy dan hinne? Wienen wy der hast? De auto ried mar troch en ried mar troch en wy sloften der efteroan. En as wy wat efterop rekken, dan fiteren de grutten ús oan: Kom, bern, noch even trochsette. Noch even? Wy rûnen al oeren en oeren. Soms moast ien pisje of poepe. Dat dienen se samar oan 'e kânt fan 'e dyk, de grutte minsken ek! No en dan bleauwen wy stean om te sjen hoe't it mei de siken op 'e karre wie. Twaris waard der ien fan 'e karre tild en yn 'e berm efter de fangreel lein. Dan moasten wy stil stean en ien fan 'e mannen sei: Hearegod, wy jouwe him oan jo oer. Ik fûn dat mar raar. Us mem brûkte dat wurd ek wolris: Hearegod jonge, wat sjuchst derút. Dan wie se lilk om't ik my smoarch makke hie. Mar hjir wie ien deagien
| |
| |
en dan bist net lilk. Dan kaam der in oarenien op 'e karre dy't net goed rinne koe. As alle sike minsken dea wienen, dan soenen de bern op 'e karre kinne. Dêr sêch ik wol nei út.
Op in stuit rôp de frou dy't myn suske droech dat wy stilhâlde moasten. Se lei myn suske gewoan op 'e dyk del en frege in man om nei har te sjen. Dy fielde oan har pols en hy harke mei it ear ticht op har mûle. Hy die mei de finger it êchslid omheech. Doe gyng er wer oerein. Hy sei: 'Se is wei.' Hy tilde har fan 'e grûn en lei har efter de fangreel. 'Nee!' rôp ik. Ik woe myn suske fan 'e grûn lûke, mar se wie sa slop as in dweil. Ik tilde har op en droech har oer de fangreel hinne. 'Jonkje, se is dea. Do moatst har dellizze,' sei de frou dy't har sjoud hie. Mar dat woe ik net, ik woe har meinimme. De frou skodholle. Wy gyngen wer fierder. Mar myn suske wie sa swier. Slop en swier. Ik koe har mar in lyts eintsje meinimme, doe dienen my de earmen sa sear, ik koe net mear. Ik begon te gûlen en te roppen. 'Kom,' sei dy frou. 'Jou har mar oan my.' Se lei har yn 'e berm. Ik woe by myn suske bliuwe, mar dat koe net, sei de frou, dan soe ik ek deagean. Se hat my optild en in heel ein sjoud. Ik sêch oer har skouder nei dat lytse protsje yn 'e berm, oant ik it net mear beêgje koe. De frou hat my sjoud, salang oant myn gûlen bekommen wie. Doe hat se my wer del set en se hat my by de hân nommen.
Neityd haw ik noait wer gûld. Ik haw ek noait wer fertriet field. Alles wat ik hie oan gefoelens haw ik doe opmakke en neityd wie myn holle leech. Sûnt haw ik oars net dien as rinne, ite en sliepe, en al mar sykje om in plak dêr't ik my deljaan koe.
Fan wat dêrnei bard is, haw ik lang net alles ûntholden.
| |
| |
It is my foarbygien. Ik bin it foarbygien. Sûnt de dea fan myn suske wie neat mear fan belang.
Wy moatte op It Hearrenfean ta gien wêze en dêrwei de polders troch op Utert oan. Dêr't wy lâns kamen wie alles stikken en dea. Beammen wienen by de grûn ôfknapt, grutte izeren mêsten dêr't stroomtriedden oan sitten hienen, leinen yn 'e greiden. Sels de hikken foar it lân wienen fuortslein. It fee yn 'e greiden wie dea. En oeral de dyk del nei It Hearrenfean ta en fierder nei it suden leinen auto's yn 'e sleat of tsjin 'e fangreel oan. Se wienen allegearre rampoai, guodden wienen útbaarnd. De deade minsken sieten der gauris noch yn, mei bluodrige gesichten of helendal swartbaarnd. Oaren hienen noch út 'e auto krûpe kinnen, mar se wienen likegoed deagien. Se leinen samar op 'e dyk.
De manlju hawwe in kear as wat besocht om besine út sa'n stikkene auto te heljen, mar dat is net slagge. It besinestasjon by It Hearrenfean wie finaal útbaarnd, der wie ek net mear in ein slang of in besinefetsje te finen. Alles wie fuort. Doe't de besinetenk leech wie, is alle itensspul út 'e auto helle en dat kaam by de siken op it bakje. En wy krigen allegearre noch wat mear te sjouwen. Súdlik fan It Hearrenfean troffen wy in oar ploechje minsken, in stik as tolve, grutten en lytsen. Doe hawwe wy in skoft rêst nommen en yn 't gers sitten te iten en te drinken. De grutte minsken praten mei inoar. Se woenen witte hoe't it der op oare plakken yn Fryslân foar stie. It like oeral itselde te wêzen, alles stikken en dea. Mar berjochten wienen der net, de tillefyzje en de radio swijden, de tillefoan die it net mear. Der wie gjin stroom, gjin gas, gjin wetterlieding,
| |
| |
alles en alles wie stikken. Hoe't it yn 'e rest fan 'e wrâld wie, dat wist gjinien. Mar minder as hjir koe it net wêze. Yn 'e supermerken wie noch genôch iten en drinken, as dy net útbaarnd wienen teminsten, mar as dat op wie, dan wie it hjir ôfrûn. It bêste wie om nei it suden te gean, nei Dútslân of Frankryk.
Wy binne dagen lang troch rûn. Yn 'e flakke polders koest kilometers fier sjen. Pleatsen en beammen leinen allegear tsjin 'e ierde. Ek it gewaaks op it fjild lei plat, weet en jerappels en mais, it wie allegearre delslein troch de stoarm. En dêr rûn de dyk moai rjocht trochhinne. De dyk mankearde neat oan. En it wetter yn 'e brede sleatten lei der sljocht hinne. It waaide net, it wie wynstil. Mar ek oars wie alles stil, gjin auto's, gjin fleanmasines, gjin fûgels, gjin fee, neat makke leven. Allinnich ús eigen fuotstappen.
Ik leau, wy moasten letter in ein omrinne. Wy kamen foar in breed wetter dêr't wy net oerhinne koenen. De hege brêge wie ynstoart. Doe kamen wy yn it âlde lân. Dêr wie it al wakker itselde, alles plat. Hjir en dêr rûn in ko om, mar it measte fee lei dea yn 'e greiden of soms yn 'e sleat. Wy kamen wer op in brede dyk tusken de bosken troch. Alle beammen wienen ôfknapt.
Nachts sliepten wy ûnder de bleate loft. Gauris sochten wy in plakje wat fan 'e dyk ôf, by in pleats. Ek al lei dy plat, it joech wat mear it gefoel fan feiligens. As de boel net yn 'e brân flein wie, koenen wy soms noch wat hea of wat sekken fine dêr't wy op lizze koenen. Moarns by it wekker wurden, die bliken dat der al wer guodden dea wienen. Aldere minsken meastal, de bern liken sterker te wêzen. Mar oars hiest der gjin sizzen fan. De siken hawwe wy dagen meinommen en se stoaren net, en oaren dy't deis
| |
| |
noch goed flink west hienen, gyngen yn 'e nacht samar dea. De frou dy't my in ein sjoud hie, wie op in moarntyd ek samar wei.
Earne yn Utert wienen boeren oan 't wurk. Mei in grutte graafmasine makken se in kûle yn it lân en dêr waarden de deade bisten yn bedobbe. De grutte minsken praten in set mei har. Se woenen net mei ús, se woenen bliuwe. Der wienen noch folle mear minsken dy't it libben der ôf brocht hienen, woenen se hawwe. Meiinoar moast do soargje dat de boel hjir wer opboud waard. Mar dat waard neat, seinen de mannen fan ús groep. De gemalen wurken net mear en sadwaande waard it hjir aansent ien grutte sompe. Boppedat wist net wat dy ferrekte hitens op 'e poalkappen útrjochte hie. De hele boel koe der wol ûnder strûpe. Der wienen ek te min minsken oerbleaun om hjir de saken wer op gong te bringen. Dit wienen de earste minsken dy't wy sûnt It Hearrenfean moete hienen.
Yn 'e stêd Utert wienen yn alle gefallen gjin oerlibjenden dat wy sêgen. Of dy wienen al fuortgien. Wy hawwe de stêd amper yn west, mar wat wy der fan sêgen, like goed slim. It wie ien grutte bult pún. As der al guodden wienen dy't it oerlibbe hienen, dan wienen dy tink fuort gien. Hjir koest net yn libben bliuwe. Wy wienen fan 'e grutte dyk ôf gien om't ús iten op rekke. Oan 'e râne fan 'e stêd fûnen wy in grutte supermerk. It dak wie derôf slein en de muorren leinen om en alle stelling wienen omblaasd. Pûden en potten wienen stikken fâlen. Ik wit noch dat de oare bern en ik ús siik iten ha oan marskes en soksoarte snobberij. De grutte minsken sochten pakken molke, koeke en koekjes, kofje en sûker, frisdrank, sûkelade, tabak, oanstekkers, woarst en tsiis. Se fûnen út, wy soenen geve winkelwein- | |
| |
tsjes sykje en dêr de boel ynloegje. Dy karkes skoden folle makliker as dy swiere bak.
Doe't wy dêr oan it klauwen wienen, kamen der ek oare minsken om iten. Se kamen fan Noard-Hollân. Amsterdam lei finaal plat, fertelden se. It like wol oft der in fjoerstoarm oer gien wie. Dêr wie tink net in libben minske út kommen. Se besleaten dat se mei ús fierder reizgje soenen, op nei Breda ta. Wy hienen doe in groep fan sa'n fyftich minsken. Fan dat stuit ôf moasten wy Hollânsk prate, oars ferstienen se ús net. Ik haw noait wer mei ien Frysk prate kinnen. Dat wie hast in like slim ferlies as de dea fan myn suske.
Ik bin by in brede rivier kommen, hy streamt lofts fan my yn 'e bedelte. Hy giet ek nei it noarden ta, dat ik bliuw der neist. Ik moat no al hast troch België hinne wêze, rekkenje ik. Ik hoopje dat ik de helte fan 'e reis sawat te pakken ha, want ik bin wurch.
Ik rin mar troch, dei út dei yn. Rinnendeweis sykje ik iten en dat kôgje ik rinnende op. Jûns as it skimerich wurdt, jou ik my del en moarns as it ljocht wurdt, gon ik wer fierder. Ik wit net wat ik dêr yn it noarden fine sil en it kin my ek net safolle skille. Ik meitsje my net drok mear om de takomst. Ik tink in soad oan foarhinne, oan alles dat ik meimakke ha. Ik tink oan Mark dat myn freon wie. 'Kutshit' rôp Mark allegeduerigen. Dat hie er sels betocht. Fan 'e Dútsers mocht er gjin 'god' sizze, dan krige er straf. Dêrom hie er dit wurd útfûn en dat lieten se gewurde, want se begriepen it net. En ik tink oan Sjonny dy't stoar nei dy kâlde winter. Wy wienen der net by doe't er begroeven waard. Mark en Sjonny wienen folle mear myn freo- | |
| |
nen as de groep fan Claus. Miskien komt dat om't wy noch lytse jonges wienen doe't wy inoar kennen learden. Wy hawwe sa bang west mei ús trijen. En wy ha sa moai boarte yn dy winkel.
De rivier neist my wurdt mei de dei breder, earst wie er mar in meter of tweintich breed, mar no wol hûndert en op guon plakken is it gjiniens in rivier mear, dêr stiet alles ûnder wetter. De dyk dy't neist de rivier rint, is derûnder strûpt. Rjochts fan my is heuvellân, ik sil tink dy kânt wat mear oanhâlde moatte. It rint minder goed, mar it is net oars. As ik der mar kom.
Ik wit net wêr't ús heit stoarn is en dat muoit my. Ik hie him noch wol sjen wollen, lykas ik ús mem sjoen ha. Ast ien sjoen hast, dan hast wissichheid. Miskien wie er ûnderweis nei in klant ta en hat de ljochtflits him ferbline en is er tsjin in beam oan riden. Of letter hat de stoarm him fan in fiadukt blaasd en is er yn 'e bedelte fâlen. Ik hoopje dat er daliks dea wie en dat er gjin lijen hân hat. Us heit wie in bytsje nuver, mar net in ferkearde man leau 'k. Hy koe net mei ús pake prate, ik wit net oft er mei mem prate koe. Mar foar my en myn suske wie er wol goed. Yn alle gefallen, it wie myn heit.
Ik woe dat ik myn suske nochris sjen koe, mar net sa't se dea efter de fangreel lei, mar lykas se boarte yn 'e blikke. Mar as ik goed neitink, dan kin ik har miskien wol sjen. Ik wit net oft se it helendal echt is, want ik sjuch ek it gesicht fan Martha en fan Lize en it domme snútsje fan Jeanine. Us mem kin ik better foar my krije, mar altiten sjuch ik har yn swarte broek en bh. Miskien haw ik har mar in pear kear sa sjoen op sneintemoarn, mar sà is ús mem my
| |
| |
bybleaun, frjemdernôch. Ik tink dat ik as jonkje geil wie op ús mem, mar ik wie noch mar lyts, ik koe noch neat. Ik soe no wol mei ús mem neuke kinne, en ik soe it ek wol wolle.
Mar wy sjugge inoar net wer, dit is de ein. Dat hoopje ik teminsten. Ik haw der gjin nocht oan om op 'e nij te begjinnen of it libben nochris oer te dwaan
Neffens de Dútsers wie it libben mei de dea net dien. Kaamst yn 'e himel, by god. Mark hat it my útlein, sa goed en sa kwea as er koe. Mark wie roomsk, sei er. By it bidden makke er in krúske, dêr moast ik altyd om gnize. Mark sei, deade minsken waarden letter wer libben en dan gyngen se nei de himel. Dêrom hoegdest ek gjin fertriet te hawwen as ien stoar, want ast sels letter dea gyngst, dan sêchst him wol werom. Dat wie him thús sa bybrocht. De himel, dat wie in moai lân, der wie iten yn oerfloed en it wie der noait beroerd waar. Ik wit net oft Mark it sels allegearre leaude. Mark tilde net swier oan dy dingen en wy wienen fansels ek noch mar lytse jonges.
Ik hoopje net dat Mark gelyk hat, want dan soe ik my fetgoar bedondere fiele. Alles wat ik dien ha, al myn skrippen en klauwen, myn noed en myn soarch soe om 'e nocht west hawwe. As de himel it doel wie, hie 'k better daliks deagean kinnen. Wêrom moast ik dit dan allegearre útstean? Ha ik om 'e nocht gûld om myn suske? Siet sy op dat stuit al by ús heit en mem yn 'e himel moai yn 'e waarmte mei iten en drinken wylst ik mar omtoarke? Dan soe alles in grap west ha.
Ik hoopje dat der gjin himel is en dat ik ús heit en mem en myn suske net werom sjuch. Dan hat myn libben doel hân en dan haw ik myn triennen net fergriemd.
| |
| |
Lofts fan my is it allegearre wetter, ik sjuch it iderkear as ik oer in heuvel klatterje. En tagelyk sjuch ik dan, wat nei rjochts, in hichte, in berch hast. Ik tink dat ik dêr op oanhâlde sil, dan kin 'k miskien útsykje hoe't ik fierder rinne moat.
In berch liket tichtby mar hy is altiten folle fierder ast tinkst. Ik berik him earst de oare deis en dan begjint de klim. Hy is net steil, mar it igale omheechrinnen mêdet dy ôf. Ik rin oan 'e rjochter kânt by de berch op, en ik sjuch dat dêr, yn it easten ek allegearre wetter blinkt. It sil de rivier de Ryn wol wêze, dy't tusken Frankryk en Dútslân lâns nei it noarden streamt. Mar hoe kin dy sa breed wêze? Yn dy stêd mei de brêge wie er noch gewoan.
Boppe op 'e berch sjuch ik dat it allegearre wetter is, lofts en rjochts. Allinnich rjocht foar my út nei it noarden ta, dêr is noch in stripe lân dy't stadichoan smelder wurdt. Ik helje Fryslân net, tink ik, Fryslân is der net mear.
Ik rêst in skoftke út en beprakkesearje hoe't dit no kin. Ik wit wol fan it fûle reinen en dat de lytste rivierkes wylde streamen waarden. Mar it hele lân blank?
It komt my yn 't sin wat dy mannen bepraten doe't wy ûnderweis wienen nei it suden ta. Se woenen net yn Nederlân bliuwe, want as de gemalen net mear wurken, dan strûpte alles ûnder wetter. En se praten ek fan 'e poalkappen, dy't ûntteie koenen. Dat is dan tink bard. Ik jou my wer oerein, ik wol sjen hoefier't ik komme kin.
Ik haw myn bêst dien en mear kin 'k net. En mear wol 'k ek net. It moat in kear genôch wêze. Acht jier lang haw ik my yn libben holden om't ik tocht dat it goed wie, en it wie ek goed, mar no is it net mear goed. Ik ha myn nocht, ik wol net mear reizgje en ken sykje en in skûlplak bouwe
| |
| |
tsjin 'e kjeld. Ik bin útpoept. Ik lit de kjeld oer my komme oant ik gjin kjeld mear fiel. Ik sil net mear ite, allinnich mar drinke. Dan bist samar wei. Ik haw dat sjoen by de Dútsers, wa't lizzen gyng en net mear iet, dy wie samar dea.
Ik reizgje noch twa dagen en dan is it dien. No leit foar my ek wetter, ik kin net fierder. Fryslân leit leech, dat wit ik wol, ik ha wolris by Harns op 'e seedyk stien. Dy dyk wie ferrekte heech en dat moast ek om de see te kearen. Miskien leit Fryslân no wol fiif of tsien meter ûnder wetter. Dan stekt der net in terp mear boppe út. Dan is ús hûs helendal fuort, dan fyn ik Drachten net iens werom. Ik gon sitten, ik jou my del en ik tink: dan is dit myn hûs.
|
|